Wiersma winner Wapenwedrin

doorfriesdammen

Wiersma winner Wapenwedrin

Jelle Wiersma hat yn Jorwert it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” wûn. Neidat er nei de earste jûn al de kop naam hie, stie er dy posysje net mear ôf. Willem Hoekstra hie er yn ‘e tredde omloop gjin hanwetter oan. Dat waard al oars yn ‘e finale, doe’t Taeke Kooistra de tsjinstanner wie. It waard úteinliks kamp, mar dat wie dan ek it iennichste heale puntsje dat Wiersma ynleverje moast. Dêrmei kaam in ein oan ‘e searje fan trije dêr’t Marten Walinga de lêste jierren it kampioenskip mei op syn namme skreau. Want neidat de Waaksenser yn ‘e earste omloop al kopke ûnder gien wie tsjin Folkert Groenveld, rêde Walinga it yn ‘e tredde omloop ek net op tsjin Taeke Kooistra. Groenveld kin oars dochs al tebeksjen op in poerbêst toernoai. De twadde jûns wûn er fan de Willems Dykstra en Hoekstra, en dat brocht him mei syn trije punten en in better SB op it twadde plak, noch foar Taeke Kooistra. Nei dizze matsjedoaren falt der in gat nei de middenmoat, besteande út Walinga en de pleatslike favoryt Willem Dykstra, dy’t mei syn twa punten net ûntefreden hoecht te wêzen. De oare pleatslike favoryt, Harry Kaspers, liet it dêrfoaroer hielendal sitte. It wurd “favoryt” wie op him ek net hielendal fan tapassing, guon kenners skodhollen teminsten wakker
doe’t se hearden dat Harry yn ‘e heechste groep pleatst wie. Mar ja, ferline jier de B-groep wûn, soks bringt no ienris ferplichtings mei. En al ha jo dan net mear as nul punten, oan ‘e sportive ferplichtings is wol foldien. En jo ha de meiminsken Kooistra, Dykstra, Westra en Walinga bliid makke mei in punt. Dat foar Liuwe Westra oars ek it iennichste bliuwe soe. De Lollumer einige dêrmei op it foarlêste plak, noch krekt achter Willem Hoekstra, dy’t op ‘e twadde jûn mei ferlies tsjin Wiersma en Groenveld gjin punten mear oan ‘e oardel fan ‘e earste jûn tafoegje koe. Yn ‘e B-klasse stie Siebren Dyk nei de earste jûn mei twa punten noch grutsk boppeoan,
mar dêrnei wie it wol dien mei de keapman. Nei in spannende partij kaam er oan tsjin Jan Nauta, en dêrnei levere er yn ‘e iepening al hout yn tsjin Frans Kingma. Nee, dan wie konkurrint Jurjen Frankena aardich deegliker. Dy wûn no fan Sietze de Jong en ek noch fan Jan Nauta, en dêrmei kaam er út op fjirdel punt. Dêr koe inkeld Frans Kingma mei trije noch in bytsje by yn ‘e buert komme. Jan Nauta kaam ek op trije punten út. Yn dit kombinearre fjild foar de C-klasser in geweldige prestaasje, dêr’t er mei eare dy leechste klasse mei wûn. Emke Dykstra waard yn ‘e C-klasse twadde. Mei in machtigen slachset hie de kastlein de op papier folle sterkere Rinze Schukken te fiter. Imaël Snijders kaam net fierder as nul punten, mar dy nije Jorwerter hie wol as ekskús dat er noch mar koart oan it damjen is.

Utslaggen en einstannen:
A-klasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Taeke Kooistra – Marten Walinga 1-0; Willem Dykstra – Folkert Groenveld 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Harry Kaspers 1-0. Fjirde omloop: Wiersma – Kooistra 0,5-0,5;
Groenveld – Hoekstra 1-0; Walinga – Kaspers 1-0; Dykstra – Westra 1-0.

Einstân: 1. Wiersma 3,5; 2. Groenveld 3 (SB 12); 3. Kooistra (SB 11); 4/5. Dykstra en Walinga 2; 6. Hoekstra 1,5; 7. Westra 1; 8. Kaspers 0. B- en C-klasse, tredde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Jan Nauta (Bitgummole) 0-1; Jurjen Frankena (Blauhús) – Sietze de Jong (Aldegea) 1-0; Frans Kingma (Jorwert) – Anne de Boer (Wommels) 1-0; Hindrik Terpstra (Jorwert) – Rinze Schukken (Hilaard) 0-1; Imaël

Over de auteur

friesdammen administrator