Wy koenen gelokkich wer op it echte boerd.

doorfriesdammen

Wy koenen gelokkich wer op it echte boerd.

De perskonferinsje wie ôfrûne freed noch mar kwalik ôfrûn of it bestjoer fan de Stadige Strikers hie al in meeltsje rjochting It Swettehûs stjoerd mei de fraach of  der moandei wol wer damme wurde koe. No it antwurd liet net iens sa lang op him wachtsje. Op sneon krigen wy grien ljocht, mar ûnder dizze betingst, dat de bar net iepen gean soe en dat der d6ertroch ek gjin kofje en tee skonken waard. Foar de hân lizzend fansels, de horeka sit ommers hielendal pottcht. Mar de Strikers woenen likegoed wol damje. Geweldich! Gelokkich wer op it echte boerd.

Twa dammers hienen al oanjûn dat se al wat oars hienen, mar de rest wie der. En hoe! Der waard fuort al wer goed en konsintrearre spile. Dy konsintraasje koe net elk oardel oer folhâlde. Nim no Jan Castelein. Hy stie der al in hiele tiid net sa bjusterbaarlike goed op yn syn partij tsjin Tineke Teigeler, mar likegoed helle hy der in moai slachje út en kaam sa mar op winst te stean. Mooglik tocht er al dat de bút binnen wie en liet dêrtroch de konsintraasje wat ferslappe. Mis no! Hy die in strieminne set en skode himsels dêrtroch de fernieling yn. Sa ticht by de oerwinning en dan dochs noch de bitebult op. Skande!

Dy Bauke Dykstra is no al wer in oantal jierren in tachtiger, mar op grûn fan syn leeftiid soe men ferwachtsje kinne dat dy ek, wat de skerpte oanbelanget, wolris wat ynleverje soe. Neat is minder wier. Op ús wedstriid op 18 desimber wûn hy de earste priis. It liket der suver wol wat op dat er mei it jier noch sterker wurdt. Wol fersjocht er him wolris en jout er in prima spile partij dêrtroch sa mar fuort. Moandeitejûn wie dat net it gefal en wûn er tsjin Dicky van der Meer. Tsjin him hie er op de wedstriid trouwens ek wûn.

Guon partijen wienen al wat earder út as de trije oeren dy’t dêr maksimaal foar steane. Dat is altiten sa en neat spesiaals. Ien partij pakte suver alle tiid. Dat wie it spul tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. Sy makken der in prachtich spul fan. Der sieten allerhande flyflappen en loopkesw yn, mar net ien fan de beide mannen ferseach him en se koenen alle bedrigingen útskeakelje. It waard kamp.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap ½ – ½; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator