Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint de Fryslân Kup

Freed 29 april is de finale fan de Fryslân Kup 2021-2022 ferspile yn kluphûs SieSa te Blauhús. Yn de finale sieten de klupgenoaten Taeke Kooistra en Hein de Vries tsjin oer elkoar. De striid waard wûn troch Kooistra, der mei pakt hy de kup foar de twadde kear op rige.

Hein de Vries en Taeke Kooistra oan it begjin fan de striid.
Hjir wurdt djip neitocht troch Hein de Vries
De finalisten, mei Taeke as winner


doorfriesdammen

Rubryk 29-4-2022

Foar de Skearnegoutumer klup

‘De Stadige Strikers’ wie it 40-ste jierfan har bestean in poerbêst damjier. Mei grutte oermacht op ‘e nij klupkampioenfan Fryslân, harren kopman Jelle Wiersma op ‘e nij Frysk kampioen en in primeur foar Dicky van der Meer mei promoasje nei de ‘earste acht’. Hy helle it twadde plak yn de ‘twadde acht’ foarBauke Dijkstra, ek al fan de Strikers, dy’t yn in barraazje Willem Hoekstra en Liuwe Westra de baas wie. 

D.v.d.Meer – F.Groenveldearste omloop PK twaddeacht, Lollum 19-2-22

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.41×21 16×27 8.37×17 7.36×27 is skerper. 8. ..18×16 9.29×20 25×14 10.34-30 7-11 11.30-25 11-17 12.39-34 17-21 13.34-30 8-12 14.43-38 21-26 15.38-32 12-17 16.30-24 14×34 17.44×24 17-21 18.49-44 9-14 19.48-43 14×34 20.44×24 6-11 21.40-34 11-17 22.34-30 13-18 23.42-37 1-6 24.43-38 3-9 25.36-31 21×41 26.47×36 17-21 Earst 26. .. 9-14 wie better, lykas daalk26. ..18-22 27.24-20 15×24 28.30×17 21×12 29.38-33 12-17? 

Swart rint yn in blyn loopke. 30.32-27! 26×39 31.50-44 39×50 32.35-30 50×20 33.25×1 10-14 34.37-32 14-19 35.1-40 4-9 Nei 36.40-49 hie swart itwol hiel dreech krigen. 36.32-28 9-14 En driget 14-20 en 17-22. 37.40-18?

Swart wint nei 37. ..19-24 38.18-31 24-29 39.28×30 17-21 40.31×15 5×34 As 38.18-1 16-21 39.1×41 24-29 40.28×30 17-21 41.41×15 5×3437. ..19-23 38.18×4 5×3 39.28-23 3-9 40.45-40 9-14 41.40-34 14-20 42.34-29 17-22 43.23×21 16×27 44.36-31 27×36 45.46×26 6-11 46.29-23 11-17 47.23-18 17×19 48.26-21 mei kamp.

W.Hoekstra – D.v.d.Meertredde omloop PK twaddeacht, Jorwert, 22-2-22

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 7-12 6.32-27 17×37 7.41×32 12-17 8.33-28 17-21 9.26×17 11×33 10.43×23 20-24 11.34×14 10×26 12.36-31 26×37 Der wurdt ôfruile nei in rêstige, lykweardige posysje. 13.38×36 8-12 14.42-37 12-17 15.49-43 17-21 16.37-31 21×41 17.36×47 2-7 18.35-30 25×34 19.39×30 16-21 20.30-25 15×35 21.45×25 21-27 En op elkoars lange hoeke ta. 22.40-35 7-11 23.48-42 11-16 24.50-45 1-7 25.25-20 9-14 26.20×9 3×14 27.43-39 16-21 28.39-34 7-11 29.34-30 11-16 30.44-40 14-20 31.30×10 5×14 32.40-34 14-19 32.42-37 21-26 33.37×17 16×18 34.46-41 en wyt hat letter nei 41-37 swart yn ‘e skjirre 33.42-37 21-26 34.37×17 16×18 35.36-31 19-24 36.34×14 4rx24 rint op kamp út.35.34-30 18-23 18-22 hie moatten. Nei 36.46-41 wint wyt 36.30-25 19-24 

37.46-41 6-11 38.41-37 11-16 39.37-31 Wyt ferbarget syn lêste kâns op kamp. Swart kin daalk sa mar nei de daamrinne. 39.45-40 4-10 40.37-31 26×37 41.47×27 24-29 42.40-34 etc. en beide spilers sille mei in daam yn in lykweardich einspul komme.39. ..26×37 40.47×27 24-29 41.35-30 29-33 42.30-24 33-38 43.24×22 38-42 44.22-18 42-48 45.18-13 48-26 46.27-22 26-3 47.13-9 3×14 48.22-18 14-3 49.25-20 3×25 50.18-12 25-34 Swart makket it goed ôf.51.12-8 34-12 52.8×17 16×18

De lêste problemen foar de ledder

Nû.25 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50

Nû.26 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

mei twa nijen fan Hiele Walinga.

Nû. 27 sw. 2, 6, 7, 9, 10, 18-20 wyt 16, 33-36, 39, 43, 49 

Nû. 28 sw. 2, 4, 5, 7, 17, 37 wyt 20, 23, 26, 34, 40, 46, 50 

Oplossingen stjoere foar 10 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 15-4-2022

Jelle Wiersma fan Wommels hat it wer oprêden en is foar de njoggende kear de Frysk kampioen. Dat wie foar de fiifde kear op in rige. Mei matsjedoaren as Taeke Kooistra (19 titels), Augustinus van der Goot (12), Dirk H. de Vries en Sjoerd Tigchelaar (elk 10) komt hy sa yn in illústere rige. Wiersma behelle yn 2001 syn earste kampioenskip en sûnt dy tiid wie it oars net as hy en Kooistra. Sneon 2 april wienen de lêste twa partijen fan de barraazje. Marten Walinga stie al op twa punten, syn broer Siebe hie der oardel en Wiersma noch mar in healtsje. Al moast hy de beide bruorren noch treffe.

M.Walinga – J.Wiersma, Aldegea-SWF fiifde barraazje partij, PK 2022

1  32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 11×31 4.36×27 16×36 5.46×26 17-22 6.37-32 22×31 7.26×37 10-15 8.41-36D8.34-30 20-25 9.37-31 25×34 10.40×20 15×24 en wyt kin oerdwers ôfruilje8. ..20-25 9.32-27!? 24-30 10.40×20 15×24  11.35×15 5×25 12.36-31 7-11 Wyt komt der dreech op te stean.13.31-26 11-16 14.34-29 16×36 15.29×20 19-23 16.37-32 14-19 17.20-14 19×10 Wyt moat earst wol in hout jaan. 18.33-28 23-29 19.39×17 12×21 20.27×16 6×26 21.44-39 8-12 Swart stiet as in dyk 22.39-33 12-17 23.43-39 17-21 24.39-34 21-27 25.32×21 26×17 26.47-41 36×47 27.48×46 Dan no mar skiif 36 der wei.27. ..2-7 28.49-43 13-19 29.42-37 7-11 30.37-32 11-16 31.34-30 25×34 32.33×35 17-21 33.28-22 21×23 Dan mar ien wei jaan. 34.35-30 10-14 35.32-27 En swart forsearret de winst.

35. ..16-21 36.27×16 23-28 37.38×20 14×34 38.50-44 9-14  39.44×24 14×34 40.46-41 1-6 41.16-11 6×17 42.41-37 3-8 43.37-31 8-12 44.43-38 17-22 Wyt hat neat mear en jout op.

De middeis stie de partij tsjin Siebe Walinga op it programma. In lyk spul en alle trije soenen op twa punten komme. Mar soe Walinga winne, waard hy kampioen. De 16-e yn de histoarje, mar it kaam dus oars.

J.Wiersma – S.Walinga, Aldegea-SWF seisde barraazje partij, PK 2022

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 1-7 9.47-42 7-11 10.31-26 16-21 11.26×17 18×16 Swart moast om it heakje tinke.12.37-31 11-17 13.31-26 2-7 Nei 14.33-28 folget 19-23 en is foar wyt net minder. 14.32-27 17×37 15.42×31 7-11 15. .12-17? 31-27, 26-21, 33-28 etc.16.31-27 12-17 17.27×7 11×2 18.38-32 8-12 19.34-30 25×34 20.39×30 12-17 21.33-29 19×39 22.40×38 20×40 23.45×34 9-14 24.48-42 17-22 25.32×12 13×11 26.38-32 11-17 27.42-37 2-7 28.37-31 14-20 29.44-39 20-24 Swart drige mei 34-30. 30.34×14 15×13 31.39-34 10-15 32.34-30 7-11 33.32-27 17×37 34.31×42 3-8 35.43-38 8-12 36.30-25 12-17 37.49-43 13-19 38.38-32 Wyt wol nei 43-38 wer de driging mei it heakje yn it spul bringe; gjin goede kar.

It brekpunt fan de partij en fan it kampioenskip. Wat at swart spilet 38. ..19-23! 39.43-38 16-21 40.50-44 15-20 25×14 4×24 en swart wint lykas nei 40.50-45 11-16 41.45-40 4-10 Mar ek 39.50-44 15-20 40.25×14 4×24 is gau út. 38. ..4-9 39.50-45 9-14 40.43-38 16-21?

Wyt pakt de kâns wol. 40. ..15-20 hie moatten. Nei 41.36-31? 16×27 42.32×1 5-10 wint swart troch 20-24 hoe as wyt ek mei de daam slacht. 41.38-33 11-16 42.45-40 19-23 43.33×13 14×12 44.40-34 12-18 Wyt spinpoatet noch wat 45.34-30 15-20 46.25×14 18-22 47.32×12 17×8 48.26×17 16×18 49.30-24 6-11 50.42-38 18-22 51.14-9 8×10 52.24-20 10×30 53.35×24 Mar jout terjochte op.

Oplossingen problemen

Nû.21 1.44-39, 28-23, x5, x25

Nû.22 1.39-34, 19-14, x1, x40

Nû.23 1.33-28, 21-17, 17-12, x5

Nû.24 1.40-35, 30-25, x13, x15

De nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.25 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50

Nû.26 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Oplossingen noch net stjoere..

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 1-4-2022

Jûn te Blauhús en moarn yn Aldegea-SWF folget it slotstik fan it PK 2022. Marten Walinga, Siebe Walinga en Jelle Wiersma wienen yn it reguliere toernooi lyk boppe oan einige. Dat in barraazje, wêryn se elkoar elk twa kear treffe, moat de beslissing jaan. Marten Walinga hat de measte kâns. Hy forsearre tsjin Wiersma de winst yn de earste partij. De stân is nommen nei 39. ..19-23


Wiersma-Walinga, Blauhús 25-3-2022

Swart driget troch 23-28 en 17×19 in winnende oanfal te krijen. Nei 40.34-30 25×34 41.35×13 3×23 42.45-40 23-29 43.38-32 15-20 44.32-28 29×27 45.31×11 1×21 46.26×17 16×18 sil it kamp wurde. De regearjend kampioen nimt de ferkearde kar 40.34-29? 23×34 41.35×33 15-20 42.38-32 17-21 43.26×17 16×18 Swart ferbrekt sa wyts sterke linkerkant. 44. 45-40 25-30 45.40-35 20-25 46.35×15 30-35 47.32-27 35-40 48. 33-29 40-44 Wyt kin gjin daam strike om 5×2 49.31-26 44-49 50.27-22 49×46 Fansels net 49×9 as x19. 51.22×13 3×34 52.36-31 46×16 53.15-10 16-2 54.10-5 2-8 Wyt kriget noch al in daam, mar it is dien 55.5-41 34-40

De partij tsjin syn broer Siebe Walinga de oare dei waard kamp. Siebe kaam mei de skrik frij en hie it kampioenskip hast al beslikke west. Mei foar elts noch twa partijen te gean kin it noch alle kanten út. En misskyn wol in twadde barraazje.

M.Walinga-S.Walinga, Aldegea-SWF 1.32-27 19-23 swart lit 2.33-28 net ta.2.31-26 23-29 3.34×23 18×29 4.33×24 20×29 5.39×19 13×24 6.40-34 17-21 7.26×17 12×32 8.38×27 11-17 9.42-38 8-13 Om de driging 24-29 foar te wêzen folget meastal 9.43-39.  10.47-42 2-8 11.36-31 15-20 12.38-32 20-25 13.35×15 5×25 Nei de dûbele ôfruil troch 14.34-29 wurde de tûkelteammen der foarearst úthelle. 14.41-36 17-22 15.32×12 8×17 13×11 liket better 16.43-38 24-30 17.31-26 30×39 18.38×40 14-19 driget 25-30 19.27-22 De wrâld-kampioen jout in hout wei. Hy spilet faker in gambyt. 19. ..17×28 20.37-31 28-33 21.31-27 7-11 22.40-35 25-30 23.35×24 19×30 24.46-41 10-15Wyt komt dochs lyk en dan daalk 33-3925.27-21 11×31 26.41×21 16×27 27.26×39 15-20 28.42-37 20-25 29.48-42 3-8 30.42-38 30-35  Ferplichte en mei in skiif op 25 en in witen op 45 liket dat minder goed. 31.38-32 8-12 32.36-31 13-19 33.39-34 35×33 Wyt ruilet lykswols wer ôf en stiet ta dat swart wer opbouwe kin.  34.32×34 9-13 35.44-40 19-24 36.34×14 13×15 37.40-34 12-17 38.31-27 1-7 39.50-44 17-21 40.27×16 6×26 41.34-30 25×34 42.44×24 7-12 43.49-43 12-17 44.43-38 17-22 45.38-33 4-9 46.45-40 22-27 Swart sil oankomme en jout in hout.

47.37×17 26-31 48.17-11 31-37 49.11-6 37-41 Beide spilers krije in daam en wyt wol oer de lange line foar in twadden.

In ferkearde kar, swart hellet kamp.50.33-28? 41-46 51.28-22 15-20 52.24×15 46-5 53.40-35 5×21Nei 50.40-35 41-46 (41-47? om 20-24) 51.1-6 wint wyt. Nei 50. ..46-5? folget 24-20 en 33-29 en oars hat wyt nei 51.1-45 de fang klear stean.

Nû.21 sw. 2, 4, 6, 12-14, 19, 24 wyt 16, 28, 33-36, 44, 45, 49

Nû.22 sw. 2, 4, 6, 10, 25, 30 wyt 11, 19, 21, 26, 27, 39, 41, 49

Mei twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.23 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.24 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

Oplossingen stjoere foar 15 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Feestjûn en de einjûn fan de Stadige Strikers yn ien lang wykein.

Der stie hieltiid noch in feestjûn yn ferbân mei harren 40 jierrich jubileum, op de Strikers te wachtsjen. It feest dat al yn novimber holden wurde soe, mar troch de koroana wie dat der net fan kommen. Mar no’t it damjen wer los koe, kipe dy jûn ek wer om it hoekje. De feestkommisje sette de datum fêst op freed 25 maart. Dat kaam wûnderwol fantastysk út, want fuortendaliks koe der ek noch efkes stilstien wurde by it beheljen fan it klupkampioenskip. De moandeis kamen de houtsjes noch in kear op de buorden. Dat wie fuortendaliks de einjûn mei spul en wille, ferlotting en priisútrikking. Twa feestjûnen yn ien lang wykein.

Op freedtejûn mochten de partners ek meikomme en of it no kaam troch dy lêsten: it wie yn elts gefal by ús leden Jan  en Kees Castelein tige gesellich. De feestkommisje, Hennie de Haan en Tineke Teigeler, sette de bestjoersleden ek noch yn it sintsje en oerhannige harren, njonken de blommen, in moai en keunstich oantinken. Dêrnei mocht de foarsitter noch wat fertelle oer de skiednis fan de klup. Dy begûn syn praatsje net by it begjin, mar by de ein: It lêste kampioenskip. It koe allegearre net moaier fansels. Nei alle hichtepunten en ek drôvich nijs neamd te hawwen, koenen de leden en oanhing har fernuverje mei sjoelen en oare selsskipspultsjes. Fansels keazen guon der ek foar om gesellich nei te kletsen. De wol oanwêzige dambuorden waarden net oanrekke. Alles ferrûn yn in tige gesellige sfear. Al mei al in prachtige jûn.

Moandeitejûn kamen de Strikers foar de lêste kear dit damjier by-in-oar. Der hoegde net folle praat te wurden. Dat barde de freeds al. Der waard al gau mei de ferskate damfarianten útein set. Tusken de rûnten troch waard in ferlotting holden en koenen guon dammers mei in earm fol prizen nei hûs werom gean. Uteinlik koe ús wedstriidlieder, Willem Schaap, de útslach fan de kompetysje bekend meitsje. Jelle Wiersma waard yn de earste en Bauke Bos yn de twadde klasse kampioen. Doe’t de bekers mei in tapaslik wurdsje fan Willem by de blide winners te plak kommen wienen, koe de foarsitter de jûn en it damjier ôfslute.

De einútslach: Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 11 punten út 12 partijen. 2 Sjoerd Jan Bakker 10 út 16; 3 Ype Boelens 8,5 út 16; 4 Bauke Dykstra 7,5 út 12; 5 Dicky van der Meer 7,5 út 12; 6 Willem Schaap 7,5 út 13; 7 Cor Kooistra 5 út 16. Twadde klasse. 1 Bauke Bos 14 út 15; 2 Hennie de Haan 8 út 15; 3 Tineke Teigeler 7 út 15; 4 Kees Castelein 4,5 út 15; 5 Jan Castelein 1,5 út 13.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

Men kin fan tinken wol ha, dat it by de Stadige Strikers moandeitejûn tige oangenaam fertoevjen wie. De sneons wie harren achttal yn Easterein opnij klupkampioen wurden. De Strikers moasten harren titel fan 2020 ferdigenje en dat barde mei grutte sifers. Efterienfolgjend fersloegen se de mannen fan Blauhûs mei 7 – 1, Lollum – Waaksens waard mei in skoare fan 6 – 2 fan de buorden feegd en Aldegea – W  koe net ien partij fan de Skearnegoutumers winne: 8 – 0. Dus dat wie feest yn it Swettehûs fan Skearnegoutum.

It iene kampioenskip is it oare net. Sa kipe dat fan 2020 fier boppe dat fan it lêste út. Yn 20 wie it ien en al spanning en foar de finale koenen alle fjouwer achttallen noch kampioen wurde en as jo klupke dan kampioen wurdt, is dat in folsleine boppeslach. Spanning oant en mei de lêste partij. Dat wie wat! Sneon rûn dat hiel oars! Aldegea ferskynde mei in sântal oan it toernoai en dan begjinne jo fuortendaliks mei in 1 – 0 efterstân. En as dan ek noch ien fan de bêste spilers thús bliuwe moat fanwege koroana, dan is de aardichheid der wol wat ôf. Sa’n oerwinning fan de Strikers moat dan ek besjoen wurde tsjin dy eftergrûn. De Strikers hoopje dat it  oar jier alles wer wat normaal is. Guon Strikers ferklearren al, dat se der no al sin oan hienen om de striid oan te gean.

Der waarden ek noch in pear wedstriden foar de kompetysje spile. Jelle Wiersma wie te sterk foar Cor Kooistra en Hennie de Haan koe it net rêdde tsjin Bauke Bos  Ype Boelens ferlear fan Bauke Dykstra en Tineke Teigeler wûn yn in tige nijsgjirrige partij fan Jan Castelein. Dy partij is noch oan alle kanten en einen oereide. De partij fan de jûn spilen Willem Schaap en Dicky van der Meer, wylst de earstneamde it ek noch tagelyk opnaam tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar dat spul wie foar de aardichheid.. Sjoerd Jan wûn. Doe koe Willem him hielendal talizze op de partij tsjin Dicky. No dat waard ek foar it omsittend laach in lust foar it each. Nei in heel moai einspul luts Willem oan it langste ein.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Skearnegoutum wer klupkampioen

Nei in jier ûnderbrekking koe it klupkampioenskip yn it Frysk damjen ôfrûne sneon dochs noch holden wurde, ek al wie it twa moanne letter as gewoanlik. Dat makke mooglik dat der wat minder flecht op ‘e koai wie as earder. En koroana hie ek noch altyd syn slachtoffers.

It slimst ferswakke wie Aldegea-SWF. Net allinne dat de klup mar ien achttal ôffurdigje koe, sels dat wie net iens folslein omdat op it lêste stuit de sterke Siebe Walinga ôfsizze moast. Dat betsjutte dat al fêst ien partij automatysk ferlern gie. Mar de oare ûnderste buorden wiene ek net sterk beset, en dêr hie Aldegea allegeduerigen lêst fan. Yn ‘e earste omloop, tsjin Lollum-Waaksens, gong it dan ek fuortdaliks al mis: 3-5. En dat wiene ek de sifers dêr’t de Aldegeasters tsjin promovendus Blauhús mei kopke ûnder giene. 

De regearjend kampioen Skearnegoutum stie der ûnderwilens folle better foar. Nei goed twa jier koe dat yn ‘e selde en noch altyd sterke opstelling efter de buorden sitten gean. En dat wie te sjen. Yn ‘e earste omloop waard Blauhús fuortdaliks mei 7-1 fan ‘e buorden reage, en dêrnei waard Lollum mei 2-6 te plak wiisd. Soks nettsjinsteande dat de Lollumers har fersterke hiene mei in pear bûtenleden, lykas de Belch Renaud Braye.

En doe wie it oan ‘e tredde omloop ta. Wat op papier programmearre wie as in spetterjende apoteoaze, dat waard yn ‘e praktyk in raren ôfdijer. Aldegea hie tsjin Skearnegoutum neat oars yn te bringen as lege briefkes. It waard in seldsum foarkommend 0-8 ferlies. Foar de Aldegeasters betsjutte it degradaasje. Fierder as mar seis buordpunten wiene se ek net kommen.

Folkert Groenveld (Aldegea) en Marten Walinga (Lollum-Waaksens) yn djippe konsintraasje. 

Hiel oars wie ûnderwilens de stimming by Blauhústers. Net allinne hiene se Aldegea ferslein, mar yn ‘e tredde omloop holden se har ek hiel knap steande tsjin Lollum. It waard úteinliks in 4-4 lykspul, en mei mar ien buordpuntsje mear hiene se sels it twadde plak beset. 

Alhiel neffens ferwachting wie Hartwert yn ‘e earste klasse oppermachtich. Wol ferrassend wie hjir  it optreden fan Jorwert. It wie twa jier lyn degradearre nei de twadde klasse, mar omdat dêr oars gjin ploegen foar beskikber wiene, mocht de Jorwerters dochs wer meidwaan yn ‘e earste klasse. En dêr einigen se ek fuortdaliks mar eventsjes op it twadde plak.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Blauhús 7-1; Aldegea – Lollum-Waaksens 3-5. Twadde omloop: Lollum-Waaksens – Skearnegoutum 2-6; Blauhús – Aldegea 5-3. Tredde omloop: Aldegea – Skearnegoutum 0-8; Blauhús – Lollum-Waaksens 4-4.

Einstân, mei tusken heakjes de buordpunten: Skearnegoutum 3 (21); Lollum-Waaksens 1,5 (11); Blauhús 1,5 (10); Aldegea 0 (6).

Earste klasse, earste omloop: Hartwert II – Jorwert 2,5-5,5; Lollum-Waaksens II – De Gaastmar 1,5-6,5. Twadde omloop: Hartwert I – Hartwert II 7-1; Jorwert – Lollum-Waaksens II 7,5-0,5. Tredde omloop: De Gaastmar – Jorwert 3,5-4,5; Lollum-Waaksens II – Hartwert I 0,5-7,5. Fjirde omloop: Hartwert I – De Gaastmar 6,5-1,5; Hartwert II – Lollum-Waaksens II 7-1. Fiifde omloop: De Gaastmar – Hartwert II 4,5-3,5; Jorwert – Hartwert I 3-5.

Einstân: Hartwert I 4 (26); Jorwert 3 (20,5); De Gaastmar 2 (16); Hartwert II 1 (14); Lollum-Waaksens II 0 (2,5).

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Rubryk 18-3-2022

It kampioenskip is noch net beslikke. Trije dammers sille yn in barraazje om de titel fan 2022 stride. Mei noch twa omlopen te gean stienen de matsjedoarenJelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga boppe oan. Se moastenek noch tinke om Siebe Walinga dy’t op in heal punt folge. Yn de seisde omloop waard it kamp tusken M.Walinga en Wiersma en hie S.Walinga (wyt) ynthúshaven Aldegea klupgenoat Henk Haanstra te fiter mei in kombinaasje.

Nei 32. ..8-13? folge 33.36-31! 16×27 34.29-23 13×33 35.35-30 20×40 36.45×1 En ek 18-fâldich kampioen Kooistra fan Hartwert wûn fan in klupgenoat. Al hieTsjerk Wybenga yn it einspul de winst foar it gripen. Sa kaam Kooistra op 4,5 pt. mei trije spilers op in heal pt. Wybenga wie fan it sintrum en tippeleyn de lêste partij tsjin M.Walinga yn in slachset. Soks betsjutte foar himdegradaasje en foar Walinga in dieldearste plak. Wybenga hie wyt.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.35-30 25×34 8.39×10 5×14 9.44-39 15-20 10.50-44 18-23 10.40-35 is better. No ôfruilje 11.33-29 23×34 12.39×10 14×5    12.44×15? 14-20 13.15×24 19×50  11.40-34?

11. ..6-11 12.26×6 23-28 13.38×16 20-25 14.6×17 7×47 15.16-11 1×21 16.31×11 12-17 17.11×22 En ek broer Siebe Walinga kaam op fiifpt. mei syn twadde oerwinning fan de dei. Dat wie tsjin Hein de Vries. Doe kaam it op de lêste partij oan. De bruorren Walinga elk 5 pt., Kooistra op 4,5 pt en Wiersma op 4 pt. It waard in geweldige partij. Lang like wytspilerWiersma der min op te stean, mar byeintsjebeslút moast Kooistra dochs beliesjaan. Soks betsjut in unike barraazje mei trije spilers om it kampioenskip.

Wiersma-Kooistra, 7-e omloop PK 2022

1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 7-12 7.36-31 11-16 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 1-6 11.37-32 19-24 12.34×14 10×19 13.35-30 25×34 14.39×10 5×14 15.44-39 15-20 16.40-34 18-22 17.28×17 12×21 18.34-29 19-24 It byld fan it spul is dúdlik. Wyt nimt itsintrum en swart besiket wyt te omsluten. Wyt kin losbrekke troch

19.32-28 driget 28-23 en 29-24 dus 19. ..20-25 20.29×20 21-27 21.42-37 27×29 22.39×10 4×2419.49-44 6-11 20.45-40 11-16 21.40-34 26-31 22.32-28 21-26 22.32-27! 31×22 23.29-23 24-30 24.34×25 22×24 25.25×23 jout wyt wer wat lucht.23.42-37 31×42 24.48×37 13-18 25.37-32 20-25 26.29×20 14-19 26. ..18-22 hâldt de dûbele hoeke fan wyt op slot.  27.44-40 25×14 28.40-35 14-20 29.34-30 20×40 30.35×44 18-22 31.28×17 16×18 32.33-28 2-7 33.39-33 7-12 34.47-41 19-24 35.43-39 24-30 36.41-37 18-22 37.28×17 12×21 Mei minder hout wurdt it wite sintrumsterker. 38.33-28 8-13 39.39-33 4-10? Nei 39. ..9-14 40.50-45 14-20 41.44-39 13-19 komt wyt oan 40.44-39 10-15 Ek wyt mist it sterke 40.28-23 en foarswart wie de ôfruil 13-18 better.41.39-34 30×39 42.33×44 9-14 43.44-40 14-20 Nei 43. ..15-20 hie swart grut foardielhâlden, no is it lykweardich 44.40-34 20-25 45.38-33 3-9 46.50-44 15-20 47.33-29 13-19 48.44-39 en swart komt oan. 46.34-30 25×34 47.33×35 9-14 

Yn tiidneed wikselje de kânsen wer. 48.35-30 wint. 48.50-45 14-20 En no ferliest swart. 49.35-30 20×40 50.45×34 21-27 51.32×21 26×17 52.34-30

Nû.21 sw. 2, 4, 6, 12-14, 19, 24 wyt 16, 28, 33-36, 44, 45, 49

Nû.22 sw. 2, 4, 6, 10, 25, 30 wyt 11, 19, 21, 26, 27, 39, 41, 49

Mei twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.23 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.24 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

Oplossingen stjoere foar 1 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Moai foar Hennie neffens de frou fan de ferliezer.

It libben fan in dammer falt sa no en dan net mei. Nim as foarbyld ús foarsitter. Dy man sit yn in grouwélige damdip. Yn de tredde acht fan it PK  moast er genoegen nimme mei it sânde plak yn de einrangskikking  Dat betsjutte foar him degradaasje. Op de klup koe er ek gjin potten brekke. Hy ferlear tsjin twaddeklasser Hennie de Haan. Wy ha heard dat syn frou nei’t er har ferteld hie dat er fan Hennie net winne koe, antwurde: ”Dat is moai foar Hennie!” Sy toande dus net folle empaty foar har man, dy’t it dampaad hielendal bjuster is.

It binne frjemde tiden foar de Stadige Strikers. Ferline wike waarden der mar trije potsjes foar de kompetysje damme. Ien spultsje kipe der wat de útslach oan belanget wat boppe-út. Jan Castelein wûn nammentlik fan Hennie de Haan. Foar Jan wie dat in moai punt. De oare twa spullen waarden wûn troch dyjingen dy’t gewoanwei altiten winne.

Dizze wike waarden der fiif spullen spile. Troch koroana koenen twa dammers net meidwaan en ien koe om in oare reden net. Ien partij hie alle tiid nedich en einige doe nei in prachtich einspul yn kamp: Dicky tjin Bauke Dykstra. En dan wie der fansels de grutte ferassinng fan de jûn: Hennie de Haan fersloech Cor Kooistra. Der is yn it begjin fan dit stikje al  oandacht bestege.

Utslaggen: 28 – 02. Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1. 07 – 03. Ype Boelens – Sjoerd jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Hennie de Haan 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra ½ – ½;  Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Damkampioenskip noch net beslikke


 

By it yngean fan ‘e finale fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul stiene  trije dammers lyk boppeoan. Nei de lêste twa omlopen, ôfrûne sneon ferspile yn Aldegea-SWF, stiene noch altyd trije man oan kop. Inkeld de gearstalling wie in bytsje oars. It betsjutte hoe dan ek dat der noch gjin kampioen oanwiisd wurde koe.

 

It grutte slachtoffer fan alle damstrideraasje wie mannichfâldich kampioen Taeke Kooistra. De moarns hie de Hartwerter noch kreas Tsjerk Wijbenga ferslein, en dêrmei hied er ek fuortdaliks allinnich de kopposysje ynnaam. Marten Walinga en Jelle Wiersma rekken in heal punt efterop omdat se yn in lange en drege partij tsjin inoar net fierder kamen as remize. Se waarden boppedat ek nochris byhelle troch Siebe Walinga. Dy Aldegeaster promovendus spile it toernoai fan syn libben, en fersloech no mei in machtigen damset syn doarpsgenoat Henk Haanstra. Dêrmei kaam de jongste Walinga op likefolle punten as Jelle Wiersma en syn broer Marten.

 

De middeis yn ‘e lêste omloop wie Marten Walinga as earste út. Mei in studearkeamerfariant traktearre er yn ‘e iepening Tsjerk Wijbenga al op in daam plus skiifefterstân, en dy joech doe ek fuortdaliks op. Siebe Walinga hie it tsjin de Ljouwerter Hein de Vries folle dreger, mar syn daam joech him oan ‘e ein wol it belissende foardiel.

 

En doe wie it wachtsjen op Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Dy setten in hiele skerpe partij op, dy’t fan beide mannen gâns tinktiid frege. Kooistra like de Wommelser wat yn ‘e tange te hawwen, mar dy seach hyltyd ôfruilmooglikheden. Yn in einstân fan trije tsjin trije joech Kooistra úteinliks belies. Dêrmei wied er yn ien klap fan it heechste nei it fjirde plak sakke. Wiersma dêrfoaroer heakke oan by de beide Walinga’s. It reglemint seit dat der by in gelikens oantal punten noch gjin kampioen oanwiisd wurde kin. Der sille dêrom noch beslissingswedstriden folgje moatte.

 

Underyn kaam it wol ta in útdragene saak. Troch syn beide ferliespotten truzele Tsjerk Wijbenga út ‘e kampioensklasse. Pieter Hoogterp koe it ek net oprêde, fansels al hielendal net doe’t er sneon fanwegen koroana ek noch ris thúsbliuwe moast.

 

De opfolgers út ‘e twadde acht wei binne Folkert Groenveld en Dicky van der Meer fan Terherne. Dizze klasse beheinde him dit jier oars ta de striid boppeyn. Troch ôfsizzings degradearren Kees Tijssen en Willem Schaap automatysk.

 

Tige ferrassend wie dat Frans Kingma de tredde acht nei him taluts. De Jorwerter hie him ommers noch pleatse moatten fia kwalifikaasjewedstriden. De twadde promovendus is hjir noch net bekend. De Blauhústers Marcel Altena en Bernard Kroon einigen lyk, dat dy sille ek noch in beslissingswedstriid spylje moatte.

 

 

 

Utslaggen en einstannen

 

Kampioensklasse, sechsde omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Wijbenga – M. Walinga 0-1; Haanstra – Hoogterp 1-0; De Vries – S. Walinga 0-1.

Einstân: M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 5; Kooistra 4,5; Haanstra 3,5; De Vries 2,5; Tj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Hoekstra – Dijkstra 1-0; Van der Meer – Westra 1-0.

Einstân: F. Groenveld 4,5; D. v.d. Meer 4; B. Dijkstra, W. Hoekstra en L. Westra 2; Sj. Couperus 0,5; (W. Schaap en K. Tijssen 0).

 

Tredde acht, sechsde omloop: Bernard Kroon (Blauhús) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Dyk – Kroon 0-1; Altena – Boelens 1-0; Kingma – Sikma 1-0.

Einstân: F. Kingma 6; M. Altena en B. Kroon 5,5; Y. Boelens 4 (9); S. Dyk 3 (6); K. Wiersma 2 (5); C. Kooistra 2 (4); P. Sikma 1.