Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Rubryk 4-3-2022

Moarn wurde de lêste twa omlopen fan it Frysk kampioenskip ferdamd. Fjouwerspilers hawwe noch kânsen. Mei 3½ ptstean Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga boppe oan. Regearjendkampioen Wiersma moat noch tsjinKooistra en Walinga. Dat it kin alle kanten op. Misskyn soarget Siebe Walinga wol foar in daverjendeferrassing. Hy folget de koprinners op in heal punt en hat in lichter programma. Kooistra en Marten Walinga treffe noch Tsjerk Wybenga. Foar harren ek in dregerit, sjoen nei de wize hoe’t hy Wiersma mei in kombinaasje te fiter naam. Wybenga hie yn de tredde omloop te Jorwert swart tsjin Wiersma en it stie sa.

Wyt woe ôfruilje en spile 25.38-33? en ferlear nei 25. …15-20! 26.35×4 24-30 27.4×1 6-11 28.1×21 16×49

Rekôr-kampioen Kooistra stiet op skerpmoast klupgenoat Hein de Vries yn de fiifde omloop ûnderfine. Nei 34. ..9-14

35.21-17! 7×36  36.47-41 36×47 37.50-45 47×50 38.39-34 50×35 39.45×5 en wyt hat in daam. Dy liket hiel djoer. Mar nei 39. …18-22 wat oars? 40.5×35sil de daam de trije houten opswylje.

Yn de twadde omloop kaam Jelle Wiersma (wyt) tsjin Henk Haanstra mei de skrik frij. Nei 36.22-17 folge

36. ..14-19! 37.34×5 19-23 38.5×28 25-30 39.35×24 20×16 en swart komt in hout foar. It soe dochs noch kamp wurde. In skiif der by troch 38. ..26-31 39.37×26 25-30 etc. en it is samar út.

De oplossingen fan de problemen

Nû.17 1.49-44 2.34-29 3.x24 4.43-39

Nû.18 1.21-17 2.x24 3.16-11 4.44-40

Nû.19 1.30-24 2.x20 3.48-42 4.37-31

Nû.20 1.29-23 2.42-37 3.33-29 4.26-21

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.21 sw. 2, 4, 6, 12-14, 19, 24 en wyt 16, 28, 33-36, 44, 45, 49

Nû.22 sw. 2, 4, 6, 10, 25, 30 en wyt 11, 19, 21, 26, 27, 39, 41, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Koptrio


 

En doe hiene we ynienen trije man boppeoan. Yn dizze kolommen is al earder memorearre dat it persoanlik kampioenskip dit jier wat de rommelige kant neist is, mar moandeitejûn is dat allegearre kreas rjochtlutsen mei mar leafst fjouwer ynhelpartijen, wêrfan in krúsjale yn ‘e kampioensklasse, dy’t yn Hartwert ferspile waard.

 

Yn dat duel tusken Marten Walinga en Taeke Kooistra siet de spanning der fan it begjin ôf goed yn. Nei in skerpe iepening rekke de partij wol yn in wat rêstiger farwetter, dêr’t Walinga wat posysjoneel foardiel yn like te hawwen, mar hy moast likegoed duvels oppasse. Dat bliek wol doe’t er tuskentiid in hout offere. Doe’t Kooistra dat letter weromjoech, en der in stân fan twa dammen en beide in skiif oerbleau, wie Walinga sines wat foarliker. Mar om dêr in twadde daam fan te meitsjen slagge net. Kamp dus, en dat makket dat Walinga en Kooistra no gelyk boppeoan steane mei Jelle Wiersma. De sterkste mei it sneon yn ‘e finale yn It Joo yn Aldegea mar wier meitsje.

 

Yn Skearnegoutum waarden der foar de tredde acht noch mar leafst trije ynhelwedstriden spile. De grutte matsjedoar yn dizze klasse is Frans Kingma. De Jorwerter moast him ôfrûne hjerst troch middel fan kwalifikaasjewedstriden pleatse, mar dat is oan syn spyljen net ôf te nimmen. Oant no ta hat er alles noch wûn. Marcel Altena, dy’t foar de partij mar in heal puntsje minder hie, koe him úteinliks ek net de baas. It lange wjuk fan de Blauhúster kaam der beroerd op te stean, dat hy offere in hout. Dat joech Kingma op in stuit wer werom, mar doe wie it foar Altena hâlden en kearen om syn materiaal dêr sa midden op it boerd te beskermjen. It waard in titanestriid, dy’t in soad rekkentiid frege. Mar doe’t Kingma lang om let op daam kaam, wie it nei kundich manûvrearjen dochs ek noch wer gaueftich beslikke.

 

Ek spannend wie it by Cor Kooistra tsjin dy oare Blauhúster, Bernard Kroon. It rûn út op in klassyk kantspul, dêr’t Kroon de bêste papieren like te hawwen. Kooistra sloech dêrom nei de midden, mar dêr koed er it hout net hanthavenje. En doe’t er letter in twadde skiif offerje moast, wie it dach mei de keapman.

 

En dan wie der yn Skearnegoutum ek noch in tredde parij, mar dy gong sa hurd dat de taskôgers dy’t wat letter ynskeakele ha, dêr net folle fan meikrigen ha sille. Wiersma waard op in stuit wat al te folle omsingele. It like dat er úteinlikls wol trochbrekke koe, mar Boelens smiet him in ein efterút en kaam sels folle earder op daam. En dat wie genôch.

 

Tuskenstannen nei fiif omlopen

Kampioensklasse: T. Kooistra, M. Walinga en J. Wiersma 3,5; S. Walinga 3; H. Haanstra 2,5; H. de Vries en Tsj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Tredde acht: F. Kingma 5; M. Altena en B. Kroon 3,5; Y. Boelens, S. Dyk en C. Kooistra 2; P. Sikma en K. Wiersma 1.

doorfriesdammen

Jelle Wiersma nimt kop by Frysk damjen


 

Skearnegoutum – Yn ‘e earste trije omlopen fan it persoanlik kampioenskip by it damjen Frysk spul wie it optreden fan titelferdigener Jelle Wiersma net al te daverjend. Twa kear rûn er yn in dikke slachset, en dat betsjutte dat er al oardel punt skea oprûn hie. Mar ôfrûne sneon seagen we de echte Wiersma wer werom. Hy wûn yn beide omlopen, en dêrmei stiet de Wommelser âlderwenst wer oan ‘e kop.

 

De moarns kaam er tsjin Hein de Vries al gaueftich in hout foar. Dat stik waard letter weromoffere om nei daam trochbrekke te kinnen, en dat bliek genôch foar de oerwinning. De middeis moast de bûter dan jild jilde tsjin Siebe Walinga. Hoewol’t dy de dei yngien wie as ferrassende koprinder, hied er de moarns tsjin Taeke Kooistra al in heal punt ferskiten. En de middeis gong it noch beroerder. Walinga naam in ruil, mar waard ferrifele troch de daam dy’t Wiersma dêr efterwei tsjoende.

 

Good old Taeke Kooistra bleau ûnderwilens kreas yn it sok troch Hein de Vries nei in lange rûnslach mei in daam te konfrontearjen. Dy oare Walinga, Marten, like der tsjin Pieter Hoogterp yn om te slaan as mâle Jan yn ‘e hinnen. Hy joech samar twa houtsjes wei. Of wie it in bewust offer? Mar dan moat de man wol hast in duvelskeunstner wêze, as er yn sa’n stân op dat stuit berekkenje koe dat er pas 13 setten letter de oerwinning byskriuwe koe. En te sjen oan syn damjen de middeis tsjin Henk Haanstra soe men oan syn singeliere jeften dochs twifelje. It waard kamp, mar dat hie foar de Waaksenser ek noch wol oars ôfrinne kind.

 

Yn ‘e twadde acht is de stân troch it útfallen fan twa dielnimmers tige ûnoersichtlik wurden, mar Folkert Groenveld liket troch syn beide oerwinnings fan dit wykein in goede kâns op promoasje te hawwen. Yn ‘e tredde acht is tige ferrassend Frans Kingma allinnich oan kop kaam. De Jorwerter hat noch gjin inkelde skea oprûn, en dat kin gjinien dammer him neisizze.

 

 

Utslaggen en tuskenstannen:

Kampioensklasse, fjirde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – S. Walinga 1-0; Kooistra – De Vries 1-0; M. Walinga – Haanstra 0,5-0,5; Wijbenga – Hoogterp 0-1.

Stân: Wiersma 5-3,5; Kooistra en M. Walinga 4-3; S. Walinga 5-3; Haanstra 5-2,5; De Vries en Wijbenga 5-1,5; Hoogterp 5-1.

 

Twadde acht, fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0.

Fiifde omloop: Groenveld – Hoekstra 1-0; Couperus – Dijkstra 0-1.

Stân: F. Groenveld 4-3,5; B. Dykstra en D. v.d. Meer 3-2; Hoekstra en Westra 3-1;  Sj. Couperus 4-0,5.

 

Tredde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1; Marcel Altena (Blauhús) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – Sikma 0-1; Kooistra – Kingma 0-1; Kroon – Altena 0,5-0,5; Dyk – Boelens 1-0.

Stân: Kingma 4-4; Altena 4-3,5; Kroon 4-2,5; Kooistra 4-2; Dyk 5-2; Boelens en Wiersma 4-1; Sikma 5-1.

 

doorfriesdammen

It wie wat in suterige boel by de Strikers.

It is alle jierren wer sa dat der op de moandeis foar de tredde partij fan it persoanlik kampioenskip fan it bûn de jûns dêrnei, it by de Strikers net optilt fan de dammers. No lei it net allinne oan dy bûnspartij dat der mar njoggen dammers oanwêzich wienen, nee ek it omikronfirus soarge der foar dat twa fan ús dammers net yn aksje komme koenen. Sa wie it wat in suterige boel by de Strikers moandeitejûn.

Gelokkich moast Piet Sikma fan Hartwert in partij foarút spylje foar it  PK tsjin Ype Boelens. En Willem Schaap en Cor Kooistra damden net foar de kompetysje mar folgen de partij fan Ype en Piet. Yn dy partij kaam Ype al frij gau op foarsprong en dy liet er him net mear ûntglûpe.

Jelle Wiersma makke frij gau dien wurk tsjin Dicky van der Meer en Bauke Bos wie te sterk foar Hennie de Haan. Doe sieten der noch twa te damjen, tsjinelkoar. Sjoerd Jan Bakker tsjin Tineke Teigeler. Dat spul wie de muoite wurdich om te folgjen. Tineke siet wer oandachtich te tinken, sa as wy dat de lêste wiken fan har wend binne. Sjoerd Jan koe it net litte om te kleien dat er it spul oan alle kanten en einen ferlieze soe. No moat der sein wurde dat er mei syn kleilieten wol it gelyk oan syn kant hie. Allinne moast Tineke skerp bliuwe en gjin hastige setten dwaan. Sels hie se har tsjinstanner goed yn de smizen: ”Troch dy praatsjes fan Bakker wol er my leauwe litte, dat ik net mear ferlieze kin, mar ûndertusken hat er syn plannen al klear om my te eliminearjen!” Dêr koe se wol ris gelyk oan ha, mar de ûnpartijdige taskôgers seagen dat Tineke it ferrin fan de partij hielendal yn eigen hân hie, mar se moast geduld ha en gjin oerhaaste dingen dwaan. Dat lêste die se wol en doe wist Bakker fuortendaliks wol dat er it wûn hie. Tineke ruile ôf en dêr hie se mei wachtsje moatten. Se koe Bakker syn daam krije en dat hie earst moatten. Damjen komt hiel krekt!

Utslaggewn: Ype Boelens – Piet Sikma 1 – 0 PK; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rommelsoadsje by persoanlik kampioenskip

Net ien kin it helpe, mar it persoanlik kampioenskip is no wol hiel ûnoersichtlik wurden, alhiel by de twadde acht. Earst moast Kees Tijssen him dêr fanwegen sykte al weromlûke. Tiisdei yn Jorwert oan it begjin fan ‘e tredde omloop die bliken dat Willem Schaap om persoanlike reden ek net fierder koe. Dat betsjut dat de twadde acht yninoarskronfele is ta in twadde seis. It hat foar de oerbliuwers wol it foardiel is dat se net mear degradearje kinne, en de skea foar de beide ferliezers fan Schaap fan ôfrûne sneon, Willem Hoekstra en Bauke Dijkstra, is no ek fuortpoetst.

Yn ‘e kampioensklasse gong ek in partij net troch (wurkomstannichheden), en yn ‘e tredde acht sels twa (sykte en in al yn it foar plende krookjefekânsje). Alles meiinoar opteld sieten der tiisdeitejûn yn Jorwert gjin 24 dammers efter it boerd, mar mar 14.

Likegoed ha de thúsbliuwers hiel wat mist. Fan ‘e trije favoriten foar it kampioenskip hoegde allinne Jelle Wiersma mar yn aksje te kommen. Nei in skerpe iepening tsjin Tsjerk Wijbenga rekke de partij yn it begjin fan it middenspul wat yn rêstiger farwetter. En doe sloech Tsjerk ta. Hy joech in daam, dy’t er letter wer werompakke koe, yn ruil foar in eigen daam. Wiersma syn stân stie dêrnei sa iepen dat er fuortdaliks de fûst jaan koe. It kin tafal wêze, mar de titelferdigener liket dit jier net op syn skerpst. Sneon hied er ek al sa’n akkefysje mei Henk Haanstra. Dat rûn doe noch mei in skamper ôf, mar no bleau er mei de folle nul sitten.

Dat makke wol dat der in nije koprinder is. En dat is Siebe Walinga, nota bene in promovendus. Mei in moai útwurke slach koed er oan ‘e lofterkant trochbrekke nei daam, en doe wie it dach mei tsjinstanner Pieter Hoogterp, dy’t sa tsjin syn tredde ferlies oanrûn. Yn ‘e tredde partij yn ‘e kampioensklasse gong de striid tusken Henk Haanstra en Hein de Vries lange tiid lykop. Beiden koene yn it einspul nei daam trochbrekke, mar Haanstra moast ta syn ferdigening wol in houtsje opofferje. Dat bruts him hielendal oan ‘e ein soer op. De Vries koe in twadde daam helje, mar dat wachte Haanstra mar net mear ôf.

Nei it tebeklûken fan Willem Schaap wie de twadde klasse ek oan in nije lieder ta. Dat waard Dicky van der Meer, dy’t tsjin Willem Hoekstra hiel bekwaam it einspul nei him taluts. Liuwe Westra wie tsjin Bauke Dijkstra wat al te útbundich oan it offerjen, en dat betearde dus ek net goed. Dat smiet foar de Tynster it earste wiere wedstriidpunt op, want syn risseltaten tsjin Schaap en Tijssen kinne it ferjittersboek yn. Dêrmei is er ek fuortdaliks in man om rekken mei te hâlden, want hy is no noch sûnder puntferlies.

Yn ‘e tredde acht wie der mar ien reguliere partij. Lange tiid hie Siebren Dyk de houtsjes der yn ‘e midden raar op stean, mar doe’t dy teplak stiene, kantele it foardiel syn kant oer. Klaas Wiersma offere fanneed in skiif, mar dy weelde koe de Jorwerter net drage. Hy fergeat syn ferdigening, en doe gong it punt dus dochs noch nei Nijbeets.

Ype Boelens, dy’t sneon fanwegen de stoarm it dak op moast, is neitiid drok oan it ynheljen slein. Moandeitejûn tippele er noch troch Piet Sikma syn úttinne lofterkant hinne. Mar tiisdeitejûn hied er it tsjin Cor Kooistra aardich dreger. Al yn it begjin kaam dy twa houtsjes foar. Boelens aksele noch al wat tsjin, mar Kooistra hold de kop der goed by, en doe wie it punt sines.

Utslaggen tredde omloop

Kampioensklasse: Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 0-1; Pieter Hoogterp – Siebe Walinga 0-1; Henk Haanstra – Hein de Vries 0-1.

Stân: S. Walinga 3-2,5; T. Kooistra en M. Walinga 2-1,5; H. de Vries, J. Wiersma en Tsj. Wijbenga 3-1,5; H. Haanstra 3-1; P. Hoogterp 3-0.

Twadde acht: Willem Hoekstra – Dicky van der Meer 0-1; Bauke Dijkstra – Liuwe Westra 1-0.

Stân: D. v.d. Meer 3-2; F. Groenveld 2-1,5; B. Dykstra 1-1; L. Westra 3-1; S. Couperus 2-0,5; W. Hoekstra 1-0.

Tredde acht: Klaas Wiersma – Siebren Dyk 1-0.

Neikommen fan 1ste omloop: Ype Boelens – Piet Sikma 1-0.

Neikommen fan 2de omloop: Cor Kooistra – Ype Boelens 1-0.

Stân: M. Altena en F. Kingma 2-2; Y. Boelens, C. Kooistra, B. Kroon en K. Wiersma 2-1; S. Dyk 3-1; P. Sikma 3-0.

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Dammers oan inoar weage

Lollum — Nei in jier oerslaan is sneon it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul sneon wer fan ‘e ein gien. It wie foar de dammers dúdlik wer wennen, oars ek foar de tablets dêr’t op notearre wurdt en dêr’t op de websiden friesdammen.nl of op toernooibase.kndb.nl de partijen live mei te folgjen binne. De apparaten krigen pas nei in soarte fan boosterprip wer de guit.

Yn ‘e kampioensklasse waard de helte fan ‘e wedstriden kamp – it Frysk damjen begjint suver op in echte tinksport te lykjen. De favoriten Taeke Kooistra, Marten Walinga en Jelle Wiersma hiene ek fan ‘e remizegoarre te lijen, dat elk hat al in skavankje oprûn. Titelferdigener Wiersma siet him dêrby it meast te knipen. Henk Haanstra helle der tsjin him fia in tuskentiidske daam in prachtige slach út, en kaam sa ek in hout foar. Mei hingjen en wjirgjen waard it foar Wiersma noch kamp. De favoriten wurde oan ‘e top beselskippe troch Siebe Walinga. Hy hold mei in soad strategyske ruilerij syn broer Marten op remize, neidat er de moarns Tsjerk Wijbenga ferslein hie. Pieter Hoogterp is yn dizze klasse noch sûnder punten, mar hy hat mei Kooistra en Wiersma de dreechsten ek hast al hân.

Yn ‘e twadde acht naam Willem Schaap de kop, ek al warden Willem Hoekstra en Bauke Dijkstrahar oant de ein ta. Yn dizze klasse hat rûtynjee Kees Tijssen dit jier troch sykte spitigernôch ôfsizze moatten. In oare feteraan, Sjoerd Couperus fan Snits, kaam yn twa partijen net fierder as in heal punt.

Yn ‘e tredde acht koe Ype Boelens sneon ek gjin acte de presence jaan, want hy moast fanwegen stoarmskea driuwend it dak op. Marcel Altena en Frans Kingma ha hjir nei twa partijen de folle winst.

It kampioenskip wurdt tiisdeitejûn fuortset yn Jorwert.

Utslaggen kampioensklasse, earste omloop: Pieter Hoogterp (Gaastmar) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0. Twadde omloop: Wiersma – Haanstra 0,5-0,5; Kooistra – Hoogterp 1-0; M. Walinga – S. Walinga 0,5-0,5; Wijbenga – De Vries 0,5-0,5.

Stân: Kooistra, M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 1,5; Haanstra 1; De Vries en Wijbenga 0,5; Hoogterp 0.

Twadde acht, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Willem Schaap (Dearsum) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0; Bauke Dijkstra (De Tynje – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0. Twadde omloop: Schaap – Dijkstra 1-0; Groenveld – Westra 1-0; Couperus – Van der Meer 0,5-0,5; Tijssen – Hoekstra 0-1.

Stân: Schaap 2; Groenveld 1,5; Dijkstra, Hoekstra, Van der Meer en Westra 1; Couperus 0,5; Tijssen 0.

Tredde acht, earste omloop: Marcel Altena (Blauhús) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Frans Kingma (Jorwert) – Bernard Kroon (Blauhús) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Altena 0-1; Kroon – Sikma 1-0; Dyk – Kingma 0-1.

Stân: Altena en Kingma 2-2; Dyk en Kroon 2-1; Boelens 0-0; Kooistra en Wiersma 1-0; Sikma 2-0.

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Rubryk 18-2-2022

Moarn binne te Lollum de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip fan Fryslân. Jelle Wiersma wûn de lêstefjouwer kear de titel. En ek no is hy mei wrâldkampioen Marten Walinga en rekôr-kampioen Taeke Kooistra favoryt. Al is it de fraach hoe as at de dammers,nei krapoan oardel jier, út de tichset fan de koroana komme. Wa wit slacht Henk Haanstra fan Aldegea-SWF diz’kear ta. Dan moat it al better as yn 2020, doe’t hy yn de lêstetwa rûnten ferlear fan Walinga en Kooistra en mar krekt oan degradaasjeûntkaam. Dat wie op 15 febrewaris te Skearnegoutum en Haanstra hie tsjinWalinga de swarte skiven.1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 14-20 9.39-34 20-25 10.43-38 10-14 11.34-29 19×39 12.38×40 14-20 Der wurdt in rêstige iepening spile. 13.37-31 13-19 14.42-37 19-24 15.31-26 5-10 16.48-43 7-11 17.43-39 10-14 18.37-31 24-30 19.35×24 14×43 20.44×42 20-24 21.40-35 9-14 22.41-37 14-20 23.42-38 3-9 24.38-32 9-14?

Swart rint yn in wat blyn loopke.25.45-40! 25×34 26.27-21 16×38 27.37×30 Yn de lêste rûnte mei wyt tsjin Kooistra.1.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 11-16 5.38-32 14-19 6.31-26 7-11 7.37-31 10-14 8.43-39 1-7 9.32-28 18×38 10.39×37 17-21 11.26×17 12×21 12.31-26 7-12 13.26×17 12×21 14.42-38 8-12 Wytbesiket de rjochter kant frij te meitsjen. 15.38-33 12-17 16.33-29 19×39 17.34×43 25×34 18.35×33 2-7 19.40-35 It wite hout op fjild 33 liket wat minder goed te stean. 19. …14-20 20.35-30 20×40 21.44×35 21-26 22.43-39 13-19 23.39-34 17-21 24.49-44 21-27Nei 24.37-31 26×37 25.47×27 21×32 26.33×31 is it hout better te plak.25.37×17 7×27 26.44-40 19-24 27.34×14 9×20 28.48-42 11-17 29.42-37 17-21 30.37×17 21×12 31.40-34 20-25 32.41-37 5-10 33.47-41 10-14 34.33-29 34.33-28 is better. 34. ..12-18 35.37-31 26×37 36.36×38 16-21 37.38-32 21-26 38.50-44 14-20 38.41-36 14-20 39.36×16 6×26 40.29-23 18×40 41.50×10 4-9 42.10×8 3×12 wint swart

39.44-40 26-31! 40.41×21 6-11 41.21×1 20-24 42.1×23 24×42 43.29-24 25×23 44.34-30 en wyt jout op.

Nû.17 sw. 3, 8, 11, 15, 20, 21, 26 wyt 22, 34, 37, 40, 43, 45, 49

Nû.18 sw. 4, 6, 7, 9, 13, 19, 29 wyt 16, 21, 26, 32, 42, 44, 47

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.19 swart 9, 12, 15, 18, 19, 26, 27 wyt 30, 37-40, 48, 50

Nû.20 swart 8, 13, 15, 17, 20, 24, 27 wyt 26, 28, 29, 33, 39, 40, 42

Oplossingen stjoere foar 4 maart.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Oer it algemien wienen de measte partijen gau beslikke.

By de Strikers wienen der moandeitejûn eins gjin partijen fan de lange  azem. Nee de measte spilers makken der gau in ein oan, somtiden troch tadwaan fan de tsjinstanner. It kaam der op del dat de partijen krekt foar tsienen út wienen. Moai neffens de regleminten dy’t jilde yn ferbân mei de koroana-pandemy. Der blieken ek in pear útsûnderingen te wêzen. Docha wie it al mei al gau beslikke.

Foar de útsûndering wat de tiid oanbelange, soargen Tineke Teigeler en Kees Castelein. Oer it generaal binne dizze twa spilers gau út. Faak fier foardat de oaren elkoar de hân of de boks jouwe. Moandei dus net. Beide dammers makken der in moaie partij fan, dy’t op en del ferrûn. Sa kaam Kees in houtsje efter troch in slachfout, mar hy hold de kop der foar en kaam wer gelyk. It bleau in moai spul oant de ein ta. Trije om trije wie foar beide in wichtige stân, mar dêr kamen se goed út en skoden elk mei ien houtsje dat se noch besieten nei de daam: kamp! Moai dien!

Sjoerd Jan Bakker wie yn syn partij tsjin Jelle Wiersma sa mar út. De skriuwer soe al gau de nul foar Bakker opskriuwe, mar doe die him bliken dat net Bakker, mar Wiersma ferlern hie. De lêste blundere sa’t wy dat net fan him wend binne. Sjoerd Jan fandele de puntsjes mei nocht op. In oare partij duorre ek net sa lang. Dy tusken Ype Boelens en Jan Castelein. Ype krige al frij flot in daam yn de lange hoeke en doe koe Jan it wol ferjitte. De fjouwer dammers koenen noch wol in partij. Dat barde ek. Ype waard fan it boerd ôfreage troch Jelle en Sjoerd Jan Bakker wie te sterk foar foar Jan.

Cor Kooistra en Dicky van der Meer sieten noch wol te stinnen op it spul, dat eins gjin echte partij wurde woe. Dat kaam ek troch de iepening, wêr’t yn Kooistra wat te bang en te foarsichtich út de startblokken kaam. Om koart te gean: hy waard der fakkundich ôf damd troch Van der Meer.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Kees Castelein ½ – ½; Jan Castelein – Ype Boelens 0 – 1; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd jan Bakker 0 – 1.

doorfriesdammen

It hat wat duorre foardat de winst der wer ris wie

By guon dammers is it frij normaal dat se wyk yn wyk út de winst pakke, mar der binne fansels ek oaren. By de Stadige Strikers besiket elkenien de winst te pakken, mar by de ien giet dat him of har wat liniger ôf as by de oar. As jo dan mar in bytsje winne, wat is it dan moai dat jo it swiet fan de sege wer ris smeitsje meie. It hie wat duorre, mar doe wie der dan dochs wer ris de winst foar Kees Castelein.

It like der net sa bot op dat Kees winne soe fan Hennie de Haan. Hy kaam yn it middenspul in houtsje efter en dan witte jo it faaks wol. Kees rekke fan dy efterstân net fan it sintrum en skerpe him noch ris goed op. Dat hie fan gefolgen dat er der hieltiten better op kaam te stean. Boppedat die Hennie net de alderbêste setten en op in bepaald stuit stie se der wakker beroerd op. Al twa kear hie se dizze kompetysje wûn fan Kees en faak makke dy yn it lêst noch wol in foutsje. Mar diskear net! Hy rammele op in gegeven momint in stik as fjouwer houtsjes fan it boerd en doe wie it spul wol bekeken. Kees dy wûn, mar hy sei:”It wie in dreech spul!”

In dreech spul spile Bauke Bos net. Hy spile twa kear en wûn twa kear mei in laits op syn gesicht. Dy laits kaam net sa sear fanwege dat winnen, mar folle mear omdat er te damjen siet tsjin Willem Jan Steenhuizen. De lêste hat troch omstannichheden al oardel jier net in partij op de klup spile en dêrom wie net allinne Bauke yn poerbêste stimming, mar elkenien op de klup. It is net sa dat wy nije wike Willem Jan wer sjen sille, mar mooglik it oar jier wol wer.

Ferline wike ferlear Tineke har partij tsjin Bauke Bos, wylst se eins winne moatten hie. Dan fûn se sels ek. No moast se it opnimme tsjin Cor Kooistra en dat gong foar Tineke as it slytjage. Sy die hieltiten wer de goeie set en Kooistra moast de eagen gewoan goed iepen hâlde om net yn gefaar te kommen. Doe‘t it sa’n bytsje nei de einfaze rûn, makke Tineke dochs in foutsje en koe se net mear ferhinderje om in houtsje efter te kommen. Dat barde dus ek, mar se striek wol op de foar har foardelichste manier. Likegoed koe se it fierders net mear yn har foardiel beslisse, mar har âlde learmaster wie suver wat út de skroeven oer har stappen fan foarútgong. 

Utslaggen: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Ype Boelens – Bauke Dykstra  0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Willem Jan Steenhuizen 1 – 0.

doorfriesdammen

Rubryk 4-2-2022

Krekt op de dei, moandei 17 jannewaris, dat de klups wer mei harren kompetysjelos mochten, ferstoar Gerrit Schilstra ynde leeftiid fan 88 jier. Fan syn jonge jierren ôf wie hy ferbûn mei damklup‘Nocht&Kriich’ te Aldegea-SWF. Alle sawn kearen dat se Frysk klupkampioenwaarden wie hy by it earste achttal. Schilstra wie in aimabel persoan, kalm en freonlik en in tige sportyf dammer. Ek op lettere leeftiid bleau hy by it damjenbelutsen as trou ynstjoerder fan de problemen en dielnimmer oan de âlderein-dammerijen te Hartwert. Schilstra liet him yn it spul net gauferrifelje. Hy damde deeglik en longeregauris op in setsje. Sa kaam yn itkampioenskip om de ‘tredde acht’ klupgenoat Henk Haanstra op de kofje. Dat wie op 19 febrewaris 2011 te Jirnsum en Schilstra hie swart.1.32-27 19-23 2.31-26 23-29 3.33×24 20×29 4.34×23 18×29 5.39×19 13×24 6.40-34 24-29 7.34×23 17-21 8.26×17 11×24 9.27-22 12×32 10.38×27 14-20 11.37-31 9-14 12.42-37 20-25 13.31-26 14-20 14.37-31 7-12 

15.43-39? 6-11! Nei it heakje folget16.26×17 12×32 17.31×33 24-30 18.35×24 25×34 19.44×24 20×29 Swart komt foar en wint letter it spul.

38.37-32! 22*42 39.26-21 11*31 40.44-40 24*44 41.45*21 4-9 Swart spinpoatetnoch wat, mar it is gau út. 42.21-16 9-13 43.16-11 13-18 44.11-7 18-22 45.40-34 22-27 46.7-1 27-32 47.34-29 32-37 48.29-24 14*34 49.1*36 5-10

Utslach nijierspuzzel; 

1.K.Wiersma, Nij Beets; 2.P.Looge, Tsjummearum; 3.S.v.Steinvoren, Dronryp;

Oplossingen problemen ledder

Nû.13 1.41-36, 2.42-37, 3.49-44

Nû.14 1.38-32, 2.31-26, 3.43-39

Nû.15 1.33-29, 2.48-42, 3.38-33

Nû.16 1.40-35, 2.29-24, 3 x30, 4.30-25

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû.17 sw. 3, 8, 11, 15, 20, 21, 26 wyt 22, 34, 37, 40, 43, 45, 49

Nû.18 sw. 4, 6, 7, 9, 13, 19, 29 wyt 16, 21, 26, 32, 42, 44, 47

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com