Hjirbij de utslaggen fan de eerste ronde fan de Fryslankup.
Willem Hoekstra (wint mei Frysk) – Bernard Kroon (wnf) 1/2 – 1/2
Liuwe Westra – Bauke Bos 1 – 0
Sybren Dyk – Siebe Walinga 0 – 1
Cor Kooistra – Sjouke Attema 1 – 0
Tjerk Wijbinga – Leo Altena 1 – 0
Fedde Wiersma – Teake Kooistra 0 – 1
Hein de Vries – Marten Walinga 0 – 1
Dicky v/d Meer – Marcel Altena 1 – 0
Jappie de Jong – Piet Skma 1 – 0
Frans Kingma – Sietse de Jong 1 – 0
Herman t/w/v Scheltinga – Rein Jan Walinga 0 – 1
Pieter Hoogterp – Klaas Wiersma 1 – 0
Willem Schaap – Folkert Groenveld 0 – 1
13 dammers sitte der freed 25 novimber yn de koker foar de twadde ronde fan de Fryslankup. Ien dammer hat in steand nummer.
Dit jier wie it foar de 79-ste kear dat it
kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” ferspile waard. Earder wie dit de Littenseradielpartij, en noch earder de Baarderadielpartij en is sa de âldste priisdammerij fan Fryslân. Lykas ferline jier waard Jelle Wiersma earste, in heal punt foar Folkert Groenveld en dêr wer lyk efter Taeke Kooistra.
T.Kooistra – J.Wiersma, tredde omloop Jorwert, 8 novimber 2022
1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.34-30 25*34 6.40*20 14*25 7.35-30 25*34 8.33*35 15-20 9.32-27 17*37 10.47*27 7-11 11.27-22 18*27 12.31*22 12*32 13.38*27 2-7 14.42-37 8-12 15.37-31 12-17 16.39-34 17*37 17.31*42 11-17Swart fâlt oan op wyt syn lange hoeke. 18.44-40 9-14 19.50-44 7-11 20.42-37Dit hout kin noch gau foar de rún del.42. ..1-7 21.37-31 3-8 22.44-39 10-15 23.34-30 20-25 24.49-44 25*34 25.39*30 Wyt giet oer de oare kant en is earst 44×24 no net better? 25. ..16-21!25 ..7-12 en dan fierder wie ek mooglik26.46-41 13-18 27.44-39 18-22 28.30-24 14*34 29.39*30 7-12 30.43-38 12-18 31.40-34 21-27 32.26*28 22*42 33.41*43 48×37 liket better 34.17-22!
Wiersma bringt sa twa drigingen yn it spul. 34.31-26 kin net om 22-27 en oars 34. ..22-27, 31×2, x16 hat swart in daam.34.31-27 22*31 35.36*27 11-16 Nei 35. ..18-23 liket wyt it op te rinnen. Kooistra fynt no it paad nei kamp.36.43-38 16-21 37.27*16 6*26 38.38-32 15-20 39.30*10 5*14 40.34-30 8-13 41.48-42 26-31 42.45-40 31*33 43.40-34 18-22 44.34*12 13*11 45.30-24 14*34 46.35*33
Yn de twadde omloop koe Wiersma krekt ûntkomme doe’t wytspiler Folkert Groenveld in driging yn it spul frissele.
Wyt helle earst de ôfruil troch 22-27 der út mei it offer 31.26-21! 16×27 en kaam doe mei 32.47-41 6-11 en no pas 33.30-24 mei de driging 24-20 14×43 etc.. Swart koe noch lyk ôfruilje mei33. ..27-31! 34.36×29 10-15! 35.30×19 15×24 en soe it einspul winne.
Swartspiler Marten Walinga tippele yn de lêste omloop yn in kombinaasje
Hjir hie moatten 17. ..9-13, mar der folge17. ..12-18? 18.33-28! 18×47 19.34-30 25×34 20.40×29 47×24 21.35-30 24×35 22.45×21 16×27 23.26×28 mei skiifwinst foar Jelle Wiersma.
Twa nije problemen fan W. F. Bakker
Nû.9 sw. 2, 4, 9, 11, 13, 36 wyt 15, 20, 33, 40, 41, 49
Nû.10 sw. 2, 4, 6, 7, 13, 14, 19 wyt 16, 28, 30, 34, 37, 41, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Neidat koroana oant twa kear ta dwerse kneppels smiet, koe it miniklupkampioenskip yn 2022 einliks wer ris trochgean. Op freedtejûn 18 novimber op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert setten har seis fjouwertallen efter de buorden om it klupkampioenskip yn it fluchdamjen oan te gean. It pleatslike OKK furdige twa ploegen ôf. Bysûnder wie dat De Gastmar nei in hiel tal jierren ek wer ris de reis nei Jorwert ûndernaam hie. Tige spitich dêrfoaroer wie dat Aldegea en Blauhús ferstek gean lieten, sadat úteinliks mar fiif fan ‘e sân klups fertsjintwurdige wiene.
Tradysjoneel wurdt der by it miniklupkampioenskip yn twa klassen spile, mar omdat it tal ploegen úteinliks mar beheind wie, koene yn fiif omlopen mei 15 menuten tinktiid alle ploegen inoar treffe. Mei in skerp each foar de sterkteferhâldingen hie wedstriidlieder Willem Dykstra it dêrby sa beskikt dat de beide favoriten Skearnegoutum en Hartwert inoar yn ‘e lêste omloop treffe soene. Skearnegoutum is al jierren efterinoar de miniklupkampioen, mar Hartwert hie dit jier in sterke ploech ôffurdige, mei Taeke Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Fedde Wiersma en Hidde de Vries.
Jorwert I, ek yndield yn ‘e heechste klasse, hie oan dy beide oare ploegen fansels gjin hanwetter. Dat bliek al yn ‘e earste omloop, doe’t, om in mooglike kompetysjeferfalsking foar te wêzen, de beide Jortwerter ploegen it tsjin inoar opnimme moasten, en Jorwert I fuortdaliks in buordpunt kwytrekke omdat Kees Tijssen fan Jan Nauta ferlear. Hiele Bitgummole praat der noch fan. En yn ‘e twadde omloop kaam Jorwert I ek net fierder as in 2-2 lykspul tsjin De Gastmar, wylst Skearnegoutum en Hartwert doe wol Jorwert II en Lollum ferpletteren.
Mar yn ‘e tredde omloop barde der wat dat efternei beslissend foar de einútslach wurde soe. Jorwert I kaam wer wat by syn sûp en stút, en wist Skearnegoutum op in lykspul te hâlden. Hartwert dêrfoaroer rûn mei 3-1 ek net hielendal oer Jorwert II hinne – Fedde Wiersma liet it sitte tsjin Bonne Hylkema –, mar it pakte de wedstriidpunten wol.
Yn ‘e fjirde omloop koe Jorwert I de stunt tsjin Skearnegoutum net nochris wer opbringe. Mei 3-1 gong de ploech kopke-ûnder tsjin Hartwert, en mei dy sifers wûn Skearnegoutum fan De Gastmar. It iennichste bysûndere fan dizze omloop wie dan eins ek wol dat Lollum en Jorwert II 2-2 tsjin inoar spilen. En dêrmei hiene beide ploegen de eare rêden.
Tsja, en doe wie der dus noch ien omloop te gean, en moast de bûter jild jilde. Skearnegoutum en Hartwert moasten it tsjininoar wier meitsje. Dêrby hie Hartwert it foardiel dat it oan in lykspul genôch hie. En krekt dat barde. Dat betsjutte dus dat foar it earst sûnt 2017 Skearnegoutum net mear miniklupkampioen is.
Yn ‘e twadde klasse diene de jonges fan ‘e Gastmar ûnderwilens hiel goed wurk. Se waarden ôftekene winner, en hiene úteinliks ek mar in heale wedstriidpunt minder as Jorwert I yn ‘e heechste klasse. Underoan joegen Jorwert II en Lollum, dat mei in hiele jonge ploech opkaam wie, inoarren neat ta. In heal buordpunt mear makke dat de Jorwerters úteinliks de beker fan it twadde plak thúshâlde koene.
Utslaggen miniklupkampioenskip 2022:
Omloop I: Skearnegoutum – Lollum 3-1; Hartwert – De Gastmar 3,5-0,5; Jorwert I – Jorwert II 3-1.
Omloop II: Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; De Gastmar – Jorwert I 2-2; Lollum – Hartwert 0-4.
Omloop III: Hartwert – Jorwert II 3-1; Skearnegoutum – Jorwert I 2-2; Lollum – De Gastmar 1-3.
Omloop IV: Jorwert I – Hartwert 1-3; Jorwert II – Lollum 2-2; De Gastmar – Skearnegoutum 1-3.
Omloop V: Skearnegoutum – Hartwert 2-2; Lollum – Jorwert I 0-4; De Gastmar – Jorwert II 3,5-0,5.
Einstân groep I (mei tusken heakjes de buordpunten):
1. Hartwert 4,5 (15,5)
2. Skearnegoutum 4 (14)
3. Jorwert I 3 (12)
Groep II
1. De Gastmar 2,5 (10)
2. Jorwert II 0,5 (4,5)
3. Lollum 0,5 (4)
(Tekst: S. Dyk)
Hein de Vries damt al wer wat jierren by damklup Hartwert e.o. Hy hat it spul lykswols leard fan by damklup Wurdum. Syn heit Dirk, dy’t tsien kear Frysk kampioen waard, damde dêr ek lykas syn omke Willem, ek in âld kampioen. Soe it Hein nochris slachje? By it lêste kampioenskip koe hy op haren en snaren degradaasje foar wêze. Tsjin klupgenoat Tsjerk Wijbinga liet er meardere kânsen op winst lizze.
PK twadde omloop, Lollum, 19-2-22 Tjerk Wijbinga – Hein de Vries
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-11 Foar de rún lâns wurdt in protte spile. 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26*17 6. …17-22 7.32-27 22-28 8.27×29 16-21 is ek mooglik 11*31 9.37*26 16-21 10.26*17 18*16 11.42-37 7-11 12.37-31 11-17 13.32-28 19-23 13.31-26 is better. 14.28*19 20*18 Sa kriget swart in oermacht yn de dûbele hoeke. 15.31-26 10-14 16.33-28 14-19 17.34-30 25*34 18.39*30 2-7 Trochpakke mei 19-24. 19.43-39 7-11 No 19. ..18-23! en swart komt in hout foar as sil letter trochbrekke. 20.48-42 18-23
Wyt kin de driging opfange en der folget in grutte ôfruil. 21.49-43 23*32 22.38*20 15*24 23.30*19 9*47 24.46*48 8-12 Kin wyt dit hâlde yn syn lange hoeke? 25.44-39 3-8 26.48-42 16-21 27.26*17 12*21 28.42-37 11-16 29.37-31 21*41 30.36*47 13-18 31.35-30 8-12 32.40-35 12-17 33.30-24 17-21 34.24-20 21-26 35.35-30 18-22 36.39-33 26-31 37.45-40 31-36 38.40-35 16-21 39.30-25
39. ..6-11 40.33-29 11-16 41.29-24 36-41 42.47×36 21-26 43.24-19 26×46 44.19-14 46×40 45.50×30 wint swart 39. …22-27 40.33-28 27*29 41.20-14 4*24 42.25*34 21-26 43.34-29 6-11 It spul rint nei kamp. 44.29-23 11-16 45.23-19 5-10 46.35-30 10-15 Wyt set in fang foar de daam klear. 47.50-44 36-41 48.47*36 26*46 49.30-24 46*34 50.44*24 16-21 51.24-19 21-27 52.19-13 27-32 53.13-8 32-37 54.8-2 37-41 55.2-35 15-20 56.35-13 41-46 57.13-8 46-5 58.8-13 20-25 59.13-27 5-23 60.27-49 23-1 61.49-44
PK tredde omloop, Jorwert 22-2-‘22 Henk Haanstra – Hein de Vries
We komme yn it spul nei 38.31-26
Swart kin no as letter mei 1-6 de twa wite skiven op 16 en 26 fêst hâlde. Wyt hat soks al yn de dûbele hoeke 38. ..24-30 10-14 liket better 39.43-39? Wyt stiet in ôfruil ta en swart kin los komme. 39.33-28! is folle better. 39. …35-40 40.44×24 25×34 41.50-44 34-39 42.44×33 15-20 43.45-40 1-6 43. …12-18! 44.41-36 1-6 45.45-40 18-22 en swart stiet ek folle better. 44.33-28 20-24 45.40-35 10-15 46.41-37 12-18 47.28×8 7×9 Swart set wyt fêst. 48.37-32 9-14 49.32-27 14-20 50.27-21 20-25 51.35-30 24×35 52.16-11 6×17Wyt hellet noch wol in daam. Mar de Vries pakt syn kâns no wol. 53.21×12 35-40 54.12-7 40-44 55.7-1 44-49 56.1-23 49-44 57.26-21 44-50 58.23-45 25-30 59.45×5 30-34 60.21-17 50×11
De problemen binne fan Stellinga-Baron.
Nû.5 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50
Nû.6 sw.10,11, 13, 16, 17, 19, 21, 26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49
Nû.7 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48
Nû.8 sw. 13, 14, 17, 20, 27, 30 wyt 29, 37, 40, 46, 47, 49
Oplossingen stjoere foar 25 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Wiersma wint Wapenpartij Op ‘e tiisdeitejûnen 1 en 8 novimber waard yn Jorwert wer it Iepen Kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” ferspile. Foar lju dy’t muoite ha om har te foegjen yn ‘e moderne tiden: earder wie dit de Littenseradielpartij, en noch earder de Baarderadielpartij. Dy lêste syn earste kear wie al yn 1942. Wedstriidlieder Willem Dykstra besifere dat dit no de 79ste ôflevering wie. We prate dus fan in ynstitút mei tradysje. Likegoed wie it foar guon persoanlike damynstituten pas de earste kear dat se meidiene. Taeke Kooistra en Fedde Wiersma binne út it wurk en seagen kâns om sûnder slieptekoart no ek ris in kear mei te dwaan. Dat makke dat der úteinliks 18 dammers op ‘e list kamen, in moai tal om der trije klassen fan te foarmjen.
Benammen de A-klasse wie sterk beset mei kanonnen as mearfâldich Wapenkampioen Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga en de al earder neamde Taeke Kooistra. Dêr moast noch ien by om it seistal folslein te krijen. Omdat hy ferline jier nei de heechste klasse by de persoanlike kampioenskippen promovearre is, waard Dicky van der Meer dêr foar slachtoffere. Efterôf sjoen is dat wurd yndied fan tapassing. De earme Dicky ferlear alles, mar hat foar de striid fan kommende febrewaris hooplik wol in soad opstutsen.
Nei de earste jûn hiene twa dammers de folle winst. Taeke Koaistra fersloech Wijbenga en Van der Meer, en Jelle Wiersma wie foar de Terhernster ek te sterk. Folkert Groenveld koe ek al net tsjin Wiersma op, hoewol’t dy noch fol goede moed efter it boerd sitten gong omdat er yn syn earste partij hiel knap Marten Walinga fersloech, as in soarte fan wraakoefening op it foar him frij desastreus ferrûne wrâldkampioenskip.
Mei tank oan it Switsersk systeem makken dy útslaggen dat Kooistra en Wiersma yn ‘e tredde omloop foarinoar oer kamen te sitten. Kooistra hie it dreech. Wiersma boude de boel goed op, en frissele allegearre drigings yn syn stân. Mar Kooistra koe him dêr oan ûntwine, dat de partij rûn úteinliks kamp. De mannen bleauwen dêrmei wol oan kop, mar Groenveld en Walinga rûnen wol op har yn troch harren oerwinnings op respektyflik Wijbenga en Van der Meer. It ferskil wie no noch mar in heal punt, dat yn ‘e fjirde omloop koe der noch fan alles barre.
En der barde yndie fan alles yn dy lêste omloop. Groenveld die bêste saken troch fan Kooistra te winnen; it smiet him in twadde plak op. Yn ‘e striid tusken Wiersma en Walinga kaam it op in stuit hiel iepen te lizzen. Beide dammers drigen de oar te fiter te nimmen. Uteinliks luts Wiersma oan ‘e langste ein troch in machtigen slach, wêrby’t er earst noch in daam weijoech, mar sa dochs op skiifwinst kaam, en dêr hie Walinga gjin ferwin mear op. En sa betearde it dat Jelle Wiersma syn kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” kontinuearje koe. De
B-klasse joech noch folle mear spanning, sels oant it maksimale ta. Nei de earste jûn hiene de tige sterk spyljende Cor Kooistra en de pleatslike favoryt Willem Dykstra noch de folle winst. Yn ‘e tredde omloop kopiearren dy mannen it patroan fan ‘e A-klasse: se spilen tsjin inoar ek wer kamp. Yn ‘e lêste omloop wûnen se beiden wer. Kooistra wie te sterk for Jorwerter Frans Kingma, en Dykstra lei Fedde Wiersma om. Doe hiene se dus noch altyd likefolle punten. Noch sterker: harren SB-punten wiene mei elkmis 10,75 ek like heech! En dat de mannen oaninoar weage wiene die ek noch wer ris bliken yn ‘e barraazje mei tsien menuten tinktiid. Dy like Dykstra op syn namme te skriuwen, oant er op it lêst dochs in lyts flaterke makke. Dizze partij hie ek yn in kampspul einige, as Kooistra op dat stuit net as earste troch it reade flachje flein wie.
De C-klasse wie in folsleine Jorwerter oangelegenheid. Dêr diene úteinliks sân man oan mei. Rinze Schukken fan Hilaard koe de twadde jûn net, en Jelte Dykstra wie de earste jûn net rjocht halich, dat dy beide mannen smieten de lapen gear ûnder de namme Rinze-Jelte Schukstra út Hylwert. Dat houlik bliek fruchtber, want se naaiden úteinliks út mei de earste priis, in koer mei allegearre lekker guod lykas tsizen en woarsten, krekt as alle prizen fersoarge troch de buorkerijwinkel “Op de Him”, en sponsere troch makelaardij Kaspers. Hoe’t de skieding fan dy prizeboel fierders krekt beteard is, dat bliuwt in priveekwesje.
Einstannen mei tusken heakjes it SB-getal: A-klasse: 1. Jelle Wiersma 3,5; 2. Folkert Groenveld 3; 3. Taeke Kooistra 2,5; 4. Marten Walinga 2; 5. Tsjerk Wijbenga 1; 6. Dicky van der Meer 0. B-klasse: 1. Willem Dykstra 3,5 (10,75) (nei barraazje). 2. Cor Kooistra 3,5 (10,75); 3. Frans Kingma 2; 4/5/6. Siebren Dyk, Willem Schaap & Fedde Wiersma 1. C-klasse: 1. Rinze-Jelte Schukstra 3 (13,5). 2. Harry Kaspers 3 (7); 3. Bonne Hylkema 2 (6,5); 4 en 5. Emke Dykstra en Hindrik Terpstra 2 (4); 6. Jan Nauta 0. (siebren dyk)
Moandeitejûn 24-10 sieten der trije Strikers te set oer in partij dy’t spile waard yn it kader fan de Fryslân Kup. De tsjinstnanners kamen efterienfolgjend út de Hommerts, Blauhûs en fan de Gaastmar. Al mei al wie der sadwaande wat mear flecht op ‘e koai as oars Foar Kees Castelein wie it in produktive jûn. Hy struts syn earste punt by-inoar.
Ien kear siet er dit jonge seisoen al hiel ticht by in puntsje. Hy stûn doe in houtsje foar tsjin Tineke. Doe ferlear er it lywols sleau. Syn houtsje foarsprong ferskiet er en hy kaam der doe ek noch ris beroerd op te stean. Moandeitejûn moast er it wer tsjin in frou opnimme: Hennie de Haan. Fan har hat er yn it ferline noch net faak wûn, mooglik noch nea. Hy damme sterk en liet him net sa mar fan streek bringe. Ek die er goeie deeglike setten. Hennie hie mooglik noch wat skerper strike kinnen, mar se soarge der mei foar dat Kees yn de einfaze tapakke koe en dat die er. Syn earste puntsje wie dêrmei binnen.
By de Fryslân-kuppers spilen Willem Schaap en Folkert Groenveld tsjin elkoar. De earste ronde. Dat dienen de oaren ek. De beide mannen dy ek wol faak de degens kruse op it ynternet en sa njonkenlytsen elkoar aardich goed kenne wat it damjen onbelanget, makken der no ek in yntressante partij fan. It gie moai lyk op en der wie net sa folle fan te sizzen oant it momint dat Folkert oan begûn te fallen troch de midden hinne. Hy striek sa mar twa houtsje nei it midden. En dat pakte goed út. Groenveld wûn en giet oer nei de twadde rûnte. Dicky van der Meer hie Marcel Altena lotte. Dat like ek in hiele moaie partij te wurden, mar dat waard it net. Marcel seach wat oer de kop en Dicky profitearre. De Blauhúster leit der dus út. Ferline jier troffen Sjouke Attema en Cor Kooistra elkoar ek yn de earste omloop. Ferline wûn Kooistra frij ienfâldich om ‘t Attema de teory net behearske en dêrtroch frij gau in houtsje efter rekke. Dit jier koe Sjouke him dus revansearje. Fan dat revâns nimmen kaam net sa folle terjochte. Hy ferfoel yn it selde spul as in jier lyn, kaam wer in houtsje efter en ferlear. Spitich foar de partij.
Utslaggen: Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Dicky van der Meer – Marcel Altena 1 – 0; Sjouke Attema – Cor Kooistra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Marten Walinga sloech freed 21 oktober in dûbelslach. Mei de oerwinning fan it tweintichste kampioenskip fan Sânfurd, waard hy daalk ek de nije fluchdamkampioen. Yn sawn omlopen ferlear de wrâldkampioen noch wol ien kear, fan Frysk kampioen Jelle Wiersma. En dy kaam ek op seis punten nei kamp tsjin Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. De barraazje tusken Wiersma en Walinga wie gau beslikke. De earste partij wie bysûnder mei folop kombinaasjes.
Sânfurd, 21 oktober 2022, fluchdamjen M.Walinga – J.Wiersma, 10 minuten 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 Dit is de saneamde Bildtse iepening. Yn it ferfolch is in ferskaat oan setten mooglik. Sa as 6.35-30 6.40-34 4-10 7.31-27 is ek goed. 7.44-40 11-17 Swart kin hjir ek 7. ..16-21 as 10-14 8.50-44 7-11 en hjir 8. ..19-24 In dryste set fan wyt. 9.46-41 is better. 9.32-27 17*37 10.47*27 1-7 11.27-22 11.27-21 jout minder dreech spul. 11. ..12*32 12.42*22 18*27 13.26*28 16-21 14.31-26 7-12 15.26*17 12*21 In gambyt; swart komt in hout foar mar stiet fêst yn de lange hoeke. Wyt moat ôfwachtsje om wer lyk te kommen. 16.28-22 21*23 17.38-32 11-16
Nei 18.36-31 is ferplichte foar swart 18. ..8-12 19.34-30 25×34 20.40×7 2×11 21.39-34 mei lykwicht. Der hie oars folge 18. ..2-7? 19.31-26 16×36 20.46×26 7-11 21.26-21 11×31 22.33-29! 31×24 23.34×12 8×17 24.35-30 25×34 25.44×2 18.48-42 16-21 19.36-31 21*41 20.46*37 8-12 10-14 kin no wol. As wyt nei daam giet troch 34-30 as 34-29, hellet swart in daam op fjild 48. Wyt kin no wer lyk komme nei 34-30. 21.37-31 12-18 Swart wint nei 21. .19-24! 22.34×14 10×19, driget 19-24
Wat moat wyt? 23.33-29 23×34 24.39×17 15-20! ferliest, lykas 23.35-30 25×34 24.39×17 23-29. Ek net goed is 23.33-28 23-29 24.28×17 15-20! 25.35×24 19×26. En prachtich slachwurk folget nei 23.40-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 as 23.39-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 22.31-26 10-14 Swart wint nei 22. ..23-29! 23.34×23 25-30 24.35×24 20×47 Wyt lit it lizze. Nei 23.34-29 komt hy twa foar. 23.34-30 25*34 24.39*28
Swart wint nei 24. ..23-29! 25.33×4 5-10! 26.4×20 10×50 24. ..13-18 25.33*4 18*47 26.43-39 47*46 en letter wint Wiersma mei twa dammen tsjin ien.
De problemen binne fan Stellinga-Baron.
Nû.5 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36, wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50
Nû.6 sw.10,11, 13, 16, 17, 19, 21, 26, 27, wyt 33-37, 44, 46, 48, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
It bart net sa faak dat de Stadige Strikers earder klear binne as it sjongkoar ferline jier en no dit jier as it korps.. Beide ferienings hawwe in fêststelde eintiid: 10 oere. De dammers ha dat net, want de partijen dy’t sa’n jûn spile wurde en de damklok, bepale de eintiid. Ofrûne moandei wienen de fiif spultsjes dy’t spile waarden foar tsienen út. Mei oare wurden: de dammers giene mei in rotgong troch de spullen hinne.
Net dat der hiel min damme waard, mar dochs hiene de Strikers wol wat mear tiid nimme moatten om alle tûkelteammen en lopen yn de spullen te ûndersykjen. Sa fersinde ús b6este dammer, Jelle Wiersma, him en rekke tsjin Dicky van der Meer in houtsje efter. De lêste stûn der nei dat kadootsje ek noch izersterk op. Van der Meer joech de winst net mear út hannen. Kees Castelein die wat in sleauwe set troch in houtsje fan de daamline te skowen dat der net wei mocht. Bauke Bos sloech fuortendaliks ta.
Willem Schaap rekke in houtsje foar, mar Ype Boeles koe dat in pear streken letter wer rjocht breidzje. Wol hie dat fan gefolgen dat syn stân der foaral net better op wurden wie. Schaap koe dat moai útpuzzelje en wûn gau de partij. De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler makken der in moaie partij fan. Healwei hie Hennie de bêste papieren en dat boude se moai út nei in fertsjinne winst.
Sa lang as de klup bestiet en dat wie yn septimber al 41 jier sitte Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra al op dizze klup. Alle jierren ha se de degens krúst. Dit jier hoege se mar ien partij, omdat Kooistra ferline jier degradearre is nei de twadde klasse. Yn de partij wie it klasseferskil net te merkbiten. Beide mannen makken gjin flaters, sieten it langst, mar wienen likegoed om kertier foar tsienen ek al út, nei’t se der remize fan makke hienen.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½
(Tekst: C. Kooistra)
De lêste jierren litte de Blauhúster dammers harren jilde. It earste achttal fan damklup ‘De Skyfkes’ hanthavene him kreas yn de kampioensklasse. En de foaroanmannen Bernard Kroon en Marcel Altena striden fûleindich om in plak yn de ‘twadde acht’ by it PK. Se einigen op in dield twadde plak yn de ‘tredde acht’. Altena hie yn it ûnderlinge treffen de winst foar it gripen en ferbarge syn kânsen yn de barraazje.
B.Kroon – M.Altena, Skearnegoutum 26-2-2022, 5-e omloop tredde acht
1.32-27 19-24 2.31-26 24-29 3.34×23 18×29 4.33×24 20×29 5.39×19 13×24 6.40-34 24-29 7.34×23 17-21 8.26×17 11×24 9.27-22 12×32 10.38×27 14-20 11.37-31 9-14 12.31-26 8-12 13.42-37 3-8 14.37-31 20-25 15.43-39?
Altena wint in skiif 15. ..6-11! 16.26×17 12×32 17.31×33 24-30 18.35×24 14×23 mar sil dy letter wer ferspylje mei kamp. Tsjin Jorwerter Siebren Dyk kamen se yn in nijsgjirrich einspul. Dyk hie fan beiden winne kind, mar de Blauhústers lutsen oan it langste ein.
M.Altena – S.Dyk, Skearnegoutum 26-2-2022, 4-e omloop tredde acht
De stân nei 41. ..14-20 is tige werkenber foar it Frysk Spul.
42.27-21 16×27 43.26×28 31×22 hie moatten 43. ..4-9 44.31-27 9-13 Ek swart mist de bêste: 20-24. 45.44-40 20-24 46.36-31 13-18 In moaie fariant is 46.27-21 7-11 47.28-23! 13×33 48.27-21 11-16 49.21-17 16×18 50.35-30! 24×44 51.45×12 mei kamp. 47.28×8 7×9 48.27-21 24-29? Sa is it gau út. Skiif 9 nei fjild 20 bringe jout noch spul.
B.Kroon – S.Dyk, Aldegea-SWF 5-3-2022 7-e omloop tredde acht
We komme yn it spul nei 25. …25-30
Oanfalle op elkoars dûbele hoeke. 26. 42-37 30-35 27. 45×25 15×35 28. 37-31 10-15 29. 31-27 15-20 Wyt pakt no ek troch. 30.36-31 16×36 31.46×26 6-11? Alde damwiisheid: net strike yn de mindere hoeke. Boppedat kin wyt letter trochbrekke nei 32.27-21 32.47-41 4-10 33.49-44 1-6 34.27-21 11-16 35.41-36 16×27 36.31×22 20-24 Ek wyt nimt de wiisheid net yn acht. 37.44-39? (26-21 is prima) 24-30 38.50-45 30-34 39.39×30 35×24 40.22-17 24-30 41.17-12 30-34 42.12-8 34-39 43.8-2 39-43 44.26-21 43-49 44.36-31 is folle better. 45.21-17 49-16 46.17-12 16×46 47.2-30 10-14 48.30-43 46-19? De kânsen wikselje wer. 49. …43-30 19×35 50.45×25 6-11 51.12-8 11-16 52.8-2 16-21 53.2-7?? En it is daalk út nei 53. ..21-27 54.7×10 5×14 55.25-20 14×25 Wylts 53.25-20! en 54.2-16 wint foar swart.
Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28 wyt 34, 36-38, 40, 41, 50
Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40 wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44, 47
Nû.3 sw. 2, 6, 9-11, 13, 15, 25 wyt 22, 27, 29, 35, 38, 43, 45
Nû.4 sw. 2, 4, 7, 9, 12, 16, 31 wyt 19, 22, 29, 32, 35, 44, 45
Twa nijsten binne fan Willem F. Bakker.
Oplossingen stjoere foar 11 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Damjen by de Stadige Strikers jout altiten wol wer bysûndere mominten. En somtiden riget it iene momint him fêst oan it oare. Sa’n momint hâldt dan eat bysûnders yn. Moandeitejûn 10 oktober like it wol dat der ien of oare goarre troch it sealtsje gong, wêrtroch guon dammers it oer krigen fan de ien op de oar. Yn dit gefal gie it dan om wat sleauwichheden. Oars is der ek wolris in misstreek of in misrekken, mar moandei folge de iene de oare op. Mar ja it is fansels sa: De iene damjûn is de oare net.
Trije dammers koenen noch net oanwêzich wêze. Nije wike hoopje de Strikers mei folle bak wer oan te trêdzjen. Mar no oer it damjen. Kees Castelein en Tineke wienen al út doe’t oaren noch mar krekt troch de iepening wienen. Kees hie him eefkes fersjoen. Ja dat kin gebeure! Hennie de Haan siet tsjin Cor Kooistra. De lêste ferlear foarich seizoen tsjin har en oan alles wie te merken dat hy wat rjochtsette woe. Dat slagge him aardich goed, want nei in healoere stie er in houtsje foar. Der kaam wer wat leven yn him en hy wie wakker oan it ferhaal wêrom at er tee dronk yn plak fan kofje. Tuskentroch die er ek in set. Hy sei letter:”Ik hie it houtsje setten en seach fuortendaliks de blunder!” Hennie joech mei in heakje twa en sloech der fiif ôf. No stûn de foarsitter yn plak fan ien foar twa efter! Hy hie ien gelok, want hy koe frij maklik troch rinne op de linkerflank. Hy pakte wer in hout werom en dêrnei hie Hennie eins neat mear yn te bringen.
Njonken dizze spilers siet Ype Boelens tsjinoer Dicky van der Meer. Se skoden in aardige partij, mar oan de ein fan it spul briek Dicky troch en koe sa in daam skowe. Ype hie noch trij houtstjes en dy hienen einliks neat yn te bringen. Dicky koe dus in daam skowe en dat die er ek. Hy sette ien fan de houtsjes op slach. Ype hie in frije en foar Dicky deadlike set. De lêste sloech it houtsje en Ype joech it deadlike houtsje en Dicky sloech mei syn daam it oare houtsje fan Ype streekrjocht yn de bek. En dy sei hap! Dan tink je de partij yn de bûse te hawwen en dan ferspylje him totaal ûnnedich!
De moaiste partij fan ‘e jûn waard spile troch Jelle Wiersma en Willem Schaap. In prachtige iepen partij mei allegearre driigjende slaggen en lopen. Mar alles waard troch de mannen sjoen. It einstântsje like tige kompleks en in hurdrinner hie faaks tocht dat Willem it mooglik ferlieze soe. Mar Willen seach wat Jelle ûntkommen wie. En de omsteanders seagen it ek net, wylst it efternei mar simpel wie. Sa giet it faker en wurde ienfâldige oplossings oer de kop sjoen.
Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)