Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Der is nei de tiid noch hiel wat oer praten.

Der binne fan dy partijen dêr wurdt krekt wat mear as gewoanwei oer nei praten. Dat wie moandeitejûn ek it gefal. Net omdat it sa’n spannende partij betrof, mar om de manier wer op it gong. It praat hold net op doe’t ien fan de betreffende spilers al nei hûs ta wie. De ferliezer trouwens.

Om no efkes wat neier op de saak yn te gean:  it gie om de partij tusken Tineke Teigeler en Bauke Bos. Gewoanwei hat Bauke dan de measte kâns op winst, mar dat is gjin garânsje. Ek yn dizze partij seach it der sa’n bytsje healwei net nei út dat Bauke mei de ear oan de haal gean soe. Hy rekke nammentlik in houtsje efter en stie der ek net sa noflik op. Mooglik hat it foarstean Tineke wat parten spile en koe se de weelde dêrfan net oan. De druk fan it winne te kinnen mepte der mooglik wat te bot op yn. Se damme net mear sa goed as foar de foarsprong. Die ek net mear de goeie streken en ferlear de partij. Bauke wie it der sels hielendal mei iens dat hy eins in puntsje krigen hie.

Der wie ek in dammer dy krige in heal puntsje. Net fertsjinne mar wol in healtsje der by. Bauke Dykstra siet op roazen yn syn partij tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar hy fergeat dat roazen ek toarnen ha. Net dat Bakker him begûn te stekken. Nee Dykstra stuts himsels: hy joech ynienen sa mar twa houtsjes fuort. It like der suver op dat er ek noch ferlieze soe, mar dat koe er gelokkich noch opkeare. It waard kamp!

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra ½ – ½; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens ½ – ½.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Der waard bot flatere moandeitejûn; net allinne by de Strikers.

De Stadige Strikers hienen moandeitejûn fjouwer dammers yn harren fermidden, dy’t ûnder inoar útmeitsje moasten wa’t mei de persoanlike kampioenskippen yn de tredde acht spylje mochten mochten. Dêr sieten gjin Strikers by, nee twa dammers fan de klup út Jorwert en twa fan de Hartwerter damklup wienen paraat. Neffens in oantal dammers makken dizze fjouwer mannen der in foutenfestifal fan. Dat flaterjen like oer te slaan op guon Strikers. Ek blunders meitsje is mooglik tige besmetlik. Men liket it teminsten sa mar skypje te kinnen.

Mar earst even de de fjouwer man. Sy krigen de partij elts 10 minuen en 10 sekonden de set op de klok. Dat betsjutte dat in partij binnen in healoere út wie. Al mei al ferge de hele kompetysje tusken de mannen sa’n oardel oere en doe wie it bekeken. Ien Jorwerter ferlear alles ek doe’t er rom foar stie, gyng de winst oan syn noas foarby. Men soe hast tinke kinne oan omkeappraktiken.

Ien fan de Strikers die al gau mei oan dit foutengala. En fan dy man, ien fan steunpilaren fan de Stadige Strikers soe men soks net ferwachtsje. Wa hat der ea fan heard dat Sjoerd Jan Bakker sa mar yn ien set twa houten achter stie. Dat is dochs ûnmooglik soe men tinke. Dochs barde dat yn de partij tsjin Ype Boelens. Dy wist ek net wat him oerkaam doe’t er sa mar ynienen it kadootsje yn ûntfangst nimme koe. No hat Ype dizze kompetysje dochs al net oer te min gelokjes te kleien. Hy hat al mear puntsjes fandele dêr’t syn tsjinstanners leaf oan mei holpen hienen.

Ferline wike is der op dit plak noch in loftrompet blaasd oer de damkapasiteiten fan Bauke Dykstra. Hy naam it op tsjin Cor Kooistra. Der kaam in moaie partij op it boerd en doe’t de measte dammers al wer ôfdrost wienen nei hûs sieten de mannen noch skerp te damjen. Dy skerpte ûntbriek der by de jongste wat oan. Dy seach op in bepaald stuit, sa sei er sels, dingen dy’t der wienen. Hy tocht dat er Bauke ferliede soe ta in streek dy’t syn ferlies betsjutte soe. Mar doe Kooistra noch ris goed seach, wist er dat er in stomme streek dien hie. Hy wist dat net Bauke, mar hy sels oan it koarste ein lûke soe.

Utslaggen: Sjoerd Jan – Ype Boelens 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Siebren Dyk falt ôf

Nei in lyts twa moanne fan stilstân liket de dammerij wer wat út ‘e tichtset te kommen. Ien fan ‘e dingen dy’t hommels fêstrekke, wie it kandidatetoernoai foar it dielnimmen oan ‘e persoanlike kampioenskippen yn ‘e tredde acht. Lykas bekend wiene der fjouwer gadingmakkers: de Hartwerters Piet Sikma en Klaas Wiersma en de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma. It beslikke sa dat nei trije omlopen elk oardel punt hie. Der wie ek al in beslissingswedstriid ôfpraat foar de lêste moandei fan novimber. Mar doe wie it dus ho.

Oant der út De Haach wei wer wat ljocht en lucht kaam. Haljetrawalje waarden de fjouwer kandaten út har winterslomme tewekker skrille. Want faaks dat de persoanlike kampioenskippen dochs noch trochgean koene, en dan moast wol dúdlik wêze wa’t dêr oan meidwaan soe. Dat sa makken de fjouwer mannen op moandeitejûn 24 jannewaris yn in lyts gimmestyksealtsje fan it Skearnegoutumer doarpshûskompleks dochs noch har opwachting. It doel wie dat der trije omlopen ferspile wurde soene, mei elk tsien menuten op ‘e klok en tsien sekonden de set der by. It bettere fluchdamjen dus, en dat wie oan ‘e partijen ek wol ôf te sjen. It gong der bytiden mâl om wei.

De earste omloop wie sa organisearre dat de klupgenoaten fuortdaliks foarinoar oer kamen te sitten. Bestekkerij wie dêrmei útsletten, ek al einige de moeting tusken de beide Hartwerters dan wol yn kamp. Siebren Dyk liet Kingma troch in ûnnoazelheid al ier op daam komme. Dy koe wol werompakt wurde, mar dat koste in hout, en lang om let ek de partij.

Dyk die it dêrnei better tsjin Sikma. Hy kaam in hout foar, in soe mei in nei foaren slingere rún de genedeklap útdiele. Alteast, dat tocht er. Want Sikma sette mei in heakje in machtigen kombinaasje yn, dy’t yn in daam einige. En dêrnei wie Dyk sa feralterearre dat er der yn omsloech as mâle Jan yn ‘e hinnen. Op it oare boerd hiene se de kop der aardich better by. Lang like it lykop te gean, mar Klaas Wiersma kaam der yn it einspul dochs ferkeard op te stean, dat sa krige Kingma it punt yn ‘e knip. Dêrmei wie dúdlik dat Sikma en Kingma genôch punten helle hiene foar pleatsing. De partij tusken Wiersma en Dyk, dêr gong it yn ‘e tredde omloop noch om.

Foar de feroaring naam Dyk no ris wat mear de tiid om nei te tinken, en yndied kaam er der tsjin Wiersma folle better op te stean. Neffens omstanner Willem Schaap lei der ek setten lang in kombinaasje foar him klear om de winst te heljen. Mar Dyk seach dat net. Wiersma dêrfoaroer, ek al wie syn tinktiid op in stuit oant 7 sekonden tebekrûn, wraksele him dochs wer wat ûnder de druk út, en naam yn it lette middenspul it inisjatyf ek hielendal oer. En dat betsjutte de tredde nul foar Dyk, en it tredde plak foar de Nijbeetster, dy’t dêrmei dus dochs noch tagong krige ta it walhalla fan ‘e Fryske dammerij. Mar krijt dit in ferfolch?

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Rubryk 22-1-2022

De tichtset oangeande corona wurdt wat iepen setten. Dammers kinne wer los mei de eigen klupkompetysje. En ynkoarten hooplik ek mei de echte persoanlike kampioenskippen. Troch ynternet-damjen op lidraughts koenen dammers elkoar dochs fine. Opmerklik hjir is it damjen fan Ekaterina Kochnevaút Ruslân. Yn koarte tiid is se boppe oan yn de rating kaam, wat soks dan ek mar wurdich is. Wa wit treffe we har nochris efter it boerd, bygelyks by it Frjentsjer Iepen. No folget de ynternet-partij dy’t se yn desimber mei wyt spile tsjin wrâldkampioen Marten Walinga. De tinktiid wie tsien minuten op ‘e klok mei twa tellen de set derby. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 10-14 Fansels net yn it gat slaan om 6. ..17-216.33-28 5-10 Faaks wurdt 17-21 spile. 7.32-27 17×37 8.41×32 11-17Better liket 8. .. 16-21 9.26×17 11×33 10.43×12 13×11 9.31-27 17×37 10.32×41 19-24? In dryste set, werom net 10. ..7-11? 11.34-30 25×34 12.39×17 7×29 Wyt kin der net daalk efter rinne. Dochs stiet de skiif op fjild 29 net goed. 13.42-37 8-12 14.37-31 12-17 15.35-30Folle better is 15.43-39. Swart kriget no de kâns de posysje te ferbetterjen.15. .. 2-7 16.30×28 7-11 17.28-22 17×28 18.38×18 13×22 19.40-35 20-25 20.44-39 14-20 21.39-34 10-14 22.49-44 14-19 23.26-21! 16×27 24. 31-26 23.44-40 as 34-29 leit mear foar de hân.

24. .. 22-28 25.34-29 28×30 26.35×13 9×18 27.26×8 3×12 mei lykwicht.24. ..1-7 25. 26×17 7×27 26. 44-40 19-24 27. 34×14 4×24 28. 43-38  Nei 28.48-42 en 42-37 komt de lange hoeke wer frij. 28… 11-16 29.38-33 6-11 Better is   29. ..24-30 30.35×24 25×43 31.48×39 16-21 en sa fierder bouwe en de linkerkant fan wyt fêst hâlde.30.33-29 24×33 31.35-30 25×34 32.40×38 20-24 33.45-40 24-30 34.40×20 15×24 35.38-32 27×38 36.48×28 9-13 37.36-31 11-17

In grouwelige blunder. It is daliks út nei 38.28-23 13×33 39.31-27 17×37 40.41×14  En gjin nijsgjirrich einspul… 16-21 38.31-26 11-17 39.41-36 24-30 40.46-41 30-34  (41.50-44? om 21-27) 41.28-23! 13×33 42.36-31 34-39 43.31×22 39-43 44.22-17 swart kin net daamstrike 44. …33-38 45.17-11 43-48

Yn deselsde snuorje gie it mei swart tsjin Jan van Dijk. Jawis, deselsde dy’t hjir skriuwt oer it hoeks damjen en it Fryske spul no ek goed yn ‘e macht hat.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.34-30 25×34 5.42-37 as 47-41 is better. 6.39×30 20-25 7.44-39 25×34 8.40×29 15-20 9.29-24 20×29 10.33×24 19×30 11.35×24 7-11 12.45-40 17-21 13.26×19 9×20 Dizze ôfruil is geunstich foar wyt.14.32-27 20-25 15.27-21 16×27 16.31×22 12×32 17.38×27 13-19 18.39-34 8-12 19.42-37 12-18 Wêrom net 2-7? 20.34-29 19×39 21.43×34 10-15 22.49-44 11-17 23.27×7 2×11 24.50-45 11-16 25.37-31 3-9 26.31-27 9-14 27.40-35 14-20 28.48-43 18-23 29.44-40 23-29 30.34×23 25-30 31.35×24 20×18 De partij bliuwt moai yn it lykwicht.32.36-31 4-9 33.31-26 16×36 34.46×26 15-20 35.43-39 9-14 36.40-35 14-19 37.27-22 18×27 38.26×28 6-11 39.39-34 20-25 40.35×15 5×25 41.45-40 11-17

42.34-29? Kamp is 42.47-42 1-7 43.28-22! 17×28 44.42-38! 28×48 45.40-35 48×30 46.35×12 as 42. ..17-21 43.42-37 1-7 44.34-29 19×39 45.40×38  42… 19×39 43.40×38 25-30 44.28-23 17-22 45.23×21 30-35 46.38-33 35-40 47.33-29 40-44 48.29-24 44-50 49.47-41 50-39 50.41-36 39-25 51.24-19 25-9 

De problemen foar de ledderwedstriid:

Nû.13 sw. 2, 7, 14, 15, 30, 34, 40 wyt 17, 38, 39, 41-43, 49

Nû.14 sw. 2, 4, 7, 9, 16, 17 wyt 19, 31, 38, 40, 43, 47 

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.15 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48 

Nû.16 sw. 3, 9, 12, 15, 16, 20, 25, 26, 36 wyt 27-29, 40, 41, 43, 44, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 4 febrewaris.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Wy koenen gelokkich wer op it echte boerd.

De perskonferinsje wie ôfrûne freed noch mar kwalik ôfrûn of it bestjoer fan de Stadige Strikers hie al in meeltsje rjochting It Swettehûs stjoerd mei de fraach of  der moandei wol wer damme wurde koe. No it antwurd liet net iens sa lang op him wachtsje. Op sneon krigen wy grien ljocht, mar ûnder dizze betingst, dat de bar net iepen gean soe en dat der d6ertroch ek gjin kofje en tee skonken waard. Foar de hân lizzend fansels, de horeka sit ommers hielendal pottcht. Mar de Strikers woenen likegoed wol damje. Geweldich! Gelokkich wer op it echte boerd.

Twa dammers hienen al oanjûn dat se al wat oars hienen, mar de rest wie der. En hoe! Der waard fuort al wer goed en konsintrearre spile. Dy konsintraasje koe net elk oardel oer folhâlde. Nim no Jan Castelein. Hy stie der al in hiele tiid net sa bjusterbaarlike goed op yn syn partij tsjin Tineke Teigeler, mar likegoed helle hy der in moai slachje út en kaam sa mar op winst te stean. Mooglik tocht er al dat de bút binnen wie en liet dêrtroch de konsintraasje wat ferslappe. Mis no! Hy die in strieminne set en skode himsels dêrtroch de fernieling yn. Sa ticht by de oerwinning en dan dochs noch de bitebult op. Skande!

Dy Bauke Dykstra is no al wer in oantal jierren in tachtiger, mar op grûn fan syn leeftiid soe men ferwachtsje kinne dat dy ek, wat de skerpte oanbelanget, wolris wat ynleverje soe. Neat is minder wier. Op ús wedstriid op 18 desimber wûn hy de earste priis. It liket der suver wol wat op dat er mei it jier noch sterker wurdt. Wol fersjocht er him wolris en jout er in prima spile partij dêrtroch sa mar fuort. Moandeitejûn wie dat net it gefal en wûn er tsjin Dicky van der Meer. Tsjin him hie er op de wedstriid trouwens ek wûn.

Guon partijen wienen al wat earder út as de trije oeren dy’t dêr maksimaal foar steane. Dat is altiten sa en neat spesiaals. Ien partij pakte suver alle tiid. Dat wie it spul tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. Sy makken der in prachtich spul fan. Der sieten allerhande flyflappen en loopkesw yn, mar net ien fan de beide mannen ferseach him en se koenen alle bedrigingen útskeakelje. It waard kamp.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap ½ – ½; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 7-1-2022

Yn dizze rubryk wurde acht problemen fan Roel Bergsma jûn. De nijierspuzzel is bûten de ledderwedstriid om en foar de winners binne der prizen. Oplossings stjoere foar 21 jannewaris. In sûn en lokkich 2022 tawinske.

Nû.1

Nû.2

Nû.3

Nû.4

Nû.5

Nû.6

Nû.7

Nû.8

Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 24-12-2021

Damklup ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum moast harren jierliksejûnsdammerij fersette fan freed de 17-e nei de oare dei. Aldergeloks wie dat krekt foar de tichtset oant midsjannewaris. Klupgenoaten Willem Schaap (wyt) en Jelle Wiersma damden om priis en preemje.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.47-41 4-10 8.44-40 7-11 9.32-27 17*37 10.41*32 

Swart hat kar. Bygelyks 10. …16-21 11.26×17 12×41 12.36×37 10-14! 13.50-44 20-24 (driget 24-30, 9-14) 14.34-30 25×34 15.40×20 14×25 16.35-30 25×34 17.33×35 19-24 mei lykwicht as 10. …11-17 11.33-28 19-23? (om 12.28×19 13×33 13.43×23 18×29 14.32-28 etc.) 11. …1-7 12.32-27 etc. mei de rún (skiif op 47) wer op stâl, dus 11. …18-22! 12.50-44 22×33 13.43×14 10×19.  10. …19-24 11.34*14 10*1912.40-34 11-17 13.50-44 1-7 Noch altiid is der symmetry. 14.44-40 

Mooglik is ek 14. …1-7 15.35-30! 16-21 16.30×10 15×4 17.34-30 21×4118.36×47 25×34 19.33×35 17-21 20.26×17 18×16  as 15.46-41 2-7 16.35-30 17-2117.26×17 12×21 18.30×10 15×4 19.41-37 21×41 20.36×47 14. …18-22 15.34-30 25*34 16.39*10 15*4 Wyt hie spylje kind 17.43-39 19-23! 18.49-43 5-10 19.31-27 17×28 20.38×27 23-29 21.33×24 6-11 22.26×17 7×27 23.42×22 13-19 24.24×13 3×21 mei lykwicht 17.46-41 19-23

18.33-29?? 23*34 19.35*33 6-11!20.26*6 22-28! 21.38*16 5-10 22.6*17 7*47 23.48*46 12-17 24.16*18 8*30Ek ferliest 19.40×29 6-11 20.26×6 22-28 21.38×16 13-19 22.6×17 7×47 23.48×46 19×50.     Nei 18.35-30 5-10 19.40-35 10-14 20.41-37 hie wyt better stien.

Oplossingen problemen ledder

Nû.9 1.33-28 2.21-17 3.17-12 4.12×5

Nû.10 1.40-35 2.30-25 3.x13 4.x15 

Nû.11 1.33-29 2.48-42 3.38-33 4.27-22

Nû.12 1.34-30 2.27-21 3.49-44 4.38-33

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.13 sw. 2, 7, 14, 15, 30, 34, 40

wyt 17, 38, 39, 41-43, 49

Nû.14 sw. 2, 4, 7, 9, 16, 17

wyt 19, 31, 38, 40, 43, 47 

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Stryk- ta wedstryd yn Skearnegoutum in slagge toernoai

De priisdammerij telde mar in lyts oantal dammers mar it wie lykwols in sukses. Yn earste ynstânsje stienen der 16 nammen op it papier, mar ien melde him ôf. Der bleauwen dus 15 oer. It bestjoer hat doe besletten dat ien fan harren dan net damje soe en dat waard de foarsitter. Hy mocht optrede as wedstrydlieder en moast alles wat yn de gaten hâlde. Sûnder him wie it fêst ek prima ferrûn, want der barden gjin rarichheden. Der waard gewoan hiel goed spile en yn de grutte seal koenen de dammers foldwaande ôfstân hâlde. Se sieten oan de kopse kant fan de tafels. Sa sieten se moai op ôfstân fan elkoar. Dit alles fansels yn it kader fan de koroanaregels.  Yn twa groepen einigen twa dammers like heech op it twadde plak. Doe moasten der baraazjes spile wurde. Elk 10 minuten op de klok. Dat ferrûn ek as in tierelier. Doe koenen de prizen útrikt wurde.

Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Willem Schaap, Snits. Groep 2: 1 Bauke Dykstra, De Tynje. 2 Dicky van der Meer, Terherne. Haadklasse: 1 Liuwe Westra, Lollum. 2 Marcel Altena, Blauhûs. Twadde klasse: 1 Jan Nauta, Bitgumermole. 2 Tineke Teigeler, Sybrandabuorren.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 10-12-2021

Fansels is der op it stuit in protte omtinken foar de twakamp om de wrâldtitel skaken tusken Magnus Carlsen en Jan Nepomnatschisji. En yn jannewaris sille Roel Boomstra en Aleksandr Schwarzman yn in match útmeitsje wa’t him de nije wrâldkampioen hoeks damjen neame mei. Twa tinksporten mei in lange histoarje en it Frysk damjen slút oan mei de earste striid om de wrâldtitel ôfrûnesimmer. It wie op haren en snaren dat hjir ek in Rus by wie. Mar Alexander Georgiev koe it yn de barraazje fan it Fryslân Open, it kandidatentoernooi, krekt net risse. No is Georgiev in fenomenaal hoeks dammer mei tsien wrâldtitels, mar dochs is it opfallend dat hy in koarte tiid de bêsten fan it Frysk damjen mear as partij jaan kin. Lykas in Foeke Tiemensma en Jouke Algra dy’t yn koarte tiid omheech sjitten en hast Frysk kampioen waarden. Wa wit komme der de kommene tiid wer nije toppers. Kanstantsin Nord út Belarus hat him al goed sjen litten by it Fryslân Open. En lykas by it skaken en hoeks damjen komme de Sjinezen der ek by it Frysk damjen oan. 

It Frysk damjen hat in smelle top. Soks is by it skaken en gewoan damjen wol oars. Tinksporters dy’t harren wurk der fan meitsje, betsjut ek dat de djipgong grutter is. Hat it Frysk damjen dan net folle om de hakken? Perfoarst net, it is dreech, sit fol mei kombinaasjes en hat in tige djipgeand einspul. De kâns op in kampspul is mar lyts.Soks die ek bliken fan it simmer. Mar ien fan de âlve partijen tusken Marten Walinga en Folkert Groenveld waard kamp. Sa’t we sjen sille wie dat noch bysûnder ek. Groenveld sette tige min útein mei fjouwer ferliespartijen op in rige. En wûn it fiifde spul. It seisde spul nei de rêstdei hie der winne kinnen en sa de spanning wer wat werom te bringen.

Folkert Groenveld – Marten Walinga seisde partij WK, Harns, 17-8-20211.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 17-21 Mei 4. …13-19 as 14-19 wurdt de saneamde Koopmans-iepening trochsetten. Nei 4. …18-22 moat wyt oppasse foar 5.38-32? 15-20! 6.35×24 22-28 etc.  5.30-24 25×23 6.31-27 21×32 7.37×17 12×21 8.34-30 11-16 9.30-25 21-26 Beide spilers steane as in dyk. Wyt kriget no wol de kâns it hout op fjild 38 nei de kant te ruiljen. 10.43-39 7-11 11.36-31 26×37 12.38×36 11-17 13.39-34 17-21 14.34-30 21-26 15.30-24 14×34 16.44×24 13-19Better foar swart is om nei 16. …6-11, 8-12 en 13-19 oerdwers ôf te ruiljen. 17.24×13 8×19 18. 40-34 9-14 19. 41-37 

19. …15-20? om 20.42-38 (driget 37-31) 10-15 21.34-30 30×40 22.50×30  wer dydriging. It beste is 6-11       19. …3-8 20.34-30 15-20 Wer in minder goede set. Nei 20. …8-12 21.42-38 19-24! 22.25×23 12-17 komt wyt wol wer lyk mei in lykweardige stân.  21.37-32!20×40 22.50×30 driget 42-38 en 32-27

Spylber is 22. ..4-9. Swart komt no efter22. ..19-23 23.32-27 26×28 24.30-24 14×34 25.35×24 10-15 26.49-44 15×35 27.45×25 8-13 28.44-40 16-21 29.40-35 6-11 30.42-38 13-18 31.36-31 21×41 32.47×36 2-8 33.24-20 8-13 34.38-33 4-9 35. 36-31 11-17 36.46-41 1-6 37.31-26 17-22 38. 41-36 6-11 39. 35-30 9-14 40.20×9 13×4 

Nei 41.24-20 11-17 (ferpl.) 42.24-20 is it gau út. Mar wyt ferbarget de winst.41.33-28 22×33 42.48-43 33-39 43.43×34 11-17 44. 36-31fansels 30-245-10 45. 30-24 10-14 46. 34-30 14×34 47. 30×39 4-9 48. 39-34 17-21 49. 26×19 9×40 50. 25-20 40-44 51. 20-14 44-50 52. 14-10 50-22 mei kamp.

Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.11 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Nû.12 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 24 desimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Stryk-ta toernoai 18-12-2021 te Skearnegoutm

Stryk – ta damtoernoai Frysk spul net op freed mar op sneon 18 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Elk 30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok

Oanfang 10.00 oere

Ynlis €2,50

Prizen: hearlike oranjekoeken

Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nlOp freedtejûn tusken 18.30 en 20.00

Elkenien kin meidwaan, mar de QR-koade yfm koroana is ferplicht. Fierders moatte de dammers har hâlde oan de regeljouwing dy’t der op dat momint jildt.

Bestjoer “De Stadige Strikers”