Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Rubryk 12-11-2021

Njonken de twakamp om de wrâldtitel, fan it simmer te Harns, wie der in online toernoai. De finale gie tusken Frederik Bos en de jonge Sjinees Zhuoyuan Du, dy’t him yn koarte tiid it Fryske spul eigen makke hat. Der wurdt grute dat ynde takomst in wrâldkampioen fan bûtenFryslân komme kin. Soe it Du wêzekinne? Hy hat wyt en it spul moatbeslikke wêze yn mar fiif minuten.

1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 11-16 6.31×11 1×21 7.42-37 21-26 8.37-31 26×37 9.41×32 10-15 10.28-22 18×27 11.32×21 16×27 12.33-28 27×29 Der wurdt ôfruile nei ienfâldiger spul.13.34×25 19-24 14.25×23 13×42 15.43×41 20-25 16.49-43 7-11 17.35-30 25×34 18.39×30 14-19 19.30-25 15×35 20.45×25 11-16 21.40-35 8-13 22.43-39 13-18 23. 25-20 19-23 24. 39-34 12-17 25.34-30 23-29 26.30×10 5×43 27.48×39 Nei 34.50-45 hie swart de grutte ôfruilnet nimme kind.  27. ..3-9 28.41-37 17-21 29.37-31 21×41 30.46×37 9-14 31.37-32 14-20 32.36-31 4-10 33.39-34 2-8 34.31-27 20-25 35.50-44 8-12

Bos hat twa minne setten dien en Du wint de earste partij. 36.27-22 12-17 37.22×11 6×17 38.32-27 17×37 39.47×27 10-15 40. 34-30 25×34

Yn de twadde partij stiet it sa nei22. ..30-35 en Du nimt de kar foar de djoere daam en ferliest nei 23.31-26 16×47 24.50-45 47×50 25.45×5 50-45 26.5×41 45×24  23.41-37 en dan ôfruiljetroch 24.31-26 is goed foar wyt. It tredde, beslissende spul de oare kear.

De probleme foar de ledder

Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50

Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49

mei twa nijen fan Willem F. Bakker

Nû.7 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 22, 30 wyt 16, 26, 29, 33, 44, 45

Nû. 8 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 18, 19, 28 wyt 16, 26, 30, 34, 37, 38, 41

Oplossingen stjoere foar 26 novimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Kandidatetoernoai tredde acht krijt ferfolch

Wêr’t de meast pessimistyske swarttinker al benaud foar wie, dat is moandeitejûn yn Jorwert útkaam. Nei de trije omlopen foar trije plakken by de tredde acht fan ‘e persoanlike kampioenskippen hawwe de fjouwer kandidaten presiis likefolle punten.

Fan tefoaren like de saak frij dúdlik. Nei twa remizes yn ‘e earste omloop hiene de beide Jorwerterkandidaten Siebren Dyk en Frans Kingma yn ‘e twadde omloop wûn fan harren Hartwerter konkurrinten Piet Sikma en Klaas Wiersma. De Hartwerters liken der min foar te stean. Mar se fochten werom, en hoe! En ek noch op fijanlik terrein yn in bysealtsje fan kafee Het Wapen van Baarderadeel. 

It earst moast Kingma belies jaan. Hy stie der tsjin Piet Sikma hielendal net raar op, maar waard doe mei it ynnimmen fan in foarpost wat al te dryst. Sikma strafte dat fenomenaal ôf mei in komplekse damset, en doe wie Frânseman dach.

Op it oare boerd seach it der foar Siebren Dyk fuortdaliks al tsjuster út. Hy kaam net goed út ‘e iepening, ek al besocht er wol te ferdigenjen en moast de oanfallende Klaas Wiersma likegoed útsjen. Doe’t Dyk in ruiltsje miende te dwaan dat hielendal net koe, wie it mei him ek besjoen.

Goede rie wie op dat stuit djoer. Elk likeheech mei oardel punt. Sonnema Bearenburch en ûnderlinge resltaten joegen ek gjin útslútsel. Hiene de dammers hjirfoar no trije jûnen yn waar en wyn der op út moatten? Der wiene al spontaan trije dy’t har oanbeaën om har dan mar frijwillich werom te lûken.

Mar sjoch, doe wie dêr de rêdende ingel yn ‘e foarm fan demisjonêr bestjoerslid Fedde Wiersma.Hy stelde út om noch ien jûn trije omlopen te fluchdamjen, it leafst op neutraal terrein. Dêr koe elk him optlêst yn fine. Dat as it no naaid wurdt sa’t it knipt is, dan sil Skearnegoutum kommende moandei tsjûge wêze fan in spetterjende finale!

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

De wrâldkampioen wie moandeitejûn yn ús fermidden.

It is fansels wol bysûnder dat men as klup sizze kin: “De wrâldkampioen Frysk spul wie yn üs fermidden!” In oar dy’t net op de hichte is fan de in en outs fan dizze tinksport sil mooglik tinke: “Wat in flauwe kul om dêr mei oan te kommen!” Dat is it net! De skiednis moat goed skreaun wurde, want it kin sa mar oars. No is ús wrâldkampioen nocht in echte Fries, dy’t hjir hikke en tein is. Dat soe yn de takomst sa mar oars komme kinne. No is Marten Walinga de regearjend kampioen, mar it hie foar itselde de Rus Georgiev wêze kinnen.  Mooglik is in bûtenlanner oer in jiermannich de nije wrâldkampioen. Dat soe moai wêze fansels, allinnich is it dan spitich dat sa’n  ien net by de Stadige Strikers op in damjûn oanskikke sil. Mar moandeitejûn damme de wrâldkampioen dus wol tusken de oare dammers syn partij.

Yn it kader fan de Fryslân Kup moast Walinga in partij skowe tsjin Striker Dicky van der Meer. Der lei wol wat druk op de rêch fan dizze Striker: alle oare fjouwer Strikers dy’t meidogge oan de striid om de Fryslân Kup hienen har al yn de twadde ronde pleatst.  Dicky moast der dus plat foar en fansels die er dat. Hy wist ek dat in jiermannich lyn yn deselde striid om de kup Walinga al ris mei lege hannen nei hûs moast. Doe liet Bauke Bos him stroffelje! It hiele omsittend laach hie al gau foar it ferstân dat Marten alles die om net wer it slachtoffer te wurden yn it Swettehûs. Dêr slagge er goed yn. Net dat Van der Meer der ôffeegd waard, mar krekt yn de einfaze moast er belies jaan. Doe seach men de hân fan de master: alle houtsjes krekt op it goeie plak. Hoewol it spitich wie foar Dicky, joech sa ‘n konfrontaasje wol wer wat ekstra’s yn it damgroepke.

De meast yn it each springende útslach fan de kompetysje behelle Ype Boelens. Hy moast damje tsjin Willem Schaap, mar dy spile fuortendaliks ek tsjin Kees Castelein. Soks is fansels net ideaal. It foardiel is dan dat der net ien hoecht stil te sitten. No leit der nochal wat krêftsferskil tusken de beide lêstneamde dammers. Ek logysk, Willem dammet syn hele libben al en Kees noch mar in pear jier. De útslach fan  dy partij koe gau notearre wurde, en doe koe Willem alle tiid brûke tsjin Ype. Hy seach it yn it begjin ek wol sitten, want hy makke noch wol ris in rûntsje lâns de oare buorden op ôfstân fansels. Oan de ein fan de partij seagen wy Ype al ris efkes om him hinne gnuven en letter ek in omslachje rinnen. It soe it teken oan de wand wêze. Ype hie it yn streken en wûn. De earste partij tusken de beide mannen einige yn kamp.

Ek kamp waard it tusken Bauke Bos en Jan Kastelein ek. Bos: “Ik wit ek wer ris wat remize is!” ja dat wie Bauke net mear wend de lêste tiden. Moandeitejûn like er ek wer op de oerwinning ôf te stevenjen. Hy kaam in houtsje foar en stie gaadlik op it boerd. Syn tsjinstanner spile ek net swak by. Dy hold de kop der goed by en it risseltaat mocht der wêzefoar Jan fielde it as in oerwinning.

Utslaggen: Willem Schaap – Ype Boelens 0 – 1; Kees Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 -1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein ½ – ½;  Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Security en sekuer damjen leit ús koroanabewiistsjekker wol.

Mooglik komt it trochdat er okkerdeis 50 wurden is: Dat sekuere damjen fan Bauke Bos. Hy hat it al faker foarinoar krigen dat de skriuwer der hast net om hinne koe om syn namme yn de kop fan it ferslach te fermelden. Wie it de lêste wiken troch syn moaie setjes, diskear komt der in hiele oare eigenskip fan him boppe driuwen: security. Beide wurden sekuer en security binne fansels tige oan elkoar besibbe, dat kin men fan tinken wol ha.

De dammers moasten harren QR bewiis tsjecke litte, oars mochten se it gebou net yn. Dat wie foar gjin inkele Striker in probleem: alle gearre hienen se de saakjes goed foarinoar. No mochten wy as damklup sels de tsjeck wol ôfnimme, dêrom hie de foarsitter Bauke Bos frege oft dy de epp dy’t dêr foar nedich wie wol even delhelje woe. No dat woe er wol. Hy hat earst thús de QR-koade fan syn frou kontrolearre. Dat gie prima, dus Bauke wie klear foar syn taak. Alles wie tsjeckt, doe’t der twa sjongsters sa mar by ús yn de bar kamen. Bauke der op ôf: “Ik moat wol even jim QR-koade tsjecke!” sei er tsjin de froulju. Dy bewizen leinen yn de oare seal, dat dy froulju wisten net hoe rap as se it domein fan de dammers wer ferlieten. We ha se net wer sjoen. Bauke Bos wie mei flage en wimpel slagge foar security-man.

It damjen soe foar Bauke ek gjin probleem opleverje. Hy wûn fan Kees Castelein. Heit Castelein koe it net risse tsjin Hennie de Haan. Jelle Wiersma siet yn Aldegea te damjen foar de Fryslân Kup. Hy soe winne! Ype Boelens en Dicky van der Meer makken der in moaie pot fan. Ype kaam in hout foar, mar koe der úteinlik dochs net mear úthelje as kamp. Dêroermocht Dicky net kleie! De twa oare partijen dienen der frij wat langer oer, mar dêr waard troch dy mannen ek sekuer spile. De útslaggen sjogge jim hjir ûnder.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Ype Boelens ½ – ½; Henny de Haan – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1;  Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Jorwerters te sterk foar Hartwerters

Op moandei 15 novimber wie yn Aldegea de twadde omloop fan ‘e pleatsing foar de tredde acht. Lykas bekend binne der fjouwer gadingmakkers: Piet Sikma en Klaas Wiersma (beide lid fan Hartwert) en de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma. Yn ‘e earste omloop moasten de klupgenoaten tsjininoar, en doe holden se it allegearre op remize. Soe der no yn Aldegea dan dochs wat tekening yn ‘e striid komme?

Wel, dy kaam der, en dat wiisde foar de Hartwerters net geunstich. Klaas Wiersma flechte yn syn stân allegearre drigings, mar Kingma trape dêr net yn. En sa’t it sprekwurd seit, wie een kuil graaft voor een ander … Wiersma waard yn alle gefal it slachtoffer fan in moaie kombinaasje, en koe doe Kingma de hân jaan.

Nei in ridlik oersichtlike iepening kaam Piet Sikma yn it lette middenspul posysjoneel wat ûnder druk te stean. Mar der sieten oan ‘e oare kant wol wer safolle kombinaasjemooglikheden yn ‘e stân dat Dyk ek duvels oppasse moast. Dat bliek wol doe’t er ien dêrfan oer de kop seach. Sikma krige in daam. Dyk hie ek ien, plus noch twa houtsjes, wêrfan ien kreas yn it hoekje. Dat die, mei de klok al wat yn ‘e alaarmfaze, úteinliks de lêste slach.

Op tiisdei 23 novimber is yn Jorwert de lêste fan ‘e trije omlopen. Hoewol – as de Hartwerters dan fan ‘e Jorwerters winne soene, dan ha alle fjouwer dammers wer likefolle punten, en soe it feest op ‘en nij begjinne kinne.

doorfriesdammen

Wiersma wint Wapenpartij


 

It siet der nei de earste jûn al wat oan te kommen, want doe naam er fuortdaliks de kopposysje yn. Jelle Wiersma hat dy op ‘e twadde en lêste jûn yn it toernoai om it kampioenskip fan “Het Wapen van Baerderadeel” yn Jorwert ek net mear ôfstien. Yn ‘e tredde omloop stûke it oars al wat mei de puntemesine. Willem Schaap makke it Wiersma hiel lestich, en sleepte der úteinliks ek kamp út. In oare potinsjele konkurrint, Folkert Groenveld, hie it ûnderwilens dreech tsjin ‘e pleatslike favoryt Willem Dykstra. De kampioen fan ‘e beide foarige edysjes koe de boel optlêst nei in trochbraak noch nei kamp skowe, mar omstanner Cor Kooistra wiisde der nei ôfrin fleanende fluch op dat Dykstra winne moatten hie. Mar ja, yn ‘e lêste faze fan in partij ha dammers der faak noch in tsjinstanner by krige. En dat is de klok.

 

Yn ‘e fjirde en lêste omloop weefde Wiersma ôf mei Groenveld. Schaap wûn fan Dicky van der Meer, en dat smiet him in knap twadde plak op yn ‘e einklassearring. Willem Dykstra sil oer syn tredde posysje ek net ûntefreden wêze. Nei dy toppers folge it middenmoattrio Groenveld, Van der Meer en Westra, allegearre mei 2 punten. Groenveld bliek fan harren fierwei it bêste SB te hawwen, dat dy gong ek noch mei in pryske nei hûs ta. Cor Kooistra hie yn Jorwert syn dagen net, en nettsjinsteande hege pleatslike ferwachtings bliek Frans Kingma op dit nivo dochs te koart te kommen.

 

Yn ‘e twadde groep gong Rinze Schukken fan Hilaard de twadde jûn as tredde yn, mar hy kaam der as earste wer út. Tsjin kastlein Emke Dykstra gong it frij maklik, mar yn ‘e lêste omloop tsjin Siebren Dyk, dy’t dêrfoar noch Harry Kaspers ferslein hie, hie er it dreger. Oant Dyk in geweldige flater makke, en hy út lulkichheid dêroer sa tsin syn kealjende plasse bûkte dat elk út syn konsintraasje helle waard. Damjen is ek emoasje. Dy wie der ek by Hindrik Terpstra. Dy begjinnende dammer helle foar it earst in oerwinning. En hy glom der oer.

 

 

Utslaggen groep I

Tredde omloop: F. Groenveld – W. Dykstra ½-½; F Kingma – C. Kooistra 0-1; J. Wiersma – W. Schaap ½-½.

Fjirde omloop: Kingma – Westra 0-1; Schaap – van der Meer 1-0; Groenveld – Wiersma 0-1; Kooistra – Dykstra 0-1.

Einstân (mei tusken heakjes it SB-getal): 1. Wiersma 3½; 2. Schaap 3; 3. Dykstra 2½; 4. Groenveld 2 (10,5); 5. Van der Meer 2 (6); 6. Westra 2 (2); 7. Kooistra 1; 8. Kingma 0.

 

Utslaggen groep II

Tredde omloop: H. Kaspers – S. Dyk 1-0; R. Schukken – E. Dykstra 1-0; B. Hylkema – H. Terpstra 0-1.

Fjirde omloop: Terpstra – Kaspers 0-1; Dyk – Schukken 0-1; Dykstra – Hylkema ½-½.

Einstân: 1. Schukken 3; 2. Dyk 2½ (8,25); 3. Kaspers 2½ (8,25); 4. J. Dykstra / B. Hylkema 1½ (5,75); 5. E. Dykstra 1½ (2,25); 6. Terpstra 1.  [NB 1: folchoarder tusken Dyk en Kapers op grûn fan de ûnderlinge partij. NB 2: J. Dykstra wie de twadde jûns siik, B. Hylkema hat doe foar him ynfallen.]

 

doorfriesdammen

In juwiel fan in einspul, It Fryske spul is machtich moai.

De dammers fan Damklup de Stadige Strikers sieten moandeitejûn wer yn it boarterslokaal fan de skoalle. Dat is in moai ljocht lokaal en de Strikers meie dêr wol sitte. It damjen dizze jûn stie ek wat yn it teken fan de Fryslân Kup. Bauke Dykstra en Dicky van der Meer sieten al rom op tiid te wachtsjen op harren tsjinstanner, wylst Bauke Bos nei Hartwert ôfreizge wie. De moaiste partij fan de jûn waard spile troch twa Strikers. Sy lieten in juwiel fan in einspul sjen.

Wat is it Fryske spul dochs ferhipte moai. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap lieten dat yn harren partij ferskate kearen sjen. De ein wie hielendal om te jûchheien. It like der in soad op dat it op kamp útdraaie soe. Elk hie in daam en in houtsje. It houtsje fan Bakker koe promofearje ta daam, mar sadanich dat dat earme houtsje fan Schaap troch beide dammen pakt wurde koe, mar de slach fan ien daam betsjutte dat Willem Schaap mei syn eigen wolf net mear oars koe as by Bakker syn daam yn de bek te rinnen. De partij wie sa út as in kâlde kachel.

Dicky van der Meer kaam net oan it damjen ta foar de Fryslân Kup: syn tsjinstanner siet op Kurasao. Bauke Dykstra spile in moaie partij tsjin Sytse de Jong fan Aldegea. Der wie al twa oeren lang net folle fan te sizzen, mar doe striek Dykstra ûnder in hout en sette it op slach. De Jong mocht net ticht strike, want dan wie er ferkâlden. Dat barde wol en Dykstra sloech yn it hout om as mâle Jan yn de hinnen. Undertusken epte der ek goed nijs út Hartwert ús damseal binnen: Bauke Bos fersloech Klaas Wiersma. No wienen der al trije Strikers yn de twadde ronde.

Hoewol’t Jan Castelein fan Tineke Teigeler ferlear hie dat hiel oars kinnen. Al frij yn it begjin fan de partij helle Tineke in daam. Doe hie Jan dy pakke kinnen troch dy daam op te sluten. Hy keas der foar om dy daam te pakken troch in houtsje te offerjen. As er it earste dien hie, wie de kâns op winnen folle grutter west. Mar ja dat is neipraat fansels.

Utslaggen: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Twa kampspullen by tredde acht

Hoewol’t it noch mar begjin novimber is, binne de persoanlike kampioenskippen eins al fan ‘e ein gien. Der moat nammentlik noch útmakke wurde wa’t oan ‘e tredde acht meidwaan mei. Der binne trije fakatueres, en fjouwer kandidaten, dat der moat dochs noch wol foar striden wurde. Ofrûne tongersdei wie dêrta yn ‘e Gastmar de earste fan trije omlopen. 

Folle dúdlikens oer de krêftsferhâldings kaam der lykwols noch net. Troch in lotting (of wie it ferstannich belied fan it bûnsbestjoer?) kaam it sa út dat der fuortdaliks twa pearen fan klupgenoaten efter de buorden kamen. Oan ‘e útslaggen te sjen soene jo miskien konkludearje dat de mannen it no al op in akkoartsje smiten ha. Mar dat wie net it byld dat men opdie efter de buorden. By sawol de Hartwerter derby Piet Sikma tsjin Klaas Wiersma, as by it Jorwerter duel tusken Frans Kingma en Siebren Dyk waard fûl striden, mar bliek der úteinliks net mear yn te sitten as remize.

Alle dielnimmers ha dus noch likefolle kânsen. Miskien komt der nei de twadde omloop, moandei 15 novimber yn Aldegea, mear tekening yn e striid.

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

De punten fleane Bauke Bos de bek yn!

Of der sit him in ingeltsje op it skouder of hy hat gewoan sûnder sa’n geloksingeltsje in aldermachtichst soad gelok. Hoe it krekt ek is, ien ding is seker de punten fleane Bauke Bos sa mar de bek yn.

Ferline pakte er twa grouwe punten tsjin de foarsitter en no moandeitejûn sloech er op ‘n nij ta. Ut it neat koe er sa mar winne. Syn tsjinstanner Bauke Dykstra stie der hiel goed op. Dy hie fierwei it bêste fan it spul. Dizze Bauke hie al in aardich skoftke neitocht en wie nei alle gedachten al folle fierder yn de partij en die doe in streek. In streek dy’t wy gewoanwei net fan him ferwachtsje soenen. Hy die in ûnderstreek mei rampsalige gefolgen. Bos hoegde allinnich noh in houtsje derby te jaan en hy koe nei de daamline slaan.  De daam dy’t der doe stie hearske as in ûnfeilbere kening mei in geweldige macht. Oars sein: Foar Dykstra wie der gjin salve mear oan te striken. De partij wie sa út as wat. Bauke Boa hie der wer twa punten by, lykas de foarige wike en de wyks dêrfoar. It reint by Bauke punten en hy hoecht allinne de bek mar iepen te dwaan om dy puntsjes op te happen.

Kees Castelein hat fêst wer in soad leard. Hy moast tsjin Jelle Wiersma en dan wit men yn it foar wol dat dat eins gjin partij is. Dêrfoar is Jelle Wiersma fierstente sterk. Lykwols ha de mannen noch moai wat spile. En letter ek noch fiif tsjin fiif en dêrby wie Jelle de learmaster.

It oantal dammers wie net grut. Te lyts yn wêzen. Soms giet dat sa, dat is gewoan net oars. Eartiids wienen der op de klups wol ris leden dy’t jier yn jier út net in damjûn misten. Dy tiid leit wat de Stadige Strikers oanbelanget efter harren. Noch twa spul binne te melden. Hennie de Haan tsjin Tineke Teigeler bliek al gau in beslikke saak te wêzen. Hoe en wat wit de skriuwer net, mar nei in foech oerke hie Hennie wol fjouwer houtsjes mear as Tineke. No dan hoech ik jim fierders neat te fertellen. De oare partij gong tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. In hele moaie pot. Uteinlik sieten se mei har beiden noch te damjen. It einspul kaam der op oan. Willem spile skerp en Kooistra helle der krekt net út wat der wol yn siet. De lêste ferlear dus.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Cees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke Bos – Bauke Dykstra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 29-10-2021

Doe’t ferline maitiid corona oploege koe ek de finale fan de Fryslân Kup net troch gean. It knock-out-beker toernooi waard okkerfreed ferspile yn SieSa, it smûke kluphús fan de Blauhúster damferiening De Skyfkes. Tagelyk waard der lotte foar de earste omloop fan de Kup fan dit jier mei as útsjitter de twastriid tusken twa resinte winners Siebe Walinga en Jelle Wiersma. No gie it tusken mearfâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra mei wyt en Marten Walinga dy’t fan it simmer syn wrâldtitel prolongearre. 1.32-27 19-23  2.31-26 23-29 Wyt kin ek 2.27-21 strike. 3.34×23 18×29  4.33×24 20×29  5.39×19 13×24 6.36-31 16×36 7.46×26 24-30 8.35×24 14×34  9.40×29 17-22  10.27×18 8×30 11.31-27 12-18 12.41-36 9-14  13.38-32 14-20  14.32-28 18×38  15.37×39 11-16 16.39-34 30×39  17.43×34 20-24 18.34×14 15×13  19.44-40 13-19    20.40-35 19-24 Nei in kalme iepening sûnder tûkelteammen is der in lykweardich middenspul mei posysjoneel striken.21.48-43 7-12 22.45-40 2-7   23.40-34 24×44   24.43×45 7-11  25.42-37 12-17 26.27×7 1×12  27.37-31 12-17  28.49-43 10-14  29.45-40 14-20   30.40-34 5-10 31.34-30 20×40  32.35×44 10-14 33.44-40 4-10 34.40-35 10-15  35.35-30 3-8 36.50-44 14-20 37.30×10 15×4 38.43-39 16-21! Dizze set hie earder kind en om it foar te wêzen, wyt 31-27 

39.47-41 8-13  40.39-33 13-19Wyt kin nei in maklike trije om twa trochbrekke nei de daam. Nei 40. …13-18 41.33-29 4-10 42.29-24 18-23 43.24×22 21×23 44.41-37 17-22 45.44-40 10-15 rint wyt stomp en ferliest. 41.41-37 21×34 42.44×13 17-21 43.26×17 11×22 44.13-8 22-28 45.8-2 28-33 46.2×5 33-39 47.5-28 39-43 48.28-50 6-11 49.50×6 43-49 50.36-31 49-38 en kamp jûn. Dan folget ‘pingel-sjitten’ yn de foarm fan it einspul FRYSK!, fiif tsjin fiif. En nei twa kear kamp wûn Kooistra de Fryslân Kup.

Oplossingen ledderwedstriid

Nû.1 40-35, 36-31, 33-28, x27, 35-30

Nû.2 42-37, 49-44, 34-29, 27-22 etc.

Nû.3 26-21, 28-22, 29-23, 35-30 etc.

Nû.4 28-22, x39, 45-40, 39-34 etc.

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50

Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49

Oplossingen noch net stjoere..

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com