Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

De earste jun fan it nije jier moast der in tafel by.

Nei twa damleaze moandeitejûnen koenen de Strikers wer los. En se kamen man en frou-machtich op. Ien siikmelding kaam wol binnen, mar likegoed moast der noch in tafel by. Mooglik hie men oan de grutte tafel noch wat opskikke kinnen, mar om’t elk lekker rom sitte woe, waard der noch in klapyntafel by setten.

De klup koe ek wer in kampioen ferwolkomje. Jelle Wiersma behelle op de lêste sneon fan it jier it kampioenskip FRYSK. Dy priisdammerij waard ferspile yn Tresoar te Ljouwert. Dyselde Jelle liet yn in prachtige partij tsjin aventurier Willem Schaap sjen dat der in kampioen oan it wurk wie. Mei in  prachtige set makke er dien wurk. Earstoan like it noch mei te fallen foar Willem, mar nei’t Jelle in daam krigen hie, hie Willem noch in ferplichte slachset. Doe wie it echt bard mei de keapman. In hiel soad houtsjes waarden der ôfslein.

De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler spilen earst tsjin Hester en Hessel Boelens. Dêrnei dienen sus en broer tsjin elkoar. Oan de ein fan it jier binne se mei har beiden oan in twakamp begûn. Dit wie de twadde partij. De earste wûn Hester, dus Hessel moast it bealchje der opsette om te winnen. Dat slagge him net. Hester is oant no ta krekt even tûker.

Paul Borghaerts moast tsjin Bauke de Boer. De lêste hie noch in wike langer damfakânsje hân. Hoe’t it krekt om en ta gong, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat De Boer nei in foutsje fan de jongkeardel wûn. Borghaerts woe noch wol in kear. Ype Boelens hie der wol earen nei om noch in potsje. Syn earste hie er wat maklik ferlern fan good old Sjoerd Jan Bakker. It spul tsjin Paul like better as syn earste pot. Der wie suver sprake fan wat in lykweardige stân. Neat oan de hân soe men sizze. Mar wol as Boelens in raar foutsje makket. Dat waard fuortendaliks ôfstraft troch Paul. De stân wie no hielendal yn it foardiel fan de lêste. Mei in houtsje of twa mear is maklik damjen. Men moat dan fansels gjin fouten meitsje. No dat die de man út Easterein net. Syn jûn waard no dochs noch goed:  twa punten ien foar de oerwinning en ien as boanes (winst tsjin in hegere dammer).

Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke de Boer 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1;Ype Boelens – Paul Borghaerts 0 – 2; Hessel Boelens – Hester Boelens 0 – 1.

doorfriesdammen

Prachtige damdei yn Hartwert

Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en efkes bij te praten, giene om goed 10 oere 21 dammers de striid mei-noar oan. De measte dammers komme dizze dei om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul. Mar miskien ek wol foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs fan Hartwert.

Troch lotting wie elkien yndield yn groepkes, dit op wearde fan harren damkwaliteit. Der wie ien groep yn de eareklasse, trije yn de haadklasse en ien yn de earste klasse. Der waard om raak strutsen, slein en neitocht. Yn de eareklasse gie de earste priis nei Taeke Kooistra en de twadde priis nei Tjerk Wijbenga. De lêste rûne moasten se tsjininoar mei beide likefolle punten. Nei in pracht partij besliste Taeke it úteinlik krekt yn syn foardiel.

Yn groep 1 fan de haadklasse waard prachtich damd. Dêr wie net ien, mar trije winners nammentlik Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer. Nei trije partijen stiene de mannen hielendal yn lykwicht. Om dochs de nûmer 1 en 2 oan te wizen, waarden der beslissings partijen spile. Se moasten nochris tsjininoar damme, no mei elk tsien minuten op de klok. Jo riede it wol, nei de beslissings partijen stiene de mannen wer gelyk mei elk 1 punt. Nei in lange dei en in swiere damholle is besletten dat se alle trije winner binne fan dizze groep. De prizen, amers fol itenswaren, ha de trije ûnderling soarchfâldich ferdield. Groep 2 hie as winner Cor Kooistra en twadde waard Sjoerd Couperus. De lêste groep fan de haadklasse bestie út fiif dammers. Se spielen fjouwer partijen mei elk in oere op de klok yn stee fan oardel oere. De winst hjir wie foar Sjoerd Kooistra, twadde waard Klaas Abma.

De striid yn de earste klasse wie spannend en waard pas beslikke yn de lêste rûne. Frans Kingma en Jacob Bauke Greidanus hiene beide harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. Jacob Bauke spilet al jierren net mear op de klup yn Hartwert, mar hy liet sjen dat hy it spultsje noch net ferleart is. Dat Frans stoppe is mei it wurk as eigener fan in hoarekasaak docht ek fertuten, hy begjint hieltyd better te damjen. Yn in tige spannend partij luts hy oan it lêste ein en waard dermei earste yn de groep.

Al mei al in prachtige damdei yn Hartwert mei prachtige partijen en fertstjinne winners.

De priiswinners op dizze damdei wiene:

Ereklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Tjerk Wijbenga

Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer

Haadklasse, groep 2: 1. Cor Kooistra, 2. Sjoerd Couperus

Haadklasse, groep 3: 1. Sjoerd Kooistra, 2. Klaas Abma

1e klasse: Frans Kingma, 2. Jacob Bauke Greidanus

doorfriesdammen

Nei ien potsje gewoan en fiif potsjes Frysk.

De Fryslân Kup soarget foar bysûndere mominten yn de damsport Frysk spul. Moandeitjûn ferwolkomme damklup de Stadige Strikers Siebe Walinga út Aldegea. Him waard lykas de oare oanwêzige dammers in sportive en in gesellige jûn tawinske. Sportyf wie it, mar úteinlik like it wat in lotterij te wurden nei seis potsjes wat de striid om de Fryslân Kup oanbelange.

Walinga, ferline jier waard er de winner fan de Kup, moast it opnimme tsjin de foarsitter fan de Strikers: Cor Kooistra. De bookmakers sille allegearre wol op Walinga stimd ha as de winner. No hy moast nei in prachtige gewoane partij fan hast trije oeren lang remize tastean. Ja en dan skriuwe de foarskriften foar dat der in beslissing falle moat troch in potsje Frysk, fiif tsjin fiif houtsjes. As dat dan ek kamp wurdt, moat der wer in potsje Frysk skood wurde. No moandeitejûn kaam dêr hast gjin ein oan. Mar leafst fiif partijtsjes Frysk wiene nedich. Yn it lêste moast de foarsitter de holle bûge en koe er Siebe sukses winskje foar de folgjende rûnte. Neffens Siebe hie syn tsjinstanner yn it tredde potsje taslaan kinnen. No dat is dus net bard. Op himsels wie it in spannende striid en dêr giet it ek om.

Utslaggen: Ype Boelens – Sjoerd Huitema 0 – 2; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Siebe Walinga ½ – ½.