Categorie archief Geen categorie

doorfriesdammen

As jo it witte, is it sa maklik.

Foar de omstanners en dat wienen der noch mar in pear, wie it sa maklik. Mar wat foar de iene maklik is, hoecht dat foar in oar noch net te wêzen fansels. Dat is net allinne mei it damjen sa, mar dat jildt foar de measte dingen. Foar de iene soe it yn in hânomdraai klear wêze, wylst in oar dêr wakker oer sit te stinnen foar’t er ta in oplossing komt of net fansels. Yn de partij fan Bauke Dykstra en Bauke Bos spile dit. En it is  as jo it witte sa maklik.

De partij wie de hiele jûn al moai lyk op gien. Bauke Dykstra spile ek tsjin Hennie de Haan. Dat wie ek in moaie pot, mar Hennie miste oan de ein krekt even de goeie fuortsetting. Dat wie spitich, want der hie foar har wol muzyk yn sitten as sy de goeie dien hie. No efkes fierder mei de partij fan de beide Baukes. Der waard net op de klok spile., fanwege it feit dat Dykstra tsjin twa tagelyk spile. 

De partij like yn it foardiel fan siktaris Bos te wêzen. Hy hie de bêste slaggen yn petto. Dykstra seach dat fansels ek oankommen en die in needoplossing, dy’t nei alle gedachten kamp op leverje soe. Beide dammers krigen in daam en elk hie ek noch in houtsje. Dykstra syn wite daam stie yn de lange hoeke en de swarte fan Bos yn de koarte hoeke. Bauke Bos moast mei syn houtsje oer de lange line. Dat koe fansels net. Dochs makke er dêr krekt syn earste flaterke. Hy tocht syn houtsje te offerjen oan it wite houtsje, mar fergeat dêrby dat er troch dy aksje mei syn houtsje op de lange line kaam. Daamslach giet foar en doe ferspile er syn hout. Dêrnei hie it noch wol kamp wurde kinnen, mar ja dan moatte jo witte wêr’t jo de damm del sette. Dat gie dus ferkeard. Spitich foar Bos, om’t er in hiele goeie partij spile hie.

It is no wol dúdlik dat Sjoerd Jan Bakker thús sterker is as út. Op frjemde boaiem pakt er lang safolle punten net as yn syn fertroude omjouwing. Nim no de partij fan moandeitejûn. Hy moast tsjin Willem Schaap. Dy kin fansels ek wol in houtsje strike, mar is ek wakker aventuerlik. Dat is moai, want dat jout ek wat eksta’s oan in partij. Sjoerd Jan spile deeglik en Willem besocht him mei syn eigen spul yn de lueren te lizzen. Dat slagge him net. Sjoerd Jan kaam der better út en op in bepaald stuit hie Willem gjin poat mear om op te stean.

No sneon moatte beide hearen wer damje yn Skearnegoutum foar de persoanlike kampioenskippen dat jildt fansels ek foar Dicky van der Meer, Jelle Wiersma, Bauke Dykstra, Ype Boelens en Cor Kooistra.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Ype boelens 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra oan kop by persoanlik kampioenskip


Guon hiene him al ôfskreaun, mar dochs giet 18-fâldich kampioen Taeke Kooistra nei 5 fan ‘e 7 omlopen no wol wer gewoan oan ‘e lieding by it persoanlik kampioenskip. Neidat de 66-jierrige Hartwerter ôfrûne tiisdei ôfrekkene hie mei de blunderjende neiste konkurrint Marten Walinga, makke hy sneon yn Blauhús ek gjin flaters. Twa kombinaasjes wiene foar de Arumer Tsjerk Wijbenga tefolle fan it goede, en de middeis rekke Pieter Hoogterp (De Gastmar) ek al gaueftich twa houtsjes yn ‘t efter.

Yn slachkrêft docht de regearjende kampioen Jelle Wiersma oars net folle foar Kooistra ûnder, sa’t de beide promovendussen Kees Tijssen en Willem Schaap ûnderfine moasten. Wiersma gong ferline wike yn ‘e earste omloop fuortdaliks ûnderút tsjin Wijbenga, mar hy is dêrnei wer hielendal by de wâl op klattere. Yn ‘e ranglist stiet de Wommelser mar in heal punt efter Kooistra. Takom’ wike op ‘e lêste dei fan it kampioenskip treffe de beide matsjedoaren inoar noch, en dan kinne de posysjes dus samar wer omdraaid wêze.

De meast opfallende útslach wie sneon it ferlies fan Marten Walinga tsjin Kees Tijssen; it liket der op dat it de wrâldkampioen dit jier wat mist oan skerpte. Dêr hat Hein de Vries yn ‘e twadde acht gjin lêst fan. Sekuer manûvrearjend wûn er ek sneon wer syn partijen, en dat is fan dy gefolgen dat er yn dizze klasse no mei in fol punt de lieding naam hat. Oare wike yn Skearnegoutum kin him de promoasje nei de kampioensklasse dan ek hast net mear ûntgean.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Kees Tijssen (Reduzum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1. Fyfde omloop: Wiersma – Schaap 1-0, Walinga – Tijssen 0-1, Kooistra – Hoogterp 1-0, Haanstra – Wijbenga 1-0.
Stân: Kooistra 4,5; Wiersma 4; Walinga 3; Haanstra 2,5; Tijssen & Wijbenga 2; Hoogterp & Schaap 1.

Twadde acht, fjirde omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0. Fyfde omloop: De Vries – Kooistra 1-0, Walinga – Couperus 0,5-0,5, Dijkstra – Bakker 1-0, Hoekstra – Groenveld 0-1.
Stân: De Vries 4,5; Groenveld & Walinga 3,5; Couperus, Dijkstra & Hoekstra 2; Bakker 1,5; Kooistra 1.


doorfriesdammen

Rubryk 31-1-2020

Moarn begjint yn Hartwert it PK. Titelhâlder Jelle Wiersma is op ‘e nij favoryt. Taeke Kooistra en Marten Walinga binne op papier de grutste konkurrinten. Yn de ‘tredde acht’ binne al fjouwer omlopen ferspile en steane de beide bûnsbestjoerders Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan kop mei 3,5 pt. Dicky van der Meer folget op in heal en Ype Boelens op ien punt. Wiersma hie al twa kear in oerwinning helle nei in lichte kombinaasje. Yn de tredde omloop mei wyt tsjin Siebren Dyk. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11? 5. …17-21 as 19-23 binne goede setten.

6.32-27 17×37 7.41×32 11-17 8.33-28 1-7 9.34-30 25×34 10.44×24 20×27 11.31×11 6×17 12.26×6 10-14 De dammers binne no beide it paad bjuster. 13.40-34? Wyt kin daalk in daam strike. 13. .17-22 14.39-33? 22-27 15.32×21 18-22 16.21×23 19×30? 16. ..19×37 17.42×31 7-11 18.6×17 12×41 En de partij is wer folslein yn lykwicht. 17.35×24 14×34 18.6-1 9-14 19.38-33 34×32 20.42×22 12×32 21.1×25 15×35 22.45×25 wyt is in hout foar en wint. Yn thúshaven Blauhús moast debutant Marcel Altena (wyt) it yn de fjirde omloop belije. 1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.47-41 16-21 9.26×17 18×16 10.40-35 12-17 11.44-39 7-12 12.50-44 15-20 13.31-26 12-18 14.32-28 20-24

Wyt hie net goed opboud en ferlear nei 15.35-30 24×35 16.45×25 18-23 17.33-29 23×34 18.39×30 17-21 19.26×17 11×33 20. 38×29 19×50

En twa problemen fan Hiele Walinga Nû.17 sw. 11-13, 16, 23, 26, 28 wyt 32, 34-37, 44, 48

Nû.18 sw. 7, 10, 12, 13, 16, 18, 23, 36 wyt 20, 32, 37, 38, 43, 49, 50 Oplossings noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Utslaggen 3e ronde Fryslankup en lotting 4e ronde

Hjir de útslaggen fan de tredde ronde.

Teake Kooistra             –           Dicky van der Meer. 1 – 0

Sybren Dyk                  –           Herman terw/van Scheltinga.               1 – 0

Siebe Walinga             –           Folkert Groenveld. 1 – 0

Cor Kooistra                –           Marten Walinga. 0 – 1

De lotting foar de heale finale is west op freed 24 januari yn Blauhus.

 Siebe Walinga               –           Marten Walinga

Siebren Dyk                    –           Teake Kooistra

De finale fan de fryslankup is op freed 3 april yn de Arena fan Blauhus.

Tevens ofsluting fan it damzeizoen fan eltse dammer mei in 5 tsjin 5 toernooi.

Ek de toto kin wer ynlevere wurde oant moandei 3 februari.

(Jappie De Jong)

doorfriesdammen

Prachtige damdei yn Hartwert

Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en efkes bij te praten, giene om goed 10 oere 21 dammers de striid mei-noar oan. De measte dammers komme dizze dei om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul. Mar miskien ek wol foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs fan Hartwert.

Troch lotting wie elkien yndield yn groepkes, dit op wearde fan harren damkwaliteit. Der wie ien groep yn de eareklasse, trije yn de haadklasse en ien yn de earste klasse. Der waard om raak strutsen, slein en neitocht. Yn de eareklasse gie de earste priis nei Taeke Kooistra en de twadde priis nei Tjerk Wijbenga. De lêste rûne moasten se tsjininoar mei beide likefolle punten. Nei in pracht partij besliste Taeke it úteinlik krekt yn syn foardiel.

Yn groep 1 fan de haadklasse waard prachtich damd. Dêr wie net ien, mar trije winners nammentlik Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer. Nei trije partijen stiene de mannen hielendal yn lykwicht. Om dochs de nûmer 1 en 2 oan te wizen, waarden der beslissings partijen spile. Se moasten nochris tsjininoar damme, no mei elk tsien minuten op de klok. Jo riede it wol, nei de beslissings partijen stiene de mannen wer gelyk mei elk 1 punt. Nei in lange dei en in swiere damholle is besletten dat se alle trije winner binne fan dizze groep. De prizen, amers fol itenswaren, ha de trije ûnderling soarchfâldich ferdield. Groep 2 hie as winner Cor Kooistra en twadde waard Sjoerd Couperus. De lêste groep fan de haadklasse bestie út fiif dammers. Se spielen fjouwer partijen mei elk in oere op de klok yn stee fan oardel oere. De winst hjir wie foar Sjoerd Kooistra, twadde waard Klaas Abma.

De striid yn de earste klasse wie spannend en waard pas beslikke yn de lêste rûne. Frans Kingma en Jacob Bauke Greidanus hiene beide harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. Jacob Bauke spilet al jierren net mear op de klup yn Hartwert, mar hy liet sjen dat hy it spultsje noch net ferleart is. Dat Frans stoppe is mei it wurk as eigener fan in hoarekasaak docht ek fertuten, hy begjint hieltyd better te damjen. Yn in tige spannend partij luts hy oan it lêste ein en waard dermei earste yn de groep.

Al mei al in prachtige damdei yn Hartwert mei prachtige partijen en fertstjinne winners.

De priiswinners op dizze damdei wiene:

Ereklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Tjerk Wijbenga

Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer

Haadklasse, groep 2: 1. Cor Kooistra, 2. Sjoerd Couperus

Haadklasse, groep 3: 1. Sjoerd Kooistra, 2. Klaas Abma

1e klasse: Frans Kingma, 2. Jacob Bauke Greidanus

doorfriesdammen

Nei ien potsje gewoan en fiif potsjes Frysk.

De Fryslân Kup soarget foar bysûndere mominten yn de damsport Frysk spul. Moandeitjûn ferwolkomme damklup de Stadige Strikers Siebe Walinga út Aldegea. Him waard lykas de oare oanwêzige dammers in sportive en in gesellige jûn tawinske. Sportyf wie it, mar úteinlik like it wat in lotterij te wurden nei seis potsjes wat de striid om de Fryslân Kup oanbelange.

Walinga, ferline jier waard er de winner fan de Kup, moast it opnimme tsjin de foarsitter fan de Strikers: Cor Kooistra. De bookmakers sille allegearre wol op Walinga stimd ha as de winner. No hy moast nei in prachtige gewoane partij fan hast trije oeren lang remize tastean. Ja en dan skriuwe de foarskriften foar dat der in beslissing falle moat troch in potsje Frysk, fiif tsjin fiif houtsjes. As dat dan ek kamp wurdt, moat der wer in potsje Frysk skood wurde. No moandeitejûn kaam dêr hast gjin ein oan. Mar leafst fiif partijtsjes Frysk wiene nedich. Yn it lêste moast de foarsitter de holle bûge en koe er Siebe sukses winskje foar de folgjende rûnte. Neffens Siebe hie syn tsjinstanner yn it tredde potsje taslaan kinnen. No dat is dus net bard. Op himsels wie it in spannende striid en dêr giet it ek om.

Utslaggen: Ype Boelens – Sjoerd Huitema 0 – 2; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Siebe Walinga ½ – ½.