Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Walinga en Wiersma nimme kop yn Wapenpartij

Ofrûne tiisdei wiene yn Jorwert de earste twa omlopen fan it Iepen Kampioenskip fan it “Wapen van Baarderadeel”. Der hiene 22 dielnimmers har opjûn, fjouwer mear as ferline jier. Se waarden ferparte oer trije klassen, fan respektyflik 8, 8 en 6 dammers.

De A-klasse is sterk beset, mei dammers dy’t har de lêste jierren yn de heechste regioanen bewiisd ha. Dat jildt miskien net hielendal letterlik foar de Jorwerter Willem Dykstra, mar dy hie rjocht op it eareplak op grûn fan risseltaten behelle yn it ôfrûne jier. Dykstra helle kamp tsjin Hein de Vries, en sa’n útslach hie der ek minimaal yn sitten tsjin Folkert Groenveld as dy mei de klok op fallen der net noch in moaie slach út helle hie. Groenveld hie dêrfoar al ferlern fan Jelle Wiersma, dy’t dêrnei ek mei De Vries ôfweefde.
Marten Walinga stiet mei de Wommelser as iennichste noch op ‘e folle winst. Dat gong ten koste fan Tsjerk Wijbenga en Taeke Kooistra.

Yn ‘e B-klasse foel it damjen fan ‘e pleatslike favoryt Frans Kingma op. Hoewol, ek wer net hielendal, Kingma hat him ferline jier by de persoanlike kampioenskippen knap hanthavenje kind yn ‘e twadde acht. No fersloech er Fedde Wiersma en de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t yn ‘e earste omloop wat ferrassend Willem Hoekstra fan him ôfslein hie. De oare koprinder is hjir Willem Schaap, dy’t te sterk wie foar Hidde de Vries en Jelte Dykstra.

De grutste sensaasje wie miskien wol te belibjen yn ‘e C-klasse, alhiel beset troch leden fan ‘e pleatslike damklup OKK. It wat mysterieuze personaazje HiHa wie ien fan harren. It bliek in gearfloeiing te wêzen fan Harry Kaspers (dy’t dizze earste jûn net koe) en Hindrik Terpstra (idem foar de twadde jûn). Terpstra dammet noch net sa hiele lang, mar hy hie dochs hiel kreas de âlde rôt Jan Nauta te pakken, en hy makke dêrnei tsjin it nije OKK-lid
Jelle Anema ek gjin flater. Men soe sizze, dy twa punten moatte oare wike foar Harry Kaspers dochs genôch basis wêze om ien fan ‘e troch him sponsore prizen yn te pikken.

Utslaggen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5. Twadde omloop: Kooistra – Walinga 0-1; Wijbenga – Van der Meer 0-1; De Vries – Wiersma 0-1; Dykstra – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Wiersma 2; Groenveld, Kooistra en Van der Meer 1; Dykstra en De Vries 0,5; Wijbenga 0.

B-klasse, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1. Twadde omloop: Schukken – Kingma 0-1; Schaap – Dykstra 1-0; Dyk – Wiersma 0-1; De Vries – Hoekstra 0-1.
Tuskenstân: Kingma en Schaap 2; Dykstra, Hoekstra, Schukken en Wiersma 1; Dyk en De Vries 0.

C-klasse, earste omloop: Jan Nauta (Bitgummole) – HiHa (Jorwert) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0; Bonne Hylkema (Jorwert) – Emke Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5.Twadde omloop: Anema – HiHa 0-1; Dykstra – Nauta 0,5-0,5; Van der Hem – Hylkema 0-1.
Tuskenstân: HiHa 2; Hylkema 1,5; Anema en Dykstra 1; Nauta 0,5; Van der Hem 0.

doorfriesdammen

Trije fan de fiif Strikers in omloop fierder yn de Fryslân Kup.

Moandeitejûn 30 ok tober wie foar de Stadige Strikers de jûn fan de Fryslân Kup. De tsjinstanners fan de thússpyljende Strikers koenen dy jûns nei it Swettehûs komme om dêr harren pot te damjen. Ien fan ús teach nei Aldegea om dêr ek yn it kader fan itselde toernoai de degens te krusen. Trije fan de fiif berikten de twadde omloop sûnder barraazje partijen.

It kaam hiel goed út dat elkenien dizze jûn damje koe. De Strikers hienen plak sot,troch wurk en sykte kamen trije man net opsetten. Twa partijen waarden der foar de kompetysje spile. Twa tachtigers namen it tsjin elkoar op: Bauke Dykstra (87) en Sjoerd Jan Bakker (82). No dan kinne jo fan tinken wol ha. dat sokke mannen in bulte dambagaazje ynbringe. Beide mannen hawwe harren hiele libben al damme. Sjoerd Jan spile earst Hollânsk sa goed as de skriuwer wit, mar gie al gau oer nei it Fryske spul en wol yn
Wurdum. Wurdum wie fansels yn it ferline in klup mei alluere. Se waarden hiel faak klupkampioen. Bauke Dykstra syn widze stie yn Hartwert en dêr wie er as jongeman ien fan de bêste dammers en in man mei leafde foar it spul. Doe’t er Hartwert ferliet om it wurk damme er ek net mear op in klup. Letter waard er lid fan de Stadige Strikers. Hy is
noch nea kampioen wurden fan de klup, mar it soe sa mar kinne. Dizze partij wûn er yn elts gefal.

Hennie de Haan hat der altiten nocht oan om tsjin Kees Castelein te damjen. Se makken der in moai spul fan. Kees hie net in al te sterk begjin mar hy werpakte him en wûn oertsjûgjend. Doe wienen de earste kup-dammers ek al út. Earst ktigen wy op de groeps- app it berjocht dat Jelle Wiersma wûn hie fan Folkert Groenveld. Op dat stuit koe Cor Kooistra nei in blunder Fedde Wiersma de hân jaan. Hy spinpoate noch wol wat tsjin, mar dat wie mear in boarterij as in echte kâns op sukses.. Willem Schaap wûn moai fan Tsjerk Wijbenga en Dicky van der Meer rekkene ôf mei de baas en organisator fan dizze Kup: Jappie de Jong fan Blauhûs. Doe siet der noch ien partij, dy tusken Bauke Bos en Gaastmarder Pierter Hoogterp. Bauke hold lang stân, mar tsjin sa’n talint as Pieter winne jo net sa mar. Oan de ein fan de rit hie de gast it yn streken en koe Bauke pipe en lipe mar dat holp neat. Hy koe Pieter lokwinskje. Trije Strikers dus nei de twadde omloop.

Utslaggen Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hennie de haan – Kees Castelein 1 – 0; Jappie de Jong – Dicky van der Meer 0 – 1; Fedde Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Bauke Bos – Pieter Hoogterp 0 – 1.

doorfriesdammen

De froulju wienen der wer en hoe….

Us twa froulju sietenal ier en betiid yn ús damseal. Us damseal is tsjintwurdich it boarterslokaal fan de basisskoalle en is ferbûn mei it Swettehûs. De froulju sieten dêr net mar wat te sitten, nee se hienen alle buorden, houtsjes en klokken al te plak setten, sadat de mannen sa oanskikke koenen. De froulju ferline wike noch absint en no wienen se der
wer. Moai!

Wat de kompetysjelieder betrof mochten de beide froulju ek wol tsjin elkoar. Dat kaam goed út, want se sieten al tsjioer elkoar.Efkes om de kleur hout riede en se koenen los. Hennie mocht begjinne, want dy hie wyt lotte. Se makken der in hiel aardige partij fan. Tineke goed oan it neitinken en dan strike. Hennie rêstich en behearske de setten út wurkje en dan kalm skowe. Tineke wie yn it slaan wat rimpener en se liet ek wol goed hearre dat se sloech. Hennie pakte it wat kalmer oan. Op in bepaald stuit joech Tineke in houtsje om dêrnei trije fan Hennie te slaan. Hennie sloech en Tineke koe hast net wachtsje om te slaan en dat die se dan ek al doe’t Hennie noch dwaande wie om har sleine houtsje op te pakken. Alles gie wol neffens de regels fan it fryske spul, mar Hennie koe it sa gau net folgje en wie der suver wat mei oan. Sy fergeat of seach hielendal net dat se de daam
dy’t Tineke mei it slachje behelle hie gewoan werom slaan koe. Spitich dat de partij sa rûn, mar it wie noch net út. Al strikende en mei it offerjen fan in houtsje krige Hennie in daam. Se kaam mei de daam efter in hiel espeltsje houtsjes fan Tineke te stean. Dy lêste tocht lang nei en kaam foar harsels mei in moaie oplossing. Se liet de fijannige daam op slot slaan yn de lange-line-hoeke. Mei dy daam koe Hennie neat mear en Tineke wist hoe’t se it
út meitsje moast en dêr koe Hennie neat tsjin yn bringe.

Utslaggen: Henni de Haan – Tineke teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0.

doorfriesdammen

Gjin froulju moandeitejûn en dochs wie it stil.

Men seit dan wol ris as der froulju by binne dan binne de mannen stiller as gewoanwei. Dêrmei wol men der dan op wize dat de manlju harren altiten wat ynhâlde yn oanwêzichheid fan minsken fan it oare geslacht. Moandeitejûn skitteren ús beide frouljusleden troch ôfwêzichheid. Wat wienen dy mannen stil. Der waard suver gjin wurd sprutsen: ien en al djippe konsentraasje! Dus al dy sechjes oer it ynhâlden fan manlju as
der froulju by binne giet foar de Strikers net op. Teminsten dizze damjûn net.

Troch al dy konsintraasje is der ek fêst goed damme. No dat gie net foar elkenien op. Mooglik ek troch oerkonsintraasje waarden der ek ferskate fouten makke. Yn ien fan de spullen dêr’t twa bestjoersleden de houtsjes ferskoden, barden frjemde dingen. Ype Boelens de ponghâlder striek ien kear net op syn foardelichst en notulist Bauke Bos strafte him daliks ôf en pakte in houtsje foar. Bauke like sa mar nei de oerwinning te toffeljen,
mar dan hie er wol oare toffels oan dwaan moatten. Hy liet Ype rêstich mei twa skiven opkomme rjochting de daamline. Op it lêste momint koe er him der noch aardich útrêde, mar mear as in kampke siet der net yn.


In kampke wie altiten wer in heale punt mear as it tredde bestjoerslid, foarsitter Cor Kooistra. Hy siet tsjinoer syn angstgegner, om it mar ris yn in lienwurd te sizzen, Sjoerd Jan Bakker. De man dy’t fjirtjin dagen yn Spanje om húsmanne hie en ûndertusken sa no en dan it damboerd te tefoarskyn helle hie. Hy joech hin dan del ûnder in palmbeam. De frou siet te breidzjen oan in sok en hy sette de Tytsma-set wer ris op it boerd om te sjen as it
noch goed siet mei de teory. De partij tusken de mannen hie neat mei de Tytsma-set. Kooistra like wat sterker út de begjinsetten te kommen, mar dat wie allinne mar sa op it earste each. Bakker stûn goed yn de ferdigening en yn it middenspul kaam er út de ferdigenjende stellingen wei en doe kaam er eins wat sterker te stean. Mooglik krong dat ek yn de boppekeamer fan syn tsjinstanner troch, want dy like troch in ûnfoarstelbere set syn eigen ûndergong te mjitte te gean. It like net allinne sa: it wie sa klear as in klûntsje. De partij wie yn ien flap út.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0;Ype Boelens – Bauke Bos ½ – ½; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1;Sjord Jan Bakker – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Jan
Castelein 1 – 0.

doorfriesdammen

Oer alle fjouwer partijen wie wol in boek te skriuwen.

Soms rint it sa en dan is it net oars, mar it wie wol spitich dat de ôfrûne moandeitejûn mar fjouwer spullen ferspile waarden. Mear koe ek net, want der wienen deagewoan net mear as acht dammers.  Gesellich wie it wol en der waarden ek saken regele: sa is der besluten om ús Stryk-ta partij te ferskowen fan freedtejûn 15 desimber nei in wike earder en wol nei freedtejûn 8 desimber. De finânsjes hienen de kompjûterproblemen ek oerlibbe en it die bliken dat de klup der ek noch wat op foarút buorke wie. Dat wienen sa ‘n bytsje de omballingen en no fierder oer it damjen.

Sa as yn de kop al stiet: oer dizze fjouwer spullen wie wol in boek te skriuwen. Dan moatte jo fansels wol even nei alle saken sjen dy’t der nedich binne om sa ‘n partij spylje te kinnen. Jo soenen dan de spilers stik foar stik eefkes tsjin it ljocht hâlde kinne en dan it spyljen sels. Lit it ús mar hâlde by it lêste: de spile spullen. As earste komt dan wol yn oanmerking de partij tusken Jelle Wiersma en Bauke Bos, allebeide opgroeid yn Skearnegoutum en no wenje se in 25 kilometer út elkoar. Wat it damjen oanbelanget is der ek nochal wat ferskil. Jelle is de sittende kampioen Frysk spul en Bauke is entûsjaste dammer, mar kin lang net oan Jelle tippe wat de damfeardichheid betreft. Dat is net slim nee, it is moai dat se tsjin elkoar damje kinne. En hoe. Bauke hold hiel lang stân en úteinlik hienen se beide noch fiif houtsjes. En dan komt it Fryske sprekwurd om de hoeke kypjen: op ‘e ein fan de fûke fangt men de fisk. Doe die it wol bliken dat Jelle de bettere fisker wie. It moaie fan it gehiel wie: Jelle joech ek even oan hoe’t Bauke it eins  dwaan moatten hie. Dan hie der ek noch wol wat muzyk foar him ynsitten.

It twadde spul dat wy even by de kop pakke is dat tusken Ype Boelens en Willem Schaap. Ype kin soms ferrassend út de hoeke komme en dammet er as in dyk en oare kearen mislearret it omt er hin raar fersjocht of sa. Willem Schaap wennet yn syn frije tiid yn de i-pad of yn syn smartfoan mei altiten in dampartij op it skerm. Hy dammet wat ôf. Prachtich fansels. Sa entûsjast. De partij gyng wol moai útein. It kaam der yn it middenspul al aardich as in bosk woartels op te stean. Doe tocht Willem in aardich ôfruiltsje te dwaan, mar hy seach in oare slach oer de kop en joech sa mar trije houtsjes fuort. Dat betsjutte in moaie opstekker foar Ype. Yn sokke gefallen moatte jo sa gau mooglik ôfruilje en as dat hieltiten mei ien om ien giet dan komme jo fansels yn is sitewaasje dat it bygelyks sân om fjouwer wurdt yn Ype syn gefal dus en dan ha jo wat mear oersicht. Al mei al wie dat makliker sein as dien. De stân joech net sa folle mooglikheden om sa ôf te ruiljen. It waard wat in penibele sitewaasje en Ype ferseach him ek noch en úteinlik einige it spul yn kamp.

Der binne noch twa partijen oer. Twa spul wêr’t yn in frou tsjin in man spile. Hennie de Haan tsjin Bauke Dykstra en Tineke Teigeler tsjin Cor Kooistra. Oer beide partijen is dus ek in protte te skriuwen, mar de stikjeskriuwer giet no koart troch de bocht troch te melden dat de beide hearen oan it langste ein lutsen.

Utslaggen: Tineke teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½; Bauke Dykstra – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0.

doorfriesdammen

Frysk Spul foar de Stadige Strikers in himelsk kado?

Ferline wike moandeitejûn hawwe de Stadige Strikers foar de earste kear de koppen wer byelkoar stutsen en de saken oangeande de feriening wer even foar it ljocht helle en sa hjir en dêr wer wat oppoetst om der it kommende damskoft mei nije faasje en moed wer tsjin oan te gean. Ofrrûne moandei 2 oktober waarden de earste potsjes wer ferspile. Foar ien fan ús betsjutte dat echt it earste potsje Frysk Spul te midden fan de Stadige Strikers.

Dizze dammer, syn hiele libben hie er al Hollânsk damme seach sa no en dan raar op fan alle mooglikheden. Op in bepaald stuit sei er: ”Dizze daam liket wol út de hemel fallen te wêzen”. Ja antwurde ien fan ús: It Fryske damjen is in hemels spul. It wie ferrassend dat dy man dat op dit momint sei, want krekt dêrfoar hie er ferlern fan syn soan…. En it spul dan dochs wol himelsk neamme. Dat is suver wat in mirakel! Ja wat it ek mar is en wy sille der tealogysk mar net te djip op yngean, mar der binne wol dammers dy’t der op hoopje dat se nei harren libben yn de himel fierder damje kinne.

De útslaggen yn de kompetysje wienen sa’n bytsje foar de hânlizzend. Der
waard nei de krêft fan de spilers yn it foar al tocht oan in útslach en dy kaam aardich út. Allinne de partij tusken Jan en Kees Castelein hienen wy net sa rap ferwachte. De heit en soan gongen as in tierelier út ein. Dat wie wat yn it foardiel fan soan Kees. Heit liet him ek wat mei slepe yn it tempo. Doe makke er in rare fout en it wie gebeurd mei de koopman. Kees lake fan ear oant ear. Heit koe ek net oars as syn soan hertlik lokwinskje. Wa’t fierders de felisitaasjes krigen, kinne jim sjen oan de útslaggen.

Utslaggen:Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Kees Castelein – Jan Kastelein 1 – 0:Bauke Bos – Bauke Dykstra 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 –
0.Hennie de Haan – Gastdammer.

doorfriesdammen

Willem Schaap pakt op de lêste jûn noch in fol punt wylst dat in healtsje wêze moatten hie.

De kompetysje is mei hoarten en stjitten ta in ein kommen. Nije wike wurde op de einjûn de prizen útrikt, mar de kompetysje is net folslein útspile. Dat koe gewoan net. Om it kampioenskip stienen ferline wike Jelle Wiersma en Willem Schaap op it earste plak mei beide like folle punten, mar de twa ûnderlinge partijen fan de mannen waarden beide wûn troch Schaap. Op grûn dêrfan soe men him útroppe kinne ta kampioen. Ofrûne moandei
pakte Willem der lykwols noch in punt by dat in healtsje wêze moatten hie.

Jelle is op ‘t heden oan hûs bûn en koe net komme. Willem wie der wol en hy moast noch damje tsjin Bauke Dykstra. It waard in prachtige partij en it einige yn in stantsje dêr’t al sa’n soad dammers mei te meitsjen hân hawwe. Dyksta syn wite daam stie yn de lange hoeke op 41 en syn houtsje op 16. Willem sette dat houtsje op slach troch op 6 stean te gean. Bauke wat hastich, pakte syn daam beet en sei doe: “No ha ik it ferlern!” Hy hie gewoan it houtsje nei 11 strike moatten. Sneu foar him, mar sa as der ferline wike al skreaun is: damjen kin wreed wêze.

In bysûndere partij spilen Bauke Bos en Tineke Teigeler. Yn in prachtich einspul sette Tineke mei har daam in hout op slach. Bauke antwurde mei in plakker wêrtroch er ek in daam helle yn de lange hoeke, mar dy hielendal opsluten siet troch de wite houtsjes fan Tineke. Dêrnei like Tineke in prima streek te dwaan, mar se rûn mei har daam yn infaltsje fan Bauke dat wat
tafallich ta stân kaam.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Willem Schaap 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1; Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1.

doorfriesdammen

FREED 31 MAART FINALE FRYSLANKUP FRYSK DAMJEN

De finale fan de Fryslankup giet dit jier tusken Tjerk Wijbinga (Arum) en Taeke Kooistra (Hartwerd). Tjerk fersloeg yn de heale finale Folkert Groenveld en Taeke wûn fan Marten Walinga. Taeke wie ek vorig zeizoen winaar.  Tjerk sil syn uterste bêst dwan om de titel oer te nimmen. Beide mannen lid fan damklup Hartwerd sille der grif in spannende partij fan meitsje.

Ek wurd der foar alle oare dammers in toernooi frysk (5 tsjin 5) hôlden en presenteerd de dambûn it promotiefilmke fan it frys damjen.

Freedtejûn om 20.00 wurd de finale spyle yn de dam arena Siesa te Blauhús. Dus bij deze nodigd damklup de skyfkes jim alleghjear út. Oant freed.

De finale is ik live te folgjen op ús website.

doorfriesdammen

Strikers ferlieze aldermachtichst fan Aldegea, mar gjin djipterekôr.

De Stadige Strikers hienen der al net sa’n soad ferdúsje yn, doe’t se nei damklup Nocht en Kriich yn Aldegea – SWF ôfreisgen. Sûnder kampioen Jelle, sûnder good old Sjoerd Jan Bakker en sûnder ús twa sterke froulju soe it in hiele toer wurde tsjin it sterke Aldegea. Dochs die oan de ein fan de striid, mei in blik op de útslaggen út ferline, bliken dat dit net it grutste ferlies ea wie tsjin de mannen fan striid en nocht. Yn 2017 ferlearen se thús mei in heal tsjin acht en in heal. Rients Winia, hy is net mear ûnder ús, wie de ienige dy’t der kamp út skuorde.Dan foel de útslach fan ôfrûne moandeitejûn noch mei en kinne wy net sprekke fan in djipterekôr. De útslach waard: 5,5 – 1,5.

Bûten de striid om op it boerd wie de sfear tige gesellich. Gjin rarichheden, hoewol… It sil de útslach net beYnfloede ha, mar op in bepaald stuit gong it alarm ôf en dat gejank dat bleau in moai skoft troch sketterjen. Guon tochte nal dat it in taktyske set fan de thúsklup wie, mar dat wol de skriuwer net oan, want taktyske streken hoegden der foar Nocht en kriich net oan te pas te kommen. Doe’t dy brulboei begûn te âljen, siet de thúsklup al op fluwiel. 

Dicky van der Meer wûn úteinlik fan Siebe Walinga, de lêste hat wol wakker yn de skrep west om dy janker it swijen op te lizzen. Neffens de skriuwer stie foar dat foarfal hy al op ferlies stie. Ja Dicky moat men net útpûtse fan fansels. It kampke waard nei in hiele moaie partij, dy’t de folsleine tiid op de klok yn beslach naam , berikt troch Willem Hoekstra en Cor Kooistra.

Utslach: Siebe Walinga – Dicky van der Meer 0 – 1; Henk Haanstra – Bauke Dykstra 1 – 0; Pieter Hoogterp – Ype Boelens 1 – 0; Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Willem Hoekstra – Cor Kooistra ½ – ½; Rein Jan Walinga – Bauke Bos 1 – 0; Gosse de Vries – Kees Castelein 1 – 0.

doorfriesdammen

Willem Schaap wie op reis om kampioen te wurden, mar

Twa wiken efterelkoar wie Willem Schaap net fan de partij. Hij wie net rjocht fit neffens eigen sizzen, mar moandei wie er wer paraat. It kaam wat ûngelokkich út mei it oantal dammers: in ûneven oantal. Dêrom lotten Jelle Wiersma en Willem oer wa’t fan beide  tsjin twa damje moast. Dat waard Willem. Hy moast tsjin Jelle en tsjin Cor Kooistra. Op dat stuit, by it begjin fan dy twa spullen like Willem op reis te wêzen nei it klupkampioenskip, mar…

Willem hie tsjin beide mannen swart. Dan is it altiten wer ôfwachtsjen hoe’t de wytstriker begjint. Om koart te gean der kamen twa hiele ferskillende spullen op de buorden. Op tiid hoegden de mannen net te sjen. It oerwurk spile kwa tiid gjin rol, allinne waard de klok wol yndrukt om te witten wa’t oan set wie. Tsjin Jelle hie Willem de beide foarige partijen wûn, dat hy stie der gewoan prima foar. Dochs slagge it him diskear net. Hy waard mei in moaie flypflap fan it boerd reage. Doe koe er him folslein op it oare spul tasette. Dêrfan wie doe eins noch neat te sizzen. De stân wie sa’n bytsje yn it lykwicht. Geandewei de partij kaam Kooistra der wat better op te stean, mar de kop fan him moast der goed by. De wyks dêrfoar wie er noch sa sleau yn in setsje rûn en no moast er om in ferriedelik heakje tinke. It gie goed foar Kooistra en doe’t er noch in houtsje offere om nei daam ta strike te kinnen, liken syn kânsen op de sege grut. Dat like net allinne sa, de oerwinning liet er him net mear ûntglippe. Spitich foar Willem, dy’t no mooglik minder kâns hat om de kampioensbeker oer in wike as fjouwer yn ûntfangst te nimmen. Damjen kin wreed wêze!

Ferline wike waard de loftrompet blaasd foar Hennie de Haan, dy’t sterk wûn fan Tineke Teigeler. No moast se tsjin Kees Castelein. No kin dy Kees sa njonkenlytsen ek ek al in aardich streekje sette, mar dan moat er yn begjin fan de partij gjin rare fiten úthelje. Diskear gong dat prima en yn in stân fan acht om acht koe it noch alle kanten út, mar sa op it earste each liken de winst kânsen fan Kees it grutst. Yn it Frtyske spul sittte altiten in soad farianten. Dus om koart te gean: jo witte it mar noait. Mar Kees wist it wol, want hy pakte Hennie even goed oan en wûn de partij.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Kees Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.