Jelle Wiersma is it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul goed begûn. It waard de Wommelser sneon yn Hartwert yn de earste twa omlopen ek net al te dreech makke. Earst ferseach Hein de Vries him yn e iepening, dat dy partij wie al nei njoggen setten beslikke. Dêrnei beoardiele Tjerk Wijbenga in damtrochbraak wat al te optimistysk. Hy hie de stân materieel wer yn it lykwicht bringe kind, mar liet dat gewurde, en dat betearde foar de Arumer net goed.
Underwilens liet de konkurrinsje al punten sitte. Taeke Kooistra koe syn thúsfoardiel tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) net fersulverje; hy kaam net fierder as kamp. Walinga syn broer Marten mocht sels fan alle gelok sprekke dat Pieter Hoogterp yn it einspul de kop der net hielendal by hie. No bleau de skea foar de Waaksenser beheind ta in heal punt.
By de twadde acht hat Willem Schaap fan Dearsum allinne de kop naam. Yn e tredde acht steane good old Sjoerd Couperus en Piet Sikma boppeoan. Sy fersloegen de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma.
Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse, earste omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5; twadde omloop: Wiersma – Wijbenga 1-0, Haanstra – De Vries 1-0, Kooistra – Hoogterp 1-0, Marten Walinga – Siebe Walinga 1-0.
Stân: Wiersma 2; M. Walinga en Kooistra 1,5; Haanstra en Wijbenga 1; Hoogterp en S. Walinga 0,5; De Vries 0.
Twadde acht, earste omloop: Willem Schaap (Dearsum) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0, Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; twadde omloop: Hoekstra – Wiersma 1-0, Bakker – Schaap 0-1, Groenveld – Westra 0-1, Tijssen – Dijkstra 0-1.
Stân: Schaap 2; Dijkstra 1,5; Hoekstra, Tijssen, Westra en Wiersma 1; Groenveld 0,5; Bakker 0.
Tredde acht, earste omloop: Ype Boelens (Menaam) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Cor Kooistra (Nijlân) útsteld, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; twadde omloop: Van der Meer – Wiersma 0-1, Kooistra – Boelens 1-0, Sikma – Kingma 1-0, Couperus – Dyk 1-0.
Stân: Couperus en Sikma 2-2; Kooistra en Wiersma 1-1; Van der Meer 2-1; Boelens, Dyk en Kingma 2-0.
Op e nij is Hartwert e.o. klupkampioen wurden. En lyk as ferline jier wie it ferskil mei Nocht&Kriich fan Aldegea-SWF knikker op e kant. De Rûge Wolf’ fan Lollum koe him hanthavenje en De Skyfkes moasten degradearje.
Sa bleau it earste optreden fan de Blauhústers yn de Kampioensklasse ta ien jier beheind. Treddeboerd spiler Hein de Vries soarge yn de finale mei de winst op Aldegeaster Henk Haanstra foar it beslissende punt. Mar yn de twadde omloop rûn De Vries it op tsjin Jouke Algra. De Lollumer wie tsien jier lyn twads fan Fryslân en hat it Frysk damjen wat op in sacht sin setten. Lykswols is er it spul noch net ferleard.
1.32-27 20-25 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 11-17
6.27-22 17*28 7.34-30 25*34 8.40*27 14-20 Bekind spul en Algra mei wyt siket de oanfal op de dûbele hoeke.
9.42-38 20-25 10.37-32 7-11 11.39-33 11-17 12.27*7 2*11 13.35-30 25*34
14.33*35 19-24 15.36-31 10-14 16.38-33 13-18 Is sa de ôfruil oerdwers foar. 17.33-29 24*33 18.43*12 8*17 19.35-30 17-21 20.31-26 16*36 21.46*17 11*42
22.48*37 9-13 Troch al dat ôfruiljen giet de partij rap op it einspul ta. 23.30-25 15*35 24.45*25 3-8 25.37-31 8-12 26.31-27 12-17 27.27*7 6*8 28.41-37 8-12 29.37-31 14-20 30.25*14 13*15
En nei posysjoneel lavearjen komt it der wer op oan. Ferlies en winst lizze tichteby elkoar. 31.44-40 15-20 32.31-27 12-18 Better liket de ôfruil troch 12-17.
33.49-43 20-24 34.47-42
Mei de opbou troch 5-10 bliuwt it spul min ofte mear yn it lykwicht. Swart moat wol mei skiif 4 en dan kin skiif 18 net mear ferdigene wurde.
34. …24-30? 35.40*20 4-10 36.42-38 10*30 37.38-33 5-10 38.43-38
Nû.15 sw. 2, 3, 15, 22, 26, 30, 35
wyt 19, 29, 33, 37, 41, 43, 44
Nû.16 sw. 3, 7, 11, 12, 17, 18, 33, 39
wyt 19, 20, 37, 41, 44, 45, 47, 48
En twa nijen fan Willem F. Bakker.
Nû.17 sw. 3, 9, 11, 16, 24-26
wyt 23, 36, 37, 40, 42, 46, 49
Nû.18 sw. 7-10, 12, 15, 20, 21, 26
wyt 28, 30, 37, 39, 42-44, 48, 49
Oplossings stjoere foar 8 febrewaris.
Nei lotting binne de prizen fan de krystprobleemkes foar 1.Jan Schilstra, Boalsert; 2.Tjipke Smedinga, It Hearrenfean; 3.Auke Zijlstra, Utert.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
It wie wer in gesellige dammerij moandeitejûn yn it smûke Swettehûs. De gasten út Hartwert kamen manmachtich opsetten. Prachtich! Spitigernôch is it dan net mooglik dat alle Hartwerters tsjin Strikers damje kinne. Dêr wie fansels in oplossing foar. De mannen dy’t net dielnamen oan de striid tsjin de Stadige Strikers, dammen partijen foar de kompetysje. De tolve tsjin tolven makken der in sportive striid fan.
Wy as Strikers hoege fansels net te roppen en te swetsen dat wy de kampioen ferslein hawwe. Ja winst is winst fansels en nei twa kear in H fan Hartwert op de wikselbeker komt der no wer in S op. No wie Hartwert net op syn sterkst yn it striidperk stapt. Harren kanon, Taeke Kooistra, lieten se thús. Dat hat dan fan gefolgen, dat elkenien wer in plakje omheech giet. De earste punt foar de Strikers behelle Sjoerd Jan Bakker. Hy fersloech de foarsitter, dy’t even raar blundere. Doe pakte Hartwert trije punten op rij. De trije ûnderste buorden fan de Strikers ferlearen. Dat like dus net sa bêst foar de thúsklup, mar wat net elts ferwachte hie, barde dêrnei. Fan de acht buorden dy’t noch sieten, gie der foar de Stadige Strikers mar ien ferlern. Doe wist elk al dat der dit jier wer in S op de beker kaam. En as men dan oer in jier as wat de beker sjocht dan seit men: “No yn 2019 fersloegen ús klup it grutte Hartwert radikaal! Dêr kinne wy wol grutsk op wêze!”
Utslach: Jelle Wiersma – Hein de vries 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra 1 – 0; Dicky van der Meer – Sjouke de Boer 1 – 0; Bauke Dykstra – Herman Scheltinga 1 – 0; Ype Boelens – Klaas Abma 1 – 0; Bauke Bos – Klaas Wiersma ½ – ½; Sjoerd Huitema – Lieuwe Eringa 1 – 0; Bauke de Boer – Tom Vellinga 0 – 1; Hennie de Haan – Auke Boschma 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elzinga 0 – 1.
It wie wol hiel apart, dat der binnen trije dagen twa partijen troch Strikers spile waarden, wêr’t yn twa tsjin ien daam op it boerd kaam. De earste partij fûn plak by de klupkampioenskippen te Easterein. De foarsitter fan de Strikers koe yn de partij noch krekt in suterich damke helje, wylst syn tsjinstanner al twa fan dy apparaten hie. Dan witte jo it: Yn it Fryske damjen is sa’n partij ferlern. Lykwols dejinge mei de twa dammen hoecht mar ien streekje ferkeard te dwaan en it is kamp. Dat komt ek troch de regel, dat de iene daam yn sân setten slein wêze moat.
Yn Easterein boarte de foarsitter noch wat troch mei yn gedachten: men wit nea of de tsjinstanner de goeie streken wol wit. Nei seis kear strutsen te hawwen. like it dat de man it foarinoar hie. Hy moast mei de sânde set in daam offerje en dêrnei soe er de daam fan de tsjinstanner slaan kinne. Mar dat mocht net mear, want dat wie de achtste set. Dus kamp.
Moandeitejûn in goeie fyftich oeren letter die him hast deselde situaasje foar. Wol wie der in ferskil. Yn Easterein gong it om de lange hoeke, wylst op de klup de twa dammen yn de koarte hoeke stienen. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap binne beide aardich op ’e hichte fan alle einspulteoriën soe men sizze, mar dochs. Sy spilen in prachtich spul, mar úteinlik wie Willem yn hâldershân, want hy helle twa dammen. Sjoerd Jan hie der mar ien. It waard in boeiende fertoaning. Bakker pakte fuortendaliks it bêste plak en doe hie Willem dat ek dwaan moatten, mar dat slagge net en sa waard it nei in hiel soad prakkesaasjes dochs noch kamp.
Utslaggen. Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1.
By de sneon yn Easterein ferspile klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul einige Hartwert op e nij boppeoan. Dêrmei makke it syn favoriterol wier, ek al wie it yn e finale noch wikkerdewik.
It kampioenskip wie oars in part fan syn spanning kwyt meidat it sterke Skearnegoutum ferline jier folslein ûnferwachte degradearre wie. De klup waard ynwiksele troch Blauhús, dat foar it earst op dit nivo meidie. It die lykwols bliken dat de Blauhústers dêr noch net hielendal oan ta wiene. Utslaggen as 1-7 tsjin Hartwert en 2-6 tsjin Aldegea-SWH wiene sprekkend genôch, en tsjin Lollum/Waaksens koene de Blauhústers it ek net oprêde.
Lollum sels wie der troch it missen fan sterke spilers as Foeke Tiemensma en Hans Jansen ferlike mei ferline jier ek net sterker op wurden. In stunt tsjin Hartwert (3,5-4,5) en Aldegea (3-5) siet der no krekt net yn. En dêrmei soe alle ôfhingje fan e lêste omloop, doe t de beide favoriten Hartwert en Aldegea tsjininoar moasten. Hartwert hie dêrby it lytse foardiel dat it yn e beide eardere wedstriden krekt wat mear buordpunten byinoar skarrele hie as Aldegea; in lykspul soe dêrom genôch wêze foar it kampioenskip.
De striid begûn foar de Hartwerters ek goed mei in oerwinning fan e jeuchlike Sjoerd Teake Kooistra. Mar even letter luts de Aldegeaster feteraan Gerrit Schilstra de stân wer gelyk, en Jouke Wijnja sette de klup sels op foarsprong. Hiel wichtich wie dêrnei de flater fan e Aldegeaster Siebe Walinga op it earste boerd tsjin achttjinfâldich persoanlik kampioen Taeke Kooistra. Dêrnei sette Jan Bouma de Hartwerters sels op foarsprong, mar Willem Hoekstra luts de stân op en nij yn it lykwicht, en dat bleau sa nei it kampspul tusken Folkert Groenveld en Tsjerk Wijbenga.
Doe hong alles dus ôf fan e lêste partij, dy tusken Hein de Vries en Henk Haanstra. It folk klofte gear om harren boerd, de spanning wie om te snijen. Haanstra hie syn houtsjes net al te lokkich delset, en moast lang om let de ferliezershân útstekke. In lûd gerop en geraas ûntlade him dêrnei yn e Hartwerter kielen.
Yn e twadde klasse soarge it sterke Skarnegoutum der foar dat it fuortendaliks wer werompromovearre nei it heechste nivo. Jorwert, dat De Gaastmar foarbleau, waard hjir fertsjinstlik twads. Yn e tredde klasse wie neffens ferwachting de twadde ploech fan Hartwert it sterkste. Lêst waard hjir de Boalsert-Warkumkombinaasje, in ploechje “Hollânske” dammers dat him ek wol ris weagje woe oan e Frysk fariant fan it damspul. It gong harren ek net iens ûnaardich ôf, mar earemetaal smiet it net op.
Utslaggen klupkampioenskippen Frysk damjen 2019
Kampioensklasse: Hartwert – Blauhús 7-1, Aldegea – Lollum 5-3; Lollum – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Aldegea 2-6; Aldegea – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Lollum 3-5.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): Hartwert 3 (16); Aldegea 2 (14,5); Lollum 1 (11,5); Blauhús 0 (6).
Twadde klasse: Skearnegoutum I – Skearnegoutum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 2,5-5,5; Jorwert -Skearnegoutum I 2,5-5,5, Skearnegoutum II – De Gaastmar 1-7; De Gaastmar – Skearnegoutum I 1-7, Skearnegoutum II – Jorwert 1-7.
Einstân: Skearnegoutum I 3 (19); Jorwert 2 (15); De Gaastmar 1 (10,5); Skearnegoutum II 0 (3,5).
Tredde klasse: Hartwert 2A – Aldegea 2A 4-0, Boalsert/Warkum 1B – Aldegea 2B 0,5-3,5, Boalsert/Warkum 1A – Hartwert 2B 2-2; Aldegea 2A – Boalsert/Warkum1A 2-2, Hartwert 2B – Boalsert/Warkum 1B 3-1, Aldegea 2B -Hartwert 2A 0,5-3,5; Hartwert 2A – Boalsert/Warkum 1A 3-1, Aldegea 2B – Hartwert 2B 1-3, Aldegea 2A – Boalsert/Warkum 1B 2-2.
Einstân: Hartwert II 5,5 (18,5); Aldegea II 2 (9); Boalsert/Warkum 1,5 (8,5).
Op de priisdammerij yn desimber te Lollum om It Rûge Boerd kaam Tjerk Wijbinga fan Arum tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma (swart) te sitten. Mei koarter spyltempo komme der dan moaie spullen op it boerd.
1.32-27 19-24 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 11-17
Faaks kiest wyt 2.31-26, no wurdt it spul dreech. 6.43-38 20-25 7.49-43 15-20 8.35*15 5*25 9.40-35? Mei 10-15 en de driging 24-30. 9.36-31 24-30 10.38-33
Wijbinga wykt ôf fan de téory 10.31-26
10. …30-35 11.42-38 20-24 Hjir wint swart 11. …13-19 12.31-26? 16×36 13.46×26 19-23! 14.33×24 35×22 etc.
ek 12.47(48)-42 19-24 ferliest wyt.
12.31-26 16*36 13.46*26 6-11 14.41-36
Swart kin úthelje mei 14. …25-30!!
15.34×23 11-16! 16.45×25 13-19 17.26×6 19×46 as 16.26×6 8-12! 17.6×19 9×49 18.27×18 3-8 19.45×25 8×39 20.43×34 49×5 En ek 15.45×23 17-21! 26×6 13-19! 17.40×18 8×46 13.6×8 46×29 19.33×24 14×34 wint swart
14. …8-12 15.37-31 17*37 Hjir lit wyt de kâns lizzen. Troch 15.37-32! 17×28 16.38×18 12×23 (as 13×22) 17.33-29 etc. 16.31*42 24-30 17.40*20 10*30
No is 45-40 in moaie set. 18.34-29 30*28 19.33*22 12*32 20.38*27 13-19
21.43-38 14-20 22.27-21 11*31 En derfolget in lykweardich middenspul om de posysjes. 23.26*37 19-24 24.37-31 7-11
25.38-32 24-30 26.31-26 3-8 27.42-37 9-13 28.37-31 11-17 29.32-27 17*37 30.31*42 8-12 31.42-37 12-17 32.37-32 13-18 Wyt hie ôfruilje moatten t32-27. Swart kin troch 33. …4-9 de net te kearen driging 17-21 yn it spul bringe. 33.48-42 4-10 34.47-41 20-24 34.45-40 is hiel sterk. 35.39-33 24-29 36.33*24 30*19 37.42-37 17-21 38.26*17 18*16
39.36-31 19-24 Swart mist de winnende kombinaasje 39. …35-40! 40.44×4 1-6 41.4×1 6-11 42.1×21 16×38 40.41-36
24-30 41.32-27? Mar no wol:
41. …30-34 42.44*24 25*23 43.45*25 23-28 44.27*29 10-15 45.25*5 1-6 46.5*1 6-11 47.1*21 16*47 En mei ien daam tsjin fjouwer skiven wint swart. 48.29-23 47-20 49.31-26 20-3 50.23-18 3-8 51.36-31 8*38 52.50-45 38-49
En twa problemen fan Hiele Walinga.
Nû.15 sw. 2, 3, 15, 22, 26, 30, 35
wyt 19, 29, 33, 37, 41, 43, 44
Nû.16 sw. 3, 7, 11, 12, 17, 18, 33, 39
wyt 19, 20, 37, 41, 44, 45, 47, 48
Oplossings noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De uitslagen van de tweede ronde van de Fryslânkup hebben enkele verrassingen opgeleverd. Johannes Hoekstra (die serieus over een damcarrière nadenkt) schakelde de Blauwhuister Bernard Kroon uit en Cor Kooistra versloeg de altijd “lastige” Gaastmeerder dammer Pieter Hoogterp. Frans Kingma de man van comingback had het thuisvoordeel maar kon na een prachtpartij net niet winnen van Jappie de Jong.( beiden speelden in hun voetbaltenu Oosterlittens – Blauwhuis 0 -1 .
Links Frans Kingma in Oosterlittenstenue en rechts Jappie de Jong in Blauwhuistenue.
Speler Thuis | Speler Uit | Uitslag |
Johannes Hoekstra | Bernard Kroon | 1 – 0 |
Manfred de Wolff | Folkert Groenveld | 4 januari |
Cor Kooistra | Pieter Hoogterp | 1 – 0 |
Willem Hoekstra | Siebe Walinga | 0 – 1 |
Hein de Vries | Fedde Wiersma | 1 – 0 |
Frans Kingma | Jappie de Jong | 0 – 1 |
Epke Bootsma | Jelle Wiersma | 4 januari |
Bauke Dijkstra | Teake Kooistra | 0 – 1 |
Vrijdag 28 december was de loting van de derde ronde van de Fryslânkup. De wedstrijden van Manfred de Wolff – Folkert Groenveld enEpke Bootsma – Jelle Wiersma worden vrijdag 4 januari gespeeld in Blauwhuis. De winnaars treffen elkaar in de derde ronde. Vergeet niet de toto in te sturen. Dit kan nog tot vrijdag 11 januari.
Loting 3e ronde .
Speler Thuis | Speler Uit | Uitslag |
Manfred de Wolff – Folkert Groenveld | Epke Bootsma – Jelle Wiersma | x – x |
Hein de Vries | Johannes Hoekstra | x – x |
Jappie de Jong | Teake Kooistra | x – x |
Cor Kooistra | Siebe Walinga | x – x |
Voor meer informatie zie de website van Blauhus/verenigingen/Damclub De Skyfkes Link: http://u28656p22472.web0115.zxcs.nl/skyfkes/
(Tekst en foto: Jappie de Jong)
Nei twa damleaze moandeitejûnen koenen de Strikers wer los. En se kamen man en frou-machtich op. Ien siikmelding kaam wol binnen, mar likegoed moast der noch in tafel by. Mooglik hie men oan de grutte tafel noch wat opskikke kinnen, mar om’t elk lekker rom sitte woe, waard der noch in klapyntafel by setten.
De klup koe ek wer in kampioen ferwolkomje. Jelle Wiersma behelle op de lêste sneon fan it jier it kampioenskip FRYSK. Dy priisdammerij waard ferspile yn Tresoar te Ljouwert. Dyselde Jelle liet yn in prachtige partij tsjin aventurier Willem Schaap sjen dat der in kampioen oan it wurk wie. Mei in prachtige set makke er dien wurk. Earstoan like it noch mei te fallen foar Willem, mar nei’t Jelle in daam krigen hie, hie Willem noch in ferplichte slachset. Doe wie it echt bard mei de keapman. In hiel soad houtsjes waarden der ôfslein.
De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler spilen earst tsjin Hester en Hessel Boelens. Dêrnei dienen sus en broer tsjin elkoar. Oan de ein fan it jier binne se mei har beiden oan in twakamp begûn. Dit wie de twadde partij. De earste wûn Hester, dus Hessel moast it bealchje der opsette om te winnen. Dat slagge him net. Hester is oant no ta krekt even tûker.
Paul Borghaerts moast tsjin Bauke de Boer. De lêste hie noch in wike langer damfakânsje hân. Hoe’t it krekt om en ta gong, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat De Boer nei in foutsje fan de jongkeardel wûn. Borghaerts woe noch wol in kear. Ype Boelens hie der wol earen nei om noch in potsje. Syn earste hie er wat maklik ferlern fan good old Sjoerd Jan Bakker. It spul tsjin Paul like better as syn earste pot. Der wie suver sprake fan wat in lykweardige stân. Neat oan de hân soe men sizze. Mar wol as Boelens in raar foutsje makket. Dat waard fuortendaliks ôfstraft troch Paul. De stân wie no hielendal yn it foardiel fan de lêste. Mei in houtsje of twa mear is maklik damjen. Men moat dan fansels gjin fouten meitsje. No dat die de man út Easterein net. Syn jûn waard no dochs noch goed: twa punten ien foar de oerwinning en ien as boanes (winst tsjin in hegere dammer).
Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke de Boer 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1;Ype Boelens – Paul Borghaerts 0 – 2; Hessel Boelens – Hester Boelens 0 – 1.
Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en efkes bij te praten, giene om goed 10 oere 21 dammers de striid mei-noar oan. De measte dammers komme dizze dei om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul. Mar miskien ek wol foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs fan Hartwert.
Troch lotting wie elkien yndield yn groepkes, dit op wearde fan harren damkwaliteit. Der wie ien groep yn de eareklasse, trije yn de haadklasse en ien yn de earste klasse. Der waard om raak strutsen, slein en neitocht. Yn de eareklasse gie de earste priis nei Taeke Kooistra en de twadde priis nei Tjerk Wijbenga. De lêste rûne moasten se tsjininoar mei beide likefolle punten. Nei in pracht partij besliste Taeke it úteinlik krekt yn syn foardiel.
Yn groep 1 fan de haadklasse waard prachtich damd. Dêr wie net ien, mar trije winners nammentlik Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer. Nei trije partijen stiene de mannen hielendal yn lykwicht. Om dochs de nûmer 1 en 2 oan te wizen, waarden der beslissings partijen spile. Se moasten nochris tsjininoar damme, no mei elk tsien minuten op de klok. Jo riede it wol, nei de beslissings partijen stiene de mannen wer gelyk mei elk 1 punt. Nei in lange dei en in swiere damholle is besletten dat se alle trije winner binne fan dizze groep. De prizen, amers fol itenswaren, ha de trije ûnderling soarchfâldich ferdield. Groep 2 hie as winner Cor Kooistra en twadde waard Sjoerd Couperus. De lêste groep fan de haadklasse bestie út fiif dammers. Se spielen fjouwer partijen mei elk in oere op de klok yn stee fan oardel oere. De winst hjir wie foar Sjoerd Kooistra, twadde waard Klaas Abma.
De striid yn de earste klasse wie spannend en waard pas beslikke yn de lêste rûne. Frans Kingma en Jacob Bauke Greidanus hiene beide harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. Jacob Bauke spilet al jierren net mear op de klup yn Hartwert, mar hy liet sjen dat hy it spultsje noch net ferleart is. Dat Frans stoppe is mei it wurk as eigener fan in hoarekasaak docht ek fertuten, hy begjint hieltyd better te damjen. Yn in tige spannend partij luts hy oan it lêste ein en waard dermei earste yn de groep.
Al mei al in prachtige damdei yn Hartwert mei prachtige partijen en fertstjinne winners.
De priiswinners op dizze damdei wiene:
Ereklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Tjerk Wijbenga
Haadklasse, groep 1: 1. Gerrit Schilstra, Jan Bouma en Sjouke de Boer
Haadklasse, groep 2: 1. Cor Kooistra, 2. Sjoerd Couperus
Haadklasse, groep 3: 1. Sjoerd Kooistra, 2. Klaas Abma
1e klasse: Frans Kingma, 2. Jacob Bauke Greidanus
De Fryslân Kup soarget foar bysûndere mominten yn de damsport Frysk spul. Moandeitjûn ferwolkomme damklup de Stadige Strikers Siebe Walinga út Aldegea. Him waard lykas de oare oanwêzige dammers in sportive en in gesellige jûn tawinske. Sportyf wie it, mar úteinlik like it wat in lotterij te wurden nei seis potsjes wat de striid om de Fryslân Kup oanbelange.
Walinga, ferline jier waard er de winner fan de Kup, moast it opnimme tsjin de foarsitter fan de Strikers: Cor Kooistra. De bookmakers sille allegearre wol op Walinga stimd ha as de winner. No hy moast nei in prachtige gewoane partij fan hast trije oeren lang remize tastean. Ja en dan skriuwe de foarskriften foar dat der in beslissing falle moat troch in potsje Frysk, fiif tsjin fiif houtsjes. As dat dan ek kamp wurdt, moat der wer in potsje Frysk skood wurde. No moandeitejûn kaam dêr hast gjin ein oan. Mar leafst fiif partijtsjes Frysk wiene nedich. Yn it lêste moast de foarsitter de holle bûge en koe er Siebe sukses winskje foar de folgjende rûnte. Neffens Siebe hie syn tsjinstanner yn it tredde potsje taslaan kinnen. No dat is dus net bard. Op himsels wie it in spannende striid en dêr giet it ek om.
Utslaggen: Ype Boelens – Sjoerd Huitema 0 – 2; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Siebe Walinga ½ – ½.