Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Bauke Bos brânt der fuortendaliks al yn!

De Stadige Strikers kamen moandeitejûn foar de twadde kear byelkoar. Ferline wike de lêste moaneitejûn fan septimber holden se in jierfergadering. Dêr waarden alle ditsjes en datsjes besprutsen dy ‘t mei it damjen te krijen hienen: de notulen, it jierferslach en de sinteraasje kamen oan bod. Mei de sinten siet it wol goed en de notulen en it jierfeslach sieten goed yn elkoar en waarden moai foarlêzen troch de skriuwer Bauke Bos.

Om noch mar efkes fierder te gean mei Bauke Bos, kinne wy jimme meidiele dat hy foar de earste keear yn de heechste klasse damme sil nei syn promoasje. Hy damme al mear as tritich jier yn de twadde groep en no dus op it heechste nivo. En wat die hy yn syn earste partij: brutaalwei winne tsjin Ype Boelens. Dêr wie neat op oan te merken! No binne de Strikers fansels tige benijd hoe’t er it fierders yn de kompetysje dwaan sil. Mar sa’t Bauke sels sei: “Ik haw yn elts gefal ien punt helle!”

Yn de twdde groep liet Jan Castelein ek eefkes syn tosken sjen. Hy spile hiel konsintrearre makke gjin rare flaters en kaam hieltiten sterker op it boerd te stean. Yn in trije om trije stân tsjin Hennie de Haan pakte er gedegen de winst. Dat soe syn soan Kees ek dwaan. Dy kaam mei moai spul in houtsje foar tsjin Tineke Teigeler. Dat like foar him op winst út te draaien. Hy stie der sa moai op as poes! Mar doe’t de stikjeskriuwer in hoart letter wer seach, wie der net folle mear oer fan syn moaie stân. Hy hie eefkes foar sinteklaas spile en sa Tineke de winst yn de skoat goaid.

Utslaggen: Bauke Bos – Ype Boelens ! – 0. Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1.Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0. Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0. Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1. Kees Castelein – Tineke Teigelaar 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 30-9-2022

Damklup O.K.K. (Oefening Kweekt Kracht) fan Jorwert hat it damjen wer moai op ‘e gleed. Fanút it eigen doarp binne der de lêste jierren wer leden by kaam. En by de kampioenskippen litte nije stjerren harren jilde. Lang moast it komme fan Kees Tijssen. Siebren Dyk en benammen Frâns Kingma slaan no op de trom. Kingma damde him al yn de ‘tredde acht’ en waard dêryn daalk kampioen. En dan dit jier mar trochsette nei de earste acht? De grutste konkurrinsje kaam fanút Blauhús. Bernard Kroon en Marcel Altena moasten tsjin de Jorwerter beiden belies jaan en seagen harren úteinlik op oardel punt fan de kampioen op it twadde plak.

F.Kingma – B.Kroon, earste omloop PK tredde acht, Lollum 19-2-22 1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20 6.34-30 25×34 7.39×30 11-17 8.43-39 19-24 9.30×19 13×24 10.39-34 20-25 11.34×14 9×20 12.27-22 17×28 13.35-30 25×34 14.40×27 20-25 15.37-31 25-30 16.31-26 10-14 17.42-37 14-20 18.37-31 20-25 19.48-43 3-9 20.43-39 9-14 Nei in foarsichtige iepening

strykt Kingma oer de midden. 21.39-33 30-35 22.33-29! 14-20 En set troch. 23.29-23! 7-11 Nei 24.41-37 wienen der meardere drigingen west. 24.23-18 8×28 25.27×29 2-7 26.31-27 7-12 27.41-37 12-17 28.27×7 11×2 29.37-31 20-24 30.29×20 15×24 30. ..25×14 is better. 31.31-27 24-30 32.46-41 5-10 33.41-37 10-15 34.37-31 2-7 35.45-40 7-11 36.40×20 15×24 36. …14×25 37.50-45? 4-9! 38.45×5 11-17 39.5×11 1×41 40.36-31 41×32 41.26-21 16×27 en swart wint

37.50-45 24-30 38.47-42 4-9 39.42-38 9-14 Hjir hie 39. …1-7 kind. Nei 26-21? folget 16-21 40.38-33 14-19 41.33-28 19-24 42.44-39 24-29 43.39×19 30-34 Der driget 34-40, x, 16-21 44.28-22 11-17 45.22×11 1×32 46.31×33 34×32 47.26-21 16×27 48.19-14 32-38 Wyt wol net 48.49-43 32-37! 49.36×38 35-40! 50.45×34 27-31 51.19-14 31-36 52.14-10 36-41 53.38-33 en swart kin gjin daam strike; winst foar wyt?

49.49-44 25-30! 50.45×34 38-42 51.14-10 42-47 52.44-40 27-32 53.10-5 47-33 wurdt kamp 49.14-10 38-42 50.49-43 42×44 51.45×43 35-40 Kingma makket dien wurk. 52.43-39 40×38 53.10-5 6-11 54.5×45 11-16 55.45-34 27-32 56.34×31 16-21

M.Altena – F.Kingma, tredde omloop PK tredde acht, Jorwert 22-2-22 We komme yn it spul nei 35. …19-23

Altena hellet út mei 36.22-17 16×18 37.40-34 30×39 38.35-30 20×40 39.50×8 4-9 40.8×10 15×4 En sil de partij ferlieze. 41.27-22 39-43 42.22-18 6-11 43.18-13 11×31 44.36×27 43-48 45.13-8 48-30 46.8-2 1×3 47.27-21 30-39 48.21-17 39×46 49.45-40 46-23 50.40-34 23×45 It hie oars rûn nei 37.21-17! 18×16 38.27-21 16×27 39.26×10 15-20 40.10×30 mei de folgjende stân.

41. …6-11 Nei 41. …39-43 folget 42.50-44 en sil wyt de daam mei ien hout fange. 42.30-25 11-16 43.45-40 39-43 44.50-44 43×34 45.35×33 en der sit wol kamp yn foar wyt.

De earste twa problemen foar de ledderwedstriid komme fan Hiele Walinga silger. Noch net stjoere.

Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28, wyt 34, 36-38, 40, 41, 50

Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40, wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 13-5-2022

Freed 30 april wie te Blauhús de útsetter fan it damjier. Damklup ‘De Skyfkes’ hat no foar de seisde kear de Fryslân Kup organisearre. Yn dit knock-out bekertoernooi komme de matsjedoarennei fiif omlopen wol boppe driuwen. Jelle Wiersma en Siebe Walinga wûnenbeide twa kear op in rige en diz’kearpakte Taeke Kooistra de Kup op ‘e nij. De Hartwerter hie in drege reis mei fjouwer ‘earste achters’ op in rige: Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga en yn de finale moastklupgenoat Hein de Vries it belije.

Earst omtinken foar de heale-finale-partij fan Kooistra mei wyt tsjin Marten Walinga. Dat wie noch thús yn Hartwert.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19 7.35-30 25*34 8.39*10 5*14 9.40-35 15-20 10.35-30 20*40 11.44*35 14-20 12.50-44 20-24 13.44-39 9-14 Goed spylber is 13. ..24-30 14.32-27 17*37 15.41*32 16-21 16.26*17 12*41 17.36*47 6-11 18.39-34 24*44 19.49*40 19-24 20.43-39 13-19 21.40-34 24*44 22.39*50 11-17Mei de driging 17-22 23.35-30 17-21En swart driget noch. 24.42-37 21-2625.33-29 19*39 26.38*40 14-19Moai opboud troch wyt. 27.30-24 19*30 28.40*20 8-13 29.45-40 18-22 30.32*14 4*15 31.40-35 3-9 32.48-43 2-8 33.43-39 9-14 34.39-34 8-13 Wyt wol net nei fjild 30, om de tebekruil fan swart nei de rún. 35.34-29 7-1136.37-32 driget mei 32-27

36. ..26-31 37.50-45 31×24 38.35-30 24×35 39.45×5 13-19 (de daam stiet fêst) 40.46-41 1-6 41.41-37 11-17 42.37-32 14-20 en swart fangt de daam mei kamp.36. ..14-20 37.35-30 20*40 38.50*30 11-17 Hjir ferbarget Kooistra de winst

Nei 39.46-41 (fansels net 1-7 om 29-23)39. ..13-18 40.41-37 1-7 41.32-27 26×28 42.29×27 7-12 43.27×7 12×1 44.30-24 as 39. ..17-21 40.41-37 13-18 41.47-41 1-6 42.32-27 26×28 43.29×16 6×26 30-24 silwyt winne. Der folge lykswols 39.32-27 26*28 40.29*7 1*12 41.46-41 13-1842.41-37 18-22 Mei kamp en nei twa kear pingelsjitten, soks betsjut it einspul FRYSK!, moast Walinga belies jaan.

Yn de finale lotte Kooistra wer wyt.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26*17 11*31 9.37*26 16-21 10.26*17 18*16 11.32-27 19-24 12.34*14 10*19 13.40-34 4-10Better is 12-17 en 19-24 kin ek. En net 13. ..12-18? om 27-22, 45-40 en 33-2814.27-22 12*32 15.33*31 7-12 16.44-40 19-24 17.34*14 10*19 18.39-34 12-1719.31-26 2-7 Swart hat noch spul nei 19. ..8-12 en nei 3-8 kin de ôfruil troch17-21 en dan oen dy kant strike.

Nei 20.36-31! 16×27 21.34-30 25×34 22.40×29 19×37 23.42×4 5×3 bliuwt itlyk en hat swart wer spul.20.38-33 17-21 21.26*17 16*18 22.42-37 8-12 23.37-31 7-11 24.31-26 18-23? Wyt wint in hout, mar nei bygelyks 24. ..11-17 25.33-28 18×38 26.43×32 komt it foar swart ek net goed.25.33-29 19*30 26.35*04 5*3 Der waard noch efkes strutsen, mar it wie dien.

Dan de oplossingen fan de lêsteproblemen

Nû.25 1.29-23 2.31-27 3.46-41 4.40-34

Nû.26 1.28-32 2.29-24 3.30-25 4.25×1

Nû.27 1.43-38 2.34-30 3.39-34 4.30-25

Nû.28 1.20-15 2.46-41 3.26-21 4.21×5

Mei de einstân fan de ledderwedstriid

1. Joh. de Boer, Berkel&Rodenrijs (472)

2. A.de Schiffart, Wommels (418)

3. K.Wiersma, Nij Beets (316)

4. Tj.Smeding, It hearrenfean (297)

5. G.Tigchleaar, Ysbrechtum (293)

6. P.Looge, Tsjummearum (231)

7. G.IJkema, De Gaastmar (148)

8. Sj.Schilstra, Wommels (134)

9. S.van Steinvoren, Dronryp (115)

10. S.de Boer, Burdaar (104)

11. J.Wiersma, Wommels (72)

12. A.Zijlstra, Utert (68)

13. J.Schilstra, Boalsert (56)

14. F.Wiersma, Easterein (54)

15. Sj.T.Kooistra, Boalsert (48)

16. G.Harkema, Snits (44)

17. P.Sikma, Hartwert (14)

18. B.Kroon, Blauhús (12)

19.Sj.Couperis, Snits (10)

20. J.Reade, Manchester (8)

In goede simmer tawinske.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint de Fryslân Kup

Freed 29 april is de finale fan de Fryslân Kup 2021-2022 ferspile yn kluphûs SieSa te Blauhús. Yn de finale sieten de klupgenoaten Taeke Kooistra en Hein de Vries tsjin oer elkoar. De striid waard wûn troch Kooistra, der mei pakt hy de kup foar de twadde kear op rige.

Hein de Vries en Taeke Kooistra oan it begjin fan de striid.
Hjir wurdt djip neitocht troch Hein de Vries
De finalisten, mei Taeke as winner


doorfriesdammen

Rubryk 29-4-2022

Foar de Skearnegoutumer klup

‘De Stadige Strikers’ wie it 40-ste jierfan har bestean in poerbêst damjier. Mei grutte oermacht op ‘e nij klupkampioenfan Fryslân, harren kopman Jelle Wiersma op ‘e nij Frysk kampioen en in primeur foar Dicky van der Meer mei promoasje nei de ‘earste acht’. Hy helle it twadde plak yn de ‘twadde acht’ foarBauke Dijkstra, ek al fan de Strikers, dy’t yn in barraazje Willem Hoekstra en Liuwe Westra de baas wie. 

D.v.d.Meer – F.Groenveldearste omloop PK twaddeacht, Lollum 19-2-22

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.41×21 16×27 8.37×17 7.36×27 is skerper. 8. ..18×16 9.29×20 25×14 10.34-30 7-11 11.30-25 11-17 12.39-34 17-21 13.34-30 8-12 14.43-38 21-26 15.38-32 12-17 16.30-24 14×34 17.44×24 17-21 18.49-44 9-14 19.48-43 14×34 20.44×24 6-11 21.40-34 11-17 22.34-30 13-18 23.42-37 1-6 24.43-38 3-9 25.36-31 21×41 26.47×36 17-21 Earst 26. .. 9-14 wie better, lykas daalk26. ..18-22 27.24-20 15×24 28.30×17 21×12 29.38-33 12-17? 

Swart rint yn in blyn loopke. 30.32-27! 26×39 31.50-44 39×50 32.35-30 50×20 33.25×1 10-14 34.37-32 14-19 35.1-40 4-9 Nei 36.40-49 hie swart itwol hiel dreech krigen. 36.32-28 9-14 En driget 14-20 en 17-22. 37.40-18?

Swart wint nei 37. ..19-24 38.18-31 24-29 39.28×30 17-21 40.31×15 5×34 As 38.18-1 16-21 39.1×41 24-29 40.28×30 17-21 41.41×15 5×3437. ..19-23 38.18×4 5×3 39.28-23 3-9 40.45-40 9-14 41.40-34 14-20 42.34-29 17-22 43.23×21 16×27 44.36-31 27×36 45.46×26 6-11 46.29-23 11-17 47.23-18 17×19 48.26-21 mei kamp.

W.Hoekstra – D.v.d.Meertredde omloop PK twaddeacht, Jorwert, 22-2-22

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 7-12 6.32-27 17×37 7.41×32 12-17 8.33-28 17-21 9.26×17 11×33 10.43×23 20-24 11.34×14 10×26 12.36-31 26×37 Der wurdt ôfruile nei in rêstige, lykweardige posysje. 13.38×36 8-12 14.42-37 12-17 15.49-43 17-21 16.37-31 21×41 17.36×47 2-7 18.35-30 25×34 19.39×30 16-21 20.30-25 15×35 21.45×25 21-27 En op elkoars lange hoeke ta. 22.40-35 7-11 23.48-42 11-16 24.50-45 1-7 25.25-20 9-14 26.20×9 3×14 27.43-39 16-21 28.39-34 7-11 29.34-30 11-16 30.44-40 14-20 31.30×10 5×14 32.40-34 14-19 32.42-37 21-26 33.37×17 16×18 34.46-41 en wyt hat letter nei 41-37 swart yn ‘e skjirre 33.42-37 21-26 34.37×17 16×18 35.36-31 19-24 36.34×14 4rx24 rint op kamp út.35.34-30 18-23 18-22 hie moatten. Nei 36.46-41 wint wyt 36.30-25 19-24 

37.46-41 6-11 38.41-37 11-16 39.37-31 Wyt ferbarget syn lêste kâns op kamp. Swart kin daalk sa mar nei de daamrinne. 39.45-40 4-10 40.37-31 26×37 41.47×27 24-29 42.40-34 etc. en beide spilers sille mei in daam yn in lykweardich einspul komme.39. ..26×37 40.47×27 24-29 41.35-30 29-33 42.30-24 33-38 43.24×22 38-42 44.22-18 42-48 45.18-13 48-26 46.27-22 26-3 47.13-9 3×14 48.22-18 14-3 49.25-20 3×25 50.18-12 25-34 Swart makket it goed ôf.51.12-8 34-12 52.8×17 16×18

De lêste problemen foar de ledder

Nû.25 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50

Nû.26 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

mei twa nijen fan Hiele Walinga.

Nû. 27 sw. 2, 6, 7, 9, 10, 18-20 wyt 16, 33-36, 39, 43, 49 

Nû. 28 sw. 2, 4, 5, 7, 17, 37 wyt 20, 23, 26, 34, 40, 46, 50 

Oplossingen stjoere foar 10 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 15-4-2022

Jelle Wiersma fan Wommels hat it wer oprêden en is foar de njoggende kear de Frysk kampioen. Dat wie foar de fiifde kear op in rige. Mei matsjedoaren as Taeke Kooistra (19 titels), Augustinus van der Goot (12), Dirk H. de Vries en Sjoerd Tigchelaar (elk 10) komt hy sa yn in illústere rige. Wiersma behelle yn 2001 syn earste kampioenskip en sûnt dy tiid wie it oars net as hy en Kooistra. Sneon 2 april wienen de lêste twa partijen fan de barraazje. Marten Walinga stie al op twa punten, syn broer Siebe hie der oardel en Wiersma noch mar in healtsje. Al moast hy de beide bruorren noch treffe.

M.Walinga – J.Wiersma, Aldegea-SWF fiifde barraazje partij, PK 2022

1  32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 11×31 4.36×27 16×36 5.46×26 17-22 6.37-32 22×31 7.26×37 10-15 8.41-36D8.34-30 20-25 9.37-31 25×34 10.40×20 15×24 en wyt kin oerdwers ôfruilje8. ..20-25 9.32-27!? 24-30 10.40×20 15×24  11.35×15 5×25 12.36-31 7-11 Wyt komt der dreech op te stean.13.31-26 11-16 14.34-29 16×36 15.29×20 19-23 16.37-32 14-19 17.20-14 19×10 Wyt moat earst wol in hout jaan. 18.33-28 23-29 19.39×17 12×21 20.27×16 6×26 21.44-39 8-12 Swart stiet as in dyk 22.39-33 12-17 23.43-39 17-21 24.39-34 21-27 25.32×21 26×17 26.47-41 36×47 27.48×46 Dan no mar skiif 36 der wei.27. ..2-7 28.49-43 13-19 29.42-37 7-11 30.37-32 11-16 31.34-30 25×34 32.33×35 17-21 33.28-22 21×23 Dan mar ien wei jaan. 34.35-30 10-14 35.32-27 En swart forsearret de winst.

35. ..16-21 36.27×16 23-28 37.38×20 14×34 38.50-44 9-14  39.44×24 14×34 40.46-41 1-6 41.16-11 6×17 42.41-37 3-8 43.37-31 8-12 44.43-38 17-22 Wyt hat neat mear en jout op.

De middeis stie de partij tsjin Siebe Walinga op it programma. In lyk spul en alle trije soenen op twa punten komme. Mar soe Walinga winne, waard hy kampioen. De 16-e yn de histoarje, mar it kaam dus oars.

J.Wiersma – S.Walinga, Aldegea-SWF seisde barraazje partij, PK 2022

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 1-7 9.47-42 7-11 10.31-26 16-21 11.26×17 18×16 Swart moast om it heakje tinke.12.37-31 11-17 13.31-26 2-7 Nei 14.33-28 folget 19-23 en is foar wyt net minder. 14.32-27 17×37 15.42×31 7-11 15. .12-17? 31-27, 26-21, 33-28 etc.16.31-27 12-17 17.27×7 11×2 18.38-32 8-12 19.34-30 25×34 20.39×30 12-17 21.33-29 19×39 22.40×38 20×40 23.45×34 9-14 24.48-42 17-22 25.32×12 13×11 26.38-32 11-17 27.42-37 2-7 28.37-31 14-20 29.44-39 20-24 Swart drige mei 34-30. 30.34×14 15×13 31.39-34 10-15 32.34-30 7-11 33.32-27 17×37 34.31×42 3-8 35.43-38 8-12 36.30-25 12-17 37.49-43 13-19 38.38-32 Wyt wol nei 43-38 wer de driging mei it heakje yn it spul bringe; gjin goede kar.

It brekpunt fan de partij en fan it kampioenskip. Wat at swart spilet 38. ..19-23! 39.43-38 16-21 40.50-44 15-20 25×14 4×24 en swart wint lykas nei 40.50-45 11-16 41.45-40 4-10 Mar ek 39.50-44 15-20 40.25×14 4×24 is gau út. 38. ..4-9 39.50-45 9-14 40.43-38 16-21?

Wyt pakt de kâns wol. 40. ..15-20 hie moatten. Nei 41.36-31? 16×27 42.32×1 5-10 wint swart troch 20-24 hoe as wyt ek mei de daam slacht. 41.38-33 11-16 42.45-40 19-23 43.33×13 14×12 44.40-34 12-18 Wyt spinpoatet noch wat 45.34-30 15-20 46.25×14 18-22 47.32×12 17×8 48.26×17 16×18 49.30-24 6-11 50.42-38 18-22 51.14-9 8×10 52.24-20 10×30 53.35×24 Mar jout terjochte op.

Oplossingen problemen

Nû.21 1.44-39, 28-23, x5, x25

Nû.22 1.39-34, 19-14, x1, x40

Nû.23 1.33-28, 21-17, 17-12, x5

Nû.24 1.40-35, 30-25, x13, x15

De nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.25 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50

Nû.26 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Oplossingen noch net stjoere..

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 1-4-2022

Jûn te Blauhús en moarn yn Aldegea-SWF folget it slotstik fan it PK 2022. Marten Walinga, Siebe Walinga en Jelle Wiersma wienen yn it reguliere toernooi lyk boppe oan einige. Dat in barraazje, wêryn se elkoar elk twa kear treffe, moat de beslissing jaan. Marten Walinga hat de measte kâns. Hy forsearre tsjin Wiersma de winst yn de earste partij. De stân is nommen nei 39. ..19-23


Wiersma-Walinga, Blauhús 25-3-2022

Swart driget troch 23-28 en 17×19 in winnende oanfal te krijen. Nei 40.34-30 25×34 41.35×13 3×23 42.45-40 23-29 43.38-32 15-20 44.32-28 29×27 45.31×11 1×21 46.26×17 16×18 sil it kamp wurde. De regearjend kampioen nimt de ferkearde kar 40.34-29? 23×34 41.35×33 15-20 42.38-32 17-21 43.26×17 16×18 Swart ferbrekt sa wyts sterke linkerkant. 44. 45-40 25-30 45.40-35 20-25 46.35×15 30-35 47.32-27 35-40 48. 33-29 40-44 Wyt kin gjin daam strike om 5×2 49.31-26 44-49 50.27-22 49×46 Fansels net 49×9 as x19. 51.22×13 3×34 52.36-31 46×16 53.15-10 16-2 54.10-5 2-8 Wyt kriget noch al in daam, mar it is dien 55.5-41 34-40

De partij tsjin syn broer Siebe Walinga de oare dei waard kamp. Siebe kaam mei de skrik frij en hie it kampioenskip hast al beslikke west. Mei foar elts noch twa partijen te gean kin it noch alle kanten út. En misskyn wol in twadde barraazje.

M.Walinga-S.Walinga, Aldegea-SWF 1.32-27 19-23 swart lit 2.33-28 net ta.2.31-26 23-29 3.34×23 18×29 4.33×24 20×29 5.39×19 13×24 6.40-34 17-21 7.26×17 12×32 8.38×27 11-17 9.42-38 8-13 Om de driging 24-29 foar te wêzen folget meastal 9.43-39.  10.47-42 2-8 11.36-31 15-20 12.38-32 20-25 13.35×15 5×25 Nei de dûbele ôfruil troch 14.34-29 wurde de tûkelteammen der foarearst úthelle. 14.41-36 17-22 15.32×12 8×17 13×11 liket better 16.43-38 24-30 17.31-26 30×39 18.38×40 14-19 driget 25-30 19.27-22 De wrâld-kampioen jout in hout wei. Hy spilet faker in gambyt. 19. ..17×28 20.37-31 28-33 21.31-27 7-11 22.40-35 25-30 23.35×24 19×30 24.46-41 10-15Wyt komt dochs lyk en dan daalk 33-3925.27-21 11×31 26.41×21 16×27 27.26×39 15-20 28.42-37 20-25 29.48-42 3-8 30.42-38 30-35  Ferplichte en mei in skiif op 25 en in witen op 45 liket dat minder goed. 31.38-32 8-12 32.36-31 13-19 33.39-34 35×33 Wyt ruilet lykswols wer ôf en stiet ta dat swart wer opbouwe kin.  34.32×34 9-13 35.44-40 19-24 36.34×14 13×15 37.40-34 12-17 38.31-27 1-7 39.50-44 17-21 40.27×16 6×26 41.34-30 25×34 42.44×24 7-12 43.49-43 12-17 44.43-38 17-22 45.38-33 4-9 46.45-40 22-27 Swart sil oankomme en jout in hout.

47.37×17 26-31 48.17-11 31-37 49.11-6 37-41 Beide spilers krije in daam en wyt wol oer de lange line foar in twadden.

In ferkearde kar, swart hellet kamp.50.33-28? 41-46 51.28-22 15-20 52.24×15 46-5 53.40-35 5×21Nei 50.40-35 41-46 (41-47? om 20-24) 51.1-6 wint wyt. Nei 50. ..46-5? folget 24-20 en 33-29 en oars hat wyt nei 51.1-45 de fang klear stean.

Nû.21 sw. 2, 4, 6, 12-14, 19, 24 wyt 16, 28, 33-36, 44, 45, 49

Nû.22 sw. 2, 4, 6, 10, 25, 30 wyt 11, 19, 21, 26, 27, 39, 41, 49

Mei twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.23 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.24 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

Oplossingen stjoere foar 15 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Feestjûn en de einjûn fan de Stadige Strikers yn ien lang wykein.

Der stie hieltiid noch in feestjûn yn ferbân mei harren 40 jierrich jubileum, op de Strikers te wachtsjen. It feest dat al yn novimber holden wurde soe, mar troch de koroana wie dat der net fan kommen. Mar no’t it damjen wer los koe, kipe dy jûn ek wer om it hoekje. De feestkommisje sette de datum fêst op freed 25 maart. Dat kaam wûnderwol fantastysk út, want fuortendaliks koe der ek noch efkes stilstien wurde by it beheljen fan it klupkampioenskip. De moandeis kamen de houtsjes noch in kear op de buorden. Dat wie fuortendaliks de einjûn mei spul en wille, ferlotting en priisútrikking. Twa feestjûnen yn ien lang wykein.

Op freedtejûn mochten de partners ek meikomme en of it no kaam troch dy lêsten: it wie yn elts gefal by ús leden Jan  en Kees Castelein tige gesellich. De feestkommisje, Hennie de Haan en Tineke Teigeler, sette de bestjoersleden ek noch yn it sintsje en oerhannige harren, njonken de blommen, in moai en keunstich oantinken. Dêrnei mocht de foarsitter noch wat fertelle oer de skiednis fan de klup. Dy begûn syn praatsje net by it begjin, mar by de ein: It lêste kampioenskip. It koe allegearre net moaier fansels. Nei alle hichtepunten en ek drôvich nijs neamd te hawwen, koenen de leden en oanhing har fernuverje mei sjoelen en oare selsskipspultsjes. Fansels keazen guon der ek foar om gesellich nei te kletsen. De wol oanwêzige dambuorden waarden net oanrekke. Alles ferrûn yn in tige gesellige sfear. Al mei al in prachtige jûn.

Moandeitejûn kamen de Strikers foar de lêste kear dit damjier by-in-oar. Der hoegde net folle praat te wurden. Dat barde de freeds al. Der waard al gau mei de ferskate damfarianten útein set. Tusken de rûnten troch waard in ferlotting holden en koenen guon dammers mei in earm fol prizen nei hûs werom gean. Uteinlik koe ús wedstriidlieder, Willem Schaap, de útslach fan de kompetysje bekend meitsje. Jelle Wiersma waard yn de earste en Bauke Bos yn de twadde klasse kampioen. Doe’t de bekers mei in tapaslik wurdsje fan Willem by de blide winners te plak kommen wienen, koe de foarsitter de jûn en it damjier ôfslute.

De einútslach: Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 11 punten út 12 partijen. 2 Sjoerd Jan Bakker 10 út 16; 3 Ype Boelens 8,5 út 16; 4 Bauke Dykstra 7,5 út 12; 5 Dicky van der Meer 7,5 út 12; 6 Willem Schaap 7,5 út 13; 7 Cor Kooistra 5 út 16. Twadde klasse. 1 Bauke Bos 14 út 15; 2 Hennie de Haan 8 út 15; 3 Tineke Teigeler 7 út 15; 4 Kees Castelein 4,5 út 15; 5 Jan Castelein 1,5 út 13.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

Men kin fan tinken wol ha, dat it by de Stadige Strikers moandeitejûn tige oangenaam fertoevjen wie. De sneons wie harren achttal yn Easterein opnij klupkampioen wurden. De Strikers moasten harren titel fan 2020 ferdigenje en dat barde mei grutte sifers. Efterienfolgjend fersloegen se de mannen fan Blauhûs mei 7 – 1, Lollum – Waaksens waard mei in skoare fan 6 – 2 fan de buorden feegd en Aldegea – W  koe net ien partij fan de Skearnegoutumers winne: 8 – 0. Dus dat wie feest yn it Swettehûs fan Skearnegoutum.

It iene kampioenskip is it oare net. Sa kipe dat fan 2020 fier boppe dat fan it lêste út. Yn 20 wie it ien en al spanning en foar de finale koenen alle fjouwer achttallen noch kampioen wurde en as jo klupke dan kampioen wurdt, is dat in folsleine boppeslach. Spanning oant en mei de lêste partij. Dat wie wat! Sneon rûn dat hiel oars! Aldegea ferskynde mei in sântal oan it toernoai en dan begjinne jo fuortendaliks mei in 1 – 0 efterstân. En as dan ek noch ien fan de bêste spilers thús bliuwe moat fanwege koroana, dan is de aardichheid der wol wat ôf. Sa’n oerwinning fan de Strikers moat dan ek besjoen wurde tsjin dy eftergrûn. De Strikers hoopje dat it  oar jier alles wer wat normaal is. Guon Strikers ferklearren al, dat se der no al sin oan hienen om de striid oan te gean.

Der waarden ek noch in pear wedstriden foar de kompetysje spile. Jelle Wiersma wie te sterk foar Cor Kooistra en Hennie de Haan koe it net rêdde tsjin Bauke Bos  Ype Boelens ferlear fan Bauke Dykstra en Tineke Teigeler wûn yn in tige nijsgjirrige partij fan Jan Castelein. Dy partij is noch oan alle kanten en einen oereide. De partij fan de jûn spilen Willem Schaap en Dicky van der Meer, wylst de earstneamde it ek noch tagelyk opnaam tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar dat spul wie foar de aardichheid.. Sjoerd Jan wûn. Doe koe Willem him hielendal talizze op de partij tsjin Dicky. No dat waard ek foar it omsittend laach in lust foar it each. Nei in heel moai einspul luts Willem oan it langste ein.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Skearnegoutum wer klupkampioen

Nei in jier ûnderbrekking koe it klupkampioenskip yn it Frysk damjen ôfrûne sneon dochs noch holden wurde, ek al wie it twa moanne letter as gewoanlik. Dat makke mooglik dat der wat minder flecht op ‘e koai wie as earder. En koroana hie ek noch altyd syn slachtoffers.

It slimst ferswakke wie Aldegea-SWF. Net allinne dat de klup mar ien achttal ôffurdigje koe, sels dat wie net iens folslein omdat op it lêste stuit de sterke Siebe Walinga ôfsizze moast. Dat betsjutte dat al fêst ien partij automatysk ferlern gie. Mar de oare ûnderste buorden wiene ek net sterk beset, en dêr hie Aldegea allegeduerigen lêst fan. Yn ‘e earste omloop, tsjin Lollum-Waaksens, gong it dan ek fuortdaliks al mis: 3-5. En dat wiene ek de sifers dêr’t de Aldegeasters tsjin promovendus Blauhús mei kopke ûnder giene. 

De regearjend kampioen Skearnegoutum stie der ûnderwilens folle better foar. Nei goed twa jier koe dat yn ‘e selde en noch altyd sterke opstelling efter de buorden sitten gean. En dat wie te sjen. Yn ‘e earste omloop waard Blauhús fuortdaliks mei 7-1 fan ‘e buorden reage, en dêrnei waard Lollum mei 2-6 te plak wiisd. Soks nettsjinsteande dat de Lollumers har fersterke hiene mei in pear bûtenleden, lykas de Belch Renaud Braye.

En doe wie it oan ‘e tredde omloop ta. Wat op papier programmearre wie as in spetterjende apoteoaze, dat waard yn ‘e praktyk in raren ôfdijer. Aldegea hie tsjin Skearnegoutum neat oars yn te bringen as lege briefkes. It waard in seldsum foarkommend 0-8 ferlies. Foar de Aldegeasters betsjutte it degradaasje. Fierder as mar seis buordpunten wiene se ek net kommen.

Folkert Groenveld (Aldegea) en Marten Walinga (Lollum-Waaksens) yn djippe konsintraasje. 

Hiel oars wie ûnderwilens de stimming by Blauhústers. Net allinne hiene se Aldegea ferslein, mar yn ‘e tredde omloop holden se har ek hiel knap steande tsjin Lollum. It waard úteinliks in 4-4 lykspul, en mei mar ien buordpuntsje mear hiene se sels it twadde plak beset. 

Alhiel neffens ferwachting wie Hartwert yn ‘e earste klasse oppermachtich. Wol ferrassend wie hjir  it optreden fan Jorwert. It wie twa jier lyn degradearre nei de twadde klasse, mar omdat dêr oars gjin ploegen foar beskikber wiene, mocht de Jorwerters dochs wer meidwaan yn ‘e earste klasse. En dêr einigen se ek fuortdaliks mar eventsjes op it twadde plak.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Blauhús 7-1; Aldegea – Lollum-Waaksens 3-5. Twadde omloop: Lollum-Waaksens – Skearnegoutum 2-6; Blauhús – Aldegea 5-3. Tredde omloop: Aldegea – Skearnegoutum 0-8; Blauhús – Lollum-Waaksens 4-4.

Einstân, mei tusken heakjes de buordpunten: Skearnegoutum 3 (21); Lollum-Waaksens 1,5 (11); Blauhús 1,5 (10); Aldegea 0 (6).

Earste klasse, earste omloop: Hartwert II – Jorwert 2,5-5,5; Lollum-Waaksens II – De Gaastmar 1,5-6,5. Twadde omloop: Hartwert I – Hartwert II 7-1; Jorwert – Lollum-Waaksens II 7,5-0,5. Tredde omloop: De Gaastmar – Jorwert 3,5-4,5; Lollum-Waaksens II – Hartwert I 0,5-7,5. Fjirde omloop: Hartwert I – De Gaastmar 6,5-1,5; Hartwert II – Lollum-Waaksens II 7-1. Fiifde omloop: De Gaastmar – Hartwert II 4,5-3,5; Jorwert – Hartwert I 3-5.

Einstân: Hartwert I 4 (26); Jorwert 3 (20,5); De Gaastmar 2 (16); Hartwert II 1 (14); Lollum-Waaksens II 0 (2,5).

(Tekst: S. Dyk)