De priisdammerij telde mar in lyts oantal dammers mar it wie lykwols in sukses. Yn earste ynstânsje stienen der 16 nammen op it papier, mar ien melde him ôf. Der bleauwen dus 15 oer. It bestjoer hat doe besletten dat ien fan harren dan net damje soe en dat waard de foarsitter. Hy mocht optrede as wedstrydlieder en moast alles wat yn de gaten hâlde. Sûnder him wie it fêst ek prima ferrûn, want der barden gjin rarichheden. Der waard gewoan hiel goed spile en yn de grutte seal koenen de dammers foldwaande ôfstân hâlde. Se sieten oan de kopse kant fan de tafels. Sa sieten se moai op ôfstân fan elkoar. Dit alles fansels yn it kader fan de koroanaregels. Yn twa groepen einigen twa dammers like heech op it twadde plak. Doe moasten der baraazjes spile wurde. Elk 10 minuten op de klok. Dat ferrûn ek as in tierelier. Doe koenen de prizen útrikt wurde.
Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Willem Schaap, Snits. Groep 2: 1 Bauke Dykstra, De Tynje. 2 Dicky van der Meer, Terherne. Haadklasse: 1 Liuwe Westra, Lollum. 2 Marcel Altena, Blauhûs. Twadde klasse: 1 Jan Nauta, Bitgumermole. 2 Tineke Teigeler, Sybrandabuorren.
(Tekst: C. Kooistra)
Fansels is der op it stuit in protte omtinken foar de twakamp om de wrâldtitel skaken tusken Magnus Carlsen en Jan Nepomnatschisji. En yn jannewaris sille Roel Boomstra en Aleksandr Schwarzman yn in match útmeitsje wa’t him de nije wrâldkampioen hoeks damjen neame mei. Twa tinksporten mei in lange histoarje en it Frysk damjen slút oan mei de earste striid om de wrâldtitel ôfrûnesimmer. It wie op haren en snaren dat hjir ek in Rus by wie. Mar Alexander Georgiev koe it yn de barraazje fan it Fryslân Open, it kandidatentoernooi, krekt net risse. No is Georgiev in fenomenaal hoeks dammer mei tsien wrâldtitels, mar dochs is it opfallend dat hy in koarte tiid de bêsten fan it Frysk damjen mear as partij jaan kin. Lykas in Foeke Tiemensma en Jouke Algra dy’t yn koarte tiid omheech sjitten en hast Frysk kampioen waarden. Wa wit komme der de kommene tiid wer nije toppers. Kanstantsin Nord út Belarus hat him al goed sjen litten by it Fryslân Open. En lykas by it skaken en hoeks damjen komme de Sjinezen der ek by it Frysk damjen oan.
It Frysk damjen hat in smelle top. Soks is by it skaken en gewoan damjen wol oars. Tinksporters dy’t harren wurk der fan meitsje, betsjut ek dat de djipgong grutter is. Hat it Frysk damjen dan net folle om de hakken? Perfoarst net, it is dreech, sit fol mei kombinaasjes en hat in tige djipgeand einspul. De kâns op in kampspul is mar lyts.Soks die ek bliken fan it simmer. Mar ien fan de âlve partijen tusken Marten Walinga en Folkert Groenveld waard kamp. Sa’t we sjen sille wie dat noch bysûnder ek. Groenveld sette tige min útein mei fjouwer ferliespartijen op in rige. En wûn it fiifde spul. It seisde spul nei de rêstdei hie der winne kinnen en sa de spanning wer wat werom te bringen.
Folkert Groenveld – Marten Walinga seisde partij WK, Harns, 17-8-20211.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 17-21 Mei 4. …13-19 as 14-19 wurdt de saneamde Koopmans-iepening trochsetten. Nei 4. …18-22 moat wyt oppasse foar 5.38-32? 15-20! 6.35×24 22-28 etc. 5.30-24 25×23 6.31-27 21×32 7.37×17 12×21 8.34-30 11-16 9.30-25 21-26 Beide spilers steane as in dyk. Wyt kriget no wol de kâns it hout op fjild 38 nei de kant te ruiljen. 10.43-39 7-11 11.36-31 26×37 12.38×36 11-17 13.39-34 17-21 14.34-30 21-26 15.30-24 14×34 16.44×24 13-19Better foar swart is om nei 16. …6-11, 8-12 en 13-19 oerdwers ôf te ruiljen. 17.24×13 8×19 18. 40-34 9-14 19. 41-37
19. …15-20? om 20.42-38 (driget 37-31) 10-15 21.34-30 30×40 22.50×30 wer dydriging. It beste is 6-11 19. …3-8 20.34-30 15-20 Wer in minder goede set. Nei 20. …8-12 21.42-38 19-24! 22.25×23 12-17 komt wyt wol wer lyk mei in lykweardige stân. 21.37-32!20×40 22.50×30 driget 42-38 en 32-27
Spylber is 22. ..4-9. Swart komt no efter22. ..19-23 23.32-27 26×28 24.30-24 14×34 25.35×24 10-15 26.49-44 15×35 27.45×25 8-13 28.44-40 16-21 29.40-35 6-11 30.42-38 13-18 31.36-31 21×41 32.47×36 2-8 33.24-20 8-13 34.38-33 4-9 35. 36-31 11-17 36.46-41 1-6 37.31-26 17-22 38. 41-36 6-11 39. 35-30 9-14 40.20×9 13×4
Nei 41.24-20 11-17 (ferpl.) 42.24-20 is it gau út. Mar wyt ferbarget de winst.41.33-28 22×33 42.48-43 33-39 43.43×34 11-17 44. 36-31? fansels 30-245-10 45. 30-24 10-14 46. 34-30 14×34 47. 30×39 4-9 48. 39-34 17-21 49. 26×19 9×40 50. 25-20 40-44 51. 20-14 44-50 52. 14-10 50-22 mei kamp.
Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48
Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50
En twa nijen fan Stellinga-Baron.
Nû.11 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48
Nû.12 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49
Oplossingen stjoere foar 24 desimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Stryk – ta damtoernoai Frysk spul net op freed mar op sneon 18 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Elk 30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok
Oanfang 10.00 oere
Ynlis €2,50
Prizen: hearlike oranjekoeken
Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nlOp freedtejûn tusken 18.30 en 20.00
Elkenien kin meidwaan, mar de QR-koade yfm koroana is ferplicht. Fierders moatte de dammers har hâlde oan de regeljouwing dy’t der op dat momint jildt.
Bestjoer “De Stadige Strikers”
Yn de earste omloop fan de Fryslân Kupmoast Siebe Walinga tsjin Jelle Wiersma. Beiden ha se de Kup twa kearwûn. Aldegeaster Walinga hie op 15 novimber it thúsfoardiel en lotte de witekleuren. Mar koe it diz’ kear net rissetsjin de regearjend Frysk kampioen.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19De Bildtse iepening mei libben spul.6.40-34 11-17 7.42-37 4-10 8.44-40 18-22! 9.48-42 is it skerpst. 9.50-44 22*42 10.43*41
Nei 10. ..20-24! 11.34×23 16-21! 12.31×22 12×32 (4 sk.) 13.37×28 13×22 14.26-21 wurdt it wer lyk.10. ..19-24 11.34*14 10*19 12.39-34 7-11 13.49-43 17-21 14.26*17 16*18 15.33-28 19-24 16.34*14 18-2317.28*19 13*4 Swart hat de rún wer op stâl mei in stân as in dyk. De witerjochterkant stiet minder goed. Betterfoar wyt wie opbouwe oan de linkerkant mei 17.31-26 en skerp spul.18.43-39 11-16 19.31-26 20-24 20.39-34 12-17 21.34*14 9*20 22.40-34 20-24 23.34*14 15*13 24.35*15 5*25Wyt moat wol strike yn de mindere hoeke en komt der kealer op te stean.25.44-40 4-10 26.40-35 10-15 27.37-31 13-19 28.38-33 19-23 29.33*13 8*19 30.31-27 17*37 31.36*38 16*36Sa kriget wyt wer wat streek.32.46*26 3-9 33.41-36 2-7 34.38-32 9-13 35.32-27 25-30 36.35*24 19*30 It plan fan swart is helder 37.47-42 15-20 38.42-38 30-34 39.27-21 20-24Wyt hat net folle mear.
40.38-33 34*32 41.21-17 7*27 42.26*37 24-30 43.36-31 6-11 44.37-32 11-17 45.31-26 30-34 en wyt jout op.
Dan noch omtinken foar de tredde en beslissende partij tusken Frederik Bos (wyt) en Zhuoyuan Du fan it online toernooi dat njonken de match om de wrâldtitel ferspile waard. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.27-21 16×27 4.26×28 19-24 5.34×14 4×24 6.28-22 12×34 7.39×19 13×24 8.35-30 24×35 9.40-34 35×33 10.43×21 11×31 11.37×26 25-30 12.26-21 10-14 13.41-37 30-35 14.45×25 15×35 15.48-43 20-25 16.38-32 5-10 17.44-40 35×44 18.43×45 10-15 19.21-16 6×26 20.36×16 14-20 21.37-31 20-24 22.31-26 24-30 23.46-41 9-14 24.32-27 14-20 25.42-38 8-12 26.38-33 30-35 27.33-29 20-24 28.29×20 15×24 29.41-37 1-6 30.37-31 3-8
It oergryslik sterke programma Scan jout hjir pas de earste ‘flater’ oan. 30. …2-8 is better. De beide dammers ha treflikspile, sjoen nei de beheinde tinktiid.31.27-21 12-18 32.31-27 8-12 33.47-42Om en om wurdt de winst ferspile. Hjir is 50-44 better, mar swart hat net itgoede antwurd mei 33… 18-22 33. ..18-23 34. 42-37 45-40 is de set.34… 24-30 35.37-31 12-18En hiir moast 35-40 36.21-17 23-28 37.17×19 28-33 38.19-14 6-1138. ..33-38 hie noch spul west foarswart. En no pakt Bos wol de winst.39.14-10 33-38 40.45-40 35×44 41.50×37 30-34 42.10-5 25-30 43.5×20
Oplossingen problemen ledderwedstriid
Nû.5 1.43-39 2.17-11 3.39-33 4.50-44
Nû.6 1.29-24 2.45-40 3.19-14 4.14×5
Nû.7 1.44-39 2.16-11 3.33-29 4.45-405.26-21, 50×33 6.21×34 7.34-29
Nû.8 1.37-31 2.34-29 3.26-31 4.29-23
En twa nijen fan Stellinga-Baron.
Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 en wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48
Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 en wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Njonken de twakamp om de wrâldtitel, fan it simmer te Harns, wie der in online toernoai. De finale gie tusken Frederik Bos en de jonge Sjinees Zhuoyuan Du, dy’t him yn koarte tiid it Fryske spul eigen makke hat. Der wurdt grute dat ynde takomst in wrâldkampioen fan bûtenFryslân komme kin. Soe it Du wêzekinne? Hy hat wyt en it spul moatbeslikke wêze yn mar fiif minuten.
1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 11-16 6.31×11 1×21 7.42-37 21-26 8.37-31 26×37 9.41×32 10-15 10.28-22 18×27 11.32×21 16×27 12.33-28 27×29 Der wurdt ôfruile nei ienfâldiger spul.13.34×25 19-24 14.25×23 13×42 15.43×41 20-25 16.49-43 7-11 17.35-30 25×34 18.39×30 14-19 19.30-25 15×35 20.45×25 11-16 21.40-35 8-13 22.43-39 13-18 23. 25-20 19-23 24. 39-34 12-17 25.34-30 23-29 26.30×10 5×43 27.48×39 Nei 34.50-45 hie swart de grutte ôfruilnet nimme kind. 27. ..3-9 28.41-37 17-21 29.37-31 21×41 30.46×37 9-14 31.37-32 14-20 32.36-31 4-10 33.39-34 2-8 34.31-27 20-25 35.50-44 8-12
Bos hat twa minne setten dien en Du wint de earste partij. 36.27-22 12-17 37.22×11 6×17 38.32-27 17×37 39.47×27 10-15 40. 34-30 25×34
Yn de twadde partij stiet it sa nei22. ..30-35 en Du nimt de kar foar de djoere daam en ferliest nei 23.31-26 16×47 24.50-45 47×50 25.45×5 50-45 26.5×41 45×24 23.41-37 en dan ôfruiljetroch 24.31-26 is goed foar wyt. It tredde, beslissende spul de oare kear.
De probleme foar de ledder
Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50
Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49
mei twa nijen fan Willem F. Bakker
Nû.7 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 22, 30 wyt 16, 26, 29, 33, 44, 45
Nû. 8 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 18, 19, 28 wyt 16, 26, 30, 34, 37, 38, 41
Oplossingen stjoere foar 26 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Wêr’t de meast pessimistyske swarttinker al benaud foar wie, dat is moandeitejûn yn Jorwert útkaam. Nei de trije omlopen foar trije plakken by de tredde acht fan ‘e persoanlike kampioenskippen hawwe de fjouwer kandidaten presiis likefolle punten.
Fan tefoaren like de saak frij dúdlik. Nei twa remizes yn ‘e earste omloop hiene de beide Jorwerterkandidaten Siebren Dyk en Frans Kingma yn ‘e twadde omloop wûn fan harren Hartwerter konkurrinten Piet Sikma en Klaas Wiersma. De Hartwerters liken der min foar te stean. Mar se fochten werom, en hoe! En ek noch op fijanlik terrein yn in bysealtsje fan kafee Het Wapen van Baarderadeel.
It earst moast Kingma belies jaan. Hy stie der tsjin Piet Sikma hielendal net raar op, maar waard doe mei it ynnimmen fan in foarpost wat al te dryst. Sikma strafte dat fenomenaal ôf mei in komplekse damset, en doe wie Frânseman dach.
Op it oare boerd seach it der foar Siebren Dyk fuortdaliks al tsjuster út. Hy kaam net goed út ‘e iepening, ek al besocht er wol te ferdigenjen en moast de oanfallende Klaas Wiersma likegoed útsjen. Doe’t Dyk in ruiltsje miende te dwaan dat hielendal net koe, wie it mei him ek besjoen.
Goede rie wie op dat stuit djoer. Elk likeheech mei oardel punt. Sonnema Bearenburch en ûnderlinge resltaten joegen ek gjin útslútsel. Hiene de dammers hjirfoar no trije jûnen yn waar en wyn der op út moatten? Der wiene al spontaan trije dy’t har oanbeaën om har dan mar frijwillich werom te lûken.
Mar sjoch, doe wie dêr de rêdende ingel yn ‘e foarm fan demisjonêr bestjoerslid Fedde Wiersma.Hy stelde út om noch ien jûn trije omlopen te fluchdamjen, it leafst op neutraal terrein. Dêr koe elk him optlêst yn fine. Dat as it no naaid wurdt sa’t it knipt is, dan sil Skearnegoutum kommende moandei tsjûge wêze fan in spetterjende finale!
(Tekst: S. Dyk)
It is fansels wol bysûnder dat men as klup sizze kin: “De wrâldkampioen Frysk spul wie yn üs fermidden!” In oar dy’t net op de hichte is fan de in en outs fan dizze tinksport sil mooglik tinke: “Wat in flauwe kul om dêr mei oan te kommen!” Dat is it net! De skiednis moat goed skreaun wurde, want it kin sa mar oars. No is ús wrâldkampioen nocht in echte Fries, dy’t hjir hikke en tein is. Dat soe yn de takomst sa mar oars komme kinne. No is Marten Walinga de regearjend kampioen, mar it hie foar itselde de Rus Georgiev wêze kinnen. Mooglik is in bûtenlanner oer in jiermannich de nije wrâldkampioen. Dat soe moai wêze fansels, allinnich is it dan spitich dat sa’n ien net by de Stadige Strikers op in damjûn oanskikke sil. Mar moandeitejûn damme de wrâldkampioen dus wol tusken de oare dammers syn partij.
Yn it kader fan de Fryslân Kup moast Walinga in partij skowe tsjin Striker Dicky van der Meer. Der lei wol wat druk op de rêch fan dizze Striker: alle oare fjouwer Strikers dy’t meidogge oan de striid om de Fryslân Kup hienen har al yn de twadde ronde pleatst. Dicky moast der dus plat foar en fansels die er dat. Hy wist ek dat in jiermannich lyn yn deselde striid om de kup Walinga al ris mei lege hannen nei hûs moast. Doe liet Bauke Bos him stroffelje! It hiele omsittend laach hie al gau foar it ferstân dat Marten alles die om net wer it slachtoffer te wurden yn it Swettehûs. Dêr slagge er goed yn. Net dat Van der Meer der ôffeegd waard, mar krekt yn de einfaze moast er belies jaan. Doe seach men de hân fan de master: alle houtsjes krekt op it goeie plak. Hoewol it spitich wie foar Dicky, joech sa ‘n konfrontaasje wol wer wat ekstra’s yn it damgroepke.
De meast yn it each springende útslach fan de kompetysje behelle Ype Boelens. Hy moast damje tsjin Willem Schaap, mar dy spile fuortendaliks ek tsjin Kees Castelein. Soks is fansels net ideaal. It foardiel is dan dat der net ien hoecht stil te sitten. No leit der nochal wat krêftsferskil tusken de beide lêstneamde dammers. Ek logysk, Willem dammet syn hele libben al en Kees noch mar in pear jier. De útslach fan dy partij koe gau notearre wurde, en doe koe Willem alle tiid brûke tsjin Ype. Hy seach it yn it begjin ek wol sitten, want hy makke noch wol ris in rûntsje lâns de oare buorden op ôfstân fansels. Oan de ein fan de partij seagen wy Ype al ris efkes om him hinne gnuven en letter ek in omslachje rinnen. It soe it teken oan de wand wêze. Ype hie it yn streken en wûn. De earste partij tusken de beide mannen einige yn kamp.
Ek kamp waard it tusken Bauke Bos en Jan Kastelein ek. Bos: “Ik wit ek wer ris wat remize is!” ja dat wie Bauke net mear wend de lêste tiden. Moandeitejûn like er ek wer op de oerwinning ôf te stevenjen. Hy kaam in houtsje foar en stie gaadlik op it boerd. Syn tsjinstanner spile ek net swak by. Dy hold de kop der goed by en it risseltaat mocht der wêzefoar Jan fielde it as in oerwinning.
Utslaggen: Willem Schaap – Ype Boelens 0 – 1; Kees Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 -1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein ½ – ½; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.
(Tekst: C. Kooistra)
Mooglik komt it trochdat er okkerdeis 50 wurden is: Dat sekuere damjen fan Bauke Bos. Hy hat it al faker foarinoar krigen dat de skriuwer der hast net om hinne koe om syn namme yn de kop fan it ferslach te fermelden. Wie it de lêste wiken troch syn moaie setjes, diskear komt der in hiele oare eigenskip fan him boppe driuwen: security. Beide wurden sekuer en security binne fansels tige oan elkoar besibbe, dat kin men fan tinken wol ha.
De dammers moasten harren QR bewiis tsjecke litte, oars mochten se it gebou net yn. Dat wie foar gjin inkele Striker in probleem: alle gearre hienen se de saakjes goed foarinoar. No mochten wy as damklup sels de tsjeck wol ôfnimme, dêrom hie de foarsitter Bauke Bos frege oft dy de epp dy’t dêr foar nedich wie wol even delhelje woe. No dat woe er wol. Hy hat earst thús de QR-koade fan syn frou kontrolearre. Dat gie prima, dus Bauke wie klear foar syn taak. Alles wie tsjeckt, doe’t der twa sjongsters sa mar by ús yn de bar kamen. Bauke der op ôf: “Ik moat wol even jim QR-koade tsjecke!” sei er tsjin de froulju. Dy bewizen leinen yn de oare seal, dat dy froulju wisten net hoe rap as se it domein fan de dammers wer ferlieten. We ha se net wer sjoen. Bauke Bos wie mei flage en wimpel slagge foar security-man.
It damjen soe foar Bauke ek gjin probleem opleverje. Hy wûn fan Kees Castelein. Heit Castelein koe it net risse tsjin Hennie de Haan. Jelle Wiersma siet yn Aldegea te damjen foar de Fryslân Kup. Hy soe winne! Ype Boelens en Dicky van der Meer makken der in moaie pot fan. Ype kaam in hout foar, mar koe der úteinlik dochs net mear úthelje as kamp. Dêroermocht Dicky net kleie! De twa oare partijen dienen der frij wat langer oer, mar dêr waard troch dy mannen ek sekuer spile. De útslaggen sjogge jim hjir ûnder.
Utslaggen: Dicky van der Meer – Ype Boelens ½ – ½; Henny de Haan – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Op moandei 15 novimber wie yn Aldegea de twadde omloop fan ‘e pleatsing foar de tredde acht. Lykas bekend binne der fjouwer gadingmakkers: Piet Sikma en Klaas Wiersma (beide lid fan Hartwert) en de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma. Yn ‘e earste omloop moasten de klupgenoaten tsjininoar, en doe holden se it allegearre op remize. Soe der no yn Aldegea dan dochs wat tekening yn ‘e striid komme?
Wel, dy kaam der, en dat wiisde foar de Hartwerters net geunstich. Klaas Wiersma flechte yn syn stân allegearre drigings, mar Kingma trape dêr net yn. En sa’t it sprekwurd seit, wie een kuil graaft voor een ander … Wiersma waard yn alle gefal it slachtoffer fan in moaie kombinaasje, en koe doe Kingma de hân jaan.
Nei in ridlik oersichtlike iepening kaam Piet Sikma yn it lette middenspul posysjoneel wat ûnder druk te stean. Mar der sieten oan ‘e oare kant wol wer safolle kombinaasjemooglikheden yn ‘e stân dat Dyk ek duvels oppasse moast. Dat bliek wol doe’t er ien dêrfan oer de kop seach. Sikma krige in daam. Dyk hie ek ien, plus noch twa houtsjes, wêrfan ien kreas yn it hoekje. Dat die, mei de klok al wat yn ‘e alaarmfaze, úteinliks de lêste slach.
Op tiisdei 23 novimber is yn Jorwert de lêste fan ‘e trije omlopen. Hoewol – as de Hartwerters dan fan ‘e Jorwerters winne soene, dan ha alle fjouwer dammers wer likefolle punten, en soe it feest op ‘en nij begjinne kinne.
It siet der nei de earste jûn al wat oan te kommen, want doe naam er fuortdaliks de kopposysje yn. Jelle Wiersma hat dy op ‘e twadde en lêste jûn yn it toernoai om it kampioenskip fan “Het Wapen van Baerderadeel” yn Jorwert ek net mear ôfstien. Yn ‘e tredde omloop stûke it oars al wat mei de puntemesine. Willem Schaap makke it Wiersma hiel lestich, en sleepte der úteinliks ek kamp út. In oare potinsjele konkurrint, Folkert Groenveld, hie it ûnderwilens dreech tsjin ‘e pleatslike favoryt Willem Dykstra. De kampioen fan ‘e beide foarige edysjes koe de boel optlêst nei in trochbraak noch nei kamp skowe, mar omstanner Cor Kooistra wiisde der nei ôfrin fleanende fluch op dat Dykstra winne moatten hie. Mar ja, yn ‘e lêste faze fan in partij ha dammers der faak noch in tsjinstanner by krige. En dat is de klok.
Yn ‘e fjirde en lêste omloop weefde Wiersma ôf mei Groenveld. Schaap wûn fan Dicky van der Meer, en dat smiet him in knap twadde plak op yn ‘e einklassearring. Willem Dykstra sil oer syn tredde posysje ek net ûntefreden wêze. Nei dy toppers folge it middenmoattrio Groenveld, Van der Meer en Westra, allegearre mei 2 punten. Groenveld bliek fan harren fierwei it bêste SB te hawwen, dat dy gong ek noch mei in pryske nei hûs ta. Cor Kooistra hie yn Jorwert syn dagen net, en nettsjinsteande hege pleatslike ferwachtings bliek Frans Kingma op dit nivo dochs te koart te kommen.
Yn ‘e twadde groep gong Rinze Schukken fan Hilaard de twadde jûn as tredde yn, mar hy kaam der as earste wer út. Tsjin kastlein Emke Dykstra gong it frij maklik, mar yn ‘e lêste omloop tsjin Siebren Dyk, dy’t dêrfoar noch Harry Kaspers ferslein hie, hie er it dreger. Oant Dyk in geweldige flater makke, en hy út lulkichheid dêroer sa tsin syn kealjende plasse bûkte dat elk út syn konsintraasje helle waard. Damjen is ek emoasje. Dy wie der ek by Hindrik Terpstra. Dy begjinnende dammer helle foar it earst in oerwinning. En hy glom der oer.
Utslaggen groep I
Tredde omloop: F. Groenveld – W. Dykstra ½-½; F Kingma – C. Kooistra 0-1; J. Wiersma – W. Schaap ½-½.
Fjirde omloop: Kingma – Westra 0-1; Schaap – van der Meer 1-0; Groenveld – Wiersma 0-1; Kooistra – Dykstra 0-1.
Einstân (mei tusken heakjes it SB-getal): 1. Wiersma 3½; 2. Schaap 3; 3. Dykstra 2½; 4. Groenveld 2 (10,5); 5. Van der Meer 2 (6); 6. Westra 2 (2); 7. Kooistra 1; 8. Kingma 0.
Utslaggen groep II
Tredde omloop: H. Kaspers – S. Dyk 1-0; R. Schukken – E. Dykstra 1-0; B. Hylkema – H. Terpstra 0-1.
Fjirde omloop: Terpstra – Kaspers 0-1; Dyk – Schukken 0-1; Dykstra – Hylkema ½-½.
Einstân: 1. Schukken 3; 2. Dyk 2½ (8,25); 3. Kaspers 2½ (8,25); 4. J. Dykstra / B. Hylkema 1½ (5,75); 5. E. Dykstra 1½ (2,25); 6. Terpstra 1. [NB 1: folchoarder tusken Dyk en Kapers op grûn fan de ûnderlinge partij. NB 2: J. Dykstra wie de twadde jûns siik, B. Hylkema hat doe foar him ynfallen.]