Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Rubryk 29-1-2021

Gewoanwei hie om diz’tiid it Frysk kampioenskip begien. De Frysk dammers tyngje der op dat soks fan it hjerst barde mei. In jier lyn wie der daalk al in ferrassing doe’t titelhâlder Jelle Wiersma yn de earste omloop te Hartwert dellein waard troch Tjerk Wijbinga. De Arumer einige letter sa as wenst yn de subtop en Wiersma soe de oare seis spullen noch winne en wer kampioen wurde. Wijbinga hie wyt.

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 17-22! Soks wurdt mar inkeld spile. 4.33-28 22×33 5.43×12 8×17 Nei 4.42-38 25-30 5.40×20 10×30 6.34×25 16-21 7.27×16 6×26 8.36×16 22-28 9.33×22 18×36 10.46×26 19-24 etc. is der ek lykwicht.  6.31-26 14-20 7.37-31 17×37 8.41×32 11-17 9.42-38 10-14  9. 13-18 is better. 10.32-27 17×37  11.31×42 7-11 12.38-32 2-8 13.32-27 5-10 14.42-37

13-18 15.48-43 18-22 16.27×18 19×17 17.37-31 8-13 18.34-30 25×34 19.39×30 20-25 20.44-39 25×34 21.39×30 15-20

Wyt kin oanfalle op de lange hoeke.

22.43-39 13-19  23.39-34 1-7 24.49-44 17-21 25.26×17 7×27 26.31×22 19-24 27.30×19 20×27 Swart hat wer romte. 28.35-30 16-21 29.30-25 11-16

30.40-35 21-26 31.34-30 6-11

31. ..16-21 32.36×6 6×26 kin ek.

32.44-40 11-17 33.40-34 17-21  Hjir hie 33. …3-8 moatten. No folget 34.34-29

Der driget 35.30-24 en36.25-20 

34. ..14-19? 35.50-44! 19×50 36.47-41 50×20 37.25×5. Dan mar  34. …26-31 35.29-24 14×34 36.30×39?  36.35×33 en der driget 33-28 mei skiifwinst.  Mar ek swart nimt net de goede kar  mei 36. .3-8 36. ..9-13 wie de set. 37.45-40 9-14?? En kin no daalk opjaan. 38.25-20 14×43 39.47-42 43×41 40.46×6

De winners fan de krystpuzzel binne nei lotting. Sy kinne in pryske ferwachtsje.

1. G. Schilstra, Boalsert;

2. S. van Steinvoren, Dronryp;

3. K.Wiersma, Nij Beets;

De problemen foar de ledderwedstriid, allegearre fan Stellinga-Baron.

Nû.15 sw. 3, 9, 11, 14, 17, 19, 26, 27, 45

wyt 23, 28, 34, 37, 46-50

Nû.16 sw. 5, 9-12, 15-17, 19

wyt 25, 29, 31, 32, 35, 39, 41, 44, 47

Nû.17 sw. 6, 8, 10, 11, 13, 15, 19, 26

wyt 28, 31, 37, 40, 42, 43, 45, 46

Nû.18 sw. 7, 11, 13, 14, 20, 21, 24, 26 wyt 22, 32, 34, 38, 41, 44, 48, 49

Oplossingen stjoere foar 12 febrewaris.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 15-1-2021

Lykas oare tinksporten moat it Frysk Spul har rêde mei online damjen. Yn it lêste echte toernooi, it Fryslân Iepen fan 2020 troffen de favoriten Alexander Georgiev en Jelle Wiersma har nei it reguliere toernooi by de grutmasters. Dit slot-toernooi mei de beste fjouwer dammers waard ferrassend wûn troch Folkert Groenveld dy’t in twakamp tsjin de regearjend wrâldkampioen spylje sil. Dat is Marten Walinga dy’t yn 2018 de titel pakte krekt foar Georgiev. It Russyske rekkenwûnder hat it yn him om nei tsien wrâldtitels yn it hoekse spul, ek nochris dy yn it Fryske Spul te winnen. In Frysk dammer sil it net oprêde yn it hoekse spul. Wa wit nimt immen as Roel Boomstra as in Sjinees nochris de stap. No oandacht foar de partij fan Georgiev tsjin Wiersma. De Rus iepene wer mei deselsde set. 1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 3.40*29 19-23 4.44-40 23*34 5.39*30 14-20 Swart docht it oars, meastal folget 13-19 6.30-25 10-14! 6.30-24 20×29 7.33×24 17-21 8.26×19 9×20 is foar swart wat better 7.49-44 18-23 8.44-39 14-19 9.25*14 19*10 10.39-34 15-20 En dan aans twa kear oerdwers. 11.34-30 23-28 12.33×22 17×28 13.32×23 13×33 14.43×23 20-25 15.35×15 5×34 16.40×29 16-21 17.26×17 11×33 18.38×29 en swart wat better 12.38*18 8*39 13.40*38 20*40 14.35*44 9-14 It swarte plan is helder, oanfalle op de úttinne hoeke fan wyt. 15.44-40 14-20 16.40-35 20-25 17.35*15 5*25 In âlde wiisheid is ‘net strike oan de mindere kant’. 18.32-27 10-15 19.27-22 12*32 20.42*22 17*28 21.38*9 3*14 22.37-31 14-20 23.31-27 20-24 24.41-37 24-30 25.37-31 15-20 26.46-41 20-24 27.43-39 4-10 28.41-37 30-35 De posysjes binne opboud en de dammers komme inoar op ‘e lea. 29.39-34! 35*33 30.27-21 16*27 31.26*39 10-15 32.39-33 11-16 33.31-26 7-11 34.37-31 1-7 35.31-27 11-17 36.33-29! 17*37 37.47*27 24*33 38.27-21 16*27 39.26*39 25-30 40.45-40

40. …6-11 41.40×20 15×24 42.39-34 24×44 43.50×39 11-17 sil kamp wurde. 40. …30-35 41.39-33 35*44 42.50*39 15-20 43.39-34 7-12 44.36-31 12-17 Wyt hat de ferkearde kar nommen en giet troch de klok yn in minne stân. Bygelyks 41.50-44 7-12 42.48-42 6-11 43.39-33 15-20 44.44-39 35×44 45.39×50 12-17 kin samar kamp wurde. Twa problemen fan Duursma, de man efter de skûlnamme Stellinga-Baron.

Nû.15 sw. 3, 9, 11, 14, 17, 19, 26, 27, 45 wyt 23, 28, 34, 37, 46-50

Nû.16 sw. 5, 9-12, 15-17, 19 wyt 25, 29, 31, 32, 35, 39, 41, 44, 47 Oplossingen noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 18-12-2020

Yn de lêste rubryk fan 2020 sawn

miniatuerkes fan Roel Bergsma.

Folle wille mei it oplossen en in goed

2021 tawinske.

Nr. 1

Nr. 2

Nr. 3

Nr. 4

Nr. 5

Nr. 6

Nr. 7

Oplossingen foar 15 jannewaris nei

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 4-12-2020

Willem Schaap fan Dearsum damt by ‘De Stadige Strikers’ te Skearnegoutum. By it lêste Frysk kampioenskip, yn febrewaris ferspile, die hy foar it earst mei yn de kampioensklasse. Oan de ein fan de rit kaam er in heal punt te koart om him te hanthavenjen. Wylts it de earste dei yn Blauhús, mei twa kamp-spullen tsjin Henk Haanstra en Taeke Kooistra goed begie. De twadde omloop hie Schaap de swarte skiven tsjin de 18-fâldich kampioen. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 19-24 5.34×14 10×19 6.31-27 25-30 6. …18-22 kin 7.35×24 19×30 8.27-21 11×31 9.26×37 20-25 10.40×20 25×14 De stân is symmetrysk. 11.44-40 14-20 12.40-35 12-17 13.36-31 7-12 12-17 foar wêze . 14.31-26 16×36 15.46×26 1-7 16.32-27 17-22 17.37-32 22×31 18.26×37 7-11 19.37-31 18-23 20.33-29 23×34 21.39×10 05×14 It middenspul begjint lykweardich. 22.50-44 15-20 23.44-39 11-16 24.39-34 12-17 25.34-30 20×40 26.35×44 17-22 27.32×12 13×1128.38-32 14-20 29.42-37 20-24 30.44-4 11-17 31.40-35 8-12 32.32-27 2-7 33.43-38 24-30 34.35×24 17-22 35.27×18 12×25 Swart kin de oanfal opfange en it giet op it einspul ta. 36.48-43 9-14 37.43-39 14-20 38.39-34 3-8 39.49-44 4-10 40.44-40 10-15

Kooistra kriget it bettere spul troch 41.38-33! En bygelyks 7-12 42.47-41! 11-17 43.33-28 17-22 44.28×17 16×18 45.31-26 6-11 46.37-32 8-12 47.41-36 as 45. ..18-23 46.41-36 23-29 47.34×23 25-30 48.40-35 6-11 49.35×24 20×18 41.40-35 8-12 42.38-33 7-11 43.31-27 12-17 44.27×7 11×2 45.33-28 2-8 46.28-23 8-12 47.37-31 12-18 48.23×12 16-21 49.31×11 6×8 50.47-41 8-12 51.41-37 12-17 52.37-31 17-22 53.31-26 22-28 54.26-21 28-32 55.21-17 32-37 56.17-11 37-41 57.11-7 41-46 58.7-2 46-32 59.2×42 20-24 60.42×20 15×44 61.35×15 Ek bygelyks 58. ..46-41 59.2-13 41-14 60.13-8 14×44 61.45×43 25×45 62.43-39 45-50 63.8-3 is kamp. Nû.11 sw. 7, 8, 12, 14, 20, 23, 30 wyt 16, 32, 36, 37, 40, 48 Nû.12 sw. 6, 8, 13, 14, 19, 30 wyt 16, 28, 36, 37, 39, 48 En twa nijen fan Hiele Walinga.

Nû.13 sw. 5, 8, 9, 13, 26, 33 wyt 15, 25, 30, 31, 37, 41, 42

Nû.14 sw. 2, 4, 10, 11, 16, 31, 35 wyt 13, 24, 39, 44, 46, 48, 49 Oplossingen stjoere foar 18 desimber. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 20-11-2020

It dambûn hie freed 13 novimber in priisdammerij op lidraughts.org útskreaun. Nei oardel oere kamen de bekinde kopstikken boppe driuwen. Marten Walinga wie net te bedamjen en wûn alle spullen. Jelle Wiersma, good-old Sjoerd Couperus, Folkert Groenveld en Teake Kooistra mochten it oare prizenjild ferpartsje. Mar wat te tinken fan de Wyt-Rus Konstantin Nord. Hy makke al grutte yndruk by it Fryslân Open en wie mei Walinga de ienige dy’t gjin ferlies ferwurkje moast. It lêste spul fan Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma mei wyt. De tinktiid wie beheind; tsien minuten en acht tellen de set der by. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 10-14 11.37-32 5-10 De ôfruil troch 11. ..25-30 12.34×25 19-24 as 20-24 kin ek. 12.42-37 1-7 13.37-31 26×37 14.32×41 12-17 15.28-23 19×28 16.33×11 7×16 17.34-30 25×34 18. 39×30 20-25 (ferpl.) 19. 44-39 25×34 20. 39×30 15-20 21.30-25 18-22 Swart moat oer rjochts, de oare kant stiet fêst. 22.49-44 13-19 22.38-33 is better, dan wurdt de swarte opbou nei fjild 19 fersteurt. 23.38-32 22×42 24.48×37 16-21(ferpl.) 25.37-31 21-27 etc. mei lykwicht 25.43-39 21-26 26.39-34 8-13 Der drige 41-36! 27. 34-29 19×39 28. 44×33 20-24 29. 25×23 13-19 30. 35-30 19×39 31. 40×38 14-20! Swart lit him opslute oan de linkerkant, mar kin al oan in oanfal bouwe. 32.30-25 10-14 33.38-33 9-13 34.33-29 13-19 35.29×9 4×13 36. 45-40

36. ..20-24! 37.25×23 13×33 38.50-45 2-7 39.40-35 7-12 40.45-40 12-18 en wyt rint stomp. 36. …2-7 Wyt kin noch kamp meitsje troch fjild 28 te besetten. 37.40-34 20-24 38.25×23 13×35 39.37-32 3-8 40.32-28 37. 50-45 7-12 38. 40-35 20-24 No wol! 39. 25×23 13×33 40. 45-40 14-20 41. 40-34 12-18! Swart komt in hout efter, mar strykt wyt moai fêst. 42. 34×32 3-8 43. 47-42 8-12 44. 42-38 18-23 45. 38-33 23×43 46. 32-28 20-24 Noch oppasse foar 46. 43-48? 47.28-23 48×31 48.41×21 26×17 47. 37-32 12-17 48. 41-37 17-21 en wyt jout op.

De oplossingen fan de problemen en wer twa nijen fan Willem F. Bakker Nû.5 1.29-23 2.×35 3.×21 4×34 5.28-22 Nû.6 1.50-45 2.31-26 3.×9 4.40-34 5.34-296.35-30 Nû.7 1.31-26 2.42-37 3.48-43 4.20-14 Nû.8 1.37-32 2.×41 3.41-36 4.×20 5.×30 Nû.9 1.25-20 2.43-39 3.28-23 4.×22 5.37-32 6.×5 7.×48 8.48-34 9.×34 Nû.10 1.47-42 2.29-23 3.25-20 4.33-28 Nû.11 sw. 7, 8, 12, 14, 20, 23, 30 wyt 16, 32, 36, 37, 40, 48

Nû.12 sw. 6, 8, 13, 14, 19, 30 wyt 16, 28, 36, 37, 39, 48 Oplossingen noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 20-11-2020

It dambûn hie freed 13 novimber in priisdammerij op lidraughts.org útskreaun. Nei oardel oere kamen de bekinde kopstikken boppe driuwen. Marten Walinga wie net te bedamjen en wûn alle spullen. Jelle Wiersma, good-old Sjoerd Couperus, Folkert Groenveld en Teake Kooistra mochten it oare prizenjild ferpartsje. Mar wat te tinken fan de Wyt-Rus Konstantin Nord. Hy makke al grutte yndruk by it Fryslân Open en wie mei Walinga de ienige dy’t gjin ferlies ferwurkje moast. It lêste spul fan Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma mei wyt. De tinktiid wie beheind; tsien minuten en acht tellen de set der by.

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 10-14 11.37-32 5-10 De ôfruil troch 11. ..25-30 12.34×25 19-24 as 20-24 kin ek.                 12.42-37 1-7 13.37-31 26×37 14.32×41 12-17 15.28-23 19×28 16.33×11 7×16 17.34-30 25×34 18. 39×30 20-25 (ferpl.) 19. 44-39 25×34 20. 39×30 15-20 21.30-25 18-22 Swart moat oer rjochts, de oare kant stiet fêst. 22.49-44 13-19 22.38-33 is better, dan wurdt de swarte opbou nei fjild 19 fersteurt. 23.38-32 22×42 24.48×37 16-21(ferpl.) 25.37-31 21-27 etc. mei lykwicht 25.43-39 21-26 26.39-34 8-13 Der drige 41-36! 27. 34-29 19×39 28. 44×33 20-24 29. 25×23 13-19 30. 35-30 19×39 31. 40×38 14-20! Swart lit him opslute oan de linkerkant, mar kin al oan in oanfal bouwe. 32.30-25 10-14 33.38-33 9-13 34.33-29 13-19 35.29×9 4×13   36. 45-40

36. ..20-24! 37.25×23 13×33 38.50-45 2-7 39.40-35 7-12 40.45-40 12-18 en wyt rint stomp.  36. …2-7

Wyt kin noch kamp meitsje troch fjild 28 te besetten. 37.40-34 20-24 38.25×23 13×35 39.37-32 3-8 40.32-28    37. 50-45 7-12 38. 40-35 20-24  No wol! 39. 25×23 13×33 40. 45-40 14-20 41. 40-34 12-18! Swart komt in hout efter, mar strykt wyt moai fêst. 42. 34×32 3-8 43. 47-42 8-12 44. 42-38 18-23 45. 38-33 23×43 46. 32-28 20-24  Noch oppasse foar 46. 43-48? 47.28-23 48×31 48.41×21 26×17 47. 37-32 12-17 48. 41-37 17-21 en wyt jout op.

De oplossingen fan de problemen en wer twa nijen fan Willem F. Bakker

Nû.5 1.29-23 2.×35 3.×21 4×34 5.28-22

Nû.6 1.50-45 2.31-26 3.x9 4.40-34

5.34-296.35-30

Nû.7 1.31-26 2.42-37 3.48-43 4.20-14

Nû.8 1.37-32 2.x41 3.41-36 4.x20 5.x30

Nû.9 1.25-20 2.43-39 3.28-23 4.x22 5.37-32 6.x5 7.x48 8.48-34 9.x34

Nû.10 1.47-42 2.29-23 3.25-20 4.33-28

Nû.11 sw. 7, 8, 12, 14, 20, 23, 30

wyt 16, 32, 36, 37, 40, 48

Nû.12 sw. 6, 8, 13, 14, 19, 30

wyt 16, 28, 36, 37, 39, 48

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 6-11-2020

Dejingen dy’t dizze rubryk troch de jierren folge ha witte dat der eins twa ‘hofleveranciers’ binne wat de problemen oanbelangje. Hiele Walinga en Willem F. Bakker ha beiden in ryk ferskaat oan problemen neilitten. Noch altiid kin út dizze boarnen putten wurde. Fierders hat Roel Bergsma ek in protte problemen makke. Yn de foarige ieu kaam der noch wolris in probleem fan de mysterieuze Stellinga-Baron yn de krante. Nimmen wist wa’t efter dizze skûlnamme stie. Mar no is der dochs klearheid kommen. Arne van Mourik is sammelder fan alles wat mar mei it damjen te krijen hat. Van Mourik hat in part fan de neilittenskip fan Karel W. Kruiswijk krigen. Foar van Mourik, mear thús yn it hoekse spul, wie it abacadabra. Oant hy it op de eigen klup te Utert sjen liet oan Auke Zijlstra, Fries om utens. Auke hie wol yn de gaten dat it problemen Frysk spul wienen. Mar wa soe se makke ha? Misskien wist Marten Walinga, jawis soan fan, der wol mear fan. Dy hat in stikmannich problemen besjoen en âlde kranten der by helle en doe foel it kwartsje. Steven Wytze Duursma, berne en grut wurden yn Noard-Hollân, gie efter de namme Stellinga-Baron skûl. Auke Zijlstra hat war dien en de problemen fan Stellinga_Baron neisjoen. Jim kinne se op lidraughts.org fine ûnder it kopke ‘studies’. Bygelyks dizzen, dy’t jim oplosse kinne foar de ledder. Earst noch dy’t stienen. Nû.5 sw. 3, 6, 7, 9, 12-14, 19, 30 wyt 15, 16, 28, 29, 37-39, 41 Nû.6 sw. 3, 8, 13, 16, 17, 19, 20, 23, 29 wyt 31, 32, 35, 36, 38-41, 48, 50

Nû.7 sw. 6, 9, 16, 28, 29, 33, 35 wyt 20, 24, 31, 40, 42, 44, 48

Nû.8 sw. 13, 14, 17, 22-24, 26 wyt 33, 34, 37, 40, 43, 44, 50

Nû.9 sw. 4,6,7, 10, 11, 13, 14, 17, 19, 26 wyt 25, 28, 31, 33, 37, 40, 41, 43, 45, 47

Nû. 10 sw. 2, 7, 10, 11, 15, 16-18, 21, 36 wyt 25, 29, 32, 33, 37-41, 47 De seis oplossingen foar 20 novimber. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 23-10-2020

Sa as it no liket sil der fan echte dammerijen net folle komme en moatte de Frysk dammers harren behelpe mei online toernooien fia lidraughts.org. Lokkich kin der by guon klups de kompetysje wer opstart wurden. En mei ek ûnder de nijste corona-maatregels yn de eigen rûmte trochspile wurde. Twa wike lyn setten Folkert Groenveld en Siebe Walinga (swart) op de earste damjûn fan Nocht&Kriich, Aldegea-SWF ek wer útein. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 16-21 5.26*17 12*41 6.46*37 11-16 7.33-28 7-12 8.34-30 25*34 9.39*30 1-7 Net 9 . ..20-25 om 10.28-23 etc. 10.44-39 18-22 11.28*17 7*27 12.32*21 16*27 13.37*17 12*21 14.42-37 21-27 14.30-25 jout swart de kâns ta in oanfal. 15.37*17 19-24 16.30*19 20*16 17.36-31 15-20 Is 17. …16-21 net better? 18.40-34 10-15 19.34-30 20*40 20.45*34 13-19 21.34-30 9-13 22.39-34 8-12 23.31-27 12-17 24.27*7 6*8 25.30-25 8-12 driget 19-24 26.50-44 19-24 27.34*14 4*24 28.25*23 13*42 29.43*41 12-17 30.35-30 3-9 It einspul begjint mei in lykweardige stân. 31.30-24 9-14 32.24*4 5*3 33.44-40 3-9 34.40-35 9-14 35.35-30 17-21 36.49-44 14-20 37.30*10 15*4 38.44-40 21-27

De wytspiler sinde op 39.40-34 en dan ferliest 39. …16-21 40.41-37 21-26 41.37×17 2-7 42.17-11 2×11 en skiif op fjild 34 rint nei de daam 39. …21-27 40.41×21 16×27 41.34-29 en swart sil oankomme 39. …2-7 40.48-42 4-10 41.34-30 10-14 42.41-37 14-19 43.37×17 16×18 mei foardiel foar wyt 39. …4-9 40.41-37 9-14 41.37×17 16×18 42.47-41 34-30 mei lykwicht 39.41-37 4-10 40.37*17 16*18 41.40-34 10-14 42.34-30 18-22 43.47-42 22-27 44.42-38 27-31 45.38-32 31*33 46.48-43 2-8 47.43*23 8-12 48.30-25 12-17 Beide spilers ha gjin flaters makke en dan wurdt it kamp. Oplossingen problemen Nû.1 1.22-18 2.48-43 3.43×3 Nû.2 1. 41-37 2.37×39 3.17-12 Nû.3 1.36-31 2.27-22 3.34-29 4.29-23 5.49-43 6.40-34 Nû.4 1.50-44 2.48-42 3.44-29 4.36-31 5.42-37 En twa nijen fan Hiele Walinga, oplossingen noch net stjoere.

Nû.5 sw. 3, 6, 7, 9, 12-14, 19, 30 wyt 15, 16, 28, 29, 37-39, 41

Nû.6 sw. 3, 8, 13, 16, 17, 19, 20, 23, 29 wyt 31, 32, 35, 36, 38-41, 48, 50 Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

In hege kampskoare by de Stadige Strikers en in partij ferskiten.

Yn de twa eardere kompetysjejûnen fan dit seizoen waard der net ien kear kamp spile. Ofrûne moandeitejûn einigen mar leafst trije potsjes yn remize. Gewoanwei is it ris ien of heechút twa, mar no dus trije. Dat is in tige hege skoare foar it Frysk spul.

De earsten dy’t kamp makken wienen Tineke Teigeler en Ype Boelens. Hoe’t dat krekt yn syn wurk gong wit de skriuwer net en dat komt omdat mei de nije regels oangeande de koroana men omtrint in kilometer útelkoar sit. Dan ûntgiet jin it hoe en wat fan sa’n partij. Beide wienen it der blykber tige mei-iens want beide gyngen se mei sneltreinfaart rjochting it smokersplak om in feestsigret op te stekken. Letter wienen se wer ûnder de dammers om noch in potsje fiif tsjin fiif te spyljen.

De oare kampspilers dienen der hiel wat langer oer. Beide partijen wienen noch foar tsienen út. Moai op tiid dus yn dizze koroana-tiid. Sjoerd Huitema mei wyt naam it op tsjin Jelle Wiersma. De earste is debutant yn de heechste groep en hy ferlear de beide oare jûnen, mar no jûch er geweldich partij. De ein fan it spul liet in hiel soad farianten sjen, mar dan komt it op it rekkenjen oan om de goeie te kiezen. Dat dienen se beide en Jelle liet nei de tiid noch wat oare farianten sjen, dy’t foar Sjoerd funest ôrinne soenen. Dat barde dus net en Sjoerd hie syn earste heale punt binnen en eins in punt mei in haadletter. Dat om’t er tsjin de mearfâldich kampioen fan Fryslân remisearre.

It tredde spul dat gjin winner oplevere wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Dykstra. Allebeide âld Hartwerters en beide berne ûnder it dak dat fjouwer wenningen oerkape. Dat seit fansels wol wat. Kooistra mei wyt. Dy begûn op in manier dy’t Bauke net ferwachte hie en dêrom frege er: “Hast in nije set útdoktere?” Dat wie neffens Cor net it gefal, want sa sei er: “Eartiids iepene ik it sa wol faker” De partij ferrûn frij gelykmmjittich. Uteinlik wie it yn de einfaze noch in hiel moai stantsje. Kooistra miende dat er it winne soe en sa skode er frij hastich troch. Dat kaam dochs wat oars en de partij wie sa kamp as wat. Beide mannen gyngen mei in tefreden gefoel nei hûs. Mar oan dit ferhaal hinget noch wol in sturtsje, sa as de skriuwer in dei letter hearde. Kooistra fertelde oan in tredde persoan it folgjende: “Ik kaam justerjûn thús en fertelde de frou dat ik kamp spile hie tsjin Bauke Dykstra en dat ik tige wiis wie mei dat heale puntsje, omdat Bauke in sterke dammer is en in teorykenner by útstek. De frou jûch har del en ik seach noch efkes nei de einstân. Ja dat wie kamp. Noch even it nijs troch blêdzje op de i-pad en dêrnei ûnder de tekkens. Nei in pear oerkes skrok ik wekker troch de gedachte dat ik de partij ferskiten hie. Ik wist op dat stuit seker dat ik altiten winne moatten hie. Ik nei ûnderen. It damboerd op tafed. It wie hast healwei trijen. De houtsjes der op en ja hear it kloppe as in seare finger. It hie altiten út west, mar troch myn hastichheid ha ik in heale punt ferskiten”

Utslaggen: Jan Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma ½ – ½; Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ – ½.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 9-10-2020

Yn dizze rubryk jitris omtinken foar in partij út it lêste toernooi foar de corona. Rein Jan Walinga fan Aldegea-SWF behelle nei acht omlopen in kreas fjirde plak by it Fryslân Open te Frjentsjer. Dat wie lyk mei de jonge Wyt-Rus Konstantin Nord en Hein de Vries. Yn harren ûnderlinge treffen yn de seidsde omloop op 5 maart waard it in lykspul. Walinga hie de swarte skiven. 1.32-27 19-23  2.27-21 17×26  3.31-27 26×28  4.33×24 20×29  5.39×17 12×21 6.34-30 14-20  7.37-31 7-12  8.44-39 1-7 9.50-44 9-14 Yn de symmetryske stân is swart oan set. 10.42-37 20-25 11.31-26 25×34 12.26×17 16×18 13.35×33 14-20 14.37-31 20-25 15.31-26 11-16 Dan ferbrekt wyt de symmetry. 16.41-37 7-11 Nei 16. ..25-30 17.40×20 30×10 stiet wyt foarearst fêst oan de rjochterkant.17.40-35 11-17 18.37-31 4-9 19.44-40 10-14 20.40-34 14-20 driget 17-2121.47-42 20-24 22.34×14 9×20 23.35-30 25×32 24.38×9 3×14  25.31-27 12-17 25.39-34 liket better. 26.27×7 2×11 27.42-37 13-19  28.37-31 16-21 29.26×17 18×16  30.39-34 11-17 Swart hat wer in deeglike stân opboud.31.34-29 19×39  32.43×34 20-24 33.31-27 17×37 34.36×38 24×44 35.49×40 15-20 36.40-35 5-10 37.38-33 10-15  38.35-30? 20×40 39.45×34 15-20 37.48-42 is better. Swart kin no oanfalle 40.33-29 6-11 41.48-42 11-17  42.42-37 17-22 43.37-31 22-28  44.29×27 20-24    45.34-30 24×35

It is analitysk wûn foar swart. Bygelyks 46.31-26 16×36 47.46×26 35-40 48.27-22 40-44 49.22-18 44-50 50.18-12 50-11 as 46.27-22 35-40 22-18 40-44 48.18-12 44-50 49.31-26 16×36 50.46×26 50-1146.46-41 35-40  47.41-36 40-44 48.31-26 44-49? 49.26×6 49×46  50.6-1En hiir waard kamp jûn. Wyt kin de swarte skiif ‘stjêre litte yn de hoeke’. Al komt soks noch wol krekt. Lykswols wint swart nei 48. …16-21! 49.26×17 44-49 50.27-22 49-40 51.36-31 19-23 52.31-27 19-23 52.22×24 44×31 etc.

Nû.1 sw. 6, 8, 13, 14, 33, 40 wyt 16, 17, 22, 27, 36, 48, 49 Nû.2 sw. 2, 6, 24, 29, 32, 34, 35 wyt 16, 17, 21, 36, 41, 44, 49 en twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû.3 sw. 6-9, 11, 13, 15, 16, 18, 20 wyt 26, 27, 32, 34-36, 40, 47, 49

Nû.4 sw. 3, 7, 9, 10, 17, 30 wyt 19, 29, 36, 47, 48, 50

Oplossingen stjoere foar 23 oktober.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com