Dammers binne oer it algemien earlike minsken. Inkelde dammers moasten foar de tredde kear damje tsjin mekoar en dan wurdt der keazen om it hout, lykas as men de earste kear tsjin mekoar spylje moat. De kar is net sa dreech: of wyt of swart. Mar ien spiler, ik sil de namme mar net neame,
prestearde it in kear om twa wite houtsjes yn ‘e hannen te hawwen en doe syn tsjinstanner oars neat kieze dan wyt. Mar hy wie wol sa earlik om it swarte houtsje te pakken wat er op skoat hie en doe waard it kiezen noch in kear dien, sa earlik wie er dan wol wer.
Tineke Teigeler moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Faaks makket Tineke it Bauke tige dreech mar no kaam it der yn it midden wat nuver op te stean en rekke Bauke in houtsje foar. Dit betsjut noch net dat it spul wûn is want, sa sei se, ik tink net yn problemen mar yn oplossingen. Bauke die it net hielendal goed en kaam wer lyk. It spul einige yn kamp, of remise, it is mar hoe’t jo it neame wolle.
Jan Castelein spile tsjin Jelle Wiersma, dy’t him der in houtsje ôf pakke liet, sadat er sûnder te striken al in houtsje foar wie. Jelle moast oppasse want Jan wie tige skerp. Hy seach krekt op tiid dat er in set, dy’t er graach dwaan woe, better net dwaan koe. By in stân fan twa fan Jan tsjin fjouwer fan Jelle gyng it foar Jan net hielendal goed en dus wûn Jelle de partij. It spul fan Ype Boelens tsjin Kees Castelein hie kamp wêze moatten, mar Kees hie hinne en wer strike moatten op deselde line om it houtsje fan Ype te kearen, en dan
wie it klear, mar Kees gyng op ito are line stean en doe waard it houtsje ek in daam en wie it spul wûn foar Ype.
Bauke Bos – Tineke Teigeler ½ – ½; Jelle Wiersma – Jan Castelein 1-0; Ype Boelens – Kees Castelein 1 0
Onder toezicht van notaris Rienk Talstra zijn de zestien pairings voor de eerste ronde van het Fryslân Open 2026 officieel vastgesteld. De loting vond plaats in het oudste studentencafé van Nederland, Bogt Fen Guné in Franeker.
Tijdens de openingsronde worden Friese deelnemers gekoppeld aan spelers van buiten de provincie. Vanaf de tweede ronde worden de tegenstanders bepaald op basis van de behaalde resultaten, wat garant staat voor een spannend en dynamisch toernooiverloop.
Enkele in het oog springende lotingen zijn: Voormalig Nederlands kampioen Hans Jansen neemt het op tegen Fedde Wiersma uit Easterein. Oudegaaster Henk Haanstra, die vorige week op een haar na de Friese titel misliep, treft de jonge student uit Hamburg, Malte Schulz. De Leeuwarder Hein de Vries speelt in de eerste ronde tegen de uit Kameroen afkomstige Jean Marc Ndjofang, internationaal bekend als groot promotor van het Fries dammen in Afrika.
De komende drie dagen zijn alle partijen live te volgen via internet. Daarnaast kunnen bezoekers de wedstrijden meebeleven aan boord van de tallships Antigua en Elizabeth in Franeker.
Meer informatie en livestream: www.frisiandraughts.com
Perscontact: martenwalinga@hotmail.com
Van 2 tot en met 8 maart 2026 is Frjentsjer (Franeker) opnieuw het internationale centrum van het Fries dammen tijdens het Fryslân Open 2026. Het toernooi, georganiseerd door de WFD Foundation, behoort tot de belangrijkste evenementen op de internationale kalender.
Bijzonder is dat het Fryslân Open eens in de vier jaar het officiële kandidatentoernooi is voor de wereldtitel Fries dammen. De editie van 2026 heeft daarmee extra sportieve lading: de winnaar van de Grandmasters-groep plaatst zich als officiële uitdager voor de WK-match Fries dammen, die in augustus 2026 over 11 ronden wordt gespeeld.
Het toernooi kent acht speelrondes en wordt gehouden op karakteristieke locaties in Frjentsjer, waaronder de Tallships en het historische Raadhuis. Blikvanger in het deelnemersveld is de Oekraïense schaakgrootmeester Vasyl Ivanchuk, winnaar van het World Rapid Chess Championship. Zijn deelname onderstreept het internationale karakter van het evenement.
De pers is van harte welkom bij de officiële loting op maandagavond 2 maart 2026. Tijdens deze bijeenkomst zijn spelers beschikbaar voor interviews en fotografie.
Meer informatie: www.frisiandraughts.com
Perscontact: martenwalinga@hotmail.com
En wer is it Jelle Wiersma slagge Frysk kampioen te wurden. Foar de njoggende kear op in rige (!) en mei elkoar trettjin kear. De Wommelser is hurd op wei rekôrhâlder Taeke Kooistra (achttjin kear) benei te kommen. Eardere matsjedoaren as Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries (elk tsien kear) en Augustinus v.d. Goot (tolve kear) is hy no foarby. Der wie diz’kear in barraazje nedich. Aldegeaster Henk Haanstra mocht yn it reguliere toernooi hoopje doe’t hy fan Marten Walinga wûn en op seis punten kaam. Jelle Wiersma siet noch tsjin Taeke Kooistra en dat like op kamp út te draaien. Foar de Hartwerter wie it syn 50-ste kear yn de ‘earste acht’ en dat einige mei in luzich setsje.
J.Wiersma / T.Kooistra, PK 2026 7-e omloop, Aldegea-SWF, 14-2-2026

Wiersma kaam lyk mei Haanstra nei 43. …6-11? 44.25-20! 14×25 45.29-24 25×32 46.41-37 32×41 47.47×27 De sneon derop waarden twa barraazje-partijen ferspile. Yn de earste gie it lyk op, mar mistte Haanstra in kamp-fariant en wie yn de twadde partij de piip leech.
J.Wiersma – H.Haanstra, PK 2026 barraazje-1, Blauhús, 22-2-2026
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16 In iepening sa as dy faaks spile wurdt. 11.42-37 19-24 12.34×14 4×24 Dit kin wol, mar wurdt net sa faak spile. 13.37-31 12-17 Wyt kin no in daam helje, Mar dat soe ferkeard rinne. Swart kin de daam mei ien hout ôfnimme en sil dan foar komme.

14.32-27!? 17×26 15.35-30! 25×32 16.38×27 26×28 17.39-33 8×33 18.43×1 14.48-42 24-29 15.33×24 20×29 16.39×19 13×24 17.38-33 9-14 18.33-29 24×33 19.32×34 14-20 Swart koe dizze ôfruil oerdwers net foar wêze. Der folget no in lang middenspul mei lykwicht. 20.43-38 8-12 21.38-32 7-11 22.42-37 17-21 23.49-43 21×41 24.36×47 12-17 25.37-31 2-7 26.47-41 17-21 27.41-36 21×41 28.36×47 11-17 29.47-41 17-21 30.32-27 21×32 31.34-30 25×34 32.35×31 3-8 33.43-38 8-12 34.38-32 12-17 35.40-35 10-14 36.45-40 14-19 Beide spilers litte gjin stekken falle. 37.50-45 5-10 38.41-36 7-11 39.40-34 17-21 40.44-40 21×41 41.36×47 16-21 Hjir stier swart ta dat wyt geunstich ôfruilje kin en de oerhân oan de linkerkant kriget. Better wie 41. …10-14 en bygelyks 42.35-30 11-17 43.30×10 15×4 as 42.32-27 20-24! 43.34-30 14-20 44.30×10 15×4 as 43.46-41 24×44 44.40×49 11-17. 42.32-27 21×32 43.34-29 19×39 44.40×27 20-25 45.46-41 11-17 46.27×7 6×8 47.41-37 8-12 48.37-32 48. …12-17! 49.32-27 17×37 50.47×27 10-14 51.27-22 14-20 52.22-17 25-30 53.35×24 20×29 en swart is op tiid foar in daam en wurdt it kamp. 48. …10-14? Jout wyt romte 49.32-27 14-20 50.27-21 20-24 51.47-42 12-18 52.21-16 18-23 53.42-38 23-28 54.38×18 24-29 55.18-12 En swart jout terjochte op.
Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49
Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45
En twa nijen fan Ties Slagter.
Nû.23 sw. 3,6,9,10, 12,14, 15, 20, 23, 28 wyt 16, 30-32, 34, 37, 39, 40, 43, 44

Nû.24 sw. 3, 6-8, 10, 18-20 wyt 16, 17, 27, 36-38, 45, 48
Oplossingen stjoere foar 13 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Foar sa’n lytse klup as de Stadige Strikers falt it noch net ta om alle damaktiviteiten goed har gerak te jaan. Moandeitejûn wie it sa dat de beide
topdammers fan de klup net oanwêzich wienen. De iene, Willem Schaap, wie nei Aldegea om dêr de striid oan te gean mei Pieter Hoogterp. Dy twa spilen foar de folgjende ronde fan de Fryslân Kup.
En Jelle Wiersma woe wol even sûnder de houtsjes. Hy hie ôfrûne sneon twa lange partijen spile tsjin Henk Haanstra út Aldegea en dy partijen soenen útslútsel jaan fan wa’t him persoanlik kampioen Frysk Spul neamme koe. Dat waard wûn troch Jelle Wiersma, hy wûn beide partijen. Hy waard dêrmei wer Frysk kampioen. De Stadige Strikers binne fansels grutsk om sa’n kampioen yn har gelederen te hawwen.
De striid tusken Pieter Hoogterp en Willem Schaap einige yn in oerwinning fan Schaap. De lêste sit no yn de finale fan de winners. Moai wurk Willem. Der waard fansels ek spile yn de klupkompetysje. Jan Castelein hie net folle
moederaasje mei Tineke Teigeler. Hy wûn frij maklik tsjin har. Tineke hie har bêste jûn net, mar dat ha jo soms. Jan woe noch wol in potsje. Sa’n oerwinning smakke nei mear. It mear is noait fol… Dochs koe er it net hâlde tsjin Bauke Bos. Dy wie op syn iepenst en joech Jan gjin kâns.
De tredde partij gong tusken Cor Kooistra en Ype Boelens. It like in hiele
ynteressante partij te wurden, mar dan moast Ype it wol goed dwaan. Dat die er net. Hy seach de teoryset net goed genôch en rekke in hout achter en in daam tsjin. Doe wie de partij eins sa goed as út.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos.
Oankommene sneon 21 febrewaris is de barraazje fan it Frysk Kampioenskip. Jelle Wiersma en Henk Haanstra hawwe elk seis punten helle yn it reguliere toernooi yn de Kampioensklasse. Dan wurde der yn elts gefal twa partijen spile yn in barraazje. Mocht der dan noch gjin beslissing fallen wêze,wurdt der ien partij trochspile oant dat wol sa is.
De barraazje begjint om 10 oere.Meastentiids is de twadde partij dan fan in oere as 14 oant 14.30 los. Mocht der noch in tredde partij nedich wêze, dan is dat op in oare dei.
De partijen binne ‘live’ te folgjen op www.kndb.nl en gean dan nei toernooibase en dan nei (semi)live.
Plak en tiid 10 oere Kluphús Sie-Sa te Blauhús
Der wienen twa ôfsizzingen en doe bleauwen der mar seis dammers poer. Dy dammers waarden noch even bypraten oer de resultaten fan de dammers op de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma kin noch kampioen wurde, mar dan moat er wol winne yn de baraazjepartijen tsjin Henk Haanstra. Willem Schaap hanthavene him yn de kampioensklasse troch de lêste twa partijen te winnen. Hy kaam mei in heal puntsje yn Aldegea en gyng mei twa en in heal punt werom nei Jirnsum. Yn de twadde Acht pakte Cor Kooistra ien en in heale punt en einige op it sechde plak.
Kees Castelein liet him moandeitejûn fan syn bêste kant sjen. Hy struts hiel
sterk nei winst yn syn partij tsjin Bauke Bos. Hy boude de partij moai op en
kaam mei twa houtsjes op de keale lange hoeke fan Bauke ôf. Ien houtsje koe Bauke noch wol de baas, mar twa wie him te mânsk. Kees krige dus in daam en doe wie it mei Bauke bekeken.
Heit spile tsjin de grutte man Jelle Wiersma. De lêste joech twa houtsjes foar. Ja en dan wurdt it fansels in hele toer om der winst út te heljen. Dat slagge ek net. Willem Schaap hie suver wat begrutsjen mei de foarsitter: hy stelde foar om de ferliezende set werom te nimmen, mar dat woe de foarsitter net, fansels net! Se spilen de partij út en Willem wûn.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Bauke Bos 1 – 0.

De helte fan it Frysk kampioenskip is west no´t fjouwer fan de sawn omlopen ferspile binne. Oars wie de omloop trochdewykse yn Jorwert al west, mar is om de izel in wike útsteld. En betsjut dat de favoriten elkoar allegearre noch tsjin komme. Kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga hawwe beide alles wûn en outsider Henk Haanstra folget op in heal punt. Rekôrkampioen Taeke Kooistra folget noch op twaddel punt. De bruorren Marten en Siebe Walinga troffen elkoar yn de twadde omloop.
M.Walinga – S.Walinga, Skearnegoutum 2-e omloop, PK, earste acht, 31.1.2026
1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 25-30 6.40×18 8×26 7.34-30 14-20 8.30-24 20×29 9.39×8 2×13 10.35-30 15-20 11.30-25 7-12 12.25×14 13×15 13.43-39 It is in deeglike partij sûnder aventoeren. Meastal is ito ars by de Walinga’s. 13. …9-14 14.37-31 26×37 15.42×31 14-20 16.39-34 20-25 17.41-37 10-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.34×14 15×13 21.35×15 5×25 Swart hie ek omheech ôfruilje kind. 22.45-40 13-19 23.50-45 4-10 24.48-43 19-24 25.40-35 10-15 26.49-44 3-9 27.43-39 25-30! In ferrassende set om 39-34 foar te wêzen. 28.31-26 15 20? Hjir hie 28. ..12-17 moatten. Swart kriget it dreger en wêrom dizze set? Is swart bang foar 39-33, 44-39 en dan 39-34? Dat wat keard troch 30-34 at swart skiif 9 stean lit. 29.37-31 12-17?

Wyt hie taslaan kind mei 30.44-40! 30×50 31. 47-41 en hoe as swart mei de daam slacht, it is út. 31. ..50×28 as 50×33 32.31-27 17×37 33.41×3 31. …50×22 32.26-21! 17×37 33.41×12 11×13 34.35-30 24×35 35.45×23 30.31-27? 17×37 31.47×27 11-17? Swart hie noch spul hawn nei 31. ..9-14 32.27×7 1×12 En wyt mei in moaie kombinaasje no wol dien wurk.

33.26-21! 16×27 34.44-40! 30×50 35.36-31 50×41 36.46×19 Promovendus Bernard Kroon hat it dreech en moast yn de fjirde omloop te Lollum tsjin Jelle Wiersma wer in ferlies by skriuwe. Nei 31.42-37 oars net as

31. ..18-23? 32.30-24 19×30 33.35×22 21×23 34.32-27 15×35 35.45×25 26×28en Wiersma wint.
Twa nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com