Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Hartwert wie De Strikers de baas yn in spannend treffen.

It âldjier kin damklup De Stadige Strikers suver net moaier ôfslute as yn in treffen tsjin damklup Hartwert e.o.  Yn Hartwert fûn de tradysje fan de freonskiplike striid  tsjininoar plak. In striid wie it. Hoewol’t Hartwert nochal rap op foarsprong kaam, nei’t de earste punten foar de Strikers wienen, rûgelen der ek noch hiel wat punten nei Skearnegoutum ta. Uteinlik wie Hartwert de baas.

Beide klups setten trettjin spilers achter de buorden. Gjin inkele dammer hoegde stil te sitten. Doe’t der tolve spultsjes út wienen stie der op it skoareboerd: 6½ – 5½. De Strikers hienen noch in punt nedich om der kamp út te slepen. Herman Scheltinga siet tsjin Bauke Dykstra. Beide mannen spilen in moai iepen spul. Alle Strikers hopen fansels dat Dykstra winne soe. Dan soenen de klups op itselde oantal punten komme. Yn de einstriid krige Herman de bettere papieren en wûn.

De foarsitter joech likegoed heech op fan syn ferliezende ploech. Hy murk op dat syn spilers alles der oan dien hienen om te winnen. De measte partijen brûkten hast de hiele beskikbere tiid. Ek de twa debutanten fan de Strikers, heit en soan, Jan en Kees Castelein. Sy ferlearen beide wol, mar wol nei in protte striid. Sy moasten it opnimme tsjin twa yn it sâlt bebiten dammers: Jesse Boschma en Ids Boersma. It wie gjin wûnder dat dy beide Hartwerters it wûnen. 

Al mei al siet men rêstich en konsintrearrre te damjen yn it tige noflike ûnderkommen: It Terphûs. De Strikers ha de Hartwerters al fêst wer útnûge foar de striid takom jier yn Skearnegoutum.

Utslach: Hein de Vries – Jelle Wiersma 0 – 1; Taeke Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tsjerk Wijbenga – Dicky van der Meer 1 – 0; Fedde Wiersma – Willem Schaap 0 – 1; Herman Terwisscha van Scheltinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Germ Bruinsma – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Teake Kooistra – Ype Boelens ½ – ½; Jan Bouma – Sjoerd Huitema 0 – 1; Klaas Abma – Bauke Bos 1 – 0; Klaas Wiersma – Tineke Teigeler 0 – 1; Siebe Elzinga – Hennie de Haan 1 – 0; Jesse Boschma – Jan Castelein 1 – 0; Ids Boersma – Kees Castelein 1 – 0. Einstân 7½ – 5½.

Tekst: Cor Kooistra

doorfriesdammen

Loting 3e ronde Fryslânkup

Hjir de lotting fan de tredde ronde.

Teake Kooistra             –           Dicky van der Meer.

Sybren Dyk                  –           Herman terw/van Scheltinga.

Siebe Walinga             –           Folkert Groenveld.

Cor Kooistra                –           Marten Walinga.

De toto kin ynlevere wurde oant moandei 6 januari.

De lotting foar de heale finale is op freed 24 januari yn Blauhus.

Jappie De Jong.

doorfriesdammen

Utslaggen 2e ronde Fryslânkup

Hjir de utslaggen fan de twadde ronde fan de Fryslankup.

Siebe Walinga – Hein de Vries 1 – 0

Marten Walinga – Klaas Wiersma. 1 – 0

Leo Altena – Siebren Dyk. 0 – 1

Teake Kooistra – Pieter Hoogterp. 1 – 0

Epke Bootsma – Dicky v/d Meer. 0 – 1

Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0

Marcel Altena – Folkert Groenveld. 0 – 1

Herman t/v Scheltinga hie steand nr.

De lotting foar de tredde ronde is op freed 27 december yn Blauhus. Tekst: Jappie de Jong
doorfriesdammen

5e NK FRYSK! – Jelle Wiersma kampioen en entree van een verrassende debutant

Juster is de Wommelser Jelle Wiersma mei oermacht Nederlânsk Kampioen FRYSK! wurden. FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dizze fariant is spesjaal ûntwurpen, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, om de drompel foar it tige komplekse Frysk Damjen, de iennichste autochtoane tinksport fan Nederlân, te ferleegjen.

Yn it toernoai op Tresoar moasten de 15 dielnimmers allegear seis omlopen spylje. Wiersma wie de iennichste, dy’t alle seis wûn. Op it twadde plak kaam Teake Kooistra út Hartwert, mei 4,5 punt. Kooistra en Wiersma hearre beide by de absolute top fan it Frysk Damjen.

Ferrassend wie it risseltaat fan debutant Siep Buurke út Eelde. Hy damt en skaakt al syn libben lang en wie wol bekend mei de Fryske regels, mar hie noch net earder in partij spile, lit stean in toernoai. Syn 3 punten, goed foar in 7de plak, binne it bêste bewiis dat de nije fariant FRYSK! it skitterjende Fryske damspul tagonklik meitsje kin foar in grutte groep tinksporters. De organisaasje hopet dan ek, dat in protte oare dammers en skakers syn foarbyld folgje sille!

Jelle Wiersma is no de tredde dy’t him pleatst hat foar it WK FRYSK! op 8 maart 2020 te Frjentsjer. De beide oaren binne de jonge Andrea Peirano út Aosta, Italiaansk Kampioen
FRSYK! en Petra Dušková út Praach, Tsjechysk Kampioen FRYSK! Ien kandidaat kin him noch pleatse fia in ynternet-toernoai op 19 jannewaris 2020, en dan binne der noch 12 plakken dy’t inkeld fertsjinne wurde kinne yn ’e wike fan it Fryslân Open yn Frjentsjer, fan 3 oant en mei 7 maart 2020.

Hjirûnder de einstân. Foar mear ynformaasje: Liuwe Westra (06-30837586) / Marten Walinga (06-34561133)

Omrop Fryslân Tillevysje bestege ek noch omtinken oan it kampioenskip yn it nijs: sjoch https://www.omropfryslan.nl/nijs/928317-dammers-stride-om-nederlansk-kampioenskip-frysk

Foto: rjochtefrij te brûken mei fermelding Marten Walinga / Stifting WFD
Sieb Buurke (l) yn petear mei Jelle Wiersma

doorfriesdammen

útslaggen begjinners, pupillen, jeugd

Utslaggen earste foaromloop begjinners, pupillen en jeugd freed 28 desimber te Blauhús

begjinners: Freark Smink (Baaium), Wytse Breeuwsma (Wommels), Ids Delea (Wommels), Jaring Jan Postma (Waaksens), Mirte Hannema (Blauhús)

pupillen: Wytse Wiegersma (De Gaastmer), Brecht Frankena (Blauhús), Neeltsje Ykema (De Gaastmer), Nieke Ykema (Blauhús), Brecht Ykema (Blauhús), Watze Anne Postma (Waaksens), Janke Delea (Wommels), Jorrit Frankena (Blauhús), Teije Stor (Boalsert), Mette Jorritsma (Blauhús)

NB: Mette Jorritsma koe der net by wêze, en sil har wedstriden ynhelje.

jeugd: Rinze Zeilstra (De Gaastmer), Wiebren Ykema (De Gaastmer), Wytze Zeinstra (Blauhús), Rauke de Hoop (De Gaastmer), Eelco de Wolff (Blauhús), Harmen Jacob Postma (Waaksens)

begjinners:

earste omloop: Wytse – Jaring Jan: 1-0; Ids – Mirte: 1-0
twadde omloop: Jaring Jan – Ids: 0-1; Freark – Wytse: 0-1
tredde omloop: Ids – Freark: 1-0; Mirte – Jaring Jan: 1-0
fjirde omloop: Freark – Mirte: 0-1; Wytse – Ids: 1-0
fyfde omloop: Mirte – Wytse: 1-0; Jaring Jan – Freark: 0-1

tuskenstân: Wytse, Ids en Mirte: 4 punten; Freark: 2 punten; Jaring Jan: 1 punt

pupillen:

earste omloop: Brecht F – Teije: 0-1; Neeltsje – Jorrit: 0-1; Nieke – Janke: 1-0; Brecht Y – Watze Anne: 0-1
twadde omloop: Janke – Brecht Y: kamp; Jorrit – Nieke: 1-0; Teije – Neeltsje: kamp; Wytse – Brecht F: 1-0
tredde omloop: Neeltsje – Wytse: 1-0; Nieke – Teije: 0-1; Brecht Y – Jorrit: 0-1; Watze Anne – Janke: 1-0
fjirde omloop: Jorrit – Watze Anne: 0-1; Teije – Brecht Y: 1-0; Wytse – Nieke: 1-0; Brecht F – Neeltsje: 0-1

tuskenstân (NB: Wytse, Watze Anne, Brecht Frankena en Janke hawwe ien wedstryd minder spile omdat Mette Jorritsma net koe)

Watze Anne en Jorrit: 3 punten
Teije: 2,5 punt
Wytse: 2 punten
Neeltsje en Brecht Ykema: 1,5 punt
Brecht Frankena en Nieke: 1 punt
Janke: 0,5 punt

jeugd:

earste omloop: Rinze – Wiebren: 0-1; Harmen Jacob – Eelco: 1-0; Wytze – Rauke: 1-0
twadde omloop: Wiebren – Rauke: 1-0; Eelco – Wytze: 0-1; Rinze – Harmen Jacob: 0-1
tredde omloop: Harmen Jacob – Wiebren: 1-0; Wytze – Rinze: 1-0; Rauke – Eelco: 0-1

tuskenstân: Wytze en Harmen Jacob: 3 punten; Wiebren: 2 punten; Eelco: 1 punt; Rauke en Rinze: 0 punten

De folgjende foaromloop is op sneon 18 jannewaris 2020, de middeis om 13.30 oere yn it doarpshûs fan ’e Gaastmar.

doorfriesdammen

Troch sleauwichheden ferlieze yn de heechste klasse.

It wie hast net te leauwen, dat der twa man troch enoarme sleauwichheden harren partijen út hannen jûgen. Men kin jin ôffreegje hoe’t it dochs mooglik is dat guom goeie dammers dan dochs sa mar in slach, dy’t in bern sjocht, oer de kop sjen kin De beide tsjinstanners fan respektifelik Jelle Wiersma en Dicky van der Meer oerkaam sokis. Net te leauwen as men it sjen soe.

Gelokkich is der ek posityf nijs fan de lêste kompetysjejûn fan dit jier te melden. Sa jûch Jan Castelein, noch mar in skoftke op de klup, Sjoerd Huitema goed partij. Fansels wûn Sjoerd, dat koe hast net oars, mar likegoed gienen de positive opmerkingen ek rjochting Jan.

Tineke Teigeler begjint hieltiten better te damjen. Op it damtoernoai wûn se de earste priis yn har klasse en yn novimber reage se Bauke Bos fan it boerd. Moandei moast se it wer tsjin Bos opnimme. En it wie te sjen dat se der sin oan hie. Bauke wie fansels warskôge en besocht goed by de partij te bliuwen. Spitich wie dat Tineke yn har entûsjasme in ferkearde streek die en dêrtroch in houtsje achter rekke. Mooglik kaam it omdat se oan deselde tafel siet wêroan’t de blunderaars út de heechste klasse ek sieten. Wa sil it sizze. Foar Bauke Bos krige de partij dêrnei in hiel oar oansicht en benammen net dreger. Hy makke dêrnei gau dien wurk.

Men seit wol ris: wyt begjint en swart wint. Sa waard dit sechje dizze jûn wer ris wier. In protte dammers ha leaver swart as wyt. Mei swart kinne se alle kearen en foaral yn it begjin antwurd jaan op de setten fan wyt. Se bepale foar in part de teory fan de partij. Foar oaren makket it net úy hokker kleur se ha. Dat binne de echten sille wy mar rekkenje. Nije wike binne wy te gast yn Hartwert en dêr hat elk sin oan.

Utslaggen: Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1;  Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd Huitema 0 – 1.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Damdei 4 jannewaris yn Hartwert

Op 4 jannewaris om 10:00 oere is der wer in damdei yn Hartwert. Sa as gewoanlik oardel oere op ‘e klok yn ús doarpshús “It Terpshûs”.

Krekt as oare jierren wurd der wer soarge foar moaie prizen.

Opjaan by Sjoerd Kooistra (foar sneon 4 jannewaris, 9 oere): fia e-mail damclubhartwert@live.nl as 06 -17 31 67 08.

Oant sjen op 4 jannewaris!

It bestjoer fan Damklup Hartwert e.o

doorfriesdammen

Rubryk 27-12-2019

Yn de lêste rubryk fan 2019 sawn miniatuerkes fan Roel Bergsma. Folle wille mei it oplossen en in goed 2020 tawinske.

Nr. 1

Nr. 2

Nr. 3

Nr. 4

Nr. 5

Nr. 6

Nr. 7

Oplossingen foar 10 jannewaris nei

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Priisdamjen: 18 dammers op papier en 16 achter de buorden.

Skearnegoutum. Op freedtejûn 20 desimber hold damklup De Stadige Strikers harren priisdamjen. In wedstriid wêr’t wolris mear dammers oan meidien hawwe. Mar hawar! Der is op in sportive wize sport bedreaun. Tinksport wol te ferstean. Fan de achttjin papieren dammers rekke der ien in dei fan tefoaren siik, dy moast dus ôfsizze. Doe wienen der 17 oer. Dat is in raar getal. Dêrom spile diskear in bestjoerslid net mei lykas ferline jier doe’t der ek in ûneven oantal dammers opdraven kaam. Ponghâlder Ype Boelens offere him no op.

Jelle Wiersma, de Frysk kampioen, liet ek sjen dat er op it mêd fan stryk-ta de sterkste wie yn de Eareklasse. Hy wûn alle trije partijen. It lot hie it sa útmakke, dat er allinne klupleden as tsjinstanner hie. Yn de oare groep fan de eareklasse siet noch in Aldegeaster en in Hartwerter. Tsjin harren hoegde Jelle it net op te nimmen. It wie it lot!

Yn de haadklasse A mei in Blauhúster, twa Jorwerters en in Hartwerter yn de gelederen blieken de Blauhúster en de man fan de Harterter klup it bêste út de bus te kommen. Marcel Altena fan de Skyfkes ferdigene de klupkleuren mei glâns: Twa kear winst en ien kamp. Klaas Wiersma fersloech de beide Jorwerters en gong mei de twadde priis nei hûs.

Beke Haanstra út Aldegea sloech feninich ta yn de earste klasse. Hy wûn alle trije partijen. As twadde einige Jan Nauta út Bitgumermole dy’t allinne belies jaan moast tsjin de priiswinner. Tineke Teigeler út Sibrandabuorren liet sjen dat froulju ek wol damje kinne: De winner yn de twadde klasse foar Minne Posthuma út Aldegea.

Folsleine útslach: Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Bauke Dykstra de Tynje. Groep 2: 1 Folkert Goenveld, De Jutryp. 2 Tsjerk Wybenga, Arum. Haadklasse A: 1 Marcel Altena, Blauhûs. 2 Klaas Wiersma, Nij Beets. Earste klasse: 1 Beke Haanstra, Aldegea. 2 Jan Nauta, Bitgumermole. Twadde klasse: 1 Tineke Teigeler, Sibrandabuorren. 2 Minne Posthuma, Aldegea.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 20-12-2019

Nei de promoasje yn 1984 helle Willem Bakker yn 1985 syn 5-e titel. Dat die er hast om de tsien jier: 1947, 1957, 1964 en 1975. Taeke Kooistra siet yn 1986 yn de lêste omloop te Ferwert yn it einspul tsjin Bakker. Neiste konkurrint Stinus van der Goot hie al wûn fan Hiele Walinga en sa lyk mei Kooistra op 5 punten kaam. Dat Kooistra (swart), hie oan kamp genôch foar syn earste titel.

44.36-31 13-18? 45.48-43 (driget mei it heakje) en swart rint it op. 44….6-11 45.48-43 24-30 46.35×24 25×23 47.31-27 wint wyt. Dus 44. …13-19 45.31-27 6-11 46.48-43 11-16 47.39-33 19-23 48.33×13 24-30 49.35×24 25×3 en better spul foar wyt. Der folge. 44.48-43 13-19 45.36-31 24-29 46.39-34 29*40 47.35*44 6-11 25-30 is better. 48.31-27 25-30  49.44-39 15-20 50.39-33 20-2551.43-38 30-35 52.38-32 19-24 52. …11-16 53.32-28 19-24 54.27-22 16-21 55.22-18 24-29 56.33×24 25×32 sil kamp wurde. 53.27-22 24-30 54.32-28 11-16 55.22-18 30-34 56.18-12 24×23 57.12-8 23-29 58.8-3 lykswols. Bakker wol twa dammen helje. 56.28-23 34*32 57.23-19 32-38 58.19-14 38-43 59.14-10 43-48

60.10-5 48×8 61.45-40 35×44 62.5×2 is kamp 60.18-12? 48-34 61.12-8 25-30 62.45*25 34-45 63.25*34 45*5 wint.

En twa problemen fan Hiele Walinga

Nû.13 sw. 3, 5, 8, 12, 16, 17, 40 wyt 14, 24, 31, 41, 42, 47, 49

Nû.14 sw. 5, 7-9, 18-2036 wyt 16, 29, 33, 39, 41, 43-45

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com