Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

It hie minder kinnen, mar noch minder hast net.

Damklup Nocht & Kriich fan Aldegea wie ôfrûne moandeitejûn gasthear fan de Stadige Strikers. Doe’t de Strikers It Joo yn kamen, foel it harren op dat de mannen fan de thúsploech der wat skruten en eangstich útseagen. De aap kaam al ridlik gau út de mouwe. Ien fan harren fertelde dat se de wyks dêrfoar in aardich wân bruien krigen hienen fan damklup Hartwert e.o. Se hienen der suver in hiele wike lang gjin wink troch yn de eagen hân. Mar fiif puntsjes pakten se, it koe hast net minder. Of koe dat mooglik wol.

As jo as gast sa’n selskip hearen twivelriedich en wanhopich oantreffe, dan tinke jo al gau: Hiir kin jûn wol in kânske foar de Strikers ynsitte. Nei de praatsjes fan de beide foarsitters, dy’t út namme fan de klups seinen dat se wakker sin oan de komfrontaasje hienen, koe it spul los. De foarsitter fan N&K hie it der noch oer tsjin syn tsjinstanner Ype Boelens: “Sa as ferline wike tsjin de Hartwerters: it koe net minder”. “Dat is fansels net wier” sa spruts Ype. “It hie noch minder kinnen, wy binne hjir alles wei kommen mei in heale punt!”

“Folkert hast de sinnebril by dy, dy hast wol nedich oars wurdst mooglik ferbline troch it fluorisearjende fest fan dyn tsjinstanner” Ja dat wie ek wat. Ien fan de Strikers hie in frij wat giel fest oan en in hiel soad fan dy dammers fernuveren har dêr oer.”Hy is mooglik ien fan de giele hesjes”miende ien. En in oaren fûn it mear in marker, in fluorisearjende merkstift. Gelokkich kin de man dy’t sa fleurich yn de pronk wie wol tsjin in grapke, mar it waard de oare dammers ek wol dúdlik dat de Strikers yn in frijwat wrâldfrjemde mienskip bedarre wienen. Hoe dan ek it wie al mei al wol hiel gesellich.

En it damjen dan? Sil de lêzer him mooglik ôffreegje. No dat damjen gyng ek poerbêst. Sjoch de dammers Frysk Spul kinne alle kanten út en dêrom kinne se ek echt wol oer wat leven om har hinne. It poerbêste sloech foaral op it spul fan de de Strikers. De earste punt waard opeaske troch Paul Borghaerts en dêrnei reinde it suver punten foar de gasten. Nei in oardel oere stie it ien-seis. Noch in heal puntsje en de winst soe binnen wêze. En dat healtsje kaam. Bauke Bos pakte dat tsjin Gosse de Vries. Doe sieten der noch in pear spullen en dêr waarden ek noch twa grouwe punten út pakt. De einútslach: 3½ – 8½.

Doe moast der noch ôfsluten wurde, mar de foarsitter like poater te wêzen. Hy hie it mooglik krekt efkes wat te krap hân. Dêrom tochten guon al, dat er útpykt wie. Mar ynienen wie er wer paraat. Syn praatsje klonk tige ynnimmend, mar oer de einútslach hie er it net. Hy lokwinske de Strikers troch harren foarsitter de hân te jaan. De lêste hat doe mar de útslach bekend makke. De beker hoegde net oanbean te wurden, want dy stie noch yn de fitrine te pronkjen. Letter hearden wy fan minsken út it Swettehûs, dat dy beker op dy moandeitejûn let efkes stie te triljen en suver wat mear begûn te glimmen. Hoe is it mooglik net. De wûnders binne de wrâld noch net út en foar de Strikers hie it wol minder kinnen.

Utslach: Folkert groenveld – Jelle Wiersma 0 – 1; Siebe Walinga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Pieter Hoogterp – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Couperus – Willem Schaap 0 – 1; Rein Jan Walinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Folkert Attema – Cor Kooistra 0 – 1; Johannes Hoekstra – Ype Boelens 0 – 1; Beke Haanstra – Sjoerd Huitema 0 – 1; Meike van der Meer – Bauke de Boer 0 – 1; Gosse de Vries – Bauke Bos ½ – ½; Jolke Groenveld – Paul Borghaerts 0 – 1; Durk Rypma – Tineke Teigeler 1 – 0. Nocht & Kriich – De Stadige Strikers 3½ – 8½;

doorfriesdammen

De jeugd hat de takomst.

Sûnt in skoft ha de Stadige Strikers twa jeugddammers, Hester en Hessel, femylje fan in ferneamde Stadige Striker en se begjinne it spultsje al aardich te learen. Hessel wie der dizze jûn net en Hester mocht it opnimme tsjin skriuwer Bauke Bos. Se kaam goed út de iepening en hie de kop der goed by en rekke in houtsje foar en dan is it saak om dit foar te bliuwen. Spitigernôch makke se yn it einspul in flaterke en moast Bos de hân jaan, mar kado krige hy dizze partij net, wat fansels hartstikke moai is. Ten earste is it it moaiste om de partij te winnen nei in moaie striid en ten twadde is it moai dat se har holle sa goed brûkt. Hooplik giet dizze jongfaam moai troch mei it Fryske damjen, want dy’t de jeugd hat hat de takomst. Har omke wie gau út want dy ferseach him al gau yn de iepening fan it spul tsjin Sjoerd Jan Bakker, dy’t der fansels gau ried mei wist. Ek Bauke de Boer wie rillegau út tsjin Dicky van der Meer, dat rûn healwei njoggenen wie der noch mar ien spul oan ‘e gong, nammentlik dat fan Tineke Teigeler en Sjoerd Huitema. Sjoerd hat de tiid meastal goed nedich, mar dat foel no wol ta, want rûn healwei tsjienen wie ek dit spul út yn it foardiel fan Huitema en wie dizze damjûn net sa lang foar de Strikers.

útslaggen:

Hester Boelens – Bauke Bos 0-1

Sjoerd Jan Bakker –Ype Boelens 1-0

Bauke de Boer – Dicky van der Meer 0-1

Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0-1

doorfriesdammen

Rubryk 8-3-2019

Ferline wike waard te Frjentsjer it seisde Fryslân Open ferspile. Ferskate toppers út it hoeks damjen dienen ek mei sa as de mearfâldich wrâldkampioenen Alexander Georgiev en Alexander Shvartsman, Jean Marc Ndjofang en Hans Jansen. Wrâldkampioen Marten Walinga einige krekt foar Frysk kampioen Jelle Wiersma, Taeke Kooistra, Georgiev en de ferrassing Frederik Bos. De hoekse dammers melde har mear en mear by de top fan it Frysk spul. De fjouwer heechsten spilen it grutmastertoernooi en Wiersma moast yn in barraazje tsjin Georgiev opnimme om de titel. Wiersma hat wyt. 1. 31-26 19-24 2. 37-31 24-29 3. 39×19 13×24 4. 41-37 20-25 5. 46-41 14-20 18-23 better. 6. 34×14 4×24 7. 33-28 earst moat 31-27, no hie 16-21 kind.     7. …9-13 8. 31-27 24-30 9. 35×24 20×29 10. 28×30 25×34 11. 44×24 en Georgiev nimt de kombinaasje nei de daam

11. ..16-21 12. 27×16 17-21 13. 26×19 6×46 14. 24-20 13×24 15. 20×29 12-17 16. 40-35 17-22 17. 32×12 2×22 Mar rekket dy kwyt mei in skiif efter. 18. 41-36 46x28x30 19. 35×24 8-12

En sil efkes letter opjaan.

Yn de mastergroep gie it om priis en preemje tusken Fries om utens Auke Zijlstra fan Utert en Jan van Dijk.Nei 25. …11-16 helle Zijlstra út.

26.38-33! 36×20 27.30×10 5×14 28.25×5 Trije houten efter en nei 28. ..4-10 29.35-30 21-26 11.40-35 14-20 31.5×25 4-10 29.35-30 21-26 30.40-35 14-20 31.5×25 8-12 32.50-44 9-14 33.25×9 9-14 34.30-24 14×34 35.44×24 is de daam der wer ôf en lyk hout. Mar wyt kin sa nei de daam rinne.

Twa problemen fan Hiele Walinga

Nr.23 sw. 8, 9, 11, 16, 20, 24, 30, 31

wyt 18, 28, 40, 42, 43, 47

Nr.24 sw. 5, 8, 13, 16, 18, 19, 26, 28

wyt 15, 25, 35-37, 40, 41, 45, 47

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Bauke Dykstra hat ferslach dien oer syn ûnderfining yn Frjentsjer.

Boppesteande kop is foaral ornearre foar dy minsken dy op ’e hichte binne fan it damjen. Oaren soenen tinke kinne: Wie der dan wat mei Bauke Dykstra? Nee der wie neat mei Bauke, mar hy fertûfde wol hast de hiele wike te Frjentsjer. Dêr die er mei oan it Fryslân Iepen. In grut ynternasjonaal toernoai wêr’t de measte minsken gjin weet fan ha hoe’t dat yn inoar stekt. Bauke hat syn ferhaal dien. De oare twa Strikers, wêrûnder de winner fan it toernoai, wienen net op de klupjûn.

Bûten it damjen om belibbe Bauke ek it ien en oar. De Strikers wienen yn elts gefal bliid, dat er noch sa libben as in fisk by harren siet. Hy hie moaie spullen spile ek tsjin de bûtenlanners. No moast er it wer opnimme tsjin in Striker, te witten Willem Schaap. No dan moatte jo op jins iepenst wêze om dy der ûnder te krijen. Sa as it al sa faak bard is: Willem wûn mei in moaie slach. It hie foar Dykstra fansels hûndert kear oars kinnen, mar ja it gong sa as it gong.

Yn de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Huitema gong it hiel oars. Gjin grutte slaggen, mar ek gjin rare blunders, nee de mannen holden harren sels moai yn lykwicht. Op ’e klok wie dat lykwicht fier te sykjen. Ype spile sa’n bytsje op de automatyske piloat en Sjoerd moast oer alle setten goed neitinke. Dat hie fan gefogen dat Ype noch in oere op it oerwurk hie en Sjoerd noch mar tolve minuten. En de partij wie noch lang net út. Yn de lêste tweintich sekonden makke Sjoerd der kamp fan, wylst er yn in winnende posysje stie. Mar ja de winst soe noch hiel wat tiid kostje en dat wie der net. Dus dan mar kamp. Dêr fertsjinnet Sjoerd in hiele punt mei en Ype in healen. Der moat ferskil bliuwe.

Utslaggen: Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens 1 – ½; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

Sneon 2 maart funen der trije lyktidige toernoaien Frysk Damjen plak yn Frjentsjer.

Yn de Korenbeurs wie in iepen publykstoernoai yn e spylfoarm FRYSK!, oftewol Frysk Damjen mei mar 5 skiven foar elke spiler. Njonken de wenstige prizen wiene yn dat toernoai in tal kwalifikaasjeplakken te winnen foar it Fjirde Wrâldkampioenskip FRYSK! ien dei letter. Foar dit toernoai wie der spesjaal in ploech jonge Italjaanske dammers oerkommen út Aosta ûnder lieding fan de entûsjaste damtrener Paolo Faleo, ien fan e grutte ambassadeurs fan it Frysk Damjen yn Itaalje.

Nei sân omlopen wiene Tsjerk Wijbenga en Foeke Tiemensma, beide út Fryslân, en Aleksej Domchev út Litouwen wis fan plak. Twa plakjes moast noch om damd wurde troch de Fryske Dicky van der Meer, Macodou Ndiaye út Senegal, Alexander Shvartsman út Ruslân en Paolo Faleo sels. Fjouwer nasjonaliteiten spilen meiinoar in barraazje! Omdat in oare spiler him weromluts, wie Dicky van der Meer op dat stuit ek al wis fan plak, en gong it noch tusken Ndiaye, Shvartsman en Faleo. Shvartsman luts nei noch in ekstra barraazjepartij spitigernôch oan e koartste ein.

foto: fjouwer nasjonaliteiten stride om plak yn WK: f.l.n.rj.: Van der Meer, Shvartsman, Faleo, Ndiaye
rjochtefrij te brûken mei fermelding WFD/Liuwe Westra

Wilens waarden yn it histoaryske stedhûs de finales op master- en grutmasternivo damd. Yn beide groepen wie plak foar fjouwer spilers. De Rus Alexander Georgiev hie him pleatst by de grutmasters, mei Marten Walinga, Teake Kooistra en Jelle Wiersma. De trije partijen waarden spile op freedtejûn 1 maart en sneon oerdei 2 maart. Alle spullen wiene dreech en deeglik, en de spilers moasten it hawwe fan it folhâlden fan de konsintraasje. Dat slagge net altyd: troch flaters hellen Walinga en Kooistra elk mar ien punt. Wiersma en Georgiev wiene dúdlik better yn foarm. Yn harren ûnderlinge spul foel de beslissing by einsluten mar troch it lytst mooglike ferskil: 1 tempo. Beide mannen hellen twa punten, en moasten dus noch in kear om it kampioenskip. Ta elk syn fernuvering rûn Georgiev doe yn in lokset: hy joech trije houten foar in wolf, mar Wiersma koe dy foar twa wer weromwinne.
   Yn ’e mastergroep sieten Jan van Dijk, Auke Zijlstra, Hans Jansen, alle trije ynternasjonale spilers fan Nederlânsk en/of Frysk komôf, en Jean Marc Ndjofang út Kameroen. Dy lêste liet it benammen yn e earste beide omlopen sitte, mar spile in prachtich spul tsjin Hans Jansen yn e tredde. Ek dat moast er lykwols nei hast 70 setten ferlieze. Auke Zijlstra, fan komôf in Blessumer, wie net te bedamjen en wûn it kampioenskip mei 2,5 punt.

foto: barraazje Georgiev (l) – Wiersma
rjochtefrij te brûken mei fermelding WFD/Marten Walinga

Einstân Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!

1 Tsjerk Wijbenga    7 punten
2 Foeke Tiemensma    6
3 Aleksej Domchev    5,5
4-7 Dicky van der Meer, Macodou Ndiaye, Alexander Shvartsman, Paolo Faleo    5
8-10 Daria Tkachenko, Davide Zhou, Elia Cantatore    4,5
11-17 Fedde Kramer, Federico Giacosa, Patrick Casaril, Herre Klaas Ykema, Gatze Ykema, Francesco Zappia, Petra Duskova    4
18-20 Wiebren Ykema, Hans van Dijk, Renaud Braye    3,5
21-24 David Tamborin, Douwe Namminga, Andrea Peirano, David Riupassa    3
25 Sietze van Netten    1
26 Feike Wiegersma    0,5

Barraazje om de plakken 4-7

Ndiaye – Van der Meer    0-1
Faleo – Shvartsman    1-0

Shvartsman – Ndiaye    kamp
Van der Meer – Faleo    0-1

Faleo – Ndiaye    1-0
Van der Meer – Shvartsman    1-0

4e plak :    Faleo:    3 punten
5e plak:    Van der Meer: 2 punten
Ndiaye en Shvartsman:0,5 punt

Twadde barraazje:

Shvartsman – Ndiaye    0-1
6e plak:      Ndiaye
7e plak:    Shvartsman

Pleatst foar it 4e WK FRYSK! op snein 3 maart 2019

út eardere kwalifikaasjetoernoaien: Teake Kooistra, Jelle Wiersma, Davide Zhou, Petra Duskova

út FO 2019 27 febr. – 1 mrt. 2019: Marten Walinga, Alexander Georgiev, Auke Zijlstra, Frederik Bos, Jean Marc Ndjofang, Hans Jansen, Dicky van der Meer

út Kwalifikaasje 2 maart 2019: Tsjerk Wijbenga, Foeke Tiemensma, Aleksej Domchev, Paolo Faleo, Macodou Ndiaye

Grutmasterfinale

1e omloop:     Walinga – Georgiev    1-0
       Wiersma- Kooistra    1-0

2e omloop:    Kooistra – Walinga    1-0
       Georgiev – Wiersma    1-0

3e omloop:    Walinga – Wiersma    0-1
       Kooistra – Georgiev    0-1

einstân grutmasters

Georgiev, Wiersma    2 punten
Walinga, Kooistra    1 punt

barraazje: Wiersma – Georgiev: 1-0

Masterfinale

1e omloop:    Zijlstra – Ndjofang    1-0
   Van Dijk – Jansen    1-0

2e omloop:    Jansen – Zijlstra    kamp
   Ndjofang – Van Dijk    0-1

3e omloop:    Zijlstra – Van Dijk    1-0
   Jansen – Ndjofang    1-0

einstân masters

Zijlstra    2,5
Van Dijk    2
Jansen    1,5
Ndjofang    0

doorfriesdammen

Rus Georgiev berikt finale Frysk damjen

Frjentsjer — Nei trije dagen en acht omlopen Frysk damjen is it toernoai Fryslân Open ynearsten ta in ein kaam. Hjirnei spylje de sterkste fjouwer dielnimmers en de fjouwer earstfolgjende net-Fryske spilers freedtejûn en sneon yn it Frjentsjerter stedhûs in grutmastertoernoai. It is dit jier foar it earst dat der net in aparte groep foar Friezen is, en dat wie ek mar goed. De Rus Georgiev helle nammentlik de earste fjouwer.

Georgiev hie him ferline simmer by it earste wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen ek al sjen litten. Hy waard doe twads, nei Marten Walinga. De Rus, âld-wrâldkampioen yn it ynternasjonale damspul, hie no in minne start, mar slûpte hast ûngemurkenwei yn e ranglist omheech. De kroan op syn damjen wie syn lêste partij tsjin de Fryske matsjedoar Taeke Kooistra, dy t him raar ferseach doe t er efterstruts. Kooistra helle oars noch wol de finale, lykas ek Walinga en Jelle Wiersma.

De finalepûl foar de net-Friezen bestiet út Fries-om-utens Auke Zijlstra, Hans Jansen (Amstelveen), Jan van Dijk (Oerterp) en de Kameroenees Jean Marc Ndjofang. De Grinslanner Frederik Bos, dy t likefolle punten helle as Georgiev, moast him needtwongen foar de finale tebeklûke.

Utslaggen en einstân

Sande omloop:

Alexander Georgiev – Tsjerk Wijbenga 1-0; Hans Jansen – Frederik Bos 0-1; Kees Tijssen – Dicky van der Meer 1-0; Patrick Casaril – Auke Zijlstra 0-1; Jean Marc Ndjofang – Sjoerd Couperus 0-1; Herbert Tulleken – Petra Duskova 0-1; Fedde Wiersma – Aleksej Domchev 1-0; Hein de Vries – Renaud Braye 0.5-0.5; Piet Sikma – Macodou NDiaye 0-1; Darya Tkachenko – Alexander Shvartsman 0-1; David Riupassa – Bauke Dijkstra 0-1; Jan van Dijk – Taeke Kooistra 0-1; Marten Walinga – Foeke Tiemensma 1-0; Jelle Wiersma – Liuwe Westra 1-0.

Achtste omloop:

Bos – Van Dijk 1-0; Tiemensma – Tijssen 1-0; Wijbenga – Wiersma 1-0; Couperus – Jansen 0-1; Shvartsman – Van der Meer 0.5-0.5; De Vries – Casaril 0-1; NDiaye – Ndjofang 0-1; Dijkstra – Petra Duskova 0.5-0.5; Domchev – Braye 0-1; Tkachenko – Sikma 0-1; Walinga – Wiersma 0.5-0.5; Kooistra – Georgiev 0-1; Zijlstra – Westra 1-0; Tulleken – Riupassa 0-1.

Einstân:

1 Walinga 6,5 punt

2-5 Jelle Wiersma, Kooistra, Georgiev, Bos 6 punten

6 Tiemensma 5,5 punt

7-8 Wijbenga, Zijlstra 5 punten

9-11 Van Dijk, Tijssen, Jansen 4,5 punt

12-17 Van der Meer, De Vries, Couperus, Westra, Fedde Wiersma, Ndjofang 4 punten

18-20 Dijkstra, Duskova, Shvartsman 3,5 punt

21-23 Casaril, Ndiaye, Riupassa 3 punten

24-25 Domchev, Braye 2,5 punt

26-27 Sikma, Tkachenko 2 punten

28  Tulleken 0 punten

doorfriesdammen

Gjin dammer mear ungeskansearre by toernoai Fryslan Open

Nei de trije omlopen fan e earste dei fan it ynternasjonale toernoai Frysk damjen yn Frjentsjer wiene noch fjouwer spilers sûnder puntferlies. Nei de fjirde omloop wie dêr noch ien fan oer. Marten Walinga en Taeke Kooistra holden inoar kreas yn it lykwicht en dielden it punt.

Folle mear spektakel wie der by de partij tusken Jelle Wiersma en Tsjerk Wijbenga. Wiersma, in fjirtjin dagen lyn noch Frysk kampioen wurden, pakte in hout foarsprong, hoewol t er syn daam net hâlde koe. Even kaam Wijbenga fanwegen. Mei in machtigen slach helle de Arumer sels in daam, dat Wiersma joech him nei 22 setten al de hân.

Lang genietsje fan syn kopposysje koe Wijbenga lykwols net. Yn e folgjende omloop ferlear er fan Kooistra, en dêrnei fan Walinga. Dat makke dat dy dammers no twarisom boppeoan steane, op in heal punt folge troch in trijetal dêr t ek de “Hollânske” dammer Jan van Dijk diel fan útmakket. Hy naam de erkende Fryske spilers Hein de Vries en Kees Tijssen te fiter, en wûn sels hast fan Walinga.

Utslaggen en stân

Fjirde omloop 

Dicky van der Meer – Alexander Georgiev 0.5-0.5; Jan van Dijk – Hein de Vries 1-0; Frederik Bos – Bauke Dijkstra 1-0; Hans Jansen – Foeke Tiemensma 0.5-0.5; Kees Tijssen – Liuwe Westra 1-0; Aleksej Domchev – Auke Zijlstra 1-0; Macodou NDiaye – Patrick Casaril 0-1; David Riupassa – Sjoerd Couperus 0-1; Piet Sikma – Jean Marc Ndjofang 0-1; Renaud Braye – Petra Duskova 0-1; Alexander Shvartsman – Fedde Wiersma 0-1; Darya Tkachenko – Herbert Tulleken 1-0; Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma 1-0; Marten Walinga – Taeke Kooistra 0,5-0,5.

Fyfde omloop 

Kooistra – Wijbenga 1-0; Van Dijk – Walinga 0.5-0.5; Duskova – Westra 0-1; Couperus – NDiaye 1-0; Riupassa – Braye 1-0; Zijlstra – Sikma 1-0; F. Wiersma – Tkachenko 1-0; Tulleken – Shvartsman 0-1; Ndjofang – Dijkstra 1-0; De Vries – Domchev 0.5-0.5; Casaril – Jansen 1-0; Tiemensma – Van der Meer 1-0; Georgiev – Tijssen 0.5-0.5; J. Wiersma – Bos 1-0.

Sechsde omloop

Kooistra – J. Wiersma 0,5-0,5; Wijbenga – Walinga 0-1; Tijssen – Van Dijk 0-1; Tiemensma – Ndjofang 1-0; Bos – Casaril 1-0; Westra – Couperus 1-0; Domchev – Georgiev 0-1; Jansen – De Vries 1-0; Van der Meer – Riupassa 1-0; Duskova – F. Wiersma 0-1; Dykstra – Zylstra 0-1; Shvartsman – Sikma 1-0; Braye – Tkachenko 0-1; Ndiaye – Tulleken 1-0. 

Stân

1-2 Kooistra, Walinga 5 punten

3-5 Jelle Wiersma, Van Dijk, Tiemensma 4,5 punt

6-9 Wijbenga, Bos, Georgiev, Westra 4 punten

10-12 Tyssen, Van der Meer, Jansen 3,5 punt

13-17 Casaril, Couperus, Ndjofang, Zijlstra, F. Wiersma 3 punten

18-19 De Vries, Domchev 2,5 punt

20-25 Duskova, Dykstra, Shvartsman, Ndiaye, Riupassa, Tkachenko 2 punten

26-27 Sikma, Braye 1 punt

28 Tulleken 0 punten

Lotting sande omloop:

Van Dijk – Kooistra

Walinga – Tiemensma

Jelle Wiersma – Westra

Georgiev – Wijbenga

Jansen – Bos

Tyssen – Van der Meer

Casaril – Zylstra

Ndjofang – Couperus

Fedde Wiersma – Domchev

De Vries – Braye

Tkachenko – Shvartsman

Riupassa – Dykstra

Sikma – Ndiaye

Tulleken – Duskova

doorfriesdammen

Hennie de Haan kin de puntsjes ek wol brûke

Der wie ôfrûne moandei mar in lyts ploechje dammers. Dat hie ferskate oarsaken: sykte, Fryslân Kup, oare damferplichtingen ek yn de kommende wike en autopech. Troch it lêste koenen de jeugdige dammers út Snits net oanwêzich wêze. Spitich, want as der wat jongerein by is, dan jout dat krekt wer wat in oare sfear. Hennie de Haan wie der wol, sa as meastal. Sy kin de puntsjes wol brûke. Hiel rom sit se der noch net yn.

Se moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Dy man is sa njonkenlytsen fan alle merken thús. Ek it damjen slagget him wol aardich dit jier. Foarôf sizze jo dan al: Dit sil in hiele ris wurde foar Hennie de Haan. Dochs gyng de partij aardich lyk op en der wie hiel lang net folle te sizzen fan wa’t der no it bêste foar stie. Mar dan ynienen stean foar Hennie alle ljochten op read. Dan is der eins gjin salve mear oan te striken en moast se wer mei in nul nei hûs.

Sy koe dan fuortendaliks de oare ferliezer, Bauke de Boer, ek thús bringe. Dy ferlear sa mar fan Tineke Teigeler. Sa no no en dan kin Tineke ferrassend sterk út de hoeke komme. Se rekkene brutaalwei en selsfersekere ôf mei de nestor fan de klup. Dêrnei spilen se noch in potsje foar spek en brea. It earste potsje gyng foar de drûge woarsten, want de trije kompetysjespullen hienen se al spile. Dan is der dus de neikompetysje.

Yn in moaie partij moast Sjoerd Jan it ferlieze fan Willem Schaap. En de fjirde partij, dy tusken Cor Kooistra en Dicky van der Meer waard wûn troch de lêste. Dêr hie er net safolle muoite mei, want Kooistra wie mei de teory yn de war: Hy die in iepening fan wyt mei swart. Dêr kaam er efter fuort nei de tredde set. No dan stiet alles dus ferkeard en dan witte jo it wol.  De beide mannen ha dit seizoen fjouwer kear tsjin elkoar spile: twa kear foar de kompetysje, ien kear op in wedstriid en in kear foar de Kup. Beide ha twa kear wûn, wêrfan Van der Meer twa kear yn de kompetysje.

Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 0 – 1.

doorfriesdammen

Fryslan Open 2019

Yn FrjenTsjer is juster it toernoai Fryslân Open fan ein gien. It is in meardaachske westriidrige yn it Frysk damjen. De helte fan e 28 dielnimmers binne ynternasjonale dammers. Guon fan harren binne al jierren fêste gast op it toernoai, mar dochs die bliken dat it de Friezen noch altyd handiger ôfgiet. De fjouwer spilers sûnder puntferlies hearre dan ek typysk ta de Fryke top.

Dochs wiene der ek ferrassings. De grutste wie wol it ferlies fan topspiler Foeke Tiemensma tsjin Petra Duskova. De Tsjechyske dielnimster tsjoende in daverjende kombinaasje op it boerd, dat de Frjentsjerter koe har de hân mar jaan.

Utslaggen en tuskenstân

Earste omloop

Tsjerk Wijbenga – David Riupassa 1-0; Alexander Georgiev – Hein de Vries 0-1; Bauke Dijkstra – Herbert Tulleken 1-0; Jean Marc Ndjofang – Dicky van der Meer 0-1; Darya Tkachenko – Taeke Kooistra 0-1; Liuwe Westra – Macodou NDiaye 0-1; Renaud Braye – Hans Jansen 0-1; Auke Zijlstra – Fedde Wiersma 1-0; Piet Sikma – Frederik Bos 0-1; Petra Duskova – Foeke Tiemensma 1-0; Aleksej Domchev – Kees Tijssen 0-2; Jelle Wiersma – Alexander Shvartsman 2-0; Sjoerd Couperus – Jan van Dijk 0-2; Patrick Casaril – Marten Walinga 0-1.

Twadde omloop

Van Dijk – J. Wiersma 0-1; Walinga – Duskova 1-0; Bos – Wijbenga 0-1; De Vries – Zijlstra 1-0; NDiaye -Dijkstra 0-1; Jansen – Van der Meer 0-1; Tijssen – Kooistra 0-1; Tkachenko – Domchev 0-1; Shvartsman – Couperus 0-1; Tiemensma – Casaril 1-0; Riupassa – Sikma 0-1; F. Wiersma – Georgiev 0-1; Tulleken – Westra 0-1; Braye – Ndjofang 0-1.

Tredde omloop

J. Wiersma – De Vries 1-0; Dijkstra – Walinga 0-1; Van der Meer – Wijbenga 0-1; Kooistra – Domchev 1-0; Georgiev – NDiaye 1-0; Ndjofang – Jansen 0-1; Sikma – Van Dijk 0-1; Duskova – Tijssen 0-1; Couperus – Bos 0-1; Zijlstra – Tiemensma 0-1; Westra – Shvartsman 1-0; Casaril – Tkachenko 1-0; F. Wiersma – Riupassa 0-1; Tulleken – Braye 0-1.

Tuskenstân

1-4    Tsjerk Wijbenga, Jelle Wiersma, Marten Walinga, Teake Kooistra: 3 punten
5-14    Hein de Vries, Dicky van der Meer, Jan van Dijk, Frederik Bos, Kees Tyssen, Bauke Dijkstra, Hans Jansen, Alexander Georgiev, Foeke Tiemensma, Liuwe Westra: 2 punten
15-24    Petra Dušková, Macodou Ndiaye, Alexej Domchev, Jean Marc Ndjofang, Piet Sikma, Patrick Casaril, Auke Zylstra, Sjoerd Couperus, David Riupassa, Renaud Braye: 1 punt
25-28    Alexander Shvartsman, Herbert Tulleken, Daria Tkachenko, Fedde Wiersma: 0 punten

Lotting foar de fjirde omloop

Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma
Marten Walinga – Teake Kooistra
Dicky van der Meer – Alexander Georgiev
Jan van Dyk – Hein de Vries
Frederik Bos – Bauke Dykstra
Hans Jansen – Foeke Tiemensma
Kees Tyssen – Liuwe Westra
Alexej Domchev – Auke Zylstra
Macodou Ndiaye – Patrick Casaril
David Riupassa – Sjoerd Couperus
Piet Sikma – Jean Marc Ndjofang
Renaud Braye – Petra Dušková
Alexander Shvartsman – Fedde Wiersma
Daria Tkachenko – Herbert Tulleken

doorfriesdammen

Rubryk 22-2-2019

Jelle Wiersma fan Wommels is op ‘e nij Frysk kampioen wurden. Foar de tredde kear op in rige en mei elkoar al sawn titels. Hy komt sa stadichoan yn it rychje matsjedoaren Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries elk 10 titels, Stinus v.d. Goot mei 12 titels en wa wit hellet er Taeke Kooistra nochris yn dy’t der fier út rint mei 18 kampioenskippen.

Op 16 febrewaris wienen de lêste twa omlopen yn Aldegea-SWF. Wiersma stie in heal punt foar op Marten Walinga en in fol punt op Kooistra. Wiersma soe winne fan Kooistra en Walinga fan Henk Haanstra. Dyselsde Haanstra wûn wer fan Wiersma. Lykswols wie de titel binnen doe’t Kooistra fan Walinga wûn. De winst yn de seisde partij mei swart tsjin Kooistra wie dus beskiedend. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20  3.37-31 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.34-30 25×34 9.39×30 1-7 10.30-24 19×30 10.30-25 9-14 11.33-29 19×39 12.43×3411.35×24 20×29 12.33×24 16-21  13.31×11 07×16   14.40-35 12-17 Oanfalle op elkoars lange hoeke.15.44-40 17-21 16.49-44 10-14 17.44-39 14×34 18.39×30 21-26 19.30-25 9-14 Der drige 25-20, 32-27 en 38-33. 20.40-34 18-22 21.32×12 13×11 22.34-30 26-31 23.37×26 16×36 De kar 24-20 is misskien wol better mei hiel oars spul. 24.38-33 8-12 25.33-29 12-17 26.43-38 11-16 27.42-37 14-19 Swart keart de ôfruil troch 38-33. 28.29×9 3×14 Op ‘e nij is 30-24 mooglik. 29.50-44 17-21 30.30-24 14×34 31.44×24 21-26 32.45-40 6-11 33.40-34 11-17 34.34-29 17-22 Wyt kin net mear tebek ôfruilje en moat wol 35.38-33 36×38 36.48×17 16×18 37.24-20 15×24 38.25×12 2×22

39.47-41 is net goed. Nei 39.35-30 22-27 40.33-28 27-31 41.30-24 31-36 42.28-22 26-31 43.22-17 31-37 44.47×27 36-41 45.17-11 41-46 46.24-20 46-41 (46-28? om 20-14!) kriget wyt it ek dreech. 39.29-24 22-27 40.35-30 27-31 41.33-28 31-36 42.28-22 26-31 43.22-17 31-37 44.47×27 36-41 45.17-11 41-47 46.11-6 47×50 47.27-21 50-45 48.6-1 45-50 49.1-23 (1-6? om 4-9) 4-10, wyt jout op

Nr.19 sw. 2, 6, 9, 12, 23, 28, 30, 33

wyt 16, 37, 41, 42, 45, 47, 48

Nr. 20 sw. 4, 8, 18, 19, 23, 24, 26, 28

wyt 25, 37-44

En twa nijen fan Willem F. Bakker

Nr.21 sw. 2, 6, 8-10, 14, 20, 25

wyt 11, 17, 21, 34, 37, 40, 43, 47

Nr.22 sw. 2, 6, 7, 8-14, 19

wyt 16, 25, 30, 33-37, 49

Oplossingen stjoere foar 8 maart.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com