Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

De iene damjûn is de oare net.

Damjen by de Stadige Strikers jout altiten wol wer bysûndere mominten. En somtiden riget it iene momint him fêst oan it oare. Sa’n momint hâldt dan eat bysûnders yn. Moandeitejûn 10 oktober like it wol dat der ien of oare goarre troch it sealtsje gong, wêrtroch guon dammers it oer krigen fan de ien op de oar. Yn dit gefal gie it dan om wat sleauwichheden. Oars is der ek wolris in misstreek of in misrekken, mar moandei folge de iene de oare op. Mar ja it is fansels sa: De iene damjûn is de oare net.

Trije dammers koenen noch net oanwêzich wêze. Nije wike hoopje de Strikers mei folle bak wer oan te trêdzjen. Mar no oer it damjen. Kees Castelein en Tineke wienen al út doe’t oaren noch mar krekt troch de iepening wienen. Kees hie him eefkes fersjoen. Ja dat kin gebeure! Hennie de Haan siet tsjin Cor Kooistra. De lêste ferlear foarich seizoen tsjin har en oan alles wie te merken dat hy wat rjochtsette woe. Dat slagge him aardich goed, want nei in healoere stie er in houtsje foar. Der kaam wer wat leven yn him en hy wie wakker oan it ferhaal wêrom at er tee dronk yn plak fan kofje. Tuskentroch die er ek in set. Hy sei letter:”Ik hie it houtsje setten en seach fuortendaliks de blunder!” Hennie joech mei in heakje twa en sloech der fiif ôf. No stûn de foarsitter yn plak fan ien foar twa efter! Hy hie ien gelok, want hy koe frij maklik troch rinne op de linkerflank. Hy pakte wer in hout werom en dêrnei hie Hennie eins neat mear yn te bringen.

Njonken dizze spilers siet Ype Boelens tsjinoer Dicky van der Meer. Se skoden in aardige partij, mar oan de ein fan it spul briek Dicky troch en koe sa in daam skowe. Ype hie noch trij houtstjes en dy hienen einliks neat yn te bringen. Dicky koe dus in daam skowe en dat die er ek. Hy sette ien fan de houtsjes op slach. Ype hie in frije en foar Dicky deadlike set. De lêste sloech it houtsje en Ype joech it deadlike houtsje en Dicky sloech mei syn daam it oare houtsje fan Ype streekrjocht yn de bek. En dy sei hap! Dan tink je de partij yn de bûse te hawwen en dan ferspylje him totaal ûnnedich!

De moaiste partij fan ‘e jûn waard spile troch Jelle Wiersma en Willem Schaap. In prachtige iepen partij mei allegearre driigjende slaggen en lopen. Mar alles waard troch de mannen sjoen. It einstântsje like tige kompleks en in hurdrinner hie faaks tocht dat Willem it mooglik ferlieze soe. Mar Willen seach wat Jelle ûntkommen wie. En de omsteanders seagen it ek net, wylst it efternei mar simpel wie. Sa giet it faker en wurde ienfâldige oplossings oer de kop sjoen.

Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Bauke Bos brânt der fuortendaliks al yn!

De Stadige Strikers kamen moandeitejûn foar de twadde kear byelkoar. Ferline wike de lêste moaneitejûn fan septimber holden se in jierfergadering. Dêr waarden alle ditsjes en datsjes besprutsen dy ‘t mei it damjen te krijen hienen: de notulen, it jierferslach en de sinteraasje kamen oan bod. Mei de sinten siet it wol goed en de notulen en it jierfeslach sieten goed yn elkoar en waarden moai foarlêzen troch de skriuwer Bauke Bos.

Om noch mar efkes fierder te gean mei Bauke Bos, kinne wy jimme meidiele dat hy foar de earste keear yn de heechste klasse damme sil nei syn promoasje. Hy damme al mear as tritich jier yn de twadde groep en no dus op it heechste nivo. En wat die hy yn syn earste partij: brutaalwei winne tsjin Ype Boelens. Dêr wie neat op oan te merken! No binne de Strikers fansels tige benijd hoe’t er it fierders yn de kompetysje dwaan sil. Mar sa’t Bauke sels sei: “Ik haw yn elts gefal ien punt helle!”

Yn de twdde groep liet Jan Castelein ek eefkes syn tosken sjen. Hy spile hiel konsintrearre makke gjin rare flaters en kaam hieltiten sterker op it boerd te stean. Yn in trije om trije stân tsjin Hennie de Haan pakte er gedegen de winst. Dat soe syn soan Kees ek dwaan. Dy kaam mei moai spul in houtsje foar tsjin Tineke Teigeler. Dat like foar him op winst út te draaien. Hy stie der sa moai op as poes! Mar doe’t de stikjeskriuwer in hoart letter wer seach, wie der net folle mear oer fan syn moaie stân. Hy hie eefkes foar sinteklaas spile en sa Tineke de winst yn de skoat goaid.

Utslaggen: Bauke Bos – Ype Boelens ! – 0. Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1.Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0. Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0. Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1. Kees Castelein – Tineke Teigelaar 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint de Fryslân Kup

Freed 29 april is de finale fan de Fryslân Kup 2021-2022 ferspile yn kluphûs SieSa te Blauhús. Yn de finale sieten de klupgenoaten Taeke Kooistra en Hein de Vries tsjin oer elkoar. De striid waard wûn troch Kooistra, der mei pakt hy de kup foar de twadde kear op rige.

Hein de Vries en Taeke Kooistra oan it begjin fan de striid.
Hjir wurdt djip neitocht troch Hein de Vries
De finalisten, mei Taeke as winner


doorfriesdammen

Feestjûn en de einjûn fan de Stadige Strikers yn ien lang wykein.

Der stie hieltiid noch in feestjûn yn ferbân mei harren 40 jierrich jubileum, op de Strikers te wachtsjen. It feest dat al yn novimber holden wurde soe, mar troch de koroana wie dat der net fan kommen. Mar no’t it damjen wer los koe, kipe dy jûn ek wer om it hoekje. De feestkommisje sette de datum fêst op freed 25 maart. Dat kaam wûnderwol fantastysk út, want fuortendaliks koe der ek noch efkes stilstien wurde by it beheljen fan it klupkampioenskip. De moandeis kamen de houtsjes noch in kear op de buorden. Dat wie fuortendaliks de einjûn mei spul en wille, ferlotting en priisútrikking. Twa feestjûnen yn ien lang wykein.

Op freedtejûn mochten de partners ek meikomme en of it no kaam troch dy lêsten: it wie yn elts gefal by ús leden Jan  en Kees Castelein tige gesellich. De feestkommisje, Hennie de Haan en Tineke Teigeler, sette de bestjoersleden ek noch yn it sintsje en oerhannige harren, njonken de blommen, in moai en keunstich oantinken. Dêrnei mocht de foarsitter noch wat fertelle oer de skiednis fan de klup. Dy begûn syn praatsje net by it begjin, mar by de ein: It lêste kampioenskip. It koe allegearre net moaier fansels. Nei alle hichtepunten en ek drôvich nijs neamd te hawwen, koenen de leden en oanhing har fernuverje mei sjoelen en oare selsskipspultsjes. Fansels keazen guon der ek foar om gesellich nei te kletsen. De wol oanwêzige dambuorden waarden net oanrekke. Alles ferrûn yn in tige gesellige sfear. Al mei al in prachtige jûn.

Moandeitejûn kamen de Strikers foar de lêste kear dit damjier by-in-oar. Der hoegde net folle praat te wurden. Dat barde de freeds al. Der waard al gau mei de ferskate damfarianten útein set. Tusken de rûnten troch waard in ferlotting holden en koenen guon dammers mei in earm fol prizen nei hûs werom gean. Uteinlik koe ús wedstriidlieder, Willem Schaap, de útslach fan de kompetysje bekend meitsje. Jelle Wiersma waard yn de earste en Bauke Bos yn de twadde klasse kampioen. Doe’t de bekers mei in tapaslik wurdsje fan Willem by de blide winners te plak kommen wienen, koe de foarsitter de jûn en it damjier ôfslute.

De einútslach: Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 11 punten út 12 partijen. 2 Sjoerd Jan Bakker 10 út 16; 3 Ype Boelens 8,5 út 16; 4 Bauke Dykstra 7,5 út 12; 5 Dicky van der Meer 7,5 út 12; 6 Willem Schaap 7,5 út 13; 7 Cor Kooistra 5 út 16. Twadde klasse. 1 Bauke Bos 14 út 15; 2 Hennie de Haan 8 út 15; 3 Tineke Teigeler 7 út 15; 4 Kees Castelein 4,5 út 15; 5 Jan Castelein 1,5 út 13.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

Men kin fan tinken wol ha, dat it by de Stadige Strikers moandeitejûn tige oangenaam fertoevjen wie. De sneons wie harren achttal yn Easterein opnij klupkampioen wurden. De Strikers moasten harren titel fan 2020 ferdigenje en dat barde mei grutte sifers. Efterienfolgjend fersloegen se de mannen fan Blauhûs mei 7 – 1, Lollum – Waaksens waard mei in skoare fan 6 – 2 fan de buorden feegd en Aldegea – W  koe net ien partij fan de Skearnegoutumers winne: 8 – 0. Dus dat wie feest yn it Swettehûs fan Skearnegoutum.

It iene kampioenskip is it oare net. Sa kipe dat fan 2020 fier boppe dat fan it lêste út. Yn 20 wie it ien en al spanning en foar de finale koenen alle fjouwer achttallen noch kampioen wurde en as jo klupke dan kampioen wurdt, is dat in folsleine boppeslach. Spanning oant en mei de lêste partij. Dat wie wat! Sneon rûn dat hiel oars! Aldegea ferskynde mei in sântal oan it toernoai en dan begjinne jo fuortendaliks mei in 1 – 0 efterstân. En as dan ek noch ien fan de bêste spilers thús bliuwe moat fanwege koroana, dan is de aardichheid der wol wat ôf. Sa’n oerwinning fan de Strikers moat dan ek besjoen wurde tsjin dy eftergrûn. De Strikers hoopje dat it  oar jier alles wer wat normaal is. Guon Strikers ferklearren al, dat se der no al sin oan hienen om de striid oan te gean.

Der waarden ek noch in pear wedstriden foar de kompetysje spile. Jelle Wiersma wie te sterk foar Cor Kooistra en Hennie de Haan koe it net rêdde tsjin Bauke Bos  Ype Boelens ferlear fan Bauke Dykstra en Tineke Teigeler wûn yn in tige nijsgjirrige partij fan Jan Castelein. Dy partij is noch oan alle kanten en einen oereide. De partij fan de jûn spilen Willem Schaap en Dicky van der Meer, wylst de earstneamde it ek noch tagelyk opnaam tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar dat spul wie foar de aardichheid.. Sjoerd Jan wûn. Doe koe Willem him hielendal talizze op de partij tsjin Dicky. No dat waard ek foar it omsittend laach in lust foar it each. Nei in heel moai einspul luts Willem oan it langste ein.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Skearnegoutum wer klupkampioen

Nei in jier ûnderbrekking koe it klupkampioenskip yn it Frysk damjen ôfrûne sneon dochs noch holden wurde, ek al wie it twa moanne letter as gewoanlik. Dat makke mooglik dat der wat minder flecht op ‘e koai wie as earder. En koroana hie ek noch altyd syn slachtoffers.

It slimst ferswakke wie Aldegea-SWF. Net allinne dat de klup mar ien achttal ôffurdigje koe, sels dat wie net iens folslein omdat op it lêste stuit de sterke Siebe Walinga ôfsizze moast. Dat betsjutte dat al fêst ien partij automatysk ferlern gie. Mar de oare ûnderste buorden wiene ek net sterk beset, en dêr hie Aldegea allegeduerigen lêst fan. Yn ‘e earste omloop, tsjin Lollum-Waaksens, gong it dan ek fuortdaliks al mis: 3-5. En dat wiene ek de sifers dêr’t de Aldegeasters tsjin promovendus Blauhús mei kopke ûnder giene. 

De regearjend kampioen Skearnegoutum stie der ûnderwilens folle better foar. Nei goed twa jier koe dat yn ‘e selde en noch altyd sterke opstelling efter de buorden sitten gean. En dat wie te sjen. Yn ‘e earste omloop waard Blauhús fuortdaliks mei 7-1 fan ‘e buorden reage, en dêrnei waard Lollum mei 2-6 te plak wiisd. Soks nettsjinsteande dat de Lollumers har fersterke hiene mei in pear bûtenleden, lykas de Belch Renaud Braye.

En doe wie it oan ‘e tredde omloop ta. Wat op papier programmearre wie as in spetterjende apoteoaze, dat waard yn ‘e praktyk in raren ôfdijer. Aldegea hie tsjin Skearnegoutum neat oars yn te bringen as lege briefkes. It waard in seldsum foarkommend 0-8 ferlies. Foar de Aldegeasters betsjutte it degradaasje. Fierder as mar seis buordpunten wiene se ek net kommen.

Folkert Groenveld (Aldegea) en Marten Walinga (Lollum-Waaksens) yn djippe konsintraasje. 

Hiel oars wie ûnderwilens de stimming by Blauhústers. Net allinne hiene se Aldegea ferslein, mar yn ‘e tredde omloop holden se har ek hiel knap steande tsjin Lollum. It waard úteinliks in 4-4 lykspul, en mei mar ien buordpuntsje mear hiene se sels it twadde plak beset. 

Alhiel neffens ferwachting wie Hartwert yn ‘e earste klasse oppermachtich. Wol ferrassend wie hjir  it optreden fan Jorwert. It wie twa jier lyn degradearre nei de twadde klasse, mar omdat dêr oars gjin ploegen foar beskikber wiene, mocht de Jorwerters dochs wer meidwaan yn ‘e earste klasse. En dêr einigen se ek fuortdaliks mar eventsjes op it twadde plak.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Blauhús 7-1; Aldegea – Lollum-Waaksens 3-5. Twadde omloop: Lollum-Waaksens – Skearnegoutum 2-6; Blauhús – Aldegea 5-3. Tredde omloop: Aldegea – Skearnegoutum 0-8; Blauhús – Lollum-Waaksens 4-4.

Einstân, mei tusken heakjes de buordpunten: Skearnegoutum 3 (21); Lollum-Waaksens 1,5 (11); Blauhús 1,5 (10); Aldegea 0 (6).

Earste klasse, earste omloop: Hartwert II – Jorwert 2,5-5,5; Lollum-Waaksens II – De Gaastmar 1,5-6,5. Twadde omloop: Hartwert I – Hartwert II 7-1; Jorwert – Lollum-Waaksens II 7,5-0,5. Tredde omloop: De Gaastmar – Jorwert 3,5-4,5; Lollum-Waaksens II – Hartwert I 0,5-7,5. Fjirde omloop: Hartwert I – De Gaastmar 6,5-1,5; Hartwert II – Lollum-Waaksens II 7-1. Fiifde omloop: De Gaastmar – Hartwert II 4,5-3,5; Jorwert – Hartwert I 3-5.

Einstân: Hartwert I 4 (26); Jorwert 3 (20,5); De Gaastmar 2 (16); Hartwert II 1 (14); Lollum-Waaksens II 0 (2,5).

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Moai foar Hennie neffens de frou fan de ferliezer.

It libben fan in dammer falt sa no en dan net mei. Nim as foarbyld ús foarsitter. Dy man sit yn in grouwélige damdip. Yn de tredde acht fan it PK  moast er genoegen nimme mei it sânde plak yn de einrangskikking  Dat betsjutte foar him degradaasje. Op de klup koe er ek gjin potten brekke. Hy ferlear tsjin twaddeklasser Hennie de Haan. Wy ha heard dat syn frou nei’t er har ferteld hie dat er fan Hennie net winne koe, antwurde: ”Dat is moai foar Hennie!” Sy toande dus net folle empaty foar har man, dy’t it dampaad hielendal bjuster is.

It binne frjemde tiden foar de Stadige Strikers. Ferline wike waarden der mar trije potsjes foar de kompetysje damme. Ien spultsje kipe der wat de útslach oan belanget wat boppe-út. Jan Castelein wûn nammentlik fan Hennie de Haan. Foar Jan wie dat in moai punt. De oare twa spullen waarden wûn troch dyjingen dy’t gewoanwei altiten winne.

Dizze wike waarden der fiif spullen spile. Troch koroana koenen twa dammers net meidwaan en ien koe om in oare reden net. Ien partij hie alle tiid nedich en einige doe nei in prachtich einspul yn kamp: Dicky tjin Bauke Dykstra. En dan wie der fansels de grutte ferassinng fan de jûn: Hennie de Haan fersloech Cor Kooistra. Der is yn it begjin fan dit stikje al  oandacht bestege.

Utslaggen: 28 – 02. Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1. 07 – 03. Ype Boelens – Sjoerd jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Hennie de Haan 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra ½ – ½;  Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Damkampioenskip noch net beslikke


 

By it yngean fan ‘e finale fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul stiene  trije dammers lyk boppeoan. Nei de lêste twa omlopen, ôfrûne sneon ferspile yn Aldegea-SWF, stiene noch altyd trije man oan kop. Inkeld de gearstalling wie in bytsje oars. It betsjutte hoe dan ek dat der noch gjin kampioen oanwiisd wurde koe.

 

It grutte slachtoffer fan alle damstrideraasje wie mannichfâldich kampioen Taeke Kooistra. De moarns hie de Hartwerter noch kreas Tsjerk Wijbenga ferslein, en dêrmei hied er ek fuortdaliks allinnich de kopposysje ynnaam. Marten Walinga en Jelle Wiersma rekken in heal punt efterop omdat se yn in lange en drege partij tsjin inoar net fierder kamen as remize. Se waarden boppedat ek nochris byhelle troch Siebe Walinga. Dy Aldegeaster promovendus spile it toernoai fan syn libben, en fersloech no mei in machtigen damset syn doarpsgenoat Henk Haanstra. Dêrmei kaam de jongste Walinga op likefolle punten as Jelle Wiersma en syn broer Marten.

 

De middeis yn ‘e lêste omloop wie Marten Walinga as earste út. Mei in studearkeamerfariant traktearre er yn ‘e iepening Tsjerk Wijbenga al op in daam plus skiifefterstân, en dy joech doe ek fuortdaliks op. Siebe Walinga hie it tsjin de Ljouwerter Hein de Vries folle dreger, mar syn daam joech him oan ‘e ein wol it belissende foardiel.

 

En doe wie it wachtsjen op Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Dy setten in hiele skerpe partij op, dy’t fan beide mannen gâns tinktiid frege. Kooistra like de Wommelser wat yn ‘e tange te hawwen, mar dy seach hyltyd ôfruilmooglikheden. Yn in einstân fan trije tsjin trije joech Kooistra úteinliks belies. Dêrmei wied er yn ien klap fan it heechste nei it fjirde plak sakke. Wiersma dêrfoaroer heakke oan by de beide Walinga’s. It reglemint seit dat der by in gelikens oantal punten noch gjin kampioen oanwiisd wurde kin. Der sille dêrom noch beslissingswedstriden folgje moatte.

 

Underyn kaam it wol ta in útdragene saak. Troch syn beide ferliespotten truzele Tsjerk Wijbenga út ‘e kampioensklasse. Pieter Hoogterp koe it ek net oprêde, fansels al hielendal net doe’t er sneon fanwegen koroana ek noch ris thúsbliuwe moast.

 

De opfolgers út ‘e twadde acht wei binne Folkert Groenveld en Dicky van der Meer fan Terherne. Dizze klasse beheinde him dit jier oars ta de striid boppeyn. Troch ôfsizzings degradearren Kees Tijssen en Willem Schaap automatysk.

 

Tige ferrassend wie dat Frans Kingma de tredde acht nei him taluts. De Jorwerter hie him ommers noch pleatse moatten fia kwalifikaasjewedstriden. De twadde promovendus is hjir noch net bekend. De Blauhústers Marcel Altena en Bernard Kroon einigen lyk, dat dy sille ek noch in beslissingswedstriid spylje moatte.

 

 

 

Utslaggen en einstannen

 

Kampioensklasse, sechsde omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Wijbenga – M. Walinga 0-1; Haanstra – Hoogterp 1-0; De Vries – S. Walinga 0-1.

Einstân: M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 5; Kooistra 4,5; Haanstra 3,5; De Vries 2,5; Tj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0.

Sande omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Hoekstra – Dijkstra 1-0; Van der Meer – Westra 1-0.

Einstân: F. Groenveld 4,5; D. v.d. Meer 4; B. Dijkstra, W. Hoekstra en L. Westra 2; Sj. Couperus 0,5; (W. Schaap en K. Tijssen 0).

 

Tredde acht, sechsde omloop: Bernard Kroon (Blauhús) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1.

Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0; Dyk – Kroon 0-1; Altena – Boelens 1-0; Kingma – Sikma 1-0.

Einstân: F. Kingma 6; M. Altena en B. Kroon 5,5; Y. Boelens 4 (9); S. Dyk 3 (6); K. Wiersma 2 (5); C. Kooistra 2 (4); P. Sikma 1.

doorfriesdammen

Koptrio


 

En doe hiene we ynienen trije man boppeoan. Yn dizze kolommen is al earder memorearre dat it persoanlik kampioenskip dit jier wat de rommelige kant neist is, mar moandeitejûn is dat allegearre kreas rjochtlutsen mei mar leafst fjouwer ynhelpartijen, wêrfan in krúsjale yn ‘e kampioensklasse, dy’t yn Hartwert ferspile waard.

 

Yn dat duel tusken Marten Walinga en Taeke Kooistra siet de spanning der fan it begjin ôf goed yn. Nei in skerpe iepening rekke de partij wol yn in wat rêstiger farwetter, dêr’t Walinga wat posysjoneel foardiel yn like te hawwen, mar hy moast likegoed duvels oppasse. Dat bliek wol doe’t er tuskentiid in hout offere. Doe’t Kooistra dat letter weromjoech, en der in stân fan twa dammen en beide in skiif oerbleau, wie Walinga sines wat foarliker. Mar om dêr in twadde daam fan te meitsjen slagge net. Kamp dus, en dat makket dat Walinga en Kooistra no gelyk boppeoan steane mei Jelle Wiersma. De sterkste mei it sneon yn ‘e finale yn It Joo yn Aldegea mar wier meitsje.

 

Yn Skearnegoutum waarden der foar de tredde acht noch mar leafst trije ynhelwedstriden spile. De grutte matsjedoar yn dizze klasse is Frans Kingma. De Jorwerter moast him ôfrûne hjerst troch middel fan kwalifikaasjewedstriden pleatse, mar dat is oan syn spyljen net ôf te nimmen. Oant no ta hat er alles noch wûn. Marcel Altena, dy’t foar de partij mar in heal puntsje minder hie, koe him úteinliks ek net de baas. It lange wjuk fan de Blauhúster kaam der beroerd op te stean, dat hy offere in hout. Dat joech Kingma op in stuit wer werom, mar doe wie it foar Altena hâlden en kearen om syn materiaal dêr sa midden op it boerd te beskermjen. It waard in titanestriid, dy’t in soad rekkentiid frege. Mar doe’t Kingma lang om let op daam kaam, wie it nei kundich manûvrearjen dochs ek noch wer gaueftich beslikke.

 

Ek spannend wie it by Cor Kooistra tsjin dy oare Blauhúster, Bernard Kroon. It rûn út op in klassyk kantspul, dêr’t Kroon de bêste papieren like te hawwen. Kooistra sloech dêrom nei de midden, mar dêr koed er it hout net hanthavenje. En doe’t er letter in twadde skiif offerje moast, wie it dach mei de keapman.

 

En dan wie der yn Skearnegoutum ek noch in tredde parij, mar dy gong sa hurd dat de taskôgers dy’t wat letter ynskeakele ha, dêr net folle fan meikrigen ha sille. Wiersma waard op in stuit wat al te folle omsingele. It like dat er úteinlikls wol trochbrekke koe, mar Boelens smiet him in ein efterút en kaam sels folle earder op daam. En dat wie genôch.

 

Tuskenstannen nei fiif omlopen

Kampioensklasse: T. Kooistra, M. Walinga en J. Wiersma 3,5; S. Walinga 3; H. Haanstra 2,5; H. de Vries en Tsj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Tredde acht: F. Kingma 5; M. Altena en B. Kroon 3,5; Y. Boelens, S. Dyk en C. Kooistra 2; P. Sikma en K. Wiersma 1.

doorfriesdammen

Jelle Wiersma nimt kop by Frysk damjen


 

Skearnegoutum – Yn ‘e earste trije omlopen fan it persoanlik kampioenskip by it damjen Frysk spul wie it optreden fan titelferdigener Jelle Wiersma net al te daverjend. Twa kear rûn er yn in dikke slachset, en dat betsjutte dat er al oardel punt skea oprûn hie. Mar ôfrûne sneon seagen we de echte Wiersma wer werom. Hy wûn yn beide omlopen, en dêrmei stiet de Wommelser âlderwenst wer oan ‘e kop.

 

De moarns kaam er tsjin Hein de Vries al gaueftich in hout foar. Dat stik waard letter weromoffere om nei daam trochbrekke te kinnen, en dat bliek genôch foar de oerwinning. De middeis moast de bûter dan jild jilde tsjin Siebe Walinga. Hoewol’t dy de dei yngien wie as ferrassende koprinder, hied er de moarns tsjin Taeke Kooistra al in heal punt ferskiten. En de middeis gong it noch beroerder. Walinga naam in ruil, mar waard ferrifele troch de daam dy’t Wiersma dêr efterwei tsjoende.

 

Good old Taeke Kooistra bleau ûnderwilens kreas yn it sok troch Hein de Vries nei in lange rûnslach mei in daam te konfrontearjen. Dy oare Walinga, Marten, like der tsjin Pieter Hoogterp yn om te slaan as mâle Jan yn ‘e hinnen. Hy joech samar twa houtsjes wei. Of wie it in bewust offer? Mar dan moat de man wol hast in duvelskeunstner wêze, as er yn sa’n stân op dat stuit berekkenje koe dat er pas 13 setten letter de oerwinning byskriuwe koe. En te sjen oan syn damjen de middeis tsjin Henk Haanstra soe men oan syn singeliere jeften dochs twifelje. It waard kamp, mar dat hie foar de Waaksenser ek noch wol oars ôfrinne kind.

 

Yn ‘e twadde acht is de stân troch it útfallen fan twa dielnimmers tige ûnoersichtlik wurden, mar Folkert Groenveld liket troch syn beide oerwinnings fan dit wykein in goede kâns op promoasje te hawwen. Yn ‘e tredde acht is tige ferrassend Frans Kingma allinnich oan kop kaam. De Jorwerter hat noch gjin inkelde skea oprûn, en dat kin gjinien dammer him neisizze.

 

 

Utslaggen en tuskenstannen:

Kampioensklasse, fjirde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – S. Walinga 1-0; Kooistra – De Vries 1-0; M. Walinga – Haanstra 0,5-0,5; Wijbenga – Hoogterp 0-1.

Stân: Wiersma 5-3,5; Kooistra en M. Walinga 4-3; S. Walinga 5-3; Haanstra 5-2,5; De Vries en Wijbenga 5-1,5; Hoogterp 5-1.

 

Twadde acht, fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0.

Fiifde omloop: Groenveld – Hoekstra 1-0; Couperus – Dijkstra 0-1.

Stân: F. Groenveld 4-3,5; B. Dykstra en D. v.d. Meer 3-2; Hoekstra en Westra 3-1;  Sj. Couperus 4-0,5.

 

Tredde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1; Marcel Altena (Blauhús) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0.

Fiifde omloop: Wiersma – Sikma 0-1; Kooistra – Kingma 0-1; Kroon – Altena 0,5-0,5; Dyk – Boelens 1-0.

Stân: Kingma 4-4; Altena 4-3,5; Kroon 4-2,5; Kooistra 4-2; Dyk 5-2; Boelens en Wiersma 4-1; Sikma 5-1.