Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Utslaggen kampioenskippen jeugd Frysk Damjen 2020

Dizze sneontemiddei wiene der 14 jonge dammers nei Skearnegoutum ta kaam om de titel Frysk kampioen te winnen. De lieding wie yn hannen fan Sjouke Attema, mei help fan Jurjen Frankena en Gatze Ykema. De dammers wiene yn 3 klassen ferdield. 

By de begjinners diene Wytse Breeuwsma, Ids Delea, Mirte Hannema en Freark Smink mei. Sy spielen in dûbele kompetysje dus se moasten 2 kear tsjin elkoar. Nei de 1e omloop wiene der 3 dammers mei 2 punten dus it koe yn de 2e omloop noch alle kanten op. Ek yn de 2e omloop waard der hiel best damme en oan de ein die wol bliken dat Wytse Breeuwsma mei 4 punten de winner wie. Ids en Mirte hiene elk 3 punten en moasten dêrom noch in beslissingspartij damje. Mirte joech Ids goed partij, mar moast oan ’e ein dochs belies jaan. Hjir ûnder de útslaggen op in rij.

1e ​Wytse Breeuwsma ​4 punten

2e​Ids Delea​​3 punten, nei beslissingspartij 2e

3e​Mirte Hannema​​3 punten, nei beslissingspartij 3e

4e​Freark Smink​​2 punten

De pupillen wiene mei in groep fan 6 dammers en dêr diene mei: Wytse Wiegersma, Neeltsje Ykema, Jorrit Frankena, Teije Stor, Brecht Ykema en Janke Delea. Nei 3 partijen koe it alle kanten noch op en kaam it dochs op de lêste partijen oan om de beslissing te bringen. De measten wiene goed oan elkoar weage en der waarden betiden moaie setsjes úthelle. Wa’t de winner wie, dêr bestie gjin twivel oer, Jorrit Frankena hie alle partijen wûn en waard dêrtroch fertsjinne kampioen. Om it 2e, 3e en 4e plak wie it noch hiel spannend, want Neeltsje, Wytse en Janke hiene allegear 3 punten en ek mei it SB systeem hiene se allegear like folle punten. Dus dêr waard noch in lytse kompetysje tusken dizze 3 damd. Earst spile Wytse tsjin Janke en troch in moaie set koe Wytse yn it einspul in daam helje en dêr koe Janke net mear tsjin op, dus winst foar Wytse. Doe mocht Neeltsje tsjin Wytse en dizze partij waard wûn troch Neeltsje. Doe wiene der 2 dammers mei 1 punt en kaam it dochs echt op de lêste partij oan. Se koene allegear op 3 punten komme. Janke moast noch tsjin Neeltsje damje. Neeltsje stie healwei al 4 houten foar op Janke, dat je soene sizze, dy partij is al wûn. Mar Janke kaam geweldich werom en helle in daam en brocht har efterstân werom. Neeltsje hie noch 1 hout en in daam en Janke hie har daam poer bêst stean en Neeltsje kaam der mei har hout net mear troch hinne, dus it waard kamp. De stand waard as folget:

1e ​Jorrit Frankena​​5 punten

2e ​Neeltsje Ykema​​3 punten, nei beslissingspartijen 2e

3e ​Wytse Wiegersma​3 punten, nei beslissingspartijen 3e

4e ​Janke Delea​​3 punten, nei beslissingspartijen 3e​​

5e ​Teije Stor​​1 punt

6e ​Brecht Ykema​​0 punten

Winner Jorrit Frankena (foto DFS / Jurjen Frankena)

By de jeugd wiene der 4 dammers nei de finale gien en dat wiene: Eelco de Wolff, Wytze Zeinstra, Harmen Jacob Postma en Wiebren Ykema. Sy moasten dizze middei 3 partijen spylje om te sjen wa de nije kampioen waard. Nei 2 partijen stie Wiebren der it bêste foar mei 2 punten, mar Eelco hie al 1,5 punt en moast noch tsjin Wiebren. Dus de lêste partij gie om it kampioenskip. It wie net de dei fan Harmen Jacob, want yn de foarrûnte alles wûn en dizze dei hied er alle partijen ferlern. De partij tusken Wiebren en Eelco wie al gau beslikke yn it foardiel fan Wiebren dy’t dêrtroch kampioen waard en syn broer opfolge dy’t foarich jier noch kampioen waard. It wie wol de dei fan de beslissingspartijen, want ek hjir moast om it 2e en 3e plak spile wurde troch Eelco en Wytze. Se hiene al kamp elkoar spile dus se wiene oan elkoar weage, mar Eelco luts oan it langste ein en waard dêrmei 2e. Hiel knap fan Eelco, want hy hie him noch krekt pleatst foar finale en dan ek noch 2e wurde. De útslach wie as folget.

1e ​Wiebren Ykema​3 punten

2e ​Eelco de Wolff​​1,5 punt, nei beslissingspartij 2e

3e​Wytze Zeinstra​​1,5 punt, nei beslissingspartij 3e

4e  ​Harmen Jacob Postma​0 punten

Winner Wybren Ykema (foto DFS / Jurjen Frankena)

(Tekst Sjouke Attema)

doorfriesdammen

Jelle Wiersma prolongearret damkampioenskip

Sneon die yn Skearnegoutum bliken dat Jelle Wiersma dochs wier de sterkste spiler is yn it damjen Frysk spul. Dat is ek al wer foar de fjirde kear sa, mar dit jier wie it wol in swiere befalling. Fuort yn ‘e earste omloop wied er al tsjin in ferlies oprûn. Dêrnei rekke de Wommelser wol wer by syn sûp en stút, mar by it yngean fan ‘e finale hied er noch altyd in heal punt efterstân op Taeke Kooistra.

De moarns yn ‘e sechsde omloop moast de bûter dan mar fuortendaliks jild jilde. Wiersma gong yn ‘e oanfal oer syn rjochter kant, mar Kooistra ferdigene him taai. Troch in finesse krige Wiersma al wat mear druk, mar it wie de Hartwerter dy’t dochs as earste op daam kaam. Hy koe lykwols net tefoaren komme dat Wiersma syn twa oerbleaune houtsjes ek ta daam kroanje koe, en dat wie genôch foar de oerwinning.

It wie no dus Wiersma dy’t yn ‘e ranglist in heal punt foarsprongnaam hie. Mar de middeis hied er yn Marten Walinga noch al in taaie tsjinstanner. Dy hie de moarns Henk Haanstra (Aldegea-SWF) ferslein, en as er ek Wiersma ferslaan koe, dan koed er noch gelyk komme. Lang gong de striid lykop, oant Walinga om ‘e 40ste set hinne in ôfwikkeling naam dy’t Wiersma net oankommen sjoen hie. De man wie der dúdlik even ôf. Dochs foel de skea ta. Walinga hie in lyts tempofoardiel, mar dat hie al in hout koste. 

Wat folge benaam jin benei de siken. Beide spilers hiene oan har rjochterkant alle frijheid, en de measte taskôigers tochten dat it wol op in kampspul útdraaie soe. Yn dat gefal soe Wiersma op likense hichte einigje as Kooistra, dy’t ûnderwilens mei in moaie slach Henk Haanstra te fiter naam hie. 

It betearde lykwols oars. Walinga helle as earste in daam, mar Wiersma folge syn foarbyld net. Ynstee sette er in fangstelling op, dat Walinga rekke syn kroanjuwiel ek al fuort wer kwyt. Beide spilers hiene no elkmis noch ien hout oer, mar Wiersma sines stie krekt wat foarliker. Hy kaam dus ek krekt wat earder op daam, en koe sa opkeare dat Walinga ek safier kaam. Dêrmei wie de partij, en it kampioenskip, op ‘e set ôf wûn.

Kampioen Jelle Wiersma (foto Marten Walinga)

It kampioenskip hie ek ferliezers. Nei ien jier op it heechste nivo degradearren Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum) fuortendaliks wer werom nei de twadde acht. Hja wurde opfolge troch de Ljouwerter Hein de Vries, dy’t dy twadde klasse mei oermacht wûn, en de Aldegeaster Siebe Walinga, dy’t Folkert Groenveld (Jutryp) inkeld op wjerstânspunten foarbliuwe koe. Opfallend wie hjir ek it damjen fan ‘e 89-jierrige Sjoerd Couperus. Ferline jier wied er noch promovearre, en no hanthave er him mei in fjirde plak muoiteleas.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse

Sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Tjerk Wijbenga (Arum) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0, Willem Schaap (Dearsum) – Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1. Sande omloop: Wiersma – Walinga 1-0, Haanstra – Kooistra 0-1, Hoogterp – Wijbenga 1-0, Tijssen – Schaap 0-1.

Enstân: 1.Wiersma 6; 2. Kooistra 5,5; 3. Walinga 4; 4. Wijbenga 3 (10); 5. Hoogterp 3 (7); 6. Haanstra 2,5; 7. Tijssen 2 (6,5); 8. Schaap 2 (6).

Twadde acht

Sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Folkert Groenveld (Jutryp) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5. Sande omloop: De Vries – Walinga 1-0, Hoekstra – Dijkstra 0,5-0,5, Bakker – Groenveld 0-1, Couperus – Kooistra 1-0.

Einstân: 1. De Vries 6; 2. Walinga 4,5 (11,75); 3. Groenveld 4,5 (11,25); 4. Couperus 4; 5. Dijkstra 3; 6. Hoekstra 2,5; 7. Bakker 2; 8. Kooistra 1,5.

Tredde acht

Sechsde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Liuwe Westra (Lollum) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Ype Boelens (Menaam) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Marcel Altena (Blauhús) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0. Sande omloop: Westra – Wiersma 1-0, Van der Meer – Dyk 1-0, Sikma – Boelens 0-1, Kroon – Altena 1-0.

Einstân: 1. Van der Meer 5,5 (17,5); 2. Westra 5,5 (16,75); 3. Kroon 4 (11); 4. Wiersma 4 (10); 5. Boelens 3,5; 6. Altena 3; 7. Dyk 2; 8. Sikma 0,5.

doorfriesdammen

As jo it witte, is it sa maklik.

Foar de omstanners en dat wienen der noch mar in pear, wie it sa maklik. Mar wat foar de iene maklik is, hoecht dat foar in oar noch net te wêzen fansels. Dat is net allinne mei it damjen sa, mar dat jildt foar de measte dingen. Foar de iene soe it yn in hânomdraai klear wêze, wylst in oar dêr wakker oer sit te stinnen foar’t er ta in oplossing komt of net fansels. Yn de partij fan Bauke Dykstra en Bauke Bos spile dit. En it is  as jo it witte sa maklik.

De partij wie de hiele jûn al moai lyk op gien. Bauke Dykstra spile ek tsjin Hennie de Haan. Dat wie ek in moaie pot, mar Hennie miste oan de ein krekt even de goeie fuortsetting. Dat wie spitich, want der hie foar har wol muzyk yn sitten as sy de goeie dien hie. No efkes fierder mei de partij fan de beide Baukes. Der waard net op de klok spile., fanwege it feit dat Dykstra tsjin twa tagelyk spile. 

De partij like yn it foardiel fan siktaris Bos te wêzen. Hy hie de bêste slaggen yn petto. Dykstra seach dat fansels ek oankommen en die in needoplossing, dy’t nei alle gedachten kamp op leverje soe. Beide dammers krigen in daam en elk hie ek noch in houtsje. Dykstra syn wite daam stie yn de lange hoeke en de swarte fan Bos yn de koarte hoeke. Bauke Bos moast mei syn houtsje oer de lange line. Dat koe fansels net. Dochs makke er dêr krekt syn earste flaterke. Hy tocht syn houtsje te offerjen oan it wite houtsje, mar fergeat dêrby dat er troch dy aksje mei syn houtsje op de lange line kaam. Daamslach giet foar en doe ferspile er syn hout. Dêrnei hie it noch wol kamp wurde kinnen, mar ja dan moatte jo witte wêr’t jo de damm del sette. Dat gie dus ferkeard. Spitich foar Bos, om’t er in hiele goeie partij spile hie.

It is no wol dúdlik dat Sjoerd Jan Bakker thús sterker is as út. Op frjemde boaiem pakt er lang safolle punten net as yn syn fertroude omjouwing. Nim no de partij fan moandeitejûn. Hy moast tsjin Willem Schaap. Dy kin fansels ek wol in houtsje strike, mar is ek wakker aventuerlik. Dat is moai, want dat jout ek wat eksta’s oan in partij. Sjoerd Jan spile deeglik en Willem besocht him mei syn eigen spul yn de lueren te lizzen. Dat slagge him net. Sjoerd Jan kaam der better út en op in bepaald stuit hie Willem gjin poat mear om op te stean.

No sneon moatte beide hearen wer damje yn Skearnegoutum foar de persoanlike kampioenskippen dat jildt fansels ek foar Dicky van der Meer, Jelle Wiersma, Bauke Dykstra, Ype Boelens en Cor Kooistra.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Ype boelens 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra oan kop by persoanlik kampioenskip


Guon hiene him al ôfskreaun, mar dochs giet 18-fâldich kampioen Taeke Kooistra nei 5 fan ‘e 7 omlopen no wol wer gewoan oan ‘e lieding by it persoanlik kampioenskip. Neidat de 66-jierrige Hartwerter ôfrûne tiisdei ôfrekkene hie mei de blunderjende neiste konkurrint Marten Walinga, makke hy sneon yn Blauhús ek gjin flaters. Twa kombinaasjes wiene foar de Arumer Tsjerk Wijbenga tefolle fan it goede, en de middeis rekke Pieter Hoogterp (De Gastmar) ek al gaueftich twa houtsjes yn ‘t efter.

Yn slachkrêft docht de regearjende kampioen Jelle Wiersma oars net folle foar Kooistra ûnder, sa’t de beide promovendussen Kees Tijssen en Willem Schaap ûnderfine moasten. Wiersma gong ferline wike yn ‘e earste omloop fuortdaliks ûnderút tsjin Wijbenga, mar hy is dêrnei wer hielendal by de wâl op klattere. Yn ‘e ranglist stiet de Wommelser mar in heal punt efter Kooistra. Takom’ wike op ‘e lêste dei fan it kampioenskip treffe de beide matsjedoaren inoar noch, en dan kinne de posysjes dus samar wer omdraaid wêze.

De meast opfallende útslach wie sneon it ferlies fan Marten Walinga tsjin Kees Tijssen; it liket der op dat it de wrâldkampioen dit jier wat mist oan skerpte. Dêr hat Hein de Vries yn ‘e twadde acht gjin lêst fan. Sekuer manûvrearjend wûn er ek sneon wer syn partijen, en dat is fan dy gefolgen dat er yn dizze klasse no mei in fol punt de lieding naam hat. Oare wike yn Skearnegoutum kin him de promoasje nei de kampioensklasse dan ek hast net mear ûntgean.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Kees Tijssen (Reduzum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1. Fyfde omloop: Wiersma – Schaap 1-0, Walinga – Tijssen 0-1, Kooistra – Hoogterp 1-0, Haanstra – Wijbenga 1-0.
Stân: Kooistra 4,5; Wiersma 4; Walinga 3; Haanstra 2,5; Tijssen & Wijbenga 2; Hoogterp & Schaap 1.

Twadde acht, fjirde omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0. Fyfde omloop: De Vries – Kooistra 1-0, Walinga – Couperus 0,5-0,5, Dijkstra – Bakker 1-0, Hoekstra – Groenveld 0-1.
Stân: De Vries 4,5; Groenveld & Walinga 3,5; Couperus, Dijkstra & Hoekstra 2; Bakker 1,5; Kooistra 1.


doorfriesdammen

Slachfjild Jorwert


De tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wurdt tradysjoneel ferspile op in tiisdeitejûn op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Like tradysjoneel is dat dêr nuveraardige útslaggen te notearjen binne. Dat wie dit jier ek wer net oars. Noch sterker: alle koprinders lieten wol in stek falle.

It raarst gong it yn ‘e kampioensklasse. Marten Walinga hie ôfrûne sneon as iennichste beide partijen wûn, en stie dus grutsk boppeoan. Miskien soe dit it jier wurde dat er wer ris persoanlik kampioen wurde koe? Wel, efter dy fraach moat nei Jorwert wol in hiel grut fraachteken set wurde. Walinga iepene mei 32-27, en einige de dêropfolgjende slaanderij op fjild 27. Allegearre frij standert, wie it net sa dat Taeke Kooistra de iepeningsset mei 20-24 beantwurde hie. Ien jaan, twa weromslaan, en op ‘e sechsde set al in hout foar. Walinga besocht noch al om der wat fan te meitsjen, mar rekke fierderop yn it spul in twadde hout efter, dat dit wie úteinliks net te hâlden.

Dêrmei stiet Kooistra no mei 2,5 punt allinne boppeoan. Hy wurdt folge troch trije man mei 2 punten. Dêr heart ek Jelle Wiersma by. Tsjinstanner Henk Haanstra joech lange tiid neat ta, mar waard oan ‘e ein dochs de benaudichheid yn stjoerd. De Arumer Tsjerk Wijbenga hat ek al twa punten. Hy is yn it kampioenskip oant no ta de man fan ‘e kombinaasjes. Hied er sa sneon de hearskjende kampioen Wiersma te fiter, no waard Willem Schaap it slachtoffer.

Yn ‘e twadde acht stroffele de koprinder ek, yn alle gefal foar in part. Hein de Vries besocht it tsjin Willem Hoekstra al, mar de Aldegeaster ferdigene him knap, dat it waard kamp. Dy útslach wie yn dizze klasse dochs al oerhearskjend. Allinne Folkert Groenveld helle de folle winst, dat dy klaude sa wer wat by de wâl op.

De tredde acht, dy’t oant no ta syn fjouwer omlopen as gast op ien fan ‘e klupjûnen ferspile hie, die no foar it earst mei by de grutte jonges. It trof sa dat de beide koprinders, de DFS-haadbestjoersleden Fedde Wiersma en Liuwe Westra, it opnimme moasten tsjin ‘e beide Blauhústers Bernard Kroon en Marcel Altena. En alhiel yn ‘e geast fan ‘e jûn gongen de matsjedoaren hjir ek wer kopke-ûnder, ek al hold Altena de taskôgers lang yn spanning. Troch it ferlies fan Wiersma en Westra is Dicky van der Meer harren no foarbystutsen. Mei in ferneatigjende slach reage hy Ype Boelens oan ‘e kant.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Willem Schaap (Dearsum) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0.
Stân: Kooistra 2,5; Walinga, Wijbenga & Wiersma 2; Hoogterp, Tijssen & Schaap 1; Haanstra 0,5.

Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2,5; Hoekstra & Walinga 2; Couperus & Groenveld 1,5; Dijkstra & Kooistra 1; Bakker 0,5.

Tredde acht, fyfde omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Dicky van der Meer (Terherne) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Stân: Van der Meer 4; Westra & Wiersma 3,5; Boelens 2,5; Altena, Kroon & Dyk 2; Sikma 0,5.


doorfriesdammen

Favoryt Jelle Wiersma stroffelet


It persoanlik kampioenskip yn it damjen Fryk spul begûn ôfrûne sneon fuort al mei in grutte ferrassing. Jelle Wiersma, de ôfrûne trije jier winner fan ‘e titel, krige net rjocht fet op it spul fan Tsjerk Wijbenga. Yn it lette middenspul tsjoende de Arumer in kombinaasje út ‘e hege hoed dy’t trijekwart fan it boerd omgie. It koste him wol in hout, mar Wijbenga koe sa wol trochbrekke nei daam. De hearskjende kampioen seach der fuort al gjin gat mear yn en joech him oer. Dat de Wommelser it damjen likegoed noch net ferleard is, die de middeis bliken. No wie it Wiersma dy’t der in ferneatigjende slach úthelle. Tsjinstander Pieter Hoogterp (De Gastmar) joech fuortendaliks op.

Fan de trije favoriten rûn ek Taeke Kooistra skea op. Neidat de Hartwerter de moarns noch regulier wûn hie fan Kees Tijssen, kaam er de middeis tsjin de oare promovendus Willem Schaap net fierder as kamp. Marten Walinga makke dêrfoaroer gjin flaters. Hoogterp ferslokte him yn ‘e opsmiten komplikaasjes, en Wijbenga begûn der oan ‘e ein fan ‘e partij ek nuver yn om te skowen. Troch dizze resultaten stiet Walinga no allinne boppeoan, op in heal punt folge troch Kooistra.

Utslaggen en tuskenstannen:

Kampioensklasse:
Earste omloop: Tjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5.
Twadde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0, Walinga – Wijbenga 1-0, Kooistra – Schaap, Haanstra – Tijssen 0-1.
Stân: Walinga 2; Kooistra 1,5; Schaap, Tijssen, Wiersma & Wijbenga 1; Haanstra 0,5; Hoogterp 0.

Twadde acht:
Earste omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Couperus (Snits) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1.
Twadde omloop: De Vries – Bakker 1-0, Walinga – Groenveld 0,5-0,5, Dijkstra – Kooistra 0-1, Hoekstra – Couperus 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2; Hoekstra & Walinga 1,5; Couperus & Kooistra 1; Dijkstra & Groenveld 0,5; Bakker 0.

doorfriesdammen

Utslaggen 3e ronde Fryslankup en lotting 4e ronde

Hjir de útslaggen fan de tredde ronde.

Teake Kooistra             –           Dicky van der Meer. 1 – 0

Sybren Dyk                  –           Herman terw/van Scheltinga.               1 – 0

Siebe Walinga             –           Folkert Groenveld. 1 – 0

Cor Kooistra                –           Marten Walinga. 0 – 1

De lotting foar de heale finale is west op freed 24 januari yn Blauhus.

 Siebe Walinga               –           Marten Walinga

Siebren Dyk                    –           Teake Kooistra

De finale fan de fryslankup is op freed 3 april yn de Arena fan Blauhus.

Tevens ofsluting fan it damzeizoen fan eltse dammer mei in 5 tsjin 5 toernooi.

Ek de toto kin wer ynlevere wurde oant moandei 3 februari.

(Jappie De Jong)

doorfriesdammen

De glim op it gesicht wie der jûn wer.

It is altiten moai as jo fleurich troch it libben geane. Wat is it in genot foar in oar om in bliid mins te sjen. Oer it algemien binne der ûnder de Stadige Strikers gjin jittikdrinkers. Dat is fansels tige moai, want dat hâldt de fleur der ek wat yn. Guon sjogge de lêste tiid wol wat ekstra fleurich. Ien fan harrenferlear de glim in bytsje troch in blunder yn de tredde acht, mar jûn wie dy glim wer werom op syn gesicht.

Wy prate hjir oer Dicky van der Meer. De stikjeskriuwer hat  it ferrin fan de partij net sjoen, want it spul spile him ôf op de oare kant fan de seal. Op in bepaald stuit stûn in hiele bliere Dicky by de skriuwer. Hy hie Sjoerd Jan Bakker ferslein. Elkenien wit dat dy Sjoerd Jan op ‘t heden yn bloedfoarm ferkeart. Neffens Dicky siet der in moai loopke yn dat net sjoen wie troch Bakker.

In hiel moai einspul stie der op it boerd fan Willem Schaap en Ype Boelens. De hiele partijstie al garant foar aksje. In moai iepen spul mei moaie flypflappen, mar dy waarden net ien kear útfierd om’t fan beide kanten alles sjoen waard. It soe der dus om spanne, wa’t op it lêst de bêste papieren ha soe. Willem tocht dat er de set nei winst te pakken hie en Ype tocht ek dat er ferlern hie. Dochs seach Boelens noch ljocht. Ek foar de omstanners joech de einstân efternei noch folop diskusje, mar oer ien ding wie men it wol iens: de kamp dy’t de mannen der fan makken wie hielendal te rjochte.

Heit tsjin soan is fansels altiten wer bysûnder. Dat die moandeitejûn ek wer bliken. Jan en Kees Castelein makken der in oantreklik spul fan. Heit Jan moast syn soan der ferskate kearenop wize dat er syn klok yndrukke moast. Kees hold him mear dwaande mei it spul dan mei syn klok. Der sieten al hiele moaie echte slachjes yn dy’t sa by it Fryske spul hearre. Oan de ein fan it middenspul kaam Kees in houtsje foar. Dat wie net de earste kear yn de partij, mar alle kearen koe heit Jan it wer rjocht lûke. Dy lêste kear net. Oan dat foar kommen siet wol in tige riskant kantsje. Hy stûn doe mei ien houtsje yn de koarte hoeke tsjinoer twa fan syn heit. Beide makken se doe in foutsje. Kees kaam dêr lykwols it bêste út en wûn de partij.

Utslaggen:Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Kees Castelein – Jan Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Hester Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.

doorfriesdammen

Utnoeging foar kampioenskip Frysk Damjen foar froulju

Utnoeging foar kampioenskip Frysk Damjen foar froulju
Op sneon 15 febrewaris wurde de 6e en 7e rûnte fan it Persoanlik Kampioenskip spile yn doarpshûs ‘It Swettehûs’ yn Skearnegoutum.
Op dizze dei sil ek striden wurde om it kampioenskip Frysk Damjen foar froulju. Yn april 2018 gie de finale tusken Tineke Teigeler (kampioen yn 2017) en Akke Renske Walinga út Parregea. Dizze finale waard wûn troch Akke Renske. Spitigernôch koe it kampioenskip yn 2019 net trochgean, om ’t der te min dielnimster wiene. Wa wurdt de opfolchster fan Akke Renske?

Alle froulju kinne meidwaan; men hoecht gjin lid te wêzen fan in damklup as it dambûn. Elts is wolkom: froulju dy’t by in klup damme, mar ek froulju, dochters, memmen, (skoan-)susters, buorfroulju, freondinnen, kunde ensfh. fan dammers en damsters binne fan herte wolkom!

Wy rekkenje op in soad dielnimmers. It begjint de middeis 13:00 oere. It spylskema en de tinktiid is ôfhinklik fan it oantal dielnimsters.
Meidwaan kostet neat.
De prizen besteane út bekers én kadobonnen!
It soe moai wêze as der 6 oant 8 froulju/famkes komme!

Opjaan foar tongersdei 13 febrewaris om 21.00 oere by Fedde Wiersma, 06 – 21 37 87 00 as wiersmafedde@gmail.com

Ut namme fan it Dambûn Frysk Spul,
Fedde Wiersma
(skriuwer)


doorfriesdammen

De Strikers binne it geloksealige gefoel fan it kampioen wêzen noch net kwyt.

As it mei grutte letters op de foarsiden fan de Snitser en Boalserter stiet, dan bliuwt men troch de omstanners fan bûten de klup mei troch harren lokwinsken yn de sfear fan it kampioen wêzen hingjen.  Dat is fansels net in ûnaardich gefoel, nee sterker noch, dat is hearlik!Lykwols gong it moandeitejûn fierders wer werom nei de oarder fan de dei en foar guon waard it hearlike gefoel foar in lyts skoftke rûch fersteurd.

Twa fan de Strikers moasten spylje foar de Fryslân Kup. Dicky van der Meer yn Hartwert tsjin Taeke Kooistra en Cor Kooistra thús tsjin Marten Walinga. Beide Strikers koenen it net risse. Spitich, mar der binne altiten bazen boppe bazen. Dochs wienen der dizze jûn ek wer dammers dy’t baas wienen yn harren partij. Sa pakte Jan Castelein no Hennie de Haan wol, wylst dizze nijkeap it yn de twa eardere partijen tsjin har noch ôflizze moast. As er noch wat mear doel kriget oer de iepeningen, dan wurdt Jan noch in baas spiler. Oer Hennie wie er op it begjin nei eins de hiele partij de baas.

Dat Jelle Wiersma meastal de baas is yn syn partijen, wit elk. Dat wie er moandeitejûn ek. Dochs krige er de winst frij maklik troch in fersin fan Ype Boelens. Sjoerd Jan Bakker wûn de earste partij tsjin Bauke Dykstra mei in fernimstich moai slachje. Dat slachje waard ek noch even op de buorden brocht. De twadde partij tsjin deselde Bauke waard net útmakke mei in moai slachje, mar bakker Sjoerd Jan wie echt de baas oer it spul. Hy wûn mei gloarje. 

Fansels is it sa njonkenlytsen wol dúdlik dat de Strikers ek in hiele goeien hawwe oan Sjoerd Huitema. Faak hat er wat tiidneed en dat kostet him dan faak de kraach, mar it spultsje hat er goed yn de smizen. Hy siet tsjin Tineke Teigeler. No moatte jo dy Tineke nea útpoetse, want dy kin ek hiel sterk út de hoeke komme. Net altiten, it moat wat mei rinne. Tsjin Sjoerd bleau it lang lyk, mar by eitsjebesút wie Sjoerd baas. Dat Willem Schaap it winne soe fan Bauke Bos wie er eins oan syn stân wol ferplichte. Mar ja it kin soms raar rinne. Sa wûn Bauke foar de FK it in pear jier lyn noch fan de ek no oanwêzige Marten Walinga. Oer dy oerwinning fan Bauke waard fansels noch wol efkes praten. Dat wie histoarje! Tsjin Willem Schaap wie it oare koek. Dy liet him net yn de lueren lizze en wûn as in baas dammer.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; FK Cor Kooistra – Marten Walinga 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)