Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Rubryk 17-1-2020

Bûnsfoarsitter Liuwe Westra (wyt) en Dicky van der Meer spilen op 16 desimber yn de tredde omloop fan de ‘tredde acht’ yn Aldegea-SWF. It omsittend laach seach in moaie partij mei wikseljende kânsen en ferskate drege ferwikkelingen. 1. 31-26 20-25 2. 37-31 14-20 3. 32-27 17×37 4. 41×32 11-17 5. 46-41 5. …18-22 is in prachtset. De âlde master Jurjen Tolsma hat it hast hûndert jier lyn hielendal útsocht. Der sitte dan in protte drigingen yn. Daalk al troch 6-11 en 22-27. Wyt kin it bêste 6.33-28 22×33 7.43×14 10×19 8.49-43   5. …7-11 6. 41-37 19-24 7. 34×14 10×19  8. 33-28 8. …17-21 9.26×17 12×41 10.37×46 25-30 11.35×24 20×27 12.32×21 16×27 en wyt moat alle war dwaan om wer lyk te kommen.  8. …4-10 9. 28-22 17×28 10. 32×14 10×19 11. 31-27 19-24 12. 39-34 24-30 13. 35×24 25×23 14. 37-31 20-25 15. 38-32 Better is 15. …12-17 16.27×7 1×12. No komt wyt foar, al is it in drege stân. 15. …1-7 16. 34-30 25×34 17. 44×22  9-14 18. 40-35 14-19

Wyt kin winne troch  19.22-17! 12×41 20.26-21! 11×33 (ferpl.)  21.43×1 41×43 22.1×40 as 20,. …11×22 21.32×1 19. 42-37 3-9 19-24 is better. 20. 43-39? 20.50-44 hie moatten. Swart kin winne troch 20. …19-23! 21.22×24 18-22 22.27×18 13×42 23.47×38 16-21 24.26×17 12×14  9-14 21. 39-34 14-20 22. 34-30 20×40 23. 35×44 19-24 24. 44-40 15-20 Swart hie no in pear kear better 18-23 strike kind. 25. 40-35 20-25 26. 35×15 5×25 27. 49-44 24-29  Swart driget mei 29-33 as 29-34.  Mei 28.22-17! etc. hâldt wyt it bettere spul. 28. 27-21!? 16×38 29. 37×17 12×41  30.22-18! 8×28 (ferpl.) 31.36-31 41×21 32.26×17 11×22 33.44-40 kin ek.  30. 48-42 41×43 31. 44×42 11-16 32. 45-40 13-18? 32. …13-19 hie moatten. 33. 22×13 8×19 34. 40-34 7-11  35. 50-44 19-23

Op ‘e nij wurdt de winst net sjoen. Nei 36.26-21 11×31 37.36×27 komt wyt likegoed in hout foar. 36. 34-30 25×34 37. 44×22 2-7 38. 42-38 16-21 39. 26×17 7×18 40. 38-33 11-17 41. 36-31 17-21 42. 31×11 6×17 43. 47-42 18-22 44. 33-29 17-21 45. 29-24 22-28 46. 24-20 28-33 47. 20-14 33-39 48. 14-10 39-44 49. 10-5  En hjir waard kamp jûn.

De priiswinners fan de krystpuzzels binne 1.A.Zijlstra, Utrecht; 2.G.Ykema, De Gaastmar; 3. A.Pruijs, Emmeloord;

De problemen foar de ledder, út de rike neilittenskip fan Hiele Walinga (13 en 14) en Willem F.Bakker (15 en 16).

Nû. 13 sw. 3, 5, 8, 12, 16, 17, 40 wyt 14, 24, 31, 41, 42, 47, 49

Nû.14 sw. 5, 7-9, 18-20, 36 wyt 16, 29, 33, 39, 41, 43-45

Nû. 15 sw. 2, 4, 6, 7, 9, 24, 30 wyt 15, 17, 21, 27, 39, 44, 47

Nû. 16 sw. 5, 9, 13, 18, 20, 21, 27 wyt  29, 33, 38-41, 45

Oplossings stjoere foar 31 jannewaris

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Persoanlike kampioenskippen 3e acht – 4e rûnte

Kommende freed 17 jannewaris wurde yn kluphûs SieSa te Blauhûs wer fjouwer partijen yn de fjirde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. De partijen begjinne om 19:30 oere.

Bernard Kroon – Liuwe Westra

Marcel Altena – Fedde Wiersma

Ype Boelens – Siebren Dyk
Piet Sikma – Dicky van der Meer

De partijen binne live te folgjen fia https://toernooibase.kndb.nl/ en klik op livegames (sjoch ûndersteand plaatsje)

Ek de partij fan Taeke Kooistra tsjin Dicky van der Meer (moandei 20 jannewaris) yn de 3e ronde fan de Fryslân Kup wierskynlik live te folgjen fia ynternet.

doorfriesdammen

It koe net , mar it wie al safier

Fansels waard der neipraat oer de grutte prestaasje fan it earste achttal fan de Stadige Strikers, ôfrûne sneon yn Easterein. Klubkampioen! wa hie dat tinke kinnen? Fansels wiene der inkelde dammers dy’t dit ferline wike foarsein hiene, mar it moat altyd earst noch mar ris, mar in bytsje selsfertrouwen is fansels net ferkeard.

De foarsitter wie sa bliid as in protter en sadwaande hie er him mei syn frou in pear dagen Texel kado jûn en moasten wy it dizze jûn sûnder him stelle. Lokkich wie Ype Boelens, dy’t sneon alhiel net fit wie, wer safier opknapt dat er jûn wer fan de partij wie, mar dan tsjin de altyd drege Willem Schaap damje is in toer en dit ferlear er dizze kear. Us jeugdleden, Kees Castelein en Hester Boelens mochten it tsjin mekoar opnimme en Kees foel foar de sjarmes fan Hester (of Hester makke it him te dreech op it boerd, dat wit de skriuwer net), mar Hester wûn de partij. Dicky van der Meer hie wakker praatsjes en wûn it earste spul tsjin Tineke en woe it dêrnei noch wol efkes opnimme tsjin Jan Castelein, dy’t efkes wachte hie oant der in partij út wie. Ek dizze partij koe er byskriuwe oan syn winstpunten, dus hy bleau noch efkes yn de winstfreugde.

It dreechste en langst spul waard spile troch Bauke Bos en Sjoerd Huitema. Efkes like Bos de bettere papieren te hawwen, mar de altyd drege Huitema jout net samar op en komt faaks wol wer werom as syn tsjinstanner wat meiwurket. Bos hie it kamp meitsje kinnen, mar seach dit oer de holle en sadwaande ferlear hy de partij nei in tige spannend spul. 

Utslaggen:Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1-0Dicky van der Meer – Tineke Teigeler 0-1Hester Boelens – Kees Castelein 1-0Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1-0Jelle Wiersma – Bauke Dijkstra 1-0Ype Boelens – Willem Schaap 0-1Jan Castelein – Dicky van der Meer 0-1

(Tekst: Bauke Bos)

doorfriesdammen

Damklup Hartwert kopke-ûnder


Sensaasje en gjin ein, sneon by it klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul yn seal Bergsma yn Easterein. De damklup út Hartwert, de lêste trije jier kampioen, wie no ek wer de favoryt. Mar it betearde gâns oars. Net Hartwert, mar Skearnegoutum rûn mei de heechste eare fuort, oars ek mar krekt, want it skilde mar ien buordpunt mei Aldegea (SWF). It drama waard foar Hartwert ek noch folle grutter. De klup degradearre sels út de kampioensklasse, foar it earst sûnt 1986.

Nei de earste fan ‘e trije omlopen like it dêr oars noch net op. Hartwert wûn fan Skearnegoutum, ek al wie it mei it lytst mooglike ferskil. En Aldegea fersloech outsider Lollum mei grutte sifers. Nei de snert stie alles lykwols wer op ‘e kop. Aldegea ferlear no mei 6-2 fan Skearnegoutum. Hartwert moast it opnimme tsjin Lollum, dat in stikmennich bûtenleden ynset hie, lykas de sterke Hollânske dammer Hans Jansen. Se hiene sels in Belch yn ‘e ploech. De Hartwerters wiene sa’t it liket sa ymponearre fan al dy frjemde gesichten dat se mei mar leafst 6-2 it skip yn gongen.

Troch dy resultaten stiene alle fjouwer ploegen no yn wedstriidpunten gelyk. Yn ‘e tredde en lêste omloop moast de bûter dus jild jilde. Hartwert moast tsjin ‘e âlde rivaal Aldegea. Mar de Hartwerter ploech wie dizze sneon himsels net. Op ‘en nij ferlearen se mei 6-2. Skearnegoutum fersloech ûnderwilens Lollum, en kaam sa yn wedstriidpunten gelyk mei de Aldegeasters. Omdat Skearnegoutum 15 buordpunten byinoar garre hiene, en Aldegea 14, wiene it “De Stadige Strikers” dy’t de kampioenstsjelke nei Skearnegoutum bringe mochten.

Buordpunten beslisten ek oer de degradaasje. Lollum hie 10,5, mar Hartwert kaam net fierder as 8,5. Dat betsjutte net allinnich dat it de titel kwyt wie, mar, miskien noch folle slimmer, dat it ek nochris út de heechste klasse truzele. Mar ien kear earder moast Hartwert dy fernedering ûndergean, en dat is ek al wer 34 jier lyn. Al steane dêr fansels sûnt 1954 ek mar leafst 33 kampioenskippen foaroer.

Hartwert syn plak wurdt takom’ jier ynnaam troch Blauhús, dat mei trije oerwinnings glorieus de twadde klasse op syn namme skreau. De oare trije ploegen kamen net fierder as ien wedstriidpunt, sadat hjir ek wer de buordpunten beslisten oer degradaasje. Jorwert waard it slachtoffer, it mei takom’ jier besykje om werom te kommen út de tredde klasse wei. Dy klasse waard no wûn troch it twadde tiim fan Aldegea.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse: Hartwert – Skearnegoutum 4,5-3,5, Aldegea – Lollum 6-2; Lollum – Hartwert 6-2, Skearnegoutum – Aldegea 6-2; Aldegea – Hartwert 6-2, Skearnegoutum – Lollum 5,5-2,5.
Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): 1. Skearnegoutum 2 (15); 2. Aldegea 2 (14); 3. Lollum 1 (10,5); 4. Hartwert 1 (8,5).

Twadde klasse: Blauhús – Hartwert II 6-2, Jorwert – De Gastmar 4,5-3,5; De Gastmar – Blauhús 3-5, Hartwert II – Jorwert 6-2; Jorwert – Blauhús 1-7, Hartwert II – De Gastmar 3-5.
Einstân: 1. Blauhús 3 (18); 2. De Gastmar 1 (11,5); 3. Hartwert II 1 (11); 4. Jorwert 1 (7,5).

Tredde klasse: Skearnegoutum II – Lollum II 8-0, Aldegea II – De Gastmar II 4,5-3,5; De Gastmar II – Skearnegoutum II 5-3, Lollum II – Aldegea II 1-7; Aldegea II – Skearnegoutum II 4-4, Lollum II – De Gastmar II 0,5-7,5.
Einstân: 1. Aldegea II 2,5 (15,5); 2. De Gastmar II 2 (16); 3. Skearnegoutum II 1,5 (15); Lollum II 0 (1,5).

Foto: Bouwe Jan Bouma

doorfriesdammen

Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte


Kommende sneon stride de ferienings dy’t oansletten binne by it Dambûn Frysk Spul yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip. Ferline jier gie yn ‘e kampioensklasse de heechste eare op ‘en nij nei de damklup út Hartwert. Hoewol’t de Hartwerters útsoarte wer de grutste favoryt binne, is it net sein dat se dat ek wiermeitsje kinne, want de ferskillen tusken de klups binne net grut. Hartwert hat dit jier net allinne rekken te hâlden mei Aldegea-SWF, mar moat ek ôfweve mei “De Stadige Strikers” út Skearnegoutum, dy’t Jelle Wiersma, de sterkste dammer fan allegearre, yn ‘e ploech hawwe. Lollum-Waaksens is miskien yn ‘e bridte wat minder sterk, mar de ploech bliuwt in gefaarlike outsider dy’t eltse favoryt samar stroffelje litte kin.
De striid yn ‘e twadde klasse is noch folle minder oer te sizzen. Blauhús, De Gaastmar, Jorwert en Hartwert II, se kinne elk foar oar promovearje, mar de kâns op degradaasje is like grut.

doorfriesdammen

Slagge earste damdei fan 2020 yn Hartwert.

Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Der wiene 18 dammers op dizze damdei ôfkommen. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en nei de gebrûklike iepeningswurden fan de foarsitter waard elk yndield yn groepkes op wearde fan harren damkwaliteit. Der waard ferskuorrendst damd. Sa yn it begjin fan it nije jier wol guon harren noch wol ris healwiis fersjen, mar dat barde hjoed mar by inkele dammers.

De winst yn de eareklasse gie tusken Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. Beide mannen hiene harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. It like dat Folkert dit yn syn foardiel beslisse soe, mar troch in lyts flaterke wûn Taeke dizze partij. Yn de haadklasse wie Dicky van der Meer de grutte man. Twa kear winst en ien kamp. Liuwe Westra gie mei de twadde priis nei hûs.

Germ Bruinsma sloech feninich ta yn groep 1 fan de earste klasse. Hy wûn alle trije partijen. As twadde einige Sjoerd Kooistra dy’t allinne belies jaan moast tsjin de priiswinner. Yn de oare groep fan de earste klasse pakte Frans Kingma de earste priis. De twadde priis wie foar Sjouke de Boer.

Yn de twadde klasse liet Klaas Wiersma sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nij Beets ropt al wiken dat der net mear damme kin. No dat wie net te sjen want hy wûn alle trije partijen. De twadde priis wie foar de jeugdige dammer Herre Klaas Ykema fan De Gaastmar. It die wol bliken dat hy talint hat want hy ferlear allinne syn partij fan de priiswinner.

Folsleine útslach: Eareklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Folkert Groenveld. Haadklasse: 1. Dicky van der Meer, 2. Liuwe Westra. 1e klasse groep 1: 1. Germ Bruinsma, 2. Sjoerd Kooistra. 1e klasse groep 2: 1. Frans Kingma, 2. Sjouke de Boer. 2e klasse: Klaas Wiersma, 2. Herre Klaas Ykema

doorfriesdammen

Hartwert wie De Strikers de baas yn in spannend treffen.

It âldjier kin damklup De Stadige Strikers suver net moaier ôfslute as yn in treffen tsjin damklup Hartwert e.o.  Yn Hartwert fûn de tradysje fan de freonskiplike striid  tsjininoar plak. In striid wie it. Hoewol’t Hartwert nochal rap op foarsprong kaam, nei’t de earste punten foar de Strikers wienen, rûgelen der ek noch hiel wat punten nei Skearnegoutum ta. Uteinlik wie Hartwert de baas.

Beide klups setten trettjin spilers achter de buorden. Gjin inkele dammer hoegde stil te sitten. Doe’t der tolve spultsjes út wienen stie der op it skoareboerd: 6½ – 5½. De Strikers hienen noch in punt nedich om der kamp út te slepen. Herman Scheltinga siet tsjin Bauke Dykstra. Beide mannen spilen in moai iepen spul. Alle Strikers hopen fansels dat Dykstra winne soe. Dan soenen de klups op itselde oantal punten komme. Yn de einstriid krige Herman de bettere papieren en wûn.

De foarsitter joech likegoed heech op fan syn ferliezende ploech. Hy murk op dat syn spilers alles der oan dien hienen om te winnen. De measte partijen brûkten hast de hiele beskikbere tiid. Ek de twa debutanten fan de Strikers, heit en soan, Jan en Kees Castelein. Sy ferlearen beide wol, mar wol nei in protte striid. Sy moasten it opnimme tsjin twa yn it sâlt bebiten dammers: Jesse Boschma en Ids Boersma. It wie gjin wûnder dat dy beide Hartwerters it wûnen. 

Al mei al siet men rêstich en konsintrearrre te damjen yn it tige noflike ûnderkommen: It Terphûs. De Strikers ha de Hartwerters al fêst wer útnûge foar de striid takom jier yn Skearnegoutum.

Utslach: Hein de Vries – Jelle Wiersma 0 – 1; Taeke Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tsjerk Wijbenga – Dicky van der Meer 1 – 0; Fedde Wiersma – Willem Schaap 0 – 1; Herman Terwisscha van Scheltinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Germ Bruinsma – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Teake Kooistra – Ype Boelens ½ – ½; Jan Bouma – Sjoerd Huitema 0 – 1; Klaas Abma – Bauke Bos 1 – 0; Klaas Wiersma – Tineke Teigeler 0 – 1; Siebe Elzinga – Hennie de Haan 1 – 0; Jesse Boschma – Jan Castelein 1 – 0; Ids Boersma – Kees Castelein 1 – 0. Einstân 7½ – 5½.

Tekst: Cor Kooistra

doorfriesdammen

Loting 3e ronde Fryslânkup

Hjir de lotting fan de tredde ronde.

Teake Kooistra             –           Dicky van der Meer.

Sybren Dyk                  –           Herman terw/van Scheltinga.

Siebe Walinga             –           Folkert Groenveld.

Cor Kooistra                –           Marten Walinga.

De toto kin ynlevere wurde oant moandei 6 januari.

De lotting foar de heale finale is op freed 24 januari yn Blauhus.

Jappie De Jong.

doorfriesdammen

Utslaggen 2e ronde Fryslânkup

Hjir de utslaggen fan de twadde ronde fan de Fryslankup.

Siebe Walinga – Hein de Vries 1 – 0

Marten Walinga – Klaas Wiersma. 1 – 0

Leo Altena – Siebren Dyk. 0 – 1

Teake Kooistra – Pieter Hoogterp. 1 – 0

Epke Bootsma – Dicky v/d Meer. 0 – 1

Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0

Marcel Altena – Folkert Groenveld. 0 – 1

Herman t/v Scheltinga hie steand nr.

De lotting foar de tredde ronde is op freed 27 december yn Blauhus. Tekst: Jappie de Jong
doorfriesdammen

5e NK FRYSK! – Jelle Wiersma kampioen en entree van een verrassende debutant

Juster is de Wommelser Jelle Wiersma mei oermacht Nederlânsk Kampioen FRYSK! wurden. FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dizze fariant is spesjaal ûntwurpen, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, om de drompel foar it tige komplekse Frysk Damjen, de iennichste autochtoane tinksport fan Nederlân, te ferleegjen.

Yn it toernoai op Tresoar moasten de 15 dielnimmers allegear seis omlopen spylje. Wiersma wie de iennichste, dy’t alle seis wûn. Op it twadde plak kaam Teake Kooistra út Hartwert, mei 4,5 punt. Kooistra en Wiersma hearre beide by de absolute top fan it Frysk Damjen.

Ferrassend wie it risseltaat fan debutant Siep Buurke út Eelde. Hy damt en skaakt al syn libben lang en wie wol bekend mei de Fryske regels, mar hie noch net earder in partij spile, lit stean in toernoai. Syn 3 punten, goed foar in 7de plak, binne it bêste bewiis dat de nije fariant FRYSK! it skitterjende Fryske damspul tagonklik meitsje kin foar in grutte groep tinksporters. De organisaasje hopet dan ek, dat in protte oare dammers en skakers syn foarbyld folgje sille!

Jelle Wiersma is no de tredde dy’t him pleatst hat foar it WK FRYSK! op 8 maart 2020 te Frjentsjer. De beide oaren binne de jonge Andrea Peirano út Aosta, Italiaansk Kampioen
FRSYK! en Petra Dušková út Praach, Tsjechysk Kampioen FRYSK! Ien kandidaat kin him noch pleatse fia in ynternet-toernoai op 19 jannewaris 2020, en dan binne der noch 12 plakken dy’t inkeld fertsjinne wurde kinne yn ’e wike fan it Fryslân Open yn Frjentsjer, fan 3 oant en mei 7 maart 2020.

Hjirûnder de einstân. Foar mear ynformaasje: Liuwe Westra (06-30837586) / Marten Walinga (06-34561133)

Omrop Fryslân Tillevysje bestege ek noch omtinken oan it kampioenskip yn it nijs: sjoch https://www.omropfryslan.nl/nijs/928317-dammers-stride-om-nederlansk-kampioenskip-frysk

Foto: rjochtefrij te brûken mei fermelding Marten Walinga / Stifting WFD
Sieb Buurke (l) yn petear mei Jelle Wiersma