Categorie archief

doorfriesdammen

Rubryk 17-2-2023

Jelle Wiersma fan Wommels, lid fan de Stadige Strikers fan Skearnegoutum, is foar de tsiende kear Frysk kampioen wurden. Nei de fiifde omloop wienen der fjouwer kânshawwers. Henk Haanstra mocht noch hoopje mei trije punten, mar heake ôf troch in ferliespartij tsjin Folkert Groenveld. Marten Walinga stie mei fjouwer punten boppe oan, mar tippele yn in kombinaasje tsjin koprinner en rekôrkampioen Taeke Kooistra.

Nei 23.49-44? 6-11! 24.26×6 2-7 25.6×19 15-20 26.30×10 5×32 27.42×22 17×28 wie it gau dien en kaam Kooistra op fiif punten. Hy hie it yn hâldershân mei noch ien partij te gean. Al hime Wiersma him mei 4,5 punten yn de nekke. De winst wie tsjin Siebe Walinga, ferline jier hast kampioen, mar no de partij ferbarge en degradaasje drige. Dyselsde Walinga soe yn de lêste omloop dochs de trochslach jaan yn de race om de titel. Jelle Wiersma weefde ôf mei Marten Walinga en broer Siebe wûn fan Kooistra. Dat by eintsjebeslút wie it wer Wiersma mei syn seisde titel op in rige. J.Wiersma – M.Walinga, PK 2023, 7-e omloop, De Gaastmar, 11.2.2023 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 2-7 9.47-42 7-11 De rún fan stâl en komt soks goed yn de lange hoeke? Mar wyt, lykas swart, damje neffens it boekje. 10.31-26 16-21 11.26×17 18×16 12.37-31 19-24 12. ..12-17 13.31-26 17-21 14.26×17 16×18 15.42-37 9-13! is goed foar swart. De lange hoeke is frij en 16.34-30 kin net, dan kriget swart in daam. 13.34×14 10×19 14.40-34 16-21 15.44-40 21×41 Wyt kin moai tebek slaan. 16.36×47 19-24 17.34×14 4×24 18.32-27 24-29 19.33×24 20×29 20.39×19 13×24 21.49-44 1-7 22.27-22 12×32 23.38×27 11-17 24.40-34 17×37 25.34×14 9×20 26.42×31 8-12 27.44-40 12-17 27. ..20-24 hie better west. 28.40-34 5-10 29.50-44 3-9 30.44-40 9-13 Wyt hat in sterk blok yn de dûbele hoeke en altiid de oanfal mei 34-30. 31.47-41 7-11 32.31-26 17-21 33.26×17 11×22 34.41-37 6-11 35.37-31 11-16 36.43-38 13-19 37.38-32 22×42 38.48×37 10-14 Wyt komt yn in winnende posysje.

Nei 39.37-32 19-24, swart kin net oars, der folget 40.34-29 24×33 41.32×34 en it is yn de koartste kearen dien. 39.31-27? 19-24 40.34-29 24×33 41.35-30 25×34 42.40×38 20-24 43.37-32 24-30 44.27-21 16×27 45.32×21 30-34 46.21-17 15-20 47.17-12 No lit swart kamp lizze.

Earst 47. ..34-40 48.45×34 20-24 49.34-30 24×35 50.12-7 35-40 47. ..20-24? 48.38-33 34×32 49.12-8 32-37 50.8-3 14-19 51.3-17 Alles stiet op slach en swart jout op.

Nû.17 sw. 1, 4, 12-14, 19, 20, 23, 36 wyt 6, 25, 32, 33, 38, 39, 41, 43, 44 Nû.18 sw. 1, 2, 4, 8, 10, 12-14, 36 wyt 22, 24, 25, 28, 32, 42, 43, 47, 49

En noch twa fan Stellinga-Baron

Nû. 19 sw. 11, 13, 14, 17, 20, 21, 24, 30 wyt 29, 33, 37, 39, 42-44, 47

Nû. 20 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 3 maart. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen

De Gastmar – Hy moast fier wei komme, Jelle Wiersma. Hy sette it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen sels yn mei in ferliespartij. Mar nei de sande en lêste omloop stie er, lykas de lêste jierren, wer gewoan boppeoan.

De ynhelrace fan de Wommelser mocht besjen lije. Ek yn ‘e tredde omloop moast er tsjin Taeke Kooistra noch in heal punt tajaan, mar dêrnei sloech er it paad omheech foargoed yn. By it yngean fan ‘e finale hied er syn efterstân werombrocht ta noch mar in heal punt. Der stiene no noch twa spilers boppe him, Marten Walinga en Taeke Kooistra. Dy moasten de moarns fuortdaliks tsjin inoar, dat fan dy konkurrinten soe ek ien weifalle. It waard Walinga. Hy liet nochal wat gatten yn syn stelling ta, en dan nimme jo by it Frysk damjen in risiko. Mei in tûke slach kaam Kooistra op foarsprong, en in pear setten letter hie de Waaksenser it wol besjoen.

Wiersma hie ûnderwilens dy syn broer Siebe fan him ôfskodde. De Aldegeaster, dy’t wakkere wikselfallich út ‘e hoeke komme kin, seach oer de holle dat Wiersma efter in skiif rinne koe dy’t net mear te ferdigenjen wie. It smiet ek fuortdaliks in daam op, mar dy wachte Walinga mar net iens mear ôf.

Mar de middeis liet dizze selde Siebe Walinga tsjin Kooistra in hiele oare kant fan him sjen. No foel it yn ‘e Hartwerter te priizgjen dat er de risiko’s net mijde. Mei syn heale punt foarsprong op Wiersma hied er ek in ferdigenjende taktyk oanhâlde kinnen. Kooistra naam dêrfoaroer krekt in agressive foarpost yn. Mar dy smiet him net folle op, en geandewei krige er der sels hyltyd mear lêst fan. Boppedat begûn Walinga syn rjochterkant wat langer wat mear Kooistra syn sintrumskiven te bedriigjen. In offer koe net útbliuwe. Walinga kaam as earste op daam, en breide der dêrnei kreas in ein oan.

Kooistra syn ûnferwachtse ferlies joech oan Wiersma de gelegenheid om ta te slaan, mar dêrfoar moast er noch al Marten Walinga geweken nimme. Lang gong de partij lykop. Yn in stân fan trije om trije offere Wiersma in hout, mar dat makke wol dat er as earste op daam kaam, en dat wie genôch foar de oerwinning. En foar al wer syn tsiende kampioenskip.

Underyn wie der ek noch wol spektakel te belibjen. By it yngean fan ‘e lêste omloop stie de Terhernster Dicky van der Meer noch sûnder punten stiif ûnderoan, mar Hein de Vries, Henk Haanstra en Folkert Groenveld moasten mei elkmis 2½ punt ek foar har damjen op it heechste nivo yn noed sitte. Yn ‘e lêste omloop moasten Haanstra en De Vries tsjin inoar, en Groenveld like it op papier it maklikste te hawwen tsjin Van der Meer. Mar papier is gewillich. Groenveld gong kopke-ûnder, en de oare beide mannen spilen kamp, sadat de beide promovendy streekrjocht wer werom koene nei de twadde acht. Se wurde ynwiksele tsjin Tsjerk Wijbenga en Pieter Hoogterp, dy’t in jier earder krekt wer degradearre wiene.

Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes it SB-getal) Kampioensklasse, sechsde omloop:

Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1. Sande omloop: Wiersma – M. Walinga 1-0, Kooistra – S. Walinga 0-1, De Vries – Haanstra 0,5-0,5, Groenveld – Van der Meer 0-1. Einstân: Wiersma 5,5; Kooistra 5; M. Walinga 4; Haanstra 3,5 (23); S. Walinga 3,5 (21,5); De Vries 3; Groenveld 2,5; Van der Meer 1.

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (Nijbeets) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5. Sande omloop: Wijbenga – Hoogterp 1-0, Hoekstra – Dijkstra 0-1, Kingma – Bernard Kroon (Blauwhús) 1-0. Einstân nei seis partijen: Wijbenga 5; Hoogterp 3,5 (18); Dijkstra 3,5 (16); Kingma 2,5 (16,5); Westra 2,5 (13,5); Kroon 2 (12); Hoekstra 2 (9).

Tredde acht, sechsde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Siebren Dyk (Jorwert) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0. Sande omloop: K. Wiersma – Dyk 1-0, F. Wiersma (Easterein) – De Vries 1-0. Einstân na vijf partijen: Schaap 5; F. Wiersma 3,5; De Vries 3; K. Wiersma 2,5; Boelens 1; Dyk 0.

doorfriesdammen

Offalrace by Frysk damjen

Offalrace by Frysk damjen Der komt wat tekening yn ‘e striid om it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Wiene der sneon yn Hartwert by it yngean fan ‘e fjirde en fyfde omloop noch in seis dammers dy’t der fan dreame mochten om mei de heechste eare út te naaien, dan wie oan ‘e ein fan ‘e dei dat tal al tebekrûn ta de helte.

De moarns heakke as earste Folkert Groenveld ôf. Hy moast tsjin Jelle Wiersma in hout ôfstean, en dat betsjutte in ferliespartij. Opfallender wie it ferlies fan ‘e ferline jier sa ferrassend út ‘e hoeke kommen Siebe Walinga. Tsjinstanner Henk Haanstra kaam dêrmei op gelikense hichte as koprinner Taeke Kooistra, dy’t sels in kostber heal punt ferskiet tsjin Hein de Vries. Marten Walinga foege him nei in oerwinning op Dicky van der Meer by har. De ûnderste man aksele noch wol bot tsjin, en helle der sels in moaie daam út, mar dy bliek úteinliks dochs te kostber.

Mar Haanstra hie net lang wille fan ‘e weelde. De middeis gong it tsjin Taeke Kooistra earst wol moai lykop, mar yn in stân fan fjouwer tsjin fjouwer waard er twongen om in hout op te jaan, en doe wie it dien mei de Aldegeaster. Soks kaam Folkert Groenveld ek oer tsjin Marten Walinga, sadat Kooistra en Walinga no yn ‘e mande de kopposysje besette. Se wurde lykwols op mar in heal punt folge troch Jelle Wiersma, dy’t tsjin Dicky van der Meer in prachtige daamset op it boerd tsjoende. Ien fan dizze trije mannen sil kommende sneon yn ‘e finale op ‘e Gastmar wol oan langste ein lûke.

Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, fjirde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5;
fyfde omloop: Wiersma – Van der Meer 1-0, M. Walinga – Groenveld 1-0, S. Walinga – De Vries 0,5-0,5, Kooistra – Haanstra 1-0.
Stân nei fiif wedstriden: Kooistra en M. Walinga 5-4;Wiersma 3,5; Haanstra 3; S. Walinga 3,5; Groenveld en De Vries 1,5; Van der Meer 0.

Twadde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0, Bernard Kroon (Blauhús) – Pieter Hoogterp (De Gastmar) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; fyfde omloop: Wijbenga – Kroon 1-0, Hoogterp – Kingma 1-0, W. Hoekstra (Aldegea-SWF) – Westra 0-1. Stân: Tsj. Wijbenga 4-3; Dijkstra en Hoogterp 4-2,5; Westra 4-2; Kingma 3-1; Kroon 3-1; Hoekstra 2-0.

Tredde acht, fjirde omloop: Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; fyfde omloop: Schaap – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0, Boelens – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0. Stân: Schaap 4-4; De Vries 3-2; F. Wiersma & K. Wiersma 3-1,5; Boelens 4-1; Dyk 3-0.

doorfriesdammen

Rubryk 3-3-2023

Foar de lêste omloop fan it Frysk kampioenskip  hie rekôrkampioen Taeke Kooistra fan Hartwert in goede kâns om syn njoggentsjinde(!) titel te heljen.  Mei fiif punten stie der in heal foar op Jelle Wiersma en in fol punt op Marten Walinga. Dy twa moasten tsjin elkoar en de striid gie lang lyk op. Oan de ein wikselen de kânsen, mei Wiersma by eintsjebeslút as winner. Kooistra siet doe noch tsjin Siebe Walinga. Mei kamp soe der lyk komme mei Wiersma.  En dan in barraazje om it kampioenskip. Sa fier soe it net komme. 

T.Kooistra – S.Walinga, De Gaastmar 11 febrewaris 2023, 7-e omloop PK  

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 8-12! Meastal folget 7. ..7-12 en mei de folgjende set stiet wyt ta dat swart oerdwers ôfruilje kin. 8.34-30 liket better. 8.31-27 18-22 9.27×18 19×17 10.37-31 3-8 11.42-37 9-14 Dan no mar 12.34-30 25×34 13.39×30 20-25 14.44-39 25×34 15.39×30 14-20 Efterstrike troch 30-25 kin fansels net om 17-22 16.50-44 20-25 17.44-39 25×34 18.39×30 15-20 Swart hollet wyt syn rjochterkant út. 19.30-24 20×29 20.33×24 10-15 Daalk 17-22 en 22-27 is noch better. Wyt letter troch 34-30 oanfalle. 20. ..21-27 is in prima alternatyf. 21.40-34 17-22! 22.47-42 22-27! Swart jout in hout wei. 

Mar kriget it gauw erom mei in stân as in dyk. Wylts wyt der minder goed op stiet. 23.31×22 16-21 24.22-17 7×47 25.48×46 21-26 26.49-44 6-11 27.44-40  Daalk 27.34-30 is better. Swart moat dan wol 13-19. Lykswols nimt swart net it skerpe 27. ..13-18 en dan 12-17 foar kar. 27. ..13-19 28.24×13 12×14 29.34-30  8-12 30.30-24 14×34 31.40×29 11-16  Wyt kin opbouwe troch 29-24 en letter 43-39 en 39-34. No folget in dryste set. 32.32-28!? 12-17 33.43-39 1-6 34.42-37  Wyt wol oerdwers ôfruilje troch 37-31 

Mei de forcing 34. ..26-31! 35.37×26 16×36 36.46×26 7-11 sil swart gau winne.  34. ..17-21? 35.39-34 15-20? Better is de oanfal troch 6-11 en 11-17 mei de grutte driging 37-31. Wyt kriget no wer spul. 36.34-30 20×40 37.35×44  Foarút slaan is hjir better. Nei 37.45×34 2-7 38.38-33 21-27 39.37×17 16×38 40.33×42 liket wyt noch wat spul te hawwen. 37. ..2-7 38.44-39 21-27 39.37×17 7×27 40.45-40 27-31 41.28-22 31-36 42.22-17 16×18 Wat oars? Der drige 36-31 en 26-21 mei trochbraak.  No hâldt de skiif op 46 twa swarten fêst. 43.38-32 6-11 44.39-34 18-22 45.32×12 11×13 46.40-35 13-19 47.29×9 4×13  Swart strykt it goed út. 48.35-30 13-19 49.30-25 5-10 50.34-30 10-14  

En wyt moat noch in hout jaan. 51.30-24 14×34 52.25-20 34-40 53.20×18 40-44 54.18-12 44-50 55.12-8 50-28 56.8-3 36-41 Wyt jout op. Nei 57.46×37 28×46 hellet swart in twadde daam mei winst. In daam helje op fjild 4 ferliest ek 54.18-13 44-49 55.13-9 49-32 56.9-3 32-10 Wyt net de line 4-36 besette litte. Dat is kamp. 57.3-12 36-41 etc. as 54. ..44-50 55.13-9 50-28 56.9-4 28-32 57.4-15 32-5 Wyt moat fan de line 4-36 en swart hat krekt noch ien set mei de daam. 58.15-33 36-41 etc. Soks betsjutte Wiersma syn tsiende kampioenskip.

In nij problemen fan Hiele Walinga 

Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt  16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49  

Ut in partij, swart strykt 12-17 en ferliest, ynstjoerd troch Bauke Dijkstra. 

Nû.22 sw. 5-9, 12, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 3-2-2023

Nei de earste twa omlopen fan it Frysk kampioenskip hat Taeke Kooistra, rekôrhâlder mei achttsjin(!) titels, as ienige de folle twa punten. De beide promovendi Dicky van der Meer en Folkert Groenveld koenen it net risse. Van der Meer rûn yn in luzich slachje. Nei 38.40-35? folge Kooistra mei

38. ..19-23! 39.33×13 24-30 40.35×24 16-21! 41.27×7 7×30

Swartspiler Folkert Groenveld hie kamp meitsje kinnen yn de twadde omloop mei

45. ..13-19  46.47-41 1-6 (driget 7-12) 47.39-33 7-12! 48.22×2 11-16  49.2×30 25×21 50.26×17 16×8 51.45×25 mar der folge 45 ..1-6? 46.27-21 11×31 47.26×37 6-11 (der drige 22-17) 48.37-31 11-16 49.39-33 13-19 50.22-18! 19×17 51.31-27 17×37 52.47×27 en swart komt oan.

Kampioen Jelle Wiersma ferlear yn de earste omloop ferrassend fan Henk Haanstra. Mar koe nei in spektakulêre partij tsjin Hein de Vries in punt telle.J.Wiersma – H.de Vries, Aldegea-SWF, 28-1-2023, twadde omloop PK1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.32-27 17×37 8.41×32 12-17 9.33-28 7-11 10.35-30 25×34 11.39×10 5×14 12.43-39 16-21 13.46-41Twa dryste setten, mar wol de bêsten.13. ..2-7 14.39-33 18-22 15.32×12 7×18 16.40-35 18-22  It spul wurdt op skerp setten en in ûntlading kin net útbliuwe

17.33-29! 19×46 18.35-30! 46×35 19.45×5 21×45 20.5×20 9-14 Swart kin de dasam mei lyk hout wer ôfnimme en it einapul is lykweardich. 21.20×22 8-13 22.22×9 3×14 23.26-21 1-7 24.36-31 4-9 25.31-26 9-13 26.50-44 45×43 27.48×39 13-18?  Hjir giet it mis mei swart. Nei 27. ..7-12 28.21-17 (ferpl.) 12×21 29.26×17 14-20 30.39-33 13-18 31.17×19 20×18 rint it kamp.28.39-34 14-20 29.49-44 18-22 30.21×23 7-11 31.23-18 11-16 32.26-21 16×27 33.18-13 27-31 34.13-9 31-36 35.9-4 36-41 36.4-10 41-46 37.10×50 6-11 38.44-39 46-37 39.39-33 11-17 40.50-45 37-26 41.34-30 26-37 42.30-25 Swart mei noch ien kear mei de daam, mar hat gjin plak mear.

Twa problemen fan Stellinga-Baron

Nû.17 sw. 1, 4, 12-14, 19, 20, 23, 36 wyt 6, 25, 32, 33, 38, 39, 41, 43, 44

Nû.18 sw. 1, 2, 4, 8, 10, 12-14, 36 wyt 22, 24, 25, 28, 32, 42, 43, 47, 49

Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com


doorfriesdammen

Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden.

Boppesteande útspaak brûkte âld lid en silger Bauke de Boer wol gauris. Sok tinken die by ien fan de Strikers mooglik ek wer bliken. Fierders soe ek hast in Striker op it lêste momint noch in blunder meitsje, mar hy kaam krekt op tiid ta ynkear en pakte net ien mar twa grouwe punten. Soms wurdt men wol ryk troch ien houtsje fuort te jaan.

It binne fansels altiten wer fan dy wedstriden wêr’t in stik spanning leit by ien fan de spilers. Yn sokke spullen moat meastal in earste tsjin in twadde klasser. De druk leit dan by de earste klasse spiler, dy wol nammentlik net ferlieze tsjin in twaddenien. Sa sieten moandeitejûn Ype Boelens tsjin Jan Castelein, efterienfolgjend earste en twadde klasser. Mooglik fanwege dy druk makke Ype dochs wat in rare blunder en kaam Jan foar. De mannen spilen moai rêstich en mûsstil de partij fierders út. By it neipetear die bliken dat Jan hast in ferkearde set dwaan soe, mar ynienen seach er de fout dy’t er meitsje soe. Hy werpakte him en makke de partij sûnder skrammen en oare rarichheden út. De twa punten wienen binnen. Op de fraach as er no ek wat oars nei hûs fytse soe,  glimke Jan mar wat.

Tineke Teigeler spile in partij dy’t rûn as in tierelier. Har tsjinstanner seach suver mar ferheard op dat se sa goed striek. Se ruile alle kearen wer sterk ôf. En it soe bêst ris op in kampke útdraaie kinne. Cor Kooistra koe dêr ek net folle oan feroarje. Doe kaam dan de echte einfaze: elk in daam en elk in houtsje. Tineke har daam stie op de lange line en dy fan Cor op de koarte line. Der waard mei de houtsjes strutsen en mei de daam. Tineke wie de earste striker en se wist dat se mar tije kear mei de daam efterelkoar strike mocht. Dan moast se mei it hout. Kooistra hie har noch sein tink om dy trije kear. En doe wie har lêste kear. It houtsje fan har waard slein troch it fijanlike hout en doe moast har daan slaan en dy fleach de daam fan Cor yn de bek. Hartstikkene sneu. Tineke hie wol trije kear har houtsje fuort jaan kinnen mar dat die se net mooglik al tinkende oan De Boer syn wize wurden: Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden. Yn dit gefal  hie it houtsjeoffer altiten kamp west.

Urslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 0 – 1; Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Cor Kooistra – Tineke teigeler 1 – 0.

doorfriesdammen

Taeke Kooistra nimt kop bij damkampioenskip



Yn it sneon yn Aldegea-SWF begûne persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul hat Taeke Kooistra allinnich de kop naam. De achtjinfâldich âld-kampioen hie tsjin de beide promovendy Dicky van der Meer (Terherne) en Folkert Groenveld (Jutryp) miskien dan wol in maklik programma, mar hy makke ek gjin flaters.

Dat diene de oare favoriten wol, it raarst Jelle Wiersma. Tsjin de altyd taaie Henk Haanstra koed er net rjocht foardiel helje, en doe’t Haanstra eins op in frij ienfâldige wize in daam helje koe, wie it gau gebeurd mei de keapman. De Wommelser sette de saken de middeis wol wer rjocht tsjin Hein de Vries. Dy hie oars earder op ‘e dei hiel knap Marten Walinga op remize holden. Dy syn broer Siebe, ferline jier de revelaasje fan it kampioenskip, liet in heal punt sitte tsjin Folkert Groenveld.

De beide legere klassen hiene bot te lijen fan allegearre ôfsizzings; in part fan ‘e partijen sil troch de wike noch ynhelle wurde moatte.

Utslaggen en stannen

Kampioensklasse, earste omloop: Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, M. Walinga  – Haanstra 1-0, S. Walinga  – Van der Meer 1-0, Kooistra – Groenveld 1-0.
Stân: Kooistra 2; M. Walinga en S. Walinga 1,5; Haanstra en Wiersma 1; Groenveld en De Vries 0,5; Van der Meer 0.

Twadde acht, earste omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; twadde omloop: Dijkstra – Bernard Kroon (Blauhús) 0,5-0,5.
Stân: Dijkstra 2-1,5; Kroon 1-0,5; W. Hoekstra, P. Hoogterp, L. Westra en Tsj. Wijbenga 0-0; Kingma 1-0.

Tredde acht, earste omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; twadde omloop: Schaap – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Boelens – F. Wiersma (Easterein) 0-1.
Stân: Schaap 2-2; De Vries en F. Wiersma 1-1; Dyk en K. Wiersma 1-0; Boelens 2-0.


doorfriesdammen

Foar de tredde kear siet der net yn.

Yn 2019 en 2022 waarden de Stadige Strikers klupkampioen! Ofrûne sneon hiene se de kâns om dêr in trijekaart fan te meitsjen. Dat slagge net. Dêr wienen wy as Strikers ek net fanút gien. Lollum-Waaksens mei de klupnamme De Rûge Wolf pakte no foar de earste kear de kampioenstitel. Wat moat it Marten Walinga in grutsk gefoel jûn ha om mei twa soannen yn
it achttal kampioen te wurden. Moai foar it damjen dat no wer ris in nijenien de heechste eare pakt hat. Foar de Stadige Strikers siet dat der net yn, mar se hawwe har wol hanthavene en dat is ek geweldich.

Moandeitejûn is der fansels noch wiidweidich oer neipraten, oer dat kampioenskip. Dan komme de tekoartkommingen en de blunders oer it fuotljocht. En dan wurdt der sein: in oare kear wer better. De realiteit is dat de Stadige Strikers ek foar in wichtich part út âlde knarren bestiet en as der net wat nij bloed by komt dan sjocht it der net sa geunstich út. Der wie ek dizze jûn mar in hantsje fol dammers en dy makken dêr fansels it bêste fan fan wat se te biedeb hienen. De spannenste partij waard spile troch Willem Schaap en Bauke Bos. De earste moast yn de einfaze der noch hiel lang oer neitinke om de bêste fuortsetting te kiezen. Dêr kaam er wol goed út. Bauke Dykstra spile tsjin Ype Boelens. It wie in teoryspul wêr’t Dykstra de fijne kneepkes goed fan wit. Dy kneepkes fan him misten wy yn Easterein om’t er dêr net oanwêzich wêze koe. Ype moast it al gau opjaan.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

Foto’s klupkampioenskip 2023

Understeand inkele foto’s fan de klupkampioenskippen 2023 yn Restaurant en Partycentrum Bergsma Easterein. De foto’s binne makke troch bûnsfotograaf Bauke Bos.

Winner klupkampioenskip 2023 De Rûge Wolf út Lollum.
doorfriesdammen

Lollum ferrassend klupkampioen Frysk damjen

It klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul is ôfrûne sneon ûnferwachte wûn troch “De Rûge Wolf”. De klup út Lollum-Waaksens wie noch nea earder as earste einige. Ek al wierre it yn Easterein ek net tsjin.

Dat it sa goed foar de Lollumers beteare soe, dêr like it yn ‘e earste omloop noch net fuortendaliks op. Wis, Blauhús waard mei 5½-2½ ferslein, mar it wie yn it foar al dúdlik dat de Blauhústers it dreech krije soene. Dan wie de oerwinning mei deselde sifers fan Hartwert op Skearnegoutum folle oertsjûgjender. Hartwert is fansels fanâlds in sterke klup, mar it wie twa jier lyn wol degradearre, wylst Skearnegoutum de lêste twa kears it kampioenskip krekt op syn namme skreaun hie. De bûter moast jild jilde yn ‘e twadde omloop, doe’t de beide winners it tsjin inoar opnimme moasten. Yn ‘t earstoan rûn de striid lykop. De beide ûnderste buorden by Lollum, beset troch twa soannen fan earsteboerdspiler Marten Walinga, soargen yn ‘e mande foar in punt, en dat diene ek de beide Hollânske gastspilers Auke Zijlstra en Hans Jansen. Mar Hartwerter Germ Bruinsma sette syn ploech op in foarsprong. Dy like op it earste boerd útboud te wurden troch Taeke Kooistra, dy’t mei twa houtsjes in blokje fan fjouwer fêsthold. Marten Walinga koe de opsluting dochs noch ferbrekke, mar fierder as in kampspul soe er wol net komme kinne. Dat hie it ek wurden as Kooistra syn daam nei in slach net al te hastich wer delset hie. De ferbjustere taskôgers wisten net wat se seagen fan deselde man dy’t dochs wier yn syn libben achtjin kear persoanlik kampioen west hat. Dat it de master misse kin, wie even letter ek te sjen by Kooistra’s soan Sjoerd-Teake, dy’t in wûne stân ferblundere. Selden sil in dammer der sa ferslein by sitten ha. De goede Hartwerter kânsen wiene dan ek yn ien kear omslein, foaral ek omdat Hein de Vries yn tiidneed der net mear útkaam tsjin de Lollumer Jouke Algra. Likegoed hie Lollum yn ‘e lêste omloop yn Skearnegoutum noch in drege tsjinstanner. Mar dêr waard dochs frij handich mei ôfweefd. Benammen de seisklapper dêr’t Liuwe Westra Ype Boelens mei fan it boerd reage, makke yndruk. Mar miskien noch wol mear de finesse dy’t Hans Jansen yn syn einspul befrissele. De Lollumer oerwinning hat dêrnei eins ek gjin momint mear yn gefaar west. Blauhús rûn tsjin Hartwert ûnderwilens tsjin syn tredde ferliespartij oan, dat dy mannen sille it it takom’ jier in nivo leger sykje moatte. Se wurde ferfongen troch Aldegea, dat de foarrige kears degradearre wie, mar dat fersin no fuortdaliks wer goedmakke. Noch Jorwert noch De Gaastmar koe oan harren damkwaliteiten ek mar yn ‘e fierste fierte tippe.

Utslaggen en einstannen Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Hartwert 2,5-5,5; Lollum – Blauhús 5,5-2,5. Twadde omloop: Blauhús – Skearnegoutum 3-5; Hartwert – Lollum 3-5. Tredde omloop: Lollum – Skearnegoutum 5-3; Hartwert – Blauhús 5-3. Einstân kampioensklasse, mei tusken heakjes de buordpunten: 1. Lollum 3 (15,5); 2. Hartwert 2 (13,5); 3. Skearnegoutum 1 (10,5); 4. Blauhús 0 (8,5).

Twadde en tredde klasse, earste omloop: Aldegea – Jorwert 7-1; Lollum II – Hartwert II 2,5-5,5; De Gaastmar I – De Gaastmar II 7-1. Twadde omloop: Jorwert – De Gaastmar I 3-5; De Gaastmar II – Lollum II 4-4; Hartwert II – Aldegea 1,5-6,5. Tredde omloop: Aldegea – De Gaastmar I 5-3; Hartwert II – De Gaastmar II 8-0; Jorwert – Lollum II 5,5-2,5. Eindstân twadde klasse: 1. Aldega (SWF) 3 (18,5); 2. De Gaastmar 2 (15); 3. Jorwert 1 (9,5). Eindstân tredde klasse: 1. Hartwert II 2 (15); 2. Lollum II 0,5 (9); 3. De Gaastmar II 0,5 (5).