Categorie archief Rubryk

doorfriesdammen

Rubryk 10-12-2021

Fansels is der op it stuit in protte omtinken foar de twakamp om de wrâldtitel skaken tusken Magnus Carlsen en Jan Nepomnatschisji. En yn jannewaris sille Roel Boomstra en Aleksandr Schwarzman yn in match útmeitsje wa’t him de nije wrâldkampioen hoeks damjen neame mei. Twa tinksporten mei in lange histoarje en it Frysk damjen slút oan mei de earste striid om de wrâldtitel ôfrûnesimmer. It wie op haren en snaren dat hjir ek in Rus by wie. Mar Alexander Georgiev koe it yn de barraazje fan it Fryslân Open, it kandidatentoernooi, krekt net risse. No is Georgiev in fenomenaal hoeks dammer mei tsien wrâldtitels, mar dochs is it opfallend dat hy in koarte tiid de bêsten fan it Frysk damjen mear as partij jaan kin. Lykas in Foeke Tiemensma en Jouke Algra dy’t yn koarte tiid omheech sjitten en hast Frysk kampioen waarden. Wa wit komme der de kommene tiid wer nije toppers. Kanstantsin Nord út Belarus hat him al goed sjen litten by it Fryslân Open. En lykas by it skaken en hoeks damjen komme de Sjinezen der ek by it Frysk damjen oan. 

It Frysk damjen hat in smelle top. Soks is by it skaken en gewoan damjen wol oars. Tinksporters dy’t harren wurk der fan meitsje, betsjut ek dat de djipgong grutter is. Hat it Frysk damjen dan net folle om de hakken? Perfoarst net, it is dreech, sit fol mei kombinaasjes en hat in tige djipgeand einspul. De kâns op in kampspul is mar lyts.Soks die ek bliken fan it simmer. Mar ien fan de âlve partijen tusken Marten Walinga en Folkert Groenveld waard kamp. Sa’t we sjen sille wie dat noch bysûnder ek. Groenveld sette tige min útein mei fjouwer ferliespartijen op in rige. En wûn it fiifde spul. It seisde spul nei de rêstdei hie der winne kinnen en sa de spanning wer wat werom te bringen.

Folkert Groenveld – Marten Walinga seisde partij WK, Harns, 17-8-20211.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 17-21 Mei 4. …13-19 as 14-19 wurdt de saneamde Koopmans-iepening trochsetten. Nei 4. …18-22 moat wyt oppasse foar 5.38-32? 15-20! 6.35×24 22-28 etc.  5.30-24 25×23 6.31-27 21×32 7.37×17 12×21 8.34-30 11-16 9.30-25 21-26 Beide spilers steane as in dyk. Wyt kriget no wol de kâns it hout op fjild 38 nei de kant te ruiljen. 10.43-39 7-11 11.36-31 26×37 12.38×36 11-17 13.39-34 17-21 14.34-30 21-26 15.30-24 14×34 16.44×24 13-19Better foar swart is om nei 16. …6-11, 8-12 en 13-19 oerdwers ôf te ruiljen. 17.24×13 8×19 18. 40-34 9-14 19. 41-37 

19. …15-20? om 20.42-38 (driget 37-31) 10-15 21.34-30 30×40 22.50×30  wer dydriging. It beste is 6-11       19. …3-8 20.34-30 15-20 Wer in minder goede set. Nei 20. …8-12 21.42-38 19-24! 22.25×23 12-17 komt wyt wol wer lyk mei in lykweardige stân.  21.37-32!20×40 22.50×30 driget 42-38 en 32-27

Spylber is 22. ..4-9. Swart komt no efter22. ..19-23 23.32-27 26×28 24.30-24 14×34 25.35×24 10-15 26.49-44 15×35 27.45×25 8-13 28.44-40 16-21 29.40-35 6-11 30.42-38 13-18 31.36-31 21×41 32.47×36 2-8 33.24-20 8-13 34.38-33 4-9 35. 36-31 11-17 36.46-41 1-6 37.31-26 17-22 38. 41-36 6-11 39. 35-30 9-14 40.20×9 13×4 

Nei 41.24-20 11-17 (ferpl.) 42.24-20 is it gau út. Mar wyt ferbarget de winst.41.33-28 22×33 42.48-43 33-39 43.43×34 11-17 44. 36-31fansels 30-245-10 45. 30-24 10-14 46. 34-30 14×34 47. 30×39 4-9 48. 39-34 17-21 49. 26×19 9×40 50. 25-20 40-44 51. 20-14 44-50 52. 14-10 50-22 mei kamp.

Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.11 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Nû.12 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 24 desimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 26-11-2021

Yn de earste omloop fan de Fryslân Kupmoast Siebe Walinga tsjin Jelle Wiersma. Beiden ha se de Kup twa kearwûn. Aldegeaster Walinga hie op 15 novimber it thúsfoardiel en lotte de witekleuren. Mar koe it diz’ kear net rissetsjin de regearjend Frysk kampioen.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19De Bildtse iepening mei libben spul.6.40-34 11-17 7.42-37 4-10 8.44-40 18-229.48-42 is it skerpst. 9.50-44 22*42 10.43*41 

Nei 10. ..20-24! 11.34×23 16-21! 12.31×22 12×32 (4 sk.) 13.37×28 13×22 14.26-21 wurdt it wer lyk.10. ..19-24 11.34*14 10*19 12.39-34 7-11 13.49-43 17-21 14.26*17 16*18 15.33-28 19-24 16.34*14 18-2317.28*19 13*4 Swart hat de rún wer op stâl mei in stân as in dyk. De witerjochterkant stiet minder goed. Betterfoar wyt wie opbouwe oan de linkerkant mei 17.31-26 en skerp spul.18.43-39 11-16 19.31-26 20-24 20.39-34 12-17 21.34*14 9*20 22.40-34 20-24 23.34*14 15*13 24.35*15 5*25Wyt moat wol strike yn de mindere hoeke en komt der kealer op te stean.25.44-40 4-10 26.40-35 10-15 27.37-31 13-19 28.38-33 19-23 29.33*13 8*19 30.31-27 17*37 31.36*38 16*36Sa kriget wyt wer wat streek.32.46*26 3-9 33.41-36 2-7 34.38-32 9-13 35.32-27 25-30 36.35*24 19*30 It plan fan swart is helder 37.47-42 15-20 38.42-38 30-34 39.27-21 20-24Wyt hat net folle mear.

40.38-33 34*32 41.21-17 7*27 42.26*37 24-30 43.36-31 6-11 44.37-32 11-17 45.31-26 30-34 en wyt jout op.

Dan noch omtinken foar de tredde en beslissende partij tusken Frederik Bos (wyt) en Zhuoyuan Du fan it online toernooi dat njonken de match om de wrâldtitel ferspile waard. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.27-21 16×27 4.26×28 19-24 5.34×14 4×24 6.28-22 12×34 7.39×19 13×24 8.35-30 24×35 9.40-34 35×33 10.43×21 11×31 11.37×26 25-30 12.26-21 10-14 13.41-37 30-35 14.45×25 15×35 15.48-43 20-25 16.38-32 5-10 17.44-40 35×44 18.43×45 10-15 19.21-16 6×26 20.36×16 14-20 21.37-31 20-24 22.31-26 24-30 23.46-41 9-14 24.32-27 14-20 25.42-38 8-12 26.38-33 30-35 27.33-29 20-24 28.29×20 15×24 29.41-37 1-6 30.37-31 3-8  

It oergryslik sterke programma Scan jout hjir pas de earste ‘flater’ oan. 30. …2-8 is better. De beide dammers ha treflikspile, sjoen nei de beheinde tinktiid.31.27-21 12-18 32.31-27 8-12 33.47-42Om en om wurdt de winst ferspile. Hjir is 50-44 better, mar swart hat net itgoede antwurd mei 33… 18-22 33. ..18-23 34. 42-37  45-40 is de set.34… 24-30 35.37-31 12-18En hiir moast 35-40 36.21-17 23-28 37.17×19 28-33 38.19-14 6-1138. ..33-38 hie noch spul west foarswart. En no pakt Bos wol de winst.39.14-10 33-38 40.45-40 35×44 41.50×37 30-34 42.10-5 25-30 43.5×20 

Oplossingen problemen ledderwedstriid

Nû.5 1.43-39 2.17-11 3.39-33 4.50-44 

Nû.6 1.29-24 2.45-40 3.19-14 4.14×5

Nû.7 1.44-39 2.16-11 3.33-29 4.45-405.26-21, 50×33 6.21×34 7.34-29

Nû.8 1.37-31 2.34-29 3.26-31 4.29-23

En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 en wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 en wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 12-11-2021

Njonken de twakamp om de wrâldtitel, fan it simmer te Harns, wie der in online toernoai. De finale gie tusken Frederik Bos en de jonge Sjinees Zhuoyuan Du, dy’t him yn koarte tiid it Fryske spul eigen makke hat. Der wurdt grute dat ynde takomst in wrâldkampioen fan bûtenFryslân komme kin. Soe it Du wêzekinne? Hy hat wyt en it spul moatbeslikke wêze yn mar fiif minuten.

1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 11-16 6.31×11 1×21 7.42-37 21-26 8.37-31 26×37 9.41×32 10-15 10.28-22 18×27 11.32×21 16×27 12.33-28 27×29 Der wurdt ôfruile nei ienfâldiger spul.13.34×25 19-24 14.25×23 13×42 15.43×41 20-25 16.49-43 7-11 17.35-30 25×34 18.39×30 14-19 19.30-25 15×35 20.45×25 11-16 21.40-35 8-13 22.43-39 13-18 23. 25-20 19-23 24. 39-34 12-17 25.34-30 23-29 26.30×10 5×43 27.48×39 Nei 34.50-45 hie swart de grutte ôfruilnet nimme kind.  27. ..3-9 28.41-37 17-21 29.37-31 21×41 30.46×37 9-14 31.37-32 14-20 32.36-31 4-10 33.39-34 2-8 34.31-27 20-25 35.50-44 8-12

Bos hat twa minne setten dien en Du wint de earste partij. 36.27-22 12-17 37.22×11 6×17 38.32-27 17×37 39.47×27 10-15 40. 34-30 25×34

Yn de twadde partij stiet it sa nei22. ..30-35 en Du nimt de kar foar de djoere daam en ferliest nei 23.31-26 16×47 24.50-45 47×50 25.45×5 50-45 26.5×41 45×24  23.41-37 en dan ôfruiljetroch 24.31-26 is goed foar wyt. It tredde, beslissende spul de oare kear.

De probleme foar de ledder

Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50

Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49

mei twa nijen fan Willem F. Bakker

Nû.7 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 22, 30 wyt 16, 26, 29, 33, 44, 45

Nû. 8 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 18, 19, 28 wyt 16, 26, 30, 34, 37, 38, 41

Oplossingen stjoere foar 26 novimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 29-10-2021

Doe’t ferline maitiid corona oploege koe ek de finale fan de Fryslân Kup net troch gean. It knock-out-beker toernooi waard okkerfreed ferspile yn SieSa, it smûke kluphús fan de Blauhúster damferiening De Skyfkes. Tagelyk waard der lotte foar de earste omloop fan de Kup fan dit jier mei as útsjitter de twastriid tusken twa resinte winners Siebe Walinga en Jelle Wiersma. No gie it tusken mearfâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra mei wyt en Marten Walinga dy’t fan it simmer syn wrâldtitel prolongearre. 1.32-27 19-23  2.31-26 23-29 Wyt kin ek 2.27-21 strike. 3.34×23 18×29  4.33×24 20×29  5.39×19 13×24 6.36-31 16×36 7.46×26 24-30 8.35×24 14×34  9.40×29 17-22  10.27×18 8×30 11.31-27 12-18 12.41-36 9-14  13.38-32 14-20  14.32-28 18×38  15.37×39 11-16 16.39-34 30×39  17.43×34 20-24 18.34×14 15×13  19.44-40 13-19    20.40-35 19-24 Nei in kalme iepening sûnder tûkelteammen is der in lykweardich middenspul mei posysjoneel striken.21.48-43 7-12 22.45-40 2-7   23.40-34 24×44   24.43×45 7-11  25.42-37 12-17 26.27×7 1×12  27.37-31 12-17  28.49-43 10-14  29.45-40 14-20   30.40-34 5-10 31.34-30 20×40  32.35×44 10-14 33.44-40 4-10 34.40-35 10-15  35.35-30 3-8 36.50-44 14-20 37.30×10 15×4 38.43-39 16-21! Dizze set hie earder kind en om it foar te wêzen, wyt 31-27 

39.47-41 8-13  40.39-33 13-19Wyt kin nei in maklike trije om twa trochbrekke nei de daam. Nei 40. …13-18 41.33-29 4-10 42.29-24 18-23 43.24×22 21×23 44.41-37 17-22 45.44-40 10-15 rint wyt stomp en ferliest. 41.41-37 21×34 42.44×13 17-21 43.26×17 11×22 44.13-8 22-28 45.8-2 28-33 46.2×5 33-39 47.5-28 39-43 48.28-50 6-11 49.50×6 43-49 50.36-31 49-38 en kamp jûn. Dan folget ‘pingel-sjitten’ yn de foarm fan it einspul FRYSK!, fiif tsjin fiif. En nei twa kear kamp wûn Kooistra de Fryslân Kup.

Oplossingen ledderwedstriid

Nû.1 40-35, 36-31, 33-28, x27, 35-30

Nû.2 42-37, 49-44, 34-29, 27-22 etc.

Nû.3 26-21, 28-22, 29-23, 35-30 etc.

Nû.4 28-22, x39, 45-40, 39-34 etc.

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50

Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49

Oplossingen noch net stjoere..

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 15-10-2021

De earste partijen fan de twakamp om de wrâldtitel hienen foar Folkert Groenveld net minder wêze kind. Fjouwer kear op in rige moast der in ferlies ynkassearre wurde. Lokkich kaam der krekt foar de rêstdei in ein oan. Fansels hie dat ferlies oars kind. Mar winners telle punten en ferliezers kânsen. Marten Walinga hie yn fiifde partij de wite skiven.

1. 32-27 19-24 2. 31-26 24-29 3. 34×23 18×29 4. 33×24 20×29 5. 39×19 13×24 6. 40-34 17-21 7. 26×17 12×32 8. 38×27 11-17 9. 43-38 15-20 9.42-38 kin ek en fan swart is 6-11 bekinde téory 10. 27-22! 17×28 11. 38×18 8×28Lykas earder yn de match wurdt der in gambyt spile. Swart kriget in hout foar, mar mei in drege posysje. 12. 37-31 3-8 It hout werom jaan troch 38-33 en dan 10-15 jout in stiif spul.13. 48-43 8-12 14. 41-37 12-17 15. 31-26 16-21 16. 47-41 7-11 17. 37-31 2-7 18. 45-40 9-13 19. 50-45 34-30 is better 13-19 20. 43-39 28-33 Swart jout it hout werom en dat hie noch net hoegd, 4-9 is spylber. 21. 34×32 (39×28?) 10-15 22. 42-37 4-9 23. 39-34 9-13 24. 49-43 13-18 

Bygelyks 25.31-27 11-16 26.37-31 17×28 27.31×2 1×3 28.35-30 24×33 29.43×12 19-24 is foardiel foar wyt.25. 32-27 21×32 26. 37×8 7×9 27. 41-37 17-22 Hjir hie 1-7 moatten. Wyt komt foar nei 28.26-21 20-25 29.21×23 19×28 30.31-26 11-17 31.34-30 as 28. ..22-28 29.21-16 en lykswols nei 28. ..24-29. De spilers binne it paad no bjuster.28. 43-38 11-17 (28-22 is de set.) 29. 38-32 (34-30 hie moatten) 22×42 30. 37×48 17-22 31. 31-27 22×31 32. 26×37 9-13 33. 37-32 19-23 34. 46-41 13-19 driget 23-29 en 20-24 35. 41-37 6-11 36. 34-30 11-16 37. 30×10 15×4 38. 40-34 4-10 39. 48-42 24-29!   

44.44-40 23-28 45.32×23 29×18 is lykweardich. Walinga docht in efterstreek en rint yn in luzich slachje. 40. 34-30? 14-20 41. 30×28 23-29 42. 28×30 20×49 43. 42-38 1-6 44. 35-30 10-15 45. 36-31 15-20 46. 30×10 5×14 47. 31-27 19-23 48. 32-28 49×46 49. 28×10 46×5

De problemen foar de ledderwedstriid. Nû.1 sw.7, 13, 17-19, 23, 24 wyt 27, 33, 36, 38-40, 43 Nû.2 sw.7, 12, 19, 36, 45 wyt 27, 31, 34, 42, 49 en twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.3 sw. 4, 7, 8, 11, 14, 17, 18, 20 wyt 26, 28, 29, 35, 36, 38, 43, 44

Nû.4 sw. 3, 13, 14, 20, 21, 24, 30, 31 wyt 15, 28, 32, 39, 45, 46, 48, 50

Oplossingen stjoere foar 29 oktober.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 1-10-2021

Mei it winnen fan it Fryslân Iepen yn 2020 krige Folkert Groenveld it rjocht wrâldkampioen Marten Walinga út te daagjen. De earste twakamp yn de histoarje wie fan it simmer. Alve partijen waarden der ferspile te Harns. Walinga hie in fleanende start mei fjouwer winstpartijen. Yn it ferfolch gie de striid mear lyk op, mar Groenveld koe de skea net mear ynhelje. Yn de earste partij hie Walinga mei wyt wrotten om goed troch de iepening te kommen. En op it each, mei twa skiven oer it boerd, de wat mindere stân. Om de oanfal troch 20-24 te kearen kaam wyt mei it ferrassende

29.35-30! 16-21 30. 46-41 en troch in pear mindere setten ferbarge swart it spul. 30. …20-24 4-9 is better 31.30×19 4-9 No wie 15-20 better 32.19-14 9×20?Fansels hie 15×13 moatten. No kin wyt troch 33.28-22 21×23 34.34-30 25×34 35.40×18 in trochbraak nei daam helje.

En ek yn de twadde partij kearden troch ien set de kânsen. De stân is nommen nei 32. ..16-21! Wylts 14-19 better is. It ferrifele wyt lykswols dy’t troch

33.39-34 (driget 31-27 etc.)14-19 34.50-44 19-23 35.34-30 25×34 36.44×22 21×23 goede kânsen hie. Mar nei33.50-44? 17-22! 34.26×28 25-30! 35.35×2 10-14 36.2×16 6×48 ferlear.

De problemen binne fan Hiele Walinga.

Nû.1 sw.7, 13, 17-19, 23, 24 wyt 27, 33, 36, 38-40, 43

Nû.2 sw.7, 12, 19, 36, 45 wyt 27, 31, 34, 42, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 14-5-2021

Yn dizze lêste rubryk foarit simmerskoft kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakkewurde. Jan Schilstra fan Boalsert is boppe oaneinige. Yn koarte tiid al foar de twadde kear, lokwinske!

1.Jan Schilstra, Boalsert(424);

2.Johan de Boer, Berkel en R’rijs (416);

3.Arend de Schiffart, Wommels (362);

4.Gerrit Schilstra, Boalsert(356);

5.Gerrit Tigchelaar, Ysbrechtum (265);

6.Klaas Wiersma, Nij Beets (264);

7.Tjipke Smedinga, It Hearrenfean (257)

8.Pieter Looge, Tsjummearum (175);

9.Gatze Ykema, De Gaastmar (106):

10.Sietze de Boer, Burdaard (102);

11.Sjouke Schilstra, Lollum (78);

12.Jelle Wiersma, Wommels (72);

13.Auke Zijlstra, Utert(68);

14.Sake van Steinvoren, Dronryp (59);

15.Fedde Wiersma, Easterein (46);

16.Gosse Harkema, Snits(44);

17.Piet Sikma, Hartwert(14);

18.Bernatrd Kroon, Blauhús (12);

19.Sjoerd Couperus, Snits(10);

20.John Reade, Manchester (8);

Dit damjier is troch de corona net folle fan op ‘e hispel kaam. Gjinkompetysje op de klup, gjin priisdammerijen en gjin kampioenskippen. No komt der fan it simmernoch in moaie útsetter meide twakamp om de wrâldtitel. Dat is fan 10 oant en mei 22 augustus tusken titelhâlder Marten Walinga en útdager Folkert Groenveld.

De dammers hawwe harren fermeitsje moatten mei online dammerijen. Op de site www.lidraughts.orgkoe men telâne. It dambûnhat der ek in pearpriisdammerijen mei koarte tinktiid útskreaun. En bliken die dat regearjend Frysk kampioen Jelle Wiersma ek hjir faaksde bêste wie. Oaren as Friezen wisten it paad ek te finen en kamen somtidensterk foar it ljocht. Sa as ‘Raiden’ dy’t op 30 april mei swart Wiersma kreaspartij joech.

1. 31-26 20-25 2. 37-31 14-20 3. 32-27 17×37 4. 41×32 16-21 5. 26×17 12×41 6. 46×37 11-16 7. 33-28 7.7-11? 7-12 hiemoatten, wyt komt foar. 8. 34-30 25×34 9. 44×24 20×27 10. 37×17 11×22 11. 32×12 8×17 12. 36-31 17-21 13. 31×11 1×21 14. 42-37 3-8 15. 35-30 8-12 16. 40-35 12-17 17. 30-25 21-26 18. 50-44 26-31 19. 37×26 16×36 20. 47-41 36×47 21. 48×46 17-21 22. 39-34 21-26 23. 38-32 9-14 24. 34-30 6-11 25. 44-40 11-17 26. 43-382-7 27. 46-41 7-12 28. 49-44 17-22 29. 30-24 22×33 30. 41-37 14×34 31. 40×38 10-14Swart is wer yn it lykwicht32. 45-40 14-20 33. 25×14 15×13 34. 40-34 13-18 35. 44-39 18-22 36. 37-3126×37 37. 38×36 12-17

Nei 37. …22-27 hie swartwinne kind.

38. 36-31 22-28 39. 35-3017-22 40. 39-33 28×39 41. 34×43 22-28 42. 43-39 4-9 43. 39-34 9-14 44. 30-25 5-10 45. 34-29 28×30 46. 25×34 14-19 47. 31-27 10-14 48. 34-30 19-23 49. 27-21 23-28 50. 21-16 28-32 51. 16-11 32-37 52. 11-7 37-41 53. 7-1 

Oplossingen lêsteproblemen:

Nû.27 1.39-34 x48 2.x30 x34 3.x24 x30 4.36-31 x11 5.x34 etc .

Nû.28 1.38-33 x47 2.34-29 x50 3.33-29 x24 4.x6 x30 5.x2 x3 6.6-1 21-26 7.x31

Nû.29 1.28-22 x46 2.33-29 x33 3.50-44 x41 4.48-43 x50 5.x3 x17 6.x6 etc.

Nû.30 1.32-27 x46 2.33-29 x44 3.x4 x49 4.x16 49-21 5.x40 x34 6.50-44

In goede simmer tawinske.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 30-4-2021

Yn de simmer fan 2018 waard Marten Walinga de earste wrâldkampioen Frysk damjen. Ferline jier yn maart tsjinne it Fryslân Iepen as kandidatentoernooi. De winner krige it rjocht om de wrâldkampioen út te daagjen. Soks sil yn in twakamp, fan it simmer fan 10 oant 22 augustus, heve. Yn alve partijen sil Folkert Groenveld it opnimme tsjin Walinga. We sjogge no nei harren earste ûnderlinge partij by it niisneamde wrâldkampioenskip. Dat wie te Ljouwert op 6 augustus en Groenveld hie wyt.1. 32-27 19-24 2. 31-26 20-25 3. 37-31 17×37 4. 41×32 14-20 5. 34×14 10×19 Dit is de saneamde Bildtse iepening. Wyt kin no ek 6.35-30 spylje. Sa wol Walinga as Groenveld meie graach in spul op sette. 6. 40-34 11-17 7. 47-41 4-10 8. 32-27 17×37 9. 41×32 12-17 10. 44-40 7-12 11. 50-44 19-24 12. 34×14 10×19 13. 40-34 1-7 De stân is wer symmetrysk. 14. 44-40 7-11 15.35-30! is in moaie set. 15. 32-28 16-21! In prachtige stân mei folop kânsen.

Nei 16.1-27 21×23 17.33-28 23×32 18.38×16 20-24 19.34×23 13×44 20.43-39 44×33 21.35-30 25×34 22.40×38 komt swart der wat better op te stean. Ek kin 15. ..18-22 16.31-27 17×37 17.28×17 16×18 18.42x31as 16. ..22×31! 17.36×18 19×17 18.38-32 16×36 19.46×26 11-16 20.28-23 16×36 21.23-18! 8×37 22.41×31 36×27 23.33-28 27×29 24.39×30 17-21 Wyt hat in hout mear, mar stiet fêst yn de dûbele hoeke.16. 46-41! 19-24 Swart nimt in ôfruil foar kar.17. 34×14 11-16 is 21-27 better?18. 31×22 18×29 19. 33×24 20×29 20. 39×19 13×4 21. 41-37 12-17 22. 37-31 2-7 23. 43-39 Wyt wol ôfruilje, mar swart hat it trochsjoen en in kombinaasje ynboud.

23. ..6-11! 24. 26×6 15-20 25. 35×24 8-12 26. 6×10 5×21 Lyk om, mar de wite stân is ferlern. 27. 38-32 11-16 28. 32-27 21×32 29. 36-31

De lêste problemen foar de ledder, alle fjouwer fan Stellinga-Baron.

Nû. 27 sw. 6,7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44

Nû. 28 sw. 1, 3, 10, 11, 13, 18-21, 27 wyt 30, 32, 34-36, 38, 40, 42, 43, 49

Nû. 29 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50

Nû. 30 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50

Oplossingen stjoere foar 9 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 16-4-2021

Trije wike lyn stoar hommels Sjoerd Huitema. Jierrenlang hearde hy by de Fryske sub-top yn it oerhoeks damjen. Bysûnder is dat hy in jier as seis lyn ek ynteresse krige foar it Frysk damjen. En hy lid waard fan damklup  ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum. Al rille gau koe Huitema him goed rêde mei ús fariant. En die ek mei oan priisdammerijen. Sa as it renomearre Fryslân Open te Frjentsjer. Yn maart 2017 wie hy fan de partij en kaam yn de fjirde omloop mei swart tsjin Kees Tijssen te sitten. Dy damt al lang yn de subtop en Huitema joech prima partij.

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 19-24 9.37-31 14-20 10.31-26 20-25 Huitema is goed troch de iepening kaam. Hie no ek foar de ôfruil 10. ..24-30 kieze kinde. 11.39-34 7-12 12.34×14 9×20 13.42-38 20-24 14.41-37 10-14 15.37-31 14-20 16.27-21 16×27 17.31×22 12×32 18.38×27 13-19 19.27-21 8-13  Om oan te fallen mei 24-30. 20.44-40 5-10 21.36-31 10-14 22.21-16 24-30 23.35×24 19×30 24.40-35 14-19 25.35×24 19×30 Moai opboud troch swart. It spul is lykweardich.26.31-27 30-35 27.27-21 13-19 28.46-41 19-24 29.41-36 3-9 30.47-42 9-14 31.42-38 24-30 Swart hâldt him oan it âlde prinsipe; strike yn de sterke hoeke.32.43-39 4-10 Is 20-24 better? 33.49-44 14-19 34. 38-33? No lit Huitema it lizze.

34. ..19-23 35.33×13 35-40 36.44×24 20×47  Moai kombinearre nei de daam. Mar wyt kin dat no ek. 37.13-8 2×13 38.16-11 6×17 39.21×5 47-20 Wyt hat no it bettere spul en sil winne. 40.5-46 1-6 41.26-21 25-30 42.36-31 20-25 43.21-16 6×37 44.46×35 25-48 45.35×5 48-34 46.50-44 34-30 47.5-10 30-24 48.44-40 24-33 Swart hie moatten 35. ..6-11 36. 16×7 2×31 37.30-34 39×30 38.20×27 mei in moai einspul. 39.13-8 10-14 Wyt kin lang gjin daam strike. 40.50-44 1-6 41.44-40 35×44 42.45×43 6-11 43.43-39 11-16 44.39-34 14-20 Noch altiid kin de daam net. 45.34-39 27-32 46.8-3 20-24 47.29×20 15×24 48.3-26 32-38 kamp.

Twa problemen fan Stellinga-Baron

Nû. 27 sw. 6,7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44

Nû. 28 sw. 1, 3, 10, 11, 13, 18-21, 27 wyt 30, 32, 34-36, 38, 40, 42, 43, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 2-4-2021

Jitris hie it dambûn fia lidraughts.org in dammerij út skreaun. Konstantin Nord pakte de priis krekt foar xiaofei3. Treds waard Folkert Groenveld mei lyk der op SMN, Frederik Bos, Marten Walinga, Karimov, hiel kreas Piet Sikma, Jelle Wiersma en Liuwe Westra de tsien kompleet. Foar de jonge Wyt-Rus syn earste toernooiwinst Frysk Spul. We sjogge nei de lêste omloop dy’t Nord mei swart spile tsjin SMN. Tsien minuten tinktiid plus tsien tellen de set. 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 16-21 4.26×17 18×16 5.34-30 20-25 6. 31-26 25×34 7.39×30 19-24 8.30×19 13×24 9.40-34 24-29 10.34×23 16-21 11.26×17 11×24 12.38-32 14-20 13.32-27 20-25 14.27-21 12-17 15.21×12 8×17

Der wurdt foarsichtich spile.16.37-31 7-11 17.31-26 11-16 18.41-37 2-7 19.37-31 7-11 20.31-27 17×37 21.42×31 9-14 22.31-27 14-20 23.46-41 3-8 24.41-37 8-12 25.37-31 12-17 26.27×7 11×2 27. 43-39 27.10-14 28.39-34 24-30 29.35×24 20×40 30.44×35 14-20 31.48-43 20-24 32.43-39 4-10 33. 39-34 24×44 34.49×40 10-14 35.40-34 14-20 Wyt hie better opbouwe kind troch 50-44 en 44-40. 36.31-27 2-8 37.47-42 8-13 38.42-37 13-19 39.50-44 19-24 40.34×14 20×9 41.37-31 9-14 42.35-30 25×34 43.44×4 5×3 44.45-40 15-20 45.40-34 3-9 46.34-29 9-14 47.29-23 20-25 48.23-19 14×23 49.27-21 16×27 50.26×19 25-30 51.19-14 30-34 Beide spilers rinne nei de daam en it wurdt kamp.Genôch foar de toernooiwinst fan Nord.52.14-10 34-40 53.10-5 40-44 54.31-27 44-50 55.36-31 50-45 56.5-46 6-11 57.31-26 1-6

Sa stiet it nei 46.34-29. Ferrassend is it offer 46. …16-21! 47.26×17 1-7 48.29-23 20-25 49.23-18 7-11 50.27-22 11-16 51 31-27 25-20 52.36-31 30-34 53.18-13 9×18 54.17×19 16-21 55.31×11 6×26 As 47.27×16 20-25 48.31-27 1-7 49.29-23 25-30 50.27-21 30-35 51.23-19 9×29 52.16-11 7×27 53.26×30 35×24 en beide farianten binne kamp.

De problemen foar de ledderwedstriid

Nû. 23 sw 4, 7, 8, 11, 14, 17, 18, 20 wyt 26, 28, 29, 35, 36, 38, 43, 44

Nû. 24 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Mei twa nijen fan Willem F. Bakker.

Nû. 25 sw. 2, 7, 8, 14-16, 25 wyt 18, 30, 31, 34, 41, 43, 45

Nû. 26 sw. 3, 10, 13, 16, 19, 20, 26 wyt 27, 28, 32, 35-37, 49

Oplossingen stjoere foar 16 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com