Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Uteinlik wie Jan de man fan de jûn.

It damjen fan Jan Castelein hie noch wat better kinnen, mar hied er dy iene flater net makke, dan hie it noch hiel oars út pakke kinnen. Dochs soe dyselde Jan de man fan de jûn wurde. Der waarden moandeitejûn seis partijen spile. Oer it generaal gyng dat hiel aardich. Wol wienen der twa kamppartijen en yn it neiplúzjen fan it iene kampspul liet Jan him efkes hearre.

Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra makken der kamp fan. Dat einspul kaam noch ferskate kearen op it boerd. En in dammers út de heechste klasse wienen drok dwaande mei it tellen fan de setten fan in daam. Se kamen der eins net út en ta beslút wienen se it der oer iens dat it in terjochte kamp wie. Dochs noch kear it hout op it boerd. Doe sei Jan, no fan oktober ôf spiler fan it Fryske spul: “Jim kinne fansels ek wol mei dat iene houtsje strike” De mannen sieten hielendal yn in tunnelfizy en fergeaten it houtsje. Jan hie gelyk. It spul hie dan mooglik noch de winst op leverje kinnen foar Kooistra.

De oare kamppartij spilen Bauke Dykstra en Willem Schaap. De earste krige twa dammen en Willem hie in daam en noch twa houtsjes. It soe der om spanne en gewoanwei soe men sizze dat ien mei twa dammen wol yn hâldershân is. Willem hie noch wol optimistyk praat: “Ik leau net dat der noch winst foar my yn sit en dêrom meitsje ik der mar remize fan.!”  Dat wie de ienige mooglikheid om noch in heal puntsje yn de wacht te slepen. Hie er noch in set wachte dan hie er it oprûn.

Utslaggen: Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Sjoerd Huitema 1 – 0; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra ½ – ½.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 28-2-2020

Jelle Wiersma út Wommels, lid fan ‘De Stadige Strikers’, hat it wer oprêden. Foar de fjirde kear efter elkoar is er Frysk kampioen wurden. Mei elkoar hat Wiersma no acht titels. Yn thúshaven Skearnegoutum gie it yn de seisde omloop tsjin Taeke Kooistra (mei wyt) dy’t doe noch in heal punt mear hie. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 12-17 5.33-28 17-21 Wiersma wikkelt ôf nei in posysjoneel spul. Troch 5. …7-12 komt der mear yn.6.26×17 11×33 7.43×23 20-24 8.34×14 10×26 9.36-31 26×37 10.38×36 16-21 11.49-43 21-26 12.36×16 6×26 13.35-30 25×34 14.39×30 7-11 15.40-35 11-16 16.42-37 1-6 It plan fan swart is helder; oanfalle op wyt syn lange hoeke. Wyt sil dat ek besykje. Mar swarts lange hoeke is sterker. 17.44-40 8-12 18.43-39 2-7 19.30-25 12-17 20.39-34 7-11 21.46-41 17-22 21.37-32 liket better. 22.37-32 22×42 23.48×37 11-17 24.34-30 17-21 25.30-24 6-11 26.40-34 11-17 27.37-32 26-31 28.34-29 31×33 29.29×38 21-27 30.45-40 17-21?

Hjir lit Kooistra dé kâns op syn 19-e titel lizze. Troch 31.24-19 9×29 32.38-33 29×38 34.25-20 15×24 35.40-34 24×44 36.50×6 wint wyt.31.40-34 5-10 32.25×14 9×40 33.35×44 27-31 It einspul kin begjinne. 34.44-39 21-26 35.41×21 16×27 36.47-41 3-8In ferplichte set foar wyt en dy stiet no fêst oan de linkerkant. 37.39-34 8-13 38.50-44 13-19 39.34-30 4-9 40.30-25 9-14 41.44-39 19-23 42.39-34 23-28 43.38×18 27-31 44.41×21 26×19 45.34-30 19-23 Wyt moat in hout weijaan. 46.30-24 14×34 47.25-20 34-40 48.20-14 40-45 49.14-9 23-29 50.9-3 29-34

Wiersma sil twa dammen krije en winne. It wie hjirmei noch net beslikke. Mei noch ien omloop te gean hie Wiersma in heal punt mear as Kooistra en ien punt mear as Marten Walinga, dy’t Wiersma noch treffe soe.

Twa problemen fan Hiele Walinga

Nû.21 sw. 1, 3, 5, 10, 14, 19, 39 wyt 12, 28, 30, 32, 33, 35, 44, 47

Nû.22 sw. 3, 7, 9, 14, 16, 17, 20, 26 wyt 28, 29, 33, 35, 36, 38, 39, 49

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Aldegea sette de Strikers wer te plak.

Dat de Stadige Strikers al sa’n bytsje njonken de skuon rûnen de lêste tiden, is by de folgers fan dizze damklup wol bekend. Sûnt se klupkampioen waarden hienen de mannen de measte wille. En doe’t ek Jelle Wiersma persoanlik kampioen fan Fryslân waard en Dicky van der Meer ek noch as kampioen fan de tredde acht promovearre wienen de Strikers op ‘en nij yn inhosanna stimming. Moandeitejûn kaam damklup Nocht & Kriich út Aldegea op besite en dy hawwe de Strikers wer te plak setten.

Yn in gesellige sfear fûn de twastriid tusken de beide klups plak. Aldegea hie trettjin spilers meinommen, wylst de Strikers der mar tolve tsjinoer sette koenen. Dat wie wat spitich, mar ja soms rint dat sa. Om elkenien dochs damje te litten, spile Bauke Bos tsjin twa tagelyk. Dat koe eins net, mar hy levere dochs noch wol twa moaie partijen ôf. Hy koe se allinne net winne. En yn de ûnderein hienen de Skearnegoutumers it ek dreech. Dat wie ek net sa ferwûnderlik, want op de twa ûnderste buorden sieten heit en soan Castelein en dy damje dit jier foar it earst. Sy moasten it opnimme tsjin Minne en Almar en dy hawwe harren hiele libben al damd, hoewol dat foar Almar ek jildt, mar dat is noch wol in jongkeardel. De beide mannen wienen de begjinners de baas. Oant sa fier krige Nocht & Kriich de punten frij maklik.Yn de boppe-ein fandelen de Strikers de nedige puntsjes by-inoar. Op it earste boerd wûn Jelle en Willem spile kamp op it twadde. Dicky spile kamp op boerd fjouwer en boerd fiif en seis wie ek foar de Strikers: Bauke Dykstra en Cor. Al mei al spilen de earste acht tsjinelkoar gelyk: 4 – 4. Hennie de Haan fersloech Meike van der Meer en dat wie in hiele moaie punt. De snelle rekkeners witte no al dat de stân 5 – 8 waard.

Wy sette de útslach efkes goed yn it nijs, sadat dy besikers no ek krekt witte hoe’t it om en ta gien is. Nei’t se in jiermannich lyn de beker meijûgen oan de Strikers, wylst dy doe hielendal net de winners wienen, binne se heel wat skerper wurden. Destiids kamen se nei it tredde gleske bier der achter dat net sy, mar de Strikers ferlern hienen. Dy beker stie doe al yn Skearnegoutum te pronk. Moandeitejûn koenen de mannen de beker mei rjocht en reden meinimme nei Aldegea. Sy hienen de Strikers wer te plak setten.

Utslach: Jelle Wiersma – Siebe Walinga 1 – 0; Willem Schaap – Folkert Groenveld ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Henk Haanstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Pieter Hoogterp ½ – ½; Bauke Dykstra – Sjoerd Couperus 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Hoekstra 0 – 1; Bauke Bos – Johannes Hoekstra 0 – 1; Bauke Bos – Folkert Attema 0 – 1; Tineke Teigeler – Beke Haanstra 0 – 1; Hennie de Haan – Meike van der Meer 1 – 0; Kees Castelein – Almar Steginga 0 – 1; Jan Castelein – Minne Posthuma 0 – 1. Stadige Strikers – Nocht & Kriich 5 – 8.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

De Strikers fierden harren feestje.

It hat efkes duorre, mar ôfrûne moandeitejûn wie it der dochs: it kampioensfeest fan de Stadige Strikers. Fansels ha alle dammers al yn opperbêste stimming de wiken trochbrocht, mar it feestje soe noch komme. Moandeitejûn 17 febrewaris wie it der dan en hoe.

Troch wat bysûndere útjeften hie de ponghâlder no net it measte yn kas, dat gekke bokkesprongen koenen de dammers eins net meitsje. Doe stelde de nije Striker Jan Castelein foar om it feestlike barren plak fine te litten by him yn de bedriuwskantine. It bestjoer wie doe gau beret en út de rie: Dat moast altiten troch gean.  It oanbod waard dan ek mei alle bestjoershannen oannommen. 

Sadwaande rieden de dammers mei eventuele partners nei de kantine. It wie fuort al in gesellige boel. Nei in praatsje fan de foarsitter en ûnder it genot fan in bakje kofje of tee mei wat lekkers de by waard werom sjoen op sneon alve jannewarsi. De dei. Hoe’t wy de earste omloop ferlearen fan Hartwert en de beide oare rondes tsjin Aldegea en Lollum-Waaksens rom as winner út de bus kamen. De spilers wienen út de skroeven, dat kin men fansels wol begripe. Nei in hearlik gleske bier of wat oars seagen de mannen werom op dy dei. Dat se út de skroeven wienen, wisten de partners oer mei te praten doe’t harren kampioenen mei de blommen thús kamen. 

De jûn wie hielendal bysûnder, omdat der ek twa persoanlike kampioenen eare wurde koenen. Jelle Wiersma no al foar de tredde kear op rige de grutte kampioen en Dicky van der Meer de kampioen fan de tredde acht. It koe eins net better. Nei alle lof besocht de foarsitter noch de skjintmei fan it Fryske Spul ûnder de oandacht fan de oanhing te bringen mei in damdiagram fan Roel Bergsma. Wat dy man beskreaun hat is geweldich, mar of de net dammers der wat fan opstutsen ha, is mar de fraach.

Nei al dy ynformele  ” plichtplegingen” waard damme, sjoeld, pylkjegoaid, puzzels op lost, gesellich kletst en fansels waarden der noch in pear op nommen. It wie in prachtige jûn. De froulju fan de dammers damden ek. Dat der noch wat nije leden út fuort komme, dat wit men mar noait. De jûn waard ôfsluten mei tank oan en applaus foar de famylje Castelein

(Tekst Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Utslaggen kampioenskippen jeugd Frysk Damjen 2020

Dizze sneontemiddei wiene der 14 jonge dammers nei Skearnegoutum ta kaam om de titel Frysk kampioen te winnen. De lieding wie yn hannen fan Sjouke Attema, mei help fan Jurjen Frankena en Gatze Ykema. De dammers wiene yn 3 klassen ferdield. 

By de begjinners diene Wytse Breeuwsma, Ids Delea, Mirte Hannema en Freark Smink mei. Sy spielen in dûbele kompetysje dus se moasten 2 kear tsjin elkoar. Nei de 1e omloop wiene der 3 dammers mei 2 punten dus it koe yn de 2e omloop noch alle kanten op. Ek yn de 2e omloop waard der hiel best damme en oan de ein die wol bliken dat Wytse Breeuwsma mei 4 punten de winner wie. Ids en Mirte hiene elk 3 punten en moasten dêrom noch in beslissingspartij damje. Mirte joech Ids goed partij, mar moast oan ’e ein dochs belies jaan. Hjir ûnder de útslaggen op in rij.

1e ​Wytse Breeuwsma ​4 punten

2e​Ids Delea​​3 punten, nei beslissingspartij 2e

3e​Mirte Hannema​​3 punten, nei beslissingspartij 3e

4e​Freark Smink​​2 punten

De pupillen wiene mei in groep fan 6 dammers en dêr diene mei: Wytse Wiegersma, Neeltsje Ykema, Jorrit Frankena, Teije Stor, Brecht Ykema en Janke Delea. Nei 3 partijen koe it alle kanten noch op en kaam it dochs op de lêste partijen oan om de beslissing te bringen. De measten wiene goed oan elkoar weage en der waarden betiden moaie setsjes úthelle. Wa’t de winner wie, dêr bestie gjin twivel oer, Jorrit Frankena hie alle partijen wûn en waard dêrtroch fertsjinne kampioen. Om it 2e, 3e en 4e plak wie it noch hiel spannend, want Neeltsje, Wytse en Janke hiene allegear 3 punten en ek mei it SB systeem hiene se allegear like folle punten. Dus dêr waard noch in lytse kompetysje tusken dizze 3 damd. Earst spile Wytse tsjin Janke en troch in moaie set koe Wytse yn it einspul in daam helje en dêr koe Janke net mear tsjin op, dus winst foar Wytse. Doe mocht Neeltsje tsjin Wytse en dizze partij waard wûn troch Neeltsje. Doe wiene der 2 dammers mei 1 punt en kaam it dochs echt op de lêste partij oan. Se koene allegear op 3 punten komme. Janke moast noch tsjin Neeltsje damje. Neeltsje stie healwei al 4 houten foar op Janke, dat je soene sizze, dy partij is al wûn. Mar Janke kaam geweldich werom en helle in daam en brocht har efterstân werom. Neeltsje hie noch 1 hout en in daam en Janke hie har daam poer bêst stean en Neeltsje kaam der mei har hout net mear troch hinne, dus it waard kamp. De stand waard as folget:

1e ​Jorrit Frankena​​5 punten

2e ​Neeltsje Ykema​​3 punten, nei beslissingspartijen 2e

3e ​Wytse Wiegersma​3 punten, nei beslissingspartijen 3e

4e ​Janke Delea​​3 punten, nei beslissingspartijen 3e​​

5e ​Teije Stor​​1 punt

6e ​Brecht Ykema​​0 punten

Winner Jorrit Frankena (foto DFS / Jurjen Frankena)

By de jeugd wiene der 4 dammers nei de finale gien en dat wiene: Eelco de Wolff, Wytze Zeinstra, Harmen Jacob Postma en Wiebren Ykema. Sy moasten dizze middei 3 partijen spylje om te sjen wa de nije kampioen waard. Nei 2 partijen stie Wiebren der it bêste foar mei 2 punten, mar Eelco hie al 1,5 punt en moast noch tsjin Wiebren. Dus de lêste partij gie om it kampioenskip. It wie net de dei fan Harmen Jacob, want yn de foarrûnte alles wûn en dizze dei hied er alle partijen ferlern. De partij tusken Wiebren en Eelco wie al gau beslikke yn it foardiel fan Wiebren dy’t dêrtroch kampioen waard en syn broer opfolge dy’t foarich jier noch kampioen waard. It wie wol de dei fan de beslissingspartijen, want ek hjir moast om it 2e en 3e plak spile wurde troch Eelco en Wytze. Se hiene al kamp elkoar spile dus se wiene oan elkoar weage, mar Eelco luts oan it langste ein en waard dêrmei 2e. Hiel knap fan Eelco, want hy hie him noch krekt pleatst foar finale en dan ek noch 2e wurde. De útslach wie as folget.

1e ​Wiebren Ykema​3 punten

2e ​Eelco de Wolff​​1,5 punt, nei beslissingspartij 2e

3e​Wytze Zeinstra​​1,5 punt, nei beslissingspartij 3e

4e  ​Harmen Jacob Postma​0 punten

Winner Wybren Ykema (foto DFS / Jurjen Frankena)

(Tekst Sjouke Attema)

doorfriesdammen

Jelle Wiersma prolongearret damkampioenskip

Sneon die yn Skearnegoutum bliken dat Jelle Wiersma dochs wier de sterkste spiler is yn it damjen Frysk spul. Dat is ek al wer foar de fjirde kear sa, mar dit jier wie it wol in swiere befalling. Fuort yn ‘e earste omloop wied er al tsjin in ferlies oprûn. Dêrnei rekke de Wommelser wol wer by syn sûp en stút, mar by it yngean fan ‘e finale hied er noch altyd in heal punt efterstân op Taeke Kooistra.

De moarns yn ‘e sechsde omloop moast de bûter dan mar fuortendaliks jild jilde. Wiersma gong yn ‘e oanfal oer syn rjochter kant, mar Kooistra ferdigene him taai. Troch in finesse krige Wiersma al wat mear druk, mar it wie de Hartwerter dy’t dochs as earste op daam kaam. Hy koe lykwols net tefoaren komme dat Wiersma syn twa oerbleaune houtsjes ek ta daam kroanje koe, en dat wie genôch foar de oerwinning.

It wie no dus Wiersma dy’t yn ‘e ranglist in heal punt foarsprongnaam hie. Mar de middeis hied er yn Marten Walinga noch al in taaie tsjinstanner. Dy hie de moarns Henk Haanstra (Aldegea-SWF) ferslein, en as er ek Wiersma ferslaan koe, dan koed er noch gelyk komme. Lang gong de striid lykop, oant Walinga om ‘e 40ste set hinne in ôfwikkeling naam dy’t Wiersma net oankommen sjoen hie. De man wie der dúdlik even ôf. Dochs foel de skea ta. Walinga hie in lyts tempofoardiel, mar dat hie al in hout koste. 

Wat folge benaam jin benei de siken. Beide spilers hiene oan har rjochterkant alle frijheid, en de measte taskôigers tochten dat it wol op in kampspul útdraaie soe. Yn dat gefal soe Wiersma op likense hichte einigje as Kooistra, dy’t ûnderwilens mei in moaie slach Henk Haanstra te fiter naam hie. 

It betearde lykwols oars. Walinga helle as earste in daam, mar Wiersma folge syn foarbyld net. Ynstee sette er in fangstelling op, dat Walinga rekke syn kroanjuwiel ek al fuort wer kwyt. Beide spilers hiene no elkmis noch ien hout oer, mar Wiersma sines stie krekt wat foarliker. Hy kaam dus ek krekt wat earder op daam, en koe sa opkeare dat Walinga ek safier kaam. Dêrmei wie de partij, en it kampioenskip, op ‘e set ôf wûn.

Kampioen Jelle Wiersma (foto Marten Walinga)

It kampioenskip hie ek ferliezers. Nei ien jier op it heechste nivo degradearren Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum) fuortendaliks wer werom nei de twadde acht. Hja wurde opfolge troch de Ljouwerter Hein de Vries, dy’t dy twadde klasse mei oermacht wûn, en de Aldegeaster Siebe Walinga, dy’t Folkert Groenveld (Jutryp) inkeld op wjerstânspunten foarbliuwe koe. Opfallend wie hjir ek it damjen fan ‘e 89-jierrige Sjoerd Couperus. Ferline jier wied er noch promovearre, en no hanthave er him mei in fjirde plak muoiteleas.

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse

Sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Tjerk Wijbenga (Arum) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0, Willem Schaap (Dearsum) – Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1. Sande omloop: Wiersma – Walinga 1-0, Haanstra – Kooistra 0-1, Hoogterp – Wijbenga 1-0, Tijssen – Schaap 0-1.

Enstân: 1.Wiersma 6; 2. Kooistra 5,5; 3. Walinga 4; 4. Wijbenga 3 (10); 5. Hoogterp 3 (7); 6. Haanstra 2,5; 7. Tijssen 2 (6,5); 8. Schaap 2 (6).

Twadde acht

Sechsde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Folkert Groenveld (Jutryp) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5. Sande omloop: De Vries – Walinga 1-0, Hoekstra – Dijkstra 0,5-0,5, Bakker – Groenveld 0-1, Couperus – Kooistra 1-0.

Einstân: 1. De Vries 6; 2. Walinga 4,5 (11,75); 3. Groenveld 4,5 (11,25); 4. Couperus 4; 5. Dijkstra 3; 6. Hoekstra 2,5; 7. Bakker 2; 8. Kooistra 1,5.

Tredde acht

Sechsde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Liuwe Westra (Lollum) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Ype Boelens (Menaam) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Marcel Altena (Blauhús) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0. Sande omloop: Westra – Wiersma 1-0, Van der Meer – Dyk 1-0, Sikma – Boelens 0-1, Kroon – Altena 1-0.

Einstân: 1. Van der Meer 5,5 (17,5); 2. Westra 5,5 (16,75); 3. Kroon 4 (11); 4. Wiersma 4 (10); 5. Boelens 3,5; 6. Altena 3; 7. Dyk 2; 8. Sikma 0,5.

doorfriesdammen

Rubryk 14-2-2020

Titelhâlder Jelle Wiersma en Taeke Kooistra sille moarn yn Skearnegoutum útmeitsje wa’t de nije kampioen wurdt. Rekôrhâlder Kooistra mei achttjin (18!) titels hat in heal punt mear as Wiersma dy’t ôfrûne trije jier de bêste wie. Se treffe elkoar yn de seisde omloop. De lêste omloop kin ek noch beskiedend wêze at se Marten Walinga en Henk Haanstra treffe. Yn de fjirde omloop pakten de matsjedoaren yn de iepening al gau de winst mei in kombinaasje. Jelle Wiersma (swart) tsjin Kees Tijssen 1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 8-12!?

Dit is in dryste set. Better is 5. …17-21. Nei 6.27-22! 17×30 7.35×22 12×32 8.37×8 3×12 hat wyt it bettere spul. It ferrifelet Tijssen en hy slacht yn it gat. 6.27-21 11×31 7.41×21 16×27 8. 26×8 12-18 9.8×28 23×41 10.46×37 19-23 11.29×16 6×46 Swart kin de daam net hâlde. 12.34-29 46×30 13. 35×24 25×23 Mar komt al in hout foar. Dat stiet net moai, midden oer it boerd. Wiersma sil it lykswols behâlde en nei de winst strike.

Taeke Kooistra (swart) hie klupgenoat Tsjerk Wijbenga by it ear. Dy helle yn de earste omloop noch ferrassend de winst tsjin Wiersma. Troch in tal minder goede setten gie it no ferkeard. 1.32-27 20-24 2.33-29 24×33 3.34×32 19-23! 4.39-33 (39-34) 14-19 5.33-28 (40-34) 10-14 6.35-30 (44-39) 17-21 7.40-35 21-26 8.30-25 (44-40) 11-17 9.44-39?

9 …14-20 10.25×14 19×10 11.28×19 26×28 12.32×23 13×44 13.49×40 18×20 Wyt is in hout efter en strykt noch troch. 14.43-39 7-11 15.31-27 17-21 16.48-43 21×32 17.38×27 20-25 18.37-31 9-14 19.39-34?? En jout op sûnder 12-17 etc. ôf te wachtsjen.

Nû.17 sw. 11-13, 16, 23, 26, 28 wyt 32, 34-37, 44, 48

Nû.18 sw. 7, 10, 12, 13, 16, 18, 23, 36 wyt 20, 32, 37, 38, 43, 49, 50

En twa nijen fan Willem F. Bakker

Nû.19 sw. 7-10, 12, 14, 17, 18, 20 wyt 16, 29, 30, 32, 36, 43, 46, 47, 49

Nû.20 sw. 6-9, 11, 13, 18, 20 wyt 16, 32, 34, 35, 37, 41, 43, 45

Oplossings stjoere foar 28 febrewaris. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

As jo it witte, is it sa maklik.

Foar de omstanners en dat wienen der noch mar in pear, wie it sa maklik. Mar wat foar de iene maklik is, hoecht dat foar in oar noch net te wêzen fansels. Dat is net allinne mei it damjen sa, mar dat jildt foar de measte dingen. Foar de iene soe it yn in hânomdraai klear wêze, wylst in oar dêr wakker oer sit te stinnen foar’t er ta in oplossing komt of net fansels. Yn de partij fan Bauke Dykstra en Bauke Bos spile dit. En it is  as jo it witte sa maklik.

De partij wie de hiele jûn al moai lyk op gien. Bauke Dykstra spile ek tsjin Hennie de Haan. Dat wie ek in moaie pot, mar Hennie miste oan de ein krekt even de goeie fuortsetting. Dat wie spitich, want der hie foar har wol muzyk yn sitten as sy de goeie dien hie. No efkes fierder mei de partij fan de beide Baukes. Der waard net op de klok spile., fanwege it feit dat Dykstra tsjin twa tagelyk spile. 

De partij like yn it foardiel fan siktaris Bos te wêzen. Hy hie de bêste slaggen yn petto. Dykstra seach dat fansels ek oankommen en die in needoplossing, dy’t nei alle gedachten kamp op leverje soe. Beide dammers krigen in daam en elk hie ek noch in houtsje. Dykstra syn wite daam stie yn de lange hoeke en de swarte fan Bos yn de koarte hoeke. Bauke Bos moast mei syn houtsje oer de lange line. Dat koe fansels net. Dochs makke er dêr krekt syn earste flaterke. Hy tocht syn houtsje te offerjen oan it wite houtsje, mar fergeat dêrby dat er troch dy aksje mei syn houtsje op de lange line kaam. Daamslach giet foar en doe ferspile er syn hout. Dêrnei hie it noch wol kamp wurde kinnen, mar ja dan moatte jo witte wêr’t jo de damm del sette. Dat gie dus ferkeard. Spitich foar Bos, om’t er in hiele goeie partij spile hie.

It is no wol dúdlik dat Sjoerd Jan Bakker thús sterker is as út. Op frjemde boaiem pakt er lang safolle punten net as yn syn fertroude omjouwing. Nim no de partij fan moandeitejûn. Hy moast tsjin Willem Schaap. Dy kin fansels ek wol in houtsje strike, mar is ek wakker aventuerlik. Dat is moai, want dat jout ek wat eksta’s oan in partij. Sjoerd Jan spile deeglik en Willem besocht him mei syn eigen spul yn de lueren te lizzen. Dat slagge him net. Sjoerd Jan kaam der better út en op in bepaald stuit hie Willem gjin poat mear om op te stean.

No sneon moatte beide hearen wer damje yn Skearnegoutum foar de persoanlike kampioenskippen dat jildt fansels ek foar Dicky van der Meer, Jelle Wiersma, Bauke Dykstra, Ype Boelens en Cor Kooistra.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Ype boelens 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra oan kop by persoanlik kampioenskip


Guon hiene him al ôfskreaun, mar dochs giet 18-fâldich kampioen Taeke Kooistra nei 5 fan ‘e 7 omlopen no wol wer gewoan oan ‘e lieding by it persoanlik kampioenskip. Neidat de 66-jierrige Hartwerter ôfrûne tiisdei ôfrekkene hie mei de blunderjende neiste konkurrint Marten Walinga, makke hy sneon yn Blauhús ek gjin flaters. Twa kombinaasjes wiene foar de Arumer Tsjerk Wijbenga tefolle fan it goede, en de middeis rekke Pieter Hoogterp (De Gastmar) ek al gaueftich twa houtsjes yn ‘t efter.

Yn slachkrêft docht de regearjende kampioen Jelle Wiersma oars net folle foar Kooistra ûnder, sa’t de beide promovendussen Kees Tijssen en Willem Schaap ûnderfine moasten. Wiersma gong ferline wike yn ‘e earste omloop fuortdaliks ûnderút tsjin Wijbenga, mar hy is dêrnei wer hielendal by de wâl op klattere. Yn ‘e ranglist stiet de Wommelser mar in heal punt efter Kooistra. Takom’ wike op ‘e lêste dei fan it kampioenskip treffe de beide matsjedoaren inoar noch, en dan kinne de posysjes dus samar wer omdraaid wêze.

De meast opfallende útslach wie sneon it ferlies fan Marten Walinga tsjin Kees Tijssen; it liket der op dat it de wrâldkampioen dit jier wat mist oan skerpte. Dêr hat Hein de Vries yn ‘e twadde acht gjin lêst fan. Sekuer manûvrearjend wûn er ek sneon wer syn partijen, en dat is fan dy gefolgen dat er yn dizze klasse no mei in fol punt de lieding naam hat. Oare wike yn Skearnegoutum kin him de promoasje nei de kampioensklasse dan ek hast net mear ûntgean.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Kees Tijssen (Reduzum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1. Fyfde omloop: Wiersma – Schaap 1-0, Walinga – Tijssen 0-1, Kooistra – Hoogterp 1-0, Haanstra – Wijbenga 1-0.
Stân: Kooistra 4,5; Wiersma 4; Walinga 3; Haanstra 2,5; Tijssen & Wijbenga 2; Hoogterp & Schaap 1.

Twadde acht, fjirde omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0. Fyfde omloop: De Vries – Kooistra 1-0, Walinga – Couperus 0,5-0,5, Dijkstra – Bakker 1-0, Hoekstra – Groenveld 0-1.
Stân: De Vries 4,5; Groenveld & Walinga 3,5; Couperus, Dijkstra & Hoekstra 2; Bakker 1,5; Kooistra 1.


doorfriesdammen

Slachfjild Jorwert


De tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wurdt tradysjoneel ferspile op in tiisdeitejûn op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Like tradysjoneel is dat dêr nuveraardige útslaggen te notearjen binne. Dat wie dit jier ek wer net oars. Noch sterker: alle koprinders lieten wol in stek falle.

It raarst gong it yn ‘e kampioensklasse. Marten Walinga hie ôfrûne sneon as iennichste beide partijen wûn, en stie dus grutsk boppeoan. Miskien soe dit it jier wurde dat er wer ris persoanlik kampioen wurde koe? Wel, efter dy fraach moat nei Jorwert wol in hiel grut fraachteken set wurde. Walinga iepene mei 32-27, en einige de dêropfolgjende slaanderij op fjild 27. Allegearre frij standert, wie it net sa dat Taeke Kooistra de iepeningsset mei 20-24 beantwurde hie. Ien jaan, twa weromslaan, en op ‘e sechsde set al in hout foar. Walinga besocht noch al om der wat fan te meitsjen, mar rekke fierderop yn it spul in twadde hout efter, dat dit wie úteinliks net te hâlden.

Dêrmei stiet Kooistra no mei 2,5 punt allinne boppeoan. Hy wurdt folge troch trije man mei 2 punten. Dêr heart ek Jelle Wiersma by. Tsjinstanner Henk Haanstra joech lange tiid neat ta, mar waard oan ‘e ein dochs de benaudichheid yn stjoerd. De Arumer Tsjerk Wijbenga hat ek al twa punten. Hy is yn it kampioenskip oant no ta de man fan ‘e kombinaasjes. Hied er sa sneon de hearskjende kampioen Wiersma te fiter, no waard Willem Schaap it slachtoffer.

Yn ‘e twadde acht stroffele de koprinder ek, yn alle gefal foar in part. Hein de Vries besocht it tsjin Willem Hoekstra al, mar de Aldegeaster ferdigene him knap, dat it waard kamp. Dy útslach wie yn dizze klasse dochs al oerhearskjend. Allinne Folkert Groenveld helle de folle winst, dat dy klaude sa wer wat by de wâl op.

De tredde acht, dy’t oant no ta syn fjouwer omlopen as gast op ien fan ‘e klupjûnen ferspile hie, die no foar it earst mei by de grutte jonges. It trof sa dat de beide koprinders, de DFS-haadbestjoersleden Fedde Wiersma en Liuwe Westra, it opnimme moasten tsjin ‘e beide Blauhústers Bernard Kroon en Marcel Altena. En alhiel yn ‘e geast fan ‘e jûn gongen de matsjedoaren hjir ek wer kopke-ûnder, ek al hold Altena de taskôgers lang yn spanning. Troch it ferlies fan Wiersma en Westra is Dicky van der Meer harren no foarbystutsen. Mei in ferneatigjende slach reage hy Ype Boelens oan ‘e kant.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Willem Schaap (Dearsum) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0.
Stân: Kooistra 2,5; Walinga, Wijbenga & Wiersma 2; Hoogterp, Tijssen & Schaap 1; Haanstra 0,5.

Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2,5; Hoekstra & Walinga 2; Couperus & Groenveld 1,5; Dijkstra & Kooistra 1; Bakker 0,5.

Tredde acht, fyfde omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Dicky van der Meer (Terherne) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Stân: Van der Meer 4; Westra & Wiersma 3,5; Boelens 2,5; Altena, Kroon & Dyk 2; Sikma 0,5.