Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Persoanlike kampioenskippen 3e acht

Op moandei 18 novimber gie it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht los. It dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht. Dy tredde acht spile de earste omloop yn It Swettehûs yn Skearnegoutum.  Om op jûn te spyljen is in noviteit. Dat ferrûn fierders allegearre prima. De útslaggen fan de earste rûnte wiene:

Ype Boelens – Liuwe Westra 0-1 

Piet Sikma – Fedde Wiersma 0-1 

Bernard Kroon – Siebren Dyk 0-1 

Marcel Altena – Dicky van der Meer 0-1.

Dus alle swart-spilers wisten de partij te winnen. By de earste 3 partijen kaam de witspiler yn it middenspul in skiif efter en wie de striid dan ek ridlik gau beslikke. De partij tusken Marcel en Dicky duorre wat langer, mar doe t Marcel by acht om acht in foute set die, wie dy partij ek direkt út. Bernard ferlear eins twa kear, om t hy en Siebren ôfpraat hiene dat de partij ek mei telde foar de Fryslan Kup.

De twadde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht is op tongersdei 28 novimber yn de Gaastmar.

doorfriesdammen

Rubryk 22-11-2019

Al wit hoe lang damt Kees Tijssen mei yn de top fan it Frysk damjen. Mei in grutte kennis fan de iepeningen strykt hyflot op. Dat is him grif goed útkommenby de lêste kampioenskippen. Doe waard der foar it earst neffens Fischer-tiid spile. Dat wol sizze trije kertier foar de partij mei 90 tellen de set. Yn nochal wat omlopen kaam it amper oan itmiddenspul ta. Tijssen wûn sa fjouwerkear en noch twa kear yn in langer spul:

in dúdlike promoasje nei de earste acht.

Tsjin Sjoerd Jan Bakker (wyt) gie it sa

1.32-27 19-24 2.33-29 24×33 3.34×32 17-21 4.39-33 12-17 5.44-39 7-12 betteris 5.28-23 6.27×7 21-27 7.37×19 13×24 8.7×18 8×26 Wyt stiet der al minder op en komt ek noch in hout efter. 9.50-44?26-31 10.36×27 24-30 11.35×24 14×21

It fergie Folkert Groenveld mei swartnoch minder 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24 11.34×14 10×19 12.40-34 4-10 

13.28-22 12×41 14.47×16 8-12 Oantsafier bekinde iepeningstéory. 15.33-28 2-8?? Mei de klapper 16.45-40 25×45 17.28-23 13×35 18.42-37 45×34 19.44×2

Nei 15. …25-30! 16.34×23 18×27 17.39-33 2-8 wie der foar swart neat loos west.

Al earder wûn Tijssen fan Willem Schaap dy’t ek net goed iepene.

1. 32-27 19-24 2. 31-26 20-25 3. 37-31 17×37 4. 41×32 14-20 5. 34×14 10×19 6. 35-30 25×34 7. 39×10 5×14 8. 31-27 15-20 9. 27-21 11×31 10. 26×37 16-21 11. 40-35 7-11 12. 33-29 19×39 13. 38×40 11-16 14. 35-30 20-25 14….13-19 en tebek ôfruilje. 15. 44-39 25×34 16. 39×30 1-7 17. 40-35 21-26 18. 50-44 14-19 18. …18-22 is better. 19. 44-40 9-14 20. 32-28 18×38 21. 37×39 4-10 22. 43-38 12-17 23. 36-31 26×37 24. 38×36 17-21 25. 49-44 7-12 Oant twa kear ta litswart de ôfruil troch 19-24 sitte. 

26. 30-25 21-26 27. 39-34 19-24 

No moat in skiif offere wurde, der driget34-29.  28. 25×23 13×33 29. 34×32 12-17 30. 35-30 2-7 31. 40-35 14-19 32. 42-37 17-21

Hjir hie Tijssen de partij daalk útmeitsjekind troch 33.46-41!! 26×46 en de plakker 24.37-31 46×20 25.31×2!

Twa nije problemen fan Hiele Walinga

Nû.9 sw. 4, 8, 9, 12, 21, 27, 36
wyt 15, 19, 20, 38, 39, 42-44

Nû.10 sw. 4, 7, 8, 10, 11, 16, 18, 41
wyt 20, 27, 30, 32, 36, 38, 40, 47

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Nestor Bauke de Boer wûn de earste thúswedstriid.

Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.

De klup wie it der unanym oer iens dat soks altiten barre moast. It bestjoer hie ien betingst: op de klupjûn leaver net of it soe sa útkomme moatte. By in ûneven oantal dammers bygelyks. De Stadige Strikers ha de leden wol nedich. Al in in oantal jûnen wienen der troch ferskate redenen te folle weibliuwers. Mar goed wy wienen it der dus oer iens dat wy op it fersyk fan De Boer, ús nestor, snein is er 97 jier wurden en like lang lid is as de klup âld is, posityf yn gean moasten. 

Hennie de Haan soe as earste de striid oan gean. No en in striid soe it wurde. De nestoer liet him net sa mar ferkatse, dat kin men fan tinken wol ha. Hoewol’t syn fysyk gestel minder wurdt, syn geast is noch as dy fan in jongkeardel. Ferline jier koe er alle titels fan de boeken dy’t er op ’e mulo foar it eksamen lêze moast, noch sûnder mankearen opsizze. En sa is it ek mei it damjen. Net dat it in man is mei in hiele koerfol oan teoryen. Nee dat net, mar is er earst troch de iepening hinne, dan dammet er noch ûnferstelber sterk.

No wie Hennie de Haan fansels wol op de hichte fan De Boer syn damkapasiteiten. En sy wist ek dat hy it meastal fan har wûn hie. No wie it foar De Boer ek noch in thúswedstriid. No om it mar gau te ferklappen: it wie in prachtige en spannende partij. De leden fan de klup krigen op What’s App in foto fan de einstân trochstjoerd. Doe wist elk wol dat it der spannend om ta gie. Uteinlik koe Hennie it net bolwurkje en koe De Boer syn earste puntsje op de kalender sette.

Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Hester Boelens – Jan Castelein ½ – ½; Kees Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Cor Kooistra – Sjoerd Huitema 1 – 0.

doorfriesdammen

Persoanlik kampioenskip ‘tredde acht’

Yn neifolging fan it súkses fan de Blauhúster Fryslân Kupdocht it dambûn no hiel foarsichtich in proef mei it spyljen fan ’e kampioenskippen yn de tredde acht útsmard oer it seizoen: yn novimber begjinne, en de finale gelyk mei de kampioensklasse en de twadde acht op sneon 15 febrewaris2020.

Yn de foaromlopen hawwe fjouwer dammers spile foar twaplakken yn de tredde acht: de Blauhústers Marcel Altena, Jappie de Jong en Bernard Kroon en Klaas Wiersma fan de damklup út Hartwert.

De trije foaromlopen binne spile op moandei 21 oktober ynHartwert, op freed 1 novimber yn Blauhûs en op moandei 11 novimber yn Aldegea (SWF). De útslach wie dúdlik: Bernard Kroon 3 punten, Marcel Altena 2, Jappie de Jong 1 en Klaas Wiersma 0 punten.

Bernard en Marcel sille dus meidwaan oan it kampioenskip ynde tredde acht. De earste rûnte is op moandei 18 novimber ynSkearnegoutum. De partijen binne fanôf 19:30 oere ek live te folgjen fia ynternet. www.friesdammen.nl as https://toernooibase.kndb.nl/

It wedstriidskema en de útslaggen binne ek te finen op https://toernooibase.kndb.nl/

doorfriesdammen

In kluplûn mei Persoanlike Kampioenskippen, Fryslân Kup en kompetysje.

It wie moandeitejûn in gesellige en sportive drokte yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Der sieten net allinne de fertroude gesichten fan de Stadige Strikers harren boppekeamer te pinigjen. Ut tal fan plakken stapten dammers de dam-arena fan de Strikers binnen. Allegearre mei mar ien doel: besykje om de tsjinstanner te ferslaan.

Sa sieten der acht man fan de tredde acht (it dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht). Dy tredde acht spile moandeitejûn de earste omloop. Om op jûn te spyljen is in noviteit.Dat ferrûn fierders allegearre prima. ( It spiet de stikjeskriuwer suver al dat er ferline jier nei de twadde acht promovearre is). Oer it fierdere ferrin en de útslaggen kin men earne oars wol terjochte.

Der waarden fjouwer partijen foar Fryslân Kup ferdamme. Bauke Bos wist de brijwein fan Klaas Wiersma net fan it boerd te reagjen en ferlear de partij. Cor Kooistra en Rein Jan Walinga spilen in hiele moaie partij. Der siet fan alles yn, mar net ien fan beiden gyng yn de fout. Kooistra seach kâns om earder op de daamline te kommen troch in houtsje te offerjen. Hy hie it aardich yn ‘t kopke: it koe net mear misse. Sûnder fierder te tinken sette er in pear houtsjes op slach, wylst der efternei in folle bettere en deadliker set west hie. Mar ja as je dat dan yn de kop ha…. Stom fansels. Rein Jan hat der ek lang oer neitocht mar seach gjin mooglikheden mear en joech de hân. Doe hearde men de omstanners: “Rein Jan jonge hiest itwinne kinnen”.Dat wie ek sa. Rein jan en Cor ha der beide miskien net goed fan sliepe kinnen: de earste net omdat er it net seach en de twadde net om’t er him sels ferwiet dat er net earst even fatsoenlik nei tocht hie foar’t er de set skode.

Sjoerd Jan Bakker wûn foar de kompetysje fan Jelle Wiersma. De lêste is op ‘t heden wat oan it ekspearimintearjen sa liket it wol. In pear wike lyn waard hjir skreaun dat Wiersma lêst hie fan in ferstânsferbjustering. Dat kin elk wol ris oerkomme, mar wy hoege net te tinken dat Jelle út foarm is of sa. Hy as kampioen fan Sânfurd spilet as it der op oan komt sa mar wer de stjerren fan de loft. Wy wolle fansels de prestaasjes fan Sjoerd Jan bakker net lytsachtsje, nee it is krekt oarsom. Hy hat dizze kompetysje noch net ferlern. Dat seit dus genôch!

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Fryslân Kup: Klaas Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Jurjen Falkena – Marten Walinga 0 – 1; Bernard Kroon – Sybren Dyk 0 – 1.

doorfriesdammen

Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne.

Wat joech Sjoerd Huitema partij oan Willem Schaap. It wie foar alle omsitters in genot om nei te sjen. Bauke Dykstra spile ek in meunstereftige partij tsjin jelle Wiersma. Dy twa spullen soargen yn elts gefal foar striid. Dat koe men fan de rest fan de partijen eins net sizze.

It begûn al aardich nei de ein te rinnen en Sjoerd Huitema hold net allinne goed stân tsjin Willem Schaap, nee hy like der sterker út te kommen. No moat men Willem altiten yn de smizen hâlde, want dy kin altiten moaie loopkes yn syn spul breidzje. Dêr wie er no ek wer wakker mei dwaande. Foar Sjoerd wie it saak om de kop der by te hâlden. Dat er de kop der net by hie, kin men net sizze. Lykwols fleach er dochs noch op kop en earen yn Willem syn falle: In klasyk einspulloopke! Sneu foar de Snitser, hy hie mear fertsjinne, mar foar Willem dochs noch in fol punt en dêr hie er eins net mear op rekkene.

Bauke Dykstra komt alle moandeitejûnen út Nij Beets om hjir syn keunsten te fertoanen. Hy besit in enoarme iepeningsteory. Dat betsjut dat er eins nea yn in iepening in partij ferliest of in ferkearde streek docht. Fouten makket er ek wol, mar dy komme dan altiten oan de ein fan in spul. Hy moast it opnimme tsjin Jelle Wiersma. Dy siet tagelyk tsjin Bauke Bos te damjen. Dat wûn er al frij gau en dêrnei koe er him hielendal talizze op it spul tsjin Dykstra. Dy stie der yntusken prima op. Jelle iepene de grutte trukedoaze om der noch winst út te heljen. Bauke trape dêr net yn mar gie streekrjocht troch sa as er it yn de plasse hie. Dat levere him de winst op.

Utslaggen: Jan Castelein Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Schaap 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma –  Bauke Dykstra 0 – 1.

doorfriesdammen

Rubryk 8-11-2019

Pieter Hoogterp is de foaroanman fan de Gaastmarder klup ‘Stryk Op’. Ferline jier spile hy foar de twadde kear yn it walhallah fan it Frysk damjen ‘de earste acht’. En no doekele Hoogterp der daalk net wer út. Beskiedend wie de oerwinning op Hein de Vries te Jorwert yn de tredde omloop, dat betsjutte dat de Vries by eintsjebeslút op in heal punt fan Hoogterp in stapke werom dwaan moast.

Pieter Hoogterp hie de swarte skiven.

1. 32-27 20-25 2. 27-22 17×28 3. 33×22 18×27 4. 31×22 12×32 5. 38×27 11-17 6. 27-22 17×28 7. 34-30 25×34 8. 40×27 14-20 9. 39-34 20-25 10. 43-38 10-14 11. 34-29 19×39 12. 38×40 13-19 Beide spilers ha keazen foar in rêstige iepening en bouwe de posysjes fierder op. 13. 37-31 19-24 14. 40-34 9-13 15. 31-26 8-12 Foar de ôfruil mei 13-19. In oanfal troch 13-19, 8-13 en dan 24-30 kin ek. 16. 42-37 3-8 Wyt kin kieze foar de ôfruil 34-29, 35-30, 27-21. 17. 37-31 14-20 18. 34×14 20×9 19. 48-43 12-17 20. 43-39 17×37 21. 31×42 9-14 22. 39-34 14-20 23. 44-40 5-10 24. 42-37 10-14 25. 37-31 13-19 25.50-44 is better. 26. 31-27 19-24 27. 49-44 8-12 28. 34-30 25×34 29. 40×29 24×33 30. 27-21 16×27 31. 26×39 12-17 32. 39-34 17-21 De partij is folslein yn lykwicht. 33. 44-40 20-25 34. 34-30 25×34 35. 40×29 15-20 36. 35-30 20×40 37. 45×34 7-11 38. 50-45 11-17 39. 41-37 2-8 40. 37-31 21×41 41. 46×37 17-21 42. 37-32 6-11 43. 47-42 11-17 44. 32-28 1-6 45. 29-24 8-13 46. 42-37 6-11 Mei 46.45-40 6-11 47.40-35 11-16 (swart hat net better) 48.34-29! wint wyt. 47. 37-31 21×41 48. 36×47 11-16 49. 45-40 17-21 En lykas faker makket ien set yn it einspul it ferskil.

50.47-42 21-26 51.42-37 16-21 52.40-35 21-27 53.37×17 26-31 54.17-11 mei in moai einspul.  50. 47-41? 14-19 No forsearret swart in trochbraak en wint de partij.

51. 34-30 13-18 52. 24×22 21×32 53. 30-24 32-38 54. 40-35 38-43

De problemen foar de ledderwedstriid.

Nû.5 sw.1, 13, 15, 17, 18, 21, 25, 28
wyt 26, 34, 37-39, 42, 44
Nû.6 sw. 4, 5, 8, 18, 19, 22, 32, 36, 45
wyt 15, 20, 25, 41, 43, 44, 49, 50

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû. 7 sw. 2, 4, 11, 14, 15, 24, 25, 35
wyt 18, 22, 32, 33, 43-45, 50
Nû. 8 sw. 2, 4, 6, 8, 15, 16, 18, 30
wyt 26, 28, 29, 36, 39, 42, 46, 48

Oplossingen stjoere foar 22 novimber.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Loting 1e ronde Fryslan kup

Understeand de loting fan de 1e ronde Fryslan kup.

Liuwe Westra                      –                   Leo Altena

Marten Walinga                  –                  Jurjen Frankena

Bauke Bos                           –                  Klaas Wiersma

Frans Kingma                      –                  Teake Kooistra

Fedde Wiersma                  –                  Siebe Walinga

Tjerk Wijbinga                     –                  Hein de Vries

Sjouke Attema                     –                 Pieter Hoogterp

Herman T/w/v scheltinga  –                Sietse de Jong

Siebren Dyk                         –                Bernard Kroon

Cor Kooistra                        –                Rein Jan Walinga

Manfred de Wolff              –                Folkert Groenveld

Gert Jan Kamp                   –                Dicky van der Meer

Bauke Dykstra                   –                Piet Sikma

Epke Bootsma                  –                Johannes Hoekstra

Marcel Altena                  –                Jappie de Jong

De loting foar de twadde ronde is op freed 29 november yn Jorwert.

doorfriesdammen

De soan pakt syn heit even aardich oan.

Ek moandeitejûn wienen der krekt as ferline wike fjouwer lege stuollen. Gelokkich fûnen trije weibliuwers fan de foarige kear no it paad werom nei it Swettehûs te Skearnegoutum. Der waard hiel aardich damme en moaie spullen ferskynden op de buorden. Twa bysûndere spullen wienen der ek. Sa is de striid tusken de twa froulju altiten wer in spannende oangelegenheid. Mar de striid tusken de nijkommers heit en soan Castelein pykte der wol boppe út.

Heit Jan en soan Kees sieten noch mar kwaalk te plak of sesetten al út ein mei in potsje, sa foar de aardichheid. No yn dat potsje liet Kees wol even sjen dat er op dit mêd de âlde de baas wie. Nei dy partij lies de kompetysjelieder op wa’t tsjin wa spylje moast. Hy wie fan betinken dat de beide niisneamde hearen no wol in spul foar de kompetysje spylje koenen. Se sieten dochs al moai te plak. Heit mei wyt en syn soan mei swart. Der waard hiel moai damme. En wat wichtich wie der waard hiel goed neitocht. Net sa mar in streek, nee earst goed pakkeseare en dan strike. Dat wol net sizze dat alle prakkesaasjes ek soargen foar geweldige setten, nee dat net, mar dat mei men ek net ferwachtsje fan begjinners.

Kees naam it wat lichter op as it earste spultsje, it proefspultsje sille wy mar sizze. Hy hat fêst tocht: Der kin my net sa folle gebeure. No hy hie gelok dat syn heit net alles seach, mar nei’t Kees in daam krigen hie, tocht er dat it hast wol yn de knip hie. Hy seach dan ek efkes sneu om him hinne, doe ’t syn heit ek in daam helle. As der dammen oan te pas komme yn it Fryske spul dan moat men op syn iepenst wêze. Tusken de streken troch waard de mannen noch wol even útlein, dat men mar trije kear efterelkoar strike mei mei sa’n daam. No it gong as it slydjage: de mannen hienen it fuortendalik yn de smizen. Heit hie mei syn daam de lange line. Dat is eins altien it bêste plak foar in daam. Dochs mislearre it. Dat kaam troch it foarút tinken fan Kees. Hy sette syn daam sadanich del dat er yn de streek dêrnei in houtsje offerje koe en de hiele brot mei syn daam der ôffege koe, as heit Jan syn eigen daam stean litte soe. Dat die er. Kees hoegde net lang te tinken, nee eins hielendal net mear want dat hie er al dien. Hy jûch it hout en slûch mei de daam syn heit syn damke en noch in houtsje der ôf. Dêrmei wie de partij út. Se hienen der fiif kertier oer dien. Doe setten se noch in partij op: fiif tsjin fiif. Prachtich.

Op it lêst koe Tineke hast net mear sitte: de spanning wie har mooglik te grut. Hennie liet har fansels net sa mar fan it boerd ôf reagje. De beide froulju spilen in hiel moai spul. Gjin rare ûnfolkomenheden. It gong súntsjesoan op kamp ta. Dêr koenen de beide froulju wol tefreden mei wêze.

Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ – ½; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – kees Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 -1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer ½ -½.New layer…New layer…New layer…

doorfriesdammen

As Jan efkes langer de tiid nommen hie om te slaan.

It soe dizze jûn foaral net driok wurde. It soe net optille fan de dammers. Nee it hie der fan te foaren alle skyn fan dat it in betiid-út spultsje wurde soe. Mar leafst fjouwer man lieten ferstek gean. Dat stie yn ‘t foar al fêst. It wie dan ek tige by tige om heit en soan Castelein  binnen kommen te sjen. En as heit Jan wat mear tiid nommen hie foar it slaan, dan..

As elkenien der is, binne der 14 dammers en damsters. Fjouwer wienen der dus net. Dat men hoecht net in grut rekkenwûnder te wêzen om te witten dat der tsien Strikers en Stryksters oanwêzich wienen. Jan en soan Kees koenen sa prachtich ynpast wurde yn de kompetysje. Jan moast it opnimme tsjin Tineke Teigeler en  Kees tsjin Hester Boelens. Dy partij fan Jan dy gong der om. It like der sa oan de ein fan de rit op dat Castelein senior wol ris winne koe.  Hy hie in prachtich wyt damke op it boerd. Mei dat damke koe er in hiele haal dwaan, mar doe’t er al in oantal houtsjes fan Tineke der ôfslein hie, hat er mooglik tocht: No sa is it moai genôch. Dat wie spitich. Hy koe der yn dyselde slach noch in houtsje by pakke. Hie er dat dien, dan hie Tineke de bakker en de slachter wol ôf sizze kinnen. Mar goed hy die it net en hoe wie it mooglik, mar krekt dêrtroch ferlear er it spul.

Kees krige al gau yn de gaten dat dy Hester wol damje kin. Kees dy’t in jiermannich lyn de earste begjinselen fan it damjen fan de foarsitter op de basisskoalle leard hie, koe it net risse tsjin har. It twadde potsje gyng trouwens hiel oars. Kees hie al rap by leard en joech doe sa mar goed partij. Spitich foar him dat dat earste spultsje foar de kompetysje jilde en it twadde net. 

Utslach: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Kees Castelein – Hester Boelens 0 – 1; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½.