Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Jelle Wiersma op nij damkampioen

Jelle Wiersma hat sneon yn Aldegea (SWF) it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme skreaun. It wie de tredde kear efterinoar dat de Wommelser dat prestearde, neidat dêrfoar Taeke Kooistra út Hartwert jierrenlang oan it bewâld west hat. Kooistra kaam no net fierder as it tredde plak.

It waard de moarns fuortdaliks dúdlik hoe t de kaarten der foar stiene. Beide matsjedoaren moasten tsjininoar. Der waard earst wakker hinne en wer lavearre, oant Wiersma in trochbraak nei daam naam. Dêr hie Kooistra gjin antwurd mear op.  Sa bleau der foar Wiersma noch ien mooglike konkurrint oer, en dat wie Marten Walinga. De Waaksenser hie de moarns ôfrekkene mei de altyd lestige Henk Haanstra, en hie sa noch altyd mar in heal punt efterstân op Wiersma.

De middeis wie it programma krekt oarsom. Haanstra moast no tsjin Wiersma, en doe liet de Aldegeaster sjen dat er wier wol in poepke damje kin. Hy sette Wiersma yn it begjinnende einspul goed ûnder druk, dat de Wommelser moast fanneed wol materiaal offerje. Hy tocht dat er slûchslim noch wol oan in ferlies ûntkomme koe, mar dêr struts Haanstra in skoatteltsje foar.

Henk Haanstra tsjin rjochts kampioen Jelle Wiersma (foto: M. Walinga).

Wiersma bleau dus op sechtel punt stykjen. Troch te winnen soe Marten Walinga him foarbystrike kinne. Safier kaam it lykwols net. Taeke Kooistra ferdigene him tûk, en kaam der yn it einspul sels better op te stean. Walinga moast hout kwyt om troch te brekken, mar dat holp net, want Kooistra hie de fangstelling al klear stean. Dat sa waard Jelle Wiersma dochs wer persoanlik kampioen.

Underyn wie it allike spannend. De beide degradaasjekandidaten Hein de Vries en Siebe Walinga krigen ynienen de guit, mar dat bliek oan de ein foar beiden net genôch te wêzen. De mannen wurde opfolge troch Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum). Benammen foar Tijssen wie dat in opfallende prestaasje. Lang hold er frij ûnopfallend ta yn de twadde acht, mar no damme er as yn syn jonge jierren.

Yn de tredde acht die de âlderein it ek bêst. Cor Kooistra promovearre wer werom nei de twadde acht. Folle opfallender noch wie it earste plak fan Sjoerd Couperus. De Snitser hoegde yn sân partijen mar ien kampspul ta te stean, en dat is foar in 88-jierrige in prestaasje dy t wol yn de krante mei.

Utslaggen en einstannen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul

Kampioensklasse, sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Tjerk Wijbenga (Arum) 0-1.

Sande omloop: Wiersma – Haanstra 0-1, M. Walinga – Kooistra 0-1, Wijbenga – De Vries 0-1, S. Walinga – Hoogterp 1-0.

Einstân: 1. Wiersma 5,5; 2. M. Walinga 5; 3. Kooistra 4,5; 4. Haanstra 4; 5. Wijbenga 3; 6. Hoogterp 2,5; 7. De Vries 2; 8. S. Walinga 1,5.

Twadde acht, sechsde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1.

Sande omloop: Hoekstra – Bakker 0-1, Tijssen – Groenveld 1-0, Wiersma – Schaap 0-1, Dijkstra – Westra 0,5-0,5.

Einstân: 1. Tijssen 6; 2. Schaap 5; 3.; Dijkstra 3,5 (12,25); 4. Hoekstra 3,5 (8,75); 5. Groenveld 3 (10,25); 6. Bakker 3 (9,5); 7. Westra 2 (6,25); 8. Wiersma 2 (5).

Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0.

Sande omloop: Van der Meer – Kooistra 0-1, Couperus – Sikma 1-0, Wiersma – Boelens 0-1, Dyk – Kingma 0,5-0,5.

Einstân: 1. Couperus 6,5; 2. Kooistra 5; 3. Dyk 4; 4. Van der Meer 3 (8,5); 5. Boelens 3 (8,5); 6. Sikma 2,5; 7. Kingma 2 (5,5); 8. Wiersma 2 (5,5).

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Jelle Wiersma haldt kopposysje

Ofrûne sneon waard it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen fuortset op e Gaastmar mei de fjirde en fyfde omloop. Mearfâldich kampioen Taeke Kooistra (Hartwert) moast fanwegen de gryp ôfsizze. Koprinder Jelle Wiersma ferskynde mei krukken efter it boerd, mar it die bliken dat syn holle noch wol ynoarder wie. Hiel dreech waard it him oars ek net makke. Siebe Walinga joech de Wommelser in daam kado en dat pakte foar de Aldegeaster ferkeard út. De pleatslike favoryt Pieter Hoogterp ferbrûkte in soad tiid en koe dêrnei alle tûkelteammen dy t Wiersma him foarsette sagau net mear útrekkenje.

De iennichste dy t Wiersma noch folgje kin is Marten Walinga. De Waaksenser hie syn oerwinning op Tjerk Wijbenga (Arum) gau binnen, mar tsjin de Ljouwerter Hein de Vries moast it ûnderste noch wol even út e kast. 

Yn e twadde acht lieten de koprinders Willem Schaap (Dearsum) en Bauke Dijkstra (De Tynje) stekken falle, sadat de feteraan Kees Tijssen no ynienen allinnich boppeoan stiet. Yn e twadde acht kinne Sjoerd Couperus (Snits) en Cor Kooistra (Nijlân) de promoasje al hast net mear ûntrinne, ek al liet Kooistra it raar sitte tsjin de Jorwerter Siebren Dyk. 

Oare wike is de finale fan it kampioenskip yn Aldegea SWF.

fjirde omloop: Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) útsteld, Tjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0, Haanstra – S. Walinga 1-0, Kooistra – Wijbenga útsteld, M. Walinga – De Vries 1-0.

Stân: Wiersma 5-4,5; M. Walinga 5-4; Haanstra 5-3; Hoogterp 5-2,5; Wijbenga 4-2; Kooistra 3-1,5; S. Walinga 5-0,5; De Vries 4-0.

fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; fiifde omloop: Hoekstra – Westra 1-0, Bakker – Dijkstra 1-0, Groenveld – Wiersma 1-0, Tijssen – Schaap 1-0.

Stân: Tijssen 4; Dijkstra, Groenveld en Schaap 3; Hoekstra 2,5; Bakker 2; Westra 1,5; Wiersma 1.

fjirde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Frans Kingma (Jorwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Piet Sikma (Hartwert) 0,5-0,5, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; fiifde omloop: Van der Meer – Kingma 0,5-0,5, Kooistra – Dyk 0-1, Sikma – Wiersma 0-1, Couperus – Boelens 0,5-0,5.

Stân: Couperus 4,5; Kooistra 4; Dyk en Sikma 2,5; Boelens, Van der Meer en Wiersma 2; Kingma 0,5.

doorfriesdammen

Rubryk 8-2-2019

Titelhâlder Jelle Wiersma hat by it Frysk Kampioenskip nei twa omlopen as ienige de folle twa punten. Taeke Kooistra en Marten Walinga folgje op in heal punt. Al kaam de lêste tsjin promovendus Pieter Hoogterp mei de skrik frij. Yn Hartwert op 2 febrewaris hie Hoogterp wyt.1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 3.40*29 19-23 4.44-40 23*34 5.39*30 18-23 6.40-34 23-29! Meastal folget 14-20. 7.30*28 17-21 Wyt kin ek 33×24 en 34×23 is de bêste. 8.26*17 7*40 9.35*44 12-17 10.44-40 17-21 11.40-35 14-20 12.49-44 13-18 13.36-31 21-26 14.44-40 18-22 15.32*12 8*17 16.38-32 3-8 17.43-38 9-14 Wyt hat in mindere posysje mei folle skiven oer it midden. 18.35-30 8-12? 17-21 is better.

19.40-34 20*29 20.33*24 14*34 21.31-27 26*28 22.38*27 11-17 23.27*7 1*12 En daalk mei 42-38 de swarte foarpost oanfalle. 24.32-27 15-20 25.37-31 12-18 26.31-26 16*36 27.46*26 20-25 De mooglike oanfal 41-37-32 kin swart keare mei 25-30-35, x, 40, x en 10-15. 28.48-43 10-14 29.43-39 34*43 30.42*44 14-19 En de partij is wer yn it lykwicht. Wyt kin him better oan de âlde wiisheid hâlde; strike yn de sterke hoeke. 31.44-40 5-10 32.40-34 10-15 33.50-44 19-24 34.34*14 4*24 35.27-22 18*27 36.26*28 24-30 37.44-39 30-34 38.39*30 25*34 39.28-23 2-8 Elk hat in foarpost dy’t net fierder kin. 40.41-36 6-11 41.47-42 8-12 42.36-31 11-16 43.31-27 15-20 44.42-38 20-25 45.23-19 12-18 46.19*17 16*18 47.27-21 25-30 48.21-16 30-35 49.45*25 34-40 En drave nei de daam. 50.16-11 40-44 51.11-7 44-50 52.7-2 18-23 53.38-32 Hjir strykt swarte 50-28??

Mar swart sjocht de winst net 54.2-24 54.2-19! 23×14 55.32×23 is út. No is it kamp. Is dat ek sa nei 53. …23-29?

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nr.19 sw. 2, 6, 9, 12, 23, 28, 30, 33

wyt 16, 37, 41, 42, 45, 47, 48

Nr. 20 sw. 4, 8, 18, 19, 23, 24, 26, 28

wyt 25, 37-44

Oplossingen problemen

Nr.15 1.43-39, 2.19-14, 3.41-36, 4.33-29

Nr.16 1.48-42, 2.20-15, 3.42-38

Nr.17 1.42-38, 2.40-35, 3.46-41, 4.38-32

Nr.18 1.30-25, 2.28-22, 3.42-37, 4.38-33

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Dammer Wiersma rint skea op

Yn e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul like it der op dat regearjend kampioen Jelle Wiersma wol wer oer elkenien hinne batse soe. Lykwols, dat byld moat nei de tredde omloop justjes bysteld wurde. Wiersma moast it tiisdeitejûn yn Jorwert opnimme tsjin Marten Walinga, dochs ek in favoryt foar de titel, en net te ferjitten ôfrûne simmer de earste wrâldkampioen yn it Frysk damjen wurden. Dat twong sa t it liket respekt ôf. De mannen gongen tige hoeden te wurk, en nei al dy ôfroalderij wie it ek gjin niget dat it úteinliks op in kampspul útdraaide.

Taeke Kooistra hie troch dat resultaat op likense hichte komme kind, mar hy profitearre net. Wol koe de Hartwerter tsjin Henk Haanstra al rillegau in daam helje, mar dat bliek net in duorsum gefal. Dêrnei meneuvele Haanstra syn houtsjes sa tûk teplak dat Kooistra optlêst gjin set mear oer hie. De Aldegeaster makket troch dy oerwinning mei Marten Walinga diel út fan in ploechje efterfolgers op Wiersma. Dêr heart ek Tjerk Wijbenga by. Nei in lykopgeande striid makke de Arumer tsjin Siebe Walinga handich gebrûk fan e spulregel yn it Frysk damjen dat daamslach foargiet.

Yn e twadde acht is Willem Schaap (Dearsum) de iennichste dy t noch net in skawankje oprûn hat. Noch in klasse leger binne it de feteranen Cor Kooistra en Sjoerd Couperus dy t as iennichsten de folle winst ynhelle hawwe.

Utslaggen en tuskenstannen tredde omloop persoanlik kampioenskip Frysk damjen

tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Piter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0.

Stân: Wiersma 2,5; Haanstra, M. Walinga en Wijbenga 2; Hoogterp en Kooistra 1,5; S. Walinga 0,5; De Vries 0.

tredde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1.

Stân: Schaap 3; Dijkstra 2,5; Tijssen 2; Groenveld, Hoekstra, Westra en Wiersma 1; Bakker 0,5.

tredde omloop: Dicky van der Meer (Terherne) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1.

Stân: Couperus en Kooistra 3; Sikma 2; Boelens, Dyk, Van der Meer en Wiersma 1; Kingma 0.

doorfriesdammen

It koe wol mar it koe net

Fannejûn wie der mar in lyts ploechje dammers. In ûneven oantal, dat sadwaande woe Jelle Wiersma wol simultaan damje. Sneon by de earste omlopen fan de persoanlike kampioenskippen pakte er al twa punten en hearde jûn al dat der al rekkening mei hoden waard dat er wer kampioen wurde sil. Oer in pear wiken sille we it witte. Twa of ien partij tagelyk, it makke Wiersma neat út want hy wûn beide partijen. De kompetysjelieder hie alle twadde klassers tsjin in earste klasser setten en dan kinne der ferrassende útslaggen komme. Sa ek op dizze jûn. De partij fan Sjoerd Jan Bakker en Tineke Teigeler wie it grutte foarbyld dat in spiler út in hegere klasse in dammer út in legere klasse net ûnderskatte moat. Tineke hat soms fan dy sterke mominten en dan kin men der mar om tinke. By de dammerij op tiisdeitemiddei yn Hartwert is se ek meastentiids fan de partij en wint dan ek wol gauris in spul. Har man mient dat se better op tiisdeitemiddei damje kin omdat se dan neffens him better damt. Tineke kin jûn in grouwe krûp fan Martin krije want se kin fertelle dat se jûn twa punten byskriuwe kin, want in winstpunt tsjin in hegere klasser levert twa punten op. It gyng moai lykop oant Bakker tocht dat der in set yn siet yn syn foardiel, mar it bliek dat it net út koe foar him en hy rekke in hout achter. Tineke bleau skerp en wûn de partij. En as Martin it al net leauwe wol dan lêst er dit stikje mar. Tineke sil it him graach lêze litte.   Y. Boelens – B. Bos 1-0 W. Schaap – B. de Boer 1-0 H. de Haan – J. Wiersma 0-1 S. Huitema – J. Wiersma 0-1 S. J. Bakker – T. Teigeler 0-1

doorfriesdammen

Jelle Wiersma nimt kop yn damkampioenskip

Jelle Wiersma is it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul goed begûn. It waard de Wommelser sneon yn Hartwert yn de earste twa omlopen ek net al te dreech makke. Earst ferseach Hein de Vries him yn e iepening, dat dy partij wie al nei njoggen setten beslikke. Dêrnei beoardiele Tjerk Wijbenga in damtrochbraak wat al te optimistysk. Hy hie de stân materieel wer yn it lykwicht bringe kind, mar liet dat gewurde, en dat betearde foar de Arumer net goed.

Underwilens liet de konkurrinsje al punten sitte. Taeke Kooistra koe syn thúsfoardiel tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) net fersulverje; hy kaam net fierder as kamp. Walinga syn broer Marten mocht sels fan alle gelok sprekke dat Pieter Hoogterp yn it einspul de kop der net hielendal by hie. No bleau de skea foar de Waaksenser beheind ta in heal punt.

By de twadde acht hat Willem Schaap fan Dearsum allinne de kop naam. Yn e tredde acht steane good old Sjoerd Couperus en Piet Sikma boppeoan. Sy fersloegen de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5; twadde omloop: Wiersma – Wijbenga 1-0, Haanstra – De Vries 1-0, Kooistra – Hoogterp 1-0, Marten Walinga – Siebe Walinga 1-0.

Stân: Wiersma 2; M. Walinga en Kooistra 1,5; Haanstra en Wijbenga 1; Hoogterp en S. Walinga 0,5; De Vries 0.

Twadde acht, earste omloop: Willem Schaap (Dearsum) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0, Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; twadde omloop: Hoekstra – Wiersma 1-0, Bakker – Schaap 0-1, Groenveld – Westra 0-1, Tijssen – Dijkstra 0-1.

Stân: Schaap 2; Dijkstra 1,5; Hoekstra, Tijssen, Westra en Wiersma 1; Groenveld 0,5; Bakker 0.

Tredde acht, earste omloop: Ype Boelens (Menaam) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Cor Kooistra (Nijlân) útsteld, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; twadde omloop: Van der Meer – Wiersma 0-1, Kooistra – Boelens 1-0, Sikma – Kingma 1-0, Couperus – Dyk 1-0.

Stân: Couperus en Sikma 2-2; Kooistra en Wiersma 1-1; Van der Meer 2-1; Boelens, Dyk en Kingma 2-0.

doorfriesdammen

Rubryk 25-01-2019

Op e nij is Hartwert e.o. klupkampioen wurden. En lyk as ferline jier wie it ferskil mei Nocht&Kriich fan Aldegea-SWF knikker op e kant. De Rûge Wolf’ fan Lollum koe him hanthavenje en De Skyfkes moasten degradearje.

Sa bleau it earste optreden fan de Blauhústers yn de Kampioensklasse ta ien jier beheind. Treddeboerd spiler Hein de Vries soarge yn de finale mei de winst op Aldegeaster Henk Haanstra foar it beslissende punt. Mar yn de twadde omloop rûn De Vries it op tsjin Jouke Algra. De Lollumer wie tsien jier lyn twads fan Fryslân en hat it Frysk damjen wat op in sacht sin setten. Lykswols is er it spul noch net ferleard.

1.32-27 20-25 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 11-17

6.27-22 17*28 7.34-30 25*34 8.40*27 14-20 Bekind spul en Algra mei wyt siket de oanfal op de dûbele hoeke.

9.42-38 20-25 10.37-32 7-11 11.39-33 11-17 12.27*7 2*11 13.35-30 25*34

14.33*35 19-24 15.36-31 10-14 16.38-33 13-18 Is sa de ôfruil oerdwers foar. 17.33-29 24*33 18.43*12 8*17 19.35-30 17-21 20.31-26 16*36 21.46*17 11*42

22.48*37 9-13 Troch al dat ôfruiljen giet de partij rap op it einspul ta. 23.30-25 15*35 24.45*25 3-8 25.37-31 8-12 26.31-27 12-17 27.27*7 6*8 28.41-37 8-12 29.37-31 14-20 30.25*14 13*15

En nei posysjoneel lavearjen komt it der wer op oan. Ferlies en winst lizze tichteby elkoar. 31.44-40 15-20 32.31-27 12-18 Better liket de ôfruil troch 12-17.

33.49-43 20-24 34.47-42

Mei de opbou troch 5-10 bliuwt it spul min ofte mear yn it lykwicht. Swart moat wol mei skiif 4 en dan kin skiif 18 net mear ferdigene wurde.

34. …24-30? 35.40*20 4-10 36.42-38 10*30 37.38-33 5-10 38.43-38

Nû.15 sw. 2, 3, 15, 22, 26, 30, 35

wyt 19, 29, 33, 37, 41, 43, 44

Nû.16 sw. 3, 7, 11, 12, 17, 18, 33, 39

wyt 19, 20, 37, 41, 44, 45, 47, 48

En twa nijen fan Willem F. Bakker.

Nû.17 sw. 3, 9, 11, 16, 24-26

wyt 23, 36, 37, 40, 42, 46, 49

Nû.18 sw. 7-10, 12, 15, 20, 21, 26

wyt 28, 30, 37, 39, 42-44, 48, 49

Oplossings stjoere foar 8 febrewaris.

Nei lotting binne de prizen fan de krystprobleemkes foar 1.Jan Schilstra, Boalsert; 2.Tjipke Smedinga, It Hearrenfean; 3.Auke Zijlstra, Utert.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Der komt wer in S op de beker.

It wie wer in gesellige dammerij moandeitejûn yn it smûke Swettehûs. De gasten út Hartwert kamen manmachtich opsetten. Prachtich! Spitigernôch is it dan net mooglik dat alle Hartwerters tsjin Strikers damje kinne. Dêr wie fansels in oplossing foar. De mannen dy’t net dielnamen oan de striid tsjin de Stadige Strikers, dammen partijen foar de kompetysje. De tolve tsjin tolven makken der in sportive striid fan.

Wy as Strikers hoege fansels net te roppen en te swetsen dat wy de kampioen ferslein hawwe. Ja winst is winst fansels en nei twa kear in H fan Hartwert op de wikselbeker komt der no wer in S op. No wie Hartwert net op syn sterkst yn it striidperk stapt. Harren kanon, Taeke Kooistra, lieten se thús. Dat hat dan fan gefolgen, dat elkenien wer in plakje omheech giet. De earste punt foar de Strikers behelle Sjoerd Jan Bakker. Hy fersloech de foarsitter, dy’t even raar blundere. Doe pakte Hartwert trije punten op rij. De trije ûnderste buorden fan de Strikers ferlearen. Dat like dus net sa bêst foar de thúsklup, mar wat net elts ferwachte hie, barde dêrnei. Fan de acht buorden dy’t noch sieten, gie der foar de Stadige Strikers mar ien ferlern. Doe wist elk al dat der dit jier wer in S op de beker kaam. En as men dan oer in jier as wat de beker sjocht dan seit men: “No yn 2019 fersloegen ús klup it grutte  Hartwert radikaal! Dêr kinne wy wol grutsk op wêze!”

Utslach: Jelle Wiersma – Hein de vries 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra 1 – 0; Dicky van der Meer – Sjouke de Boer 1 – 0; Bauke Dykstra – Herman Scheltinga 1 – 0; Ype Boelens – Klaas Abma 1 – 0; Bauke Bos – Klaas Wiersma ½ – ½; Sjoerd Huitema – Lieuwe Eringa 1 – 0;  Bauke de Boer – Tom Vellinga 0 – 1; Hennie de Haan – Auke Boschma 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elzinga 0 – 1.

doorfriesdammen

Twa dammen tsjin ien: ien streekje ferkeard en it is kamp

It wie wol hiel apart, dat der binnen trije dagen twa partijen troch Strikers spile waarden, wêr’t yn twa tsjin ien daam op it boerd kaam. De earste partij fûn plak by de klupkampioenskippen te Easterein. De foarsitter fan de Strikers koe yn de partij noch krekt in suterich damke helje, wylst syn tsjinstanner al twa fan dy apparaten hie. Dan witte jo it: Yn it Fryske damjen is sa’n partij ferlern. Lykwols dejinge mei de twa dammen hoecht mar ien streekje ferkeard te dwaan en it is kamp. Dat komt ek troch de regel, dat de iene daam yn sân setten slein wêze moat.

Yn Easterein boarte de foarsitter noch wat troch mei yn gedachten: men wit nea of de tsjinstanner de goeie streken wol wit. Nei seis kear strutsen te hawwen. like it dat de man it foarinoar hie. Hy moast mei de sânde set in daam offerje en dêrnei soe er de daam fan de tsjinstanner slaan kinne. Mar dat mocht net mear, want dat wie de achtste set. Dus kamp.

Moandeitejûn in goeie fyftich oeren letter die him hast deselde situaasje foar. Wol wie der in ferskil. Yn Easterein gong it om de lange hoeke, wylst op de klup de twa dammen yn de koarte hoeke stienen. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap binne beide aardich op ’e hichte fan alle einspulteoriën soe men sizze, mar dochs. Sy spilen in prachtich spul, mar úteinlik wie Willem yn hâldershân, want hy helle twa dammen. Sjoerd Jan hie der mar ien. It waard in boeiende fertoaning. Bakker pakte fuortendaliks it bêste plak en doe hie Willem dat ek dwaan moatten, mar dat slagge net en sa waard it nei in hiel soad prakkesaasjes dochs noch kamp.

Utslaggen. Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

Hartwert wer damkampioen

By de sneon yn Easterein ferspile klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul einige Hartwert op e nij boppeoan. Dêrmei makke it syn favoriterol wier, ek al wie it yn e finale noch wikkerdewik.

It kampioenskip wie oars in part fan syn spanning kwyt meidat it sterke Skearnegoutum ferline jier folslein ûnferwachte degradearre wie. De klup waard ynwiksele troch Blauhús, dat foar it earst op dit nivo meidie. It die lykwols bliken dat de Blauhústers dêr noch net hielendal oan ta wiene. Utslaggen as 1-7 tsjin Hartwert en 2-6 tsjin Aldegea-SWH wiene sprekkend genôch, en tsjin Lollum/Waaksens koene de Blauhústers it ek net oprêde.

Lollum sels wie der troch it missen fan sterke spilers as Foeke Tiemensma en Hans Jansen ferlike mei ferline jier ek net sterker op wurden. In stunt tsjin Hartwert (3,5-4,5) en Aldegea (3-5) siet der no krekt net yn. En dêrmei soe alle ôfhingje fan e lêste omloop, doe t de beide favoriten Hartwert en Aldegea tsjininoar moasten. Hartwert hie dêrby it lytse foardiel dat it yn e beide eardere wedstriden krekt wat mear buordpunten byinoar skarrele hie as Aldegea; in lykspul soe dêrom genôch wêze foar it kampioenskip.

De striid begûn foar de Hartwerters ek goed mei in oerwinning fan e jeuchlike Sjoerd Teake Kooistra. Mar even letter luts de Aldegeaster feteraan Gerrit Schilstra de stân wer gelyk, en Jouke Wijnja sette de klup sels op foarsprong. Hiel wichtich wie dêrnei de flater fan e Aldegeaster Siebe Walinga op it earste boerd tsjin achttjinfâldich persoanlik kampioen Taeke Kooistra. Dêrnei sette Jan Bouma de Hartwerters sels op foarsprong, mar Willem Hoekstra luts de stân op en nij yn it lykwicht, en dat bleau sa nei it kampspul tusken Folkert Groenveld en Tsjerk Wijbenga.

Doe hong alles dus ôf fan e lêste partij, dy tusken Hein de Vries en Henk Haanstra. It folk klofte gear om harren boerd, de spanning wie om te snijen. Haanstra hie syn houtsjes net al te lokkich delset, en moast lang om let de ferliezershân útstekke. In lûd gerop en geraas ûntlade him dêrnei yn e Hartwerter kielen.

Yn e twadde klasse soarge it sterke Skarnegoutum der foar dat it fuortendaliks wer werompromovearre nei it heechste nivo. Jorwert, dat De Gaastmar foarbleau, waard hjir fertsjinstlik twads. Yn e tredde klasse wie neffens ferwachting de twadde ploech fan Hartwert it sterkste. Lêst waard hjir de Boalsert-Warkumkombinaasje, in ploechje “Hollânske” dammers dat him ek wol ris weagje woe oan e Frysk fariant fan it damspul. It gong harren ek net iens ûnaardich ôf, mar earemetaal smiet it net op.

Utslaggen klupkampioenskippen Frysk damjen 2019

Kampioensklasse: Hartwert – Blauhús 7-1, Aldegea – Lollum 5-3; Lollum – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Aldegea 2-6; Aldegea – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Lollum 3-5.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): Hartwert 3 (16); Aldegea 2 (14,5); Lollum 1 (11,5); Blauhús 0 (6).

Twadde klasse: Skearnegoutum I – Skearnegoutum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 2,5-5,5; Jorwert -Skearnegoutum I 2,5-5,5, Skearnegoutum II – De Gaastmar 1-7; De Gaastmar – Skearnegoutum I 1-7, Skearnegoutum II – Jorwert 1-7.
Einstân: Skearnegoutum I 3 (19); Jorwert 2 (15); De Gaastmar 1 (10,5); Skearnegoutum II 0 (3,5).

Tredde klasse: Hartwert 2A – Aldegea 2A 4-0, Boalsert/Warkum 1B – Aldegea 2B 0,5-3,5, Boalsert/Warkum 1A – Hartwert 2B 2-2; Aldegea 2A – Boalsert/Warkum1A 2-2, Hartwert 2B – Boalsert/Warkum 1B 3-1, Aldegea 2B -Hartwert 2A 0,5-3,5; Hartwert 2A – Boalsert/Warkum 1A 3-1, Aldegea 2B – Hartwert 2B 1-3, Aldegea 2A – Boalsert/Warkum 1B 2-2.
Einstân: Hartwert II 5,5 (18,5); Aldegea II 2 (9); Boalsert/Warkum 1,5 (8,5).