Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Damdei 4 jannewaris yn Hartwert

Op 4 jannewaris om 10:00 oere is der wer in damdei yn Hartwert. Sa as gewoanlik oardel oere op ‘e klok yn ús doarpshús “It Terpshûs”.

Krekt as oare jierren wurd der wer soarge foar moaie prizen.

Opjaan by Sjoerd Kooistra (foar sneon 4 jannewaris, 9 oere): fia e-mail damclubhartwert@live.nl as 06 -17 31 67 08.

Oant sjen op 4 jannewaris!

It bestjoer fan Damklup Hartwert e.o

doorfriesdammen

Rubryk 27-12-2019

Yn de lêste rubryk fan 2019 sawn miniatuerkes fan Roel Bergsma. Folle wille mei it oplossen en in goed 2020 tawinske.

Nr. 1

Nr. 2

Nr. 3

Nr. 4

Nr. 5

Nr. 6

Nr. 7

Oplossingen foar 10 jannewaris nei

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Priisdamjen: 18 dammers op papier en 16 achter de buorden.

Skearnegoutum. Op freedtejûn 20 desimber hold damklup De Stadige Strikers harren priisdamjen. In wedstriid wêr’t wolris mear dammers oan meidien hawwe. Mar hawar! Der is op in sportive wize sport bedreaun. Tinksport wol te ferstean. Fan de achttjin papieren dammers rekke der ien in dei fan tefoaren siik, dy moast dus ôfsizze. Doe wienen der 17 oer. Dat is in raar getal. Dêrom spile diskear in bestjoerslid net mei lykas ferline jier doe’t der ek in ûneven oantal dammers opdraven kaam. Ponghâlder Ype Boelens offere him no op.

Jelle Wiersma, de Frysk kampioen, liet ek sjen dat er op it mêd fan stryk-ta de sterkste wie yn de Eareklasse. Hy wûn alle trije partijen. It lot hie it sa útmakke, dat er allinne klupleden as tsjinstanner hie. Yn de oare groep fan de eareklasse siet noch in Aldegeaster en in Hartwerter. Tsjin harren hoegde Jelle it net op te nimmen. It wie it lot!

Yn de haadklasse A mei in Blauhúster, twa Jorwerters en in Hartwerter yn de gelederen blieken de Blauhúster en de man fan de Harterter klup it bêste út de bus te kommen. Marcel Altena fan de Skyfkes ferdigene de klupkleuren mei glâns: Twa kear winst en ien kamp. Klaas Wiersma fersloech de beide Jorwerters en gong mei de twadde priis nei hûs.

Beke Haanstra út Aldegea sloech feninich ta yn de earste klasse. Hy wûn alle trije partijen. As twadde einige Jan Nauta út Bitgumermole dy’t allinne belies jaan moast tsjin de priiswinner. Tineke Teigeler út Sibrandabuorren liet sjen dat froulju ek wol damje kinne: De winner yn de twadde klasse foar Minne Posthuma út Aldegea.

Folsleine útslach: Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Bauke Dykstra de Tynje. Groep 2: 1 Folkert Goenveld, De Jutryp. 2 Tsjerk Wybenga, Arum. Haadklasse A: 1 Marcel Altena, Blauhûs. 2 Klaas Wiersma, Nij Beets. Earste klasse: 1 Beke Haanstra, Aldegea. 2 Jan Nauta, Bitgumermole. Twadde klasse: 1 Tineke Teigeler, Sibrandabuorren. 2 Minne Posthuma, Aldegea.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 20-12-2019

Nei de promoasje yn 1984 helle Willem Bakker yn 1985 syn 5-e titel. Dat die er hast om de tsien jier: 1947, 1957, 1964 en 1975. Taeke Kooistra siet yn 1986 yn de lêste omloop te Ferwert yn it einspul tsjin Bakker. Neiste konkurrint Stinus van der Goot hie al wûn fan Hiele Walinga en sa lyk mei Kooistra op 5 punten kaam. Dat Kooistra (swart), hie oan kamp genôch foar syn earste titel.

44.36-31 13-18? 45.48-43 (driget mei it heakje) en swart rint it op. 44….6-11 45.48-43 24-30 46.35×24 25×23 47.31-27 wint wyt. Dus 44. …13-19 45.31-27 6-11 46.48-43 11-16 47.39-33 19-23 48.33×13 24-30 49.35×24 25×3 en better spul foar wyt. Der folge. 44.48-43 13-19 45.36-31 24-29 46.39-34 29*40 47.35*44 6-11 25-30 is better. 48.31-27 25-30  49.44-39 15-20 50.39-33 20-2551.43-38 30-35 52.38-32 19-24 52. …11-16 53.32-28 19-24 54.27-22 16-21 55.22-18 24-29 56.33×24 25×32 sil kamp wurde. 53.27-22 24-30 54.32-28 11-16 55.22-18 30-34 56.18-12 24×23 57.12-8 23-29 58.8-3 lykswols. Bakker wol twa dammen helje. 56.28-23 34*32 57.23-19 32-38 58.19-14 38-43 59.14-10 43-48

60.10-5 48×8 61.45-40 35×44 62.5×2 is kamp 60.18-12? 48-34 61.12-8 25-30 62.45*25 34-45 63.25*34 45*5 wint.

En twa problemen fan Hiele Walinga

Nû.13 sw. 3, 5, 8, 12, 16, 17, 40 wyt 14, 24, 31, 41, 42, 47, 49

Nû.14 sw. 5, 7-9, 18-2036 wyt 16, 29, 33, 39, 41, 43-45

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Persoanlike kampioenskippen 3e acht – 3e rûnte

Op moandei 16 desimber waarden yn it Joo yn Aldegea fjouwer partijen yn de tredde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. Neist de dammers fan de tredde acht waard ek fûleindich damt foar de kompetysje fan Nocht&Kriich en spile Siebe Walinga tsjin Hein de Vries yn de twadde rûnte fan de Fryslân Kup.

Der barde dizze jûn fan alles op de damboerden. Sa kamen Johannes Hoekstra en Gosse de Vries der tige let efter dat it boerd ferkeard lei: de lange hoeke net oan de lofter kant, mar oan de rjochter kant fan it boerd. Mar hoe dan ek, se hiene in prachtige partij damt!

Yn it ein fan de partij koe Siebe mei syn daam in hout slaan, mar die dat net! Nee, hy die earst noch in oare set, Hein moast slaan en dêrnei koe Siebe in hiel soad hout slaan. Je sjoene hast tinke dat it opsetsin wie! Mar ja, as de tsjinstanner neat seit dan kin alles.

Yn de partij fan Ype Boelens tsjin Marcel Altena helle Ype op de 59e set in twadde dam en wie der einspul mei twa dammen tsjin in. Alle dammers witte dat je einspul yn 7 setten útmeitsje moatte. Nei 6 setten sei Ype dat Marcel syn dam gjin goed plak mear hie en dat wie ek sa. Mar troch in eigen daam te jaan en de daam fan Marcel te slaan kaam Ype út op 8 setten mei syn twa dammen. Neffens Ype mocht dat, want dat hie hy heard fan Jelle Wiersma, en dat is ‘net de earste de bêste’!

Piet Sikma spile in moaie partij tsjin Bernard Kroon mar kaam yn it 3 tsjin 3 einspûl ien set te koart en moast beliis jaan. Neffens Piet hie hy in de stân fan 5 tsjin 5 in bettere set dwaan kinnen, mar as dat ek winst west hie???

De beide koprinners, Liuwe Westra en Dicky van der Meer, spilen tsjin elkoar en brûkten yn in drêge partij yn it begjin in hiel soad tiid, mar mei tank oan it Fisher-systeem kamen se oan de ein fan de partij gjin tiid tekoart. It spul waard kamp.

De útslaggen fan de tredde acht:
Liuwe Westra – Dicky van der Meer 0.5-0.5
Fedde Wiersma – Siebren Dyk 1-0
Ype Boelens – Marcel Altena 1-0
Piet Sikma – Bernard Kroon 0-1

Nei trije rûnten geane Dicky van der Meer, Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan de lieding mei 2,5 punt.

doorfriesdammen

Weryntrêder Jan de Jager fan de partij.

As de foarsitter Jan de Jager it boekje Oer Alles bringt, dan damme se altiten in potsje en strike noch in pear spultsjes fiif tsjin fiif. Dan docht bliken dat er noch goed yn de gaten hat, hoe’t it spultsje Frysk Spul yninoar stekt. Meastal seit er dan ek: “Ik soe ek wol ris wer op de klup sjen wolle!” Dat sei er ferline wike ek. Doe is it regele. Bauke Bos woe him wol oppikke. Sa kinne wy wol stelle dat wy wer in weryntrêder op de klup ha.

Hy waard ek fuort oan it wurk setten: damme tsjin syn sjauffeur Bauke Bos. Dat soe fêst in moaie partij wurde, want De Jager hat altiten in taaie rakkert west. No die dochs bliken dat er noch wat wenne moast, want hy ferseach him en rekke in houtsje achter. Syn oppenint stûn as in hûs. De Jager hat it noch wakker besocht, mar Bos joech gjin krimp. Sa koe De Jager syn come-back gjin ekstra glâns jaan troch in moaie winst, mar dy winstpunten sille seker komme as er troch giet. Hy is de jongste net mear. It nijste is der ôf, mar it is wol fantastysk dat sa’n man mei twa achten op ’e rêch it noch oandoard.

De meast wûnderlike partij spilen Jelle Wiersma en Willem Schaap. Beide mannen spylje ek wol gauris tsjin elkoar op de damapp. No dus út echt achter in houten boerd. Dêr skrokken se miskien wol in bytsje fan en rekken se wat fan harren apropos. Willem helle yn it middenspul sa mar in prachtich damke. Dy daam bleau ek in hiele hoart stean. Beide mannen wienen it der oer iens dat der geweldige lopen en streken yn sieten. Hoewol’t dy daam prachtich stûn, rekke Willem dy wolf wol kwyt. En doe ynienen liken de winstkânsen foaral op Jelle ôf te kommen. Hy kaam ek noch in houtsje foar. Gewoanwei is it dan oer mei de keapman. Mar keapman Schaap breide der noch moaie streekjes en faltsjes yn. Dêr hie er ek noch gelok mei, want Jelle tûmele der yn.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan ½ – ½; Bauke Bos – Jan de Jager 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Sjoerd Huitema ½ – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Moaie striid tusken betûfte Hennie en nijeling Kees.

Moandeitejûn ferrûn net oars as oare damjûnen. Ek dizze reis soarge wer foar ferrassing en spanning. Spanning siet der foaral yn de partij tusken Hennie de Haan en Kees Castelein. Beide hienen kânsen en it gong der om wa’t mei de winnende set komme soe. Al mei al makken âld en jong der in moaie striid fan.

Op in bepaald stuit luts Hennie suver wat wyt wie. Se seach dat as Kees noch krekt even skerper spile hie, sy de beppekelder yn kneppele wie. Krekt even skerper en hy spile al sa merakelst goed. Hy joech de hiele tiid prima partij. Hennie murk in pear kear op: “Kees wat kinsto goed damje!” Miskien is Kees dêrtroch wat yn in wintastân rekke en krekt wat minder begûn is te striken. Hy sei noch wol: “Ik moat it earst mar ris wûn ha, dan kin ik sizze dat ik goed spile ha” Dat wienen wiere wurden fansels. Hennie ûntkaam oan de deadlike oanfal en waard suver wat better kwa stân, mar de winst soe nei alle gedachten wol nei Kees gean. De stikjeskriuwer hold it mei spanning yn de gaten. Kees krige in daam en dat binne soms foar begjinnende dammers eins mar akelsma’s. Mei in achterstreek fan Kees koe Hennie wer in eintsje fierder rjochting daamline gean. Sa werhelle him dat noch in kear en sy kuiere moai nei de daam. Doe seach it der wol wat út nei kamp, mar tsjin twa dammen hie Kees mei syn iene daam gjin kâns mear. Spitich foar him, in moaie partij, mar gjin punten.

Utslaggen: Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1. 

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 6-12-2019

It persoanlik kampioenskip yn de ‘tredde acht’is al begûn. De grutte kanonnen komme yn febrewaris yn aksje. Ien der fan is Taeke Kooistra fan Hartwert. It wie foar him net maklik om de earste kear kampioen te wurden. Mar dernei wie der ek net mear te hâlden. Kooistra rint der fier út mei 18 kampioenskippen. Werom nei 24 febrewaris 1986 te Ferwert. Yn de 7-e en lêste omlooop gie it tsjin Willem Folkert Bakker (wyt), ek al faak kampioen en in baas dammer. 

It soe in bjusterbaarlike partij wurde, dy t net yn ien rybryk te besprekken is.

1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 Fan alle dammers wie Bakker perfoarst it meast thús yn dizze iepening, mei benammen de slach op de tredde set. 3.44*24 14*344.40*29 19-23 Fansels hie Kooistra him goed taret. 5.50-44 23*34 6.39*30 15-207.44-39 20*40 8.35*44 10-15 9.44-40 9-14 10.40-35 14-20 11.37-31 3-9! 

Gjin misse set, mar ferrassend en bepalend foar in grut ferrin fan de partij. 11. …20-24 leit mear yn de reden. 

Wyt nimt ek net de maklikste wei troch12.32-27. 12.41-37 9-14 13.46-41 20-25en stiet de ôfruil oerdwers ta. Mooglik wie 13. …13-19 14.33-29 5-10! 15.29×9 14×3 14.35-30 25*34 15.33*35 14-2016.49-44 18-23 en dan 23-29 17.39-33 20-24 om te skoarjen. 18.44-40 17-21skerp, net ôfruilje troch 18. …13-19 19.33×13 12×14 19.26*17 16*18

20.31-26 11-17

It stiet der moai op. Nei 21.36-31! hie swart it dreech hawn. 21. ..5-10? om 26-21 etc., 21. …15-20? om 32-28 etc. en ek 21. …4-9 as 17-22? om 43-39 etc.

21. …6-11 is ek al net goed, om 43-39, 26-21 etc. 21. …7-11 22.26-21 17×26 23.33-28 13-19 (ferpl.) 24.32-27! 32×21 25.41-36!! 21×37 26.36×20 15×24 27.42×11 En is dus ferplichte 21. …4-10

Mei bygelyks 22.33-29 23×34 23.40×20 15×24 24.31-27 10-15 25.27-22 18×27 26.32×21. De partij ferrûn fierder mei

21.33-28 13-19! 22.28-22!

22. …17*28 22. …18×27 23.32×21? 12-18! 24.21×3 4-10! 25.3×20 10×50

23.32-27 15-20 Nei 23.43-39! siet it spul wer fol mei drigingen. Swart kin troch 23-29 in skiif foar bliuwe, mar dat liket al te dryst. 24.27*9 4*13 25.37-32 5-10

26.26-21 is in pracht-set. Op 6 as 7-11 folget de plakker 40-34 en op 10-15 komt de daamslach nei 21-16! 23-29 kin net om earst 40-34 en dan 35-30 etc.

Fansels kin 13-18 net om 32-28. 

Nei 10-14 folget 32-27 mei in protte drigingen en wat te tinken fan 26. .24-29 

27.35-30! 13-19 28.30×28 18-22 29.28×17 7×16 30.38-33 8-13 (need-setten fan swart) 31.32-28 etc. Der folge

26.41-37 10-15 27.37-31 20-25 28.31-27 13-19 29.42-37 7-11  30.43-39! en bgl. 7-11 31.36-31 11-16 32.26-21 mei better spul foar wyt. 30.37-31 8-13 31.27-21 24-30 32.35*22 18*16 Troch dizze ôfruil binne de grutste tûkelteammen foar swart út de partij. It spul kriget in mear posysjoneel karakter. 33.32-27 

19-24 34.40-35 12-17 35.27*7 1*1236.38-32 12-17 37.32-27 17*3738.47*27 11-17 39.27*7 2*11

40.31-27 13-18 41.43-39 18-2242.27*18 16-21 43.26*17 11*13

En sa giet it op nei it einspul dat we de oare kear besjen sille.

Nû.9 sw. 4, 8, 9, 12, 21, 27, 36
wyt 15, 19, 20, 38, 39, 42-44

Nû.10 sw. 4, 7, 8, 10, 11, 16, 18, 41
wyt 20, 27, 30, 32, 36, 38, 40, 47

En twa nijen, ek al fan Willem Bakker.

Nû.11 sw. 2, 4, 10, 11, 13, 17, 26
wyt 20, 28, 29, 38, 41, 47, 50 

Nû.12 sw. 2, 4, 6, 8, 10, 11, 20, 21
wyt 18, 35, 37, 39, 41, 43, 45, 46

Oplossingen stjoere foar 20 desimber.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Hy mocht it sinterklaazjen net mear meimeitsje.

o wisten de Stadige Strikers wol dat ús nestor it net sa lang mear meitsje soe, mar dochs misten wy him tige by it sinteklazedamjen. Wat wie de man dêr in entûsjast leafhabber fan. Wat koe er miterste hurd tinke. Hy siet der ek wol ris nêst, mar faak hie er it by it rjochte ein. No is ús nestor der net mear. Om dizze kompetysje by him thús te damjen, soe him noch bot yn kontakt hâlde mei de klupleden. Hy hat mar ien partij damje kinnen en dêrnei wie it op. Hy bleau op bêd. Sels sei er: “Dit is it begjin fan de ein” Oant de lêste dei bleau er skerp, sa as er dat altiten west hie. Freedtemiddei bringe wy ús nestor te hôf. It libben giet troch. Wat noch nea bard wie yn de histoarje fan de Strikers, barde moandeitejûn. Der kaam in echte swarte Piet mei in sek fol pipernúten de damseal binnen stappen. Prachtich moai. By it neier yn de kunde kommen, bliek it net in Piet, mar in Pietsje te wêzen. Se koe ek noch Frysk damje. Sa sjocht men mar wer: üs sport is ynternasjonaal! Tineke Teigelaar hie har dochter Tess ek meinommen. Sa hienen wy fjouwer froulju.  Twa mannen wienen ferhindere. Wy koenen yn trije groepkes fan fjouwer spylje. Fjouwer potsjes yn ien kartier. Der waard skerp spile en der waard enoarm blundere. Al mei al wie it in slagge jûn en elk gie mei wat lekkers nei hûs.

doorfriesdammen

Persoanlike kampioenskippen 3e acht

Op tongersdei 28 novimber waarden yn de Gaastmar trije partijen yn de twadde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. De útslaggen fan dizze jûn wiene:

Fedde Wiersma – Ype Boelens 0,5 – 0,5 

Siebren Dyk – Marcel Altena 0 – 1

Dicky van der Meer – Bernard Kroon 1 – 0

Foar de taskôgers wie it kampspul fan Fedde tsjin Ype ferrassend. Hy stie mei 7 om 6 houtsjes foar, dus it like der op dat hy de pot wol winne soe. Mar Ype tocht der oars oer! De fjirde partij tusken Liuwe Westra en Piet Sikma waard op moandei 2 desimber spile yn Hartwert. Liuwe wist de partij nei in daamslach te winnen.

Nei de beide earste partijen hawwe Dicky van der Meer en Liuwe Westra de lieding mei twa punten. De tredde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht is op moandei 16 desimber yn Aldegea.