Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Rubryk 11-10-19

Alexander Georgiev hat syn wrâldtitel werom. Yammoussoukro yn Ivoorkust wie it toaniel fan de striid by it hoekse spul. Soe it him slagje ek de wrâldtitel Frysk Spul te winnen? Dat soe kinne no’t de winner fan it Fryslân Open, yn maart 2020, in 11-kamp spylje sil tsjin Marten Walinga. Dy pakte de wrâldtitel yn de simmer fan 2018 mei winst yn de barraazje tsjin…Georgiev! Fan alle Frysk dammers hat Walinga it oant no ta it bêste tsjin it Russyske rekkenwûnder dien: ien kear kamp en fjouwer wûn.

Lykas de lêste kear by de grutmasters te Frjentsjer op 1 maart 2019. Walinga wyt.

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20

6.27-22 9-14 De bekende Meike-set mei it antwurd. 7.34-30 25×34 8.40×18 8×17 9.37-31 3-8 10.31-27 17×37  11.36×38 20-25 12.42-37 16-21 13.37-31 21-26 14.44-40 26×37 15.38×36 14-20

16.39-34 8-12 17.43-38 12-17 18.38-32 17-21 19.32-27 21×32 20.34-30 25×34

21.35×31 20-24 22.40-35 15-20

Der wurdt fan wjerskanten foarsichtich strutsen. It is ek harren 9-e partij yn trije dagen. 23.31-26 11-16 24.41-37 20-25 25.35×15 5×25 26.37-31 7-11 27.46-41 10-15 28.41-37 11-17 29.37-32 17-21!

De earste ferrassende set fan de partij.

30.26×17 16×18 31.31-26 6-11 32.32-27 11-17 33.27×7 1×12 Georgiev giet wat mear oer it boerd. 34.48-42 18-22

35.26-21 4-10 36.21×23 24×22 37.50-44 15-20 37. ..22-27! jout moai spul.

38.36-31 20-24 39.31-26 10-15 40.42-38 2-7 41.44-39 22-28 42.38×18 12×23 43.47-42 25-30 44.26-21

Georgiev ruilet ôf en dat is de ferkearde kar. 44. ..15-20 45.42-38 7-12! (21-16? om 12-17) 46.38-32 12-17 47.21×12 23-29 48.39×19 20×7 49.32-27 24-29 en meardere kamp-farianten, bygelyks 50.27-21 29-34! 51.49-44 7-11 52.44×35 1×21 44. …23-29 45.39×19 24×13 46.42-38 15-20 47.38-33 13-18 48.49-43 20-24 Swart jout terjochte op.

Nû.1 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 15, 16, 19, 26, 30

wyt 22, 28, 29, 32, 36, 38, 39, 50

Nû.2 sw. 1, 4, 7-9, 15, 18-20, 27, 36

wyt 16, 33, 34, 38, 39, 41-43, 48

Nû.3 sw. 2, 4, 6-12, 14-17, 20, 24, 25

wyt 22, 26-29, 31-38, 44, 45, 50

Nû.4 sw. 7, 9, 11-14, 19, 21

wyt 28-32, 39, 44, 47

Oplossings stjoere foar 25 oktober.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Wy sykje: kandidaten foar de ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Al in tal jierren soene wy graach mear minsken hawwe dy’t meidogge oan it kampioenskip Frysk Damjen yn de ûnderste groep fan acht, de saneamde ‘Tredde Acht’.

Yn de bûnsgearkomste fan 2 oktober is besletten om dit jier by wize fan proef it kampioenskip yn de saneamde ‘Tredde Acht’ en ek de oanrin dêrhinne justjes oars oan te pakken.

Alderearst: de wedstriden yn de ‘Tredde Acht’ wurde útsmard oer de tiid fan novimber oant en mei febrewaris. Trije fan ’e sân omlopen wurde tagelyk spile mei wedstriden yn de oare beide groepen; de oare fjouwer wedstriden wurde earder spile. It folsleine skema sjocht der sa út: • moandei 18 novimber (Skearnegoutum), 1e omloop • tongersdei 28 novimber (De Gaastmar), 2e omloop • moandei 16 desimber (Aldegea), 3e omloop • freed 17 jannewaris 2020 (Blauhús), 4e omloop • tiisdei 4 febrewaris (Jorwert), 5e omloop • sneon 15 febrewaris (Skearnegoutum), 6e en 7e omloop

Seis dammers binne al pleatst foar it PK yn de ‘Tredde Acht’: Liuwe Westra, Fedde Wiersma, Siebren Dyk, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Piet Sikma. Der binne dus noch twa plakken frij.

Twad: de pleatsingswedstriden foar de beide leste plakken wurde spile op:  • moandei 21 oktober (It Terphûs, Hartwert), 1e foaromloop • freed 1 novimber (SieSa, Blauhús), 2e foaromloop • moandei 11 novimber (It Joo, Aldegea-SWF), 3e foaromloop

De wedstriden begjinne om 20:00 oere. De tinktiid is 1:30 oere.

Der wurd spile yn ien pûl as der 3 of 4 dammers binne, en yn twa pûls fan fjouwer as der 7 of 8 dammers binne en yn in pûl fan seis mei twa groepen fan trije as der 5 of 6 dammers binne. De twa pûlwinners pleatse har dan foar de ‘Tredde Acht’. Binne der mear as 8 kandidaten, dan wurkje wy mei mear pûls. Der wurd damt neffens de skema’s dy’t opnommen binne yn art.4 fan ‘Aanvullende reglementen, A. Wedstrijden door clubs georganiseerd’. Ek art. 5 út dat reglemint is fan tapassing.

De lotting fynt plak op moandei 21 oktober (om 20:00 oere) yn Hartwert.

Opjaan foar de pleatsingswedstriden

Dammers kinne harren opjaan by skriuwer Fedde Wiersma:
e-mail:  wiersmafedde@gmail.com
tillefoan/app: 06 – 21378700
Opjaan foar sneon 19 oktober 21:00 oere!

(by opjaan ek e-mailadres en 06-nummer trochjaan)

Ek foar fragen ensfh. kinne jimme kontakt opnimme mei Fedde.

Wy hoopje dat dizze proef slagget en rekkenje op in moai ploechje dammers!

Út namme fan it bestjoer,

Fedde Wiersma, skriuwer

doorfriesdammen

Rubryk 27-9-2019

Al wer hiel wat jierren hawwe ek by it Frysk damjen kompjûterprogramma’s in rol yn it spul krigen. Hjirby is Lusoris, doedestiids makke troch Stef Keetman,

lang de standert west. Tsien jier lyn en earder spile de kampioen dan ek in partij tsjin ‘it beest’ en mei de grutst mooglike muoite waard kamp helle.

Mar no komt der feroaring en hoe.

De Frânsman Fabien Latouzey hat it programma Scan ek ôfstimd op it Frysk damjen. Op de site www.lidraughts.org kinne jim it ris besykje. Ek foar FRYSK! en oerhoeks. Guon dammers gienen jim foar en waarden fan it boerd reage. Wat soe Lusoris der tsjin Scan fan meitsje?

Ik ha de twa programma’s in pear kear tsjin elkoar spylje litten. Lusoris hat dan noch in protte tiid nedich, mar Scan is yn in pear tellen út de rie en makket Lusoris kansleas. Yn dizze partij het Scan wyt.

1.32-27 20-25 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 14-20

6.27-22 Dit is de Meike-set . 6. ..9-14

Fansels kint Lusoris de bêste tsjinset.

7.34-30 25*34 8.40*18 8*17 9.37-31 7-12 10.44-40 17-21 11.31-26 3-8

12.26*17 12*21 13.35-30 8-12 14.50-44 12-17 Swart stiet ta dat wyt omheech ruilet. Wie 20-25 net better? 15.30-25 15*35 16.45*25 17-22 17.40-35 11-17

Dan kin der oerdwers ôfruile wurde.

18.36-31 10-15 19.31*11 1*21 20.39-34 20-24 21.25*23 22*24 22.34-30 14-20

23.30*19 20*18 Mei in wat minder goed hout. 24.35-30 2-8 25.42-37 8-13 26.37-31 18-22 27.31*11 16*7 28.44-39 7-12

Wyt hat de driging 30-25 en 44-39 yn it spul brocht en de ôfruil troch 15-20 leit mear yn de reden. 29.41-36 13-18 30.36-31 18-23 31.49-44 4-10 32.44-40 10-14

33.40-35 14-20 34.30*10 15*4 35.31-26 12-18 36.39-34 4-9 37.46-41 5-10 38.34-30 9-14 39.30-25 22-28 Swart is no alhiel omklamme. 40.41-37 28-33 41.37-31 6-11 42.47-42 18-22 Wat oars?

43.35-30 22-28

No net daalk 44.43-38 23-29! 45.38×7 33-39 46.30×28 10-15! 47.25×5 39-44 48.5×23 44-50 49.23-5 50×8 en kamp

44.30-24 14*34 45.43-38 34-40 46.38*7 40-45 47.7-1 28-3348.48-43 45-50 49.43*23 50-45 It komt noch wol efkes krekt foar wyt. 50.1-6 45*15 51.26-21 15-29 In twadde wite daam kin net keard wurde. 52.6-1 29-33 53.1-6  33-29

54.6-1 10-14 55.1*4

Jim hienen noch de einstân fan de ledderwedstriid te goede.

1.Sjouke Schilstra, Lollum, 358 pt.;
2.Sake van Steinvoren, Dronryp, 334;
3.Jan Schilstra, Boalsert, 306;
4.Johan de Boer, Berkel en R’rijs, 299;
5.Arend de Schiffart, Wommels, 248;
6.Gerrit Schilstra, Boalsert, 238;
7.Gerrit Tigchelaar, Ysbrechtum, 229;
8.Klaas Wiersma, Nij Beets, 200;
9.Tjipke Smedinga, It Hearrenfean, 167;
10.Sietse de Boer, Burdaard, 84;
11.Pieter Looge, Tsjummearum, 60;
12.Jelle Wiersma, Wommels, 48;
13.Fedde Wiersma, Easterein, 46;
14.Gosse Harkema, Snits, 44;
15.Auke Zijlstra, Utert, 44;
16.Gatze Ykema, De Gaastmar, 22;
17.Bernard Kroon, Blauhús, 12;
18.Sjoerd Couperus, Snits, 10;
19.John Reade, Manchester, 8;


En nije problemen fan Hiele Walinga

Nû.1 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 15, 16, 19, 26, 30
wyt 22, 28, 29, 32, 36, 38, 39, 50

Nû.2 sw. 1, 4, 7-9, 15, 18-20, 27, 36
wyt 16, 33, 34, 38, 39, 41-43, 48

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 3-5-2019

By it yngean fan de lêste omloop fan it kampioenskip lei Marten Walinga in heal punt efter op titelhâlder Jelle Wiersma. En wie sa de ienige dy’t him noch benei komme koe. Dan moast der wol in risseltaat komme tsjin Taeke Kooistra. Wylts Jelle Wiersma tsjin Henk Haanstra siet. Beide spullen gienen lyk op. It brekpunt by Walinga-Kooistra kaam op de 42-e set

Der folge 42.38-32 23-29 43.39×19 20×18 En wyt komt letter oan 44.45-40 15-20 45.40-34 20-24 46.34×14 10×19 47.50-44 19-24 48.44-39 18-23

Troch 42.39-34 17-21(ferpl.) 43..26×17 23-28 44.38×18 20-24 45.34×14 15×11

46.45-40 (35-30 ferliest) 17-22 47.40-34 17-22 48.34-29 10-14 49.50-45 is kamp.

Tagelyk hie Wiersma yn syn partij tsjin Haanstra in minne set ôflevere

En spile 37.24-20 Hjir hie 48-43 moatten. Swart kin mei skiif 12 nei de daam rinne. 37. ..1-7 38.46-41 12-17 39.48-43 17-21 40.26*17 7*27 41.43-39

Nei 41. ..4-10 42. 20-15 16-21 43.15×4 21-26 44.4×31 26×26 is it út. 41. ..16-21

Swart wol net ûnder de twa skiven rinne om de plakker 20-15-10-5. 42.39-34 21-26 43.36*16 6*26 44.34-29 27-32 45.29-23 32-38 46.23-18 38-43 47.18-12 43-48

Wyt kin noch in daam helle, mar stiet oan alle kanten ferlern. Op 48. ..12-7 as 12-8 folget 49.48-25 48.20-14 4*24 49.12-7 48-43 50.7-1 43-21 50.7-2

50. ..24-30 En net daalk 43-32, dan slaat wyt 2×15 51.2*35 43-32 52.35*31 26*46 Wilens hie Walinga al ferlern fan Kooistra en mocht Wiersma lykswols de felisitaasjes foar syn sawnde titel krije.

Foarearst wie dit de lêste rubryk. Nei de simmer ek de útslach fan de ledder.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 19-4-2019

Willem Schaap fan Dearsum damt by ‘De Stadige Strikers’ te Skearnegoutum.

Willem Schaap fan Dearsum damt by ‘De Stadige Strikers’ te Skearnegoutum.

Hy bringt graach aventoer yn it spul.

Dat die fertuten yn it kampioenskip by de ‘twadde acht’. De earste trije omlopen waarden wûn en nei twa ferliespartijen wer twa winst. Dat betsjutte in moai twadde plak en foar Schaap in primeur:

promoasje nei de Kampioensklasse.

Twa kear mei swart pakte Schaap troch in kombinaasje de winst. Yn de twadde omloop tsjin klupgenoat Sjoerd Jan Bakker.  1.32-27 20-25 2.27-22 17*28

3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 14-20 6.36-31 9-14 7.34-30 25*34

7.42-38 19-24 8.48-42 13-18 9.38-32 as

7.42-38 25-30 8.34×25 4-9 9.27-22 20-24 10.25×23 19×17 is foar wyt better.

8.40*18 8*26 9.39-34 11-17 10.44-40

7-11 11.43-38 17-21 12.38-32 20-25

13.49-44 2-7 14.32-27 as 28 14.48-43?

14. ..21-27! 15.31*22 26-31 16.37*26 16*36 17.46*26 7-12 18.22*2 14-19

19.2*20 10*48 20.40-34 48*30 21.35*24 25*23

En yn de lêste opmloop moast Fedde Wiersma it belije.1.32-27 20-25

2.31-26 14-20 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19

7.35-30 25*34 8.39*10 5*14 9.44-39

15-20 10.32-27 17*37 11.41*32 12-17

12.50-44 18-23 Nei 13.32-27 17×37 14.33-28 23×32 15.38×47 stiet de rún wer op stâl, mei in stân as in dyk.

13.40-35? 06-11! 14.26*6 23-28 15.38*16 20-24 16.06*17 7*40 17.45*34 24-29 18.33*24 19*50

De problemen foar de ledderwedstriid:

Nr.27 sw 1, 8, 11, 14, 21, 24, 34, 40

wyt 31, 32, 36, 38, 42, 47-49

Nr.28 sw. 3, 6, 8-10, 14, 18, 19

wyt 21, 26, 28, 29, 37, 38, 40, 48

En twa nijen fan Willem F. Bakker

Nr.29 sw 2, 4, 11, 15, 16, 20, 24, 25

wyt 22, 27, 31, 38-40, 43, 47, 48

Nr.30 sw. 2, 6, 7, 10, 13, 20, 25

wyt 16, 22, 27, 28, 38-40

Oplossingen stjoere foar 3 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Hy bringt graach aventoer yn it spul.

Dat die fertuten yn it kampioenskip by de ‘twadde acht’. De earste trije omlopen waarden wûn en nei twa ferliespartijen wer twa winst. Dat betsjutte in moai twadde plak en foar Schaap in primeur:

promoasje nei de Kampioensklasse.

Twa kear mei swart pakte Schaap troch in kombinaasje de winst. Yn de twadde omloop tsjin klupgenoat Sjoerd Jan Bakker.  1.32-27 20-25 2.27-22 17*28

3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 14-20 6.36-31 9-14 7.34-30 25*34

7.42-38 19-24 8.48-42 13-18 9.38-32 as

7.42-38 25-30 8.34×25 4-9 9.27-22 20-24 10.25×23 19×17 is foar wyt better.

8.40*18 8*26 9.39-34 11-17 10.44-40

7-11 11.43-38 17-21 12.38-32 20-25

13.49-44 2-7 14.32-27 as 28 14.48-43?

14. ..21-27! 15.31*22 26-31 16.37*26 16*36 17.46*26 7-12 18.22*2 14-19

19.2*20 10*48 20.40-34 48*30 21.35*24 25*23

En yn de lêste opmloop moast Fedde Wiersma it belije.1.32-27 20-25

2.31-26 14-20 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19

7.35-30 25*34 8.39*10 5*14 9.44-39

15-20 10.32-27 17*37 11.41*32 12-17

12.50-44 18-23 Nei 13.32-27 17×37 14.33-28 23×32 15.38×47 stiet de rún wer op stâl, mei in stân as in dyk.

13.40-35? 06-11! 14.26*6 23-28 15.38*16 20-24 16.06*17 7*40 17.45*34 24-29 18.33*24 19*50

De problemen foar de ledderwedstriid:

Nr.27 sw 1, 8, 11, 14, 21, 24, 34, 40

wyt 31, 32, 36, 38, 42, 47-49

Nr.28 sw. 3, 6, 8-10, 14, 18, 19

wyt 21, 26, 28, 29, 37, 38, 40, 48

En twa nijen fan Willem F. Bakker

Nr.29 sw 2, 4, 11, 15, 16, 20, 24, 25

wyt 22, 27, 31, 38-40, 43, 47, 48

Nr.30 sw. 2, 6, 7, 10, 13, 20, 25

wyt 16, 22, 27, 28, 38-40

Oplossingen stjoere foar 3 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 5-4-2019

Ien fan de aardichste damwedstriden is de Fryslân Kup. No al wer foar de fjirde kear organisearret damklup ‘De Skyfkes’ fan Blauhús dit knock-out bekertoernooi.

Nei fiif omlopen kaam bekerhâlder Siebe Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma en winner fan de earste twa edysjes, te sitten. It wie foar Walinga in drege reis west om sa fier te kommen. Hy hie yn oare omlopen kamp-spullen tsjin earst Cor en letter broer Taeke Kooistra. En dan wurdt it ‘pingel-sjitten’ yn de foarm fan it einspul FRYSK! (fiif tsjin fiif). Sa fier kaam it yn de libbene dam-arena ‘Sie-Sa’ te Blauhús net.

Nei de iepening naam Walinga, mei swart, syn opponent te fiter mei in luzige kombinaasje.

1.31-26 20-25  2.37-31 14-20  3.32-27 17×37  4.41×32 16-21 5.26×17 12×41
 6.46×37 7-12
De mear as bekinde lange-hoek iepening. Wyt kin no ek 37-31, 34-30 as 33-28. 7.36-31 11-16 8.31-27

16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24
11.34×14 10×19
Swart kin net om heech slaan 4×24. Der soe folchje 12.28-22! 12×41 13.47×16 10-14 14.40-34 en wyt stiet folle better. 12.40-34 19-24 Nei 12. …4-10 13.28-22! 12×41 14.47×16 mei swart net efterstrike 1-6. 13.34×14 4×24  14.28-22 12×41 15.47×16 18-23

Fansels net 15. ..1-6? om 16-11, 33-29 Hjir wie 15. …24-30 ek goed.

16.38-32? 23-28! 17.33×22 24-29 18.39×19 20×47 19.48×46 en wyt jout op. De skiif op 16 giet ek noch ferlern.

16.16-11 1×21 17.33-28 23×32 18.38×16 2-7 en bygelyks 19.43-38 24-30 20.35×24 20×29 21.39×19 13×24 22.28-32 7-11 23.16×7 8×6 mei in lykweardich einspul. Ek 16.39-34! 33-28! 17.34×2 28×37 18.42×31 8×17 19.16×18 20-24 kin foar beide spilers.

Dan de oplossingen ledderwedstriid

Nr.23 1.42-38, 2.28-23, 3.38-32, 4.43×1

Nr.24 1.40-24, 2.35-30, 3.x14, 4.14-10

as 1.47-42, 2.15-10, 3.37-32, 4.x23

Nr.25 1.29-24, 2.37-31, 3.x4

Nr.26 1.32-28, 2.x6, 3.37-31, 4.6-1

En twa nijen fan Hiele Walinga

Nr.27 sw 1, 8, 11, 14, 21, 24, 34, 40

wyt 31, 32, 36, 38, 42, 47-49

Nr.28 sw. 3, 6, 8-10, 14, 18, 19

wyt 21, 26, 28, 29, 37, 38, 40, 48

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

De tiid hâldt gjin skoft

De tiid hâldt gjin skoft seit in Frysk sechje. Wat fljocht dy tiid om. Noch mar kwalik útein setten en no is de kompetysje al wer oan de kant. De houtsjes kinne yn de doaskes en dy houtsjes gunne wy de hiele lange maitiid en simmer harren wol fertsjinne rêst. Alle moandeitejûnen fan ein septimber ôf oant no ta ha sy it ús mooglik makke dat wy ús moaie Fryske spul spylje koenen. Op de lêste jûn ha se ús noch wakker geriifd. Damhoutsjes op in skaakboerd bygelyks. Dy houtsjes moatte dêr wol oer kinne fansels. It kin op de lêste jûn.

Moai op tiid ha de Stadige Strikers moandeitejûn 1 april it damskoft  yn in tige gesellige sfear ôfsluten. Op ien man nei wie elk oanwêzich. Der is sa as meastal wer wakker mei alderhande damfarianten spile. Nei de earste ronde waarden lotsjes ferkocht foar de lotterij mei in fracht oan prizen. Sa waarden de Strikers ek noch sponsere troch Poiesz. De mem fan ús jeugdleden hie dat by har baas regele. En der stûn fansels ek wer in hearlike taart, bakt troch Tineke, tusken de prizen. Alle leden hienen in priis meinommen. Der waarden hiel wat lotsjes ferkocht, dus ús ponghâlder hie in bêste jûn, syn damjen hie wol wat better kinnen. Mar ja men kin ek net alles hawwe.

Nei de twadde ronde waarden de prizen ferlotte. Troch al dy prizen naam dat hiel wat tiid yn beslach. Wat hiel opfallend wie en dat sjocht men wol faker, dat guon de iene priis nei de oare binnen helje, wylst in oar mar gjin pryske gund wurdt troch it lot. It gelok skyt meastentiids op de grutte bult.

Nei de tredde en lêste ronde waarden de prizen útdield. Yn de folchoarder fan de winners siet net sa folle ferskil mei ferline jier. De beide earste plakken yn de twa klassen hienen deselde winners as ferline jier. Jelle Wiersma, hoe kin it ek oars, yn de earste klasse en Bauke Bos yn de twadde. Hjirûnder stiet de folsleine útslach. Fansels hoopje wy dat yn septimber elk wer fan de partij wêze sil. It soe ek moai wêze as der dan ek wer ris in ynwenner fan Skearnegoutum oansitte soe. No binne it foar de helte âld-Skearnegoutumers.

Utslach kompetysje. Earste klasse: 1 Jelle Wiersma 15½ út 16; 2 Willem Schaap 10 – 15; 3 Sjoerd Jan Bakker 10 – 16; 4 Dicky van der Meer 9 – 16; 5 Cor Kooistra 8 – 16; 6 Bauke Dykstra 6½ – 12; 7 Ype Boelens 6 – 17.

Twadde klasse: 1 Bauke  Bos 9½ út 17; 2 Bauke de Boer 9 – 16; 3 Sjoerd Huitema 7- 15; 4 Paul Borghaerts 5 – 8; 5 Tineke Teigeler 4½ – 16; 6 Hennie de Haan 1- 12; 7 Hester Boelens 2 – 5; 8 Hessel Boelens 0 – 2.

(Tekst: Cor Kooistra)

doorfriesdammen

Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de lêste partij.

Op twa nei wie elk fan de Strikers oanwêzich. Jeugdlid Hessel liet ferstek gean en Bauke Dykstra siet thús ticht tsjin de kachel oan, om’t er him beklomje litten hie. Foar de oanwêzigen betsjutte it de lêste partij fan it seisoen. Foardat de houtsjes ferskood waarden, stie men fansels noch efkes stil by de meunstersege op Aldegea in wike lyn en by de finale fan de Fryslân Kup yn Blauhûs, wêr’t tagelyk in toernoai Frysk ferspile waard.

It opfallendste fan dizze jûn wie, dat Paul Borghaerts, hy wie in oantal wiken net fan de partij, him sterk fielde en dêrom wol tsjin twa dammers tagelyk stride woe. Tsjin Hennie de Haan hie er sukses, mar tsjin Bauke Bos wie it oare koek. No hie er sa lang as er no by de Strikers dammet, noch mar ien kear ferlern fan Bauke. Moandeitejûn waard it nei hast trije winterskoften fierder syn twadde nederlaach. Hie Paul wat faker acte de presence jûn, dan hie er fêst in kandidaat west foar it kampioenskip yn de twadde klasse. Wy sille mar sa rekkenje: it oar jier hat er hooplik wer in kâns.

Fierders soenen der net hiele grutte ferrassingen barre. Dat Sjoerd Huitema ferlear tsjin Dicky van der Meer wie eins te tankjen oan de tiid op de klok. Van der Meer hie noch in oere en Huitema noch tsien minuten. Dan nimt de druk ta en meitsje jo flaters. Boppedat like Sjoerd wat benaud te wêzen fan syn eigen skaad. Hy seach allegearre apen en bearen, dy’t, sa bliek út it neidamjen, der net wienen.

Utslaggen: Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Hennie de Haan – Paul Borghaerts 0 – 1; Bauke Bos – Paul Borghaerts 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke de Boer 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1.

doorfriesdammen

Rubryk 22-3-2019

Yn neifolging fan Alexander Georgiev en Hans Jansen komme der mear ‘hoekse dammers’ nei it Fryske Spul.By it Fryslân Open en ek okkerdeis it kampioenskip fluchdamjen litte sokken as Auke Zijlstra, Jan van Dijk en Frederik Bos harren sjen. En net samar efkes, se dogge mei om de heechste plakken. Frederik Bos, yn it ferline noch lid fan Frysk damklup ‘Schots&Scheef’ út Schagen, behelle mei in oerwinning op Jan van Dijk yn de lêste omloop fan it Fryslân Open in hiel kreas dield twadde plak. Hy spile op 1 maart mei wyt.

1.32-27 19-24 2.31-26 24-29 3.34*23 18*29 4.33*24 20*29 5.39*19 13*24 6.40-34 17-21 7.26*17 12*32 8.38*27 11-17 9.43-38 15-20 10.34-30 20*40

11.50*19 14*23 Nei 9×29 komme der in protte drigingen yn it spul. 12.44-40 8-13 13.40-34 13-19 14.34-30 23-29!? Al te gau offerets wart in skiif. 15.30*28 17-21 16.38-32 7-11 Wyt hat al in hout foar, mar in protsje ‘wylde skiven’. 17.48-43 10-15 18.43-39 9-14 19.39-34 14-20 20.49-44 3-9 21.44-40 19-23 22.28*19 20*18 Mei 9-14 hienen der mear tûkelteammen west. 23.34-30 9-14 24.27-22 18*38 25.37*39 21-27 Wyt like fêst te stean yn de lange hoeke en jout it hout wer werom. 24.40-34 wie better. No is de partij yn it lykwicht. 26.42-38 2-7 27.38-32 27*38 28.39*37 16-21 29.37-31 21-26 30.36*16 6*37

31.41*32 7-12 32.32-27 14-19 33.30-25 19-23 34.46-41 11-16 35.41-37 12-17 Beide spilers bopuwe evenredich oan harren posysje. 36.27*7 1*12 37.40-34 15-20! Ôfruilje troch earst 23-29 liket better. 38.25*14 4*44 39.45*43 12-17 Daalk 37-31 is it bêste. Swart moat dan tebek ôfruilej en ferliest tempo. 40.35-30 5-10 Ek swart fynt yn dizze beslissende fase net de bêste set: 16-21.  41.43-38 Sa wurdt de skiif op 23 sterker

Mei 41. ..17-21 wurdt it noch dreech kamp te heljen foar wyt 42.37-31 en 37-32 ferlieze gau. In logysk ferfolch is 42.47-41 21-26 43.38-32 16-21 44.32-28 23×32 45.37×28 21-27 46.28-23 27-32Swart is earder op de daam, mei noch in moai einspul.  41. …16-21? 42.38-32 10-14 (21-26? 32-28!) 43.47-41 21-26

44.32-28 23*32 45.37*28 17-21     46.41-37 21-27 47.37*17 26-31 Wyt komt in hout foar 48.17-11 31-37 49.11-6 37-41 50.6-1 41-47 51.1-45 De swart daam hat gjin plak. 51. ..14-19 52.30-25 47-36 53.45-1 36-13 54.1-7

Foar de ledderwedstriid

Nr.23 sw. 8, 9, 11, 16, 20, 24, 30, 31

wyt 18, 28, 40, 42, 43, 47

Nr.24 sw. 5, 8, 13, 16, 18, 19, 26, 28

wyt 15, 25, 35-37, 40, 41, 45, 47

en twa nijen fan Willem F.Bakker.

Nr.25 sw. 9, 14, 19-21, 25, 26

wyt 22, 28, 29, 37, 39, 40, 44

Nr.26 sw. 7, 9, 12, 14, 23, 26, 29

wyt 32, 34, 37, 41, 44, 47

Oplossingen stjoere foar 5 april.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 2019

Nei in oantal jierren yn Hartwert, waard it kampioenskip fluchdamjen dit jier holden yn doarpshûs De Nije Haven yn Lollum. It tal dielnimmers foel net ta. De winner fan de ôfrûne jierren, Foeke Tiemensma, wie der net om syn titel te ferdigenjen. Ek Marten Walinga, de nûmer twa fan 2018, wie fanwegen wurk net oanwêzich.

Lokkich wiene der al trije oerhoekse dammers: Jan van Dijk (Oerterp), Auke Zijlstra (Utert) en Frederik Bos (Grins). Dizze mannen diene yn febrewaris ek mei oan it Fryslân Open yn Frentsjer en hiene doe al sjen litten yn it Frysk Damjen ek yn de top mei dwaan te kinnen.

Foar de ferdieling fan de prizen (ek dit jier droege woarsten) hie it bestjoer de dammers yndield yn trije groepen: groep A: dammers út de trije achttallen; groep B: dammers út de haadklasse en de oerhoekse dammers en groep C de dammers út de 1e, 2e en 3e klasse.

Kampioen waard Taeke Kooistra; hy wûn 6 partijen en spile yn de lêste rûnte kamp tsjin Folkert Groenveld. In hiele sterke en ferrassende nûmer twa waard Jan van Dijk. Hy ferlear alline fan Taeke en spile kamp tsjin Willem Schaap.

Understeand de folsleine útslach.

1. Taeke Kooistra, 6,5 pnt (A1)

2. Jan van Dijk, 5,5 (B1)

3. Jelle Wiersma, 5 (A2)

4. Bernard Kroon, 5 (B2)

5. Folkert Groenveld, 5 (A3)

6. Fedde Wiersma, 4 (A4)

7. Auke Zijlstra, 4 (B3)

8. Sjoerd Kooistra, 4 (B4)

9. Dicky van der Meer, 4 (A5)

10. Bauke Bos, 4 (C1)

11. Willem Schaap, 3,5 (A6)

12. Frederik Bos, 3,5 (B5)

13. Liuwe Westra, 3 (A7)

14. Jappie de Jong, 3 (C2)

15. Klaas Wiersma, 3 (B6)

16. Frans Kingma, 3 (B7)

17. Piet Sikma, 3 (C3)

18. Jeljer Westra, 3 (C4)

19. Leo Altena, 2 (C5)

20. Paul Borghaerts, 2 (C6)

21. Siebren Dijk, 1 (A8)

22. Murk Nijdam, 0 (C7)