Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Rubryk 8-11-2019

Pieter Hoogterp is de foaroanman fan de Gaastmarder klup ‘Stryk Op’. Ferline jier spile hy foar de twadde kear yn it walhallah fan it Frysk damjen ‘de earste acht’. En no doekele Hoogterp der daalk net wer út. Beskiedend wie de oerwinning op Hein de Vries te Jorwert yn de tredde omloop, dat betsjutte dat de Vries by eintsjebeslút op in heal punt fan Hoogterp in stapke werom dwaan moast.

Pieter Hoogterp hie de swarte skiven.

1. 32-27 20-25 2. 27-22 17×28 3. 33×22 18×27 4. 31×22 12×32 5. 38×27 11-17 6. 27-22 17×28 7. 34-30 25×34 8. 40×27 14-20 9. 39-34 20-25 10. 43-38 10-14 11. 34-29 19×39 12. 38×40 13-19 Beide spilers ha keazen foar in rêstige iepening en bouwe de posysjes fierder op. 13. 37-31 19-24 14. 40-34 9-13 15. 31-26 8-12 Foar de ôfruil mei 13-19. In oanfal troch 13-19, 8-13 en dan 24-30 kin ek. 16. 42-37 3-8 Wyt kin kieze foar de ôfruil 34-29, 35-30, 27-21. 17. 37-31 14-20 18. 34×14 20×9 19. 48-43 12-17 20. 43-39 17×37 21. 31×42 9-14 22. 39-34 14-20 23. 44-40 5-10 24. 42-37 10-14 25. 37-31 13-19 25.50-44 is better. 26. 31-27 19-24 27. 49-44 8-12 28. 34-30 25×34 29. 40×29 24×33 30. 27-21 16×27 31. 26×39 12-17 32. 39-34 17-21 De partij is folslein yn lykwicht. 33. 44-40 20-25 34. 34-30 25×34 35. 40×29 15-20 36. 35-30 20×40 37. 45×34 7-11 38. 50-45 11-17 39. 41-37 2-8 40. 37-31 21×41 41. 46×37 17-21 42. 37-32 6-11 43. 47-42 11-17 44. 32-28 1-6 45. 29-24 8-13 46. 42-37 6-11 Mei 46.45-40 6-11 47.40-35 11-16 (swart hat net better) 48.34-29! wint wyt. 47. 37-31 21×41 48. 36×47 11-16 49. 45-40 17-21 En lykas faker makket ien set yn it einspul it ferskil.

50.47-42 21-26 51.42-37 16-21 52.40-35 21-27 53.37×17 26-31 54.17-11 mei in moai einspul.  50. 47-41? 14-19 No forsearret swart in trochbraak en wint de partij.

51. 34-30 13-18 52. 24×22 21×32 53. 30-24 32-38 54. 40-35 38-43

De problemen foar de ledderwedstriid.

Nû.5 sw.1, 13, 15, 17, 18, 21, 25, 28
wyt 26, 34, 37-39, 42, 44
Nû.6 sw. 4, 5, 8, 18, 19, 22, 32, 36, 45
wyt 15, 20, 25, 41, 43, 44, 49, 50

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû. 7 sw. 2, 4, 11, 14, 15, 24, 25, 35
wyt 18, 22, 32, 33, 43-45, 50
Nû. 8 sw. 2, 4, 6, 8, 15, 16, 18, 30
wyt 26, 28, 29, 36, 39, 42, 46, 48

Oplossingen stjoere foar 22 novimber.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Loting 1e ronde Fryslan kup

Understeand de loting fan de 1e ronde Fryslan kup.

Liuwe Westra                      –                   Leo Altena

Marten Walinga                  –                  Jurjen Frankena

Bauke Bos                           –                  Klaas Wiersma

Frans Kingma                      –                  Teake Kooistra

Fedde Wiersma                  –                  Siebe Walinga

Tjerk Wijbinga                     –                  Hein de Vries

Sjouke Attema                     –                 Pieter Hoogterp

Herman T/w/v scheltinga  –                Sietse de Jong

Siebren Dyk                         –                Bernard Kroon

Cor Kooistra                        –                Rein Jan Walinga

Manfred de Wolff              –                Folkert Groenveld

Gert Jan Kamp                   –                Dicky van der Meer

Bauke Dykstra                   –                Piet Sikma

Epke Bootsma                  –                Johannes Hoekstra

Marcel Altena                  –                Jappie de Jong

De loting foar de twadde ronde is op freed 29 november yn Jorwert.

doorfriesdammen

De soan pakt syn heit even aardich oan.

Ek moandeitejûn wienen der krekt as ferline wike fjouwer lege stuollen. Gelokkich fûnen trije weibliuwers fan de foarige kear no it paad werom nei it Swettehûs te Skearnegoutum. Der waard hiel aardich damme en moaie spullen ferskynden op de buorden. Twa bysûndere spullen wienen der ek. Sa is de striid tusken de twa froulju altiten wer in spannende oangelegenheid. Mar de striid tusken de nijkommers heit en soan Castelein pykte der wol boppe út.

Heit Jan en soan Kees sieten noch mar kwaalk te plak of sesetten al út ein mei in potsje, sa foar de aardichheid. No yn dat potsje liet Kees wol even sjen dat er op dit mêd de âlde de baas wie. Nei dy partij lies de kompetysjelieder op wa’t tsjin wa spylje moast. Hy wie fan betinken dat de beide niisneamde hearen no wol in spul foar de kompetysje spylje koenen. Se sieten dochs al moai te plak. Heit mei wyt en syn soan mei swart. Der waard hiel moai damme. En wat wichtich wie der waard hiel goed neitocht. Net sa mar in streek, nee earst goed pakkeseare en dan strike. Dat wol net sizze dat alle prakkesaasjes ek soargen foar geweldige setten, nee dat net, mar dat mei men ek net ferwachtsje fan begjinners.

Kees naam it wat lichter op as it earste spultsje, it proefspultsje sille wy mar sizze. Hy hat fêst tocht: Der kin my net sa folle gebeure. No hy hie gelok dat syn heit net alles seach, mar nei’t Kees in daam krigen hie, tocht er dat it hast wol yn de knip hie. Hy seach dan ek efkes sneu om him hinne, doe ’t syn heit ek in daam helle. As der dammen oan te pas komme yn it Fryske spul dan moat men op syn iepenst wêze. Tusken de streken troch waard de mannen noch wol even útlein, dat men mar trije kear efterelkoar strike mei mei sa’n daam. No it gong as it slydjage: de mannen hienen it fuortendalik yn de smizen. Heit hie mei syn daam de lange line. Dat is eins altien it bêste plak foar in daam. Dochs mislearre it. Dat kaam troch it foarút tinken fan Kees. Hy sette syn daam sadanich del dat er yn de streek dêrnei in houtsje offerje koe en de hiele brot mei syn daam der ôffege koe, as heit Jan syn eigen daam stean litte soe. Dat die er. Kees hoegde net lang te tinken, nee eins hielendal net mear want dat hie er al dien. Hy jûch it hout en slûch mei de daam syn heit syn damke en noch in houtsje der ôf. Dêrmei wie de partij út. Se hienen der fiif kertier oer dien. Doe setten se noch in partij op: fiif tsjin fiif. Prachtich.

Op it lêst koe Tineke hast net mear sitte: de spanning wie har mooglik te grut. Hennie liet har fansels net sa mar fan it boerd ôf reagje. De beide froulju spilen in hiel moai spul. Gjin rare ûnfolkomenheden. It gong súntsjesoan op kamp ta. Dêr koenen de beide froulju wol tefreden mei wêze.

Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ – ½; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – kees Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 -1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer ½ -½.New layer…New layer…New layer…

doorfriesdammen

As Jan efkes langer de tiid nommen hie om te slaan.

It soe dizze jûn foaral net driok wurde. It soe net optille fan de dammers. Nee it hie der fan te foaren alle skyn fan dat it in betiid-út spultsje wurde soe. Mar leafst fjouwer man lieten ferstek gean. Dat stie yn ‘t foar al fêst. It wie dan ek tige by tige om heit en soan Castelein  binnen kommen te sjen. En as heit Jan wat mear tiid nommen hie foar it slaan, dan..

As elkenien der is, binne der 14 dammers en damsters. Fjouwer wienen der dus net. Dat men hoecht net in grut rekkenwûnder te wêzen om te witten dat der tsien Strikers en Stryksters oanwêzich wienen. Jan en soan Kees koenen sa prachtich ynpast wurde yn de kompetysje. Jan moast it opnimme tsjin Tineke Teigeler en  Kees tsjin Hester Boelens. Dy partij fan Jan dy gong der om. It like der sa oan de ein fan de rit op dat Castelein senior wol ris winne koe.  Hy hie in prachtich wyt damke op it boerd. Mei dat damke koe er in hiele haal dwaan, mar doe’t er al in oantal houtsjes fan Tineke der ôfslein hie, hat er mooglik tocht: No sa is it moai genôch. Dat wie spitich. Hy koe der yn dyselde slach noch in houtsje by pakke. Hie er dat dien, dan hie Tineke de bakker en de slachter wol ôf sizze kinnen. Mar goed hy die it net en hoe wie it mooglik, mar krekt dêrtroch ferlear er it spul.

Kees krige al gau yn de gaten dat dy Hester wol damje kin. Kees dy’t in jiermannich lyn de earste begjinselen fan it damjen fan de foarsitter op de basisskoalle leard hie, koe it net risse tsjin har. It twadde potsje gyng trouwens hiel oars. Kees hie al rap by leard en joech doe sa mar goed partij. Spitich foar him dat dat earste spultsje foar de kompetysje jilde en it twadde net. 

Utslach: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Kees Castelein – Hester Boelens 0 – 1; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½.

doorfriesdammen

18-e Iepen Kampioenskip fan Sânfurd

In moai ploechje dammers kaam freedtejûn nei Sânfurdom te striden om it 18-e Kampioenskip en in bak oankarbonades dy’t foar de priiswinners klear leinen. 

By eintsjebeslút wie it regerend Frysk kampioen Jelle Wiersma dy’t de titel pakte.

Al wie dat op haren en snaren. Yn de lêste omloop gie itder om wei tsjin Marten Walinga.

Yn grutte tiidneed en hektyk, de klok waard bekantstikken slein, foel de flage fan Walinga.

Sa wûn Wiersma fiif spullen en moast er allinne tsjinBlauhúster Bernard Kroon in kampspul ta stean. Opmerklik wie it dield twadde plak foar Aldegeaster Rein Jan Walinga, dy’t mannich topper efter him hâlde. Alle dielnimmers einigen op ien list, mar wienen yndield ynseis klassen:  E-1, E-2, E-3, A, 1 en 3. 

De folsleine útslach, mei tusken heakjes it plak per klasse.

1.Jelle Wiersma, Wommels(E-1,1) 5,5pt.; 2-5 Rein Jan Walinga, Aldegea-SWF(A-1), Tjerk Wijbinga, Arum(E1-2), Folkert Groenveld, Jutryp(E2-1), Marten Walinga, Waaksens(E1-3) 4,5pt; 6-8 Frâns Kingma, Jorwert(E3-1), Marcel Altena, Blauhús(A-2), Fedde Wiersma, Easterein(E3-2) 4pt.; 9-10.Bernard Kroon, Blauhús(A-3), Cor Kooistra, Nijlân(E2-2); 11-17 Liuwe Westra, Lollum(E3-3), Dicky van der Meer, Terherne(E2-3), Jappie de Jong, Blauhús((E3-4), Johannes Hoekstra, Aldegea-SWF(1-1), Herman Terwisscha van Scheltinga, Hartwert (A-4), Piet Sikma, Hartwert (E3-5), Leo Altena, Dedzjum (1-2); 18.Pieter Hoogterp, De Gaastmar (E1-4) 2,5 pt.; 19-23.Siebe Walinga, Aldegea-SWF(E2-4), Bauke Bos, Sint Nyk(1-3), Almar Stegenga, Aldegea-SWF(3-1), Sietze de Jong, Aldegea-SWF(1-4), Gertjan van Kamp, Jorwert(3-2); 24-25.Jolke Groenveld, Sânfurd(3-3), Durk Rijpma, Aldegea-SWF(3-4); 26.Meindert Ykema, Sânfurd(3-5) 0pt.;

doorfriesdammen

Rubryk 25-10-2019

Oan de ein fan de 19-e ieu waarden ‘swalkjende partijen’ spile. Skakersstjoerden de partij mei in folgjende set troch oan in oar. Okkerdeis hat Bert Looper, direkteur fan Tresoar en selsskaker, it konsept op ‘e nij yn it libbenbrocht. Troch de earste set te dwaan fan in ynternet-partij. It hiele spul wie no ynin goed oere beslikke. De spilers wienenfia www.lidraughts.org on-line oan bar.

1. 35-30 De earste set is minder goed. 1… 20-25 2. 31-26 En no wie 2.40-35 better. Ek swart hie better mei 2… 15-20 2. …19-24 3. 30×19 18×20 4. 34-30 25×34 5. 33×35 20-25 6. 32-27 14-20 7. 37-31 17×37 8. 47×27 9-14 De ôfruiltroch 8… 25-30 is de beste.

9. 27-21 16×27 10. 31×22 12×32 11. 38×27 11-16 12. 42-37 13-19 Deselsdeôfruil hie wer kind. 13. 37-31 19-24 14. 39-34 8-12 15. 27-21 16×27 16. 31×22 12×32 17. 34-30 25×34 18. 35×31 24-30 19. 40-35 20-25 20. 35×24 14×34 21. 44×24 25×23 Swart kriget in hout oer itboerd. 22. 31-27 3-8 23. 27-21 15-20 24. 43-39 stiet de ôfruil ta. 24… 23-29 25. 39×19 20×18 26. 41-37 7-11 27. 21-168-12 28. 16×7 2×11 29. 37-31 12-17 30. 45-40 11-16 31. 40-34 10-14 32. 34-3018-23 33. 48-42 23-29 34. 30×28 17-21 35. 31×11 1×21 36. 26×17 16×47 37. 46×48 5-10 En it giet op it einspul ta. 

38. 36-31 6-11 39. 48-42 14-19 40. 31-27 19-23 41. 49-43 23-29 42. 43-39 29×49 43. 50×48 10-15 Nei 44.27-21 11×31 45.42-37 31×42 46.48×37 wurdt itkamp. 44. 27-22 4-9 45. 42-38 9- 13 46. 48-42 11-16 47. 38-32 13-19 48. 32-27 15-20 49. 42-37 19-24 50. 22-18 24-30

Wyt kin no it bêste yn de hoeke in daamhelje, skiif 16 oanfalle, slaan op fjild 46 en de fang stiet klear.

51. 18-13 30-34 52. 13-9 34-40 53. 9-4 40-45 54. 27-22 45-50? De earsteblunder yn de partij, 16-21 hie moatten. Wyt wint troch 55.4-10 55. 22-18? 50-11 56. 37-32 16-21 57. 32-27 21×32 58. 4-15 11-16 59. 15×2 16×20 mei kamp.

Oplossingen problemen

Nû.1 50-45, 22-17, x23, x25, x34, x34
Nû.2 34-29, 29-24, x11, x24, 43-39 etc.
Nû.3 34-30, x47, 28-22, 44-40, 40-34, x21, 50-44, 45-40, x15
Nû.4 39-33, 30-25, 33-29, 25-20, 29-24. x10, 10-5, x50

En twa nijen fan Hiele Walinga. 

Nû.5 sw.1, 13, 15, 17, 18, 21, 25, 28
wyt 26, 34, 37-39, 42, 44

Nû.6 sw. 4, 5, 8, 18, 19, 22, 32, 36, 45
wyt 15, 20, 25, 41, 43, 44, 49, 50

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Tineke Teigeler sleepte de winst foar de helsdoarren wei.

Tineke hie wolris in kear kamp spile tsjin Bauke Bos, mar in winst siet der nea yn. Dêr woe frou Teigeler eins  wol in kear feroaring yn bringe. Se gie der moandeitejûn goed foar sitten en foar eltse streek naam se de tiid om nei te tinken. Se besocht dy gewoante fan it ferliezen tsjin de skriuwer fan de klup in skop ûnder de kûnt te jaan. Alle kearen mei in rot gefoel ferlieze, dêr hie se har nocht ôf. En wat barde: se sleepte der winst út al wie foar de helsdoarren wei. 

Foar it selde wie se troch dy doarren knoffele en hie se yn op in plak kommen, wêr’t jo leaver net komme. Nee tsjinoer it plak fan de ellinde, damde se har nei in feestplak: de oerwinning. It wie al hiel ûngewoan, dat by de Strikers in partij út de twadde goep it langste fan iderein siet. De omstanners belibben it spul fan herte mei. Wisten sa de setten al, dý’t foar Tineke de bêsten wêze soenen. Mar Tineke is ek wol wat eigensinnich en skode hiel faak krekt wer wat oars.

En wat die Bauke dan, sil de lêzer him of har mooglik ôffreegje. No Bauke hie nei it middenspul eins net safolle mear yn te bringen. Hy hie him wat yn in ûnmmoglike stân skood, wêrtroch syn lange hoeke folslein op slot siet. En op de oare kant fan it boerd hie er suver allinne mar foar de hân lizzende streken. Nee Tineke koe Bauke eins meitsje en brekke. Sy wie fansels út op it lêste, mar dat kin men fan tinken wol ha. Dochs stelde se it ferskate kearen út om de genedestjit út te dielen. Se kaam der as in prinses op te stean en koe sa mar har twadde daam skowe. En dat hie se ek dwaan moatten, mar se die it net. Bauke krige troch dy ôfwikende streek fan syn tsjinstanster de mooglikheid om út te heljen. Dat die er net om’t er him al mei it ferlies fersoene hie.

Ype Boelens, ferline wike hiel rejaal, ferspile no ek in heal puntsje. Hy jage mei de daam op trije houtsjes fan Sjoerd Huitema en sette ien op slach. Doe koe Sjoerd nocht krekt ûntglippe en ek in daam helje. Dat Jelle Wiersma ferlear tsjin Cor Kooistra kaam troch in ferstânsferbjustering by Jelle. Hy tocht ôf te ruiljen, mar troch syn set koe Kooistra trije houtsjes slaan.

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Tineke Teigeler 0 – 1: Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der meer 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens ½ – ½; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

De earste damjûn eineget mei In presintsje foar de foarsitter.

De Stadige Strikers binne wer los. Ferline wike holden se harren jierfergadering en krûpten ek noch in skoftke efter de buorden. Guon dammen suver de hiele jûn. Dy wienen foar it earst by de Strikers. Fansels woenen in pear fan ’e leden dizze heit en soan graach de begjinselen fan dizze moaie damsport wol efkes bybringe. Dy jiergearkomste ferrûn fierders prima en ôfrûne moandei moast der fuort al wer foar de punten spile wurde. Twa bestjoersleden, ponghâlder Ype Boelens en foarsitter Cor Kooistra sieten dizze jûn it langst. En foar de lêste wie der in presintsje.

Us nestor wie net oanwêzich en it liket sa dat er mooglik net wer damje sil yn it Swettehûs. Om it damjen hoecht er net wei te biuwen, want hy is noch tige skerp, mar de lea spilet him op dit stuit parten. De nijkommer fan ferline wike wie wer paraat, sûnder syn soan. Dy komt nije wike wer. De beide hearen hienen de lêste wike wakker oan it skowen west en soks heart it bestoer fansels graach.

Om werom te kommen op de bestjoersleden sille wy no fierder mei it wedstriidferslach. It wie in aparte partij tusken de ponghâlder en de foarsitter. Gjin teoretyske iepening. It wie wat apart, mar ek saai. Allbeide skoden se wat nei de kanten. Op in stuit hie de foarsitter in houtsje foarkomme kinnen. Dat seach er net. Men moat der ek wer wat yn komme fansels nei in healjier fan drûchstean. It like suver wat op in kampke út te draaien, mar dêr tocht de sinteman oars oer. Hy wie nei in efterstreek fan syn preses, krekt even wat snoader as wer dy op rekkene hie. Hy kaam mei twa houtsjes nei de daam en dêr stûnen sa mar twa fan dy agressive wolven klear om dy iene swarte wolf en twa houtsjes op te fretten. De oare dammers gienen al nei hûs om’t se wisten dat de partij beslikke wie. Ek mei twa dammen moat men likegoed op jin iepenst wêze. De hiele wedstriid hie de ponghâlder gjin misserke makke en no gong er grouwelich yn de fout. It wie net te leauwen, mar doe’t er mei syn wite daam ûnder it swarte houtsje stean gie, koe de foaroanman syn swarte daam ek opofferje en dêrnei de twa dammen mei it oare swarte houtsje slaan. Remize! De mannen koenen elk mei in heale punt yn de pocket op reis nei hûs. De foarsitter fytste fêst lichter as dat er yn de partij ferwachte hie.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Hester Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra ½ – ½; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1.

doorfriesdammen

Rubryk 11-10-19

Alexander Georgiev hat syn wrâldtitel werom. Yammoussoukro yn Ivoorkust wie it toaniel fan de striid by it hoekse spul. Soe it him slagje ek de wrâldtitel Frysk Spul te winnen? Dat soe kinne no’t de winner fan it Fryslân Open, yn maart 2020, in 11-kamp spylje sil tsjin Marten Walinga. Dy pakte de wrâldtitel yn de simmer fan 2018 mei winst yn de barraazje tsjin…Georgiev! Fan alle Frysk dammers hat Walinga it oant no ta it bêste tsjin it Russyske rekkenwûnder dien: ien kear kamp en fjouwer wûn.

Lykas de lêste kear by de grutmasters te Frjentsjer op 1 maart 2019. Walinga wyt.

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20

6.27-22 9-14 De bekende Meike-set mei it antwurd. 7.34-30 25×34 8.40×18 8×17 9.37-31 3-8 10.31-27 17×37  11.36×38 20-25 12.42-37 16-21 13.37-31 21-26 14.44-40 26×37 15.38×36 14-20

16.39-34 8-12 17.43-38 12-17 18.38-32 17-21 19.32-27 21×32 20.34-30 25×34

21.35×31 20-24 22.40-35 15-20

Der wurdt fan wjerskanten foarsichtich strutsen. It is ek harren 9-e partij yn trije dagen. 23.31-26 11-16 24.41-37 20-25 25.35×15 5×25 26.37-31 7-11 27.46-41 10-15 28.41-37 11-17 29.37-32 17-21!

De earste ferrassende set fan de partij.

30.26×17 16×18 31.31-26 6-11 32.32-27 11-17 33.27×7 1×12 Georgiev giet wat mear oer it boerd. 34.48-42 18-22

35.26-21 4-10 36.21×23 24×22 37.50-44 15-20 37. ..22-27! jout moai spul.

38.36-31 20-24 39.31-26 10-15 40.42-38 2-7 41.44-39 22-28 42.38×18 12×23 43.47-42 25-30 44.26-21

Georgiev ruilet ôf en dat is de ferkearde kar. 44. ..15-20 45.42-38 7-12! (21-16? om 12-17) 46.38-32 12-17 47.21×12 23-29 48.39×19 20×7 49.32-27 24-29 en meardere kamp-farianten, bygelyks 50.27-21 29-34! 51.49-44 7-11 52.44×35 1×21 44. …23-29 45.39×19 24×13 46.42-38 15-20 47.38-33 13-18 48.49-43 20-24 Swart jout terjochte op.

Nû.1 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 15, 16, 19, 26, 30

wyt 22, 28, 29, 32, 36, 38, 39, 50

Nû.2 sw. 1, 4, 7-9, 15, 18-20, 27, 36

wyt 16, 33, 34, 38, 39, 41-43, 48

Nû.3 sw. 2, 4, 6-12, 14-17, 20, 24, 25

wyt 22, 26-29, 31-38, 44, 45, 50

Nû.4 sw. 7, 9, 11-14, 19, 21

wyt 28-32, 39, 44, 47

Oplossings stjoere foar 25 oktober.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Wy sykje: kandidaten foar de ‘Tredde Acht’ Persoanlik Kampioenskip

Al in tal jierren soene wy graach mear minsken hawwe dy’t meidogge oan it kampioenskip Frysk Damjen yn de ûnderste groep fan acht, de saneamde ‘Tredde Acht’.

Yn de bûnsgearkomste fan 2 oktober is besletten om dit jier by wize fan proef it kampioenskip yn de saneamde ‘Tredde Acht’ en ek de oanrin dêrhinne justjes oars oan te pakken.

Alderearst: de wedstriden yn de ‘Tredde Acht’ wurde útsmard oer de tiid fan novimber oant en mei febrewaris. Trije fan ’e sân omlopen wurde tagelyk spile mei wedstriden yn de oare beide groepen; de oare fjouwer wedstriden wurde earder spile. It folsleine skema sjocht der sa út: • moandei 18 novimber (Skearnegoutum), 1e omloop • tongersdei 28 novimber (De Gaastmar), 2e omloop • moandei 16 desimber (Aldegea), 3e omloop • freed 17 jannewaris 2020 (Blauhús), 4e omloop • tiisdei 4 febrewaris (Jorwert), 5e omloop • sneon 15 febrewaris (Skearnegoutum), 6e en 7e omloop

Seis dammers binne al pleatst foar it PK yn de ‘Tredde Acht’: Liuwe Westra, Fedde Wiersma, Siebren Dyk, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Piet Sikma. Der binne dus noch twa plakken frij.

Twad: de pleatsingswedstriden foar de beide leste plakken wurde spile op:  • moandei 21 oktober (It Terphûs, Hartwert), 1e foaromloop • freed 1 novimber (SieSa, Blauhús), 2e foaromloop • moandei 11 novimber (It Joo, Aldegea-SWF), 3e foaromloop

De wedstriden begjinne om 20:00 oere. De tinktiid is 1:30 oere.

Der wurd spile yn ien pûl as der 3 of 4 dammers binne, en yn twa pûls fan fjouwer as der 7 of 8 dammers binne en yn in pûl fan seis mei twa groepen fan trije as der 5 of 6 dammers binne. De twa pûlwinners pleatse har dan foar de ‘Tredde Acht’. Binne der mear as 8 kandidaten, dan wurkje wy mei mear pûls. Der wurd damt neffens de skema’s dy’t opnommen binne yn art.4 fan ‘Aanvullende reglementen, A. Wedstrijden door clubs georganiseerd’. Ek art. 5 út dat reglemint is fan tapassing.

De lotting fynt plak op moandei 21 oktober (om 20:00 oere) yn Hartwert.

Opjaan foar de pleatsingswedstriden

Dammers kinne harren opjaan by skriuwer Fedde Wiersma:
e-mail:  wiersmafedde@gmail.com
tillefoan/app: 06 – 21378700
Opjaan foar sneon 19 oktober 21:00 oere!

(by opjaan ek e-mailadres en 06-nummer trochjaan)

Ek foar fragen ensfh. kinne jimme kontakt opnimme mei Fedde.

Wy hoopje dat dizze proef slagget en rekkenje op in moai ploechje dammers!

Út namme fan it bestjoer,

Fedde Wiersma, skriuwer