De tichtset oangeande corona wurdt wat iepen setten. Dammers kinne wer los mei de eigen klupkompetysje. En ynkoarten hooplik ek mei de echte persoanlike kampioenskippen. Troch ynternet-damjen op lidraughts koenen dammers elkoar dochs fine. Opmerklik hjir is it damjen fan Ekaterina Kochnevaút Ruslân. Yn koarte tiid is se boppe oan yn de rating kaam, wat soks dan ek mar wurdich is. Wa wit treffe we har nochris efter it boerd, bygelyks by it Frjentsjer Iepen. No folget de ynternet-partij dy’t se yn desimber mei wyt spile tsjin wrâldkampioen Marten Walinga. De tinktiid wie tsien minuten op ‘e klok mei twa tellen de set derby. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 10-14 Fansels net yn it gat slaan om 6. ..17-216.33-28 5-10 Faaks wurdt 17-21 spile. 7.32-27 17×37 8.41×32 11-17Better liket 8. .. 16-21 9.26×17 11×33 10.43×12 13×11 9.31-27 17×37 10.32×41 19-24? In dryste set, werom net 10. ..7-11? 11.34-30 25×34 12.39×17 7×29 Wyt kin der net daalk efter rinne. Dochs stiet de skiif op fjild 29 net goed. 13.42-37 8-12 14.37-31 12-17 15.35-30Folle better is 15.43-39. Swart kriget no de kâns de posysje te ferbetterjen.15. .. 2-7 16.30×28 7-11 17.28-22 17×28 18.38×18 13×22 19.40-35 20-25 20.44-39 14-20 21.39-34 10-14 22.49-44 14-19 23.26-21! 16×27 24. 31-26 23.44-40 as 34-29 leit mear foar de hân.

24. .. 22-28 25.34-29 28×30 26.35×13 9×18 27.26×8 3×12 mei lykwicht.24. ..1-7 25. 26×17 7×27 26. 44-40 19-24 27. 34×14 4×24 28. 43-38 Nei 28.48-42 en 42-37 komt de lange hoeke wer frij. 28… 11-16 29.38-33 6-11 Better is 29. ..24-30 30.35×24 25×43 31.48×39 16-21 en sa fierder bouwe en de linkerkant fan wyt fêst hâlde.30.33-29 24×33 31.35-30 25×34 32.40×38 20-24 33.45-40 24-30 34.40×20 15×24 35.38-32 27×38 36.48×28 9-13 37.36-31 11-17

In grouwelige blunder. It is daliks út nei 38.28-23 13×33 39.31-27 17×37 40.41×14 En gjin nijsgjirrich einspul… 16-21 38.31-26 11-17 39.41-36 24-30 40.46-41 30-34 (41.50-44? om 21-27) 41.28-23! 13×33 42.36-31 34-39 43.31×22 39-43 44.22-17 swart kin net daamstrike 44. …33-38 45.17-11 43-48
Yn deselsde snuorje gie it mei swart tsjin Jan van Dijk. Jawis, deselsde dy’t hjir skriuwt oer it hoeks damjen en it Fryske spul no ek goed yn ‘e macht hat.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.34-30 25×34 5.42-37 as 47-41 is better. 6.39×30 20-25 7.44-39 25×34 8.40×29 15-20 9.29-24 20×29 10.33×24 19×30 11.35×24 7-11 12.45-40 17-21 13.26×19 9×20 Dizze ôfruil is geunstich foar wyt.14.32-27 20-25 15.27-21 16×27 16.31×22 12×32 17.38×27 13-19 18.39-34 8-12 19.42-37 12-18 Wêrom net 2-7? 20.34-29 19×39 21.43×34 10-15 22.49-44 11-17 23.27×7 2×11 24.50-45 11-16 25.37-31 3-9 26.31-27 9-14 27.40-35 14-20 28.48-43 18-23 29.44-40 23-29 30.34×23 25-30 31.35×24 20×18 De partij bliuwt moai yn it lykwicht.32.36-31 4-9 33.31-26 16×36 34.46×26 15-20 35.43-39 9-14 36.40-35 14-19 37.27-22 18×27 38.26×28 6-11 39.39-34 20-25 40.35×15 5×25 41.45-40 11-17

42.34-29? Kamp is 42.47-42 1-7 43.28-22! 17×28 44.42-38! 28×48 45.40-35 48×30 46.35×12 as 42. ..17-21 43.42-37 1-7 44.34-29 19×39 45.40×38 42… 19×39 43.40×38 25-30 44.28-23 17-22 45.23×21 30-35 46.38-33 35-40 47.33-29 40-44 48.29-24 44-50 49.47-41 50-39 50.41-36 39-25 51.24-19 25-9
De problemen foar de ledderwedstriid:
Nû.13 sw. 2, 7, 14, 15, 30, 34, 40 wyt 17, 38, 39, 41-43, 49
Nû.14 sw. 2, 4, 7, 9, 16, 17 wyt 19, 31, 38, 40, 43, 47
En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.15 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Nû.16 sw. 3, 9, 12, 15, 16, 20, 25, 26, 36 wyt 27-29, 40, 41, 43, 44, 47, 49
Oplossingen stjoere foar 4 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De perskonferinsje wie ôfrûne freed noch mar kwalik ôfrûn of it bestjoer fan de Stadige Strikers hie al in meeltsje rjochting It Swettehûs stjoerd mei de fraach of der moandei wol wer damme wurde koe. No it antwurd liet net iens sa lang op him wachtsje. Op sneon krigen wy grien ljocht, mar ûnder dizze betingst, dat de bar net iepen gean soe en dat der d6ertroch ek gjin kofje en tee skonken waard. Foar de hân lizzend fansels, de horeka sit ommers hielendal pottcht. Mar de Strikers woenen likegoed wol damje. Geweldich! Gelokkich wer op it echte boerd.
Twa dammers hienen al oanjûn dat se al wat oars hienen, mar de rest wie der. En hoe! Der waard fuort al wer goed en konsintrearre spile. Dy konsintraasje koe net elk oardel oer folhâlde. Nim no Jan Castelein. Hy stie der al in hiele tiid net sa bjusterbaarlike goed op yn syn partij tsjin Tineke Teigeler, mar likegoed helle hy der in moai slachje út en kaam sa mar op winst te stean. Mooglik tocht er al dat de bút binnen wie en liet dêrtroch de konsintraasje wat ferslappe. Mis no! Hy die in strieminne set en skode himsels dêrtroch de fernieling yn. Sa ticht by de oerwinning en dan dochs noch de bitebult op. Skande!
Dy Bauke Dykstra is no al wer in oantal jierren in tachtiger, mar op grûn fan syn leeftiid soe men ferwachtsje kinne dat dy ek, wat de skerpte oanbelanget, wolris wat ynleverje soe. Neat is minder wier. Op ús wedstriid op 18 desimber wûn hy de earste priis. It liket der suver wol wat op dat er mei it jier noch sterker wurdt. Wol fersjocht er him wolris en jout er in prima spile partij dêrtroch sa mar fuort. Moandeitejûn wie dat net it gefal en wûn er tsjin Dicky van der Meer. Tsjin him hie er op de wedstriid trouwens ek wûn.
Guon partijen wienen al wat earder út as de trije oeren dy’t dêr maksimaal foar steane. Dat is altiten sa en neat spesiaals. Ien partij pakte suver alle tiid. Dat wie it spul tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. Sy makken der in prachtich spul fan. Der sieten allerhande flyflappen en loopkesw yn, mar net ien fan de beide mannen ferseach him en se koenen alle bedrigingen útskeakelje. It waard kamp.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap ½ – ½; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0.
(Tekst: C. Kooistra)
Yn dizze rubryk wurde acht problemen fan Roel Bergsma jûn. De nijierspuzzel is bûten de ledderwedstriid om en foar de winners binne der prizen. Oplossings stjoere foar 21 jannewaris. In sûn en lokkich 2022 tawinske.

Nû.1

Nû.2

Nû.3

Nû.4

Nû.5

Nû.6

Nû.7

Nû.8
Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
Damklup ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum moast harren jierliksejûnsdammerij fersette fan freed de 17-e nei de oare dei. Aldergeloks wie dat krekt foar de tichtset oant midsjannewaris. Klupgenoaten Willem Schaap (wyt) en Jelle Wiersma damden om priis en preemje.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.47-41 4-10 8.44-40 7-11 9.32-27 17*37 10.41*32

Swart hat kar. Bygelyks 10. …16-21 11.26×17 12×41 12.36×37 10-14! 13.50-44 20-24 (driget 24-30, 9-14) 14.34-30 25×34 15.40×20 14×25 16.35-30 25×34 17.33×35 19-24 mei lykwicht as 10. …11-17 11.33-28 19-23? (om 12.28×19 13×33 13.43×23 18×29 14.32-28 etc.) 11. …1-7 12.32-27 etc. mei de rún (skiif op 47) wer op stâl, dus 11. …18-22! 12.50-44 22×33 13.43×14 10×19. 10. …19-24 11.34*14 10*1912.40-34 11-17 13.50-44 1-7 Noch altiid is der symmetry. 14.44-40

Mooglik is ek 14. …1-7 15.35-30! 16-21 16.30×10 15×4 17.34-30 21×4118.36×47 25×34 19.33×35 17-21 20.26×17 18×16 as 15.46-41 2-7 16.35-30 17-2117.26×17 12×21 18.30×10 15×4 19.41-37 21×41 20.36×47 14. …18-22 15.34-30 25*34 16.39*10 15*4 Wyt hie spylje kind 17.43-39 19-23! 18.49-43 5-10 19.31-27 17×28 20.38×27 23-29 21.33×24 6-11 22.26×17 7×27 23.42×22 13-19 24.24×13 3×21 mei lykwicht 17.46-41 19-23

18.33-29?? 23*34 19.35*33 6-11!20.26*6 22-28! 21.38*16 5-10 22.6*17 7*47 23.48*46 12-17 24.16*18 8*30Ek ferliest 19.40×29 6-11 20.26×6 22-28 21.38×16 13-19 22.6×17 7×47 23.48×46 19×50. Nei 18.35-30 5-10 19.40-35 10-14 20.41-37 hie wyt better stien.
Oplossingen problemen ledder
Nû.9 1.33-28 2.21-17 3.17-12 4.12×5
Nû.10 1.40-35 2.30-25 3.x13 4.x15
Nû.11 1.33-29 2.48-42 3.38-33 4.27-22
Nû.12 1.34-30 2.27-21 3.49-44 4.38-33
En twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.13 sw. 2, 7, 14, 15, 30, 34, 40
wyt 17, 38, 39, 41-43, 49

Nû.14 sw. 2, 4, 7, 9, 16, 17
wyt 19, 31, 38, 40, 43, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De priisdammerij telde mar in lyts oantal dammers mar it wie lykwols in sukses. Yn earste ynstânsje stienen der 16 nammen op it papier, mar ien melde him ôf. Der bleauwen dus 15 oer. It bestjoer hat doe besletten dat ien fan harren dan net damje soe en dat waard de foarsitter. Hy mocht optrede as wedstrydlieder en moast alles wat yn de gaten hâlde. Sûnder him wie it fêst ek prima ferrûn, want der barden gjin rarichheden. Der waard gewoan hiel goed spile en yn de grutte seal koenen de dammers foldwaande ôfstân hâlde. Se sieten oan de kopse kant fan de tafels. Sa sieten se moai op ôfstân fan elkoar. Dit alles fansels yn it kader fan de koroanaregels. Yn twa groepen einigen twa dammers like heech op it twadde plak. Doe moasten der baraazjes spile wurde. Elk 10 minuten op de klok. Dat ferrûn ek as in tierelier. Doe koenen de prizen útrikt wurde.
Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Willem Schaap, Snits. Groep 2: 1 Bauke Dykstra, De Tynje. 2 Dicky van der Meer, Terherne. Haadklasse: 1 Liuwe Westra, Lollum. 2 Marcel Altena, Blauhûs. Twadde klasse: 1 Jan Nauta, Bitgumermole. 2 Tineke Teigeler, Sybrandabuorren.
(Tekst: C. Kooistra)
Fansels is der op it stuit in protte omtinken foar de twakamp om de wrâldtitel skaken tusken Magnus Carlsen en Jan Nepomnatschisji. En yn jannewaris sille Roel Boomstra en Aleksandr Schwarzman yn in match útmeitsje wa’t him de nije wrâldkampioen hoeks damjen neame mei. Twa tinksporten mei in lange histoarje en it Frysk damjen slút oan mei de earste striid om de wrâldtitel ôfrûnesimmer. It wie op haren en snaren dat hjir ek in Rus by wie. Mar Alexander Georgiev koe it yn de barraazje fan it Fryslân Open, it kandidatentoernooi, krekt net risse. No is Georgiev in fenomenaal hoeks dammer mei tsien wrâldtitels, mar dochs is it opfallend dat hy in koarte tiid de bêsten fan it Frysk damjen mear as partij jaan kin. Lykas in Foeke Tiemensma en Jouke Algra dy’t yn koarte tiid omheech sjitten en hast Frysk kampioen waarden. Wa wit komme der de kommene tiid wer nije toppers. Kanstantsin Nord út Belarus hat him al goed sjen litten by it Fryslân Open. En lykas by it skaken en hoeks damjen komme de Sjinezen der ek by it Frysk damjen oan.
It Frysk damjen hat in smelle top. Soks is by it skaken en gewoan damjen wol oars. Tinksporters dy’t harren wurk der fan meitsje, betsjut ek dat de djipgong grutter is. Hat it Frysk damjen dan net folle om de hakken? Perfoarst net, it is dreech, sit fol mei kombinaasjes en hat in tige djipgeand einspul. De kâns op in kampspul is mar lyts.Soks die ek bliken fan it simmer. Mar ien fan de âlve partijen tusken Marten Walinga en Folkert Groenveld waard kamp. Sa’t we sjen sille wie dat noch bysûnder ek. Groenveld sette tige min útein mei fjouwer ferliespartijen op in rige. En wûn it fiifde spul. It seisde spul nei de rêstdei hie der winne kinnen en sa de spanning wer wat werom te bringen.
Folkert Groenveld – Marten Walinga seisde partij WK, Harns, 17-8-20211.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 17-21 Mei 4. …13-19 as 14-19 wurdt de saneamde Koopmans-iepening trochsetten. Nei 4. …18-22 moat wyt oppasse foar 5.38-32? 15-20! 6.35×24 22-28 etc. 5.30-24 25×23 6.31-27 21×32 7.37×17 12×21 8.34-30 11-16 9.30-25 21-26 Beide spilers steane as in dyk. Wyt kriget no wol de kâns it hout op fjild 38 nei de kant te ruiljen. 10.43-39 7-11 11.36-31 26×37 12.38×36 11-17 13.39-34 17-21 14.34-30 21-26 15.30-24 14×34 16.44×24 13-19Better foar swart is om nei 16. …6-11, 8-12 en 13-19 oerdwers ôf te ruiljen. 17.24×13 8×19 18. 40-34 9-14 19. 41-37

19. …15-20? om 20.42-38 (driget 37-31) 10-15 21.34-30 30×40 22.50×30 wer dydriging. It beste is 6-11 19. …3-8 20.34-30 15-20 Wer in minder goede set. Nei 20. …8-12 21.42-38 19-24! 22.25×23 12-17 komt wyt wol wer lyk mei in lykweardige stân. 21.37-32!20×40 22.50×30 driget 42-38 en 32-27

Spylber is 22. ..4-9. Swart komt no efter22. ..19-23 23.32-27 26×28 24.30-24 14×34 25.35×24 10-15 26.49-44 15×35 27.45×25 8-13 28.44-40 16-21 29.40-35 6-11 30.42-38 13-18 31.36-31 21×41 32.47×36 2-8 33.24-20 8-13 34.38-33 4-9 35. 36-31 11-17 36.46-41 1-6 37.31-26 17-22 38. 41-36 6-11 39. 35-30 9-14 40.20×9 13×4

Nei 41.24-20 11-17 (ferpl.) 42.24-20 is it gau út. Mar wyt ferbarget de winst.41.33-28 22×33 42.48-43 33-39 43.43×34 11-17 44. 36-31? fansels 30-245-10 45. 30-24 10-14 46. 34-30 14×34 47. 30×39 4-9 48. 39-34 17-21 49. 26×19 9×40 50. 25-20 40-44 51. 20-14 44-50 52. 14-10 50-22 mei kamp.
Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48
Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50
En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.11 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Nû.12 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49
Oplossingen stjoere foar 24 desimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Stryk – ta damtoernoai Frysk spul net op freed mar op sneon 18 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Elk 30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok
Oanfang 10.00 oere
Ynlis €2,50
Prizen: hearlike oranjekoeken
Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nlOp freedtejûn tusken 18.30 en 20.00
Elkenien kin meidwaan, mar de QR-koade yfm koroana is ferplicht. Fierders moatte de dammers har hâlde oan de regeljouwing dy’t der op dat momint jildt.
Bestjoer “De Stadige Strikers”
Yn de earste omloop fan de Fryslân Kupmoast Siebe Walinga tsjin Jelle Wiersma. Beiden ha se de Kup twa kearwûn. Aldegeaster Walinga hie op 15 novimber it thúsfoardiel en lotte de witekleuren. Mar koe it diz’ kear net rissetsjin de regearjend Frysk kampioen.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19De Bildtse iepening mei libben spul.6.40-34 11-17 7.42-37 4-10 8.44-40 18-22! 9.48-42 is it skerpst. 9.50-44 22*42 10.43*41
Nei 10. ..20-24! 11.34×23 16-21! 12.31×22 12×32 (4 sk.) 13.37×28 13×22 14.26-21 wurdt it wer lyk.10. ..19-24 11.34*14 10*19 12.39-34 7-11 13.49-43 17-21 14.26*17 16*18 15.33-28 19-24 16.34*14 18-2317.28*19 13*4 Swart hat de rún wer op stâl mei in stân as in dyk. De witerjochterkant stiet minder goed. Betterfoar wyt wie opbouwe oan de linkerkant mei 17.31-26 en skerp spul.18.43-39 11-16 19.31-26 20-24 20.39-34 12-17 21.34*14 9*20 22.40-34 20-24 23.34*14 15*13 24.35*15 5*25Wyt moat wol strike yn de mindere hoeke en komt der kealer op te stean.25.44-40 4-10 26.40-35 10-15 27.37-31 13-19 28.38-33 19-23 29.33*13 8*19 30.31-27 17*37 31.36*38 16*36Sa kriget wyt wer wat streek.32.46*26 3-9 33.41-36 2-7 34.38-32 9-13 35.32-27 25-30 36.35*24 19*30 It plan fan swart is helder 37.47-42 15-20 38.42-38 30-34 39.27-21 20-24Wyt hat net folle mear.

40.38-33 34*32 41.21-17 7*27 42.26*37 24-30 43.36-31 6-11 44.37-32 11-17 45.31-26 30-34 en wyt jout op.
Dan noch omtinken foar de tredde en beslissende partij tusken Frederik Bos (wyt) en Zhuoyuan Du fan it online toernooi dat njonken de match om de wrâldtitel ferspile waard. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.27-21 16×27 4.26×28 19-24 5.34×14 4×24 6.28-22 12×34 7.39×19 13×24 8.35-30 24×35 9.40-34 35×33 10.43×21 11×31 11.37×26 25-30 12.26-21 10-14 13.41-37 30-35 14.45×25 15×35 15.48-43 20-25 16.38-32 5-10 17.44-40 35×44 18.43×45 10-15 19.21-16 6×26 20.36×16 14-20 21.37-31 20-24 22.31-26 24-30 23.46-41 9-14 24.32-27 14-20 25.42-38 8-12 26.38-33 30-35 27.33-29 20-24 28.29×20 15×24 29.41-37 1-6 30.37-31 3-8

It oergryslik sterke programma Scan jout hjir pas de earste ‘flater’ oan. 30. …2-8 is better. De beide dammers ha treflikspile, sjoen nei de beheinde tinktiid.31.27-21 12-18 32.31-27 8-12 33.47-42Om en om wurdt de winst ferspile. Hjir is 50-44 better, mar swart hat net itgoede antwurd mei 33… 18-22 33. ..18-23 34. 42-37 45-40 is de set.34… 24-30 35.37-31 12-18En hiir moast 35-40 36.21-17 23-28 37.17×19 28-33 38.19-14 6-1138. ..33-38 hie noch spul west foarswart. En no pakt Bos wol de winst.39.14-10 33-38 40.45-40 35×44 41.50×37 30-34 42.10-5 25-30 43.5×20
Oplossingen problemen ledderwedstriid
Nû.5 1.43-39 2.17-11 3.39-33 4.50-44
Nû.6 1.29-24 2.45-40 3.19-14 4.14×5
Nû.7 1.44-39 2.16-11 3.33-29 4.45-405.26-21, 50×33 6.21×34 7.34-29
Nû.8 1.37-31 2.34-29 3.26-31 4.29-23
En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 en wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 en wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Njonken de twakamp om de wrâldtitel, fan it simmer te Harns, wie der in online toernoai. De finale gie tusken Frederik Bos en de jonge Sjinees Zhuoyuan Du, dy’t him yn koarte tiid it Fryske spul eigen makke hat. Der wurdt grute dat ynde takomst in wrâldkampioen fan bûtenFryslân komme kin. Soe it Du wêzekinne? Hy hat wyt en it spul moatbeslikke wêze yn mar fiif minuten.
1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 11-16 6.31×11 1×21 7.42-37 21-26 8.37-31 26×37 9.41×32 10-15 10.28-22 18×27 11.32×21 16×27 12.33-28 27×29 Der wurdt ôfruile nei ienfâldiger spul.13.34×25 19-24 14.25×23 13×42 15.43×41 20-25 16.49-43 7-11 17.35-30 25×34 18.39×30 14-19 19.30-25 15×35 20.45×25 11-16 21.40-35 8-13 22.43-39 13-18 23. 25-20 19-23 24. 39-34 12-17 25.34-30 23-29 26.30×10 5×43 27.48×39 Nei 34.50-45 hie swart de grutte ôfruilnet nimme kind. 27. ..3-9 28.41-37 17-21 29.37-31 21×41 30.46×37 9-14 31.37-32 14-20 32.36-31 4-10 33.39-34 2-8 34.31-27 20-25 35.50-44 8-12

Bos hat twa minne setten dien en Du wint de earste partij. 36.27-22 12-17 37.22×11 6×17 38.32-27 17×37 39.47×27 10-15 40. 34-30 25×34

Yn de twadde partij stiet it sa nei22. ..30-35 en Du nimt de kar foar de djoere daam en ferliest nei 23.31-26 16×47 24.50-45 47×50 25.45×5 50-45 26.5×41 45×24 23.41-37 en dan ôfruiljetroch 24.31-26 is goed foar wyt. It tredde, beslissende spul de oare kear.
De probleme foar de ledder
Nû.5 sw. 6, 8, 9, 15, 20, 30 wyt 17, 26, 29, 43, 47, 50
Nû.6 sw. 8, 10, 12, 14, 16, 17, 30 wyt 19, 23, 29, 36, 37, 45, 49
mei twa nijen fan Willem F. Bakker

Nû.7 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 22, 30 wyt 16, 26, 29, 33, 44, 45

Nû. 8 sw. 4, 6, 8, 9, 13, 18, 19, 28 wyt 16, 26, 30, 34, 37, 38, 41
Oplossingen stjoere foar 26 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Wêr’t de meast pessimistyske swarttinker al benaud foar wie, dat is moandeitejûn yn Jorwert útkaam. Nei de trije omlopen foar trije plakken by de tredde acht fan ‘e persoanlike kampioenskippen hawwe de fjouwer kandidaten presiis likefolle punten.
Fan tefoaren like de saak frij dúdlik. Nei twa remizes yn ‘e earste omloop hiene de beide Jorwerterkandidaten Siebren Dyk en Frans Kingma yn ‘e twadde omloop wûn fan harren Hartwerter konkurrinten Piet Sikma en Klaas Wiersma. De Hartwerters liken der min foar te stean. Mar se fochten werom, en hoe! En ek noch op fijanlik terrein yn in bysealtsje fan kafee Het Wapen van Baarderadeel.
It earst moast Kingma belies jaan. Hy stie der tsjin Piet Sikma hielendal net raar op, maar waard doe mei it ynnimmen fan in foarpost wat al te dryst. Sikma strafte dat fenomenaal ôf mei in komplekse damset, en doe wie Frânseman dach.
Op it oare boerd seach it der foar Siebren Dyk fuortdaliks al tsjuster út. Hy kaam net goed út ‘e iepening, ek al besocht er wol te ferdigenjen en moast de oanfallende Klaas Wiersma likegoed útsjen. Doe’t Dyk in ruiltsje miende te dwaan dat hielendal net koe, wie it mei him ek besjoen.
Goede rie wie op dat stuit djoer. Elk likeheech mei oardel punt. Sonnema Bearenburch en ûnderlinge resltaten joegen ek gjin útslútsel. Hiene de dammers hjirfoar no trije jûnen yn waar en wyn der op út moatten? Der wiene al spontaan trije dy’t har oanbeaën om har dan mar frijwillich werom te lûken.
Mar sjoch, doe wie dêr de rêdende ingel yn ‘e foarm fan demisjonêr bestjoerslid Fedde Wiersma.Hy stelde út om noch ien jûn trije omlopen te fluchdamjen, it leafst op neutraal terrein. Dêr koe elk him optlêst yn fine. Dat as it no naaid wurdt sa’t it knipt is, dan sil Skearnegoutum kommende moandei tsjûge wêze fan in spetterjende finale!
(Tekst: S. Dyk)