Categorie archief Rubryk

doorfriesdammen

Rubryk 30-10-2026

De Blauhúster damklup ‘De Skyfkes’ hat no al wer foar de alfde kear de Fryslân Kup op it aljemint. It is in knock-out toernooi. By kamp wurdt der ‘pingelsjitten’ troch yn koarte tinktiid de einspul-fariant FRYSK!, mei fiif tsjin fiif skiven, te damjen. De ‘kraker’ fan de earste omloop wie de partij tusken de bruorren Walinga. Siebe hat de Kup al twa kear op syn namme. Wylts syn broer Marten dat net op de palmares stean hat. De wrâldkampioen hie in thúswedstriid en lotte de swarte houten.

S.Walinga – M.Walinga, 19-10-2026 Lollum, earste omloop Fryslân Kup

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-11!? 7. …7-12 wurdt ornaris spile. Swart wykt ôf fan de wenstige téory 8.42-37 2-7 9.33-28 en dan sil swart wol ôfwikkelje 9…19-23 9. …16-21 10.47-42 21×41 11.36×47 is better foar wyt. 9.47-42 11-17 10.34-30 9.31-26 en net bang foar 17-21 is skerper 9. …25×34 11.39×30 7-11 12.44-39 20-25 13.31-26 25×34 14.40×29 19-24 Mei 14. …19-23 hie swart noch better spul. 15.29×20 15×24 16.50-44 1-7 

De Walinga’s sette der in moai spul op. Hjir wie 17.32-28! it bêste. 17.44-40 24-29 18.39×19 18×20 18.33×24? om 18-23 etc. 19.40-34 13-18 20.34-30 20×40 21.35×44 8-12 22.32-28 9-14? 22. ..18-22 wie de set. Swart rekket it foardiel kwyt. 23.28×8 7×9 24.37-32 driget mei it heakje 36-31 24. …16-21 25.44-39 14-20  26.33-29 9-14?? Wyt komt in hout foar 27.32-27 17×37 28.26×8 3×12 29.42×31 20-25 30.39-33? 25-30 

Op 31.33-29 as 29-23 komt swart mei 30-35 en 14-20 en 31.43-39 kin ek net. Wyt moat wol. 31.29-24 14×32 32.31×33 en net 38×27 om 12-17 32. …10-15 33.48-42 12-17 34.42-37 17-22 35.43-39?? 22-27 Wyt fergoait syn spul en komt gau oan. Mei bygelyks 35.36-31 11-16 36.49-44 4-9 37.37-32 22×42 38.38×47 giet it op in lykweardich einspul ta.  36.37×17 11×22 37.36-31 6-11 38.31-26 4-9 39.38-32 22×42 40.49-43 42×44 41.39×50 9-13 42.33-28 11-17  43.45-40 30-35 44.50-45 35×44 45.45×43 13-19 46.28-22 17×28 Wyt kin noch nei de daam rinne. Mar it is oars net as spinpoatsje. 47.26-21 28-32 48.21-17 32-37 49.17-11 37-41 50.11-7 15-20 51.43-39 41-46 52.39-33 19-24 en wyt jout op.

De problemen foar de ledderwedstriid

Nû.5 sw. 2, 4, 6-10, 13, 17-20   wyt 27, 29, 31, 33, 36, 37, 39, 43, 46-48, 50 

Nû.6 sw. 7, 9, 12, 16, 19, 24, 26, 29, 30  wyt 32, 33, 36, 38, 41, 44, 46, 48

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.7 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17 wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49 

Nû.8 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50 

Oplossingen stjoere foar 13 novimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 16-10-2026

In iuw en langer lyn wienen de measte dammers Frysk Spul te finen yn de Bouhoeke. Dêr wienen ek in protte klups as Aldebiltsyl, Tsjummearum, Doanjum, Marrum, Minnertsgea, Menaam, Ferwert, Sint Anne, Rie, Hallum en Sint Jabik. It damjen hat him ferlein en om Snits en Boalsert hinne is it no te rêden. Okkerdeis oerlange Hein de Vries my in nijsgjirrich stapeltsje. Yn it winterskoft ’83-’84 hawwe syn omke Willem de Vries en Feike Vogel, beiden fan Minnertsgea, tritich kear ûnderling damd en ek alles opskreaun. De klup, om 1950 hinne de sterkste fan Fryslân, wie opdûkt en de twa matsjedoaren praten dan mar tegearre ôf.  De Vries waard twa kear Frysk kampioen (yn 1952 en 1954) en ek Vogel wie in topper.  

F.Vogel – W.H.de Vries,     Minnertsgea, 6 jannewaris 1984 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 Dit is de Bildtse iepening, tapaslik foar de streek en dy jierren.  6.34×14 10×19 No kin ek 7.40-34 as de ôfruil mei 35-30 7.32-27 17×37 8.41×32 12-17 9.33-28 7-11 Op 9. …7-12 folget wyt mei 32-27 en 28-22. Dan stiet de ‘rún’, skiif 47, wer op stâl. 10.39-34 16-21! Swart set in hout op slach, in ûnderstreek, mar de âld-kampioen kin dit spul út de pen. 

11.35-30 kin net, want wyt komt letter mei 17-21, likemin as tichstrike 11.46-41? 19-23 12.28×19 13×24 13.34×14 15×13! 14.35×24 18-23 15.24×22 17×46 16.26×17 46×7   11.34-30 25×34 12.35×33 21×41 13.36×47 17-21 14.26×17 18×16 15.44-39 16-21 16.46-41 11-16 17.41-37 20-25 18.40-35 19-23 19.28×19 13×24 Swart hat de kanten beset en wyt stiet mear oer de midden. 20.50-44 24-30 21.35×24 25×23 22.33×13 8×19 23.44-40 19-24 24.40-35 9-14 25.39-34 24×44 26.49×40 1-7 27.40-34 21-26 28.34-30 16-21 De oanfal 28. …26-31 29.37×26 16×36 keart wyt mei 30.42-37 en dan 37-31. 28. …7-11 is skerper. 29.43-39 7-11 Swart stiet de trije-om-trije ôfruil ta en hie dat mei 14-19 keard. 30.30-24! 14×41 31.47×27 11-1632.32-28 15-20 33.35-30 20×40 34.45×34 5-10 

Sa as faker komt it der op oan mei elk seis as fiif skiven. Vogel liket minder te stean, mar dat falt ta en hie mei 35.48-43 goed partij jaan kinnen. Hy nimt no in pear kear de ferkearde kar en dêr wit De Vries wol rie mei. 35.48-42? 10-14 36.34-29 3-8 Wyt hie better 36.34-30 37.37-32 8-12 De ôfruil 38.27-21 is keard. 38.27-22 14-19 39.29×9 4×13 40.38-33 16-21 41.28-23 13-19 42.23×14 21×41 43.14-10 12-18 Wyt sil noch in daam helje, mar dan is it ek gau út. 44.32-27 41-46 45.10-5 18-22 46.5×1 22×31 47.1×41  

De problemen út 1947 binne fan Ulbe Hamersma út Tsjummearum. 

Nû.5 sw. 2, 4, 6-10, 13, 17-20   wyt 27, 29, 31, 33, 36, 37, 39, 43, 46-48, 50  

Nû.5 sw. 7, 9, 12, 16, 19, 24, 26, 29, 30  wyt 32, 33, 36, 38, 41, 44, 46, 48 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 3-10-2026

Mei rjocht en reden kin Taeke Kooistra fan Hartwert in grut kampioen neamd wurden. Mar leafst achttjin kear is hy Frysk kampioen wurden. En hat fierder alle dammerijen en grutte toernooien wûn en as earste-boerd-spiler fan de eigen klup ek withoefolle kampioenskippen behelle. De lêste jierren komme der nije toernooien op de dam-agenda en behelje ek dammers fan bûten Fryslân prizen. By it Fryslân Open fiif jier lyn mochten Russen noch meidwaan en behelle de ferneamde Aleksander Georgiev de preemje. En dy wie fan it maitiid foar Lukasz Kosobudzki út Poalen. Mar de winst wie foar Kooistra. En soe hy yn de twakamp tsjin wrâldkampioen Marten Walinga syn palmares dan noch moaier meitsje?

T.Kooistra – M.WalingaWarkum, WK 2026, tredde omloop 31 july 2026

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.36×27 7-12 8.37-32Nei 7.41×21 16×27 8.37×17 18×16 9.29×20 as 7.37×26 25-30! 8.35×22 18×27 9.26×28 19-23 etc. is de iepening foarby mei in rêstich spul. Wyt spilet no de skerpste fariant. 8. …19-24 9.29×20 25×14 10.43-38 2-7  Sekuurder is 6-11 om nei 1-6 wyt te twingen ta in foar swart posysjoneel geunstige trije-om-trije ruil troch 27-21. Wyt kin no oanfalle mei 11.27-21 16×27  12.32×21 23-29 13.39×17 7×16 14.38-32 12-18 15.32-27 18-22 16.27×18 13×22 17.42-37 22-27 18.37×17 16×18 19.48-42 8-12 20.42-37 12-17 21.37-31 17-21 22.31×11 6×17 De dûbele hoeke fan swart wurdt hieltiid mear úttinne. En wyt giet noch mear dy kant út. 23.49-43 17-21 24.43-38 14-20 25.34-30 18-22Nei 34.41-37 hie wat wat better bleaun. De partij komt no folslein yn it lykwicht 26.41-36 20-25 27.36-31 21×41  28.46×37 25×34 29.35×33 9-13 30.47-41 10-14 31.37-32 22×42 32.38×47 13-18 33.33-28 18×38 34.44-39 38-42 35.41×43 4-9  En op nei it einspul.36.43-38 9-13 37.38-32 1-6 38.32-27 

38. ..3-8 wie de set. En bygelyks 39.47-41 13-18 40.27-21 18-22 41.21×23 8-13! 42.23×3 14-20 43.3×25 15×33 en sil kamp wurde.38. …6-11? 39.47-41 11-16 40.41-37En wyt kin it opbouwe yn de dûbele hoeke en swart stomp rinne litte.40. ..13-18 41.37-32? Swart hat de kâns. Sa as faker kantelt it spul oan de ein.  

Kamp wurdt it nei 41. …18-22! 42.32×12 3-8! 43.12×3 14-20 44.3×25 15×33 45.50-44 5-10 as 42.27×18 3-8 43.32-28 16-21 en 44.39-34 14-19 45.18×20 15×35 46.45×25 5-10 as 44. …16-21 45.18-12 8×17 46.28-22 17×28 47.34-29 28×30 48.40×9    41. …3-8? 42.39-33 8-13 43.40-34 5-10 44.34-30 14-19 45.45-40 18-23 46.33-28 10-14 Kooistra strykt it kreas út. 47.40-35 14-20 48.30×10 15×4 49.35-30 23-29 50.30-25 16-21  51.28×30 21-26 52.32-28 4-10 53.25-20 26-31 54.20×9 31×33 55.9-4 En sa kaam de útdager op 2,5 – 0,5 mei noch acht partijen te gean.

Nû.1 sw. 6-8, 11, 13-15, 18, 20, 24 wyt 16, 28, 31-33, 38-40, 41, 43 

Nû.2 sw. 10, 11, 13, 14, 16, 17, 19, 21, 23, 26, 27 wyt  25, 30, 32, 35, 36, 38, 40, 41, 46, 48, 50

En twa problemen út de jierren ’50 fan Brant Annes Siebesma fan Seisbierrum

Nû.3 sw. 7, 8, 12, 13, 17-19, 22-24, 29, 30, 35  wyt 21, 31, 33, 37-39, 43, 44, 49

Nû.4 sw. 2, 4, 6, 9, 10, 13, 15, 17-20, 23  wyt 16, 26, 31, 32, 34-36, 39, 42-44, 49

Oplossingen stjoere foar 16 oktober.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 18-9-2026

Mei it beheljen fan de fjirde wrâldtitel yn suksesje hat Marten Walinga in prestaasje fan formaat del setten. Te mear omdat de Lollumer as driuwende krêft fan de stifting WFD (Worldchampionship Frisian Draughts) in grutte rol yn de organisaasje hat. Nei twa toernooien yn 2018 en 2024 en in eardere match yn 2021 wie it no oan de winner fan it lêste Fryslân Open Taeke Kooistra om de striid oan te gean. It waard in tige spannende twastriid mei wikseljende kânsen. Yn de lêste fan alve omlopen, wêrfan mar trije kamp, helle de útdager de winst. En moasten der twa barraazjes mei hieltiid koartere tinktiid  oan te pas komme foar in beslissing.

T.Kooistra – M.Walinga, Harns 9.8.2026 WK 2026, twadde barraazje-partij 

Bysûnder wie dat de wytspiler lykas yn alle oare partijen 32-27 as earste set die.  Ek Walinga spile oars net as dit. Soks betsjut faaks in minder dreech begjin.  1.32-27 20-25 2.27-22 7×28 3.33×22 8×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 19-24 9.37-31 39-34 is skerper 9…14-20 10.31-26 24-30 11.35×24 20×29 12.39×19 13×24 13.43-39 24-30 14.41-37 7-11 15.42-38 30-35 16.45×25 15×35 17.37-3110-15 18.38-32 15-20 19.39-34 35×33 20.32×34 20-25 Wyt koe oerdwers ôfruilje, faaks goed yn it begjin, mar strykt no nei de midden. 21.34-29!? 25-30  21. …9-14 is better 

Mei 22.29-23 hat wyt de kâns om goed ôf te ruiljen. 22…8-12? om 23-18 en  27-21, lykas 22. ..9-14? om 23-19 etc. Dus 22…5-10 23.23-18 8×28 24.27×29 30×28 25.27-21 16×27 26.31×33  Mar wyt ruilet daalk en kriget op fjild 29 in minne skiif. Dy wurdt hieltiid mear in bongel oan ‘e poat.  22.44-40? 30×28 23.27×29 9-14 24.40-35 14-20 25.31-27 8-12 26.46-41 12-17 Wyt woe ôfruilje troch 29-24 en 27-21, mar dat stiet swart net ta. 27.27×7 1×12 28.35-30 20×40 29.50×30 12-17 30.41-37 3-9  

Wyt hie noch goed spul nei 31.37-32! En bygelyks 31. …2-7 32.32-27 17×37 33.47×27 9-14 34.49-44 14-20 35.30×10 5×14 36.29-24 14×34 37.44×24 11-17 38.27-21 16×27 39.26×28  Mar no wurdt it in dreech ferhaal. 31.49-44 9-14 32.44-40 14-20 33.30×10 5×14 34.37-31 14-20 35.31-27 17×37 36.47×27 4-10 37.40-34 11-17  Der is gjin ferwin mear. Swart strykt it út38.27×7 2×11 39.48-42 16-21 40.26×17 11×22 41.42-37 6-11 42.37-31 11-17 43.31-26 20-25 44.36-3110-15 Wyt hat neat mear en jout it terjochte op.  De wrâldtitel is wer foar Walinga.

De problemen foar de ledderwedstriid binne beide fan Stellinga-Baron 

Nû.1 sw. 6-8, 11, 13-15, 18, 20, 24 wyt 16, 28, 31-33, 38-40, 41, 43   

Nû.2 sw. 10, 11, 13, 14, 16, 17, 19, 21, 23, 26, 27 wyt  25, 30, 32, 35, 36, 38, 40, 41, 46, 48, 50 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 8-5-2026

Yn de lêste rubryk fan dit damjier nochris omtinken foar it Frjentsjer Iepen. Twa dammers fan bûten Fryslân makken hjir grutte yndruk. De Poal Lukasz Kosobudzki dielde de priis mei Foeke Tiemensma en Aleksej Domtsjev út Litouwen besette it tredde plak op de einlist. De Dútser Malte Schulz en Jean Marc Ndjofang út Kameroen fûnen harren sels werom yn de middenmoat, noch foar in tal sterke Friezen. By it yngean fan de lêste omloop hie de ferneamde skaker Vassily Ivanchuk noch kâns op in plak by de Masters, it slot foar de nûmers fiif oant en mei acht. Earder al wûn de Oekraïner fan Fryske toppers as Henk Haanstra en Willem Schaap. No gie it tsjin Willem Dijkstra fan Jorwert, dy’t ek winne moast om de Masters te heljen. It waard in prachtige partij mei wikseljende kânsen.

V.Ivanchuk – W.Dijkstra,   Frjentsjer 5 maart 2026, Fryslân Iepen, 8-e omloop

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 14-20  3. …18 as 19-23 wie ek mooglik. 4.17-22 etc. is de Meike-set mei in mooglik gambyt. 4.31-26 10-14 5.43-38 20-24  5. ..18-23 is skerper.  6.37-31 17×37 7.41×32 7-12 8.32-27 5-10 9.33-29 24×33 10.38×29 mei drigingen

10. ..1-7? 11.29-24! 25×23? 12.27-21 16×27 13.31×24 19×30 14.34×5 dus 11. ..19×30 12.40×20 10×30? 13.35×24 25×23 14.27-21 16×27 15.26×10 dus 12. ..15×24 13.35×15 24-29 14.39×17 12×43 15.44×42 mei foar swart in lestich wyt hout op fjild 15.  10. ..12-17 11.27×7 1×12 En wyt kin hjir wer ôfwikkelje mei 29-24 12.31-27 11-17 13.27×7 12×1 14.49-43 2-7 15.42-37 16-21 16.26×17 18×16 17.29-23 13×33 18.34×32 19-24 En de tûkelteammen binne foarearst wer út it spul. 

19.39-34 Mei 19.40-34 driget 34-30 en kriget wyt wat better spul 19. ..7-11 20.43-39 8-12 21.48-43 12-17 Dan no mar 22.34-30, mar Ivanchuk wol oars. En de rjochterkant fêst hâlde.22.32-27 3-8 17-21? om 27-22 etc.23.27×7 11×2 24.37-31 8-12 25.31-26 Noch altiden is 34-30 foar wyt better.25. ..12-17 26.46-41 2-7 27.41-37 7-11 28.37-31 1-7 Wyt nimt de ferkearde kar.

29.31-27! 17×37 30.47×27 11-17? 31.27-22 17×28 32.34-30 25×34 33.40×27 dus 30. ..7-12 31.27-22 12×32 32.34-30 25×34 33.35×31 29.47-41? 17-21 30.26×17 7×27 31.31×22 24-30 32.35×24 25×21 33.36-31 21-26 34.31-27 26×28  Wyt moat in offer dwaan. 35.34-30 15-20 36.30-25 11-17 37.39-34 17-21 38.40-35 

No driget 34-29, mar swart hie wûn nei 38. ..10-15! 39.25×3 28-32 40.3×26 16×42 38. ..28-32? 39.43-38 32×43 40.44×42 21-26 41.34-29 26-31 42.41×21 16×27 43.45-40 mei de driging 29-24 wie better, mar swart pakt wer net troch. 43.29-23 27-31? 43. ..20-24 44.23-18 24-30! 45.25×34 14-19 46.18×20 10×39 as 45.35×24 wint ek.44.23-18 9-13 45.18×9 4×13 46.45-40 13-19 47.40-34 20-24?? In blunder fan swart. Fansels wint 31-36 etc.  48.25×23 19×28 49.34-29 28×30 50.35×15 31-36 51.15-10 36-41 52.42-37 41×32 53.10-4 Wyt besiket noch wat, mar it wurdt kamp.  53. ..32-38 54.4-36 38-43 55.36-47 6-11 56.50-45 11-17 57.47×7 43-48 58.45-40 48-25 59.7-1 25-43 60.40-35 43-32 61.35-30 32-5 62.30-24 5-10 63.1-45 10-41 64.24-20 41-46 65.45-50 46-41 66.50-6 41-5 67.6-50 5-46 68.20-15 46-41

Einstân ledderwedstriid

1.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 357 pt.;
2.G.IJkema, De Gaastmar 349 pt.;
3.S.van Steinvoren, Dronryp 337 pt.;
4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.;
5.J. de Boer, Berkel en R’rijs 236 pt.
6.F.Wiersma, Easterein 154 pt.;
7.T.Slagter, Den Bosch 91 pt.;
8.J.Wiersma, Wommels 72 pt.;
9.A.Zijlstra, Utert 68 pt.;
10. P.Looge, Tsjummearum 58 pt.;
11.G.Harkema, Snits 54 pt.;
12.P.Sikma, Hartwert 52 pt.;
13.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.;
     K.Wiersma, Nij Beets, 48 pt.;
15.B.Kroon, Blauhús 14 pt.;
16.J.Reade, Manchester 8 pt.;

      L.Westra, Wommels 8 pt.;

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 24-4-2026

Henk Haanstra mocht in heal oere hoopje op de Fryske titel. Nei in drege partij hie hy Marten Walinga ferslein. En kaam sa op seis punten. Jelle Wiersma siet noch tsjin Taeke Kooistra en dat like op kamp út te draaien. Mar dochs frussele de regearjend kampioen út Wommels der noch in luzige kombinaasje yn. En kaam sa lyk mei Haanstra. Dy’t in wike letter yn de barraazje belies jaan moast. Lykswols wie it foar de Aldegeaster in moai damjier mei de fluchdam-titel, in dield earste plak by de Masters yn Frjentsjer en winst yn de kompetysje fan damklup Nocht&Kriich fan Aldegea-SWF.

M.Walinga – H.Haanstra, Aldegea-SWF 14.2.2026, PK 7-e omloop 

1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16Bekende iepeningspaden wurde berûn. 11.42-37 19-24 12.34×14 4×24 13.39-34 24-29 14.34×23 25-30 15.35×24 20×18 Fansels net 14.33×29 20×29 etc. 16.40-35 10-14 17.37-31 16-21 18.31×11 7×16 19.35-30 14-20 19.32-27 liket better.   20.30×10 15×4 21.33-29 13-19 22.43-39 18-22 Hjir is 22. ..12-17 skerper. 23.38-33 22×42 24.48×37 12-17 25.44-40 17-21 26.33-28 21-26 27.40-35 Mei 25.29-23 19×28 26.33×11 6×17 hat wyt wer in deegliker posysje. 27. ..8-12 28.37-32 12-17 29.36-31 26×37 30.32×41 17-21 31.41-36 2-7 32.45-40 7-12 33.50-45 12-17 34.35-30 21-26  

Wêrom net ferienfâldichje mei 35.36-31 26×37 36.28-23 19×28 37.29×47?35.40-34? 17-22! 36.28×17 16×18  37.36×16 6×26 38.29-24 18-22 En swart hat it bettere spul. 39.24×13 9×18 40.34-29 22-27 41.46-41 27-31 42.41×21 26×17 No leit de lange hoeke fan wyt iepen. 43.29-23 18×29 44.30×28 3-8 45.49-43 17-21 46.43-38 4-9? 46. .. 8-2 hie moatten. Wyt kriget in lêste tried tasmiten. Mar pakt dy net.

Mei it offer 47.28-22! 21×23 kin wyt noch kamp helje. 48.38-32 23-29 49.39×19 9×29 en swilet wyt skiif 29 noch op. Dus 48. ..8-12 49.32-27 23-29 50.39×19 9×29 en sil wyt noch in daam krije nei it offerjen fan skiif 45. No makket Haanstra dien wurk. 47.39-33? 8-12 48.38-32 12-17 49.28-23 21-26 50.45-40 26-31 51.23-18 17×19 52.32-28 31-36 53.28-22 36-41 

De lêste problemen fan Stellinga-Baron 

Nû. 29 sw. 4, 6, 7, 13-15, 20, 24, 25 wyt 21, 22, 28, 33, 40, 41, 43-45 

Nû. 30 sw. 4, 6, 7, 15, 18, 22, 27, 28, 45 wyt 16, 20, 24, 26, 33, 34, 39, 41, 50 

Nû. 31 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50 

Nû. 32 sw. 1, 4, 13, 14, 17, 22, 27, 28 wyt 6, 26, 30, 36, 37, 42, 43, 50 

Oplossingen stjoere foar 3 maaie. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 10-4-2026

Al wer foar de tsiende kear stie de Fryslân Kup op it aljemint. Kluphús Sie-Sa te Blauhús wie it striidtoaniel fan de finales. Cupfighter Taeke Kooistra helle foar de fiifde kear de finale en wûn wer. En lykas twa jier lyn wie it Willem Schaap dy’t de Hartwerter trof. Diz’ kear wie it gau beslikke.

W.Schaap – T.Kooistra, Blauhús Finale Fryslân Kup, 27 april 2026 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 4-10 8.44-40  7-11 9.50-44 1-7 10.32-27 17×37 11.41×32 11-17 12.34-30 25×34 13.39×30 10-14 14.30×10 15×4 15.40-34 Wie better foar wyt. Der drige dan noch 13. ..20-25? 14.33-29! 19×28 15.42-37! 25×34 16.35×11 6×17 17.26×6. No wol wyt mei 13.22-27 etc. de rún wer op stâl sette. Mar swart keart dat. 12.33-28 19-24 13.34×14 10×19 14.35-30 25×34 15.39×10 15×4 Wyt hie no 16.44-39 moatten. En komt der minder op te stean. 16.40-35 7-11 It wurdt dreger en dreger foar wyt. 17.44-40 2-7 18.46-41 5-10 19.49-44  18-23 20.35-30 en swart wint nei 

20. …17-21! 21.26×17 11×33 22.38×20 13-19 23.20×18 8×37 24.42×31 12-17 

De finale fan de ferliezersrûnte gie tusken de Hartwerter klupgenoaten Hein de Vries en Fedde Wiersma. Nei in lange striid wie it De Vries dy’t wûn. Mar geande it spul hie Wiersma de kânsen.

H. de Vries – F.Wiersma, Blauhús Finale Ferliezersrûnte, 27 april 2026 

1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.40-35  16-21 9.26×17 12×41 10.46×37 11-16 11.33-29 19×39 12.38×40 18-22 13.32×12 13×11 14.35-30 8-13 No mar op elkoars hoeke ta. 15.40-35 16-21 16.44-40 2-8 17.40-34 11-16 18.30-25 15-20 19.34-30 20×40 20.50×30  

Wyt is al te foarsichtich. Swart hie forsearre kind mei 20. ..6-11 21.43-38 21-26 22.36-31 16-21 23.47-41 21-27! 24.26×6 26×46 25.42-37 46×43  20. ..13-19 21.49-44 8-13 22.43-38 7-11 23.38-32 11-17 24.42-38 17-22 25.32×12 13×11 26.38-32 21-27 27.32×21 11×42 28.48×37 16-21 29.37-32 6-11 30.32-28 11-16 De partij giet lyk op. 31.28-22 21×23 32.25-20 14×34 33.44×33 9-14 34.35-30 3-8 35.47-42 8-12 36.42-37 12-17 Hjir hie swart nei 36. ..14-20 37.30×10 4×15 38.45-40 15-20 39.40-34 1-6 it bettere spul hawn. 37.45-40 17-22 38.40-34 14-19 38. .. 1-6 is better. 39.33-29 19×39 40.34×43 22-28? 40. ..22-27 41.37×17 16×18 wurdt kamp. No rint swart it op. 41.43-39 16-21 42.37-31 21×41 43.36×47 1-7 44.39-34 7-11 45.34-29 28-32 46.47-42 11-16 47.42×22 16-21 Swart rekket in skiif kwyt en komt noch al op de daam. 48.22-18 21-27  49.18-12 27-31 50.12-7 31-37 51.7-1 4-9 52.1-23 37-42 53.23-46 9-14 54.46×5 42-47 Mar moat noch in hout weijaan en wyt sil twa dammen helje en winne. 55.30-24 47-36 56.24-20 36-9 57.20-15 9×39 58.15-10 39-22 

Twa problemen fan Stellinga-Baron 

Nû. 29 sw. 4, 6, 7, 13-15, 20, 24, 25 wyt 21, 22, 28, 33, 40, 41, 43-45 

Nû. 30 sw. 4, 6, 7, 15, 18, 22, 27, 28, 45 wyt 16, 20, 24, 26, 33, 34, 39, 41, 50 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 27-3-2026

Lukasz Kosobudzki makke by it Fryslân Open grutte yndruk mei in earste plak en oanslutend twadde plak by de Grutmasters. By winst hie hy by de twakamp yn augustus útdager wurden fan wrâldkampioen Marten Walinga.   Dat is no oan Taeke Kooistra. Dy moast earder noch wol boege foar de Poal.

T.Kooistra – L.Kosobudzki, Frjentsjer Fryslân Open, 3-e omloop, 3.3.26 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 7-12 7.36-31 19-24    7. ..11-16 hie ek kinnen.  8.34×14 10×19 9.35-30 5×34 10.39×10 5×14 11.40-35 15-20 12.35-30 20×40 13.44×35 11 16 14.33-29 19×39 15.43×34 en net 38×40. Dan folget 15. …12-17 (driget 16-21) 16.31-27 17-21  14.35-30 12-17 15.30-25 18-22 16.32×21 16×36 15. …17-21 16.31×11 1×21 kin ek. 17.33-29 19×39 18.38×40 36×38 19.43×32 6-11En it  bliuwt in lykweardich spul.  20.40-35 13-18 21.32-27 8-13 22.49-43 18-22 23.27×18 13×22 24.42-37 11-16 25.50-44 22-27 26.37×17 16×18 27.43-38 1-6 28.25-20 14×25 29.35×15 18-22 30.38-32 22×42 En de partij liket op kamp út te draaien. Mar foaral no komt it der op oan. 31.48×37 6-11 32.44-40 11-17 33.40-34 17-22 34.45-40 2-7 35.37-32 22×42 36.47×38 7-11 It brekpunt fan de partij. 

37.34-30? No hie moatten 14…37.40-35 en bygelyks  14. …11-17 38.38-32 17-21 39.34-29 9-13 40.35-30 3-9 41.29-24  13-19 as 39. ..21-26 40.15-10! 4×15 41.35-30 9-14 42.32-27 26×28 43.29×27 14-19 44.27-22 3-9 etc. 37…11-17 38.40-35 17-22 39.30-25 9-14 40.15×13 3×23 41.35-30 22-27 42.30-24 23-29 Kosobudzki makket dien wurk. 43.24×33 27-31 44.33-28 31-36     45.28-22 36-41 46.38-33 41-47 

En ek by de Grutmasters pakte Kosobudzki syn kânsen. Mei Kooistra en eardere winner Foeke Tiemensma, beselskippe de Litouwer Aleksej Domtsjev it fjouwertal matsjedoaren.

L.Kosobudzki – A.Domtsjev, Frjentsjer, Grutmasters, 1-e omloop, 6.3.2026 

We komme yn it spul nei 41.39-34 

Hjir hie moatten 41. ..13-18, mar nei 41. …19-23set wyt de swarte stân hast op slot 42.48-43 1-7 earst 3-8 is better 43.21-16 3-8 44.37-32 8-12 45.32-27 12-18 46.27-21 18-22 wat oars? 47.43-38! 23×32 48.21×3 32-37 49.45-40 37-42 50.40-35! 25×45 51.3×5 42-47 52.5-23 47-29 noch al in daam, mar it is dien 53.23×1 29×40 54.50×30  

Nû. 25 sw. 1, 4, 8, 9, 12, 14, 17-19, 27 wyt 6, 33, 36, 37, 40-42, 44, 45, 48 

Nû. 26 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50  

Mei nije problemen fan Ties Slagter en Stellinga-Baron. 

Nû. 27 sw. 1, 6, 12, 13, 19, 23, 24, 30 wyt 16, 26-28, 38, 39, 41, 47 

Nû. 28 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17 wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49 

Oplossingen stjoere foar 10 april. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 27-2-2026

En wer is it Jelle Wiersma slagge  Frysk kampioen te wurden. Foar de njoggende kear op in rige (!) en mei elkoar trettjin kear. De Wommelser is hurd op wei rekôrhâlder Taeke Kooistra (achttjin kear) benei te kommen. Eardere matsjedoaren as Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries (elk tsien kear) en Augustinus v.d. Goot (tolve kear) is hy no foarby. Der wie diz’kear in barraazje nedich. Aldegeaster Henk Haanstra mocht yn it reguliere toernooi hoopje doe’t hy fan Marten Walinga wûn en op seis punten kaam. Jelle Wiersma siet noch tsjin Taeke Kooistra en dat like op kamp út te draaien. Foar de Hartwerter wie it syn 50-ste kear yn de ‘earste acht’ en dat einige mei in luzich setsje.

 J.Wiersma / T.Kooistra, PK 2026 7-e omloop, Aldegea-SWF, 14-2-2026 

Wiersma kaam lyk mei Haanstra nei 43. …6-11? 44.25-20! 14×25 45.29-24 25×32 46.41-37 32×41 47.47×27 De sneon derop waarden twa barraazje-partijen ferspile. Yn de earste gie it lyk op, mar mistte Haanstra in kamp-fariant en wie yn de twadde partij de piip leech.  

J.Wiersma – H.Haanstra, PK 2026 barraazje-1, Blauhús, 22-2-2026 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16 In iepening sa as dy faaks spile wurdt. 11.42-37 19-24 12.34×14 4×24 Dit kin wol, mar wurdt net sa faak spile. 13.37-31 12-17   Wyt kin no in daam helje, Mar dat soe ferkeard rinne. Swart kin de daam mei ien hout ôfnimme en sil dan foar komme.

14.32-27!? 17×26 15.35-30! 25×32 16.38×27 26×28 17.39-33 8×33 18.43×1  14.48-42 24-29 15.33×24 20×29 16.39×19 13×24 17.38-33 9-14 18.33-29 24×33 19.32×34 14-20 Swart koe dizze ôfruil oerdwers net foar wêze. Der folget no in lang middenspul mei lykwicht. 20.43-38 8-12 21.38-32 7-11 22.42-37 17-21 23.49-43 21×41 24.36×47 12-17 25.37-31 2-7 26.47-41 17-21 27.41-36 21×41 28.36×47 11-17 29.47-41 17-21 30.32-27 21×32 31.34-30 25×34 32.35×31 3-8 33.43-38 8-12 34.38-32 12-17 35.40-35 10-14 36.45-40 14-19 Beide spilers litte gjin stekken falle. 37.50-45 5-10 38.41-36 7-11 39.40-34 17-21 40.44-40 21×41 41.36×47 16-21 Hjir stier swart ta dat wyt geunstich ôfruilje kin en de oerhân oan de linkerkant kriget. Better wie 41. …10-14 en bygelyks 42.35-30 11-17 43.30×10 15×4 as 42.32-27 20-24! 43.34-30 14-20 44.30×10 15×4 as 43.46-41 24×44 44.40×49 11-17. 42.32-27 21×32 43.34-29 19×39 44.40×27 20-25 45.46-41 11-17 46.27×7 6×8 47.41-37 8-12 48.37-32 48. …12-17! 49.32-27 17×37 50.47×27 10-14 51.27-22 14-20 52.22-17 25-30 53.35×24 20×29 en swart is op tiid foar in daam en wurdt it kamp. 48. …10-14? Jout wyt romte 49.32-27 14-20 50.27-21 20-24 51.47-42 12-18 52.21-16 18-23 53.42-38 23-28 54.38×18 24-29 55.18-12  En swart jout terjochte op. 

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49 

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45  

En twa nijen fan Ties Slagter. 

Nû.23 sw. 3,6,9,10, 12,14, 15, 20, 23, 28 wyt 16, 30-32, 34, 37, 39, 40, 43, 44 

Nû.24 sw. 3, 6-8, 10, 18-20 wyt 16, 17, 27, 36-38, 45, 48 

Oplossingen stjoere foar 13 maart. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Rubryk 13-2-2026

De helte fan it Frysk kampioenskip is west no´t fjouwer fan de sawn omlopen ferspile binne. Oars wie de omloop trochdewykse yn Jorwert al west, mar is om de izel in wike útsteld. En betsjut dat de favoriten elkoar allegearre noch tsjin komme. Kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga hawwe beide alles wûn en outsider Henk Haanstra folget op in heal punt. Rekôrkampioen Taeke Kooistra folget noch op twaddel punt.  De bruorren Marten en Siebe Walinga troffen elkoar yn de twadde omloop.

M.Walinga – S.Walinga, Skearnegoutum 2-e omloop, PK, earste acht, 31.1.2026 

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 25-30 6.40×18 8×26 7.34-30 14-20 8.30-24 20×29 9.39×8 2×13 10.35-30 15-20 11.30-25 7-12 12.25×14 13×15 13.43-39 It is in deeglike partij sûnder aventoeren. Meastal is ito ars by de Walinga’s. 13.  …9-14 14.37-31 26×37 15.42×31 14-20  16.39-34 20-25 17.41-37 10-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.34×14 15×13 21.35×15 5×25 Swart hie ek omheech ôfruilje kind. 22.45-40 13-19 23.50-45 4-10 24.48-43 19-24 25.40-35 10-15 26.49-44 3-9 27.43-39 25-30! In ferrassende set om 39-34 foar te wêzen. 28.31-26 15 20? Hjir hie 28. ..12-17 moatten. Swart kriget it dreger en wêrom dizze set?  Is swart bang foar 39-33, 44-39 en dan 39-34? Dat wat keard troch 30-34 at swart skiif 9 stean lit. 29.37-31 12-17?  

Wyt hie taslaan kind mei 30.44-40! 30×50 31. 47-41 en hoe as swart mei de daam slacht, it is út. 31. ..50×28  as 50×33 32.31-27 17×37 33.41×3 31. …50×22 32.26-21! 17×37 33.41×12 11×13 34.35-30 24×35 35.45×23 30.31-27? 17×37 31.47×27 11-17? Swart hie noch spul hawn nei 31. ..9-14 32.27×7 1×12 En wyt mei in moaie kombinaasje no wol dien wurk. 

33.26-21! 16×27 34.44-40! 30×50 35.36-31 50×41 36.46×19 Promovendus Bernard Kroon hat it dreech en moast yn de fjirde omloop te Lollum tsjin Jelle Wiersma wer in ferlies by skriuwe. Nei 31.42-37 oars net as  

31. ..18-23? 32.30-24 19×30 33.35×22 21×23 34.32-27 15×35 35.45×25 26×28en Wiersma wint.  

Twa nije problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49 

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45  

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com