Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Ik wist it net mear.

Boppesteande útspraak waard dien troch ien fan de Stadige Strikers. Hy krige te meitsjen mei de teory fan in partij dy’t er ferline jier ek spile hie. Sterker noch dy partij spile er tsjin deselde tsjinstanner as moandeitejûn. Hy begûn wol goed, mar doe nei in oantal streken wist er it net rjucht mear. Syn tsjinstanner wist it noch wol! Wy hawwe it hjir oer Sjoerd Huitema,dy’t it net mear wist en Dicky van der Meer. No is it net sa frjemd dat yn it begjin fan it seizoen men sizze heart: Ik wist it net mear.

Der binne fan dy dammers, dy’t nei sa’n simmer efter it boerd sitten geane en alle setten en streken noch likegoed witte as in healjier lyn. Sokken kinne jo nachts wekker meitsje en se rattelje samar de iene teory nei de oare derút. De measte oaren moatte der alle jierren wer wat ynkomme. Dan sjogge se thús earst nochris de setten even nei. Of se spylje wat partijen nei. No is it hjoed-de-dei fansels ek tige de gewoante om de hiele simmer op ynternet troch te damjen en dan hoege jo der net mear yn te kommen. Sokken binne altiten paraat en kapabel. Ien dy’t de simmer net trochbringt efter it boerd of it damskermke moat der earst wer wat ynkomme.

Dat Dicky van der Meer de partij wûn, wie nei it ôfwiken fan de teory troch Huitema, net botte ferwûnderlik. Wol ferwûnderlik wie dat Willem Jan Nieuwenhuizen hiel sterk siet te damjen. It is al in moaie hoart lyn, dat er it lêste potsje skode. Hy moast it opnimme tsjin Ype Boelens, dy’t ferline wike it net oprêde koe om Bauke Bos te ferslaan. Fan Ype dy’t út de heechste klasse weikukele is, waard ferwachte dat er op slofkes kampioen fan de twadde klasse wurde soe. Ien ferliespartij kin noch hinne bruie, mar moandei moast er eins al winne. No dat gie net sa mar, sterker noch tsjin weryntreder Willem Jan kaam er yn it middenspul in houtsje efter en doe die al gau bliken dat it wolris swier kealje koe om der noch in winnend resultaat út te heljen. Willem Jan wie op syniepenst want sa sei er: “Ferline wike die ik in streek en doe’t ik dy strutsen hie, tocht ik: ferdoarje dy kin ommers net. Dat woe my hjoed net wer oerkomme!” Men kin wol begripe dat hy skerp siet te tinken en hy jûch dan ek gjin krimp en wûn it spul.

Wûnen de heit en soan Castelein ferline wike beide, no setten se beide mei in dikke nul nei hûs. Tineke pakte yn de twastriid tusken de froulju de punt fan Hennie en Willem Schaap ferlear ek syn twadde partij. Oer alle spullen is noch in hiel ferhaal oan op te hingjen, mar de lêzers moatte it fierders mar mei de útslaggen dwaan.

Utslaggen: Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Ype Boelens – Willem Jan Nieuwenhuizen 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Hooplik bliuwe de Strikers neagatyf en damje se posityf.

It is wat yn ús wrâldsje mei al dy koroana ynfeksjes. Fansels gie it dêr ferline wike op de earste jûn fan de Stadige Strikers ek oer. De Strikers sille de maatregels sa’t dy der steld binne fansels yn acht nimme. Dat kin net oars. Op dy earste jûn ha de Strikers ek de einútslach fan de kompetysje fierd troch de priiswinners te huldigjen en harren de prizen te oerhannichjen. It bestjoer wie fan betinken dat de stân sa as dy by it ferplicht stopjen fan de kompetysje wie, as einstân te beskôgjen. De nije kampioen waard good old Sjoerd Jan Bakker. Like lang lid as dat de klup bestiet. Fierders hoopje de Strikers fansels dat se de kommende tiid negatyf bliuwe sille, mar dat se fierders in posityf damskoft te mjitte gean sille.

Moandeitejûn 28 septimber wie de twadde jûn. Der waard fuortendaliks damme fansels. Wol op oardel meter ôfstân fan elkoar. Sels de kofje of tee ophelje en mear fan dizze regels wêr’t men wat oan wenne moat, mar wat fierders ek gjin swierrichheden jout. Elkenien ferheuge him of har derop om wer te skowen. Foar Hennie de Haan gie dat noch net troch. Us weromkommer nei safolle jier, Willem Jan Nieuwenhuizen, mocht de nûmers sizze foar de earste rûnte en doe waard Hennie keppele oan Jelle Wiersma. Hennie waard suver wat bleek om ‘e noas en se damme leaver mar net. Eins hie se in steand nûmer, mar Jelle woe wol tsjin twa tagelyk. Hennie gie dochs leaver mar nei hûs. De oare tolve setten mei in protte moed út ein. 

Heit en soan Castelein wienen eins net oan it damjen ta kommen sa seinen se, mar wy tinke dat se wakker oan it oefenjen west ha. It duorre net iens sa lang dat heit Jan mei in soad leven en kabaal fjouwer fan Tineke Teigeler har skoandere houtsjes fan it boerd sloech. De partij wie doe eins spile. Fansels spinpoate Tineke noch wol wat tsjin, mar der wie foar har gjin salve mear oan te striken. Nei dy partij spilen se noch ferskate potsjes fiif tsjin fiif. Kees Castelein moast it opnimme tsjin Willem Jan. It waard syn earste dampotsje yn it Swettehûs. De beide mannen makken der in moaie pot fan, mar Willem Jan moast syn kennis fan it damjen wol fan hiel djip wer op poetse. Uteinlik moast er yn Kees syn meardere erkenne. No tinke de Strikers, de omsitters, dat dy beide Casteleinen wol deeglik alle jûnen suver achter it boerd sitten ha fan ‘e simmer. Us nije kampioen liet sjen dat er net foar neat de hâlder is fan de heechste titel. Hy hie Willem Schaap by it ear en gyng sa al mei op reis nei syn folgjende kampioensbeker. De tiid sil it leare!

Einútslach 2019 – 2020. Earste klasse: 1 en kampioen Sjoerd Jan Bakker  10 út 13; 2 Willem Schaap 9½ – 15; 3 Bauke Dykstra 9 – 14; 4 Cor Kooistra 8½ – 13; 5 Jelle Wiersma 8 -13; 7 Dicky van der Meer 7 – 12; 8 Ype Boelens 5½ – 14. Twadde klasse: 1 en promovendus Sjoerd Huitema 7 – 12; 2 Hennie de Haan 7 -14; 3 Bauke Bos 7 – 16; 4 Tineke Teigeler 6 -15; 5 Hester Boelens 2½ -8; 6 Kees Castelein 2 – 10; 7 Jan Castelein 1½ – 11; 8 Jan de Jager 0 -1.

Kompetysje moandeitejûn: Ype Boelens – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Caselein 0 – 1; Kees Castelein – Willem Jan Nieuwenhuizen 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 28-9-2020

Mids maart kaam der troch corona mei ien slach in ein it damjier. Ek de Frysk dammers moasten harren behelpe mei online damjen. Lokkich begjinne de klups wer mei de kompetysje en sille der grif wer moaie partijen spile wurde. Lykas de folgjende op in klupjûn fan ‘Nocht&Kriich’ te Aldegea-W. tusken Willem F. Bakker en Marten Walinga.

Bakker wie fiif kear Frysk kampioen wurden en al wat op leeftiid. Wylts de jonge Walinga syn bêste jierren noch komme moasten. De partij waard spile op 28 novimber 1988. Walinga hie wyt.

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-116.41-37 19-24 Wyt giet foar de rún del. 7.34*14 10*19 8.40-34 1-7 Net 8. ..4-10? dan folget de Tytsma-set 9.26-21!!  9.31-27 17-21 10.26*17 11*31 11.37*26 16-21 12.26*17 18*16 13.42-37 4-10 14.37-31 12-17 Oant safier bekinde iepeningstéory.15.44-40 7-12 16.50-44 19-24 17.34*14 10*19 18.39-34 17-21De ôfruil 18.35-30 hie ek kinnen.19.31*11 16*7 20.43-39 7-1120.44-39 is misskien wol better.21.32-27 11-16 Stiet de ôfruil ta. 22.27-21 16*27 23.33-28 27*29 24.34*14 13-19 25.14*23 25-30 26.35*24 20*18 It middenspul begjint mei in lykweardige stân. 27.39-34 9-14 28.34-30 14-20 29.30*10 15*4 30.40-35 12-17 31.48-42 17-21 32.42-37 21-26 33.36*16 6*26 34.44-39 18-22 35.37-31 26*37 36.38*36 22-27 37.49-43 8-12 38.35-30 5-10 39.43-38 10-14 40.45-40 12-17 Nei posysjoneel lavearjen hie swart troch 40. ..14-20 wat better spul krigen. 41.38-32 27*38 42.39*37 14-19 43.37-31 17-22

Wyt nimt de ferkearde kar. Nei 44.46-41  hie it noch spul west. Bygelyks 44. ..22-28 45.41-37 3-9 46.31-26 2-7 47.37-32 28×37 48.36×38 7-11 49.30-25 19-23 50.25-20 19-23 51.20-15 9-13 52.38-32 13-19 53.26-21! 17×26 54.40-34 26-31 55.15-10! 31×35 56.10-5 35-40 57.5×43 mei kamp. No komt wyt oan.44.31-27? 22*31 45.36*27 19-23 46.46-41 3-8 47.41-37 8-12 48.37-32 4-10 49.30-25 10-14 50.40-35 12-17 51.27*7 2*11 52.35-30 11-17 53.30-24 14*34 54.25-20 34-40 55.20-14 40-45 56.14-10 45-50 57.10-4 17-21 Wyt hellet noch al in daam. 58.4-15 21-26 59.32-27 26*28 60.15-42 50-45 61.42-20 28-32Mar jout hjir terjochte op.

De earste problemen fan Hiele Walinga.

Nû.1 sw. 6, 8, 13, 14, 33, 40 wyt 16, 17, 22, 27, 36, 48, 49

Nû.2 sw. 2, 6, 24, 33, 37, 39, 40 wyt 16, 17, 21, 36, 41, 44, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 9-5-2020

De dammers Frysk Spul witte de online spul-sites ek te finen. Op lidraughts wurde der eltse deis ferskate toernooikes ferspile. Faaks mei koarte tinktiid fan trije en somtiden mar ien minút. De dammers mei de nammen Niemand en Guttler setten it der okkerdeis yn fiif minuten knap op. Oan de ein fan de partij gie it mei in pear tellen op de klok noch mis foar Guttler.

1. 32-27 19-24 2. 33-28 18-22 3. 27×18 12×32 4. 38×27 8-12 5. 31-26 2-8 6. 37-31 17×37 7. 47×27 12-17 8. 27-22 17×28 9. 26-21 16×27 10. 31×33 11-16 11. 41-37 7-11 12. 37-31 20-25 13. 33-29 24×33 14. 34×32 8-12 15. 35-30 25×34 16. 44×24 14×34 17. 39×30 12-17 18. 40-35 17-21 19. 42-37 21×41 20. 36×47 9-14 21. 37-31 14-20 22. 30-25 10-14 23. 47-41 13-19 24. 32-28 11-17 25. 41-36 4-10 26. 43-38 19-23 27. 28×19 20×18 28. 49-43 17-21 29. 31×11 1×21 30. 38-32 18-22 31. 32×12 14-20 32. 25×14 15×11 33. 43-38 21-27 34. 35-30 11-17 35. 38-33 17-21 36. 33-28 27×29 37. 30×28 10-14 38. 45-40 14-19 39. 40-35 3-9 40. 48-42 5-10 41. 50-45 10-15 42. 42-37 15-20 43. 37-31 21×41 44. 36×47 16-21 45. 46-41 6-11 46. 41-37 11-16 47. 47-41 21-26!

48. 41-36! 26×46 49. 28-23 46×32 50. 23×3 20-24 51. 3-9 32-46 52. 9-31 24-29 53. 31-42?

53.45-40 hie moatten. Swart kin slaan litte en it hout nei de daam bringe.

53… 29-34?  54. 35×33 16-21 55. 33-29 21-27 56. 42-33 27-31 57. 33-22 31-37 58. 29-23 37-42?? 46-41 hie moatten.

 Wyt wint troch 59. 22-28! 42-48 60. 28-50! 46×5 61. 50×46 5-10 62. 46×5

De einstân fan de ledderwedstriid

1.S.v.Steinvoren, Dronryp, 390 p.;

2.J.Schilstra, Boalsert, 364 p.;

3.J.de Boer, Berkel en Rodenrijs, 357 p.;

4.A.de Schiffart, Wommels, 304 p.;

5.G.Schilstra, Boalsert, 297 p.;

6.G.Tigchelaar, Ysbrechtum, 269 p.;

7.K.Wiersma, Nij Beets, 226 p.;

8.T.Smedinga, It Hearrenfean, 215 p.;

9.P.Looge, Tsjummearum, 116 p.;

10.S.de Boer, Burdaard, 92 p.;

11.A.Zijlstra, Utert, 68 p.;

12.J.Wiersma, Wommels, 68 p.;

13.G.Ykema, De Gaastmar, 52 p.;

14. S.Schilstra, Lollum, 50 p.;

15.F.Wiersma, Easterein, 46 p.;

16.G.Harkema, Snits, 44 p.;

17.P.Sikma, Hartwert, 14 p.;

18.B.Kroon, Blauhús, 12 p.;

19.S.Couperus, Snits, 1o p.;

20.J.Reade, Manchester 8 p.;

In goede simmer tawinske.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 24-4-2020

Twa moanne lyn wie it Fryslân Open te Frjentsjer it lêst ferspile toernooi. Hein de Vries damde him, nei noch in barraazje, by de heechste fjouwer en mocht de grutmasters spylje. Yn it reguliere toernooi koe hy klupgenoat en mearfâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra (wyt) op kamp hâlde. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.35-30 25×34 8.39×10 5×14 9.44-39 7-11 10.50-44 1-7 11.40-35 14-20 12.32-27 17×37 13.41×32 11-17 14.33-28 20-25 Wyt sil wol tebek op de rún slaan. It rint oars. 15.32-27 17×37 16.28-22 12×32 17.38×47 25-30 18.35×24 19×30 lyk om

16. .. 18×27? 17.26×28! 37×26 18.28-22 12×32 19.38×27 26×28 20.35-30 25×34 21.44×24 19×30 22.39-33 28×39 23.43×5 De kombinaasje nei de daam kostet trije houten. Swart soe dy wer ôfnimme mei lyk hout. Yn de earste omloop fan de grutmasters, ferspile yn it planetarium fan Eise Eisinga, wie it oarsom. No hie De Vries mei swart regearjend Frysk kampioen Jelle Wiersma te fiter. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 4-10 8.44-40 7-11 9.32-27 17×37 10.41×32 11-17 11.33-28! 18-22 19-23? Letter 43×23 en 32-28 12.50-44 22×33 13.43×14 10×19 14.49-43 1-7 15.35-30! 19-24 16.34×14 25×34 17.39×10 15×24 18.32-28 moat

18.40-35? 6-11! 19.26×6 24-30! 20.35×24 9-14 21.24×4 13-18 22.4×22 17×50 23.6×17 50×41 24.36×47 Dan de lêste twa problemen foar de ledderwedstriid, fan Hiele Walinga.

Nû.29 sw. 4, 8, 10, 13, 16-18, 20, 36 wyt 29, 33, 35, 38, 39, 41, 42, 45

Nû. 30 sw. 6, 9, 13, 17, 18, 28, 39 wyt 16, 25, 37, 41, 42, 47, 50 Oplossings stjoere foar 6 maaie. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 10-4-2020

‘Bakkers zijn altijd slechte schakers’, sa skreau Godfried Bomans yn 1958. Dat sinde bakker Sake Riemersma fan Frjentsjer net en daagde him út ta in partij. Uteinlik moast de bakker belies jaan. De klandyzje koe de partij folgje op it boerd dat yn de winkel lei en eltse dei waard in set troch belle. Fan novimber ôf hawwe Foeke Tiemensma en Hans Jansen (swart) soks oerdien. En wer wienen de setten te folgjen. No yn de bakkerij fan Siesling. 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 11-17 4.38-32 20-25 5.32-27 14-20 It liket in rêstige iepening. Mar nei 6.42-38? Hellet swart út mei 6. …6-11! 7.26×6 20-24 8.34×23 13×42 9.47×38 25-30 10.40×20 10×30 11.35×24 18-23 12.24×22 17×26 13.36×16 9-14 14.6×17 7×27 6.27-21 16×27 7.31×11 1×21 8.26×17 18×16 9.37-31 19-24 10.34×14 10×19 11.39-34 19-24 12.34×14 4×24 Wyt kriget de wat bettere posysje. 13.31-27 13-19 14.42-38 12-17 15.47-42 Stiet de ôfruil ta, is 38-33 better? 15…17×39 16.43×23 25-30 17.35×24 20×18 18.42-37 18-22 19.37-31 16-21 20.31×11 7×16 21.40-34 9-14 22.34-30 14-20 23.30×10 15×4 24.41-37 22-27 25.37×17 16×18 En sa giet it al op it einspul ta. 26.49-43 8-12 27.48-42 12-17 28.42-37 5-10 29.37-31 10-14 30.45-40 14-19 31.40-34 17-21 32.31×11 6×17 Swart beset no it sintrum, beskiedend foar de partij. 33.36-31 19-23 34.44-40 23-28 35.40-35 3-8 36.50-44 8-12 37.34-29 28×30 38.35×24 17-22 39.44-39 18-23 40.24-20 22-28 Mear en mear komt swart yn ‘e knipe. 41.20-15 12-18 42.46-41 2-8 Der folget in blyn slachje.

43.43-38 28×48 44.39-33 48×26 45.33×2 26-3 46.2-7 3-12 47.7-1 4-9 48.41-37 12-8 48.15-10? 12-18 49.1×45 8-2 50.10×8 2×46 en kamp. 49.1×45 8-13 50.45-34 13-19 51.37-31 9-13 52.34-45 Swart spinpoatet noch wat, mar ferliest. 19-46 53.31-26 46×6 54.15-10 6-1 55.45-50 13-18 56.10-5 1-6 57.5-28 6×33 Nû.25 sw. 1, 3, 7-10, 14, 19, 36 wyt 16, 25, 30, 33, 34, 41, 43, 49 Nû.26 sw. 6, 8-10, 15, 18, 35, 36 wyt 24, 29, 33, 39, 41, 43, 49 En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû. 27 sw. 6, 18, 19, 25, 29, 30 wyt 16, 31, 37, 44, 47, 48

Nû. 28 sw. 6, 13-15, 18, 20, 24, 36 wyt 11, 21, 29, 33, 39, 47-49 Oplossings stjoere foar 24 april. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 27-3-2020

Hiel bysûnder by it Fryslân Open te Frjentsjer wienen de prestaasjes fan Konstantin Nord. De jonge Wyt-Rus is noch gjin jier lyn mei it Frysk damjen yn de kunde kaam. Te Minsk hat er in toernooi FRYSK! (einspul) wûn en fierder hat er op www.lidraughts.org in protte traind. Yn de einsútslach kaam hy op in dield fjirde plak en mistte krekt in finaleplak by de grutmasters. Daalk al yn de earste omloop trof Nord 18-fâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra (wyt). Dit wie syn earste partij yn it ‘grutte spul’ en Nord liet sjen dat er gjin foarsichtige dammer is. Boppedat wit hy hiel goed mei tiidsdruk om te gean. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 7-12 Nord is thús yn de iepeningstéory. 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16 11.42-37 19-24 12.34×14 10×19 13.35-30 25×34 14.39×10 5×14 It middenspul begjint yn in lykweardige stân. 15.40-35 12-17 16.33-29 19×39 17.38×40 13-19 18.40-34 7-11 19.37-31 17-22 20.32×12 11×13 21. 44-40 2-7 De spilers falle oan op elkoars lange hoeke 22. 43-38 7-12 23. 49-44 12-17 24. 31-26 15-20 25. 34-30 17-21 26. 30×10 14×5 27. 26×17 16×18 28. 38-32 5-10 29. 32-27 10-14 30. 40-34 8-12 31. 44-40 12-17 32. 27×7 6×8 De swarte hoeke wurdt no wol keal. 33. 36-31 18-22 Wyt kin ek skiif 48 nei de linkerkant bringe. 34. 31-26 8-12 35. 34-30 12-17 36. 40-34 19-23 37. 30-25 23-28 38. 34-30 17-21 39. 26×17 22×11 It swarte sintrum is omklamme. Troch de ôfruil komt de skiif op fjild 28 faai te stean. 40. 48-42 14-19 41. 42-37 13-18 42. 25-20 19-23 43. 20-15 18-22 Kooistra ferbarget in winnende stân. Earst 44.45-40 en dan pas 30-25

44. 30-25 9-14 45. 15×33 28×39 Nei 46.45-40 39-43 47.50-44 43×34 48.35×33 hat wyt wer spul. 46. 25-20 39-43 47. 20-15 11-16 48. 37-31 43-48 Wyt kriget no ek in daam. Swart hie 3-9 strike moatten. 49. 15-10 48×26 50. 10-5 26-17 Nei 50. …3-9 is wyt de daam wer kwyt. 51. 5-41 17-6 52. 35-30 22-27

53.45-40 (driget 50-44 en 30-25) en op 6-1 folget 41-5 en 30-25. Swart moat in hout weijaan. 53. 30-25 6-1 54. 41-19 It ienige plak foar de daam. 54. …27-31 55. 19-35 1-6 37-31 wie better. Wat moat wyt? Mei de daam strike is foar de tredde kear en der driget ek 31-36 as 37. 56. 25-20 6-33 57. 35×32 31×33

Der is foar wyt noch kamp mooglik troch 58.45-40 3-9 59.40-34 33×35 60.46-41 16-21 61.41-37 (as 58.16-21 59.46-41 21-27?? om 40-34, 41-37 en 50-45 wint, dus 59. …3-9 60.40-34 33×35 61.41-37) 9-13 62.50-45 21-26 63.45×25 4-10! 64.37-32 10×30 65.25×34 26-31 66.32-27! 31×22 (32-28 ferliest) en wyt hat krekt genôch tempo foar in daam. En kin de swarte skiif yn de ‘fûke-fangstelling’ krije. Kooistra nimt in oare kar en sil de partij ferlieze. 58. 46-41 3-9 58. …33-39 59.45-40 39-43 60.20-14 4×24 61.40-34 24×44 62.50×48 is kamp 59. 41-37? 33-39 No is der gjin kâns mear foar wyt. Mar nei 59.50-44 16-21 60.41-37 33-38 as 60.44-39 33×44 61.45×43 21-27 wint swart ek. Lykas nei 59.45-40 33-38 60.150-44 16-21 61.40-35 38-42 Op 61. …44-39 folget 4-10 60. 37-31 9-14 61. 20×9 4×13 62. 45-40 39-43 63. 40-34 13-18 64. 34-30 18-22 65. 30-24 43-48 en wyt jout op. Twa nije problemen fan Hiele Walinga.

Nû.25 sw. 1, 3, 7-10, 14, 19, 36 wyt 16, 25, 30, 33, 34, 41, 43, 49

Nû.26 sw. 6, 8-10, 15, 18, 35, 36 wyt 24, 29, 33, 39, 41, 43, 49 Oplossings noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Fluchdamjen giet net troch

Y.f.m. it Corona-firys en alles wat dêr mei gearhinget giet it fluchdamjen yn it Joo te Aldegea kommende freed 20 maart net troch.

Mooglik komt der noch wat foar yn it plak: in sneldamtoernoai op Lidraughts (dus fia ynternet), mar dat hearre jimme dan noch wol.

doorfriesdammen

Foeke Tiemensma wint Sûkerbôle fan 1,5 meter yn de Bakkerij Siesling-Tresoar-Partij

Op 4 novimber 2019 sette in histoaryske partij Frysk damjen út ein: de Bakkerij Siesling-Tresoar-Partij, tusken útdager Foeke Tiemensma te Frjentsjer en Hans Jansen, mearfâldich Nederlânsk kampioen damjen te Amsterdam. Bakker Bernard Siesling, ambassadeur fan it Frysk damjen te Frjentsjer, wie ree om foar de twadde kear yn ’e skiednis in bakkerswinkel ta tinksportarena om te tsjoenen. Alle dagen (allinnich sneins net) om 5 oere hinne waard der in set útfierd by de bakker. De partij wie ek te folgjen op Tresoar op in grut demonstraasjeboerd, en fansels op ynternet op ’e webside Toernooibase. Nei de 42ste set die Foeke Tiemensma in kombinaasje dy’t beide spilers op ’e daam brocht. Tiemensma hie dat goed trochrekkene, want it joech in einspul dat wûn wie foar hm mei twa  wolven tsjin in daam en in wolf. Nei 57 setten (114 dagen) hie Foeke Tiemensma it spul wûn.

Op it Fryslân Open 2020 krige Foeke Tiemensma in Fryske sûkerbôle fan oardel meter as priis oerlange fan bakker Bernard Siesling. De sûkerbôle wie spesjaal foar dizze gelegenheid bakt en waard nei ôfrin oansnien en omparte. De sûkerbôle foel der wakker yn by de dielnimmers út sân ferskillende lannen.

De bakkerij as tinskportarena hat in lange en bysûndere foarskiednis: yn novimber 1958 dage de Frjentsjerter bakker Sake Riemersma de Nederlânske skriuwer szaak als denksportarena heeft een lange en bijzondere geschiedenis: in november 1958 daagde de Franeker bakker Sake Riemersma de Nederlandsche schrijver Godfried Bomans út foar in partij skaak. Bomans hie nammentlik skreaun: ‘Bakkers zijn […] altijd slechte schakers.’ Bakker Riemersma liet dat net op him sitte. Der kaam in skaakboerd yn ’e winkel, en alle dagen waard der in set tillefoanysk trochjûn. Yn maart 1959 moast Riemersma lykwols opjaan.

Dy histoaryske partij waard lêsten op ’en nij omtinken foar frege by in lêzing op Tresoar. Doe waard ek besletten om in Nederlânske tinksporter út te daagjen om in partij ‘by de bakker’ te spyljen, mar dan fansels gjin skaakpartij, mar in partij Frysk damjen.

Frysk damjen is de oarspronklike fariant fan ’e damsport op in boerd mei 100 fjilden. It eigene fan it supl is de mooglikheid om net allinnich skean (‘oerhoeks’) mar ek rjocht (horizontaal en fertikaal; ‘oer alles’) te slaan. Dat jout in tige lytse remizemarzje. De lêste tsien jier wurdt it Frysk Damjen op ’en nij ynternasjonaal beoefene. It jierlikse toernoai Fryslân Open te Frjentsjer spilet dêr in sintrale rol by. Yn 2018 waard der foar it earst in wrâldkampioenskip Frysk Damjen spile te Ljouwert. Yn 2020 wie it Fryslân Open it kandidatetoernoai. De winner, Folkert Groenveld út De Jutryp, mei no sittend wrâldkampioen Marten Walinga útdaagje.

Fan lofts nei rjocht: Hans Jansen, Foeke Tiemensma, bakker Bernard Siesling en Alex, soan fan bakker Sake Riemersma. (foto WFD / Marten Walinga)

(Tekstberjocht: Liuwe Westra)

doorfriesdammen

Rubryk 13-3-2020

Okkerwyks waard te Frjentsjer it Fryslân Open ferspile. Nei acht omlopen kamen de matsjadoaren Jelle Wiersma (Frysk kampioen) en de Alexander Georgiev (wrâldkampioen hoeks damjen) boppe driuwen. Sy waarden yn de grutmaster-finale beselskippe troch Folkert Groenveld en Hein de Vries, dy’t yn in barraazje earst noch winne soe fan Rein Jan Walinga. En de tige ferrassende Wyt-Rus Konstantin Nord. Freedtejûn gie it fierder op in wol hiel bysûndere lokaasje: it planetarium fan Eise Eisinga.
De Vries hie mei in moaie kombinaasje Wiersma by it ear en Groenveld ferbarge yn tiidneed in winnende stân.

Swart kin gjin daam strike om de plakker 27-22. 57. …12-18 58.45-40 43-49 59.27-22 49×35 60.22×22 wint wyt mei twa houten foar. 58.47-41? 43-49

Lykswols kaam Groenveld sterk werom mei winstpartijen op De Vries en Wiersma. En like it Open te winnen doe’t De Vries en Georgiev kamp helje soenen. Dochs pakte de Rus noch de winst. Mei in barraazje fan gefolch. Hjiryn stie Groenveld op de dea.

Mei de klok op fallen, wint wyt troch 51.23-19 20×18 52.2-16 26×6 53.46×8. Der folge 51.23-18 20-25 52.18-12? 25-30! 53.2×35 27-32 54.35×31 26×39 en ek noch kamp. De twadde barraazje brocht dan de beslissing. Georgiev kaam der minder op te stean en no pakte Groenveld wol troch.

41.30-24 1-7 42.40-34 27-31 (in needset) 43.36×27 26×28 44.34-30 28-32 45.47-42 4-9 46.42×22 21×23 47.24×22 9-14 48.41-37 16-21 49.22-18 21-27 50.37×17 7×27 51.46-41 (swart net oer fjild 37 komme litte) 51. ..14-20 (oars folget 30-24) 52.30×10 15×4 53.18-12 54.12-7 32-38 55.7-1 38-43 56.1-40 en de fang foar de daam stiet klear. Dit jier sil Groenveld de regearjend kampioen Marten Walinga yn in match fan âlve partijen útdaagje om de wrâldtitel.

Nû.21 sw. 1, 3, 5, 10, 14, 19, 39
wyt 12, 28, 30, 32, 33, 35, 44, 47

Nû.22 sw. 3, 7, 9, 14, 16, 17, 20, 26
wyt 28, 29, 33, 35, 36, 38, 39, 49

En twa nijen fan Willem F. Bakker.

Nû. 23 sw. 4, 7, 10, 22, 23, 27
wyt 16, 20, 36, 38, 40, 47

Nû. 24 sw. 4, 7, 8, 11, 15, 16, 26
wyt 18, 23, 31, 34, 37, 43, 45, 47

Oplossings stjoere foar 27 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com