Sa as it no liket sil der fan echte dammerijen net folle komme en moatte de Frysk dammers harren behelpe mei online toernooien fia lidraughts.org. Lokkich kin der by guon klups de kompetysje wer opstart wurden. En mei ek ûnder de nijste corona-maatregels yn de eigen rûmte trochspile wurde. Twa wike lyn setten Folkert Groenveld en Siebe Walinga (swart) op de earste damjûn fan Nocht&Kriich, Aldegea-SWF ek wer útein. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 16-21 5.26*17 12*41 6.46*37 11-16 7.33-28 7-12 8.34-30 25*34 9.39*30 1-7 Net 9 . ..20-25 om 10.28-23 etc. 10.44-39 18-22 11.28*17 7*27 12.32*21 16*27 13.37*17 12*21 14.42-37 21-27 14.30-25 jout swart de kâns ta in oanfal. 15.37*17 19-24 16.30*19 20*16 17.36-31 15-20 Is 17. …16-21 net better? 18.40-34 10-15 19.34-30 20*40 20.45*34 13-19 21.34-30 9-13 22.39-34 8-12 23.31-27 12-17 24.27*7 6*8 25.30-25 8-12 driget 19-24 26.50-44 19-24 27.34*14 4*24 28.25*23 13*42 29.43*41 12-17 30.35-30 3-9 It einspul begjint mei in lykweardige stân. 31.30-24 9-14 32.24*4 5*3 33.44-40 3-9 34.40-35 9-14 35.35-30 17-21 36.49-44 14-20 37.30*10 15*4 38.44-40 21-27
De wytspiler sinde op 39.40-34 en dan ferliest 39. …16-21 40.41-37 21-26 41.37×17 2-7 42.17-11 2×11 en skiif op fjild 34 rint nei de daam 39. …21-27 40.41×21 16×27 41.34-29 en swart sil oankomme 39. …2-7 40.48-42 4-10 41.34-30 10-14 42.41-37 14-19 43.37×17 16×18 mei foardiel foar wyt 39. …4-9 40.41-37 9-14 41.37×17 16×18 42.47-41 34-30 mei lykwicht 39.41-37 4-10 40.37*17 16*18 41.40-34 10-14 42.34-30 18-22 43.47-42 22-27 44.42-38 27-31 45.38-32 31*33 46.48-43 2-8 47.43*23 8-12 48.30-25 12-17 Beide spilers ha gjin flaters makke en dan wurdt it kamp. Oplossingen problemen Nû.1 1.22-18 2.48-43 3.43×3 Nû.2 1. 41-37 2.37×39 3.17-12 Nû.3 1.36-31 2.27-22 3.34-29 4.29-23 5.49-43 6.40-34 Nû.4 1.50-44 2.48-42 3.44-29 4.36-31 5.42-37 En twa nijen fan Hiele Walinga, oplossingen noch net stjoere.
Nû.5 sw. 3, 6, 7, 9, 12-14, 19, 30 wyt 15, 16, 28, 29, 37-39, 41
Nû.6 sw. 3, 8, 13, 16, 17, 19, 20, 23, 29 wyt 31, 32, 35, 36, 38-41, 48, 50 Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
Yn de twa eardere kompetysjejûnen fan dit seizoen waard der net ien kear kamp spile. Ofrûne moandeitejûn einigen mar leafst trije potsjes yn remize. Gewoanwei is it ris ien of heechút twa, mar no dus trije. Dat is in tige hege skoare foar it Frysk spul.
De earsten dy’t kamp makken wienen Tineke Teigeler en Ype Boelens. Hoe’t dat krekt yn syn wurk gong wit de skriuwer net en dat komt omdat mei de nije regels oangeande de koroana men omtrint in kilometer útelkoar sit. Dan ûntgiet jin it hoe en wat fan sa’n partij. Beide wienen it der blykber tige mei-iens want beide gyngen se mei sneltreinfaart rjochting it smokersplak om in feestsigret op te stekken. Letter wienen se wer ûnder de dammers om noch in potsje fiif tsjin fiif te spyljen.
De oare kampspilers dienen der hiel wat langer oer. Beide partijen wienen noch foar tsienen út. Moai op tiid dus yn dizze koroana-tiid. Sjoerd Huitema mei wyt naam it op tsjin Jelle Wiersma. De earste is debutant yn de heechste groep en hy ferlear de beide oare jûnen, mar no jûch er geweldich partij. De ein fan it spul liet in hiel soad farianten sjen, mar dan komt it op it rekkenjen oan om de goeie te kiezen. Dat dienen se beide en Jelle liet nei de tiid noch wat oare farianten sjen, dy’t foar Sjoerd funest ôrinne soenen. Dat barde dus net en Sjoerd hie syn earste heale punt binnen en eins in punt mei in haadletter. Dat om’t er tsjin de mearfâldich kampioen fan Fryslân remisearre.
It tredde spul dat gjin winner oplevere wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Dykstra. Allebeide âld Hartwerters en beide berne ûnder it dak dat fjouwer wenningen oerkape. Dat seit fansels wol wat. Kooistra mei wyt. Dy begûn op in manier dy’t Bauke net ferwachte hie en dêrom frege er: “Hast in nije set útdoktere?” Dat wie neffens Cor net it gefal, want sa sei er: “Eartiids iepene ik it sa wol faker” De partij ferrûn frij gelykmmjittich. Uteinlik wie it yn de einfaze noch in hiel moai stantsje. Kooistra miende dat er it winne soe en sa skode er frij hastich troch. Dat kaam dochs wat oars en de partij wie sa kamp as wat. Beide mannen gyngen mei in tefreden gefoel nei hûs. Mar oan dit ferhaal hinget noch wol in sturtsje, sa as de skriuwer in dei letter hearde. Kooistra fertelde oan in tredde persoan it folgjende: “Ik kaam justerjûn thús en fertelde de frou dat ik kamp spile hie tsjin Bauke Dykstra en dat ik tige wiis wie mei dat heale puntsje, omdat Bauke in sterke dammer is en in teorykenner by útstek. De frou jûch har del en ik seach noch efkes nei de einstân. Ja dat wie kamp. Noch even it nijs troch blêdzje op de i-pad en dêrnei ûnder de tekkens. Nei in pear oerkes skrok ik wekker troch de gedachte dat ik de partij ferskiten hie. Ik wist op dat stuit seker dat ik altiten winne moatten hie. Ik nei ûnderen. It damboerd op tafed. It wie hast healwei trijen. De houtsjes der op en ja hear it kloppe as in seare finger. It hie altiten út west, mar troch myn hastichheid ha ik in heale punt ferskiten”
Utslaggen: Jan Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma ½ – ½; Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ – ½.
(Tekst: C. Kooistra)
Yn dizze rubryk jitris omtinken foar in partij út it lêste toernooi foar de corona. Rein Jan Walinga fan Aldegea-SWF behelle nei acht omlopen in kreas fjirde plak by it Fryslân Open te Frjentsjer. Dat wie lyk mei de jonge Wyt-Rus Konstantin Nord en Hein de Vries. Yn harren ûnderlinge treffen yn de seidsde omloop op 5 maart waard it in lykspul. Walinga hie de swarte skiven. 1.32-27 19-23 2.27-21 17×26 3.31-27 26×28 4.33×24 20×29 5.39×17 12×21 6.34-30 14-20 7.37-31 7-12 8.44-39 1-7 9.50-44 9-14 Yn de symmetryske stân is swart oan set. 10.42-37 20-25 11.31-26 25×34 12.26×17 16×18 13.35×33 14-20 14.37-31 20-25 15.31-26 11-16 Dan ferbrekt wyt de symmetry. 16.41-37 7-11 Nei 16. ..25-30 17.40×20 30×10 stiet wyt foarearst fêst oan de rjochterkant.17.40-35 11-17 18.37-31 4-9 19.44-40 10-14 20.40-34 14-20 driget 17-2121.47-42 20-24 22.34×14 9×20 23.35-30 25×32 24.38×9 3×14 25.31-27 12-17 25.39-34 liket better. 26.27×7 2×11 27.42-37 13-19 28.37-31 16-21 29.26×17 18×16 30.39-34 11-17 Swart hat wer in deeglike stân opboud.31.34-29 19×39 32.43×34 20-24 33.31-27 17×37 34.36×38 24×44 35.49×40 15-20 36.40-35 5-10 37.38-33 10-15 38.35-30? 20×40 39.45×34 15-20 37.48-42 is better. Swart kin no oanfalle 40.33-29 6-11 41.48-42 11-17 42.42-37 17-22 43.37-31 22-28 44.29×27 20-24 45.34-30 24×35
It is analitysk wûn foar swart. Bygelyks 46.31-26 16×36 47.46×26 35-40 48.27-22 40-44 49.22-18 44-50 50.18-12 50-11 as 46.27-22 35-40 22-18 40-44 48.18-12 44-50 49.31-26 16×36 50.46×26 50-1146.46-41 35-40 47.41-36 40-44 48.31-26 44-49? 49.26×6 49×46 50.6-1En hiir waard kamp jûn. Wyt kin de swarte skiif ‘stjêre litte yn de hoeke’. Al komt soks noch wol krekt. Lykswols wint swart nei 48. …16-21! 49.26×17 44-49 50.27-22 49-40 51.36-31 19-23 52.31-27 19-23 52.22×24 44×31 etc.
Nû.1 sw. 6, 8, 13, 14, 33, 40 wyt 16, 17, 22, 27, 36, 48, 49 Nû.2 sw. 2, 6, 24, 29, 32, 34, 35 wyt 16, 17, 21, 36, 41, 44, 49 en twa nijen fan Willem F.Bakker
Nû.3 sw. 6-9, 11, 13, 15, 16, 18, 20 wyt 26, 27, 32, 34-36, 40, 47, 49
Nû.4 sw. 3, 7, 9, 10, 17, 30 wyt 19, 29, 36, 47, 48, 50
Oplossingen stjoere foar 23 oktober.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Boppesteande útspraak waard dien troch ien fan de Stadige Strikers. Hy krige te meitsjen mei de teory fan in partij dy’t er ferline jier ek spile hie. Sterker noch dy partij spile er tsjin deselde tsjinstanner as moandeitejûn. Hy begûn wol goed, mar doe nei in oantal streken wist er it net rjucht mear. Syn tsjinstanner wist it noch wol! Wy hawwe it hjir oer Sjoerd Huitema,dy’t it net mear wist en Dicky van der Meer. No is it net sa frjemd dat yn it begjin fan it seizoen men sizze heart: Ik wist it net mear.
Der binne fan dy dammers, dy’t nei sa’n simmer efter it boerd sitten geane en alle setten en streken noch likegoed witte as in healjier lyn. Sokken kinne jo nachts wekker meitsje en se rattelje samar de iene teory nei de oare derút. De measte oaren moatte der alle jierren wer wat ynkomme. Dan sjogge se thús earst nochris de setten even nei. Of se spylje wat partijen nei. No is it hjoed-de-dei fansels ek tige de gewoante om de hiele simmer op ynternet troch te damjen en dan hoege jo der net mear yn te kommen. Sokken binne altiten paraat en kapabel. Ien dy’t de simmer net trochbringt efter it boerd of it damskermke moat der earst wer wat ynkomme.
Dat Dicky van der Meer de partij wûn, wie nei it ôfwiken fan de teory troch Huitema, net botte ferwûnderlik. Wol ferwûnderlik wie dat Willem Jan Nieuwenhuizen hiel sterk siet te damjen. It is al in moaie hoart lyn, dat er it lêste potsje skode. Hy moast it opnimme tsjin Ype Boelens, dy’t ferline wike it net oprêde koe om Bauke Bos te ferslaan. Fan Ype dy’t út de heechste klasse weikukele is, waard ferwachte dat er op slofkes kampioen fan de twadde klasse wurde soe. Ien ferliespartij kin noch hinne bruie, mar moandei moast er eins al winne. No dat gie net sa mar, sterker noch tsjin weryntreder Willem Jan kaam er yn it middenspul in houtsje efter en doe die al gau bliken dat it wolris swier kealje koe om der noch in winnend resultaat út te heljen. Willem Jan wie op syniepenst want sa sei er: “Ferline wike die ik in streek en doe’t ik dy strutsen hie, tocht ik: ferdoarje dy kin ommers net. Dat woe my hjoed net wer oerkomme!” Men kin wol begripe dat hy skerp siet te tinken en hy jûch dan ek gjin krimp en wûn it spul.
Wûnen de heit en soan Castelein ferline wike beide, no setten se beide mei in dikke nul nei hûs. Tineke pakte yn de twastriid tusken de froulju de punt fan Hennie en Willem Schaap ferlear ek syn twadde partij. Oer alle spullen is noch in hiel ferhaal oan op te hingjen, mar de lêzers moatte it fierders mar mei de útslaggen dwaan.
Utslaggen: Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Ype Boelens – Willem Jan Nieuwenhuizen 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
It is wat yn ús wrâldsje mei al dy koroana ynfeksjes. Fansels gie it dêr ferline wike op de earste jûn fan de Stadige Strikers ek oer. De Strikers sille de maatregels sa’t dy der steld binne fansels yn acht nimme. Dat kin net oars. Op dy earste jûn ha de Strikers ek de einútslach fan de kompetysje fierd troch de priiswinners te huldigjen en harren de prizen te oerhannichjen. It bestjoer wie fan betinken dat de stân sa as dy by it ferplicht stopjen fan de kompetysje wie, as einstân te beskôgjen. De nije kampioen waard good old Sjoerd Jan Bakker. Like lang lid as dat de klup bestiet. Fierders hoopje de Strikers fansels dat se de kommende tiid negatyf bliuwe sille, mar dat se fierders in posityf damskoft te mjitte gean sille.
Moandeitejûn 28 septimber wie de twadde jûn. Der waard fuortendaliks damme fansels. Wol op oardel meter ôfstân fan elkoar. Sels de kofje of tee ophelje en mear fan dizze regels wêr’t men wat oan wenne moat, mar wat fierders ek gjin swierrichheden jout. Elkenien ferheuge him of har derop om wer te skowen. Foar Hennie de Haan gie dat noch net troch. Us weromkommer nei safolle jier, Willem Jan Nieuwenhuizen, mocht de nûmers sizze foar de earste rûnte en doe waard Hennie keppele oan Jelle Wiersma. Hennie waard suver wat bleek om ‘e noas en se damme leaver mar net. Eins hie se in steand nûmer, mar Jelle woe wol tsjin twa tagelyk. Hennie gie dochs leaver mar nei hûs. De oare tolve setten mei in protte moed út ein.
Heit en soan Castelein wienen eins net oan it damjen ta kommen sa seinen se, mar wy tinke dat se wakker oan it oefenjen west ha. It duorre net iens sa lang dat heit Jan mei in soad leven en kabaal fjouwer fan Tineke Teigeler har skoandere houtsjes fan it boerd sloech. De partij wie doe eins spile. Fansels spinpoate Tineke noch wol wat tsjin, mar der wie foar har gjin salve mear oan te striken. Nei dy partij spilen se noch ferskate potsjes fiif tsjin fiif. Kees Castelein moast it opnimme tsjin Willem Jan. It waard syn earste dampotsje yn it Swettehûs. De beide mannen makken der in moaie pot fan, mar Willem Jan moast syn kennis fan it damjen wol fan hiel djip wer op poetse. Uteinlik moast er yn Kees syn meardere erkenne. No tinke de Strikers, de omsitters, dat dy beide Casteleinen wol deeglik alle jûnen suver achter it boerd sitten ha fan ‘e simmer. Us nije kampioen liet sjen dat er net foar neat de hâlder is fan de heechste titel. Hy hie Willem Schaap by it ear en gyng sa al mei op reis nei syn folgjende kampioensbeker. De tiid sil it leare!
Einútslach 2019 – 2020. Earste klasse: 1 en kampioen Sjoerd Jan Bakker 10 út 13; 2 Willem Schaap 9½ – 15; 3 Bauke Dykstra 9 – 14; 4 Cor Kooistra 8½ – 13; 5 Jelle Wiersma 8 -13; 7 Dicky van der Meer 7 – 12; 8 Ype Boelens 5½ – 14. Twadde klasse: 1 en promovendus Sjoerd Huitema 7 – 12; 2 Hennie de Haan 7 -14; 3 Bauke Bos 7 – 16; 4 Tineke Teigeler 6 -15; 5 Hester Boelens 2½ -8; 6 Kees Castelein 2 – 10; 7 Jan Castelein 1½ – 11; 8 Jan de Jager 0 -1.
Kompetysje moandeitejûn: Ype Boelens – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Caselein 0 – 1; Kees Castelein – Willem Jan Nieuwenhuizen 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Mids maart kaam der troch corona mei ien slach in ein it damjier. Ek de Frysk dammers moasten harren behelpe mei online damjen. Lokkich begjinne de klups wer mei de kompetysje en sille der grif wer moaie partijen spile wurde. Lykas de folgjende op in klupjûn fan ‘Nocht&Kriich’ te Aldegea-W. tusken Willem F. Bakker en Marten Walinga.
Bakker wie fiif kear Frysk kampioen wurden en al wat op leeftiid. Wylts de jonge Walinga syn bêste jierren noch komme moasten. De partij waard spile op 28 novimber 1988. Walinga hie wyt.
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-116.41-37 19-24 Wyt giet foar de rún del. 7.34*14 10*19 8.40-34 1-7 Net 8. ..4-10? dan folget de Tytsma-set 9.26-21!! 9.31-27 17-21 10.26*17 11*31 11.37*26 16-21 12.26*17 18*16 13.42-37 4-10 14.37-31 12-17 Oant safier bekinde iepeningstéory.15.44-40 7-12 16.50-44 19-24 17.34*14 10*19 18.39-34 17-21De ôfruil 18.35-30 hie ek kinnen.19.31*11 16*7 20.43-39 7-1120.44-39 is misskien wol better.21.32-27 11-16 Stiet de ôfruil ta. 22.27-21 16*27 23.33-28 27*29 24.34*14 13-19 25.14*23 25-30 26.35*24 20*18 It middenspul begjint mei in lykweardige stân. 27.39-34 9-14 28.34-30 14-20 29.30*10 15*4 30.40-35 12-17 31.48-42 17-21 32.42-37 21-26 33.36*16 6*26 34.44-39 18-22 35.37-31 26*37 36.38*36 22-27 37.49-43 8-12 38.35-30 5-10 39.43-38 10-14 40.45-40 12-17 Nei posysjoneel lavearjen hie swart troch 40. ..14-20 wat better spul krigen. 41.38-32 27*38 42.39*37 14-19 43.37-31 17-22
Wyt nimt de ferkearde kar. Nei 44.46-41 hie it noch spul west. Bygelyks 44. ..22-28 45.41-37 3-9 46.31-26 2-7 47.37-32 28×37 48.36×38 7-11 49.30-25 19-23 50.25-20 19-23 51.20-15 9-13 52.38-32 13-19 53.26-21! 17×26 54.40-34 26-31 55.15-10! 31×35 56.10-5 35-40 57.5×43 mei kamp. No komt wyt oan.44.31-27? 22*31 45.36*27 19-23 46.46-41 3-8 47.41-37 8-12 48.37-32 4-10 49.30-25 10-14 50.40-35 12-17 51.27*7 2*11 52.35-30 11-17 53.30-24 14*34 54.25-20 34-40 55.20-14 40-45 56.14-10 45-50 57.10-4 17-21 Wyt hellet noch al in daam. 58.4-15 21-26 59.32-27 26*28 60.15-42 50-45 61.42-20 28-32Mar jout hjir terjochte op.
De earste problemen fan Hiele Walinga.
Nû.1 sw. 6, 8, 13, 14, 33, 40 wyt 16, 17, 22, 27, 36, 48, 49
Nû.2 sw. 2, 6, 24, 33, 37, 39, 40 wyt 16, 17, 21, 36, 41, 44, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De dammers Frysk Spul witte de online spul-sites ek te finen. Op lidraughts wurde der eltse deis ferskate toernooikes ferspile. Faaks mei koarte tinktiid fan trije en somtiden mar ien minút. De dammers mei de nammen Niemand en Guttler setten it der okkerdeis yn fiif minuten knap op. Oan de ein fan de partij gie it mei in pear tellen op de klok noch mis foar Guttler.
1. 32-27 19-24 2. 33-28 18-22 3. 27×18 12×32 4. 38×27 8-12 5. 31-26 2-8 6. 37-31 17×37 7. 47×27 12-17 8. 27-22 17×28 9. 26-21 16×27 10. 31×33 11-16 11. 41-37 7-11 12. 37-31 20-25 13. 33-29 24×33 14. 34×32 8-12 15. 35-30 25×34 16. 44×24 14×34 17. 39×30 12-17 18. 40-35 17-21 19. 42-37 21×41 20. 36×47 9-14 21. 37-31 14-20 22. 30-25 10-14 23. 47-41 13-19 24. 32-28 11-17 25. 41-36 4-10 26. 43-38 19-23 27. 28×19 20×18 28. 49-43 17-21 29. 31×11 1×21 30. 38-32 18-22 31. 32×12 14-20 32. 25×14 15×11 33. 43-38 21-27 34. 35-30 11-17 35. 38-33 17-21 36. 33-28 27×29 37. 30×28 10-14 38. 45-40 14-19 39. 40-35 3-9 40. 48-42 5-10 41. 50-45 10-15 42. 42-37 15-20 43. 37-31 21×41 44. 36×47 16-21 45. 46-41 6-11 46. 41-37 11-16 47. 47-41 21-26!
48. 41-36! 26×46 49. 28-23 46×32 50. 23×3 20-24 51. 3-9 32-46 52. 9-31 24-29 53. 31-42?
53.45-40 hie moatten. Swart kin slaan litte en it hout nei de daam bringe.
53… 29-34? 54. 35×33 16-21 55. 33-29 21-27 56. 42-33 27-31 57. 33-22 31-37 58. 29-23 37-42?? 46-41 hie moatten.
Wyt wint troch 59. 22-28! 42-48 60. 28-50! 46×5 61. 50×46 5-10 62. 46×5
De einstân fan de ledderwedstriid
1.S.v.Steinvoren, Dronryp, 390 p.;
2.J.Schilstra, Boalsert, 364 p.;
3.J.de Boer, Berkel en Rodenrijs, 357 p.;
4.A.de Schiffart, Wommels, 304 p.;
5.G.Schilstra, Boalsert, 297 p.;
6.G.Tigchelaar, Ysbrechtum, 269 p.;
7.K.Wiersma, Nij Beets, 226 p.;
8.T.Smedinga, It Hearrenfean, 215 p.;
9.P.Looge, Tsjummearum, 116 p.;
10.S.de Boer, Burdaard, 92 p.;
11.A.Zijlstra, Utert, 68 p.;
12.J.Wiersma, Wommels, 68 p.;
13.G.Ykema, De Gaastmar, 52 p.;
14. S.Schilstra, Lollum, 50 p.;
15.F.Wiersma, Easterein, 46 p.;
16.G.Harkema, Snits, 44 p.;
17.P.Sikma, Hartwert, 14 p.;
18.B.Kroon, Blauhús, 12 p.;
19.S.Couperus, Snits, 1o p.;
20.J.Reade, Manchester 8 p.;
In goede simmer tawinske.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Twa moanne lyn wie it Fryslân Open te Frjentsjer it lêst ferspile toernooi. Hein de Vries damde him, nei noch in barraazje, by de heechste fjouwer en mocht de grutmasters spylje. Yn it reguliere toernooi koe hy klupgenoat en mearfâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra (wyt) op kamp hâlde. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.35-30 25×34 8.39×10 5×14 9.44-39 7-11 10.50-44 1-7 11.40-35 14-20 12.32-27 17×37 13.41×32 11-17 14.33-28 20-25 Wyt sil wol tebek op de rún slaan. It rint oars. 15.32-27 17×37 16.28-22 12×32 17.38×47 25-30 18.35×24 19×30 lyk om
16. .. 18×27? 17.26×28! 37×26 18.28-22 12×32 19.38×27 26×28 20.35-30 25×34 21.44×24 19×30 22.39-33 28×39 23.43×5 De kombinaasje nei de daam kostet trije houten. Swart soe dy wer ôfnimme mei lyk hout. Yn de earste omloop fan de grutmasters, ferspile yn it planetarium fan Eise Eisinga, wie it oarsom. No hie De Vries mei swart regearjend Frysk kampioen Jelle Wiersma te fiter. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 4-10 8.44-40 7-11 9.32-27 17×37 10.41×32 11-17 11.33-28! 18-22 19-23? Letter 43×23 en 32-28 12.50-44 22×33 13.43×14 10×19 14.49-43 1-7 15.35-30! 19-24 16.34×14 25×34 17.39×10 15×24 18.32-28 moat
18.40-35? 6-11! 19.26×6 24-30! 20.35×24 9-14 21.24×4 13-18 22.4×22 17×50 23.6×17 50×41 24.36×47 Dan de lêste twa problemen foar de ledderwedstriid, fan Hiele Walinga.
Nû.29 sw. 4, 8, 10, 13, 16-18, 20, 36 wyt 29, 33, 35, 38, 39, 41, 42, 45
Nû. 30 sw. 6, 9, 13, 17, 18, 28, 39 wyt 16, 25, 37, 41, 42, 47, 50 Oplossings stjoere foar 6 maaie. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
‘Bakkers zijn altijd slechte schakers’, sa skreau Godfried Bomans yn 1958. Dat sinde bakker Sake Riemersma fan Frjentsjer net en daagde him út ta in partij. Uteinlik moast de bakker belies jaan. De klandyzje koe de partij folgje op it boerd dat yn de winkel lei en eltse dei waard in set troch belle. Fan novimber ôf hawwe Foeke Tiemensma en Hans Jansen (swart) soks oerdien. En wer wienen de setten te folgjen. No yn de bakkerij fan Siesling. 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 11-17 4.38-32 20-25 5.32-27 14-20 It liket in rêstige iepening. Mar nei 6.42-38? Hellet swart út mei 6. …6-11! 7.26×6 20-24 8.34×23 13×42 9.47×38 25-30 10.40×20 10×30 11.35×24 18-23 12.24×22 17×26 13.36×16 9-14 14.6×17 7×27 6.27-21 16×27 7.31×11 1×21 8.26×17 18×16 9.37-31 19-24 10.34×14 10×19 11.39-34 19-24 12.34×14 4×24 Wyt kriget de wat bettere posysje. 13.31-27 13-19 14.42-38 12-17 15.47-42 Stiet de ôfruil ta, is 38-33 better? 15…17×39 16.43×23 25-30 17.35×24 20×18 18.42-37 18-22 19.37-31 16-21 20.31×11 7×16 21.40-34 9-14 22.34-30 14-20 23.30×10 15×4 24.41-37 22-27 25.37×17 16×18 En sa giet it al op it einspul ta. 26.49-43 8-12 27.48-42 12-17 28.42-37 5-10 29.37-31 10-14 30.45-40 14-19 31.40-34 17-21 32.31×11 6×17 Swart beset no it sintrum, beskiedend foar de partij. 33.36-31 19-23 34.44-40 23-28 35.40-35 3-8 36.50-44 8-12 37.34-29 28×30 38.35×24 17-22 39.44-39 18-23 40.24-20 22-28 Mear en mear komt swart yn ‘e knipe. 41.20-15 12-18 42.46-41 2-8 Der folget in blyn slachje.
43.43-38 28×48 44.39-33 48×26 45.33×2 26-3 46.2-7 3-12 47.7-1 4-9 48.41-37 12-8 48.15-10? 12-18 49.1×45 8-2 50.10×8 2×46 en kamp. 49.1×45 8-13 50.45-34 13-19 51.37-31 9-13 52.34-45 Swart spinpoatet noch wat, mar ferliest. 19-46 53.31-26 46×6 54.15-10 6-1 55.45-50 13-18 56.10-5 1-6 57.5-28 6×33 Nû.25 sw. 1, 3, 7-10, 14, 19, 36 wyt 16, 25, 30, 33, 34, 41, 43, 49 Nû.26 sw. 6, 8-10, 15, 18, 35, 36 wyt 24, 29, 33, 39, 41, 43, 49 En twa nijen fan Willem F.Bakker
Nû. 27 sw. 6, 18, 19, 25, 29, 30 wyt 16, 31, 37, 44, 47, 48
Nû. 28 sw. 6, 13-15, 18, 20, 24, 36 wyt 11, 21, 29, 33, 39, 47-49 Oplossings stjoere foar 24 april. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
Hiel bysûnder by it Fryslân Open te Frjentsjer wienen de prestaasjes fan Konstantin Nord. De jonge Wyt-Rus is noch gjin jier lyn mei it Frysk damjen yn de kunde kaam. Te Minsk hat er in toernooi FRYSK! (einspul) wûn en fierder hat er op www.lidraughts.org in protte traind. Yn de einsútslach kaam hy op in dield fjirde plak en mistte krekt in finaleplak by de grutmasters. Daalk al yn de earste omloop trof Nord 18-fâldich Frysk kampioen Taeke Kooistra (wyt). Dit wie syn earste partij yn it ‘grutte spul’ en Nord liet sjen dat er gjin foarsichtige dammer is. Boppedat wit hy hiel goed mei tiidsdruk om te gean. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 7-12 Nord is thús yn de iepeningstéory. 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16 11.42-37 19-24 12.34×14 10×19 13.35-30 25×34 14.39×10 5×14 It middenspul begjint yn in lykweardige stân. 15.40-35 12-17 16.33-29 19×39 17.38×40 13-19 18.40-34 7-11 19.37-31 17-22 20.32×12 11×13 21. 44-40 2-7 De spilers falle oan op elkoars lange hoeke 22. 43-38 7-12 23. 49-44 12-17 24. 31-26 15-20 25. 34-30 17-21 26. 30×10 14×5 27. 26×17 16×18 28. 38-32 5-10 29. 32-27 10-14 30. 40-34 8-12 31. 44-40 12-17 32. 27×7 6×8 De swarte hoeke wurdt no wol keal. 33. 36-31 18-22 Wyt kin ek skiif 48 nei de linkerkant bringe. 34. 31-26 8-12 35. 34-30 12-17 36. 40-34 19-23 37. 30-25 23-28 38. 34-30 17-21 39. 26×17 22×11 It swarte sintrum is omklamme. Troch de ôfruil komt de skiif op fjild 28 faai te stean. 40. 48-42 14-19 41. 42-37 13-18 42. 25-20 19-23 43. 20-15 18-22 Kooistra ferbarget in winnende stân. Earst 44.45-40 en dan pas 30-25
44. 30-25 9-14 45. 15×33 28×39 Nei 46.45-40 39-43 47.50-44 43×34 48.35×33 hat wyt wer spul. 46. 25-20 39-43 47. 20-15 11-16 48. 37-31 43-48 Wyt kriget no ek in daam. Swart hie 3-9 strike moatten. 49. 15-10 48×26 50. 10-5 26-17 Nei 50. …3-9 is wyt de daam wer kwyt. 51. 5-41 17-6 52. 35-30 22-27
53.45-40 (driget 50-44 en 30-25) en op 6-1 folget 41-5 en 30-25. Swart moat in hout weijaan. 53. 30-25 6-1 54. 41-19 It ienige plak foar de daam. 54. …27-31 55. 19-35 1-6 37-31 wie better. Wat moat wyt? Mei de daam strike is foar de tredde kear en der driget ek 31-36 as 37. 56. 25-20 6-33 57. 35×32 31×33
Der is foar wyt noch kamp mooglik troch 58.45-40 3-9 59.40-34 33×35 60.46-41 16-21 61.41-37 (as 58.16-21 59.46-41 21-27?? om 40-34, 41-37 en 50-45 wint, dus 59. …3-9 60.40-34 33×35 61.41-37) 9-13 62.50-45 21-26 63.45×25 4-10! 64.37-32 10×30 65.25×34 26-31 66.32-27! 31×22 (32-28 ferliest) en wyt hat krekt genôch tempo foar in daam. En kin de swarte skiif yn de ‘fûke-fangstelling’ krije. Kooistra nimt in oare kar en sil de partij ferlieze. 58. 46-41 3-9 58. …33-39 59.45-40 39-43 60.20-14 4×24 61.40-34 24×44 62.50×48 is kamp 59. 41-37? 33-39 No is der gjin kâns mear foar wyt. Mar nei 59.50-44 16-21 60.41-37 33-38 as 60.44-39 33×44 61.45×43 21-27 wint swart ek. Lykas nei 59.45-40 33-38 60.150-44 16-21 61.40-35 38-42 Op 61. …44-39 folget 4-10 60. 37-31 9-14 61. 20×9 4×13 62. 45-40 39-43 63. 40-34 13-18 64. 34-30 18-22 65. 30-24 43-48 en wyt jout op. Twa nije problemen fan Hiele Walinga.
Nû.25 sw. 1, 3, 7-10, 14, 19, 36 wyt 16, 25, 30, 33, 34, 41, 43, 49
Nû.26 sw. 6, 8-10, 15, 18, 35, 36 wyt 24, 29, 33, 39, 41, 43, 49 Oplossings noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com