Offalrace by Frysk damjen Der komt wat tekening yn ‘e striid om it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Wiene der sneon yn Hartwert by it yngean fan ‘e fjirde en fyfde omloop noch in seis dammers dy’t der fan dreame mochten om mei de heechste eare út te naaien, dan wie oan ‘e ein fan ‘e dei dat tal al tebekrûn ta de helte.
De moarns heakke as earste Folkert Groenveld ôf. Hy moast tsjin Jelle Wiersma in hout ôfstean, en dat betsjutte in ferliespartij. Opfallender wie it ferlies fan ‘e ferline jier sa ferrassend út ‘e hoeke kommen Siebe Walinga. Tsjinstanner Henk Haanstra kaam dêrmei op gelikense hichte as koprinner Taeke Kooistra, dy’t sels in kostber heal punt ferskiet tsjin Hein de Vries. Marten Walinga foege him nei in oerwinning op Dicky van der Meer by har. De ûnderste man aksele noch wol bot tsjin, en helle der sels in moaie daam út, mar dy bliek úteinliks dochs te kostber.
Mar Haanstra hie net lang wille fan ‘e weelde. De middeis gong it tsjin Taeke Kooistra earst wol moai lykop, mar yn in stân fan fjouwer tsjin fjouwer waard er twongen om in hout op te jaan, en doe wie it dien mei de Aldegeaster. Soks kaam Folkert Groenveld ek oer tsjin Marten Walinga, sadat Kooistra en Walinga no yn ‘e mande de kopposysje besette. Se wurde lykwols op mar in heal punt folge troch Jelle Wiersma, dy’t tsjin Dicky van der Meer in prachtige daamset op it boerd tsjoende. Ien fan dizze trije mannen sil kommende sneon yn ‘e finale op ‘e Gastmar wol oan langste ein lûke.
Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, fjirde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5;
fyfde omloop: Wiersma – Van der Meer 1-0, M. Walinga – Groenveld 1-0, S. Walinga – De Vries 0,5-0,5, Kooistra – Haanstra 1-0.
Stân nei fiif wedstriden: Kooistra en M. Walinga 5-4;Wiersma 3,5; Haanstra 3; S. Walinga 3,5; Groenveld en De Vries 1,5; Van der Meer 0.
Twadde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0, Bernard Kroon (Blauhús) – Pieter Hoogterp (De Gastmar) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; fyfde omloop: Wijbenga – Kroon 1-0, Hoogterp – Kingma 1-0, W. Hoekstra (Aldegea-SWF) – Westra 0-1. Stân: Tsj. Wijbenga 4-3; Dijkstra en Hoogterp 4-2,5; Westra 4-2; Kingma 3-1; Kroon 3-1; Hoekstra 2-0.
Tredde acht, fjirde omloop: Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; fyfde omloop: Schaap – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0, Boelens – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0. Stân: Schaap 4-4; De Vries 3-2; F. Wiersma & K. Wiersma 3-1,5; Boelens 4-1; Dyk 3-0.
Boppesteande útspaak brûkte âld lid en silger Bauke de Boer wol gauris. Sok tinken die by ien fan de Strikers mooglik ek wer bliken. Fierders soe ek hast in Striker op it lêste momint noch in blunder meitsje, mar hy kaam krekt op tiid ta ynkear en pakte net ien mar twa grouwe punten. Soms wurdt men wol ryk troch ien houtsje fuort te jaan.
It binne fansels altiten wer fan dy wedstriden wêr’t in stik spanning leit by ien fan de spilers. Yn sokke spullen moat meastal in earste tsjin in twadde klasser. De druk leit dan by de earste klasse spiler, dy wol nammentlik net ferlieze tsjin in twaddenien. Sa sieten moandeitejûn Ype Boelens tsjin Jan Castelein, efterienfolgjend earste en twadde klasser. Mooglik fanwege dy druk makke Ype dochs wat in rare blunder en kaam Jan foar. De mannen spilen moai rêstich en mûsstil de partij fierders út. By it neipetear die bliken dat Jan hast in ferkearde set dwaan soe, mar ynienen seach er de fout dy’t er meitsje soe. Hy werpakte him en makke de partij sûnder skrammen en oare rarichheden út. De twa punten wienen binnen. Op de fraach as er no ek wat oars nei hûs fytse soe, glimke Jan mar wat.
Tineke Teigeler spile in partij dy’t rûn as in tierelier. Har tsjinstanner seach suver mar ferheard op dat se sa goed striek. Se ruile alle kearen wer sterk ôf. En it soe bêst ris op in kampke útdraaie kinne. Cor Kooistra koe dêr ek net folle oan feroarje. Doe kaam dan de echte einfaze: elk in daam en elk in houtsje. Tineke har daam stie op de lange line en dy fan Cor op de koarte line. Der waard mei de houtsjes strutsen en mei de daam. Tineke wie de earste striker en se wist dat se mar tije kear mei de daam efterelkoar strike mocht. Dan moast se mei it hout. Kooistra hie har noch sein tink om dy trije kear. En doe wie har lêste kear. It houtsje fan har waard slein troch it fijanlike hout en doe moast har daan slaan en dy fleach de daam fan Cor yn de bek. Hartstikkene sneu. Tineke hie wol trije kear har houtsje fuort jaan kinnen mar dat die se net mooglik al tinkende oan De Boer syn wize wurden: Fan fuortjaan is noch nea immen ryk wurden. Yn dit gefal hie it houtsjeoffer altiten kamp west.
Urslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 0 – 1; Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Cor Kooistra – Tineke teigeler 1 – 0.
Yn it sneon yn Aldegea-SWF begûne persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul hat Taeke Kooistra allinnich de kop naam. De achtjinfâldich âld-kampioen hie tsjin de beide promovendy Dicky van der Meer (Terherne) en Folkert Groenveld (Jutryp) miskien dan wol in maklik programma, mar hy makke ek gjin flaters.
Dat diene de oare favoriten wol, it raarst Jelle Wiersma. Tsjin de altyd taaie Henk Haanstra koed er net rjocht foardiel helje, en doe’t Haanstra eins op in frij ienfâldige wize in daam helje koe, wie it gau gebeurd mei de keapman. De Wommelser sette de saken de middeis wol wer rjocht tsjin Hein de Vries. Dy hie oars earder op ‘e dei hiel knap Marten Walinga op remize holden. Dy syn broer Siebe, ferline jier de revelaasje fan it kampioenskip, liet in heal punt sitte tsjin Folkert Groenveld.
De beide legere klassen hiene bot te lijen fan allegearre ôfsizzings; in part fan ‘e partijen sil troch de wike noch ynhelle wurde moatte.
Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, earste omloop: Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, M. Walinga – Haanstra 1-0, S. Walinga – Van der Meer 1-0, Kooistra – Groenveld 1-0.
Stân: Kooistra 2; M. Walinga en S. Walinga 1,5; Haanstra en Wiersma 1; Groenveld en De Vries 0,5; Van der Meer 0.
Twadde acht, earste omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; twadde omloop: Dijkstra – Bernard Kroon (Blauhús) 0,5-0,5.
Stân: Dijkstra 2-1,5; Kroon 1-0,5; W. Hoekstra, P. Hoogterp, L. Westra en Tsj. Wijbenga 0-0; Kingma 1-0.
Tredde acht, earste omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; twadde omloop: Schaap – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Boelens – F. Wiersma (Easterein) 0-1.
Stân: Schaap 2-2; De Vries en F. Wiersma 1-1; Dyk en K. Wiersma 1-0; Boelens 2-0.
Yn 2019 en 2022 waarden de Stadige Strikers klupkampioen! Ofrûne sneon hiene se de kâns om dêr in trijekaart fan te meitsjen. Dat slagge net. Dêr wienen wy as Strikers ek net fanút gien. Lollum-Waaksens mei de klupnamme De Rûge Wolf pakte no foar de earste kear de kampioenstitel. Wat moat it Marten Walinga in grutsk gefoel jûn ha om mei twa soannen yn
it achttal kampioen te wurden. Moai foar it damjen dat no wer ris in nijenien de heechste eare pakt hat. Foar de Stadige Strikers siet dat der net yn, mar se hawwe har wol hanthavene en dat is ek geweldich.
Moandeitejûn is der fansels noch wiidweidich oer neipraten, oer dat kampioenskip. Dan komme de tekoartkommingen en de blunders oer it fuotljocht. En dan wurdt der sein: in oare kear wer better. De realiteit is dat de Stadige Strikers ek foar in wichtich part út âlde knarren bestiet en as der net wat nij bloed by komt dan sjocht it der net sa geunstich út. Der wie ek dizze jûn mar in hantsje fol dammers en dy makken dêr fansels it bêste fan fan wat se te biedeb hienen. De spannenste partij waard spile troch Willem Schaap en Bauke Bos. De earste moast yn de einfaze der noch hiel lang oer neitinke om de bêste fuortsetting te kiezen. Dêr kaam er wol goed út. Bauke Dykstra spile tsjin Ype Boelens. It wie in teoryspul wêr’t Dykstra de fijne kneepkes goed fan wit. Dy kneepkes fan him misten wy yn Easterein om’t er dêr net oanwêzich wêze koe. Ype moast it al gau opjaan.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.
Understeand inkele foto’s fan de klupkampioenskippen 2023 yn Restaurant en Partycentrum Bergsma Easterein. De foto’s binne makke troch bûnsfotograaf Bauke Bos.
It klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul is ôfrûne sneon ûnferwachte wûn troch “De Rûge Wolf”. De klup út Lollum-Waaksens wie noch nea earder as earste einige. Ek al wierre it yn Easterein ek net tsjin.
Dat it sa goed foar de Lollumers beteare soe, dêr like it yn ‘e earste omloop noch net fuortendaliks op. Wis, Blauhús waard mei 5½-2½ ferslein, mar it wie yn it foar al dúdlik dat de Blauhústers it dreech krije soene. Dan wie de oerwinning mei deselde sifers fan Hartwert op Skearnegoutum folle oertsjûgjender. Hartwert is fansels fanâlds in sterke klup, mar it wie twa jier lyn wol degradearre, wylst Skearnegoutum de lêste twa kears it kampioenskip krekt op syn namme skreaun hie. De bûter moast jild jilde yn ‘e twadde omloop, doe’t de beide winners it tsjin inoar opnimme moasten. Yn ‘t earstoan rûn de striid lykop. De beide ûnderste buorden by Lollum, beset troch twa soannen fan earsteboerdspiler Marten Walinga, soargen yn ‘e mande foar in punt, en dat diene ek de beide Hollânske gastspilers Auke Zijlstra en Hans Jansen. Mar Hartwerter Germ Bruinsma sette syn ploech op in foarsprong. Dy like op it earste boerd útboud te wurden troch Taeke Kooistra, dy’t mei twa houtsjes in blokje fan fjouwer fêsthold. Marten Walinga koe de opsluting dochs noch ferbrekke, mar fierder as in kampspul soe er wol net komme kinne. Dat hie it ek wurden as Kooistra syn daam nei in slach net al te hastich wer delset hie. De ferbjustere taskôgers wisten net wat se seagen fan deselde man dy’t dochs wier yn syn libben achtjin kear persoanlik kampioen west hat. Dat it de master misse kin, wie even letter ek te sjen by Kooistra’s soan Sjoerd-Teake, dy’t in wûne stân ferblundere. Selden sil in dammer der sa ferslein by sitten ha. De goede Hartwerter kânsen wiene dan ek yn ien kear omslein, foaral ek omdat Hein de Vries yn tiidneed der net mear útkaam tsjin de Lollumer Jouke Algra. Likegoed hie Lollum yn ‘e lêste omloop yn Skearnegoutum noch in drege tsjinstanner. Mar dêr waard dochs frij handich mei ôfweefd. Benammen de seisklapper dêr’t Liuwe Westra Ype Boelens mei fan it boerd reage, makke yndruk. Mar miskien noch wol mear de finesse dy’t Hans Jansen yn syn einspul befrissele. De Lollumer oerwinning hat dêrnei eins ek gjin momint mear yn gefaar west. Blauhús rûn tsjin Hartwert ûnderwilens tsjin syn tredde ferliespartij oan, dat dy mannen sille it it takom’ jier in nivo leger sykje moatte. Se wurde ferfongen troch Aldegea, dat de foarrige kears degradearre wie, mar dat fersin no fuortdaliks wer goedmakke. Noch Jorwert noch De Gaastmar koe oan harren damkwaliteiten ek mar yn ‘e fierste fierte tippe.
Utslaggen en einstannen Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Hartwert 2,5-5,5; Lollum – Blauhús 5,5-2,5. Twadde omloop: Blauhús – Skearnegoutum 3-5; Hartwert – Lollum 3-5. Tredde omloop: Lollum – Skearnegoutum 5-3; Hartwert – Blauhús 5-3. Einstân kampioensklasse, mei tusken heakjes de buordpunten: 1. Lollum 3 (15,5); 2. Hartwert 2 (13,5); 3. Skearnegoutum 1 (10,5); 4. Blauhús 0 (8,5).
Twadde en tredde klasse, earste omloop: Aldegea – Jorwert 7-1; Lollum II – Hartwert II 2,5-5,5; De Gaastmar I – De Gaastmar II 7-1. Twadde omloop: Jorwert – De Gaastmar I 3-5; De Gaastmar II – Lollum II 4-4; Hartwert II – Aldegea 1,5-6,5. Tredde omloop: Aldegea – De Gaastmar I 5-3; Hartwert II – De Gaastmar II 8-0; Jorwert – Lollum II 5,5-2,5. Eindstân twadde klasse: 1. Aldega (SWF) 3 (18,5); 2. De Gaastmar 2 (15); 3. Jorwert 1 (9,5). Eindstân tredde klasse: 1. Hartwert II 2 (15); 2. Lollum II 0,5 (9); 3. De Gaastmar II 0,5 (5).
De damferslachjes binne der sa’n bytsje by yn sketten sa om âld en nij hinne. Dêrom is hjir in ynhelslach, wêr’t yn ek oandacht oan de striid tusken de Strikers en Hartwert. Fierders noch twa klupjûnen mei de nijsgjirrichheden. It is allegear âld nijs mar wol foar it earst oan it
papier tabetroud. Op moandeitejûn de 19de fan desimber kaam it der dan dochs noch fan: de striid tusken Skearnegoutum en Hartwert. Dat wie foar de lêste kear spile yn 2019. Yn 20 en 21 koe it net troch gean yn ferbân mei de pandemy. No dat hawwe wy witten. It ûnthâld is blykber net al te goed mear by guon dammers, want guon wisten eins net mear wêr’t de lêste striid ferspile west hie. Oant in wike fan te foaren tochten guon dat it yn Hartwert plakfine moast. Yn Skearnegoutum waarden de ôfspraken mei it bestjoer fan it Swettehûs wer opsein. Doe’t in pear dagen letter it dochs dúd;lik waard, mei swart op wyt, dat de Strikers de gasthearen wienen, moast de klup alles op ‘e nij mei it Swettehûs regelje. Klear dat wie ek net sa’n puint, mar it die wat sullich oan.
Op de 19de kamen net allinne Stadige Strikers yn it boarterslokaal fan de skoalle, mar noch folle mear “Hartwerters”. Hoe is it mooglik soe men sizze dat sa’n doarpke fan om en de by 100 ynwenners sa’n mânske damklup hat. Moai dat se der wienen. It die fuortendaliks fertroud oan. Praat ja oan praat gjin gebrek. Men koe sa wol merke dat de striid tusken de klups mei jûchhei ûntfongen waard. Nei wat praat fan de foarsitters krigen de houtsjes harren gerak. It waard in moai barren. De puntsjes giene yn it begjin foaral nei de gasten, dy’t njonken de tsien spilers ek noch seis losse dammers hienen, dy spilen in eigen kompetysjepartij. Hoewol it wol spannend wie, moasten de Strikers mei it ferlies tefreden wêze. Utslach: Strikers – Hartwert. Dicky van der Meer – Taeke Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tsjerk Wybenga 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Fedde Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Germ Bruinsma 1 – 0; Ype Boelens – Ygram Wybenga 0 – 1; Cor Kooistra – Klaas Wiersma 1 – 0; Bauke Bos – Ids Boersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Lieuwe Eringa 0 – 1; Kees Castelein – Tom Vellinga 0 – 1; Jan Castelein – Siebe Elzinga 0 – 1. Einstân 4 – 6.
De beide kompetysjejûnen fan de Strikers yn it nijejier wie wat oantallen oanbelanget wol oare koek as mei de “clash” tsjin Hartwert. Nee de Strikers ha te krijen mei tsjinslaggen en de foarnaamste dêrfan is sykte. Sa wienen der op de earste jûn tsien en op de twadde moandeitejûn sân dammers.Dat sjocht der net sa florisant út. De útslaggen 9-1: Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Kees Castelein – Tineke
Teigeler 0 – 1; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0. Op 16 – 1: Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Folkert Groenveld -0 – 1.
Op 7 jannewaris wie der wer in damdei yn Hartwert. Yn 2021 en 2022 koe dizze damdei fanwegen koroana net troch gean. It wie moai waar, der koe net reedriden wurde en de ljippen binne ek noch net warber. It bestjoer hie dan ek op wat mear dammers rekkene/hope as de 15 dy’t der wol wiene: 11 leden fan de damklup út Hartwert en 4 dammers fan oare klups.
Yn de eareklasse wiene de beide toppers fan damklup Hartwert harren tsjinstanners de baas. Yn de haadklasse A hiene 2 Hartwerters beide 2 punten. Yn de earste klasse, in groep mei trije dammers, waard 45 minuten op de klok damt en waard twa kear tsjin elkoar damt om foar te kommen dat ien 3 oeren omrinne moast. De dammers dy’t der wiene hiene in moaie damdei en dêr giet it om. Sa no en dan waard der in lyts flaterke makke, mar der kamen ek moai winstsetten op de buorden.
Utslaggen: Eareklasse 1: 1. Taeke Kooistra, Hartwert 3 punten 2. Folkert Groenveld, Jutryp 2 punten. Eareklasse, groep 2: 1. Hein de Vries, Ljouwert 3 punten 2. Dicky van der Meer, Terherne 2 punten. Haadklasse A: 1. Klaas Abma, Hartwert 2 punten 2. Germ Bruinsma, Wommels 2 punten. Earste klasse: 1. Sjouke de Boer, Eksmoarre 3 punten 2. Hidde de Vries, Langezwaag 2 punten.
Amsterdammer Hans Jansen is na een beslissingspartij tegen Dicky van der Meer overtuigend kampioen FRYSK! Geworden. Op vrijdag 30 december 2022 werd vanaf 1 uur het Nederlands Kampioenschap FRYSK! gespeeld in Het Brouwdok te Harlingen. Sinds de match Marten Walinga-Folkert Groenveld om de wereldtitel van 10-22 augustus 2021, ook in Harlingen, is er geen kampioenschap gehouden vanwege corona. Nu was er weer een kampioenswedstrijd Fries Dammen.
Met dit kampioenschap is de 66-jarige drievoudig Nederlands kampioen dammen Hans Jansen automatisch gekwalificeerd voor het eerstvolgende Wereldkampioenschap FRYSK!, dat gepland staat op zondag 5 maart in Franeker. Van 28 februari tot en met 5 maart wordt in Franeker het Fryslân Open 2023 en bijbehorende toernooien gehouden.
Aanvankelijk zag het er niet naar uit dat Jansen kampioen zou worden, hij verloor verrassend in de eerste ronde. Favoriet, wereldkampioen Fries dammen Marten Walinga ging met vier overwinningen sterk van start. Hij leek rechtstreeks op de titel af te gaan. Hij werd echter in de zesde ronde achterhaald door Hans Jansen die met een inhaalrace begonnen was. Het kampioenschap ging over zeven ronden. Uiteindelijk eindigde Dicky van der Meer verrassend gelijk met Hans Jansen zodat een beslissingspartij noodzakelijk geworden was. Favoriete kampioenen Fries dammen als Taeke Kooistra en oudkampioen FRYSK! Jelle Wiersma kwamen te kort. Walinga en Wiersma werden gedeeld derde. Voor de uit Terhorne afkomstige Fries Dicky van der Meer was dit zijn beste prestatie in zijn dam carrière tot nu toe.
FRYSK! is dammen volgens de Friese regels met slechts vijf schijven per speler. In het internationale of Hollandse spel eindigt dit steevast in remise, in het Friese spel blijft het een krachtmeting op het scherpst van de snede en is de remisemarge nog steeds klein. De uitgangspositie met vijf schijven per speler maakt het Friese spel toegankelijk voor nieuwe spelers uit binnen- en buitenland.
Tijdens het NK waren niet alleen verschillende Friese kampioenen en oud-kampioenen aanwezig, maar ook oud-kampioen van België Patrick Casaril en oud-wereldkampioen Alexander Sjvartsman. Deze geboren Rus is getrouwd met een Oekraïense vrouw en verkeert met zijn gezin sinds het begin van de oorlog in de Oekraïene in ballingschap in Nederland. Hij probeert met damtoernooien en lessen in het levensonderhoud van zijn gezin te voorzien, en is dan ook blij dat ook de internationale wedstrijden Fries Dammen weer van start gaan. Hij werd tiende.
Beelden van het toernooi werden live gestreamd en zijn te zien op de website www.lidraughts.org. Onderstaand enkele foto’s van het toernooi gemaakt door Johan Wolfard.
Voor meer informatie: Siep Buurke, 0614172563, s.h.buurke@gmail.com
Op 7 jannewaris is der wer in damdei yn Hartwert. Sa as gewoanlik wurd der yn Hartwert in âlderwetske partij spile, oardel oere op ‘e klok yn doarpshús “It Terpshûs”.
Krekt as oare jierren wurd der wer soarge foar moaie prizen. Yn eltse groep binne der twa prizen.
Opjaan by Sjoerd Kooistra (foar sneon 7 jannewaris, 9 oere): fia e-mail damclubhartwert@live.nl as fia tillefoannûmer 06 – 17 31 67 08.
Oant sjen op 7 jannewaris!
It bestjoer fan “Damklup Hartwert e.o”