Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Hans Jansen Nederlands kampioen FRYSK!

Amsterdammer Hans Jansen is na een beslissingspartij tegen Dicky van der Meer overtuigend kampioen FRYSK! Geworden. Op vrijdag 30 december 2022 werd vanaf 1 uur het Nederlands Kampioenschap FRYSK! gespeeld in Het Brouwdok te Harlingen. Sinds de match Marten Walinga-Folkert Groenveld om de wereldtitel van 10-22 augustus 2021, ook in Harlingen, is er geen kampioenschap gehouden vanwege corona. Nu was er weer een kampioenswedstrijd Fries Dammen.

Met dit kampioenschap is de 66-jarige drievoudig Nederlands kampioen dammen Hans Jansen automatisch gekwalificeerd voor het eerstvolgende Wereldkampioenschap FRYSK!, dat gepland staat op zondag 5 maart in Franeker. Van 28 februari tot en met 5 maart wordt in Franeker het Fryslân Open 2023 en bijbehorende toernooien gehouden.

Aanvankelijk zag het er niet naar uit dat Jansen kampioen zou worden, hij verloor verrassend in de eerste ronde. Favoriet, wereldkampioen Fries dammen Marten Walinga ging met vier overwinningen sterk van start. Hij leek rechtstreeks op de titel af te gaan. Hij werd echter in de zesde ronde achterhaald door Hans Jansen die met een inhaalrace begonnen was. Het kampioenschap ging over zeven ronden. Uiteindelijk eindigde Dicky van der Meer verrassend gelijk met Hans Jansen zodat een beslissingspartij noodzakelijk geworden was. Favoriete kampioenen Fries dammen als Taeke Kooistra en oudkampioen FRYSK! Jelle Wiersma kwamen te kort. Walinga en Wiersma werden gedeeld derde. Voor de uit Terhorne afkomstige Fries Dicky van der Meer was dit zijn beste prestatie in zijn dam carrière tot nu toe.

FRYSK! is dammen volgens de Friese regels met slechts vijf schijven per speler. In het internationale of Hollandse spel eindigt dit steevast in remise, in het Friese spel blijft het een krachtmeting op het scherpst van de snede en is de remisemarge nog steeds klein. De uitgangspositie met vijf schijven per speler maakt het Friese spel toegankelijk voor nieuwe spelers uit binnen- en buitenland.

Tijdens het NK waren  niet alleen verschillende Friese kampioenen en oud-kampioenen aanwezig, maar ook oud-kampioen van België Patrick Casaril en oud-wereldkampioen Alexander Sjvartsman. Deze geboren Rus is getrouwd met een Oekraïense vrouw en verkeert met zijn gezin sinds het begin  van de oorlog in de Oekraïene in ballingschap in Nederland. Hij probeert met damtoernooien en lessen in het levensonderhoud van zijn gezin te voorzien, en is dan ook blij dat ook de internationale wedstrijden Fries Dammen weer van start gaan. Hij werd tiende.

Beelden van het toernooi werden live gestreamd en zijn te zien op de website www.lidraughts.org. Onderstaand enkele foto’s van het toernooi gemaakt door Johan Wolfard.

Voor meer informatie: Siep Buurke, 0614172563, s.h.buurke@gmail.com

Nederlands kampioen FRYSK Hans Jansen in actie.
De finale partij tussen Dicky van der Meer en Hans Jansen.
Onder toeziend oog wordt Hans Jansen Nederlands kampioen Frysk
doorfriesdammen

Damtoernoai op 7-1-2023 te Hartwert

Op 7 jannewaris is der wer in damdei yn Hartwert. Sa as gewoanlik wurd der yn Hartwert in âlderwetske partij spile, oardel oere op ‘e klok yn doarpshús “It Terpshûs”.

Krekt as oare jierren wurd der wer soarge foar moaie prizen. Yn eltse groep binne der twa prizen.

Opjaan by Sjoerd Kooistra (foar sneon 7 jannewaris, 9 oere): fia e-mail damclubhartwert@live.nl as fia tillefoannûmer 06 – 17 31 67 08.

Oant sjen op 7 jannewaris!

It bestjoer fan “Damklup Hartwert e.o”

doorfriesdammen

Iepen Nederlânsk Kampioenskip FRYSK

Bêste dammers,

Hjirby in útnoeging foar it folgjende Iepen Nederlânsk Kampioenskip FRYSK!, op freed 30 desimber 2022, fan middeis 1 oere ôf.

LET OP: de lokaasje is troch sykte op Tresoar yn Ljouwert, mar yn it Brouwdok te Harns (Nije Willemskaai 8, 8862 RZ). In skitterjende lokaasje, mei útsjoch oer it Waad en de Iselmar.

Wy hoopje op dizze earste wedstryd fan ’e Stifting WFD nei de koroanatichtset dat wy wer in protte strikers begroetsje kinne. Graach oant dan!

Opjefte uterlik 29 desimber by Marten Walinga of by ûnderskreaune,

Hertlike groetnis,

Liuwe Westra

doorfriesdammen

Folkert Groenveld de grutte winner fan it Stryk-ta toernoai fan de Stadige Strikers

Freedtejûn 16 desember wie Skearnegoutum mar kwealik te finen troch de mist, mar dochs kamen der 18 dammers op dizze priisdammerij ta setten. Yn de heechste klasse foel it sterke spyljen op fan Folkert Groenveld út Jutryp en lid fan damklup Nocht&Kriich út Aldegea SWF. Hy wûn fan de toppers Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Allinne Dicky van der Meer hold him op kamp. Om koart te gean: Folkert Groenveld de grutte winner fan it toernoai!

Utslaggen: Eareklasse 1: 1 Folkert Groenveld, Jutryp. 2 Jelle Wiersma, Wommels en Taeke Kooistra, Hartwert. EK groep 2: 1 Bauke Dijkstra, Nij-Beets 2 Fedde Wiersma, Easterein. Haadklasse A: 1 Willem Schaap, Sibrandabuorren 2 Cor Kooistra, Nijlân. Earste klasse: 1 Herman Terwisscha van Scheltinga, Nijlân. 2 Auke Koopmans, Skearnegoutum. Tredde klasse: 1 Tineke Teigeler, Sibrandabuorren 2 Niek Tolsma, Lollum.

doorfriesdammen

Sinteklazedamjen in âld ferhaal.

It wie likegoed wer tige oangenaam hoewol’t it sinteklazedamjen al in âlde ferhaal is. De measte dammers fine it geweldich om ris efkes bûten de stringen te stappen en ek de oare mooglikheden op it dam en skaakboerd út te prebearjen. 

Guon hienen der sa’n nocht oan dat se as gekken útein skeaten. Deabenaud dat se te min tiid ha soene om fjouwer potsjes yn 20 minuten te skowen. Mar as jo dan as in ringket  begjinne, sjogge jo de slachjes oer de kop. Dat die no ek wol wer bliken.

De dammers sieten yn trije ferskillende groepkes fan fjouwer spilers op ien nei: it trije-koppige bestjoer siet gesellich yn ien groep.

De útslaggen. Groep 1: 1 Willem Schaap 7 punten; 2 Jelle Wiersma 6½; 3 Sjoerd Jan Bakker 5½; 4 Dicky van der Meer 5. Groep 2: 1 Cor Kooistra 7; 2 Ype boelens 5; 3 Bauke Bos 0; Groep 3; 1 Tineke Teigeler 9½; 2 Kees Castelein en Hennie de Haan 5; 4 Jan Castelein 4½.

doorfriesdammen

Stryk-Ta damtoernoai Skearnegoutum

Stryk – ta damtoernoai Frysk spul op freed 16 desimber dan is der gjin wk fuotbal mar dus wol damjen yn it Swettehûs te Skearnegoutum

Oanfang 19.30 en gjin ynlis

Prizen: hearlike oranjekoeken + gokje € ??? sponsere troch Jelle Wiersma en Dicky van der Meer

30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok

Kom allegearre!!!

Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nl

Op tongersdeitejûn 15-12 tusken 19.00 en 21.30

Bestjoer “De Stadige Strikers”

doorfriesdammen

Loting 2e ronde Fryslânkup

Onderstaand de loting voor de tweede ronde Fryslankup.

Cor Kooistra – Dicky v/d Meer

Liuwe Westra                       – Rein Jan Walinga

Tjerk Wybinga                     – Frans Kingma

Willem Hoekstra                 – Teake Kooistra

Folkert Groenveld              – Pieter Hoogterp

Jappie de Jong                    – Siebe Walinga

Marten Walinga                  – Staand nr.

doorfriesdammen

Der is altiten wol wat te skriuwen.

De lêste wiken wienen der gjin ferslachjes mei de damprestaasjes fan de Stadige Strikers. Dat hie wol wat te meitsjen mei it lytse oantal leden dat oanwêzich wie op de bewuste jûnen. It groepke is al net sa grut, tolve as se der allegearre binne en dat helpt net om it entousjasme fan de skriuwer te fergrutsjen of op peil te hâlden. In pear kear wienen der mar acht en njoggen spilers. As der mar in pear binne dy’t op sa’n jûn net kinne sitte jo samar ûnder de tsien. Soks nûget net sa út om in posityf ferhaal op te skriuwen, mar oan de oare kant is der altiten wol wat om oer te skriuwen.

Nin bygelyks it tige nijsgjirrige einspul tusken Tineke Teigeler mei wyt tsjin Bauke Bos ferline wike. De skriuwer hat dêr mei niget nei sitten te sjen. Net sa sear om it spultsje sels, mar foaral om it feit dat beide spilers it hartstikkene goed trochrekkenen. Dat hat wol oars west! Dan skode men mar wat, mar no namen se de tiid en spanden har ta it uterste yn om te
winnen en net te ferliezen. Der moat sein wurde dat Tineke doe alles goed die en Bauke ek, mar de earste koe net mear ferlieze as se it goed die en goed die se!.

Der barde wat ôfrûne moandei wat net sa faak foarkomt. Ype Boelens moast lykas de wyks dêrfoar tsjin Sjoerd Jan Bakker. It koe eins net oars. De man dy’t de list altiten gearstalt, koe net oanwêzich wêze en it oersicht fan de spile partijen wienen der ek net dus seagen de oanwêzige dammers it net oars of de beide mannen moasten wer tsjin elkoar. De wyks dêrfoar einige de partij yn kamp. En dat fielde foar Ype as in oerwinning. No like de partij ek moai lyk op te gean. Der wie echt net folle fan te sizzen, oant it momint dat Ype mei in goochem setsje Sjoerd Jan twong om de goeie te slaan. Hy hie nammentlik de kar út twa. It gefolclch wie wol dat ek dizze partij einige yn remize.

Utlaggen. Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens ½ – ½; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Útslach Fryslânkup

Hjirbij de utslaggen fan de eerste ronde fan de Fryslankup.

Willem Hoekstra (wint mei Frysk)   –   Bernard Kroon (wnf)        1/2  – 1/2

Liuwe Westra                        –                   Bauke Bos                              1 – 0

Sybren Dyk                            –                   Siebe Walinga                       0 – 1

Cor Kooistra                          –                   Sjouke Attema                      1 – 0

Tjerk  Wijbinga                     –                   Leo Altena                             1 – 0

Fedde Wiersma                   –                   Teake Kooistra                       0 – 1

Hein de Vries                       –                    Marten Walinga                   0 – 1

Dicky v/d Meer                   –                    Marcel Altena                       1 – 0

Jappie de Jong                    –                    Piet Skma                               1 – 0

Frans Kingma                      –                  Sietse de Jong                       1 – 0

Herman t/w/v  Scheltinga –                  Rein Jan Walinga                    0 – 1

Pieter Hoogterp                  –                  Klaas Wiersma                        1 – 0

Willem Schaap                      –               Folkert Groenveld                   0 – 1

13 dammers sitte der freed 25 novimber yn de koker foar de twadde ronde fan de Fryslankup. Ien dammer hat in steand nummer.

doorfriesdammen

Hartwert miniklupkampioen

Neidat koroana oant twa kear ta dwerse kneppels smiet, koe it miniklupkampioenskip yn 2022 einliks wer ris trochgean. Op freedtejûn 18 novimber op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert setten har seis fjouwertallen efter de buorden om it klupkampioenskip yn it fluchdamjen oan te gean. It pleatslike OKK furdige twa ploegen ôf. Bysûnder wie dat De Gastmar nei in hiel tal jierren ek wer ris de reis nei Jorwert ûndernaam hie. Tige spitich dêrfoaroer wie dat Aldegea en Blauhús ferstek gean lieten, sadat úteinliks mar fiif fan ‘e sân klups fertsjintwurdige wiene.

Tradysjoneel wurdt der by it miniklupkampioenskip yn twa klassen spile, mar omdat it tal ploegen úteinliks mar beheind wie, koene yn fiif omlopen mei 15 menuten tinktiid alle ploegen inoar treffe. Mei in skerp each foar de sterkteferhâldingen hie wedstriidlieder Willem Dykstra it dêrby sa beskikt dat de beide favoriten Skearnegoutum en Hartwert inoar yn ‘e lêste omloop treffe soene. Skearnegoutum is al jierren efterinoar de miniklupkampioen, mar Hartwert hie dit jier in sterke ploech ôffurdige, mei Taeke Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Fedde Wiersma en Hidde de Vries.

Jorwert I, ek yndield yn ‘e heechste klasse, hie oan dy beide oare ploegen fansels gjin hanwetter. Dat bliek al yn ‘e earste omloop, doe’t, om in mooglike kompetysjeferfalsking foar te wêzen, de beide Jortwerter ploegen it tsjin inoar opnimme moasten, en Jorwert I fuortdaliks in buordpunt kwytrekke omdat Kees Tijssen fan Jan Nauta ferlear. Hiele Bitgummole praat der noch fan. En yn ‘e twadde omloop kaam Jorwert I ek net fierder as in 2-2 lykspul tsjin De Gastmar, wylst Skearnegoutum en Hartwert doe wol Jorwert II en Lollum ferpletteren.

Mar yn ‘e tredde omloop barde der wat dat efternei beslissend foar de einútslach wurde soe. Jorwert I kaam wer wat by syn sûp en stút, en wist Skearnegoutum op in lykspul te hâlden. Hartwert dêrfoaroer rûn mei 3-1 ek net hielendal oer Jorwert II hinne – Fedde Wiersma liet it sitte tsjin Bonne Hylkema –, mar it pakte de wedstriidpunten wol.

Yn ‘e fjirde omloop koe Jorwert I de stunt tsjin Skearnegoutum net nochris wer opbringe. Mei 3-1 gong de ploech kopke-ûnder tsjin Hartwert, en mei dy sifers wûn Skearnegoutum fan De Gastmar. It iennichste bysûndere fan dizze omloop wie dan eins ek wol dat Lollum en Jorwert II 2-2 tsjin inoar spilen. En dêrmei hiene beide ploegen de eare rêden.

Tsja, en doe wie der dus noch ien omloop te gean, en moast de bûter jild jilde. Skearnegoutum en Hartwert moasten it tsjininoar wier meitsje. Dêrby hie Hartwert it foardiel dat it oan in lykspul genôch hie. En krekt dat barde. Dat betsjutte dus dat foar it earst sûnt 2017 Skearnegoutum net mear miniklupkampioen is.

Yn ‘e twadde klasse diene de jonges fan ‘e Gastmar ûnderwilens hiel goed wurk. Se waarden ôftekene winner, en hiene úteinliks ek mar in heale wedstriidpunt minder as Jorwert I yn ‘e heechste klasse. Underoan joegen Jorwert II en Lollum, dat mei in hiele jonge ploech opkaam wie, inoarren neat ta. In heal buordpunt mear makke dat de Jorwerters úteinliks de beker fan it twadde plak thúshâlde koene.

Utslaggen miniklupkampioenskip 2022:

Omloop I: Skearnegoutum – Lollum 3-1; Hartwert – De Gastmar 3,5-0,5; Jorwert I – Jorwert II 3-1.

Omloop II: Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; De Gastmar – Jorwert I 2-2; Lollum – Hartwert 0-4.

Omloop III: Hartwert – Jorwert II 3-1; Skearnegoutum – Jorwert I 2-2; Lollum – De Gastmar 1-3.

Omloop IV: Jorwert I – Hartwert 1-3; Jorwert II – Lollum 2-2; De Gastmar – Skearnegoutum 1-3.

Omloop V: Skearnegoutum – Hartwert 2-2; Lollum – Jorwert I 0-4; De Gastmar – Jorwert II 3,5-0,5.

Einstân groep I (mei tusken heakjes de buordpunten):

1. Hartwert                  4,5 (15,5)

2. Skearnegoutum       4 (14)

3. Jorwert I                 3 (12)

Groep II

1. De Gastmar             2,5 (10)

2. Jorwert II                0,5 (4,5)

3. Lollum                    0,5 (4)

(Tekst: S. Dyk)