It persoanlik kampioenskip yn de ‘tredde acht’is al begûn. De grutte kanonnen komme yn febrewaris yn aksje. Ien der fan is Taeke Kooistra fan Hartwert. It wie foar him net maklik om de earste kear kampioen te wurden. Mar dernei wie der ek net mear te hâlden. Kooistra rint der fier út mei 18 kampioenskippen. Werom nei 24 febrewaris 1986 te Ferwert. Yn de 7-e en lêste omlooop gie it tsjin Willem Folkert Bakker (wyt), ek al faak kampioen en in baas dammer.
It soe in bjusterbaarlike partij wurde, dy t net yn ien rybryk te besprekken is.
1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 Fan alle dammers wie Bakker perfoarst it meast thús yn dizze iepening, mei benammen de slach op de tredde set. 3.44*24 14*344.40*29 19-23 Fansels hie Kooistra him goed taret. 5.50-44 23*34 6.39*30 15-207.44-39 20*40 8.35*44 10-15 9.44-40 9-14 10.40-35 14-20 11.37-31 3-9!
Gjin misse set, mar ferrassend en bepalend foar in grut ferrin fan de partij. 11. …20-24 leit mear yn de reden.
Wyt nimt ek net de maklikste wei troch12.32-27. 12.41-37 9-14 13.46-41 20-25en stiet de ôfruil oerdwers ta. Mooglik wie 13. …13-19 14.33-29 5-10! 15.29×9 14×3 14.35-30 25*34 15.33*35 14-2016.49-44 18-23 en dan 23-29 17.39-33 20-24 om te skoarjen. 18.44-40 17-21skerp, net ôfruilje troch 18. …13-19 19.33×13 12×14 19.26*17 16*18
20.31-26 11-17
It stiet der moai op. Nei 21.36-31! hie swart it dreech hawn. 21. ..5-10? om 26-21 etc., 21. …15-20? om 32-28 etc. en ek 21. …4-9 as 17-22? om 43-39 etc.
21. …6-11 is ek al net goed, om 43-39, 26-21 etc. 21. …7-11 22.26-21 17×26 23.33-28 13-19 (ferpl.) 24.32-27! 32×21 25.41-36!! 21×37 26.36×20 15×24 27.42×11 En is dus ferplichte 21. …4-10
Mei bygelyks 22.33-29 23×34 23.40×20 15×24 24.31-27 10-15 25.27-22 18×27 26.32×21. De partij ferrûn fierder mei
21.33-28 13-19! 22.28-22!
22. …17*28 22. …18×27 23.32×21? 12-18! 24.21×3 4-10! 25.3×20 10×50
23.32-27 15-20 Nei 23.43-39! siet it spul wer fol mei drigingen. Swart kin troch 23-29 in skiif foar bliuwe, mar dat liket al te dryst. 24.27*9 4*13 25.37-32 5-10
26.26-21 is in pracht-set. Op 6 as 7-11 folget de plakker 40-34 en op 10-15 komt de daamslach nei 21-16! 23-29 kin net om earst 40-34 en dan 35-30 etc.
Fansels kin 13-18 net om 32-28.
Nei 10-14 folget 32-27 mei in protte drigingen en wat te tinken fan 26. .24-29
27.35-30! 13-19 28.30×28 18-22 29.28×17 7×16 30.38-33 8-13 (need-setten fan swart) 31.32-28 etc. Der folge
26.41-37 10-15 27.37-31 20-25 28.31-27 13-19 29.42-37 7-11 30.43-39! en bgl. 7-11 31.36-31 11-16 32.26-21 mei better spul foar wyt. 30.37-31 8-13 31.27-21 24-30 32.35*22 18*16 Troch dizze ôfruil binne de grutste tûkelteammen foar swart út de partij. It spul kriget in mear posysjoneel karakter. 33.32-27
19-24 34.40-35 12-17 35.27*7 1*1236.38-32 12-17 37.32-27 17*3738.47*27 11-17 39.27*7 2*11
40.31-27 13-18 41.43-39 18-2242.27*18 16-21 43.26*17 11*13
En sa giet it op nei it einspul dat we de oare kear besjen sille.
Nû.9 sw. 4, 8, 9, 12, 21, 27, 36
wyt 15, 19, 20, 38, 39, 42-44
Nû.10 sw. 4, 7, 8, 10, 11, 16, 18, 41
wyt 20, 27, 30, 32, 36, 38, 40, 47
En twa nijen, ek al fan Willem Bakker.
Nû.11 sw. 2, 4, 10, 11, 13, 17, 26
wyt 20, 28, 29, 38, 41, 47, 50
Nû.12 sw. 2, 4, 6, 8, 10, 11, 20, 21
wyt 18, 35, 37, 39, 41, 43, 45, 46
Oplossingen stjoere foar 20 desimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
o wisten de Stadige Strikers wol dat ús nestor it net sa lang mear meitsje soe, mar dochs misten wy him tige by it sinteklazedamjen. Wat wie de man dêr in entûsjast leafhabber fan. Wat koe er miterste hurd tinke. Hy siet der ek wol ris nêst, mar faak hie er it by it rjochte ein. No is ús nestor der net mear. Om dizze kompetysje by him thús te damjen, soe him noch bot yn kontakt hâlde mei de klupleden. Hy hat mar ien partij damje kinnen en dêrnei wie it op. Hy bleau op bêd. Sels sei er: “Dit is it begjin fan de ein” Oant de lêste dei bleau er skerp, sa as er dat altiten west hie. Freedtemiddei bringe wy ús nestor te hôf. It libben giet troch. Wat noch nea bard wie yn de histoarje fan de Strikers, barde moandeitejûn. Der kaam in echte swarte Piet mei in sek fol pipernúten de damseal binnen stappen. Prachtich moai. By it neier yn de kunde kommen, bliek it net in Piet, mar in Pietsje te wêzen. Se koe ek noch Frysk damje. Sa sjocht men mar wer: üs sport is ynternasjonaal! Tineke Teigelaar hie har dochter Tess ek meinommen. Sa hienen wy fjouwer froulju. Twa mannen wienen ferhindere. Wy koenen yn trije groepkes fan fjouwer spylje. Fjouwer potsjes yn ien kartier. Der waard skerp spile en der waard enoarm blundere. Al mei al wie it in slagge jûn en elk gie mei wat lekkers nei hûs.
Op tongersdei 28 novimber waarden yn de Gaastmar trije partijen yn de twadde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. De útslaggen fan dizze jûn wiene:
Fedde Wiersma – Ype Boelens 0,5 – 0,5
Siebren Dyk – Marcel Altena 0 – 1
Dicky van der Meer – Bernard Kroon 1 – 0
Foar de taskôgers wie it kampspul fan Fedde tsjin Ype ferrassend. Hy stie mei 7 om 6 houtsjes foar, dus it like der op dat hy de pot wol winne soe. Mar Ype tocht der oars oer! De fjirde partij tusken Liuwe Westra en Piet Sikma waard op moandei 2 desimber spile yn Hartwert. Liuwe wist de partij nei in daamslach te winnen.
Nei de beide earste partijen hawwe Dicky van der Meer en Liuwe Westra de lieding mei twa punten. De tredde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht is op moandei 16 desimber yn Aldegea.
Hjir is de lotting fan de twadde ronde fan de Fryslankup.
Siebe Walinga – Winaar Hein de Vries – Tjerk Wybinga.
Marten Walinga – Klaas Wiersma.
Leo Altena – Siebren Dyk.
Epke Bootsma – Dicky v/d Meer.
Teake Kooistra – Pieter Hoogterp.
Cor Kooistra – Bauke Dykstra.
Marcel Altena – Folkert Groenveld.
Herman t/v Scheltinga had steand nr.
De lotting foar de tredde ronde is op freed 27 december yn Blauhus.
De toto kin ynlevere wurde oant snein 8 december bij Jappie de Jong.
Juster is it kampioenskip Frysk Damjen foar basisskoallen by Hotel Duhoux te Wurdum wûn troch it Italjaanske team fan de skoalle Istituto Scolastico Eugenia Martinet út Aosta. Twadde wie de Sint Gregorius-skoalle út Blauhús.
Yn de twadde klasse wie de oerwinning foar it tredde team fan Mienskipsskoalle De Legeaën út Sibrandabuorren. Dat team promovearret sadwaande nei de earste groep.
De bêste yndividúele spiler wie Adrea Peirano út Aosta. Hy wûn alle sân spullen. Dat wie in unikum yn de skiednis fan it toernoai: oars moasten der om it earste plak altiten beslissingswedstriden spile wurde, mar dit wie in oerwinning mei oermacht. Foar de earste 20 spilers wiene der prizen.
Hjirûnder steane de útslaggen per team en per spiler.
Groep I
1. Eugenia Martinet Valle Aosta 5,6 pt
2. St. Gregorius Blauwhuis 4 pt.
3. It Fûnemint Wommels 3,8 pt
4. De Legeaën Sibrandabuorren 3,6 pt.
5. St. Maarten Bolsward 3 pt.
Groep II
1. De Legeaën III Sibrandabuorren 3,87 pt.
2. De Legeaën II Sibrandabuorren 3,5 pt.
3. It Fûnemint II Wommels 3,38 pt.
4. De Steven Franeker 3,13 pt.
5. It Fûnemint III Wommels 2 pt
1 Andrea Peirano, Eugenia Martinet 7
2 Lorenzo Schifino, Eugenia Martinet 5.5
3 Adelina Bulat, Eugenia Martinet 5.5
4 Teije Stor, St. Maarten 5
5 Watze Anne Postma, It Funemint 2 5
6 Marco Gemma, Eugenia Martinet 5
7 Marco Giacosa, St Martinet 5
8 Willem Kroon, St. Gregorius 5
9 Martsen Van Der Goot, De Legeaën 1 5
10 Ruben Buma, De Legeaën 2 4.5
11 Doutzen Twijnstra, De Legeaën 3 4
12 Marcus Kroon, St. Gregorius 4
13 Jelte Hoekstra, De Legeaën 2 4
14 Ytzen Hoekstra, De Legeaën 3 4
15 Jorrit Frankena, St. Gregorius 4
16 Rens Bos, It Funemint 2 4
17 Hiske Bos, It Funemint 1 4
18 Jitze Draaisma, De Steven 4
19 Maarten Koopman, It Funemint 1 4
20 Bart Bijstra, De Legeaën 3 4
21 Rients Huitema, De Legeaën 3 3.5
22 Louise Hoekstra, De Steven 3.5
23 Gerrit Kramer, De Legeaën 1 3.5
24 Hedzer Prinsen, St. Maarten 3
25 Lars Salverda, De Steven 3
26 Lute Talsma, It Funemint 3 3
27 Jelmer Bijma, De Legeaën 2 3
28 Jurre Jansen, St. Gregorius 3
29 Klaske Gaastra, It Funemint 1 3
30 Sander Kramer, De Legeaën 2 3
31 Anne Rikst Bakker, De Legeaën 1 3
32 Milan Wispelwey, De Legeaën 1 3
33 Wytze Krikke, De Legeaën 2 3
34 Ruurd van Althuis, St. Maarten 3
35 Elisah de Boer, It Funemint 2 2.5
36 Femke Dijkstra, It Funemint 1 2.5
37 Corne Ebbendorf, It Funemint 2 2
38 Teun Wisman, It Funemint 3 2
39 Ids Delea, It Funemint 3 2
40 Kimberly Engbrenghof, De Steven 2
41 Jurre Spijksma, St. Maarten 2
42 Lieuwe van Der Kamp, St. Maarten 2
43 Julia Dijkstra, It Funemint 3 1
Tekst: Liuwe Westra
De utslaggen fan de eerste ronde foar de Fryslankup .
Liuwe Westra – Leo Altena 0 – 1
Marten Walinga – Jurjen Frankena 1 – 0
Bauke Bos – Klaas Wiersma 0 – 1
Frans Kingma – Teake Kooistra 0 – 1
Fedde Wiersma – Siebe Walinga 0 – 1
Tjerk Wijbinga – Hein de Vries N.n.g.
Sjouke Attema – Pieter Hoogterp 0 – 1
Herman T/w/v scheltinga – Sietse de Jong 1 – 0
Siebren Dyk – Bernard Kroon 1 – 0
Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0
Manfred de Wolff – Folkert Groenveld 0 – 1
Gert Jan Kamp – Dicky van der Meer 0 – 1
Bauke Dykstra – Piet Sikma 1 – 0
Epke Bootsma – Johannes Hoekstra 1 – 0
Marcel Altena – Jappie de Jong 1 – 0
De loting foar de twadde ronde is op freed 29 november yn Jorwerd.
De measte dammers kamen moandeitejûn op ’e proppen. Lykwols slagge it trije fan ús dammers net om oanwêzich te wêzen. Der sieten dus alve dammers klear om harren potsje te striken. Doe fertelde Bauke Dykstra dat Piet Sikma ek noch komme soe om tsjin him foar de Fryslân Kup te spyljen. Dat kaam dus prachtich út. Elk koe no damje sûnder dat der ien bygelyks twa spullen tagelyk dwaan moast. Willem Schaap wie ek wer werom nei twa wiken. En hoe!
De partij tusken good old Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap wie it oansjen mear as wurdich. No moatte alle dammers har fansels tige op har eigen partij rjochtsje, mar it is foar guon ek de muoite wurdich om ris efkes fan siden te kypjen en de buorman yn de gaten te hâlden. Dy buorman wie foar in oantal fan de Strikers Willem en elk wit wol as dy achter it boerd sit, dan bart der wat. Hy doart te striken en is gjin houtsjeferweider sa as wijlen Germ Terpstra sizze soe. Willem besocht mei dat spul Bakker syn solide opbou te ûntregeljen. No wurdt Bakker dêr, sa liket it, kâld noch waarm fan. Hy giet gewoan fierder mei syn eigen spul en lit him net fan de wize bringe. Op in bepaald stuit moast Willem kieze: ôfruilje en dêrtroch in moaie stân oerhâlde of trochgean mei it riskante spekulative spul. Hy keas foar it earste. Helle dêrnei ten koste fan in houtsje as earste in daam. Dochs wie dat net de winstfariant, nee mear as kamp siet der net yn. Dat kaam fansels ek troch it sterke ferdigenjen fan Bakker.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Fryslân Kup: Bauke Dykstra – Piet Sikma 1 – 0.
Op moandei 18 novimber gie it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht los. It dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht. Dy tredde acht spile de earste omloop yn It Swettehûs yn Skearnegoutum. Om op jûn te spyljen is in noviteit. Dat ferrûn fierders allegearre prima. De útslaggen fan de earste rûnte wiene:
Ype Boelens – Liuwe Westra 0-1
Piet Sikma – Fedde Wiersma 0-1
Bernard Kroon – Siebren Dyk 0-1
Marcel Altena – Dicky van der Meer 0-1.
Dus alle swart-spilers wisten de partij te winnen. By de earste 3 partijen kaam de witspiler yn it middenspul in skiif efter en wie de striid dan ek ridlik gau beslikke. De partij tusken Marcel en Dicky duorre wat langer, mar doe t Marcel by acht om acht in foute set die, wie dy partij ek direkt út. Bernard ferlear eins twa kear, om t hy en Siebren ôfpraat hiene dat de partij ek mei telde foar de Fryslan Kup.
De twadde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht is op tongersdei 28 novimber yn de Gaastmar.
Al wit hoe lang damt Kees Tijssen mei yn de top fan it Frysk damjen. Mei in grutte kennis fan de iepeningen strykt hyflot op. Dat is him grif goed útkommenby de lêste kampioenskippen. Doe waard der foar it earst neffens Fischer-tiid spile. Dat wol sizze trije kertier foar de partij mei 90 tellen de set. Yn nochal wat omlopen kaam it amper oan itmiddenspul ta. Tijssen wûn sa fjouwerkear en noch twa kear yn in langer spul:
in dúdlike promoasje nei de earste acht.
Tsjin Sjoerd Jan Bakker (wyt) gie it sa
1.32-27 19-24 2.33-29 24×33 3.34×32 17-21 4.39-33 12-17 5.44-39 7-12 betteris 5.28-23 6.27×7 21-27 7.37×19 13×24 8.7×18 8×26 Wyt stiet der al minder op en komt ek noch in hout efter. 9.50-44?26-31 10.36×27 24-30 11.35×24 14×21
It fergie Folkert Groenveld mei swartnoch minder 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24 11.34×14 10×19 12.40-34 4-10
13.28-22 12×41 14.47×16 8-12 Oantsafier bekinde iepeningstéory. 15.33-28 2-8?? Mei de klapper 16.45-40 25×45 17.28-23 13×35 18.42-37 45×34 19.44×2
Nei 15. …25-30! 16.34×23 18×27 17.39-33 2-8 wie der foar swart neat loos west.
Al earder wûn Tijssen fan Willem Schaap dy’t ek net goed iepene.
1. 32-27 19-24 2. 31-26 20-25 3. 37-31 17×37 4. 41×32 14-20 5. 34×14 10×19 6. 35-30 25×34 7. 39×10 5×14 8. 31-27 15-20 9. 27-21 11×31 10. 26×37 16-21 11. 40-35 7-11 12. 33-29 19×39 13. 38×40 11-16 14. 35-30 20-25 14….13-19 en tebek ôfruilje. 15. 44-39 25×34 16. 39×30 1-7 17. 40-35 21-26 18. 50-44 14-19 18. …18-22 is better. 19. 44-40 9-14 20. 32-28 18×38 21. 37×39 4-10 22. 43-38 12-17 23. 36-31 26×37 24. 38×36 17-21 25. 49-44 7-12 Oant twa kear ta litswart de ôfruil troch 19-24 sitte.
26. 30-25 21-26 27. 39-34 19-24
No moat in skiif offere wurde, der driget34-29. 28. 25×23 13×33 29. 34×32 12-17 30. 35-30 2-7 31. 40-35 14-19 32. 42-37 17-21
Hjir hie Tijssen de partij daalk útmeitsjekind troch 33.46-41!! 26×46 en de plakker 24.37-31 46×20 25.31×2!
Twa nije problemen fan Hiele Walinga
Nû.9 sw. 4, 8, 9, 12, 21, 27, 36
wyt 15, 19, 20, 38, 39, 42-44
Nû.10 sw. 4, 7, 8, 10, 11, 16, 18, 41
wyt 20, 27, 30, 32, 36, 38, 40, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.
De klup wie it der unanym oer iens dat soks altiten barre moast. It bestjoer hie ien betingst: op de klupjûn leaver net of it soe sa útkomme moatte. By in ûneven oantal dammers bygelyks. De Stadige Strikers ha de leden wol nedich. Al in in oantal jûnen wienen der troch ferskate redenen te folle weibliuwers. Mar goed wy wienen it der dus oer iens dat wy op it fersyk fan De Boer, ús nestor, snein is er 97 jier wurden en like lang lid is as de klup âld is, posityf yn gean moasten.
Hennie de Haan soe as earste de striid oan gean. No en in striid soe it wurde. De nestoer liet him net sa mar ferkatse, dat kin men fan tinken wol ha. Hoewol’t syn fysyk gestel minder wurdt, syn geast is noch as dy fan in jongkeardel. Ferline jier koe er alle titels fan de boeken dy’t er op ’e mulo foar it eksamen lêze moast, noch sûnder mankearen opsizze. En sa is it ek mei it damjen. Net dat it in man is mei in hiele koerfol oan teoryen. Nee dat net, mar is er earst troch de iepening hinne, dan dammet er noch ûnferstelber sterk.
No wie Hennie de Haan fansels wol op de hichte fan De Boer syn damkapasiteiten. En sy wist ek dat hy it meastal fan har wûn hie. No wie it foar De Boer ek noch in thúswedstriid. No om it mar gau te ferklappen: it wie in prachtige en spannende partij. De leden fan de klup krigen op What’s App in foto fan de einstân trochstjoerd. Doe wist elk wol dat it der spannend om ta gie. Uteinlik koe Hennie it net bolwurkje en koe De Boer syn earste puntsje op de kalender sette.
Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Hester Boelens – Jan Castelein ½ – ½; Kees Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Cor Kooistra – Sjoerd Huitema 1 – 0.