It is alle jierren wer sa dat der op de moandeis foar de tredde partij fan it persoanlik kampioenskip fan it bûn de jûns dêrnei, it by de Strikers net optilt fan de dammers. No lei it net allinne oan dy bûnspartij dat der mar njoggen dammers oanwêzich wienen, nee ek it omikronfirus soarge der foar dat twa fan ús dammers net yn aksje komme koenen. Sa wie it wat in suterige boel by de Strikers moandeitejûn.
Gelokkich moast Piet Sikma fan Hartwert in partij foarút spylje foar it PK tsjin Ype Boelens. En Willem Schaap en Cor Kooistra damden net foar de kompetysje mar folgen de partij fan Ype en Piet. Yn dy partij kaam Ype al frij gau op foarsprong en dy liet er him net mear ûntglûpe.
Jelle Wiersma makke frij gau dien wurk tsjin Dicky van der Meer en Bauke Bos wie te sterk foar Hennie de Haan. Doe sieten der noch twa te damjen, tsjinelkoar. Sjoerd Jan Bakker tsjin Tineke Teigeler. Dat spul wie de muoite wurdich om te folgjen. Tineke siet wer oandachtich te tinken, sa as wy dat de lêste wiken fan har wend binne. Sjoerd Jan koe it net litte om te kleien dat er it spul oan alle kanten en einen ferlieze soe. No moat der sein wurde dat er mei syn kleilieten wol it gelyk oan syn kant hie. Allinne moast Tineke skerp bliuwe en gjin hastige setten dwaan. Sels hie se har tsjinstanner goed yn de smizen: ”Troch dy praatsjes fan Bakker wol er my leauwe litte, dat ik net mear ferlieze kin, mar ûndertusken hat er syn plannen al klear om my te eliminearjen!” Dêr koe se wol ris gelyk oan ha, mar de ûnpartijdige taskôgers seagen dat Tineke it ferrin fan de partij hielendal yn eigen hân hie, mar se moast geduld ha en gjin oerhaaste dingen dwaan. Dat lêste die se wol en doe wist Bakker fuortendaliks wol dat er it wûn hie. Tineke ruile ôf en dêr hie se mei wachtsje moatten. Se koe Bakker syn daam krije en dat hie earst moatten. Damjen komt hiel krekt!
Utslaggewn: Ype Boelens – Piet Sikma 1 – 0 PK; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0.
(Tekst: C. Kooistra)
Net ien kin it helpe, mar it persoanlik kampioenskip is no wol hiel ûnoersichtlik wurden, alhiel by de twadde acht. Earst moast Kees Tijssen him dêr fanwegen sykte al weromlûke. Tiisdei yn Jorwert oan it begjin fan ‘e tredde omloop die bliken dat Willem Schaap om persoanlike reden ek net fierder koe. Dat betsjut dat de twadde acht yninoarskronfele is ta in twadde seis. It hat foar de oerbliuwers wol it foardiel is dat se net mear degradearje kinne, en de skea foar de beide ferliezers fan Schaap fan ôfrûne sneon, Willem Hoekstra en Bauke Dijkstra, is no ek fuortpoetst.
Yn ‘e kampioensklasse gong ek in partij net troch (wurkomstannichheden), en yn ‘e tredde acht sels twa (sykte en in al yn it foar plende krookjefekânsje). Alles meiinoar opteld sieten der tiisdeitejûn yn Jorwert gjin 24 dammers efter it boerd, mar mar 14.
Likegoed ha de thúsbliuwers hiel wat mist. Fan ‘e trije favoriten foar it kampioenskip hoegde allinne Jelle Wiersma mar yn aksje te kommen. Nei in skerpe iepening tsjin Tsjerk Wijbenga rekke de partij yn it begjin fan it middenspul wat yn rêstiger farwetter. En doe sloech Tsjerk ta. Hy joech in daam, dy’t er letter wer werompakke koe, yn ruil foar in eigen daam. Wiersma syn stân stie dêrnei sa iepen dat er fuortdaliks de fûst jaan koe. It kin tafal wêze, mar de titelferdigener liket dit jier net op syn skerpst. Sneon hied er ek al sa’n akkefysje mei Henk Haanstra. Dat rûn doe noch mei in skamper ôf, mar no bleau er mei de folle nul sitten.
Dat makke wol dat der in nije koprinder is. En dat is Siebe Walinga, nota bene in promovendus. Mei in moai útwurke slach koed er oan ‘e lofterkant trochbrekke nei daam, en doe wie it dach mei tsjinstanner Pieter Hoogterp, dy’t sa tsjin syn tredde ferlies oanrûn. Yn ‘e tredde partij yn ‘e kampioensklasse gong de striid tusken Henk Haanstra en Hein de Vries lange tiid lykop. Beiden koene yn it einspul nei daam trochbrekke, mar Haanstra moast ta syn ferdigening wol in houtsje opofferje. Dat bruts him hielendal oan ‘e ein soer op. De Vries koe in twadde daam helje, mar dat wachte Haanstra mar net mear ôf.
Nei it tebeklûken fan Willem Schaap wie de twadde klasse ek oan in nije lieder ta. Dat waard Dicky van der Meer, dy’t tsjin Willem Hoekstra hiel bekwaam it einspul nei him taluts. Liuwe Westra wie tsjin Bauke Dijkstra wat al te útbundich oan it offerjen, en dat betearde dus ek net goed. Dat smiet foar de Tynster it earste wiere wedstriidpunt op, want syn risseltaten tsjin Schaap en Tijssen kinne it ferjittersboek yn. Dêrmei is er ek fuortdaliks in man om rekken mei te hâlden, want hy is no noch sûnder puntferlies.
Yn ‘e tredde acht wie der mar ien reguliere partij. Lange tiid hie Siebren Dyk de houtsjes der yn ‘e midden raar op stean, mar doe’t dy teplak stiene, kantele it foardiel syn kant oer. Klaas Wiersma offere fanneed in skiif, mar dy weelde koe de Jorwerter net drage. Hy fergeat syn ferdigening, en doe gong it punt dus dochs noch nei Nijbeets.
Ype Boelens, dy’t sneon fanwegen de stoarm it dak op moast, is neitiid drok oan it ynheljen slein. Moandeitejûn tippele er noch troch Piet Sikma syn úttinne lofterkant hinne. Mar tiisdeitejûn hied er it tsjin Cor Kooistra aardich dreger. Al yn it begjin kaam dy twa houtsjes foar. Boelens aksele noch al wat tsjin, mar Kooistra hold de kop der goed by, en doe wie it punt sines.
Utslaggen tredde omloop
Kampioensklasse: Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 0-1; Pieter Hoogterp – Siebe Walinga 0-1; Henk Haanstra – Hein de Vries 0-1.
Stân: S. Walinga 3-2,5; T. Kooistra en M. Walinga 2-1,5; H. de Vries, J. Wiersma en Tsj. Wijbenga 3-1,5; H. Haanstra 3-1; P. Hoogterp 3-0.
Twadde acht: Willem Hoekstra – Dicky van der Meer 0-1; Bauke Dijkstra – Liuwe Westra 1-0.
Stân: D. v.d. Meer 3-2; F. Groenveld 2-1,5; B. Dykstra 1-1; L. Westra 3-1; S. Couperus 2-0,5; W. Hoekstra 1-0.
Tredde acht: Klaas Wiersma – Siebren Dyk 1-0.
Neikommen fan 1ste omloop: Ype Boelens – Piet Sikma 1-0.
Neikommen fan 2de omloop: Cor Kooistra – Ype Boelens 1-0.
Stân: M. Altena en F. Kingma 2-2; Y. Boelens, C. Kooistra, B. Kroon en K. Wiersma 2-1; S. Dyk 3-1; P. Sikma 3-0.
(Tekst: S. Dyk)
Lollum — Nei in jier oerslaan is sneon it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul sneon wer fan ‘e ein gien. It wie foar de dammers dúdlik wer wennen, oars ek foar de tablets dêr’t op notearre wurdt en dêr’t op de websiden friesdammen.nl of op toernooibase.kndb.nl de partijen live mei te folgjen binne. De apparaten krigen pas nei in soarte fan boosterprip wer de guit.
Yn ‘e kampioensklasse waard de helte fan ‘e wedstriden kamp – it Frysk damjen begjint suver op in echte tinksport te lykjen. De favoriten Taeke Kooistra, Marten Walinga en Jelle Wiersma hiene ek fan ‘e remizegoarre te lijen, dat elk hat al in skavankje oprûn. Titelferdigener Wiersma siet him dêrby it meast te knipen. Henk Haanstra helle der tsjin him fia in tuskentiidske daam in prachtige slach út, en kaam sa ek in hout foar. Mei hingjen en wjirgjen waard it foar Wiersma noch kamp. De favoriten wurde oan ‘e top beselskippe troch Siebe Walinga. Hy hold mei in soad strategyske ruilerij syn broer Marten op remize, neidat er de moarns Tsjerk Wijbenga ferslein hie. Pieter Hoogterp is yn dizze klasse noch sûnder punten, mar hy hat mei Kooistra en Wiersma de dreechsten ek hast al hân.
Yn ‘e twadde acht naam Willem Schaap de kop, ek al warden Willem Hoekstra en Bauke Dijkstrahar oant de ein ta. Yn dizze klasse hat rûtynjee Kees Tijssen dit jier troch sykte spitigernôch ôfsizze moatten. In oare feteraan, Sjoerd Couperus fan Snits, kaam yn twa partijen net fierder as in heal punt.
Yn ‘e tredde acht koe Ype Boelens sneon ek gjin acte de presence jaan, want hy moast fanwegen stoarmskea driuwend it dak op. Marcel Altena en Frans Kingma ha hjir nei twa partijen de folle winst.
It kampioenskip wurdt tiisdeitejûn fuortset yn Jorwert.
Utslaggen kampioensklasse, earste omloop: Pieter Hoogterp (Gaastmar) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Hein de Vries (Ljouwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0. Twadde omloop: Wiersma – Haanstra 0,5-0,5; Kooistra – Hoogterp 1-0; M. Walinga – S. Walinga 0,5-0,5; Wijbenga – De Vries 0,5-0,5.
Stân: Kooistra, M. Walinga, S. Walinga en Wiersma 1,5; Haanstra 1; De Vries en Wijbenga 0,5; Hoogterp 0.
Twadde acht, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Willem Schaap (Dearsum) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Couperus (Snits) 1-0; Bauke Dijkstra (De Tynje – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0. Twadde omloop: Schaap – Dijkstra 1-0; Groenveld – Westra 1-0; Couperus – Van der Meer 0,5-0,5; Tijssen – Hoekstra 0-1.
Stân: Schaap 2; Groenveld 1,5; Dijkstra, Hoekstra, Van der Meer en Westra 1; Couperus 0,5; Tijssen 0.
Tredde acht, earste omloop: Marcel Altena (Blauhús) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0; Frans Kingma (Jorwert) – Bernard Kroon (Blauhús) 1-0; Piet Sikma (Hartwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Altena 0-1; Kroon – Sikma 1-0; Dyk – Kingma 0-1.
Stân: Altena en Kingma 2-2; Dyk en Kroon 2-1; Boelens 0-0; Kooistra en Wiersma 1-0; Sikma 2-0.
(Tekst: S. Dyk)
By de Strikers wienen der moandeitejûn eins gjin partijen fan de lange azem. Nee de measte spilers makken der gau in ein oan, somtiden troch tadwaan fan de tsjinstanner. It kaam der op del dat de partijen krekt foar tsienen út wienen. Moai neffens de regleminten dy’t jilde yn ferbân mei de koroana-pandemy. Der blieken ek in pear útsûnderingen te wêzen. Docha wie it al mei al gau beslikke.
Foar de útsûndering wat de tiid oanbelange, soargen Tineke Teigeler en Kees Castelein. Oer it generaal binne dizze twa spilers gau út. Faak fier foardat de oaren elkoar de hân of de boks jouwe. Moandei dus net. Beide dammers makken der in moaie partij fan, dy’t op en del ferrûn. Sa kaam Kees in houtsje efter troch in slachfout, mar hy hold de kop der foar en kaam wer gelyk. It bleau in moai spul oant de ein ta. Trije om trije wie foar beide in wichtige stân, mar dêr kamen se goed út en skoden elk mei ien houtsje dat se noch besieten nei de daam: kamp! Moai dien!
Sjoerd Jan Bakker wie yn syn partij tsjin Jelle Wiersma sa mar út. De skriuwer soe al gau de nul foar Bakker opskriuwe, mar doe die him bliken dat net Bakker, mar Wiersma ferlern hie. De lêste blundere sa’t wy dat net fan him wend binne. Sjoerd Jan fandele de puntsjes mei nocht op. In oare partij duorre ek net sa lang. Dy tusken Ype Boelens en Jan Castelein. Ype krige al frij flot in daam yn de lange hoeke en doe koe Jan it wol ferjitte. De fjouwer dammers koenen noch wol in partij. Dat barde ek. Ype waard fan it boerd ôfreage troch Jelle en Sjoerd Jan Bakker wie te sterk foar foar Jan.
Cor Kooistra en Dicky van der Meer sieten noch wol te stinnen op it spul, dat eins gjin echte partij wurde woe. Dat kaam ek troch de iepening, wêr’t yn Kooistra wat te bang en te foarsichtich út de startblokken kaam. Om koart te gean: hy waard der fakkundich ôf damd troch Van der Meer.
Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Kees Castelein ½ – ½; Jan Castelein – Ype Boelens 0 – 1; Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd jan Bakker 0 – 1.
By guon dammers is it frij normaal dat se wyk yn wyk út de winst pakke, mar der binne fansels ek oaren. By de Stadige Strikers besiket elkenien de winst te pakken, mar by de ien giet dat him of har wat liniger ôf as by de oar. As jo dan mar in bytsje winne, wat is it dan moai dat jo it swiet fan de sege wer ris smeitsje meie. It hie wat duorre, mar doe wie der dan dochs wer ris de winst foar Kees Castelein.
It like der net sa bot op dat Kees winne soe fan Hennie de Haan. Hy kaam yn it middenspul in houtsje efter en dan witte jo it faaks wol. Kees rekke fan dy efterstân net fan it sintrum en skerpe him noch ris goed op. Dat hie fan gefolgen dat er der hieltiten better op kaam te stean. Boppedat die Hennie net de alderbêste setten en op in bepaald stuit stie se der wakker beroerd op. Al twa kear hie se dizze kompetysje wûn fan Kees en faak makke dy yn it lêst noch wol in foutsje. Mar diskear net! Hy rammele op in gegeven momint in stik as fjouwer houtsjes fan it boerd en doe wie it spul wol bekeken. Kees dy wûn, mar hy sei:”It wie in dreech spul!”
In dreech spul spile Bauke Bos net. Hy spile twa kear en wûn twa kear mei in laits op syn gesicht. Dy laits kaam net sa sear fanwege dat winnen, mar folle mear omdat er te damjen siet tsjin Willem Jan Steenhuizen. De lêste hat troch omstannichheden al oardel jier net in partij op de klup spile en dêrom wie net allinne Bauke yn poerbêste stimming, mar elkenien op de klup. It is net sa dat wy nije wike Willem Jan wer sjen sille, mar mooglik it oar jier wol wer.
Ferline wike ferlear Tineke har partij tsjin Bauke Bos, wylst se eins winne moatten hie. Dan fûn se sels ek. No moast se it opnimme tsjin Cor Kooistra en dat gong foar Tineke as it slytjage. Sy die hieltiten wer de goeie set en Kooistra moast de eagen gewoan goed iepen hâlde om net yn gefaar te kommen. Doe‘t it sa’n bytsje nei de einfaze rûn, makke Tineke dochs in foutsje en koe se net mear ferhinderje om in houtsje efter te kommen. Dat barde dus ek, mar se striek wol op de foar har foardelichste manier. Likegoed koe se it fierders net mear yn har foardiel beslisse, mar har âlde learmaster wie suver wat út de skroeven oer har stappen fan foarútgong.
Utslaggen: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Willem Jan Steenhuizen 1 – 0.
Der binne fan dy partijen dêr wurdt krekt wat mear as gewoanwei oer nei praten. Dat wie moandeitejûn ek it gefal. Net omdat it sa’n spannende partij betrof, mar om de manier wer op it gong. It praat hold net op doe’t ien fan de betreffende spilers al nei hûs ta wie. De ferliezer trouwens.
Om no efkes wat neier op de saak yn te gean: it gie om de partij tusken Tineke Teigeler en Bauke Bos. Gewoanwei hat Bauke dan de measte kâns op winst, mar dat is gjin garânsje. Ek yn dizze partij seach it der sa’n bytsje healwei net nei út dat Bauke mei de ear oan de haal gean soe. Hy rekke nammentlik in houtsje efter en stie der ek net sa noflik op. Mooglik hat it foarstean Tineke wat parten spile en koe se de weelde dêrfan net oan. De druk fan it winne te kinnen mepte der mooglik wat te bot op yn. Se damme net mear sa goed as foar de foarsprong. Die ek net mear de goeie streken en ferlear de partij. Bauke wie it der sels hielendal mei iens dat hy eins in puntsje krigen hie.
Der wie ek in dammer dy krige in heal puntsje. Net fertsjinne mar wol in healtsje der by. Bauke Dykstra siet op roazen yn syn partij tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar hy fergeat dat roazen ek toarnen ha. Net dat Bakker him begûn te stekken. Nee Dykstra stuts himsels: hy joech ynienen sa mar twa houtsjes fuort. It like der suver op dat er ek noch ferlieze soe, mar dat koe er gelokkich noch opkeare. It waard kamp!
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra ½ – ½; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens ½ – ½.
(Tekst: C. Kooistra)
De Stadige Strikers hienen moandeitejûn fjouwer dammers yn harren fermidden, dy’t ûnder inoar útmeitsje moasten wa’t mei de persoanlike kampioenskippen yn de tredde acht spylje mochten mochten. Dêr sieten gjin Strikers by, nee twa dammers fan de klup út Jorwert en twa fan de Hartwerter damklup wienen paraat. Neffens in oantal dammers makken dizze fjouwer mannen der in foutenfestifal fan. Dat flaterjen like oer te slaan op guon Strikers. Ek blunders meitsje is mooglik tige besmetlik. Men liket it teminsten sa mar skypje te kinnen.
Mar earst even de de fjouwer man. Sy krigen de partij elts 10 minuen en 10 sekonden de set op de klok. Dat betsjutte dat in partij binnen in healoere út wie. Al mei al ferge de hele kompetysje tusken de mannen sa’n oardel oere en doe wie it bekeken. Ien Jorwerter ferlear alles ek doe’t er rom foar stie, gyng de winst oan syn noas foarby. Men soe hast tinke kinne oan omkeappraktiken.
Ien fan de Strikers die al gau mei oan dit foutengala. En fan dy man, ien fan steunpilaren fan de Stadige Strikers soe men soks net ferwachtsje. Wa hat der ea fan heard dat Sjoerd Jan Bakker sa mar yn ien set twa houten achter stie. Dat is dochs ûnmooglik soe men tinke. Dochs barde dat yn de partij tsjin Ype Boelens. Dy wist ek net wat him oerkaam doe’t er sa mar ynienen it kadootsje yn ûntfangst nimme koe. No hat Ype dizze kompetysje dochs al net oer te min gelokjes te kleien. Hy hat al mear puntsjes fandele dêr’t syn tsjinstanners leaf oan mei holpen hienen.
Ferline wike is der op dit plak noch in loftrompet blaasd oer de damkapasiteiten fan Bauke Dykstra. Hy naam it op tsjin Cor Kooistra. Der kaam in moaie partij op it boerd en doe’t de measte dammers al wer ôfdrost wienen nei hûs sieten de mannen noch skerp te damjen. Dy skerpte ûntbriek der by de jongste wat oan. Dy seach op in bepaald stuit, sa sei er sels, dingen dy’t der wienen. Hy tocht dat er Bauke ferliede soe ta in streek dy’t syn ferlies betsjutte soe. Mar doe Kooistra noch ris goed seach, wist er dat er in stomme streek dien hie. Hy wist dat net Bauke, mar hy sels oan it koarste ein lûke soe.
Utslaggen: Sjoerd Jan – Ype Boelens 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0.
(Tekst: C. Kooistra)
Nei in lyts twa moanne fan stilstân liket de dammerij wer wat út ‘e tichtset te kommen. Ien fan ‘e dingen dy’t hommels fêstrekke, wie it kandidatetoernoai foar it dielnimmen oan ‘e persoanlike kampioenskippen yn ‘e tredde acht. Lykas bekend wiene der fjouwer gadingmakkers: de Hartwerters Piet Sikma en Klaas Wiersma en de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma. It beslikke sa dat nei trije omlopen elk oardel punt hie. Der wie ek al in beslissingswedstriid ôfpraat foar de lêste moandei fan novimber. Mar doe wie it dus ho.
Oant der út De Haach wei wer wat ljocht en lucht kaam. Haljetrawalje waarden de fjouwer kandaten út har winterslomme tewekker skrille. Want faaks dat de persoanlike kampioenskippen dochs noch trochgean koene, en dan moast wol dúdlik wêze wa’t dêr oan meidwaan soe. Dat sa makken de fjouwer mannen op moandeitejûn 24 jannewaris yn in lyts gimmestyksealtsje fan it Skearnegoutumer doarpshûskompleks dochs noch har opwachting. It doel wie dat der trije omlopen ferspile wurde soene, mei elk tsien menuten op ‘e klok en tsien sekonden de set der by. It bettere fluchdamjen dus, en dat wie oan ‘e partijen ek wol ôf te sjen. It gong der bytiden mâl om wei.
De earste omloop wie sa organisearre dat de klupgenoaten fuortdaliks foarinoar oer kamen te sitten. Bestekkerij wie dêrmei útsletten, ek al einige de moeting tusken de beide Hartwerters dan wol yn kamp. Siebren Dyk liet Kingma troch in ûnnoazelheid al ier op daam komme. Dy koe wol werompakt wurde, mar dat koste in hout, en lang om let ek de partij.
Dyk die it dêrnei better tsjin Sikma. Hy kaam in hout foar, in soe mei in nei foaren slingere rún de genedeklap útdiele. Alteast, dat tocht er. Want Sikma sette mei in heakje in machtigen kombinaasje yn, dy’t yn in daam einige. En dêrnei wie Dyk sa feralterearre dat er der yn omsloech as mâle Jan yn ‘e hinnen. Op it oare boerd hiene se de kop der aardich better by. Lang like it lykop te gean, mar Klaas Wiersma kaam der yn it einspul dochs ferkeard op te stean, dat sa krige Kingma it punt yn ‘e knip. Dêrmei wie dúdlik dat Sikma en Kingma genôch punten helle hiene foar pleatsing. De partij tusken Wiersma en Dyk, dêr gong it yn ‘e tredde omloop noch om.
Foar de feroaring naam Dyk no ris wat mear de tiid om nei te tinken, en yndied kaam er der tsjin Wiersma folle better op te stean. Neffens omstanner Willem Schaap lei der ek setten lang in kombinaasje foar him klear om de winst te heljen. Mar Dyk seach dat net. Wiersma dêrfoaroer, ek al wie syn tinktiid op in stuit oant 7 sekonden tebekrûn, wraksele him dochs wer wat ûnder de druk út, en naam yn it lette middenspul it inisjatyf ek hielendal oer. En dat betsjutte de tredde nul foar Dyk, en it tredde plak foar de Nijbeetster, dy’t dêrmei dus dochs noch tagong krige ta it walhalla fan ‘e Fryske dammerij. Mar krijt dit in ferfolch?
(Tekst: S. Dyk)
De perskonferinsje wie ôfrûne freed noch mar kwalik ôfrûn of it bestjoer fan de Stadige Strikers hie al in meeltsje rjochting It Swettehûs stjoerd mei de fraach of der moandei wol wer damme wurde koe. No it antwurd liet net iens sa lang op him wachtsje. Op sneon krigen wy grien ljocht, mar ûnder dizze betingst, dat de bar net iepen gean soe en dat der d6ertroch ek gjin kofje en tee skonken waard. Foar de hân lizzend fansels, de horeka sit ommers hielendal pottcht. Mar de Strikers woenen likegoed wol damje. Geweldich! Gelokkich wer op it echte boerd.
Twa dammers hienen al oanjûn dat se al wat oars hienen, mar de rest wie der. En hoe! Der waard fuort al wer goed en konsintrearre spile. Dy konsintraasje koe net elk oardel oer folhâlde. Nim no Jan Castelein. Hy stie der al in hiele tiid net sa bjusterbaarlike goed op yn syn partij tsjin Tineke Teigeler, mar likegoed helle hy der in moai slachje út en kaam sa mar op winst te stean. Mooglik tocht er al dat de bút binnen wie en liet dêrtroch de konsintraasje wat ferslappe. Mis no! Hy die in strieminne set en skode himsels dêrtroch de fernieling yn. Sa ticht by de oerwinning en dan dochs noch de bitebult op. Skande!
Dy Bauke Dykstra is no al wer in oantal jierren in tachtiger, mar op grûn fan syn leeftiid soe men ferwachtsje kinne dat dy ek, wat de skerpte oanbelanget, wolris wat ynleverje soe. Neat is minder wier. Op ús wedstriid op 18 desimber wûn hy de earste priis. It liket der suver wol wat op dat er mei it jier noch sterker wurdt. Wol fersjocht er him wolris en jout er in prima spile partij dêrtroch sa mar fuort. Moandeitejûn wie dat net it gefal en wûn er tsjin Dicky van der Meer. Tsjin him hie er op de wedstriid trouwens ek wûn.
Guon partijen wienen al wat earder út as de trije oeren dy’t dêr maksimaal foar steane. Dat is altiten sa en neat spesiaals. Ien partij pakte suver alle tiid. Dat wie it spul tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. Sy makken der in prachtich spul fan. Der sieten allerhande flyflappen en loopkesw yn, mar net ien fan de beide mannen ferseach him en se koenen alle bedrigingen útskeakelje. It waard kamp.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap ½ – ½; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0.
(Tekst: C. Kooistra)
De priisdammerij telde mar in lyts oantal dammers mar it wie lykwols in sukses. Yn earste ynstânsje stienen der 16 nammen op it papier, mar ien melde him ôf. Der bleauwen dus 15 oer. It bestjoer hat doe besletten dat ien fan harren dan net damje soe en dat waard de foarsitter. Hy mocht optrede as wedstrydlieder en moast alles wat yn de gaten hâlde. Sûnder him wie it fêst ek prima ferrûn, want der barden gjin rarichheden. Der waard gewoan hiel goed spile en yn de grutte seal koenen de dammers foldwaande ôfstân hâlde. Se sieten oan de kopse kant fan de tafels. Sa sieten se moai op ôfstân fan elkoar. Dit alles fansels yn it kader fan de koroanaregels. Yn twa groepen einigen twa dammers like heech op it twadde plak. Doe moasten der baraazjes spile wurde. Elk 10 minuten op de klok. Dat ferrûn ek as in tierelier. Doe koenen de prizen útrikt wurde.
Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels. 2 Willem Schaap, Snits. Groep 2: 1 Bauke Dykstra, De Tynje. 2 Dicky van der Meer, Terherne. Haadklasse: 1 Liuwe Westra, Lollum. 2 Marcel Altena, Blauhûs. Twadde klasse: 1 Jan Nauta, Bitgumermole. 2 Tineke Teigeler, Sybrandabuorren.
(Tekst: C. Kooistra)