Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Twa dammen tsjin ien: ien streekje ferkeard en it is kamp

It wie wol hiel apart, dat der binnen trije dagen twa partijen troch Strikers spile waarden, wêr’t yn twa tsjin ien daam op it boerd kaam. De earste partij fûn plak by de klupkampioenskippen te Easterein. De foarsitter fan de Strikers koe yn de partij noch krekt in suterich damke helje, wylst syn tsjinstanner al twa fan dy apparaten hie. Dan witte jo it: Yn it Fryske damjen is sa’n partij ferlern. Lykwols dejinge mei de twa dammen hoecht mar ien streekje ferkeard te dwaan en it is kamp. Dat komt ek troch de regel, dat de iene daam yn sân setten slein wêze moat.

Yn Easterein boarte de foarsitter noch wat troch mei yn gedachten: men wit nea of de tsjinstanner de goeie streken wol wit. Nei seis kear strutsen te hawwen. like it dat de man it foarinoar hie. Hy moast mei de sânde set in daam offerje en dêrnei soe er de daam fan de tsjinstanner slaan kinne. Mar dat mocht net mear, want dat wie de achtste set. Dus kamp.

Moandeitejûn in goeie fyftich oeren letter die him hast deselde situaasje foar. Wol wie der in ferskil. Yn Easterein gong it om de lange hoeke, wylst op de klup de twa dammen yn de koarte hoeke stienen. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap binne beide aardich op ’e hichte fan alle einspulteoriën soe men sizze, mar dochs. Sy spilen in prachtich spul, mar úteinlik wie Willem yn hâldershân, want hy helle twa dammen. Sjoerd Jan hie der mar ien. It waard in boeiende fertoaning. Bakker pakte fuortendaliks it bêste plak en doe hie Willem dat ek dwaan moatten, mar dat slagge net en sa waard it nei in hiel soad prakkesaasjes dochs noch kamp.

Utslaggen. Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1.

doorfriesdammen

Hartwert wer damkampioen

By de sneon yn Easterein ferspile klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul einige Hartwert op e nij boppeoan. Dêrmei makke it syn favoriterol wier, ek al wie it yn e finale noch wikkerdewik.

It kampioenskip wie oars in part fan syn spanning kwyt meidat it sterke Skearnegoutum ferline jier folslein ûnferwachte degradearre wie. De klup waard ynwiksele troch Blauhús, dat foar it earst op dit nivo meidie. It die lykwols bliken dat de Blauhústers dêr noch net hielendal oan ta wiene. Utslaggen as 1-7 tsjin Hartwert en 2-6 tsjin Aldegea-SWH wiene sprekkend genôch, en tsjin Lollum/Waaksens koene de Blauhústers it ek net oprêde.

Lollum sels wie der troch it missen fan sterke spilers as Foeke Tiemensma en Hans Jansen ferlike mei ferline jier ek net sterker op wurden. In stunt tsjin Hartwert (3,5-4,5) en Aldegea (3-5) siet der no krekt net yn. En dêrmei soe alle ôfhingje fan e lêste omloop, doe t de beide favoriten Hartwert en Aldegea tsjininoar moasten. Hartwert hie dêrby it lytse foardiel dat it yn e beide eardere wedstriden krekt wat mear buordpunten byinoar skarrele hie as Aldegea; in lykspul soe dêrom genôch wêze foar it kampioenskip.

De striid begûn foar de Hartwerters ek goed mei in oerwinning fan e jeuchlike Sjoerd Teake Kooistra. Mar even letter luts de Aldegeaster feteraan Gerrit Schilstra de stân wer gelyk, en Jouke Wijnja sette de klup sels op foarsprong. Hiel wichtich wie dêrnei de flater fan e Aldegeaster Siebe Walinga op it earste boerd tsjin achttjinfâldich persoanlik kampioen Taeke Kooistra. Dêrnei sette Jan Bouma de Hartwerters sels op foarsprong, mar Willem Hoekstra luts de stân op en nij yn it lykwicht, en dat bleau sa nei it kampspul tusken Folkert Groenveld en Tsjerk Wijbenga.

Doe hong alles dus ôf fan e lêste partij, dy tusken Hein de Vries en Henk Haanstra. It folk klofte gear om harren boerd, de spanning wie om te snijen. Haanstra hie syn houtsjes net al te lokkich delset, en moast lang om let de ferliezershân útstekke. In lûd gerop en geraas ûntlade him dêrnei yn e Hartwerter kielen.

Yn e twadde klasse soarge it sterke Skarnegoutum der foar dat it fuortendaliks wer werompromovearre nei it heechste nivo. Jorwert, dat De Gaastmar foarbleau, waard hjir fertsjinstlik twads. Yn e tredde klasse wie neffens ferwachting de twadde ploech fan Hartwert it sterkste. Lêst waard hjir de Boalsert-Warkumkombinaasje, in ploechje “Hollânske” dammers dat him ek wol ris weagje woe oan e Frysk fariant fan it damspul. It gong harren ek net iens ûnaardich ôf, mar earemetaal smiet it net op.

Utslaggen klupkampioenskippen Frysk damjen 2019

Kampioensklasse: Hartwert – Blauhús 7-1, Aldegea – Lollum 5-3; Lollum – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Aldegea 2-6; Aldegea – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Lollum 3-5.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): Hartwert 3 (16); Aldegea 2 (14,5); Lollum 1 (11,5); Blauhús 0 (6).

Twadde klasse: Skearnegoutum I – Skearnegoutum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 2,5-5,5; Jorwert -Skearnegoutum I 2,5-5,5, Skearnegoutum II – De Gaastmar 1-7; De Gaastmar – Skearnegoutum I 1-7, Skearnegoutum II – Jorwert 1-7.
Einstân: Skearnegoutum I 3 (19); Jorwert 2 (15); De Gaastmar 1 (10,5); Skearnegoutum II 0 (3,5).

Tredde klasse: Hartwert 2A – Aldegea 2A 4-0, Boalsert/Warkum 1B – Aldegea 2B 0,5-3,5, Boalsert/Warkum 1A – Hartwert 2B 2-2; Aldegea 2A – Boalsert/Warkum1A 2-2, Hartwert 2B – Boalsert/Warkum 1B 3-1, Aldegea 2B -Hartwert 2A 0,5-3,5; Hartwert 2A – Boalsert/Warkum 1A 3-1, Aldegea 2B – Hartwert 2B 1-3, Aldegea 2A – Boalsert/Warkum 1B 2-2.
Einstân: Hartwert II 5,5 (18,5); Aldegea II 2 (9); Boalsert/Warkum 1,5 (8,5).

doorfriesdammen

Rubryk 11-01-2019

Op de priisdammerij yn desimber te Lollum om It Rûge Boerd kaam Tjerk Wijbinga fan Arum tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma (swart) te sitten. Mei koarter spyltempo komme der dan moaie spullen op it boerd.

1.32-27 19-24 2.27-22 17*28 3.33*22 18*27 4.31*22 12*32 5.38*27 11-17

Faaks kiest wyt 2.31-26, no wurdt it spul dreech. 6.43-38 20-25 7.49-43 15-20 8.35*15 5*25 9.40-35? Mei 10-15 en de driging 24-30. 9.36-31 24-30 10.38-33

Wijbinga wykt ôf fan de téory 10.31-26

10. …30-35 11.42-38 20-24 Hjir wint swart 11. …13-19 12.31-26? 16×36 13.46×26 19-23! 14.33×24 35×22 etc.

ek 12.47(48)-42 19-24 ferliest wyt.

12.31-26 16*36 13.46*26 6-11 14.41-36

Swart kin úthelje mei 14. …25-30!!

15.34×23 11-16! 16.45×25 13-19 17.26×6 19×46 as 16.26×6 8-12! 17.6×19 9×49 18.27×18 3-8 19.45×25 8×39 20.43×34 49×5  En ek 15.45×23 17-21! 26×6 13-19! 17.40×18 8×46 13.6×8 46×29 19.33×24 14×34 wint swart

14. …8-12 15.37-31 17*37 Hjir lit wyt de kâns lizzen. Troch 15.37-32! 17×28 16.38×18 12×23 (as 13×22) 17.33-29 etc. 16.31*42 24-30 17.40*20 10*30

No is 45-40 in moaie set. 18.34-29 30*28 19.33*22 12*32 20.38*27 13-19

21.43-38 14-20 22.27-21 11*31 En derfolget in lykweardich middenspul om de posysjes. 23.26*37 19-24 24.37-31 7-11

25.38-32 24-30 26.31-26 3-8 27.42-37 9-13 28.37-31 11-17 29.32-27 17*37 30.31*42 8-12 31.42-37 12-17  32.37-32 13-18 Wyt hie ôfruilje moatten t32-27. Swart kin troch 33. …4-9 de net te kearen driging 17-21 yn it spul bringe. 33.48-42 4-10 34.47-41 20-24 34.45-40 is hiel sterk. 35.39-33 24-29 36.33*24 30*19 37.42-37 17-21 38.26*17 18*16

39.36-31 19-24 Swart mist de winnende kombinaasje 39. …35-40! 40.44×4 1-6 41.4×1 6-11 42.1×21 16×38 40.41-36

24-30 41.32-27? Mar no wol:

41. …30-34 42.44*24 25*23 43.45*25 23-28 44.27*29 10-15 45.25*5 1-6 46.5*1 6-11 47.1*21 16*47 En mei ien daam tsjin fjouwer skiven wint swart. 48.29-23 47-20 49.31-26 20-3 50.23-18 3-8 51.36-31 8*38 52.50-45 38-49

En twa problemen fan Hiele Walinga.

Nû.15 sw. 2, 3, 15, 22, 26, 30, 35

wyt 19, 29, 33, 37, 41, 43, 44

Nû.16 sw. 3, 7, 11, 12, 17, 18, 33, 39

wyt 19, 20, 37, 41, 44, 45, 47, 48

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Lotting tredde ronde Fryslankup

De uitslagen van de tweede ronde van de Fryslânkup hebben enkele verrassingen opgeleverd. Johannes Hoekstra (die serieus over een damcarrière nadenkt) schakelde de Blauwhuister Bernard Kroon uit en Cor Kooistra versloeg de altijd “lastige” Gaastmeerder dammer Pieter Hoogterp. Frans Kingma de man van comingback had het thuisvoordeel maar kon na een prachtpartij net niet winnen van Jappie de Jong.( beiden speelden in hun voetbaltenu Oosterlittens – Blauwhuis 0 -1 .

Links Frans Kingma in Oosterlittenstenue en rechts Jappie de Jong in Blauwhuistenue.

Speler Thuis Speler Uit Uitslag
Johannes Hoekstra Bernard Kroon 1 – 0
Manfred de Wolff Folkert Groenveld 4 januari
Cor Kooistra Pieter Hoogterp 1 – 0
Willem Hoekstra Siebe Walinga 0 – 1
Hein de Vries Fedde Wiersma 1 – 0
Frans Kingma Jappie de Jong 0 – 1
Epke Bootsma Jelle Wiersma 4 januari
Bauke Dijkstra Teake Kooistra 0 – 1

Vrijdag 28 december was de loting van de derde ronde van de Fryslânkup. De wedstrijden van Manfred de Wolff – Folkert Groenveld enEpke Bootsma – Jelle Wiersma worden vrijdag 4 januari gespeeld in Blauwhuis. De winnaars treffen elkaar in de derde ronde. Vergeet niet de toto in te sturen. Dit kan nog tot vrijdag 11 januari.

Loting 3e ronde .

Speler Thuis Speler Uit Uitslag
 Manfred de Wolff – Folkert Groenveld  Epke Bootsma – Jelle Wiersma x – x
Hein de Vries Johannes Hoekstra x – x
Jappie de Jong Teake Kooistra x – x
Cor Kooistra Siebe Walinga x – x

De Loting voor de halve finale is op vrijdag 25 Januari bij it StrykTa Toernooi in Blauwhuis.

Voor meer informatie zie de website van Blauhus/verenigingen/Damclub De Skyfkes Link: http://u28656p22472.web0115.zxcs.nl/skyfkes/

(Tekst en foto: Jappie de Jong)

doorfriesdammen

De earste jun fan it nije jier moast der in tafel by.

Nei twa damleaze moandeitejûnen koenen de Strikers wer los. En se kamen man en frou-machtich op. Ien siikmelding kaam wol binnen, mar likegoed moast der noch in tafel by. Mooglik hie men oan de grutte tafel noch wat opskikke kinnen, mar om’t elk lekker rom sitte woe, waard der noch in klapyntafel by setten.

De klup koe ek wer in kampioen ferwolkomje. Jelle Wiersma behelle op de lêste sneon fan it jier it kampioenskip FRYSK. Dy priisdammerij waard ferspile yn Tresoar te Ljouwert. Dyselde Jelle liet yn in prachtige partij tsjin aventurier Willem Schaap sjen dat der in kampioen oan it wurk wie. Mei in  prachtige set makke er dien wurk. Earstoan like it noch mei te fallen foar Willem, mar nei’t Jelle in daam krigen hie, hie Willem noch in ferplichte slachset. Doe wie it echt bard mei de keapman. In hiel soad houtsjes waarden der ôfslein.

De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler spilen earst tsjin Hester en Hessel Boelens. Dêrnei dienen sus en broer tsjin elkoar. Oan de ein fan it jier binne se mei har beiden oan in twakamp begûn. Dit wie de twadde partij. De earste wûn Hester, dus Hessel moast it bealchje der opsette om te winnen. Dat slagge him net. Hester is oant no ta krekt even tûker.

Paul Borghaerts moast tsjin Bauke de Boer. De lêste hie noch in wike langer damfakânsje hân. Hoe’t it krekt om en ta gong, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat De Boer nei in foutsje fan de jongkeardel wûn. Borghaerts woe noch wol in kear. Ype Boelens hie der wol earen nei om noch in potsje. Syn earste hie er wat maklik ferlern fan good old Sjoerd Jan Bakker. It spul tsjin Paul like better as syn earste pot. Der wie suver sprake fan wat in lykweardige stân. Neat oan de hân soe men sizze. Mar wol as Boelens in raar foutsje makket. Dat waard fuortendaliks ôfstraft troch Paul. De stân wie no hielendal yn it foardiel fan de lêste. Mei in houtsje of twa mear is maklik damjen. Men moat dan fansels gjin fouten meitsje. No dat die de man út Easterein net. Syn jûn waard no dochs noch goed:  twa punten ien foar de oerwinning en ien as boanes (winst tsjin in hegere dammer).

Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke de Boer 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1;Ype Boelens – Paul Borghaerts 0 – 2; Hessel Boelens – Hester Boelens 0 – 1.