Jaarlijks archief 2019

doorfriesdammen

Persoanlik kampioenskip ‘tredde acht’

Yn neifolging fan it súkses fan de Blauhúster Fryslân Kupdocht it dambûn no hiel foarsichtich in proef mei it spyljen fan ’e kampioenskippen yn de tredde acht útsmard oer it seizoen: yn novimber begjinne, en de finale gelyk mei de kampioensklasse en de twadde acht op sneon 15 febrewaris2020.

Yn de foaromlopen hawwe fjouwer dammers spile foar twaplakken yn de tredde acht: de Blauhústers Marcel Altena, Jappie de Jong en Bernard Kroon en Klaas Wiersma fan de damklup út Hartwert.

De trije foaromlopen binne spile op moandei 21 oktober ynHartwert, op freed 1 novimber yn Blauhûs en op moandei 11 novimber yn Aldegea (SWF). De útslach wie dúdlik: Bernard Kroon 3 punten, Marcel Altena 2, Jappie de Jong 1 en Klaas Wiersma 0 punten.

Bernard en Marcel sille dus meidwaan oan it kampioenskip ynde tredde acht. De earste rûnte is op moandei 18 novimber ynSkearnegoutum. De partijen binne fanôf 19:30 oere ek live te folgjen fia ynternet. www.friesdammen.nl as https://toernooibase.kndb.nl/

It wedstriidskema en de útslaggen binne ek te finen op https://toernooibase.kndb.nl/

doorfriesdammen

In kluplûn mei Persoanlike Kampioenskippen, Fryslân Kup en kompetysje.

It wie moandeitejûn in gesellige en sportive drokte yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Der sieten net allinne de fertroude gesichten fan de Stadige Strikers harren boppekeamer te pinigjen. Ut tal fan plakken stapten dammers de dam-arena fan de Strikers binnen. Allegearre mei mar ien doel: besykje om de tsjinstanner te ferslaan.

Sa sieten der acht man fan de tredde acht (it dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht). Dy tredde acht spile moandeitejûn de earste omloop. Om op jûn te spyljen is in noviteit.Dat ferrûn fierders allegearre prima. ( It spiet de stikjeskriuwer suver al dat er ferline jier nei de twadde acht promovearre is). Oer it fierdere ferrin en de útslaggen kin men earne oars wol terjochte.

Der waarden fjouwer partijen foar Fryslân Kup ferdamme. Bauke Bos wist de brijwein fan Klaas Wiersma net fan it boerd te reagjen en ferlear de partij. Cor Kooistra en Rein Jan Walinga spilen in hiele moaie partij. Der siet fan alles yn, mar net ien fan beiden gyng yn de fout. Kooistra seach kâns om earder op de daamline te kommen troch in houtsje te offerjen. Hy hie it aardich yn ‘t kopke: it koe net mear misse. Sûnder fierder te tinken sette er in pear houtsjes op slach, wylst der efternei in folle bettere en deadliker set west hie. Mar ja as je dat dan yn de kop ha…. Stom fansels. Rein Jan hat der ek lang oer neitocht mar seach gjin mooglikheden mear en joech de hân. Doe hearde men de omstanners: “Rein Jan jonge hiest itwinne kinnen”.Dat wie ek sa. Rein jan en Cor ha der beide miskien net goed fan sliepe kinnen: de earste net omdat er it net seach en de twadde net om’t er him sels ferwiet dat er net earst even fatsoenlik nei tocht hie foar’t er de set skode.

Sjoerd Jan Bakker wûn foar de kompetysje fan Jelle Wiersma. De lêste is op ‘t heden wat oan it ekspearimintearjen sa liket it wol. In pear wike lyn waard hjir skreaun dat Wiersma lêst hie fan in ferstânsferbjustering. Dat kin elk wol ris oerkomme, mar wy hoege net te tinken dat Jelle út foarm is of sa. Hy as kampioen fan Sânfurd spilet as it der op oan komt sa mar wer de stjerren fan de loft. Wy wolle fansels de prestaasjes fan Sjoerd Jan bakker net lytsachtsje, nee it is krekt oarsom. Hy hat dizze kompetysje noch net ferlern. Dat seit dus genôch!

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Fryslân Kup: Klaas Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Jurjen Falkena – Marten Walinga 0 – 1; Bernard Kroon – Sybren Dyk 0 – 1.

doorfriesdammen

Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne.

Wat joech Sjoerd Huitema partij oan Willem Schaap. It wie foar alle omsitters in genot om nei te sjen. Bauke Dykstra spile ek in meunstereftige partij tsjin jelle Wiersma. Dy twa spullen soargen yn elts gefal foar striid. Dat koe men fan de rest fan de partijen eins net sizze.

It begûn al aardich nei de ein te rinnen en Sjoerd Huitema hold net allinne goed stân tsjin Willem Schaap, nee hy like der sterker út te kommen. No moat men Willem altiten yn de smizen hâlde, want dy kin altiten moaie loopkes yn syn spul breidzje. Dêr wie er no ek wer wakker mei dwaande. Foar Sjoerd wie it saak om de kop der by te hâlden. Dat er de kop der net by hie, kin men net sizze. Lykwols fleach er dochs noch op kop en earen yn Willem syn falle: In klasyk einspulloopke! Sneu foar de Snitser, hy hie mear fertsjinne, mar foar Willem dochs noch in fol punt en dêr hie er eins net mear op rekkene.

Bauke Dykstra komt alle moandeitejûnen út Nij Beets om hjir syn keunsten te fertoanen. Hy besit in enoarme iepeningsteory. Dat betsjut dat er eins nea yn in iepening in partij ferliest of in ferkearde streek docht. Fouten makket er ek wol, mar dy komme dan altiten oan de ein fan in spul. Hy moast it opnimme tsjin Jelle Wiersma. Dy siet tagelyk tsjin Bauke Bos te damjen. Dat wûn er al frij gau en dêrnei koe er him hielendal talizze op it spul tsjin Dykstra. Dy stie der yntusken prima op. Jelle iepene de grutte trukedoaze om der noch winst út te heljen. Bauke trape dêr net yn mar gie streekrjocht troch sa as er it yn de plasse hie. Dat levere him de winst op.

Utslaggen: Jan Castelein Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Schaap 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma –  Bauke Dykstra 0 – 1.

doorfriesdammen

Rubryk 8-11-2019

Pieter Hoogterp is de foaroanman fan de Gaastmarder klup ‘Stryk Op’. Ferline jier spile hy foar de twadde kear yn it walhallah fan it Frysk damjen ‘de earste acht’. En no doekele Hoogterp der daalk net wer út. Beskiedend wie de oerwinning op Hein de Vries te Jorwert yn de tredde omloop, dat betsjutte dat de Vries by eintsjebeslút op in heal punt fan Hoogterp in stapke werom dwaan moast.

Pieter Hoogterp hie de swarte skiven.

1. 32-27 20-25 2. 27-22 17×28 3. 33×22 18×27 4. 31×22 12×32 5. 38×27 11-17 6. 27-22 17×28 7. 34-30 25×34 8. 40×27 14-20 9. 39-34 20-25 10. 43-38 10-14 11. 34-29 19×39 12. 38×40 13-19 Beide spilers ha keazen foar in rêstige iepening en bouwe de posysjes fierder op. 13. 37-31 19-24 14. 40-34 9-13 15. 31-26 8-12 Foar de ôfruil mei 13-19. In oanfal troch 13-19, 8-13 en dan 24-30 kin ek. 16. 42-37 3-8 Wyt kin kieze foar de ôfruil 34-29, 35-30, 27-21. 17. 37-31 14-20 18. 34×14 20×9 19. 48-43 12-17 20. 43-39 17×37 21. 31×42 9-14 22. 39-34 14-20 23. 44-40 5-10 24. 42-37 10-14 25. 37-31 13-19 25.50-44 is better. 26. 31-27 19-24 27. 49-44 8-12 28. 34-30 25×34 29. 40×29 24×33 30. 27-21 16×27 31. 26×39 12-17 32. 39-34 17-21 De partij is folslein yn lykwicht. 33. 44-40 20-25 34. 34-30 25×34 35. 40×29 15-20 36. 35-30 20×40 37. 45×34 7-11 38. 50-45 11-17 39. 41-37 2-8 40. 37-31 21×41 41. 46×37 17-21 42. 37-32 6-11 43. 47-42 11-17 44. 32-28 1-6 45. 29-24 8-13 46. 42-37 6-11 Mei 46.45-40 6-11 47.40-35 11-16 (swart hat net better) 48.34-29! wint wyt. 47. 37-31 21×41 48. 36×47 11-16 49. 45-40 17-21 En lykas faker makket ien set yn it einspul it ferskil.

50.47-42 21-26 51.42-37 16-21 52.40-35 21-27 53.37×17 26-31 54.17-11 mei in moai einspul.  50. 47-41? 14-19 No forsearret swart in trochbraak en wint de partij.

51. 34-30 13-18 52. 24×22 21×32 53. 30-24 32-38 54. 40-35 38-43

De problemen foar de ledderwedstriid.

Nû.5 sw.1, 13, 15, 17, 18, 21, 25, 28
wyt 26, 34, 37-39, 42, 44
Nû.6 sw. 4, 5, 8, 18, 19, 22, 32, 36, 45
wyt 15, 20, 25, 41, 43, 44, 49, 50

En twa nijen fan Willem F.Bakker

Nû. 7 sw. 2, 4, 11, 14, 15, 24, 25, 35
wyt 18, 22, 32, 33, 43-45, 50
Nû. 8 sw. 2, 4, 6, 8, 15, 16, 18, 30
wyt 26, 28, 29, 36, 39, 42, 46, 48

Oplossingen stjoere foar 22 novimber.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Loting 1e ronde Fryslan kup

Understeand de loting fan de 1e ronde Fryslan kup.

Liuwe Westra                      –                   Leo Altena

Marten Walinga                  –                  Jurjen Frankena

Bauke Bos                           –                  Klaas Wiersma

Frans Kingma                      –                  Teake Kooistra

Fedde Wiersma                  –                  Siebe Walinga

Tjerk Wijbinga                     –                  Hein de Vries

Sjouke Attema                     –                 Pieter Hoogterp

Herman T/w/v scheltinga  –                Sietse de Jong

Siebren Dyk                         –                Bernard Kroon

Cor Kooistra                        –                Rein Jan Walinga

Manfred de Wolff              –                Folkert Groenveld

Gert Jan Kamp                   –                Dicky van der Meer

Bauke Dykstra                   –                Piet Sikma

Epke Bootsma                  –                Johannes Hoekstra

Marcel Altena                  –                Jappie de Jong

De loting foar de twadde ronde is op freed 29 november yn Jorwert.

doorfriesdammen

De soan pakt syn heit even aardich oan.

Ek moandeitejûn wienen der krekt as ferline wike fjouwer lege stuollen. Gelokkich fûnen trije weibliuwers fan de foarige kear no it paad werom nei it Swettehûs te Skearnegoutum. Der waard hiel aardich damme en moaie spullen ferskynden op de buorden. Twa bysûndere spullen wienen der ek. Sa is de striid tusken de twa froulju altiten wer in spannende oangelegenheid. Mar de striid tusken de nijkommers heit en soan Castelein pykte der wol boppe út.

Heit Jan en soan Kees sieten noch mar kwaalk te plak of sesetten al út ein mei in potsje, sa foar de aardichheid. No yn dat potsje liet Kees wol even sjen dat er op dit mêd de âlde de baas wie. Nei dy partij lies de kompetysjelieder op wa’t tsjin wa spylje moast. Hy wie fan betinken dat de beide niisneamde hearen no wol in spul foar de kompetysje spylje koenen. Se sieten dochs al moai te plak. Heit mei wyt en syn soan mei swart. Der waard hiel moai damme. En wat wichtich wie der waard hiel goed neitocht. Net sa mar in streek, nee earst goed pakkeseare en dan strike. Dat wol net sizze dat alle prakkesaasjes ek soargen foar geweldige setten, nee dat net, mar dat mei men ek net ferwachtsje fan begjinners.

Kees naam it wat lichter op as it earste spultsje, it proefspultsje sille wy mar sizze. Hy hat fêst tocht: Der kin my net sa folle gebeure. No hy hie gelok dat syn heit net alles seach, mar nei’t Kees in daam krigen hie, tocht er dat it hast wol yn de knip hie. Hy seach dan ek efkes sneu om him hinne, doe ’t syn heit ek in daam helle. As der dammen oan te pas komme yn it Fryske spul dan moat men op syn iepenst wêze. Tusken de streken troch waard de mannen noch wol even útlein, dat men mar trije kear efterelkoar strike mei mei sa’n daam. No it gong as it slydjage: de mannen hienen it fuortendalik yn de smizen. Heit hie mei syn daam de lange line. Dat is eins altien it bêste plak foar in daam. Dochs mislearre it. Dat kaam troch it foarút tinken fan Kees. Hy sette syn daam sadanich del dat er yn de streek dêrnei in houtsje offerje koe en de hiele brot mei syn daam der ôffege koe, as heit Jan syn eigen daam stean litte soe. Dat die er. Kees hoegde net lang te tinken, nee eins hielendal net mear want dat hie er al dien. Hy jûch it hout en slûch mei de daam syn heit syn damke en noch in houtsje der ôf. Dêrmei wie de partij út. Se hienen der fiif kertier oer dien. Doe setten se noch in partij op: fiif tsjin fiif. Prachtich.

Op it lêst koe Tineke hast net mear sitte: de spanning wie har mooglik te grut. Hennie liet har fansels net sa mar fan it boerd ôf reagje. De beide froulju spilen in hiel moai spul. Gjin rare ûnfolkomenheden. It gong súntsjesoan op kamp ta. Dêr koenen de beide froulju wol tefreden mei wêze.

Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ – ½; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – kees Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 -1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer ½ -½.New layer…New layer…New layer…

doorfriesdammen

As Jan efkes langer de tiid nommen hie om te slaan.

It soe dizze jûn foaral net driok wurde. It soe net optille fan de dammers. Nee it hie der fan te foaren alle skyn fan dat it in betiid-út spultsje wurde soe. Mar leafst fjouwer man lieten ferstek gean. Dat stie yn ‘t foar al fêst. It wie dan ek tige by tige om heit en soan Castelein  binnen kommen te sjen. En as heit Jan wat mear tiid nommen hie foar it slaan, dan..

As elkenien der is, binne der 14 dammers en damsters. Fjouwer wienen der dus net. Dat men hoecht net in grut rekkenwûnder te wêzen om te witten dat der tsien Strikers en Stryksters oanwêzich wienen. Jan en soan Kees koenen sa prachtich ynpast wurde yn de kompetysje. Jan moast it opnimme tsjin Tineke Teigeler en  Kees tsjin Hester Boelens. Dy partij fan Jan dy gong der om. It like der sa oan de ein fan de rit op dat Castelein senior wol ris winne koe.  Hy hie in prachtich wyt damke op it boerd. Mei dat damke koe er in hiele haal dwaan, mar doe’t er al in oantal houtsjes fan Tineke der ôfslein hie, hat er mooglik tocht: No sa is it moai genôch. Dat wie spitich. Hy koe der yn dyselde slach noch in houtsje by pakke. Hie er dat dien, dan hie Tineke de bakker en de slachter wol ôf sizze kinnen. Mar goed hy die it net en hoe wie it mooglik, mar krekt dêrtroch ferlear er it spul.

Kees krige al gau yn de gaten dat dy Hester wol damje kin. Kees dy’t in jiermannich lyn de earste begjinselen fan it damjen fan de foarsitter op de basisskoalle leard hie, koe it net risse tsjin har. It twadde potsje gyng trouwens hiel oars. Kees hie al rap by leard en joech doe sa mar goed partij. Spitich foar him dat dat earste spultsje foar de kompetysje jilde en it twadde net. 

Utslach: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Kees Castelein – Hester Boelens 0 – 1; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½.

doorfriesdammen

18-e Iepen Kampioenskip fan Sânfurd

In moai ploechje dammers kaam freedtejûn nei Sânfurdom te striden om it 18-e Kampioenskip en in bak oankarbonades dy’t foar de priiswinners klear leinen. 

By eintsjebeslút wie it regerend Frysk kampioen Jelle Wiersma dy’t de titel pakte.

Al wie dat op haren en snaren. Yn de lêste omloop gie itder om wei tsjin Marten Walinga.

Yn grutte tiidneed en hektyk, de klok waard bekantstikken slein, foel de flage fan Walinga.

Sa wûn Wiersma fiif spullen en moast er allinne tsjinBlauhúster Bernard Kroon in kampspul ta stean. Opmerklik wie it dield twadde plak foar Aldegeaster Rein Jan Walinga, dy’t mannich topper efter him hâlde. Alle dielnimmers einigen op ien list, mar wienen yndield ynseis klassen:  E-1, E-2, E-3, A, 1 en 3. 

De folsleine útslach, mei tusken heakjes it plak per klasse.

1.Jelle Wiersma, Wommels(E-1,1) 5,5pt.; 2-5 Rein Jan Walinga, Aldegea-SWF(A-1), Tjerk Wijbinga, Arum(E1-2), Folkert Groenveld, Jutryp(E2-1), Marten Walinga, Waaksens(E1-3) 4,5pt; 6-8 Frâns Kingma, Jorwert(E3-1), Marcel Altena, Blauhús(A-2), Fedde Wiersma, Easterein(E3-2) 4pt.; 9-10.Bernard Kroon, Blauhús(A-3), Cor Kooistra, Nijlân(E2-2); 11-17 Liuwe Westra, Lollum(E3-3), Dicky van der Meer, Terherne(E2-3), Jappie de Jong, Blauhús((E3-4), Johannes Hoekstra, Aldegea-SWF(1-1), Herman Terwisscha van Scheltinga, Hartwert (A-4), Piet Sikma, Hartwert (E3-5), Leo Altena, Dedzjum (1-2); 18.Pieter Hoogterp, De Gaastmar (E1-4) 2,5 pt.; 19-23.Siebe Walinga, Aldegea-SWF(E2-4), Bauke Bos, Sint Nyk(1-3), Almar Stegenga, Aldegea-SWF(3-1), Sietze de Jong, Aldegea-SWF(1-4), Gertjan van Kamp, Jorwert(3-2); 24-25.Jolke Groenveld, Sânfurd(3-3), Durk Rijpma, Aldegea-SWF(3-4); 26.Meindert Ykema, Sânfurd(3-5) 0pt.;

doorfriesdammen

Rubryk 25-10-2019

Oan de ein fan de 19-e ieu waarden ‘swalkjende partijen’ spile. Skakersstjoerden de partij mei in folgjende set troch oan in oar. Okkerdeis hat Bert Looper, direkteur fan Tresoar en selsskaker, it konsept op ‘e nij yn it libbenbrocht. Troch de earste set te dwaan fan in ynternet-partij. It hiele spul wie no ynin goed oere beslikke. De spilers wienenfia www.lidraughts.org on-line oan bar.

1. 35-30 De earste set is minder goed. 1… 20-25 2. 31-26 En no wie 2.40-35 better. Ek swart hie better mei 2… 15-20 2. …19-24 3. 30×19 18×20 4. 34-30 25×34 5. 33×35 20-25 6. 32-27 14-20 7. 37-31 17×37 8. 47×27 9-14 De ôfruiltroch 8… 25-30 is de beste.

9. 27-21 16×27 10. 31×22 12×32 11. 38×27 11-16 12. 42-37 13-19 Deselsdeôfruil hie wer kind. 13. 37-31 19-24 14. 39-34 8-12 15. 27-21 16×27 16. 31×22 12×32 17. 34-30 25×34 18. 35×31 24-30 19. 40-35 20-25 20. 35×24 14×34 21. 44×24 25×23 Swart kriget in hout oer itboerd. 22. 31-27 3-8 23. 27-21 15-20 24. 43-39 stiet de ôfruil ta. 24… 23-29 25. 39×19 20×18 26. 41-37 7-11 27. 21-168-12 28. 16×7 2×11 29. 37-31 12-17 30. 45-40 11-16 31. 40-34 10-14 32. 34-3018-23 33. 48-42 23-29 34. 30×28 17-21 35. 31×11 1×21 36. 26×17 16×47 37. 46×48 5-10 En it giet op it einspul ta. 

38. 36-31 6-11 39. 48-42 14-19 40. 31-27 19-23 41. 49-43 23-29 42. 43-39 29×49 43. 50×48 10-15 Nei 44.27-21 11×31 45.42-37 31×42 46.48×37 wurdt itkamp. 44. 27-22 4-9 45. 42-38 9- 13 46. 48-42 11-16 47. 38-32 13-19 48. 32-27 15-20 49. 42-37 19-24 50. 22-18 24-30

Wyt kin no it bêste yn de hoeke in daamhelje, skiif 16 oanfalle, slaan op fjild 46 en de fang stiet klear.

51. 18-13 30-34 52. 13-9 34-40 53. 9-4 40-45 54. 27-22 45-50? De earsteblunder yn de partij, 16-21 hie moatten. Wyt wint troch 55.4-10 55. 22-18? 50-11 56. 37-32 16-21 57. 32-27 21×32 58. 4-15 11-16 59. 15×2 16×20 mei kamp.

Oplossingen problemen

Nû.1 50-45, 22-17, x23, x25, x34, x34
Nû.2 34-29, 29-24, x11, x24, 43-39 etc.
Nû.3 34-30, x47, 28-22, 44-40, 40-34, x21, 50-44, 45-40, x15
Nû.4 39-33, 30-25, 33-29, 25-20, 29-24. x10, 10-5, x50

En twa nijen fan Hiele Walinga. 

Nû.5 sw.1, 13, 15, 17, 18, 21, 25, 28
wyt 26, 34, 37-39, 42, 44

Nû.6 sw. 4, 5, 8, 18, 19, 22, 32, 36, 45
wyt 15, 20, 25, 41, 43, 44, 49, 50

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH  Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Tineke Teigeler sleepte de winst foar de helsdoarren wei.

Tineke hie wolris in kear kamp spile tsjin Bauke Bos, mar in winst siet der nea yn. Dêr woe frou Teigeler eins  wol in kear feroaring yn bringe. Se gie der moandeitejûn goed foar sitten en foar eltse streek naam se de tiid om nei te tinken. Se besocht dy gewoante fan it ferliezen tsjin de skriuwer fan de klup in skop ûnder de kûnt te jaan. Alle kearen mei in rot gefoel ferlieze, dêr hie se har nocht ôf. En wat barde: se sleepte der winst út al wie foar de helsdoarren wei. 

Foar it selde wie se troch dy doarren knoffele en hie se yn op in plak kommen, wêr’t jo leaver net komme. Nee tsjinoer it plak fan de ellinde, damde se har nei in feestplak: de oerwinning. It wie al hiel ûngewoan, dat by de Strikers in partij út de twadde goep it langste fan iderein siet. De omstanners belibben it spul fan herte mei. Wisten sa de setten al, dý’t foar Tineke de bêsten wêze soenen. Mar Tineke is ek wol wat eigensinnich en skode hiel faak krekt wer wat oars.

En wat die Bauke dan, sil de lêzer him of har mooglik ôffreegje. No Bauke hie nei it middenspul eins net safolle mear yn te bringen. Hy hie him wat yn in ûnmmoglike stân skood, wêrtroch syn lange hoeke folslein op slot siet. En op de oare kant fan it boerd hie er suver allinne mar foar de hân lizzende streken. Nee Tineke koe Bauke eins meitsje en brekke. Sy wie fansels út op it lêste, mar dat kin men fan tinken wol ha. Dochs stelde se it ferskate kearen út om de genedestjit út te dielen. Se kaam der as in prinses op te stean en koe sa mar har twadde daam skowe. En dat hie se ek dwaan moatten, mar se die it net. Bauke krige troch dy ôfwikende streek fan syn tsjinstanster de mooglikheid om út te heljen. Dat die er net om’t er him al mei it ferlies fersoene hie.

Ype Boelens, ferline wike hiel rejaal, ferspile no ek in heal puntsje. Hy jage mei de daam op trije houtsjes fan Sjoerd Huitema en sette ien op slach. Doe koe Sjoerd nocht krekt ûntglippe en ek in daam helje. Dat Jelle Wiersma ferlear tsjin Cor Kooistra kaam troch in ferstânsferbjustering by Jelle. Hy tocht ôf te ruiljen, mar troch syn set koe Kooistra trije houtsjes slaan.

Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Tineke Teigeler 0 – 1: Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der meer 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens ½ – ½; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1.