De tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wurdt tradysjoneel ferspile op in tiisdeitejûn op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Like tradysjoneel is dat dêr nuveraardige útslaggen te notearjen binne. Dat wie dit jier ek wer net oars. Noch sterker: alle koprinders lieten wol in stek falle.
It raarst gong it yn ‘e kampioensklasse. Marten Walinga hie ôfrûne sneon as iennichste beide partijen wûn, en stie dus grutsk boppeoan. Miskien soe dit it jier wurde dat er wer ris persoanlik kampioen wurde koe? Wel, efter dy fraach moat nei Jorwert wol in hiel grut fraachteken set wurde. Walinga iepene mei 32-27, en einige de dêropfolgjende slaanderij op fjild 27. Allegearre frij standert, wie it net sa dat Taeke Kooistra de iepeningsset mei 20-24 beantwurde hie. Ien jaan, twa weromslaan, en op ‘e sechsde set al in hout foar. Walinga besocht noch al om der wat fan te meitsjen, mar rekke fierderop yn it spul in twadde hout efter, dat dit wie úteinliks net te hâlden.
Dêrmei stiet Kooistra no mei 2,5 punt allinne boppeoan. Hy wurdt folge troch trije man mei 2 punten. Dêr heart ek Jelle Wiersma by. Tsjinstanner Henk Haanstra joech lange tiid neat ta, mar waard oan ‘e ein dochs de benaudichheid yn stjoerd. De Arumer Tsjerk Wijbenga hat ek al twa punten. Hy is yn it kampioenskip oant no ta de man fan ‘e kombinaasjes. Hied er sa sneon de hearskjende kampioen Wiersma te fiter, no waard Willem Schaap it slachtoffer.
Yn ‘e twadde acht stroffele de koprinder ek, yn alle gefal foar in part. Hein de Vries besocht it tsjin Willem Hoekstra al, mar de Aldegeaster ferdigene him knap, dat it waard kamp. Dy útslach wie yn dizze klasse dochs al oerhearskjend. Allinne Folkert Groenveld helle de folle winst, dat dy klaude sa wer wat by de wâl op.
De tredde acht, dy’t oant no ta syn fjouwer omlopen as gast op ien fan ‘e klupjûnen ferspile hie, die no foar it earst mei by de grutte jonges. It trof sa dat de beide koprinders, de DFS-haadbestjoersleden Fedde Wiersma en Liuwe Westra, it opnimme moasten tsjin ‘e beide Blauhústers Bernard Kroon en Marcel Altena. En alhiel yn ‘e geast fan ‘e jûn gongen de matsjedoaren hjir ek wer kopke-ûnder, ek al hold Altena de taskôgers lang yn spanning. Troch it ferlies fan Wiersma en Westra is Dicky van der Meer harren no foarbystutsen. Mei in ferneatigjende slach reage hy Ype Boelens oan ‘e kant.
Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Willem Schaap (Dearsum) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0.
Stân: Kooistra 2,5; Walinga, Wijbenga & Wiersma 2; Hoogterp, Tijssen & Schaap 1; Haanstra 0,5.
Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2,5; Hoekstra & Walinga 2; Couperus & Groenveld 1,5; Dijkstra & Kooistra 1; Bakker 0,5.
Tredde acht, fyfde omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Dicky van der Meer (Terherne) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Stân: Van der Meer 4; Westra & Wiersma 3,5; Boelens 2,5; Altena, Kroon & Dyk 2; Sikma 0,5.
It persoanlik kampioenskip yn it damjen Fryk spul begûn ôfrûne sneon fuort al mei in grutte ferrassing. Jelle Wiersma, de ôfrûne trije jier winner fan ‘e titel, krige net rjocht fet op it spul fan Tsjerk Wijbenga. Yn it lette middenspul tsjoende de Arumer in kombinaasje út ‘e hege hoed dy’t trijekwart fan it boerd omgie. It koste him wol in hout, mar Wijbenga koe sa wol trochbrekke nei daam. De hearskjende kampioen seach der fuort al gjin gat mear yn en joech him oer. Dat de Wommelser it damjen likegoed noch net ferleard is, die de middeis bliken. No wie it Wiersma dy’t der in ferneatigjende slach úthelle. Tsjinstander Pieter Hoogterp (De Gastmar) joech fuortendaliks op.
Fan de trije favoriten rûn ek Taeke Kooistra skea op. Neidat de Hartwerter de moarns noch regulier wûn hie fan Kees Tijssen, kaam er de middeis tsjin de oare promovendus Willem Schaap net fierder as kamp. Marten Walinga makke dêrfoaroer gjin flaters. Hoogterp ferslokte him yn ‘e opsmiten komplikaasjes, en Wijbenga begûn der oan ‘e ein fan ‘e partij ek nuver yn om te skowen. Troch dizze resultaten stiet Walinga no allinne boppeoan, op in heal punt folge troch Kooistra.
Utslaggen en tuskenstannen:
Kampioensklasse:
Earste omloop: Tjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5.
Twadde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0, Walinga – Wijbenga 1-0, Kooistra – Schaap, Haanstra – Tijssen 0-1.
Stân: Walinga 2; Kooistra 1,5; Schaap, Tijssen, Wiersma & Wijbenga 1; Haanstra 0,5; Hoogterp 0.
Twadde acht:
Earste omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Couperus (Snits) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1.
Twadde omloop: De Vries – Bakker 1-0, Walinga – Groenveld 0,5-0,5, Dijkstra – Kooistra 0-1, Hoekstra – Couperus 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2; Hoekstra & Walinga 1,5; Couperus & Kooistra 1; Dijkstra & Groenveld 0,5; Bakker 0.
Moarn begjint yn Hartwert it PK. Titelhâlder Jelle Wiersma is op ‘e nij favoryt. Taeke Kooistra en Marten Walinga binne op papier de grutste konkurrinten. Yn de ‘tredde acht’ binne al fjouwer omlopen ferspile en steane de beide bûnsbestjoerders Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan kop mei 3,5 pt. Dicky van der Meer folget op in heal en Ype Boelens op ien punt. Wiersma hie al twa kear in oerwinning helle nei in lichte kombinaasje. Yn de tredde omloop mei wyt tsjin Siebren Dyk.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11? 5. …17-21 as 19-23 binne goede setten.
6.32-27 17×37 7.41×32 11-17 8.33-28 1-7 9.34-30 25×34 10.44×24 20×27 11.31×11 6×17 12.26×6 10-14 De dammers binne no beide it paad bjuster. 13.40-34? Wyt kin daalk in daam strike. 13. .17-22 14.39-33? 22-27 15.32×21 18-22 16.21×23 19×30? 16. ..19×37 17.42×31 7-11 18.6×17 12×41 En de partij is wer folslein yn lykwicht. 17.35×24 14×34 18.6-1 9-14 19.38-33 34×32 20.42×22 12×32 21.1×25 15×35 22.45×25 wyt is in hout foar en wint.
Yn thúshaven Blauhús moast debutant Marcel Altena (wyt) it yn de fjirde omloop belije. 1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.47-41 16-21 9.26×17 18×16 10.40-35 12-17 11.44-39 7-12 12.50-44 15-20 13.31-26 12-18 14.32-28 20-24
Wyt hie net goed opboud en ferlear nei 15.35-30 24×35 16.45×25 18-23 17.33-29 23×34 18.39×30 17-21 19.26×17 11×33 20. 38×29 19×50
En twa problemen fan Hiele Walinga
Nû.17 sw. 11-13, 16, 23, 26, 28 wyt 32, 34-37, 44, 48
Nû.18 sw. 7, 10, 12, 13, 16, 18, 23, 36 wyt 20, 32, 37, 38, 43, 49, 50
Oplossings noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Moarn begjint yn Hartwert it PK. Titelhâlder Jelle Wiersma is op ‘e nij favoryt. Taeke Kooistra en Marten Walinga binne op papier de grutste konkurrinten. Yn de ‘tredde acht’ binne al fjouwer omlopen ferspile en steane de beide bûnsbestjoerders Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan kop mei 3,5 pt. Dicky van der Meer folget op in heal en Ype Boelens op ien punt. Wiersma hie al twa kear in oerwinning helle nei in lichte kombinaasje. Yn de tredde omloop mei wyt tsjin Siebren Dyk. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11? 5. …17-21 as 19-23 binne goede setten.
6.32-27 17×37 7.41×32 11-17 8.33-28 1-7 9.34-30 25×34 10.44×24 20×27 11.31×11 6×17 12.26×6 10-14 De dammers binne no beide it paad bjuster. 13.40-34? Wyt kin daalk in daam strike. 13. .17-22 14.39-33? 22-27 15.32×21 18-22 16.21×23 19×30? 16. ..19×37 17.42×31 7-11 18.6×17 12×41 En de partij is wer folslein yn lykwicht. 17.35×24 14×34 18.6-1 9-14 19.38-33 34×32 20.42×22 12×32 21.1×25 15×35 22.45×25 wyt is in hout foar en wint. Yn thúshaven Blauhús moast debutant Marcel Altena (wyt) it yn de fjirde omloop belije. 1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.47-41 16-21 9.26×17 18×16 10.40-35 12-17 11.44-39 7-12 12.50-44 15-20 13.31-26 12-18 14.32-28 20-24
Wyt hie net goed opboud en ferlear nei 15.35-30 24×35 16.45×25 18-23 17.33-29 23×34 18.39×30 17-21 19.26×17 11×33 20. 38×29 19×50
En twa problemen fan Hiele Walinga Nû.17 sw. 11-13, 16, 23, 26, 28 wyt 32, 34-37, 44, 48
Nû.18 sw. 7, 10, 12, 13, 16, 18, 23, 36 wyt 20, 32, 37, 38, 43, 49, 50 Oplossings noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
Hjir de útslaggen fan de tredde ronde.
Teake Kooistra – Dicky van der Meer. 1 – 0
Sybren Dyk – Herman terw/van Scheltinga. 1 – 0
Siebe Walinga – Folkert Groenveld. 1 – 0
Cor Kooistra – Marten Walinga. 0 – 1
De lotting foar de heale finale is west op freed 24 januari yn Blauhus.
Siebe Walinga – Marten Walinga
Siebren Dyk – Teake Kooistra
De finale fan de fryslankup is op freed 3 april yn de Arena fan Blauhus.
Tevens ofsluting fan it damzeizoen fan eltse dammer mei in 5 tsjin 5 toernooi.
Ek de toto kin wer ynlevere wurde oant moandei 3 februari.
(Jappie De Jong)
It is altiten moai as jo fleurich troch it libben geane. Wat is it in genot foar in oar om in bliid mins te sjen. Oer it algemien binne der ûnder de Stadige Strikers gjin jittikdrinkers. Dat is fansels tige moai, want dat hâldt de fleur der ek wat yn. Guon sjogge de lêste tiid wol wat ekstra fleurich. Ien fan harrenferlear de glim in bytsje troch in blunder yn de tredde acht, mar jûn wie dy glim wer werom op syn gesicht.
Wy prate hjir oer Dicky van der Meer. De stikjeskriuwer hat it ferrin fan de partij net sjoen, want it spul spile him ôf op de oare kant fan de seal. Op in bepaald stuit stûn in hiele bliere Dicky by de skriuwer. Hy hie Sjoerd Jan Bakker ferslein. Elkenien wit dat dy Sjoerd Jan op ‘t heden yn bloedfoarm ferkeart. Neffens Dicky siet der in moai loopke yn dat net sjoen wie troch Bakker.
In hiel moai einspul stie der op it boerd fan Willem Schaap en Ype Boelens. De hiele partijstie al garant foar aksje. In moai iepen spul mei moaie flypflappen, mar dy waarden net ien kear útfierd om’t fan beide kanten alles sjoen waard. It soe der dus om spanne, wa’t op it lêst de bêste papieren ha soe. Willem tocht dat er de set nei winst te pakken hie en Ype tocht ek dat er ferlern hie. Dochs seach Boelens noch ljocht. Ek foar de omstanners joech de einstân efternei noch folop diskusje, mar oer ien ding wie men it wol iens: de kamp dy’t de mannen der fan makken wie hielendal te rjochte.
Heit tsjin soan is fansels altiten wer bysûnder. Dat die moandeitejûn ek wer bliken. Jan en Kees Castelein makken der in oantreklik spul fan. Heit Jan moast syn soan der ferskate kearenop wize dat er syn klok yndrukke moast. Kees hold him mear dwaande mei it spul dan mei syn klok. Der sieten al hiele moaie echte slachjes yn dy’t sa by it Fryske spul hearre. Oan de ein fan it middenspul kaam Kees in houtsje foar. Dat wie net de earste kear yn de partij, mar alle kearen koe heit Jan it wer rjocht lûke. Dy lêste kear net. Oan dat foar kommen siet wol in tige riskant kantsje. Hy stûn doe mei ien houtsje yn de koarte hoeke tsjinoer twa fan syn heit. Beide makken se doe in foutsje. Kees kaam dêr lykwols it bêste út en wûn de partij.
Utslaggen:Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Kees Castelein – Jan Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Hester Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.
Utnoeging foar kampioenskip Frysk Damjen foar froulju
Op sneon 15 febrewaris wurde de 6e en 7e rûnte fan it Persoanlik Kampioenskip spile yn doarpshûs ‘It Swettehûs’ yn Skearnegoutum.
Op dizze dei sil ek striden wurde om it kampioenskip Frysk Damjen foar froulju. Yn april 2018 gie de finale tusken Tineke Teigeler (kampioen yn 2017) en Akke Renske Walinga út Parregea. Dizze finale waard wûn troch Akke Renske. Spitigernôch koe it kampioenskip yn 2019 net trochgean, om ’t der te min dielnimster wiene. Wa wurdt de opfolchster fan Akke Renske?
Alle froulju kinne meidwaan; men hoecht gjin lid te wêzen fan in damklup as it dambûn. Elts is wolkom: froulju dy’t by in klup damme, mar ek froulju, dochters, memmen, (skoan-)susters, buorfroulju, freondinnen, kunde ensfh. fan dammers en damsters binne fan herte wolkom!
Wy rekkenje op in soad dielnimmers. It begjint de middeis 13:00 oere. It spylskema en de tinktiid is ôfhinklik fan it oantal dielnimsters.
Meidwaan kostet neat.
De prizen besteane út bekers én kadobonnen!
It soe moai wêze as der 6 oant 8 froulju/famkes komme!
Opjaan foar tongersdei 13 febrewaris om 21.00 oere by Fedde Wiersma, 06 – 21 37 87 00 as wiersmafedde@gmail.com
Ut namme fan it Dambûn Frysk Spul,
Fedde Wiersma
(skriuwer)
As it mei grutte letters op de foarsiden fan de Snitser en Boalserter stiet, dan bliuwt men troch de omstanners fan bûten de klup mei troch harren lokwinsken yn de sfear fan it kampioen wêzen hingjen. Dat is fansels net in ûnaardich gefoel, nee sterker noch, dat is hearlik!Lykwols gong it moandeitejûn fierders wer werom nei de oarder fan de dei en foar guon waard it hearlike gefoel foar in lyts skoftke rûch fersteurd.
Twa fan de Strikers moasten spylje foar de Fryslân Kup. Dicky van der Meer yn Hartwert tsjin Taeke Kooistra en Cor Kooistra thús tsjin Marten Walinga. Beide Strikers koenen it net risse. Spitich, mar der binne altiten bazen boppe bazen. Dochs wienen der dizze jûn ek wer dammers dy’t baas wienen yn harren partij. Sa pakte Jan Castelein no Hennie de Haan wol, wylst dizze nijkeap it yn de twa eardere partijen tsjin har noch ôflizze moast. As er noch wat mear doel kriget oer de iepeningen, dan wurdt Jan noch in baas spiler. Oer Hennie wie er op it begjin nei eins de hiele partij de baas.
Dat Jelle Wiersma meastal de baas is yn syn partijen, wit elk. Dat wie er moandeitejûn ek. Dochs krige er de winst frij maklik troch in fersin fan Ype Boelens. Sjoerd Jan Bakker wûn de earste partij tsjin Bauke Dykstra mei in fernimstich moai slachje. Dat slachje waard ek noch even op de buorden brocht. De twadde partij tsjin deselde Bauke waard net útmakke mei in moai slachje, mar bakker Sjoerd Jan wie echt de baas oer it spul. Hy wûn mei gloarje.
Fansels is it sa njonkenlytsen wol dúdlik dat de Strikers ek in hiele goeien hawwe oan Sjoerd Huitema. Faak hat er wat tiidneed en dat kostet him dan faak de kraach, mar it spultsje hat er goed yn de smizen. Hy siet tsjin Tineke Teigeler. No moatte jo dy Tineke nea útpoetse, want dy kin ek hiel sterk út de hoeke komme. Net altiten, it moat wat mei rinne. Tsjin Sjoerd bleau it lang lyk, mar by eitsjebesút wie Sjoerd baas. Dat Willem Schaap it winne soe fan Bauke Bos wie er eins oan syn stân wol ferplichte. Mar ja it kin soms raar rinne. Sa wûn Bauke foar de FK it in pear jier lyn noch fan de ek no oanwêzige Marten Walinga. Oer dy oerwinning fan Bauke waard fansels noch wol efkes praten. Dat wie histoarje! Tsjin Willem Schaap wie it oare koek. Dy liet him net yn de lueren lizze en wûn as in baas dammer.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; FK Cor Kooistra – Marten Walinga 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Bûnsfoarsitter Liuwe Westra (wyt) en Dicky van der Meer spilen op 16 desimber yn de tredde omloop fan de ‘tredde acht’ yn Aldegea-SWF. It omsittend laach seach in moaie partij mei wikseljende kânsen en ferskate drege ferwikkelingen. 1. 31-26 20-25 2. 37-31 14-20 3. 32-27 17×37 4. 41×32 11-17 5. 46-41 5. …18-22 is in prachtset. De âlde master Jurjen Tolsma hat it hast hûndert jier lyn hielendal útsocht. Der sitte dan in protte drigingen yn. Daalk al troch 6-11 en 22-27. Wyt kin it bêste 6.33-28 22×33 7.43×14 10×19 8.49-43 5. …7-11 6. 41-37 19-24 7. 34×14 10×19 8. 33-28 8. …17-21 9.26×17 12×41 10.37×46 25-30 11.35×24 20×27 12.32×21 16×27 en wyt moat alle war dwaan om wer lyk te kommen. 8. …4-10 9. 28-22 17×28 10. 32×14 10×19 11. 31-27 19-24 12. 39-34 24-30 13. 35×24 25×23 14. 37-31 20-25 15. 38-32 Better is 15. …12-17 16.27×7 1×12. No komt wyt foar, al is it in drege stân. 15. …1-7 16. 34-30 25×34 17. 44×22 9-14 18. 40-35 14-19
Wyt kin winne troch 19.22-17! 12×41 20.26-21! 11×33 (ferpl.) 21.43×1 41×43 22.1×40 as 20,. …11×22 21.32×1 19. 42-37 3-9 19-24 is better. 20. 43-39? 20.50-44 hie moatten. Swart kin winne troch 20. …19-23! 21.22×24 18-22 22.27×18 13×42 23.47×38 16-21 24.26×17 12×14 9-14 21. 39-34 14-20 22. 34-30 20×40 23. 35×44 19-24 24. 44-40 15-20 Swart hie no in pear kear better 18-23 strike kind. 25. 40-35 20-25 26. 35×15 5×25 27. 49-44 24-29 Swart driget mei 29-33 as 29-34. Mei 28.22-17! etc. hâldt wyt it bettere spul. 28. 27-21!? 16×38 29. 37×17 12×41 30.22-18! 8×28 (ferpl.) 31.36-31 41×21 32.26×17 11×22 33.44-40 kin ek. 30. 48-42 41×43 31. 44×42 11-16 32. 45-40 13-18? 32. …13-19 hie moatten. 33. 22×13 8×19 34. 40-34 7-11 35. 50-44 19-23
Op ‘e nij wurdt de winst net sjoen. Nei 36.26-21 11×31 37.36×27 komt wyt likegoed in hout foar. 36. 34-30 25×34 37. 44×22 2-7 38. 42-38 16-21 39. 26×17 7×18 40. 38-33 11-17 41. 36-31 17-21 42. 31×11 6×17 43. 47-42 18-22 44. 33-29 17-21 45. 29-24 22-28 46. 24-20 28-33 47. 20-14 33-39 48. 14-10 39-44 49. 10-5 En hjir waard kamp jûn.
De priiswinners fan de krystpuzzels binne 1.A.Zijlstra, Utrecht; 2.G.Ykema, De Gaastmar; 3. A.Pruijs, Emmeloord;
De problemen foar de ledder, út de rike neilittenskip fan Hiele Walinga (13 en 14) en Willem F.Bakker (15 en 16).
Nû. 13 sw. 3, 5, 8, 12, 16, 17, 40 wyt 14, 24, 31, 41, 42, 47, 49
Nû.14 sw. 5, 7-9, 18-20, 36 wyt 16, 29, 33, 39, 41, 43-45
Nû. 15 sw. 2, 4, 6, 7, 9, 24, 30 wyt 15, 17, 21, 27, 39, 44, 47
Nû. 16 sw. 5, 9, 13, 18, 20, 21, 27 wyt 29, 33, 38-41, 45
Oplossings stjoere foar 31 jannewaris
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Kommende freed 17 jannewaris wurde yn kluphûs SieSa te Blauhûs wer fjouwer partijen yn de fjirde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht spile. De partijen begjinne om 19:30 oere.
Bernard Kroon – Liuwe Westra
Marcel Altena – Fedde Wiersma
Ype Boelens – Siebren Dyk
Piet Sikma – Dicky van der Meer
De partijen binne live te folgjen fia https://toernooibase.kndb.nl/ en klik op livegames (sjoch ûndersteand plaatsje)
Ek de partij fan Taeke Kooistra tsjin Dicky van der Meer (moandei 20 jannewaris) yn de 3e ronde fan de Fryslân Kup wierskynlik live te folgjen fia ynternet.